dellade
Transcription
dellade
l a di v i na c om m e di a Dizze boekútjefte is ta stân kommen mei finansjele stipe fan: de provinsje Fryslân de fraters fan Tilburg de fraters fan Utrecht it bisdom Grins de Douwe Kalma Stifting ©2008 P.W. Brouwer, Rotterdam Alle rjochten foarbehâlden. Neat út dizze útjefte mei hoe dan ek fermannichfâldige wurde sûnder dat der skriftlike tastimming fan de útjouwer oan foarôf giet. It boek waard troch it Literêr-Histoarysk Wurkferbân presentearre oan de kultureel attaché fan Itaalje, Prof Silvio Marchetti, op de dies fan de Fryske Akademy, 12 septimber 2008. da n t e a l igh i e r i la divina commedia de godlike komeedzje Oers. P.W. Brouwer útjouwerij elf | ljouwert 2008 Bartelomeo di Fruosino. (*1366 of 1369 - †1441) … Myn soan, tusken dizze sirkels fan rotsblokken binne trije lytsere sirkels. Rûnom djipper rinnend as dizze, allegearre folpakt mei sielen … (De Hel, Canto x1) di e l 1 De Hel Ynlieding “Obviously no sane translator can allow himself to dream of success. He asks only for the best possible failure.” Sa begjint John Clark syn ynlieding by de oersetting fan de Divina Commedia. En de man hat gelyk: jo kinne dreame oer in goede oersetting fan dit meast ferneamde midsieuske dichtwurk, mar jo moatte wol tefreden wêze mei de bêste mislearring. Dante Alighieri (1265-1321) wie de soan fan in man út de legere eallju en in frou út de ryk wurden boargerij. Sa wie er al fan syn berte ôf opnommen yn de partij-striid fan syn dagen, in sosjale striid, lykas by ús dy tusken Skieringers en Fetkeapers, yn Hollân dy tusken Hoeken en Kabeljauwen. Yn Itaalje wie de striid tusken Guelfen (Welfen) en Ghibellinen (Hohenstaufen). In striid ek om de oppermacht yn Europa: in striid tusken de pausliken en de keizerliken. In striid ek tusken lju as Dante, dy’t Itaalje as in ienheid sjen woene, it wichtichste lân fan Europa, en de keizerliken, dy’t Itaalje as in gearmjuksel fan lytse ienheden seagen, oanhingsel fan it Dútske ryk. De ienheden fan doe yn it tsjintwurdige Itaalje, en benammen Florence, wiene eins selsstannige republiken, mei in wikseljend bestjoer. Mei stipe fan keizer Frederik iii goaiden yn 1248 de Ghibellinen de Guelfen de stêd út, yn 1250 kamen dy wer werom, yn 1260 draaide it wer, yn 1300 namen de Swarte Ghibellinen mei stipe fan de Frânsen, dy’t troch paus Bonifatius viii oproppen wiene, it bestjoer wer oer. Yn 1302 is Dante útwykt nei Ravenna, oars wie er de brânsteapel opgien. Letter hat er him, balling bliuwend, nei wenjen set yn Verona. Dêr hat er syn Commedia skreaun, dêr is er stoarn en begroeven. Fyftjin kear is de Commedia yn ús earste rykstaal oerset, de lêste kears yn 2001, troch Rob Brouwer, útjûn by de Primavera de h e l parse yn Leiden, mei stipe fan it Istituto Italiano per i Paesi Bassi. En it is perfoarst gjin nepotisme, as ik dizze útjefte yn de grûntaal, mei de krekte oersetting dernjonken, foar in goed begryp heechachtsje. Dizze Fryske oersetting is yn proaza, al binne de dichterlike konstruksjes en de blomrike byldtaal hjir en dêr noch wol werom te finen. Italjaanske nammen binne net ferfryske, de San Giovanni is net de Jehannestsjerke wurden, en Malacoda, de duvel, gjin Kweasturt. In inkelde kear is yn de noaten of yn de nammelist in namme útlein, mar meastentiids wurdt de tekst stadichoan sa ek wol dúdlik. Adam, Eva, Abel, Abraham binne fierder net yn de nammelist opnommen, in bytsje eftergrûn wurdt by de Fryske lêzer wol ûndersteld. Mohammed stiet wol yn it register, sa koe oanjûn wurde wat Dante fan him tocht. Njonken de ‘optochte’ duvelnammen binne der nammen út de klassike mytology, de bibelske ferhalen, en de fakentiids ek heal mytologyske figueren út de âlde skiednis fan de Griken en de Romeinen. Ek de midsieuske Italjaanske ‘wittenskip’ oer de kust fan Flaanderen, de Ingelske leginden en de grutte fan de Friezen is werom te finen. De nammelist jout fierder yn in pear wurden ferwizingen oan nei de Italjaanske stêden, bergen en rivieren fan doe, nammen, dy’t bytiden no noch brûkt wurde, of dy’t – lykas b.g. de Gardamar – wat feroare binne. Wa’t wol, kin al de plakken, dy’t Dante neamt, no noch opsykje, der is in hiele ‘atlas’ foar ynrjochte. Mar ek mei dizze oersetting kin eltsenien de tocht meitsje de hel yn en de hel wer út, de ferskate sirkels fan de hel bylâns, sirkels mei de ferskate ‘bolgie’, dy’t mei kûle, fiver, ditch, sompe, bûdel en ponge oerset binne. Dat dizze pylgertocht ek yn Fryske oersetting it lêzen wurdich is, dat hoopje wy. Rotterdam, simmer 2004 p.w. brou w er l a di v i na com m e di a [ canto i ] D oe’t ik op ’e helte wie fan myn reis troch it libben, waard ik wekker en fûn mysels yn in tsjuster bosk, want ik wie fan it rjochte paad ôfrekke. It is dreech om te fertellen wêr’t it op like, dat bosk, mei woaste strûken en stobben. As ik dêroan tink komt al myn eangstme wer werom. In bitter plak. Dea kin net bitterder wêze. Mar as ik it goede sjen litte wol, dat derút weikommen is, dan moat ik oer oare as goede dingen fertelle. Hoe’t ik dêr telâne kommen bin, kin ik earlik net sizze. Ik wie sa djip yn ’e sliep op it eagenblik dat ik stroffele, en fan it wiere paad ôfrekke, mar doe’t ik mysels werom fûn oan de foet fan de heuvel, oan de hoeke, dêr’t it bosk begûn, wie ik dêr’t ik earst myn herte djip yn eangstme dompele. Ik rjochte myn holle heech op, en seach de top fan de heuvel yn it ljocht fan de iere moarn, yn it ljocht fan de sinne, dat eltsenien rjocht rinne lit op eltse wei. En doe begûn de eangstme mei alle krêft te stinnen op ’e mar fan myn herte, dat ??heger en heger kaam, heger noch as yn ’e nacht, dy’t ik yn djippe wanhoop trochbrocht hie. Ik fielde my krekt as in swimmer, dy’t noch in bytsje efter de pûst, mar no feilich op it strân, út it djippe wei, noch foar it lêst nei it gefaarlike wetter weromsjen kin. En ik, alhoewol’t ik leaver flechtsje woe, kearde my om om nochris nei it plak te sjen, wêr’t nea in libbene trochkomme koe. Ik liet myn wurge lichem dêr wat rêste en begûn de swiere helling op te klimmen (ik loek oan myn bêste foet, en mankte sa omheech). Efter it plak, dêr’t it paad omheech gie, sprong ynienen, glêd en tige fluch, in luipaard op. Hy hie in glêde hûd fol plakken, en oeral, dêr’t ik hinne seach, wie dat bist. It sette myn paad ôf, alle kearen wer. Ik stie op it punt om te kearen, en werom omleech te gean. It wie de h e l doe noch yn de iere moarn. De sinne kaam mei krekt deselde stjerren as dy’t mei him opkamen, doe’t de wrâld berne wie, de deis dat de godlike leafde de sinne syn prachtige gong yn wurking brocht. En dy oere, en dat swiete tiidrek fan de skepping, brochten my derta en tink, dat ik fierder gean koe, dat aaklike bist foarby. Dat bist, sa wyld yn syn hûd fol plakken. Mar doe wie de hope ynienen ferflein, myn eangstme kaam werom, want ynienen stie der samar in liuw op myn wei. En hy kaam rjocht op my oan, it like, hy mei syn kop omheech en razend fan de honger, as wie sels de loft om him hinne bang foar him. Doe kaam der in wolvinne, hielendal allinne, en it wie as hiene alle soarten fan fûlens har rekke. (Hoefolle minsken hat se yn ’e ellinde brocht!) Dat lêste bist brocht myn moed omleech, sa leech, dat ik, doe’t ik him seach, alle moed ferlear om de hichte noch op te gean. Lykas in man, dy’t al bliid is, om’t er wûn hat, ynienen sjocht, dat syn winst ferlies wurde sil, it net hawwe kin dat er doe en no ferliket, sa liet er my dwaan, dat wylde bist, dat op my oan kaam. Stap foar stap krong er my werom, de sinne út. Wylst ik werom glied nei dat lege plak, seagen myn eagen in figuer, dy’t op my oan kaam. In yntins bleek stal, faaks fan in trochgeand stil wêze moatten. En doe’t ik him seach, sa’t er stie yn dizze woastenij rôp ik him ta: “Untfermje jo oer myn siel, wa’t jo ek binne, in skaad of in libben wêzen.” “Net langer in libben man, mar ik wie it wol,” sei er, “myn âlden wiene fan Lombardije, allebeide wiene se berne yn Mantua. Ik bin, al wie it let, sub Julio, opgroeid yn Rome, en ik ha dêr wenne, doe’t de goede Augustus baas wie, wylst noch de falske goaden oanbidden waarden. Ik wie in dichter, en ha songen fan dy rjochtfeardige man, de soan fan Anchises, dy’t fan Troaje út de wrâld yn sylde, nei de brân yn it grutske Ilium. Mar wêrom soene wy noch oer al dy ellinde prate? Wêrom soene wy net dizze gloarjefolle berch opklim- 10 l a di v i na com m e di a me, it begjin en de boarne fan alle minsklike blidens?” “Binne jo dan Vergilius, binne jo dy boarne dêr’t sa’n rike stream fan wurden út ûntsprongen is?” sa andere ik him, en bûgde myn holle yn bewûndering. “O, ljocht en eare fan de oare dichters, lit myn lange jierren fan stúdzje, en de djippe earbied, dy’t my jo fersen skandearje liet, my no helpe. Jo binne myn learmaster, de earste fan alle skriuwers, en jo allinne de man fan wa’t ik de eale styl oernommen ha, dy’t my eare brocht. Jo seagen it bist, dat my weromkrongen hat, rêd my fan him, dat freegje ik jo, eale, wize man, ik bin sa skriklik bang, myn bloed wurdt stiif yn myn lichem.” “Mar jo moatte in oare wei ôfreizgje,” andere hy, doe’t er seach dat ik yn triennen wie, “as jo wier liken hoop hawwe dizze wyldernis noch út te kommen. It bist, dêr’t jo sa bang fan binne, lit nimmen bylâns dit paad omheech komme. It slút de wei ôf, en makket eltsenien dea. It is fan syn natuer út sa bedoarn en gemien. Syn bealch is nea foldien, en wol altyd mear hawwe wylst er fret. It pakt elts skepsel oan, en it giet troch, altyd mear oanpakkend, oant de grize hûn komt, en him delsmyt, om yn eangstme te stjerren. Dy hûn sil net út wêze op lân of op jild, syn wiisheid, syn leafde en syn deugd sille him yn libben hâlde. Hy sil berne wurde tusken filt en filt. Hy komt út Itaalje, it lân, dêr’t de faam Camilla har libben foar jûn hat, en Turnus, Nisus, Euryalus foar stoarn binne, of slim ferwûne. En hy sil troch alle stêden hinne efter it bist oanjeie oant er it werom dreaun hat yn ’e hel, dêr’t er de begearte foar it earst loslitten hat op it minskdom. En dêrom, tink ik, is it it bêste, jo geane my efternei, en ik sil jo gids wêze en jo hjirút liede troch in ivige poarte. Dêr sille jo wanhopich geskreau hearre. Dêr sille jo tramtearre skaden sjen, somliken sa âld as de hel sels, en witte fan harren roppen wat de twadde dea is. En letter sille jo harren sjen op in berch fan fjoer, sielen yn it fjoer, dy’t bliid binne, om’t hja hoopje kinne, dat hja, wannear de h e l 11 dan ek, yn it lân fan de silligen komme. Nei harren, as jo safier klimme wolle, sil in geast, weardiger as ik, jo bringe moatte. Ik gean dan wer werom, jo oan har soargen oerlittend. Want de hege Hearsker, dêr yn ’e hichte, sil net talitte dat ik immen yn Syn stêd liede sil, ik, dy’t yn syn libbensdagen tsjin Syn wetten yngong. Oeral dêr’t Hy regearret en dêr’t Er alles regelet, dêr is Syn stêd. Dêr is syn hege troan. O, lokkich de minsken, dy’t Hy ta Syn boargers makket.” Doe sei ik him: “Dichter, ik freegje jo, yn de namme fan God, dat God nea witte sil, dat jo my rêden hawwe út dit aaklike plak, en slimmer, dat jo my bringe nei it plak, dêr’t jo oer sprutsen hawwe. Dat ik de poarte sjen mei dêr’t Sint Piter wekket, en by harren, sa fol eangstme, dêr’t jo my fan ferteld hawwe.” Doe gyng er fierder, en ik gyng ticht efter him oan. by canto i Dante begjint syn tocht op de jûn fan Goedfreed 1300. De bisten dy’t dan op syn wei komme is folle oer skreaun en wreaun. Faaks binne it symboalen fan de partijen, dy’t him tsjinwurke hawwe. Vergilius, de Romeinske dichter (sjoch de nammelist), is foar Dante in grut Italjaan, dy’t Dantes grutte ideaal, in ien en net ferdield Itaalje, tichterby bringe moat. 12 l a di v i na com m e di a [ c a n t o i i ] D e dei foel wei, en de tsjuster wurdende loft ferloste alle skepsels op ierde fan de plichten fan eltse dei, en ik, in man allinne, makke mysels ree om it fjochtsjen fan de dei út te hâlden, mei it meifielen dat de dei meibringe soe, in fielen, dat myn ûnthâld my no wer takomme lit. O, Muzen, o, hege geasten, help my no! O, ûnthâld, dat opskreaun hat wat ik seach, hjir moat bliken dwaan, hoe goed oft jo binne! Doe begûn ik: “O, dichter: kom en lied my, fertel my oft jo tinke dat ik weardich bin en gean mei jo dizze hurde wei. Jo hawwe skreaun oer jonge Sylvius’ heit, dy’t ek oan de oare kant west hat mei syn stjerlik flêsk, mei al syn sinnen yn it ûnstjerlik ryk. Mar de Tsjinstanner fan alle kwea wie freonlik foar him, en seach goed. Hy wist, hoe’t er wie, en noch better hat er foar him dien. Dat kin foar lju, dy’t it witte, net lykje op myn situaasje no, want yn de heechste himel waard er keazen, heit fan it hearlike Rome, en fan it Romeinske ryk. En allebeide, de stêd en it lân, binne wurden ta in plak fan hilligens, dêr’t de opfolgers fan de grutte Piter wenje. En fan dizze reis, dy’t jo yn fersen makke hawwe, hat Aeneas de dingen leard, dy’t him de oerwinning brochten, oerwinning foar him, en foar de pauslike stêd. En letter kaam Paulus omheech, it útkarde fet, om de befêstiging fan it leauwe werom te bringen, dat is de earste stap op de wei fan it heil. Mar wêrom moat ik gean? Wa stiet my dat ta? Ik bin Aeneas net, en ik bin Paulus net, en ik tink, dat nimmen my weardich achtet. En dêrom, as ik de reis oangean soe, soe it healwiis ôfrinne, bin ik bang. Jo binne in wiis man, jo sjogge mear as ik yn wurden sizze kin.” As in man, dy’t net wit wat er wol, syn plan feroaret mei in nij betocht begjin, hielendal ferjittend wat er earst fan doel wie, sa die ik ek, doe’t ik dêr de h e l 13 yn it tsjuster stie, tinkende oan de ein fan dat ûndernimmen, dêr’t ik samar it begjin fan op my nommen hie. “As ik jo wurden goed ferstien ha,” sa andere it skaad fan de bewûnderens weardige, “is jo siel belêstige mei dy leffens, dy’t fakentiids sa swier op immen leit, dat er him fier hâldt fan in eal ûnder nimmen, lykas in eangstich bist, dat bang is fan syn eigen skaad. Om jo fan dizze bangens frij te meitsjen: lit my útlizze, wêrom’t ik hjir kommen bin, de wurden, dy’t ik heard ha de earste kear, doe’t ik meilijen hie mei jo siel. Ik hearde by de deaden, dy’t fergetten binne, doe’t in eale frou my oprôp. Hja wie sa seinige, sa prachtich, dat ik har mei ynmoed frege, my te kommandearjen. Mei ljochte eagen, helderder as in stjer, mei lege sêfte toanen, begûn hja my oan te sprekken yn har eigen taal, mei de stim fan in ingel. ‘O, eale siel, nommele Mantuaan, waans rom de wrâld altyd mar trochgeand fêsthâldt, salang’t de wrâld bestiet, myn freon, dy’t net in freon is fan Fortuna, stiet op in ferlitten plak, grôtfol obstakels. Bisten hawwe syn paad trochkrúst, en syn eangstme hat him tsjinholden. Ik bin bang, dat hy sa fier bleaun is fan wat ik der yn de himel fan heard ha, dat ik te let begûn bin mei him te stypjen. Gean no, en mei jo treflik stylfermogen: wat der ek nedich wêze soe foar syn frijheid, help him dochs, en bring my sa wat treast. It is Beatrice, dy’t jo oantrunet om te gean. Ik bin kommen fan it plak, dêr’t ik graach nei werom gean soe, leafde hat my oantrune, leafde driuwt my no. As ik werom kom om foar myn Hear te stean, sil ik ferskate kearen jo lof foar Him sjonge.’ En doe sei se neat mear tsjin my. En ik begûn: ‘O, frouwe fan genede, troch wa’t allinne it minskdom alle wrâldske dingen ferwinne kin, en wy ús lytse rûntsje útkomme kinne, jo bidden bringt my lok, as ik der al op yngean woe, soe ik al hast te let wêze. Jo hoege inkeld mar jo winsk út te sprekken. Mar sis my earst wêrom’t jo dizze reis makke hawwe, hiel de romte troch nei dit punt sûnder 14 l a di v i na com m e di a romte, safier fan de hearlike romte dy’t jo werom ropt?’ ‘Om’t jo fragen freegje om in djipgeand andert, sil ik yn ienfâldige wurden útlizze’, sei hja, ‘wêrom’t ik net bang wie om hjir te kommen. In man moat wol bang wêze foar al dizze dingen, dy’t de macht hawwe him kwea te dwaan, en foar neat oars. Want neat oars hoecht er bang foar te wêzen. God hat my troch Syn genede sa’n natuer jûn dat de torminten, dy’t jo ûndergeane my net kjel meitsje koene, en it fjoer fan de hel bedriget my net. In frouwe fol genede, heech yn de himel, wie it earst ferantwurdlik foar de frou, dy’t ta jo stjoerd is, en har meilibjen hat de strange regels fan de himel brutsen. Hja hat Lucia roppen, en har wille útsprekkend sei hja: ‘De man, dy’t op jo fertrout, hat jo no nedich. En oan jo jou ik syn siel oer. Lucia, de fijandin fan alle wredens, gie hastich nei it plak, dêr’t ik wie. Ik siet nêst âlde Rachel, en hja sei: ‘Beatrice, om de wiere lof fan God, wolle jo de man net helpe, waans leafde foar jo sa grut wie dat er jo út de mannichte útkeazen hat? Hearre jo syn jammerlike klachten net? Sjogge jo de dea net, dy’t him bedriget? By de rivier, dy’t nea de see berikke sil? Der hat noch nea immen op ’e wrâld libbe, dy’t sa bang wie syn eigen spultsje te boartsjen as ik wie op de klank fan dizze wurden, om myn sit op te jaan, en hjirhinne te kommen, om al myn fertrouwen yn jo te stellen, yn jo eale wurden, dy’t jo eare, en al dyjingen, dy’t se hearre.’ Doe’t se mei har útlis ree wie, seach se mei har ljochtsjende eagen fan my ôf en ik seach triennen. Dêrom gyng ik yn hasten nei jo ta, en ik bin by jo kommen, krekt sa’t sy it woe. En ik ha jo befrijd fan dat bist, dat de wei nei de berch fan de seine blokkearre. No, wat is dêr ferkeard oan? Wêrom wachtsje jo noch? Wêrom binne jo sa’n leffert yn jo herte? Wêrom binne jo net moedich en frij fan alle freze, as trije fan sokke eale froulju, dy’t wierliken seinige binne, oer jo weitsje fan it himelsk hof út? En myn wurden ek jouwe útsjoch op it de h e l 15 bêste foar jo.” Lykas lytse blomkes yn in kâlde nacht de knoppen slute en sliepe, en as de sinne wer skynt iepen springe om alles sjen te litten, sa begûn myn krêft yn myn herte te bloeien mei sa’n waarme moed dy’t my hielendal besiele, dat ik spriek mysels hielendal frij fan alle bangens. “O, jo, dy’t mei my meilit hawwe, jo, dy’t oantrune hawwe om my te helpen, en jo, yn alle goedens, dy’t nei har heard hawwe, nei har wurden fan wiisheid, dy’t jo ta my brochten, jo en jo wurden hawwe my oantrune om troch te gean en no gean ik fierder mei myn earste plan. Lit ús begjinne, want allebeide ús wilsbesluten binne no ien wurden. Jo binne myn gids, jo binne myn hear en master.” Dit wiene myn wurden ta him, en doe’t wy trochrûnen, stie ik op in djippe en rûge wei. by canto ii Dante beskriuwt wiidweidich, hoe’t er de moed fynt om fierder te gean: Beatrice, syn âlde leafde, is op oantrunen fan Lucia, dy’t wer troch Marije stjoerd is, nei Vergilius kommen, om him te freegjen, Dante by te stean op syn pylgertocht. Dante nimt Vergilius graach as gids en master oan, en sil sûnder bangens oan syn tocht begjinne. Hy stiet no foar de poarte fan de hel. 16 l a di v i na com m e di a [ c a n t o i i i ] ik bin de wei de smertlike sted yn ik bin de wei nei de ivige pine ik bin de wei nei in ferlit ten folk rjochtfeardigens wie it dy’t myn grut te skepper beweegde de godlike almacht hat my skepen de heechste wiisheid mei de earste leafde foar my wiene der neat as ivige dingen makke en ivich sil ik duorje; jou eltse hope op, al jimme dy’t hjir yngeane I k seach dizze wurden mei swarte letters ynhakke boppe in poarte. “Master,” sei ik, “de wurden, dy’t ik sjoch, binne wol wreed.” Hy andere, pratend as in man, dy’t ynwijd wie: “No en hjirre moatte jo alle ôflieding efterlitte. Lit al jo leffens hjirre op dit plak. Wy binne no op it plak, dêr’t ik jo fan sei: Jo kinne ferwachtsje de lijende massa te sjen fan sielen, dy’t alle begryp ferlern hawwe.” Wylst er syn hân op mines lei, sa dat ik wer hielendal rêstich waard, hat er my ynlaat yn de mystearjes. De suchten, kreten en lamentaasjes galmen hjir troch de stjerleaze donkere romte fan de hel. En it lûd, dat hinne en werom kaam, brocht my yn triennen. Fertiisde lûden, in taal, folle mei eangstme. Mei skriklike útroppen, mei rudich grommeljen, dat troch it lûd fan klappende hannen ôfwiksele waard. Hja rôpen in hoas op, dy’t himsels fuortsterke, dy’t mar trochraasde yn in swarte loft, as in hurde twirre fol sân. En ik, mids al dat rûndraaiende geweld, begûn: “Master, wat is al dat lûd dat ik hear? Wa binne al dy sielen, oerladen mei pine en smert?” En hy tsjin my: “Dizze ellindige steat fan bestean de h e l 17 is it lot fan dy drôvige sielen, dy’t in libben libbe hawwe, dêr’t gjin blaam en gjin eare foar wie. Se binne mongen mei dat diel fan de ingels, dat net kedize woe foar of tsjin God, dat inkeld kedize koe foar himsels. De himel, om syn glâns te hâlden, hat se bûtensletten, en ek de hel woe se net hawwe, want de ferliking mei de ferdomden soe harren gloarje bringe.” Doe sei ik: “Master, wat foar lijen ûnderfine hja, dat harren driuwt om sa bitter te kleien?” Hy sei: “Ik sil jo dat yn in pear wurden fertelle: Dy ûngelokkigen hawwe gjin hope, dat hja wierliken stjerre sille, en it bline libben, dat hja liede, is sa aaklich, dat it harren jaloersk makket op elts oar bestean. De wrâld wol net witte, dat hja hjir west hawwe, de ûntferming fan de himel en de rjochtfeardigens hawwe harren fan de wrâld ôfkeard. Lit ús net oer harren prate, sjoch allinne, en gean harren foarby. En ik seach in soarte fan findel, dat hurddravend rûndroegen waard, draaiend mei in doelleaze gong, sûnder ea efkes stil te hâlden. En dêrefter in ûneinige rige fan sielen, safolle, dat it my ferbjustere, dat de dea safolle minsken treffe koe, doe’t ik in lyts tal fan harren weromkoe. Ik seach it skaad fan immen, dy’t de leffert west hawwe moat dy’t de grutte wegering makke. Daalks ferstie ik it, en ik wie der wis fan: dit wie de kloft fan kweade sielen, dy’t hate wiene troch God en troch Syn fijân. De ferflokten, dy’t nea echt libbe hawwe, wiene neaken, en waarden stutsen, alle kearen wer, troch holders en wespen, dy’t om harren hinne sirkelen, en harren holle wie oerdutsen mei bloed dat streamde, bloed, mongen mei triennen, dat op harren fuotten dripte, en aaklige wjirmen krûpten troch it pus hinne. En doe’t ik seach nei wat der efter de rige wie, seach ik in troan oan de igge fan in brede rivier, dy’t my freegje liet: “Master, ik soe graach witte wolle: wa binne dy minsken, en wat is dat foar in wet, dy’t makket dat hja sa bang binne om oer te stekken, sa’t ik sjen kin, sels yn dit dimpte ljocht?” En hy: 18 l a di v i na com m e di a “Dit alles sil jo dúdlik wurde sagau’t wy oan de igge steane, by de smertlike igge fan de Acheron.” En ik, mei de eagen foardel yn skamte, bang dat ik wer, foar’t ik oan bar wie, sprutsen hie, ha neat mear sein, oant wy by de rivier wiene. En ynienen kaam der in boat ús kant út setten, en in man op jierren mei lange wite hierren rôp ús ta: “Wee jimme, bedoarne sielen! Jou de hope mar op, ea de himel te sjen. Ik kom om jimme nei de oare kant te bringen, yn it ivige tsjuster, iis en fjoer. En jimme, libbene sielen, gean hjirwei, fier fuort, by al dizze minsken wei, dy’t dea binne.” En doe’t ik dit hearde, doarde ik it net oan, en seach in oare kant út. Hy sei: “In oare wei, troch in oare poarte, net hjirre, moatte jimme nimme. In lichtere boat as dizze moat jimme oersette.” En myn gids: “Charon, dit is gjin tiid om nidich te wurden. It is sa beskikt, dêr wêr’t de macht is, en dat moat foar jo genôch wêze te witten.” Dizze wurden brochten stiltme op de wollige wangen fan de âlde oerhaalbaas boppe de minskestream út. Syn eagen wiene set yn in gloeiend tsjil fan fjoer. Mar al dy sielen dêr, neaken en yn wanhope belutsen, se bibbertosken doe’t hja de oankundiging fan harren doem hearden. Se flokten God, flokten harren âlden, it minsklik ras, de tiid, it plak, de dei dat hja oanset wiene, de dei fan harren berte. Allegearre, smertlik gûlend, stiene ticht opinoar, op de ferflokte igge, dy’t wachtet foar eltsenien, dy’t God net frezet. De duvel Charon, mei eagen as gleone koallen, hjit harren allegearre mei in teken. En mei syn rieme slacht er eltsenien, dy’t treuzelet, foarút. En lykas yn de hjerst de blêden begjinne te fallen, de ien nei de oar, oant de tûke tsjûge is fan alles wat ferdien is op ’e grûn, sa foel it kweade sied fan Adam fan dy igge yn de boat, ynienen, op it teken, as de wikel op syn nêst. Fuort geane se, oer it tsjuster wurdende wetter, en foar’t se oankommen binne oan de oare kant, stiet der al wer in nije rige oan dizze kant klear. “Myn soan,” sei myn eale master my, “al de h e l 19 dyjingen, dy’t ûndergeane yn de wrake fan God komme hjirre byinoar, út alle dielen fan de ierde. Hja wolle sels de rivier oerstekke, hja binne derop rjochte, de Godlike Rjochtfeardigens trunet harren oan, de eangstme, dy’t hja hawwe, feroaret yn ferlangen. In goede siel komt nea hjirre om dizze oertocht te meitsjen. Dêrom, as Charon grommet as er jo sjocht, dan sjogge jo, wat syn wurden wierliken sizze.” Hy swijde fierder, en de tsjustere flakte begûn sa sterk te triljen, dat it weromtinken my noch altyd yn it swit baaie lit. Trochweakke mei triennen liet de ierde in wyn opstekke, dy’t in skarlekken wjerljocht fuortbrocht. Dy sloech my tsjin ’e grûn, ik seach neat mear, en ik foel as immen, dy’t yn in djippe sliep falt. by canto iii Dante giet no wierliken de hel yn. Mar it earste part fan de hel is einliks noch net de echte: it is it plak, dêr’t dy’t net leanne binne mei de himel en net straft mei de hel, tahâlde moatte, mei de ingels, dy’t net kieze koene tusken God en de Satan. “De leffert, dy’t de grutte wegering makke hat” is paus Celestinus v. Sjoch de nammelist. 20 l a di v i na com m e di a [ canto iv ] T roch in swiere tongerslach waard ik wekker út in djippe sliep, dy’t myn geast hielendal frijmakke hie, en ik begûn myn wei as immen, dy’t hielendal frij fan sliep wurden is. Ik seach mei myn útrêste eagen fan de iene nei de oare kant. Ik stie al rjocht, en om my hinne sjende, die ik wat ik koe om út te finen wêr’t ik wie. En dit is wat ik seach: ik fûn mysels oan de râne fan in djipte, dêr’t de tonger fan in altyd duorjend geskreau út opkaam. Sa tsjuster en djip en dizenich as it wie as seach ik gjin inkelde foarm, al die ik noch sa myn bêst om wat te sjen.”Lit ús de wei del gean, dy wrâld yn, dêr’t wy no noch neat fan sjen kinne,” begûn de dichter (syn antlit wie ynbleek). “Ik gean foarop, en jo moatte efter my oan rinne.” En ik, dy’t syn bleke antlit seach: “Mar hoe kin ik mei jo gean, as jo sa bang binne? Jo wiene altyd sa hurd as ik de moed ferlear.” En hy tsjin my: “De eangstme fan dizze sielen, dy’t hjir altyd binne, hat my sa bleek makke, en jo hawwe dit ferkeard as bangens útlein. Lit ús trochgean. De lange wei driuwt ús.” En hy rûn foar my út, omleech, de earste sirkel fan de djipte yn. En dêr, yn de djipte, neffens wat ik hearde, wie gjin geklei, mar inkeld gesucht kaam omheech en trille troch de tiidleaze loft. It lûd fan suchtsjen, fan smert sûnder pine, hong om dizze kloft hinne, in kloft fan manlju, froulju en bern. Doe sei myn goede master: “Jo freegje net watfoar in soarte fan sielen dat binne, hjir om jo hinne, mar no sille jo it witte, foar’t wy fierder geane. Hja hawwe net sûndige. Mar harren grutte weardichheid fan libjen wie net foldwaande, want hja wisten net fan de doop, dy’t de poarte is fan it libben, dat jo liede. En as hja kommen binne foar de berte fan Kristus, dan hawwe hja net oan God de eare brocht dy’t hja bringe de h e l 21 moasten. Ik sels hear ek ta dit skift. Foar wat wy misse, en net foar in oare skuld binne wy hjirre, ferlern. Hjir lije wy allinne, ôfsnien fan alle hope libje wy yn langstme.” De wurden, dy’t ik hearde, weagen swier op myn siele. Doe, tinkende dat de deugdsume sielen as dizzen opsletten binne yn dizze limbus, en dat foar de ivichheid: “Fertel my dochs, myn master, fertel my, myn learaar,” sa begûn ik, (en ik woe de ûnoantaastbere lear fan Kristus hearre) is der ea immen ûntkommen, troch syn fertsjinsten of mei de help fan in oar, en de himel yngien?” En hy, dy’t myn ferburgen frage ferstie, andere: “Ik wie noch mar koart op dit plak, doe’t ik in machtich hear kommen seach, dy’t it teken fan de oerwinning yn syn kroane droech. Hy hat fan ús meinommen de skaden fan ús earste âlden, fan Abel, harren goede soan, ek fan Noach, fan de hearrige Mozes, dy’t de wet skreaun hat. Fan Abraham, de patriarch, David, de kening, Israel mei syn heit en syn bern, mei Rachel, dêr’t er salang foar bodde hat om dy te winnen, en safolle oaren, dy’t hy útkeazen hie foar de sillichheid. Mar jo moatte witte: foar’t dizze sielen meinommen waarden, hat gjin minskene siele ea de sillichheid berikt.” Wy hiene ús tocht net ûnderbrutsen, doe’t er spriek, mar wy rûnen fierder troch de bosken. Ik seach bosken, want sielen binne tsjok as beammen. Wy wiene noch net safier fan it plak, dêr’t ik wekker wurden wie ôf, doe’t ik in fjoer seach, earne boppe, in hemisfear fan ljocht, dy’t it tsjuster oerskynde. Wy wiene noch in hiel ein fan dat plak ôf, mar tichteby genôch om dizenich te sjen de earbiedweardigen, dy’t op dat plak taholden. “O, gloarje fan de wittenskip en keunst, wa binne dizze sielen, dy’t bysûndere eare krije, in apart plak hawwe, los fan dy oaren hjirre?” En hy tsjin my: “De achtenearre namme, dy’t hja drage, en dy’t noch trochklinkt yn jo eigen wrâld, hat de foarkar fan de himel foar harren, hjir op dit plak, wûn.” En doe’t er dat sei, hearde ik in stimme, dy’t oankundige: “Lit ús 22 l a di v i na com m e di a no ús foarname dichter earje, syn skaad, dat ús ferliet, is no by ús werom kommen.” En doe’t dy stimme útsprutsen wie en alles wer stil wie, seach ik fjouwer machtige skaden op ús oankommen. Op harren antlit stie gjin freugde en gjin fertriet te lêzen. Doe begûn myn goede master my út te lizzen: “Sjoch goed nei dy iene, mei syn swurd yn ’e hân, dy’t de oare trije liedt as wie hy harren master. It is it skaad fan Homearus, alles behearskjend dichter, en de twadde dêre is Horatius, de satyricus. Ovidius is de tredde, en de lêste Lucanus. Om’t hja allegearre ien namme mei my diele, de namme, dy’t jo hearre yn dat inkelde lûd, earje hja my, en dêr dogge hja goed oan.” Sa seach ik dêr byinoar de eale skoalle fan de mastersjonger fan sublime fersen, dy’t boppe allegearre útsweeft as in earn. En nei’t hja in skoft meiinoar praat hiene, kearden hja harren om, en hjitten my wolkom. En doe’t hja dat diene, seach ik myn master glimkjen. Noch grutter eare diene hja my oan: hja ferwolkommen my as ien fan harren eigen groep, wy wiene no mei ús seizen ien. Wy rûnen meiinoar nei it ljocht, dat skynde, pratend oer dingen, dy’t hjir en no it bêst stil hâlden wurde kinne, mar dêre wie it goed om dêroer te praten. Wy kamen by de ôffreding fan in prachtich kastiel, dêr’t sân muorren omhinne stiene, en dat ek noch ferdigene waard troch in sêft floeiende stream. Wy rûnen oer dy stream as wie it hurde grûn, en troch sân poarten rûn ik mei dy wize geasten op, oant wy kamen oan in greide fol mei blommen. It folk, dat dêr wie, hie in kalme en earnstige eachopslach, dêr’t in grutte autoriteit út spriek. Hja praten komselden, en altyd rêstich. Doe, ien kant út rinnend, kamen wy op in plak, wiid en goed ferljochte, heger, sadat wy allegearre, dy’t dêr wiene, sjen koene. En rjocht foar my út, yn dat weeldrich grien, kamen de machtige skaden goed út. Myn herte fielde grutskens, doe’t ik nei harren seach. Dêr stie Electra, midden yn in groep, dêr’t ik ek Hector de h e l 23 en Aeneas yn seach, en Caesar mei syn earne-eagen, en al syn wapens. Ik seach Camilla en Penthesileia, en oan de oare kant kening Latinus, mei Lavinia, syn dochter, oan syn side. Ik seach Brutus, dy’t Tarquinius ferdreaun hat, Lucretia, Julia, Marcia, en Cornelia. Fanside, allinne, seach ik Saladin. En doe’t ik myn eagen wat heger rjochte, seach ik de wize master fan allegearre, dy’t ynsjoch hawwe, sittend yn in krite filosofen. Eltsenien seach nei harren omheech, eltsenien brocht eare, en dêr seach ik allebeide, Socrates en Plato, en tichter by harren as in oar, Democritus, dy’t sei dat de wrâld in kâns is. Diogenes, Thales, Anaxagoras, Empedocles, Zeno en Heraclitus. Ik seach dejinge, dy’t ús planten klassifisearre hat, Dioskourides bedoel ik. En ik seach Orfeus, Tullius, Linus en Seneca, de moralist, Euclides, de wiskundige, en Ptolemaeus, Hyppocrates, Galenus, Avicenna en Averroës dy’t it Kommentaar skreaun hat. Ik kin net alles oer harren fertelle, myn ûnderwerp leit oars earne, en it twingt my om troch te gean, fakentiids moat ik wat weilitte fan wat ik sjoen ha. It selskip fan seis waard wer in selskip fan twa, myn master brocht my op in oare wei, út de rêstige yn de stoarmeftige loft. Ik kaam op in plak, dêr’t gjin ljocht is. by canto iv Dante is noch altyd net yn de eigentlike hel. Vergilius lit him no syn eigen ‘ferbliuw’ sjen, by de gelearden en de keunstners út de hiele âldheid, en – lykas Saladin – út de Islamityske wrâld. De foarfaars fan Kristus binne, doe’t Er ‘deltein wie yn de hel’ troch Him meinommen nei de himel. En Dante wurdt sels ek foar koarte tiid opnommen yn de krite fan dichters en gelearden. Alle nammen steane yn de nammelist. Dante ken ‘syn’ klassiken! 24 l a di v i na com m e di a [ c a n t o v ] D y wei gyng ik doe, delkommend foar de earste kear yn de twadde sirkel, dêr’t minder romte is, mar folle mear pine, dy’t de sielen oanset om te gûlen. Dêr stie Minos, grotesk, en hy sneupt de nijkommers ôf, de feroardielen, drekt al by de yngong. Hy oardielet, hy oardielet en ferdielt, en swaait mei de sturt. Dêrmei bedoel ik, dat de kweade siel foar him ferskynt, en alles bekenne moat, en hy, dy’t in betûfte rjochter is oer alle sûnden, wit yn hokker ôfdieling fan de hel dy siele heart. It tal kearen dat er mei syn sturt om him hinne swaait, fertelt hiel krekt hoefolle sirkels de sûnder ôfdale moat. De grutte kloft ferdomden komt foar him stean, ien foar ien. Hja sprekke, hja hearre, en hja wurde nei ûnderen treaun. “O, jo, dy’t komme fan in plak, dêr’t gjin pine is,” sa sei Minos, doe’t er my seach, de plichten fan syn amt fansiden settend, “wês foarsichtich by it ynkommen, en wa’t jo fertrouwe. Jo komme der maklik yn, mar lit jo net te fiter nimme.” En myn gids sei my: “Wêrom wachtsje wy noch? Besykje net om him yn syn taak te hinderjen. Sa is it beskikt dêr, wêr’t de macht is, en wat beskikt is, is alles wat jo hoege te witten. En no’t de noaten fol eangstme begjinne te klinken boppe myn earen, no fyn ik mysels wer, dêr wêr’t lûd op lûd fan jammerlik gûlen swier op my weaget.” Ik kaam op in plak dêr’t hielendal gjin ljocht wie, en ûnder my in see, opjage troch in stoarm, wylst fûle twirren fan beide kanten dêrop delploften. De hellestoarm, ivich yn syn razen, jaget de sielen op mei al syn krêft. Hja wurde draaid en draaid as harren straffe. En as hja wer werom wurpen wurde op it plak fan harren straffe, dan komt it skreauwen, de klachten, de eangstme. En dan en dêre lasterje hja de macht fan de Almachtige. Ik hearde dat ta de h e l 25 dit plak fan straffe dyjingen feroardiele binne fanwege harren sûnden fan glandigens, hja, dy’t yn wierheid slaven binne fan harren lust. En lykas de wjokken fan de protters yn de winter harren ta wiid útwaaiende grutte swarmen meitsje, sa jaget de wyn dizze kloften fan kweade geasten op. No ris hjirre, dan wer dêre, op en del, sa driuwt er se op, sûnder ea wat hope op rêst, net op rêst, mar inkeld op wat minder lijen. En lykas kraanfûgels yn folle flecht harren eigen liet sjongend, in ûneindige line foarmjend, sa seach ik harren tichterby kommen, de geasten, harren klachten útskreauwend, geasten, opdreaun troch de hurde wyn. En dêrom frege ik: “Master, fertel my dochs, hokker sielen binne dat, straft yn de swypkjende krêft fan dy hurde wyn?” “De earste fan dizzen, waans skiednis jo witte moatte,” sa sei myn master, “wie in keizerin, oer folle lannen en talen. Har oerwinningen hiene har sa bedoarn, dat se alle foarmen fan lust yn har wetten tastien hie, om dêrmei eat fan it kwea, dat hja ferspraat hat, wei te nimmen. Sy is Semiramis, dy’t, sa’t de leginde seit, de frou fan Ninus wie, en syn opfolchster op de troan. Se bestjoerde al it lân, dêr’t no de sultan regearret. Dy’t dan folget is hja, dy’t harsels út leafde deade hat, en de trou oan de oerbliuwsels fan Sichaeus brutsen hat. Dêrnei komt de wielderige Cleopatra. Sjoch Helena dêre, de woartel fan safolle kwea, dat safolle jierren duorre hat. En sjoch Achilles, dy’t syn libben ferlern hat yn syn lêste striid om de leafde. Sjoch Paris en Tristan.” Doe, mear as tûzen hat er my oanwiisd, en hy neamde se allegearre, dy’t troch de leafde de ierde ferlitten hawwe. En ik hearde myn master de nammen neamen fan alle eallju, manlju en froulju, út de âlde tiden. Meilijen brocht my yn ’e war, en ik wie hielendal út stel. En ik begûn: “Dichter, ik soe graach, út hiel myn herte, prate mei dy twa, dy’t tegearre, oaninoar fêstketene, en dy’t my sa licht talykje yn de hurde wyn.” En hy: “Jo sille it sels wol sjen as hja 26 l a di v i na com m e di a tichterby komme en as jo harren oansprekke op harren leafde foarinoar, dy’t harren liedt. Wachtsje efkes, dan sille hja by jo komme.” En doe’t de wyn omsloech, ús kant út, sette ik myn lûd wat út, en rôp harren ta: “O, wurge sielen, kom en praat mei ús, as it tastien is.” Lykas dowen, dreaun troch de oandriuw om werom te kommen nei it eigen nêst, mei útstrutsen wjokken nei ûnderen komme troch de loft, laat troch harren langstme nei it nêst, sa ferlieten dy twa de swarm dêr’t Dido is, en kamen troch de stjonkende lucht op ús oan. Dat wie de swiete krêft fan myn roppen. “O, libbene skepsels, sa freonlik en sa goed, dy’t hjir jimme wei geane troch de goare loft, om ús op te sykjen, dy’t de wrâld mei bloed besmodze hawwe, as wy de Kening fan de keningen as ús freon hawwe soene, soene wy him freegje jimme frede te jaan, jimme, dy’t meilijen sjen litte mei ús wrede plicht. Wat jim ek mar hearre wolle, of sizze wolle, wy sille tahearre, en der mei jimme oer prate, salang as de wyn hjirre, dêr’t wy binne, stil is. It plak, dêr’t ik berne bin, leit oan de kust, dêr’t de rivier de Po mei syn altyd trochgeande stream delkomt om syn lêste rêstplak te sykjen. Leafde, de freonlike oanfiterder fan it eale herte hat ús oangrypt, fanwege de skientme fan myn lichem, dat no fan my ôfnommen is. En hoe’t it barde, bin ik noch lulk om. De leafde, dy’t nimmen ûntskuldiget dy’t leafhat, en dat er leafhat, dy leafde hat my sa meinommen yn de leafde foar him. Caina wachtet op dyjinge, dy’t ús libben ôfbrutsen hat.” Dat wiene de wurden, dy’t fan harren ta ús kamen. Doe’t dizze ús oansprekkende sielen harren ferhaal ferteld hiene, bûgde ik myn holle, en bleau mei bûgde holle stean oant de dichter sei: “Wêr tinke jo oer?” En doe’t ik einliks wer prate koe, sei ik: “Helaas, hokker swiete tinzen, en och, hoefolle langstme hawwe dizze twa yn dit lijen brocht?” Doe draaide ik my om, en besocht beide ta te sprekken: “Francesca, it lijen dat jo trochstean moatte, bringt my de de h e l 27 triennen yn de eagen. Mar fertel my: yn de tiid fan jo swiete suchten, hoe, en mei hokker tekens hat de leafde jo tastien jo frjemde lusten boppe komme te litten?” En hja tsjin my: “Der is gjin grutter pine as werom te tinken yn ús tsjintwurdige steat oan it lok, lykas jo master wol wit. Mar as jo wierliken graach witte wolle de wiere woartel fan sa’n leafde as uzes, dan sil ik it jo fertelle, yn wurden fol fan triennen. Op in dei liezen wy as tiidferdriuw oer Lancelot, hoe’t dy yn leafde fallen wie. Wy wiene allinne, sûnder begryp fan it fertochte fan ús situaasje. By no en dan wiene ús eagen rjochte op it boek, dat wy liezen. Us antlit waard wyt, en dan wer read, oant it momint, dat wy tegearre ien rigel seagen. It wie doe’t wy liezen oer dy begearlike lippen, dy’t tute wiene troch sa’n ferneamde leafhawwer, dat dizze man, dy’t nea wer loskomt fan myn side, myn mûle patte. Hy trille, doe’t er it die. Dat boek, en dy’t it skreaun hat, waard ús Gallehault. Dy dei hawwe wy net fierder lêzen.” En de hiele tiid, dat ien fan dy twa sielen spriek, gûlde de oare sa, dat ik my hielendal meinommen fielde. Ik fielde my as soe ik stjerre, ik beswime, en foel op de boaiem fan de hel, lykas in dea lichem falt. by canto v Dante komt no yn de earste sirkel fan de eigentlike hel. Hjir wurdt de ûnseedlikens bestraft, benammen fan froulju. Francesca da Rimini, dy’t oan de ein fan it Canto oer har eigen dea fertelt, libbe yn Dantes tiid. Hja waard tagelyk mei har frijer yn ien swurdslach deade, doe’t har man har betrape mei syn jongere broer. 28 l a di v i na com m e di a [ c a n t o v i ] I k kaam wer by sinnen, ik wie hielendal út stel doe’t ik dy twa griene ferealen seach. In meinimmend toaniel, dat ek my meinommen hie. Nij lijen, en nije sûnders yn harren lijen kamen op my oan, oeral dêr’t ik seach. Ik bin yn ’e tredde sirkel, yn de krite fan de rein, ivich, hurd, kâld, yn swiere buoien, mei nea feroarjende krêft, delkommend mei nea feroarjende fûlens. Tsjokke hagel en goar wetter, mongen mei snie, kamen yn gjalpen del út de tsjustere loft, en de ierde stjonkt troch de mei snie mongen rein hinne. Cerberus, in aldernuverst en meunsterlik bist, mei syn trije bekken jankend as in sike hûn, stekt boppe de driuwende sûnders yn dizze sompe út. Syn eagen binne read, syn fetlik burd is swart, syn bealch is opset, hy hat kloeren yn it plak fan hannen, hy strûpt de geasten, skuort se útinoar, mangelt se. Under de rein janke se as hûnen, no ris mei de iene, dan wer mei de oare side boppe, draaie se ominoar hinne, dy ferdomde sûnders. Doe’t it helse krûpsel Cerberus ús yn it fisier krige, die er syn mûle iepen en liet syn slachtosken sjen. Syn bealch wie ien triljende massa spieren. Myn master stie stil, en mei wiid útsprate fingers pakte er hiele hanfollen moude op, en smiet de moude yn de roppige strôten. Lykas in jankende hûn, dy’t sêd wurde wol, rêstich wurdt as er de earste hap binnen hat, drok mei fretten, en mei dat allinne, sa wie it mei al dy trije smoarge koppen fan de demon Cerberus, tongerjend oer dizze deade sielen, dy’t wol graach dôf wêze woene. Wy rûnen de sompe troch fan skaden, delslein troch de ferheftige rein, ús fuotten op dizze lege skaden, dy’t er as minsken út seagen. Alle sûnders leine op ’e grûn, útsein dy iene, rjocht omheech. Doe’t er seach wa’t him foarby rûnen, rôp er: “O, jo dy’t laat wurde troch dizze de h e l 29 hel, besykje jo te binnen te bringen wa’t ik bin, want jo hiene it libben al foar’t ik mines opjoech.” Ik sei: “De pine dy’t jo lije, hat faaks jo sa oars makke, dat nimmen jo weromken. It mei my net heuge, dat ik jo ea sjoen ha, mar fertel ús wa’t jo binne en wêrom’t jo hjir telâne kommen binne, op dit ellindige plak. Slimmer plak sil der wol wêze, mar nearne is it pynliker.” “Jo eigen stêd,” sa sei er, “sa fol mei haat en nidigens – de tsjelk derfan rint oer – hat my ienris hjirboppe yn in better libben holden. De boargers hawwe my de namme Ciacco jûn, en foar myn sûnde fan roppigens bin ik ferdomd, sa’t jo sjogge, ta rein, dy’t my ferpletteret. En myn sa fier sonken siele is net allinne, want al dizze sûnders hjirre diele yn myn pine en yn myn sûnde.” Dat wiene syn lêste wurden.”Ciacco,” sei ik him, “jo swiere bestean waget swier op my, it lit my hast gûle, mar fertel my wat der barre sil, as jo it witte, mei de boargers fan dizze ferdielde stêd.” En hy andere: “Nei folle reboelje sille hja komme ta bloedferjitten, de boerepartij sil de oaren mei domdryst geweld ferdriuwe. Dan sil it barre: dy partij falt wer nei trije jierren, en de oaren komme wer oan de macht mei de stipe fan immen, dy’t no nei beide kanten heart. Lange tiid sille hja de holle grutsk omheech hâlde, en de oaren derûnder hâlde. En it gûlen en tsjirmjen fan de ûnderdrukten lit harren kâld. Twa rjochtfeardige mannen binne dêr, mar nimmen lústeret nei harren. Want grutskens, jaloerskens en gjirrigens binne de trije fûnken, dy’ trochbaarne yn it hert fan de minske en sette him yn ’e brân.” Sa liet er syn skriemen in ein nimme. Mar ik sei wer: “Der is mear, dat ik witte wol. Ik freegje jo my mei mear feiten ryk te meitsjen. Tegghiaio, Farinata, sokke bêsten, Jacopo Rusticucci, Arrigo, Mosca en de oaren, dy’t sa weardich wiene, de oaren mei talinten, dy’t safolle goeds dien hawwe, wêr binne hja? Fertel it my dochs wat der mei harren bart. Ien grut ferlangen piniget my: te witten oft hja de 30 l a di v i na com m e di a swietens fan de himel genietsje, of de bitterens fan de hel.” “Hja lizze hjirûnder mei swarter sielen,” sei er, “troch ferskillende sûnden op ferskillende djipten. As jo trochgean kinne, sille jo se allegearre sjen. Mar ik freegje jo, as jo ienris werom binne yn de swiete wrâld: lit myn freonen oan my tinke. Ik sis neat mear, ik sil jo net mear anderje.” Syn eagen seagen op ’e side, ik seach nei him en hy seach my in skoft oan. Doe bûgde hy, en foel wer del, by de oaren, dy’t har net sjen litten hiene. Doe sei myn gids my: “Hy sil net mear stean gean oant de dei dat de trompet fan de ingel klinkt, as de ûngemaklike Rjochter hjir delkomme sil. Eltse siel sil syn grêf weromfine, syn flêsk wer oannimme, en syn ivich lot hearre.” En sa rûnen wy troch it smoarge gearmjuksel, in bytsje trochpratend oer it libben nei de dea. Ik sei: “Master, sille dizze torminten mear of minder wurde nei de lêste oardielsdei? Of sil de pine gelyk wêze oan wat er no is?” En hy: “Tink dochs ris oan wat jo yn de filosofy heard hawwe. Wat tichter in ding by de folsleinens komt, wat yntinser sil syn wille of syn pine wêze. Alhoewol’t dizze ferdomde kliber fan strafte sielen nea de freugde fan de wiere folsleinens kenne sil, sil harren pine dan folsleiner wêze as dat er no is.” Sa rûnen wy pratend troch oer dizze sirkelwei. Oer oare dingen noch, as ik hjir neamd ha, hawwe wy praat, oant wy kamen dêr’t de wei wer fierder yn de djipte gyng. Dêr fûnen wy Plutos, de aartsfijân fan de minsken. by canto vi Yn de tredde hellesirkel, dêr’t de kâlde rein de sielen piniget, fynt Dante syn politike fijannen, en lit dy foarútsjen nei wat der mei syn eigen partijminsken barre sil. de h e l 31 [ c a n t o v i i ] “P ape Satan, Pape Satan, alleppe.” It rauwe lûd fan Plutos rôp dizze wurden, en de wize man, dy’t alles wist, sei my: “Lit de eangstme net ta jo trochkringe, want hokker macht er ek hawwe mei, hy kin ús reize dizze rots bedel net stopje.” Doe kearde hy him om nei dat antlit, troch grammitigens opswollen, en rôp: “Wês stil, fûle wolf fan de hel, dyn krêft komt inkeld út it fjoer om dy hinne. Dizze reis nei de djipten hat syn reden, want yn de hichte is derta besletten, dêr’t Michaël it goede andert jûn hat op de brutale oanfal op de Hear.” Lykas de seilen, opblaasd troch de wyn, as de mêst fan it skip brutsen is, falle, yninoar klappe, oprôle op in heap, sa foel it wylde bist del op ’e grûn. Wy daalden ôf, de fjirde ôfgrûn yn, en sochten ús wei oer de kweade rots, dêr’t alle kwea fan hiel de wrâld delsmiten is. O, Gods wreekjende gerjochtichheid, wa kin safolle smerte en pine ferdrage as ik sjoen ha? Hoe kinne wy ús skuld ús safier bringe litte? En eltse golf, dy’t de Charybdis nei de see bringe wol, slacht mei in klap tsjin de opgeande golf oan, en op dy slaggen moat alle folk hjirre yn de rûnte dûnsje. Mear skaden wiene hjirre as oeral hjir boppe, en fan beide kanten, op it lûd fan har eigen skreauwen, rôlen hja ûntsachlik grutte stiennen. En as se elkoar tsjinkamen, en tsjininoar opbotsten, dan draaiden se om, om de oare kant wer út te gean, en skreauden: “Wêrom weismite?” en de oarekant: “Wêrom fêsthâlde?” En as se dan wer weromrûnen, harren grousume sirkel, en oan beide kanten wer de oare kant út giene, dan skreauden se wer tsjin elkoar, altyd deselde gjalp. Hinne en wer kamen se, rôljend, batsend, draaiend, altyd deselde heale sirkel troch. En ik, yn myn herte wûne troch dit gesicht, sei: “Master, wês sa goed en fertel my dochs, wa 32 l a di v i na com m e di a binne dy minsken dêre? Wiene it allegearre prysters? Dizze heal skearde hollen oan myn lofterhân?” Hy sei: “Yn it earste libben fan al dyjingen, dy’t jo sjogge, wiene hja sa neargeastich dat hja net mei ynsjoch oardielje koene as it gyng om oer de balke smite of fêsthâlde. Harren baltende lûden meitsje it dúdlikernôch as hja komme by de twa poalen fan de sirkel, dêr’t tsjinoerstelde sûnden harren ferdiele. Dyjingen, dy’t in keal plak op de holle hawwe, wiene prysters en pausen en kardinalen, by wa’t de begearlikens de grutste sûnde wie.” En ik: “Master, yn sa’n kloft as dizze soe ik dochs in pear weromkenne moatte, in pear, dy’t harsels besmodze hawwe mei sokke misdieden as dizze.” Hy andere: “De hope, dy’t jo hawwe, sil net útkomme kinne. Harren kniperige libben, dat harren healwiis makke hat, makket it no lestich om harren werom te kennen. Ivich sille de twa klibers opinoar batse, oant hja wer út harren grêven opstean sille, de iene mei sletten fûsten, de oare mei keale hollen. Fêsthâlde en weismite hat harren ferdield. Ynpikke en ferdiggelje hat harren weihelle út dy oare, smûke, wrâld en harren hjirre yn dizze ûnwrâld brocht. Ik sil gjin wurden fergrieme om it te beskriuwen. Jo sjogge it, myn soan, dit koarte genietsjen fan alle woltier, dy’t Fortuna jo bringe kin, dêr’t it minsklik ras mei ompielt, foar al it goud dat der is, of dat der ea west hat ûnder de moanne, kinne jo gjin momint fan rêst keapje foar dizze wurge sielen.” “Master, fertel my no, wa’t dy Fortuna is, dy’t jo niis neamden. Wêr liket hja op, hja, dy’t alle woltier fan de wrâld yn har hannen hat?” En hy ta my: “O, healwiis minskeras, hoe bûtenwenstich grut is jimme ûnwittendheid. Harkje no, dan sil ik it jo útlizze. De Iene, waans wiisheid ûneindich is, hat alle himels makke, en eltsenien in gids jûn en it ljocht fan de iene himelsfear skynt oer alle oarden hinne. Sa wurdt it ljocht ferdield, oeral gelyk. Foar it ljocht op de wrâld hat Hy itselde wollen, en dêrta in liedster en de h e l 33 algemiene masteresse beneamd. Dy soe, nei eigen kar, de idele woltier fan de wrâld ferdiele, naasje nei naasje, hûs nei hûs. En sa, dat it minskdom der neat oan feroarje koe. Dêrom, wylst de iene naasje boppe stiet, falt de oare, alles lykas hja it regele hat. Mar har oardiel is ferburgen, as in njirre yn it gers. Jo witten hat gjin ynfloed op har, want hja sjocht foarút, hja oardielet en hja bestjoert har hiele keninkryk lykas de oare goaden dogge mei harren eigen ryk. Har wikseljende feroaringen litte nea wat oerbliuwe, hja bliuwt altyd yn beweging en de minsken komme en geane om by har oan bod te kommen. En hja wurdt hjitfolge en pleage, sels troch harren, dy’t lok yn it libben hân hawwe, en har priizgje moasten, yn stee fan har te lekjen en har dieden te ferflokken. Mar hja is seinige, en yn har seine heart hja neat, mei al Gods sa lokkige earste skepsels draait hja har tsjil mei wille om en om. Lit ús no fierder gean, nei oare ferjildingsplakken. De stjerren, dy’t opgiene, doe’t ik mei jo begûn, geane no wer ûnder. Wy kinne net te lang bliuwe.” Wy rûnen de sirkel troch, nei de oare kant, in boarne foarby, dy’t sea en oerstreamde, en yn in sompe kaam de boarne út. It wetter wie yn en yn swart, en wy, mei de grize golven as selskip, giene ús wei bedel, bylâns in robbelich nuver paad. De smelle lytse stream, as er de boaiem fan de tjsustere kweade skeante berikt, wurdt in breed wetter, mei de namme Styx. En ik, dy’t wat sjen woe, doe’t wy dêr bylâns rûnen, seach dridzich folk, krûpend troch de moude, allegearre neaken, mei gesichten, ferfoarme troch grammitigens. Hja fochten meiinoar, net allinne mei de hannen, mar se brûkten ek boarst, holle en fuotten. Mei de tosken pakten se elkoar oan, lid nei lid. En de goede master sei: “Myn soan, sjoch no de sielen, dy’t oerfallen binne troch razernij. En ik freegje jo my te leauwen as ik sis, ûnder de slimerige flakte lizze suchtsjende sielen, dy’t it wetter buorrelje litte. Jo eagen sille jo dit alles dúdlik meitsje. 34 l a di v i na com m e di a Sjoch mar om jo hinne. Under yn de slime sizze hja: ‘Slomjend wiene wy yn de swiete loft, lokkich yn de sinne, en de reek fan de grammitigens raande yn ús herte. No lizze wy hjirre, yn dizze swarte moude.’ Dizze hymne guorrelje se yn harren kielen, mar hja kinne net sjonge yn wurden dy’t klinke.” Doe, yn in wide bocht, rûnen wy de fiver om, tusken de droege bank en de slimerichheid, ús eagen noch altyd rjochte op de lju, dy’t yn de moude omkrûpten. Wy kamen, op de goede tiid, oan de foet fan in hege toer. by canto vii It ‘alleppe’ foar Satan, de heit fan de hel, is net fierder bekend. Cerberus, de hellehûn, libbet yn en fan de moude, dêr’t de ferwurpenen yn omtoarkje. Prysters moasten yn dy tiid de krún skeare litte: tonsuer. En Fortuna regelet, neffens Dante, it hiele libben fan de minske. de h e l 35 [ canto viii ] I k moat dochs noch útlizze dat, foar’t wy oan de ein de foet fan de hege toer berikt hiene, ús eagen rjochte wiene op de top troch twa lytse flammen, dy’t dêr krekt opflammen, en sa fier ôf, dat it hast net te sjen wie, joech in oare baarnende toarts in teken werom. Ik rjochte my wer ta dy grutte see fan minsklike kennisse: “Wat is dat foar in sinjaal? En dy oare flam, wat anderet dy? En wa docht dat allegearre?” En hy andere: “Jo moatte al sjen kinne oer de grize golven hinne wat dêr oantsjut wurdt, of it soe wêze moatte dat de fampiers út de sompe it foar jo ferburgen hâlde.” In bôge hat noch nea in pylk ôfsketten dy’t hurder troch de tinne loft skeat as de lytse boat, dy’t ik krekt yn dy sekonde seach. In boat, dy’t op ús ôf kaam mei in stjoerman, dy’t rôp: “Aha, ik ha jo no, jo, ferdomde siel!” “Phlegias, Phlegias, dizze kear roppe jo fergees,” sa andere myn hear, “Jo sille ús net langer hawwe as de tiid dy’t it nimt om de sleat oer te stekken.” As immen, dy’t krekt in net te leauwen gûcheltrúk sjoen hat, dy’t him flak foar syn eagen ôfspile hat, sa ferbiet Phlegias syn grime. Myn master stoep rêstich yn ’e boat en doe’t er deryn wie, holp er my om deryn te kommen en doe pas like it dat der wicht yn ’e boat wie. Daalks, doe’t myn master en ik yn de boat giene, begûn de âlde skou troch it wetter te ploegjen, wat djipper no as doe’t er op ús ôf kaam. En doe’t wy troch it deade kanaal fearen, kaam foar ús in modderich skaad omheech, dat sei: “Wa binne jo, dy’t fier foar jo tiid hjir komme kinne?” En ik andere: “Alhoewol’t ik kom, bliuwe doch ik net. Mar wa binne jo? Sa smoarch as jo binne, ik ken jo dochs.” “Jo sjogge, dat ik immen bin, dy’t gûlt,” sei er my. En ik: “Jo meie wol gûle en jammerje, dit plak is jo ivich plak, jo, ferdomde siele.” Doe stiek er syn beide hannen út nei 36 l a di v i na com m e di a de boat, mar myn master treau him werom, doe’t er dat seach: “Fuort, gean omleech, nei de oaren.” En doe sloech er my de earms om de nekke, hy tute my, en sei: “Unweardige siele, seinige is de skerte, dêr’t jo yn ûntfongen binne. Yn de wrâld wie dizze man fol arrogânsje, en yn syn oantins ûnder de minsken is neat goeds oer him oerbleaun. En dêrom is syn skaad hjirre folle mei grammitigens. Der binne folle mear, dy’t harsels yn it libben grutte lju achtsje, mar dy’t hjirre as bargen yn de moude rôlje en harren reputaasje efter har litte.” “Master, it soe my werklik lokkich meitsje en sjoch him yn dat tsjuster gat. Ien kear mar, foar’t wy dizze moudemar ferlitte.” En hy tsjin my: “Foar’t de oare igge yn it sicht komt, sille jo jo winsk ferfolle sjen kinne, want sa’n winsk is it ferfoljen wol wurdich.” Koarte tiid letter seach ik de ferflokte sa mangele troch in mannichte dridzige sielen, sa, dat ik ta hjoed de dei ta myn Hear tankje en priizgje foar wat ik sjoen ha. “Pak Filippo, pak Filippo,” rôpen se allegearre. En mei dizze gjalpen draaiden de Florentinen om him hinne, en sloegen him sa hurd as se koene op de hûd. Wy hawwe him dêr efterlitten, ik ha neat mear fan him sjoen. In warreljend lûd begûn yn myn earen te kommen, en rjochte myn eagen dy kant út. “En no, myn soan,” sei myn eale master, “komme wy tichter by de stêd, dy’t wy Dis neame, mei syn grutte muorren en syn batske boargers.” En ik: “Master, ik kin de kleare glâns sjen fan de bouwurken, dy’t fel read baarne, en it fjoer lôget op, as soene se daalks yninoar klappe.” En hy tsjin my: “Ivich fjoer baarnt dêr midden yn en dat jout dy reade gloede dy’t jo sjogge, hiel de hel troch.” En doe giene wy te langen lêste dy djippe rûnten yn, dy’t dizze ûngelokkige stêd omsirkelje mei muorren, dy’t, sa’t it my like, fan izer wiene. In hiel skoft fearen wy deromhinne, oant wy kamen oan in plak, dêr’t de boatsman út alle macht skreaude: “Derút, dit is de yngong!” Ik seach mear as tûzen ferwurpen ingels, dy’t de h e l 37 foar de poarten stiene, en skreauden: “Wa is dy persoan, dy’t dêr oankomt? Wa is hy, dy’t noch net dea is, en it weaget, it keninkryk fan de dea yn te gean?” En myn wize master joech harren in soarte fan teken, om oan te jaan, dat er yn it geheim mei harren prate woe. Se lieten sjen, dat se, mei folle tsjinsin, mei him prate woene. Doe seine hja: “Jo kinne komme, mar hy moat werom, hy dy’t tocht, dat er sa maklik dit ryk yngean koe. Lit him syn dwaze wei allinne weromgean, lit him it mar besykje. En jo, dy’t him hjirhinne brocht hawwe troch dit tsjustere lân, jo moatte stean bliuwe, dêr’t jo no steane.” En no, myn lêzer, tink ris ta, hoe’t ik my fielde, doe’t ik dy twingende wurden hearde. Ik tocht dat ik ús wrâld nea weromsjen soe. En ik sei: “O, myn eale gids, dy’t no al sân kear my myn selsfertrouwen weromjûn hat, en my oer folle gefaren hinne brocht hat dy’t my oars ferhindere hiene om fierder, ferlit my net.” En ik skreaude yn myn betizing: “As fierder reizgjen ús ûntsein is, lit ús dan gau weromgean.” Doe sei de hear, dy’t my de hiele wei hjirhinne brocht hie: “Wês mar net bang. Op de reize, dy’t wy meitsje wolle, kin nimmen ús tsjinhâlde, sa grut is de macht, dy’t ús dizze reis foarskreaun hat. Wachtsje hjir op my, en fuorje jo wurge geast mei wille en mei goede hope, en jo kinne der wis fan wêze, ik sil jo net allinne yn dizze ûnderwrâld efterlitte.” Doe’t er dat sein hie, rûn er fierder. Hy liet my stean, dy eale heit, en ik stie, wifeljend oft ik ja of nee sizze soe. Ik koe net hearre wat hy allegearre mei harren beprate, mar dat duorre net al te lang. Ik seach se allegearre gau nei harren eigen plak weromrinnen, en ús tsjinstanners diene de swiere poarten foar myn masters eagen iepen. Dy rûn werom, en wonk my. Hy kaam hiel stadich nei my werom, wis fan himsels, sa’t dúdlik te sjen wie. “Wa binne sy, dat se my tsjinhâlde wolle, en gean mei jo dizze romten fan straffe yn?” En hy tsjin my: “Jo hoege net sa betiisd te bliuwen oer myn trochsetten. Wy sille 38 l a di v i na com m e di a it pleit winne, op hokker wize oft hja ek besykje ús hjirbûten te hâlden. Harren isolaasjesucht is neat nijs, hja hawwe it al besocht by de folle geheimere poarte, dy’t no iepen is, en altyd iepen bliuwe sil. Jo hawwe de deadlike wurden boppe dy poarte sjoen, en no, no’t wy ek hjirre foarby binne, en de sirkels yngeane, fan boppen nei ûnderen, allinne, no komme wy wol by dyjinge, dy’t de stêd foar ús iepenje sil. by canto viii De stêd Dis is de haadstêd fan de hel. Op de wei troch de moude dêrhinne hat Dante de earste ferwurpen Florentyn sjoen, en heard hoe’t dy hate wie. No komme se út de kâlde rein en de moude yn de fûle hjitte. de h e l 39 [ c a n t o i x ] D e kleur fan leffens op myn antlit, doe’t ik my realisearre, dat myn gids wer weromkaam, waard gau wer gewoan. Hy stie wat foar himsels út te sjen, as immen, dy’t besiket om te hearren wat der yn ’e fierte bart, en waans eagen net fier genôch foarút sjen kinne, troch de swiere mist en de swarte loft hinne. “Mar wy sille de fjochterij perfoarst winne,” sa sei er, “de stipe is ús tasein. Wat duorret it lang foar’t er komt.” Ik seach te goed, hoe’t er syn iepeningswurden oanpaste en wat er deroan taheakke hie. Der wie in grut ferskil mei wat er earst útsprutsen hie. En syn wurden makken my kjel, faaks fanwege de sin, dy’t hy net ôfmakke hie. “Is der ea earder ien delgongen nei dizze holle djipten fan de earste sirkel, dêr’t de pine fan it ôfsnien wêzen fan alle hope sa grut is?” Ik lei him dizze frage foar. Hy andere: “Foar nimmen fan ús is de reize, dy’t ik no meitsje, in wenstige rite. Mar it is ien kear earder bard, dat ik hjir west ha, oproppen troch dy herteleaze hekse Erichtho, dy’t de geast yn immens lichem weromroppe koe. Koarte tiid nei’t ik myn flêsk troch de dea loslitten hie, hat se my troch dizze muorren hinne treaun, sa fier as it mar koe, nei de kouwe dêr’t Judas sit, om in geast nei bûten te bringen. Dat plak is it leechste, en it meast tsjustere, en it fierste wei fan alle sirkels. Ik wit de wei noch goed, dêr kinne jo wis fan wêze. Dizze sompe, dêr’t sa’n goare stank út komt, leit yn in sirkel om de smertlike stêd hinne, sa dat wy der net ynkomme kinne sûnder swierrichheden.” En hy sei noch oare dingen, mar dy ha ’k fergetten, want ynienen wiene myn eagen nei boppen dreaun, op nei de fiere top fan dy hege toer, dêr’t yn ien eagenblik, ja, winliken yn hielendal gjin tiid, trije helske fuerjes, oerdutsen mei bloed, út sprongen. Harren liven en 40 l a di v i na com m e di a harren gebearten wiene typysk froulik, harren sliepen wiene omgurde mei koarden fan griene slangen; slangen mei hoarntsjes, lytse slangen, groeiden op harren liif as hierren en draaiden wyld yn ’e rûnte. En hy, dy’t de kâns krigen hie de tsjinstfammen fan de keninginne fan de ivige wraaksucht te kennen en te begripen, rôp my ta: “Sjoch dêre, de hurde Erinyen. Dat is Megaera, dy iene dêr, lofts, en dy’t dêr omtoarket, rjochts, is Alecto, en Tisiphone, tusken harren yn.” Mear sei er net. Mei de folle hân sloegen de trije harsels op ’e boarsten, en se klauden se iepen mei harren skerpe neilen, en se skreauden it út. Ik wie o sa bang wurden, en gyng tichter tsjin de dichter oan stean. “Medusa, kom, wy sille harren ta stienspeesje stampe,” sa skreauden hja alle trije, wylst hja nei ûnderen kamen, “wat wiene wy dom, doe’t wy Theseus samar gean lieten.” “Draai jo om, en hâld jo eagen sletten, want as de Gorgon komt, en jo soene har sjen, dan soe der gjin weromkommen op ús ierde mear wêze.” Dat wiene de wurden fan myn master. Hy draaide my om, en fertroude myn hannen net om myn eagen te bedekken, hy sette syn hannen op minen, en hold myn eagen ticht. O, jim allegearre, dy’t goed by jimme ferstân binne, sjoch no hoe’t it werklik is efter de wale fan myn strange fersen! En doe, efter de swiere dize, dy’t tichterby kaam, eksplodearre in útbarsten fan lûd, mongen mei in skreau fan eangstme, en beide iggen fan de hel begûnen te triljen. It klonk as ien fan dy heftige stoarmen, dy’t ûntsteane as loftstreamen opinoar botse, as stoarmen, dy’t raze troch de bosken, alles omtearend, sûnder minder te wurden. Dy skuorre dan oan de tûken, brekke se ôf, en tôgje se mei, se swypkje it sân heech op, oer hiel it paad, en soargje dat de bisten en harren hoeders hurd fuortrinne. Myn master makke myn eagen wer frij, en sei: “Draai dy mar om en sjoch goed nei de sompe, dêr’t de dize it tichtste is.” En lykas kikkerts foar harren fijân, de slange, nei de h e l 41 alle kanten fuortspringe, en dan dûke nei de boaiem, sa seach ik mear as tûzen troch freze skokte sielen fuortflechtsjen, it paad rom meitsjend foar immen, dy’t deroan kaam, oer de Styx, mei droege fuotsoallen, rêstich rinnend oer it wetter. Sa no en dan fage er mei de lofterhân oer it gesicht, om de swarte storein derôf te feien. Dat wie, sa’t it like, it iennige dat lestich foar him wie. Ik wie der no wis fan, dat de himel him stjoerd hie. Ik seach myn gids oan, mar dy joech my in teken: stil stean bliuwe. Hy bûgde licht nei dyjinge, dy’t oankommen wie. O, hoe fol wie er fan hillige grime oer hiel syn wêzen. Hy kaam by de poarte, en tikke dêrop mei in lytse stêf. De poarte gyng iepen, sûnder wjerstân fan binnenút. “O, jimme, dy’t de himel út goaid binne, ferwurpene sielen,” sa sei er, steande op de skriklike drompel, “wat domduvelich is it dochs, de wil te wjerstean, de wil dêr’t net oan te ûntkommen is, en dy’t al mear as ien kear jimme straffe ferswierre hat. Wêrom stekke jimme de fûst omheech tsjin it lot? Sa’t jimme sa goed witte: jim Cerberus is dêr ommers syn burd oan kwytrekke.” Doe draaide er him om, en rûn it ûnhuere paad werom, sûnder ien wurd tsjin ús te sizzen. Hy seach as immen, dy’t him liede liet troch hiele oare dingen. En doe rûnen wy stadich nei de stêd, en fielden ús feilich troch de útsprutsen hillige wurden. Wy koene de stêd yngean sûnder eat fan wjerstân, en ik, sa eangstich de stêd yn te gean, dêr’t de sielen yn sa’n hechte finzenis opsletten wiene, ik, doe’t ik ien kear binnendoarren wie, stie myn eagen ta wer om my hinne te sjen, en seach oan alle kanten in wrâld fan pine en skriklik marteljen. Lykas by Arles, dêr’t de Rhône útkomt yn stilsteand wetter, of lykas de baai by Pola, by de Golf fan Quarnero, dy’t Itaalje ôfslút, en syn grinzen omspielt, it lân hobbelich is troch de grêven, sa wie it hjirre bulterich, yn alle rjochtingen, allinne de grêven hjirre hiene in wreder doel. Want gloeiende, oeral tusken de tombes, wiene 42 l a di v i na com m e di a flammen, dy’t de grêfstiennen fjoerread holden, hjitter as izer, dat in keunstner brûke wol. Eltse tombe stie iepen, en fan binnenút kamen sokke jammerklachten, dat ik der wis fan wie: dêr binnen wiene sleine en pinige sielen. Ik frege: “Wat soarte fan skaden binne dit, dy’t hjir lizze, begroeven yn grêven fan stien, dy’t harren hearre litte yn sokke smertlike suchten?” En hy andere: “Dit binne de aartsketters fan alle sekten, mei al harren learlingen. Mear as jo tinke, binne hjirre opburgen yn harren grêven. Allegearre binne hja hjir begroeven, allegearre gelyk, en de grêven baarne hurder of minder, lykas it harren past.” Doe giene wy nei rjochts, en wy rûnen troch in wrâld fan pine, tusken dy hege muorren. by canto ix Erichtho, de heks, en alle fuerjes, steane yn de nammelist. Erichtho, de heks, koe de deaden oproppe, en neffens Dante hat se dat troch Vergilius dwaan litten mei de siel fan de Hartoch fan Athene. de h e l 43 [ c a n t o x ] N o, fierder omleech, by in smel paad tusken de râne fan de stêd en de lijenden bylâns, rûn myn master, en ik rûn ticht efter him oan. “O, eale master, dy’t troch dizze heilleaze kriten my liedt mei safolle krêft,” sa sei ik, “ik soe graach mear witte wolle, ik soe graach it folk, dat hjir begroeven is yn harren grêven, begripe wolle. Kinne hja sjoen wurde? Ik bedoel: sjoen hjirre, hja, dy’t út harren grêf binne, en nimmen dy’t hjirre op wacht stiet?” En hy: “Hja sille foar altyd hjir opsletten wurde, as hja hjir weromkomme út it dal fan Josafat mei it lichem, dat hja boppe efterlitten hawwe. It eigen hôf hjirre, oan dizze kant, tsjinnet Epicurus en syn folgers, dy’t sizze, dat de siel stjert as it lichem stjert. En wat de frage oangiet, dy’t jo my sakrekt steld hawwe: hy sil gau beändere wurde. En alle winsken, dy’t jo noch hawwe, sille ferfolle wurde. En ek de winsk, dy’t jo foar my ferburgen hâlde, sil tastien wurde.” En ik: “O, myn goede master, ik besykje net folle te praten, lykas jo my al sa faken hjitten hawwe.” “O, jo, Toskaner, rinnend troch ús baarnende stêd, libjend, en sa elegant sprekkend, wês sa freonlik en stean hjir efkes stil. Jo wize fan praten identifisearret jo dúdlik as immen, dy’t yn dizze eale krite berne is, in krite dêr’t ik yn myn tiid faaks ek te lestich wie.” Ut ien fan de grêven klonken ynienen hurde lûden, en ik, bang wurden, gyng wer wat tichter by myn master stean. Dy sei: “Wat dogge jo no? Draai jo ris om, en sjoch nei Farinata, dy’t oereinkommen is: jo sjogge him fan syn boarst ôf oprjochte.” Ik hie myn eagen al rjochte op syn gesicht, en dêr seach ik him, grut, mei syn gebearten en syn gesicht syn ôfkear sjen littend foar dizze hel. Myn gids, mei in freonlik triuwke, makke dat ik it oandoarst en gean tusken de grêven lâns nei Farinata 44 l a di v i na com m e di a ta. “Tink goed nei, dat jo de goede wurden brûke,” sei er noch. En doe, wylst ik tichterby de tombe kaam, seach Farinata my oan, en heal neitinkend frege er: “En wa meie jo foarfaars wêze?” En ik, dy’t him allinne mar fan tsjinst wêze woe, hold neat efter, en neamde se allegearre. Doe’t hy it hearde, loek hy syn wynbrau wat omheech, en sei: “Myn fûle tsjinstanners wiene dat, èn fan myn foarfaars, èn fan myn partij. Ik moast se wol befjochtsje, mear as ien kear.” “Hja waarden útwiisd, mar allinne om wer werom te kommen, út alle plakken,” sa sei ik, “op in wize dy’t jo folk nea slagge is.” Krekt doe, út in oare hoeke fan itselde grêf, kaam der in skaad omheech, allinne te sjen fan syn kin ôf, it like as knibbele er dêre del. Hy seach om him hinne as hope er immen te sjen, dy’t mei my kommen wie, en doe’t der nimmen wie, begûn er te gûlen: “As it in grutte geast is, dy’t jo meinommen hat yn dizze ôfsletten finzenis: wêr is myn soan dan? Wêrom hawwe jo him net meinommen?” “Ik bin net allinne kommen,” sei ik tsjin him, “de man, dy’t hjir stiet, liedt my hjirtroch, de man faaks, dy’t jo Guido net sa yn achting holden hat.” (It plak fan de straffe joech oan wa’t er wie, en wat er frege, hie my syn namme dúdlik makke en dêrtroch wie in passend andert mooglik.) Ynienen stie er yn al syn lingte heech, en skreaude: “Wat sizze jo dêr? Hy hat holden? Libbet er dan net mear? Streaket it swiete ljocht fan de dei net mear oer syn eagen?” En doe’t er de stiltme fan myn twiveljen hearde, doe’t ik syn frage beänderje moast, doe foel er werom yn syn grêf en wie net mear te sjen. Dat oare steatlike skaad, dat my earst frege hie om stil te stean, liet gjin ynteresse sjen. Hy draaide him net om of seach wat der barde. Hy gyng gewoan troch wêr’t er bleaun wie. “As hja dy keunst net master wurde koene,” sa gyng er troch, “docht dat my mear pine as dit hurde bêd my docht. Mar it antlit fan de keninginne, dy’t hjir de macht hat, sil net mear as fyftich kear de h e l 45 hielendal te sjen wêze foar’t jo leard hawwe, hoe swier oft it is dy keunst master te wurden. En as – lykas ik hoopje – jo noch ris ta de swiete wrâld weromkeare, fertel my dan ris, wêrom soe jo partij sa hurd wêze foar ús lytse keppel, yn alle wetten dy’t se meitsje?” Ik andere: “It moardzjen en de slachterij, dy’t de iggen fan de Arbia read kleure hawwe, hawwe dizze wetten oproppen, om ús foar sokke rampen te hoedzjen hat ús steatsrie dy makke.” Hy suchte en skodde mei de holle. “Ik ha der net allinne oan meidien,” sa sei er, “en ik soe der perfoarst net oan dielnommen hawwe, as der gjin goede reden foar west hie. Mar ik allinne wie derop tsjin, doe’t hja allegearre Floren ce ferdylgje woene. Ik wie de iennichste, dy’t foar Florence sprutsen hat.” “En no, no’t ik ek wol dat jo sied yn frede rêste kin,” sa sei ik, “no freegje ik jo, in probleem op te lossen, dat my yn syn gryp hat. As ik alles goed heard ha, kinne jimme allegearre witte, wat der yn de takomst barre sil. Mar wat der no bart, witte jimme net krekt.” “Hjirûnder sjogge wy likefolle as harren, dy’t yn it tsjuster omtoarkje,” sei er. “Wy kinne inkeld sjen, wat fier fan ús ôf is. Dit allinne hat de grutte Hearsker ús tastien. As der tichterby eat bart, dan witte wy neat, en as in oar it ús net oanbringt, dan soene wy neat witte fan jimme libben hjoed. Dat jo kinne begripe, dat al ús witten folslein dea wêze soe, as de doar nei de takomst foar altyd sletten wêze soe.” Doe, oandreaun troch spyt oer wat ik earder sein hie, sei ik: “Wolle jo no sa goed wêze en sis oan de man, dy’t no wer delfallen is, dat syn soan noch op de ierde is, en libbet? Doe’t hy dernei frege, wie swijen myn andert, mar sis him: doe’t hy prate, wiene al myn tinzen rjochte op it probleem, dat jo niis foar my oplost hawwe.” Myn master wie begûn my wer werom te roppen, dêrom frege ik gau nei de nammen fan dyjingen, dy’t mei him yn de grêven wiene. Hy sei: “Mear as tûzen lizze hjir om my hinne. De twadde Frederik is hjirre, en de kardi- 46 l a di v i na com m e di a naal. De oaren sil ik net neame.” Syn skaad ferdwûn. Ik rûn op de âlde dichter ta, en tocht nei oer al dizze wurden. Wurden, dêr’t âlde en takomstige fijânskip út spriek. Myn master rûn troch, en doe’t wy wat fierder wiene, sei er: “Wat hat jo sa yn ’e war brocht? Wêrom binne jo sa oer de staach rekke?” En ik fertelde him oer alles, dêr’t ik mei dwaande west hie. “Wês der wis fan, dat jo goed witte moatte, wêr’t it om giet,” sa sei de wize man dúdlik, “de wurden, dy’t jo heard hawwe, sprieken tsjin jo, en hear no goed – hy stiek syn finger op – as jo oan de ein steane, yn de gloede fan Har kleare ljocht, dat ljocht, dêr’t ús eagen alles yn sjen kinne, dan sille jo it ferrin fan jo libbensreize sjen.” Doe gie er lofts syn wei fierder yn. Hy rûn fan de muorre ôf, nei de midden, oer in paad dat útkaam yn in dal, in paad dat ús tsjinstie troch de stank, sa fier as wy deroerhinne giene. by canto x Alle brûkte nammen steane yn de nammelist, ek de ‘namme’ kardinaal. Mei ‘de keninginne, dy’t hjir de macht hat’ wurdt de moanne bedoeld. Dante lit himsels de takomst ‘foarsizze’, mar hy wist by it skriuwen fan syn Komeedzje, dy’t yn 1300 spilet, al wat der in pear jier letter barre soe. de h e l 47 [ c a n t o x i ] W y kamen oan yn in rûne sirkel, út enoarme stikken rots opboud, en yn de djipte wie in wreder plak fan pine. En in walchlike, alles oerhearskjende stank. De stjonkende ôfgrûn makke ús mislik doe’t wy de hoeke omgiene. Dêr stjitten wy op de dekplaat fan in grut grêf, en ik seach de ynskripsje: ‘Hjir leit Anastasius, de paus, dy’t Photinus fan it rjochte paad ôfwike liet.’ “Us ôfdaling moat in bytsje stadiger gean, wy moatte earst in bytsje wenne oan de skriklike stank, dan rûke wy it net mear,” sa sei myn master. En ik: “Jo moatte in wize fine, dat wy ús tiid net ferdogge.” “Dat is krekt wat ik sizze woe,” sa sei myn master, en hy begûn mei syn les. “Myn soan, tusken dizze sirkels fan rotsblokken binne trije lytsere sirkels. Rûnom djipper rinnend as dizze, allegearre folpakt mei sielen. Hear no goed, dat it letter ta kin mei der inkeld nei te sjen. Ik sil jo dan wol fertelle, wa’t dêr opsletten binne. Alle ûndeugden, altyd op ûnrjochtfeardigens út, mei oan de ein geweld of bedroch, allebeide sûnden, dy’t de haat fan de himel fertsjinne hawwe. En om’t it bedroch yn ’t bysûnder by de minske heart, hatet God it mear, en dêrom: sa fier mooglik omleech, hawwe de bedragers hjirre harren plak, en lije se mear as de oaren. Yn de earste sirkel hjirûnder lizze allegearre, dy’t geweld brûkt hawwe, en om’t it geweld brûkt wurdt yn trije lagen, is de krite yn trije sirkels yndield. Geweld kin brûkt wurde tsjin God, tsjin jinsels, en tsjin jins neiste, tsjin himsels of tsjin wat er hat, om it te rôv jen, yn ’e brân te stekken, of te ferwoastgjen. En, lykas myn goed trochtochte útlis dúdlik meitsje sil: mei geweld kin in man syn buorman deadzje, him swier ferwûnje, en syn besit kin geweld ûnderfine troch rôf en ferwoastinge. Sa sil hy, dy’t deaslacht, om him hinne slacht, mei minne bedoelings rôvet en plonderet, 48 l a di v i na com m e di a straft wurde yn de earste sirkel, mar alle bestraften yn ferskate kloften. De minske kin ek de hân heevje tsjin himsels, en dêrom sitte yn de twadde romte dyjingen, dy’t in skuld betelje moatte, dy’t nea betelle wurde kin. Dat binne de selsmoardners, dy’t jim wrâld en harrensels tekoart dien hawwe. Of hja, dy’t harren eigen sûnens ferspile hawwe, en no djippe smert hawwe, wylst hja yn harren libben sa folle mear wille hawwe woene. Jo kinne ek geweld brûke tsjin de godheid, troch herteleas ûnleauwe Him misledigjend, de natuer en Gods bûn dêrmei fersmitend. Dêrom: de lytste rûnte triuwt mei grutte krêft sawol Sodom as Cahors byinoar, en al dy sielen, dy’t God haatsje, en Syn namme misledigje. Bedroch, dat it gewisse fan syn tsjinners haffelet, kin brûkt wurde troch immen, dy’t jo hielendal fertrout, of ek troch immen, dy’t jo hielendal net fertrout. Mar altyd wurdt ferwoastge de bân tusken de minske en de natuer. Dêrom yn dizze twadde sirkel binne nestele: húchelders, flaaiers, woekerders, oplichters, dieven, en lju dy’t simony bedriuwe, keppelders, smarjildfregers, ferlieders, en mear fan dat soarte. Dizze foarmen fan bedroch, dy’t wy niis neamd hawwe, geane yn tsjin de leafde foar de minsklike natuer, en tsjin dy oare bân tusken de minsken, dy’t harren yn in hiel eigen bûn gearbrocht hat. Dêrom yn de lytste fan de sirkels, dêr’t it mulpunt fan de ierde is, om de troan fan Dis hinne, dêr sitte de ferrieders yn harren ivige pine.” En ik: “Master, jo ferhaal is helder, en hiel goed meitsje jo de aard fan dizze kûle dúdlik en fan de lju, dy’t hjiryn lizze. Mar hoe sit it mei de lju yn dy sompe, opdreaun troch de wyn, delslein troch de rein, dy’t inoar hieltyd útskelle? Wa binne hja, dy’t net pinige wurde yn de stêd fan fjoer, om’t hja Gods wrake net fertsjinne hawwe? En as hja wol straft wurde moatte, wêrom dan yn dy sompe?” En hy tsjin my: “Wêrom litte jo jo tinzen ôfwike fan it paad, dêr’t hja sa oan wend binne? Of ha ik net opmurken, wêr’t it jo einliken om giet? Ha jo ferjitten, wat yn jo de h e l 49 Ethica stiet? Dy wurden lizze tige krekt iepen de trije smuchten, dy’t de himel hatet: de ûnberoaidens, de kweawilligens en de beesteftigens? En witte jo net mear dat de ûnberoaidens God minder mislediget, en net sa hurd bestraft wurdt? As jo oer dy leare wer neitinke wolle, en der ek wer oan tinke wolle, wêr’t de sielen lizze en lije hjirboppe, bûten de muorren, dan sille jo daalks ynsjen, wêrom’t hja skaat binne fan dizze kweadoggers, en wêrom’t Gods wrake sa hurd op harren delslacht.” “O, sinne, dy’t skynt troch in dizenich fizioen hinne, mei grutte blidens sjoch ik, hoe’t jo al myn twifels weinimme, alhoewol’t it witten my net mear freugde jout as it twifeljen. Tink noch efkes werom,” sa sei ik noch, “oan wat jo seine hoe’t de woekerders de godlike goedens misledigje, en sis my, wêrom’t dat sa is.” “De filosofy,” sa sei er, “seit mear as ienris, as immen lêst mei begryp, hoe’t de natuer syn gong gean kin troch it godlik yntellekt en troch Syn keunstich masterskip. En as jo jo Fysica noch goed yn ’e holle hawwe, witte jo it: troch syn aard en syn natuer wie de minske wiisd om syn brea alle dagen wer te fertsjinjen, lykas jo ek lêze kinne yn it begjin fan Genesis. Mar de woekerder brûkt oare middels, mislediget de natuer en de natuerlike minske, en set al syn hope op wat oars, dat net natuerlik is. En rin mei my fierder no, wy rinne troch. De Fisken komme boppe de hoarizon op, en de Wein stiet no krekt boppe it westen fier boppe de igge. En fan dizze rots ôf geane wy no de djipte yn.” by canto xi Oer Sodom is alles te lêzen yn Genesis 18 en 19; Cahors wie in stêd yn Frankryk, dy’t yn de midsieuwen op in minne namme lei fanwege de sûndigens dêre. Simony is it ferkeapjen fan tsjerklike amten. Sjoch by Simon de Tsjoender yn de nammelist. De Ethica en de Fysica binne midsieuske ‘learboeken’ foar de ûntwikkelen, mei skôgingen oer de natuer fan de minske, en hoe’t er him hâlde moat yn fragen fan goed en kwea. 50 l a di v i na com m e di a [ c a n t o x i i ] I t plak, dêr’t wy no ta delteagen wie net allinne woast as in hege alp, mar it seach der ek sa út, dat eltsenien der skou fan wurde soe. Lykas de ynstoarte stienstikken oan dizze kant fan Trente, oerbleaun nei in stienlawine – in ierdskok of de eroazje moat dêr de oarsaak fan west hawwe – de Adige ôfslute oan syn lofter igge, dêr’t de rotsblokken delkamen yn de iepen flakte, en sa in paad makke hawwe foar in swiere tocht de bedelte yn, sa wie ek hjir de situaasje fan de ôfgrûn. En oan de hoeke, tusken de delkommen stiennen, lei, yn de folle lingte, it skandlike liif fan Kreta, de soan, oanset yn de sabeare ko. Doe’t er ús seach, biet er yn syn eigen flêsk, hielendal mâl fan kweadens. Myn wize gids skreaude him ta: “Faaks tinke jo, dat jo wer de hartoch fan Athene sjogge, dy’t ienris, hjirboppe, jo deade hat. Bliuw rêstich sitten, bist, want dizze man is net delkommen op oanwizingen dy’t jo suster him jûn hat. Hy komt hjir allinne om te sjen, hoe’t jim pinige wurde.” Lykas in bolle, dy’t krekt de deastek krigen hat, koe er net mear fier rinne, mar inkeld wat hinne en wer springe en draaie. Sa seach ik de Minotaurus feroarjen, en myn gids, alert, rôp: “Rin de pas yn, wylst er noch hjirre is: salang’t er omraast kinne jo der maklik trochhinne komme.” Sa kamen wy omleech, en sa fûnen wy ús paad, oer de losse stiennen, dy’t ik fakentiids ferskowen fielde troch myn gewicht, dat se net wend wiene. Ik wie noch djip yn tinzen, doe’t myn master begûn: “Tinke jo faaks, dat dizze púnfal feroarsake is troch dit razende bist, dat ik krekt oanpakt ha en razend makke ha? Lit my jo dan no fertelle, dat de oare kears, doe’t ik ôfdaald bin yn it leechste plak fan de hel, dizze berch noch net yn brokken útinoar fallen wie. Mar wier, ik wit it noch goed, it wie krekt foar’t de Iene kaam, Dy’t út it earste de h e l 51 diel fan de hel Syn wichtige bút weihelle hat, dat dizze ôfgrûn fan stien begûn te skodzjen. Ik tocht dat it hielal ynstoarte soe, en him dan, lykas somliken sizze, troch de gaos hinne wer fernije soe. Dat wie it momint dat dizze âlde rots spjalte waard, fan de top oan it grûnflak ta, hjirre en op oare plakken. Mar sjoch no ris omleech, de bedelte yn. Kom ris wat tichterby, dan sjogge jo de stream fan bloed, dat de sielen siedt fan harren, dy’t troch harren geweld oaren slim ferwûne hawwe.” (O, bline begearte, en ûngeve wrake, dy’t troch ús koarte libben hinne raze, en ús dan yn dizze ellinde stoarte.) Ik seach in stream, bûgd as in bôge, dy’t kronkele troch hiel it flakke lân dêre, lykas myn gids al sein hie dat ik it sjen soe. Tusken de rivier en it plak yn dêr’t wy stiene, kamen sentauren op ús ta, yn galop efterinoar oan, mei in bôge, dêr’t sa mei sketten wurde koe lykas hja dy brûke boppe yn de wrâld. En doe’t se ús seagen, stiene hja stil, en trije fan harren kamen op ús ôf, mei pylk en bôge, klear om te sjitten. Ien fan harren skreaude fanút de fierte ús ta: “Jimme dêre op jimme wei omleech, hokker piniging sykje jimme? Sis it fan jimme plak dêre ôf, oars sjitte wy.” En doe skreaude myn master werom: “Us andert sille wy oan Chiron jaan, as wy oan de oare kant binne. En jimme binne like foarbarich as altyd.” Hy seach myn kant wer út, en sei: “Dy dêre is Nessus, dy’t deade is, om’t er Deianira sa leaf fûn, en fan himsels, fan syn bloed, syn eigen wrake makke hat. De middelste, dy’t op syn eigen boarst omstoarret, is Chiron, dy’t Achilles grutbrocht hat. De lêste is Pholus, dy’t sa nidich wie. Hja rinne no mei tûzenen om de sompe hinne, en sjitte op alle sielen dy’t omheech komme út dizze bluodderige slinke. Doe’t wy wat tichterby dy hurdrinnende bisten kamen, pakte Chiron in pylk, skode syn burd dêrmei wat fansiden. En doe’t er syn grutte mûle frij makke hie, sei er tsjin syn maten: “Ha jimme sjoen, hoe’t efter dy iene oan alles beweecht wat er oanrekke 52 l a di v i na com m e di a hat? Dat bart net, as in deade foet soks docht.” En myn goede gids, dy’t no by syn boarst stie, dêr’t it bist syn twa natueren byinoar komme, andere: “Hy is sa wier as wat noch yn libben, hy allinne, en ik moat him liede, dizze kweade grêft bylâns. Hy reizget út plicht, net út wille. In geast, earne, is efkes opholden mei hallelujasjongen om my dit bûtenwenstich boadskip oer te bringen. Hy is gjin aventoersman, en ek gjin dievepak. En no, yn namme fan de krêft, dêr’t wy ús yn bewege kinne oer sa’n swiere wei: jou my ien fan jo maten om ús gids te wêzen. En lied ús nei de furde, en set dizze man, as wy dêr binne, oer, want hy is net in geast, dy’t fleane kin.” Chiron seach oer syn rjochterboarst hinne, en sei tsjin Nessus: “Jo geane mei, lied harren, lykas hja it frege hawwe en as de iene of de oare tsjin jo yn giet, stjoer dy werom.” Sa, mei dit fertroude eskorte, giene wy fierder, de siedende bloedstream bylâns. In troch alles hinne geande gjalp kaam fan de siedende sielen nei boppe. Dêr seach ik minsken, weisonken ta harren eachlidden, en de grutte sentaur fertelde ús: “Dit binne de tirannen, dy’t bloed fergetten hawwe, en de woltier ferneatige hawwe. Dêr stiet Alexander, en de hurde Dionysius, dy’t Sisylje jierren fan smerte besoarge hat. En dy dêre, de foarholle bedutsen mei koalswart hier, dat is Azzolino, en dy oare, dy mei ljocht hier, is Opiezi de Este, dy’t – en dat is wier – deade is troch syn eigen styfsoan yn jimme wrâld.” Doe’t ik dat hearde, seach ik Vergilius oan, mar dy sei: “Lit him it jo no mar fertelle, sjoch my net oan.” In lyts eintsje fierder bleau de sentaur stean by wat minsken, dêr’t it bloed fan ôf dripte. Hy tsjutte in skaad oan, in bytsje fan de oaren ôf steande, en sei: “Hjir stiet hy, dy’t it hert yn Gods skerte trochstutsen hat, it hert dat oan de Theems noch fereare wurdt.” Doe seach ik oare sielen boppe de stream útstekken, mei holle en boarst en ferskaten fan harren koe ik werom. De bloedstream waard geandewei ûndjipper, it bloed kaam no de h e l 53 noch mar ta de fuotten, en sa fûnen wy maklik it plak, dêr’t wy oerstekke koene. “Lykas jo sjen kinne is de siedende stream oan dizze kant net mear sa djip,” sa sei de sentaur, “en ik woe, dat jimme ek witte soene dat it oan de oare kant fan de stream folle djipper is, oant er komt oan it djipste plak, dêr’t de tirannen binne.” Dêr slacht de himelske gerjochtigheid Attila, de gisel fan de ierde, en Pyrrhus en Sextus, en benammen komt it bloed as triennen út de eagen fan Rinier da Corneto en Rinier Pazzo, dy’t op de grutte diken safolle minsken berôve hawwe.” Doe draaide hy him om en wâde troch de furde wer werom. by canto xii • Yn dit Canto wurde de straffen fan alle geweldplegers út de doe bekende skiednis beskreaun, steatslju, tirannike stêdsbestjoerders, mar ek dieven en soldaten. Yn de nammelist wurdt yn ien rigel oanjûn, wêr’t se libbe hawwe. • De man, dy’t ‘it hert yn Gods skerte’ trochstutsen hawwe soe, hat yn de fromme skiednis wol in namme krigen: Longinus, de soldaat, dy’t Kristus’ herte trochstiek, doe’t Er oan it krús stoarn wie. Sjoch Johannes 19, 34-36. Letter soe Longinus safolle berou hân hawwe, dat hy Kristen wurden is, en as martler stoarn is. Hy waard as de hillige Longinus yn de Romeinske tsjerke fereare. Mar Dante hat dat net witten, dy set him yn ’e hel. En dat it hert fan Kristus yn de midsieuwen yn Londen fereare west hat, lykas Syn toarnekroan yn Parys, kin bêst wier wêze. 54 l a di v i na com m e di a [ c a n t o x i i i ] N essus wie noch net oan de oare igge oankommen, doe’t wy al ûnderweis wiene nei in bosk, dêr’t gjin inkeld paad trochhinne rûn. Griene blêden wiene der net, alles wie swart dêre. Gjin glêde tûken, mar alles trochinoar kronkeljend. Gjin fruchten, mar fergiftige toarnen dêrfoar yn it plak. Gjin tichter, rûger en stikeliger – sels net tusken Cecina en Corneto – beskûl bestiet der foar de wylde bisten, dy’t net yn it boerelân wenje wolle. Hjir hawwe de ûnhuere harpijen harren nêsten, hja, dy’t de Trojanen út de Strofaden weidreaun hawwe en harren al harren lijen oansein hawwe. Grutte wjokken hawwe se, mei minsklike nekken en hollen, klauwen oan de fuotten, en in fette bealch mei fearren. En fan de beammen út litte se harren nuvere gjalpen hearre. “Foar’t wy fierder geane,” sa begûn myn gids, “tink derom, dat jo no yn de twadde rûnte binne, en dat wy yn dy rûnte bliuwe sille oant wy it skriklike sân yngeane. Sjoch no sekuer om jo hinne, en sjoch goed mei jo eigen eagen, ik sil jo neat beskriuwe, want as ik dat dwaan soe, soene jo myn wurden net leauwe.” Om my hinne wjerklonken smertlike gjalpen, mar ik seach nimmen, dy’t dy lûden meitsje koe. Oermastere troch dit alles bleau ik efkes stilstean. Faaks tocht myn master, dat ik efkes neitinke woe, en dat ik tocht, dat al dy lûden kamen fan minsken, dy’t harren foar ús tusken de stobben ferburgen hiene. En dêrom sei myn master: “As jo in lytse tûke fan ien fan dizze beamkes ôfbrekke soene, dan sil wat jo no tinke ek ôfbrekke.” Doe, myn hân in bytsje optillend, pakte ik in lytse twiich fan in grutte toarnstrûk. En de strûk, ynienen tsjuster fan bloed, skreaude: “Wêrom strûpe jo my? Hawwe jo dan hielendal gjin gefoel? Wy wiene ienris minsken, no binne wy strûken, mar sels as wy sielen fan serpinten wiene, dan soe jo de h e l 55 hân mear meilijen toand hawwe as er no die.” Krekt as in grien stik brânhout, dat oan ien kant daalks baarnt, en oan de oare kant trillet yn ’e wyn, en sop ferliest, sa kaam der út de strûk in gearmjuksel fan wurden en bloed. Ik liet de tûke, dy’t ik ôfbrutsen hie, út de hannen falle, en stie dêr, stiif fan eangstme. “O, wûne siele,” andere myn wize master him, “as hy mar leauwe woe, wat er lêzen hat yn myn fersen, dan soe hy no syn hân tsjin jo net heve hawwe. Mar de wierheid sels is sa swier te leauwen, dat ik him twongen ha te dwaan, wat my no sa bedroevet. Mar fertel him dochs, wa’t jo binne. Hy kin dan wat werom sizze, en as er dan werom is yn de wrâld – en werom komt er! – kin er ek wat dwaan oan de minne dingen, dy’t no oer jo ferteld wurde.” En de strûk: “Sa útnoadigjend binne jo leave wurden, dat ik jo wol anderje moat. Mar wurd net nidich, as ik no in lyts petear opsette moat. Ik bin dyjinge, dy’t de beide kaaien, dy’t Frederiks herte ôfsletten hawwe, yn hannen hie. Ik ha se beide omdraaid, mei sa’n krektens, dat ik mar in pear persoanen ta him talitten ha. Ik wie sa trou oan myn hearlik amt, dat it my net allinne myn eagen, mar oan de ein ek myn libben koste hat. It ljidske dat altyd alles oerlibbe hat, Caesars húshâldster mei har ûnseed like eagen, de skande fan it minskdom, de grutste ûndeugd fan de hôven, dat de herten fan allegearre tsjin my yn ’e brân set hat, en dy, ûntstutsen, hawwe Caesar wer oanstutsen, en myn lokkige eare waard drôve rou. Myn geast, oanpakt troch minne lju, tinkend dat de dea my fan alle skande frijmeitsje soe, hat my ûnrjochtfeardich makke, my, de rjochtfeardige, ûnrjochtfeardich tsjin mysels oer. By dizze nije woartels fan myn eigen beam swar ik dat ik nea de trou brutsen ha oan myn eigen hear, dy’t alle trou sa weardich wie. As ien fan jimme weromgean soe nei de wrâld, ferbetterje dan it oantinken oan my, dy’t hjir bliuwe sil, delslein troch de oergeunst.” Myn dichter hold efkes stil, en sei doe tsjin my: “No’t er stil is, mis jo kânsen net, en 56 l a di v i na com m e di a freegje him om myn part wat ik freegje woe. Want ik kin it net freegje, sa grypt it meilijen myn herte oan.” Hy begûn op ’e nij: “Dat dizze man, eal en nommel, ferfolje mei, wat jo wurden frege hawwe. O, finzene siele, wês sa goed en gean troch, en fertel ús krekt, hoe’t in siele bûn wurdt yn dizze strûken, en ek, as jo it witte, oft in siel noch út dizze tûken wei komme kin.” Doe suchte de stobbe, en it suchtsjen feroare yn in stimme, dy’t dizze wurden sei: “Jo frage kin o sa koart beändere wurde. Op it momint dat de skeinde siele it lichem út giet, stjoert Minos him omleech yn dizze sânde kûle. Dy siele falt dan yn it bosk, net op in útkeazen plak, mar earne, wêr’t it lok him delkomme lit. Dêr, as in nôtkerl, groeit er út, earst as in stekling, dan as in wylde strûk, en oan de ein dûnsje de harpijen op syn blêden, sa, dat er it útskreaut fan de pine. Lykas alle oaren sille wy letter ús lichem wer opsykje moatte, mar wy sille it nea wer drage. It is ferkeard foar in man om werom te hawwen wat er ienris net langer mear hawwe woe. Wy sille ús lichem hjirhinne tôgje, en allegearre sille hja foar ivich hingje yn dit smertlik bosk, eltsenien oan in toarn fan syn eigen skaad.” Wy stiene noch rêstich harkjend by de strûk, en tochten, dat er faaks noch mear te sizzen hie, doe’t wy ynienen in lûd hearden, lykas de jager heart op it plak, dêr’t er stiet te wachtsjen: earst komt de wylde baarch, en dan de hiele keppel jeiende hûnen. Der wie in kreakjen fan tûken. Doe, oan ús lofterkant, kamen twa skaden, neaken en bliedend, flechtsjend mei sa’n gong, dat hja de ôfbrutsen tûken mei harren mei tôgen. De earste rôp: “Kom no. Kom gau, dea!” De twadde, dy’t him net hielendal byhâlde koe, rôp: “Lano, jo skonken wiene net sa hecht, doe’t jo meidiene oan de toernoaien fan Toppo!” En doe, faaks om’t er hielendal efter de pûst wie, dûkte er in strûk yn, en wuolle him hielendal yn de toarnen. En efter dizze twa waard it bosk ynnommen troch kloften swarte hûnen, fûl en longerich, jachthûnen, dy’t krekt loslitten wiene. Se de h e l 57 pakten him oan op it plak, dêr’t er him ferskûle hie, en skuorden him iepen, lid foar lid, en rûnen wer werom, de bek fol mei in stik út syn ferflokte lidden. Myn gids naam my gau by de hân, en brocht my de gûlende strûk foarby. Fergees wiene de klachten fan alle bliedende tûken. “O, Giacomo fan Sint Andreas,” sei de tûke, wêrom hawwe jo jo yn my ferskûle? Wat ha ik te krijen mei jo kweade libben?” Myn master, dy’t noch nêst him stie, frege him: “Wa wiene jo ienris, dat jo no mei sokke swiere wûnen sokke swiere wurden sprekke?” Hy andere ús: “O, sielen, dy’t krekt op ’e tiid kommen binne om dizze ûnrjochtfeardige skeining te sjen, dy’t my al myn blêden ôfnommen hat, dy’t no om my hinne op ’e grûn lizze: ik wie fan de stêd, dy’t ienris Jan Baptist as patroan nommen hat, yn it plak fan Mars, harren earste patroan, en dêrom hat Mars by syn ark sward hat, dat hja einleas fertriet hawwe sille. Wie it net sa, dat op de brêge oer de Arno in bewyske fan in byld fan him efterbleaun wie, dan soene de boargers, dy’t in nije stêd boud hawwe op it pún, dat Attila efterlitten hat, dat hielendal fergees dien hawwe. Ik ha fan de nijbou in galge makke, dêr’t ik no oan hingje.” by canto xiii • Yn it tredde boek fan de Aeneis hat Vergilius beskreaun, hoe’t Aeneas op ien fan syn tochten in tûke fan in beam brekt, en hoe’t er dan bloed sjocht, en gjalpen fan pine heart. Dante hat dit alles oernommen yn dit Canto oer it bosk fan de selsmoardners. • Pier della Vigna wie in tsjinner fan Frederik ii, hjir Augustus neamd, dy’t ta selsmoard dreaun is troch syn fijannen. Hy neamt himsels it ljidske fan de keizer. • Yn de heidenske tiid wie de oarlochsgod Mars de ‘patroan’ fan de stêd Florence. • Doe’t de stêd wer opboud waard, nei’t Attila him ferwoastige hie, hat de stêd Jehannes de Doper as patroan nommen. Mar in lyts byldsje fan Mars bleau op de brêge oer de Arno stean. 58 l a di v i na com m e di a [ c a n t o x i v ] D e leafde, dy’t wy beide dielden foar de stêd, dêr’t wy yn berne wiene, hat ús oantrune en fandelje de ôffallen blêden byinoar, en jou harren werom oan de stim, dy’t no stil wurden wie. Wy kamen oan de râne fan in bosk, dat de twadde fan de tredde rûnte skate. Dêr seach ik Gods gerjochtichheid op skriklike wize útfierd. Om dizze ûnhuere dingen dúdlik út te skilderjen: wy kamen rjocht tsjin in iepen flak stik lân oer út, dêr’t de grûn gjin inkelde woartel fan hokker plant ek opnimme woe. It skriklike bosk makke in wide bôge deromhinne, lykas in drôve stream fan bloed wer om it bosk hinne rûn. Hjir stiene wy stil, op de grins. It flakke lân wie ien stik droech, baarnend sân, lykas it soarte, dat doedes tiids Cato’s fuotten fêstholden hat. O, rjochtfeardige wrake fan God, wat soene Jo freze wurde moatte troch eltsenien, dy’t dit allegear lêst. Troch dizze wierheid, dy’t wiswier iepenbiere is oan myn eigen eagen. Ik seach mannichten fan neakene sielen, en allegearre gûlden se, elk op syn eigen wize. It like wol, as wie eltse groep tekene troch in eigen straffe. Somlike sielen leine útstrekt op ’e grûn, oaren krûpten hieltyd tichter yn in soarte fan beskûl, oaren rûnen hinne en wer, sûnder ea ho te hâlden. Der wiene mear dy’t hinne en wer rûnen as dat der útstrekt leine op ’e grûn, mar dy harren lûden wiene better te ferstean, om’t se mear as de oaren pinige waarden. En oer dat sân kaam stadich in rein fan baarnende flokken del, as in sniebuoi yn de bergen op in blakstille dei. Lykas de dei, doe’t Alexander flammen delkommen seach by syn tocht troch it toarre lân fan Yndia. En hy mei al syn mannen sân smiet op de flammen, dat dy útgiene foar’t se byinoar komme koene. Ek hjirre kaam in nea ophâldende fjoerstoarm omleech, dy’t it sân de h e l 59 yn ’e brân sette. En sa waard it tormint hjirre dûbeld. En sûnder ien momint rêst gyng de ritmyske dûns fan de ferwurpenen troch, besykjend om de oeral oplôgjende flammen te dwêsten. En ik: “Master, jo koene al it helske tsjinakseljen oan, mar net fan de demoanen, dy’t op ús oan kamen by de poarte fan Dis. Wa is dochs dy machtige, dy’t, sa’t it liket, net troch de flammen rekke wurdt, sa’t er dêr kronkeljend leit, en derút sjocht as koe de rein him net reitsje?” En dy iene, dy’t sa gau’t er my yn ’e kikert hie, wat sizze woe oan myn gids, dy’t ek sels mei him yn petear woe, andere: “Wat ik ienris wie, doe’t ik noch libbe, bin ik dea noch altyd. Lit Jupiter syn smid mar wat oanwrotte, de smid fan wa’t er yn syn nidigens de tongerbile ôfnommen hat. Hy skreaude doe’t er my delsloech, myn lêste dei. Lit him ek dy oaren mar oanpakke, ien foar ien, dy’t ek dwaande wiene yn it dal fan Mongibello, doe’t er skreaude: Help my, goede Vulcanus, ik ha jo stipe nedich, lykas er dat útskreaude yn de slach by Phlegra. En lit him ek mei al syn krêft syn pylken op my loslitte, ik sil him net de wille fan de foldwaning fan syn wrake gunne.” Myn gids andere mei sa’n krêft (ik hearde him noch nea sa lûd wat sizzen): “O, Capaneus, om’t jo blastige grutskens noch altyd net bedimme is, sille jo noch mear lije moatte, en gjin oar tormint as jo nidigens, dy’t jo sels ferdrage moatte, kin jo gnauwende grutskens mear bestraffe.” En doe seach er hiel wat rêstiger my oan, en sei: “Dat wie in kening, ien fan de sân, dy’t Thebe ynnommen hawwe. Hy hat God ferachte, en it liket derop, dat hy dat noch altyd docht. En ik ha him sein, hy soe syn boarst bedutsen hâlde moatte mei de tekens fan dy ferachting, op syn boarst ôf te lêzen. Rin no efter my oan, en tink der goed om: set jo fuotten net op it baarnend sân, mar rin rjochtút, oer it boskpaad.” En sûnder ien wurd tsjininoar te sizzen, rûnen wy troch, en kamen op in plak, dêr’t in lytse stream it bosk út kaam – syn readens makket my noch 60 l a di v i na com m e di a bang – in stream lykas dy rint fan de Bulicame, dêr’t it wetter fierderop de ljidskes faninoar skieden hâldt. De stream siket syn wei troch it sân fan de woastenije. It bêd fan de stream en syn iggen wiene fan stien, en doe krige ik foar it ferstân, dat dit de wei wie om derút te kommen. “Tusken de oare wûnders, dy’t ik jo sjen litten ha, fan de tiid ôf, dat wy de poarte yngien binne, dêr’t de weitsers alle ferwurpene sielen it wolkom taroppe, hawwe jo eagen neat ûntdutsen, dat sa nuveraardich is as dizze stream dy’t jo hjir sjogge. In stream, dy’t de flammen dwêst op ús paad.” Dat wiene de wurden fan myn master, en daalks trune ik him oan, my it geastlik fiedsel te jaan, dêr’t er de skroei foar yn my oproppen hie. “Yn ’e midden fan de see dêre leit in teistere stik lân,” sa begûn er daalks, “dat Kreta neamd is, en ûnder de kening dêre wie der noch gjin kwea yn de wrâld. Dêr is ek in berch, dy’t Ida hjit. Der wie doe lok dêre, op de krûdige berchweiden en bylâns de stream op de berch, dy’t no ferlitten is, delgoaid as in ding, dat net mear te brûken is. Rhea hat de berch ienris útkeazen as in feilige widze foar har soan. En om syn oanwêzigens dêre wat beskûl te hâlden, liet se har tsjinners hurd skreauwe as hy skreaude. Midden yn de berch dêre stiet in âld man, rjochtop en heech. Hy hat syn skouders keard nei Damiate, en sjocht nei Rome, as sjocht er yn in spegel. Syn holle is hielendal fan fyn goud, suver sulver binne syn earms, syn hannen en syn boarst, en fan dêr ôf, oant it plak dêr’t syn skonken útinoar geane, is alles koper, en wat der oerbliuwt is fan izer, útsein syn rjochterfoet, dy’t fan terracotta is. Hy lit syn gewicht mear delkomme op dy foet as op de oare. Alles oan him, mei útsûndering fan it goud, is oantaast troch syn triennen, dy’t stadichoan drippe op syn fuotten, dêr gearkomme, en de rotsen útholje. Fan stien ta stien rôlet it wetter omleech, oant it rivieren foarmet, de Acheron, de Styx en de Phlegethon. Sa floeie se dan omleech yn in breed kanaal, de h e l 61 oant hja delkomme op it plak dêr’t alle delkommen ophâldt. Dêr foarmje se de Cocytus. Wêr’t dy poele op liket, hoech ik jo net te sizzen: jo sille it sjen.” En ik tsjin him: “As dizze stream, hjir nêst ús, syn boarne hat yn ús eigen wrâld, lykas jo my niis sein hawwe, wêrom hawwe wy dy stream dan inkeld sjoen yn syn begjin?” En hy tsjin my: “Jo witte, dit plak is rûn. En al hat jo reize oant no al aardich lang west, altyd mar geande nei lofts, jo hawwe op de boaiem fan it dal omrûn yn in sirkel. En jo moatte jo net fernuverje, as jo eat sjogge, dat jo noch net sjoen hawwe.” En ik tsjin him: “Wêr, master, fine wy de Lethe en de Phlegethon? Jo litte de earste wei, en jo sizze, dat de twadde foarme is troch in triennerein.” “Ik bin tige lokkich, dat jo my dizze fraach foarlizze,” sei er, “mar dat it bloedreade wetter siedt, soe it andert jaan moatte op ien fan jo kwestjes. En de Lethe sille jo sjen, as wy dit dal wer út binne, op in plak, dêr’t de sielen gearkomme om harsels te waskjen, as de boete harren frijmakke hat fan skuld. Mar no is it tiid, om dizze hoeke fan it bosk te ferlitten,” sa sei er noch, “wês der wis fan, dat jo deun efter my oan rinnen bliuwe, de grins is ús paad, it wol net baarne, en alle fjurren dêrboppe sille dwêste wurde.” by canto xiv • Dante komt stadichoan fierder yn de djipten fan de hel. Alderhanne mytologyske en legindaryske figueren wurde hjir neamd; de nammelist seit eat oer harren plak yn de leginden. • Damiate wie koart foar Dantes tiid troch de krústochtlegers ynnommen, mar letter wer ferlern gien. Yn Dantes tiid wie it fertriet hjiroer noch grut. 62 l a di v i na com m e di a [ canto xv ] I en fan de stiennen iggepaden droech ús fierder, en de dampen, opstigend út de rivier, wiene ús as in skaad, dat ús en de iggen en it wetter beskerming joech tsjin de flammen. Lykas de Flamingen, dy’t libje moatte mei de altyd trochrinnende tijstreamen, tusken Wytsân en Brugge harren diken boud hawwe om de see bûten te hâlden, lykas de Paduanen dy boud hawwe, de kanten fan de Brenta bylâns, om harren stêd en hûzen feilich te meitsjen, foar as it waarme waar de snie fan de Carentana feroaret yn streamend wetter, sa wiene de stiennen paden, dêr’t wy op rûnen, konstruearre, alhoewol’t de yngenieur, wa’t er ek wêze mocht, se net sa heech en swier makke hat. Wy hiene it bosk efter ús litten, safier dat, as ik my omdraaid hie om der nochris nei te sjen, ik der wis fan bin dat ik der net langer eat fan sjen koe, en dat se my ek net mear sjen koene. Doe seagen wy in kloft sielen, hastich tichterby kommend, oan ús kant fan de stream, en elts fan harren seach nei ús, fan boppen nei ûnder, en wer werom, lykas somlike manlju nei oare manlju sjogge, jûns as it nije moanne is. Se hellen harren wynbrauwen op, en seagen ús yntins oan, lykas in âlde kleanmakker omstoarret op syn nudle’ each. Sa fûl oansjoen troch dizze frjemde kloft, waard ik troch ien fan harren weromkend. Hy pakte my by myn klean oan, en rôp: “Wat in wûnder!” En ik, doe’t er syn earms nei my útstiek, en ik him oanseach, seach troch de groeden op syn gesicht hinne nei syn troch it fjoer teistere antlit, en de groeden koene net behinderje, dat myn ûnthâld my syn namme wer te binnen brocht. En myn antlit nei sines ta bringend, sei ik: “Binne jo dat werklik hjirre, Ser Brunetto?” En hy: “Myn soan, mei it jo net mishaagje, dat Brunetto Latini syn hiele kliber trochrinne lit, en sels in de h e l 63 skoftsje mei jo oprint?” En ik: “Ut hiel myn herte freegje ik jo dat ek, en as jo graach in skoftsje sitte wolle, dan wol ik dat ek graach, as myn maat dêr gjin beswier tsjin hat.” “Myn soan,” sei er, “in lid fan dizze keppel, dy’t ien momint stil stiet, leit hûnderd jier efter, net mear by steat de flammen, dy’t him sa swier ferwûnje sille, te ûntwiken. Dêrom, rin fierder, ik sil efter jo oanrinne, en dan gau my wer foegje by myn selskip, dat no trochrint, altyd mar wer kleiend oer harren ivige pine.” Ik doarst it net oan en stap fan it grinspaad ôf. Om op syn hichte mei him prate te kinnen, mei in, ek út earbied, djip bûgde holle, rûn ik mei him fierder. Hy begûn: “Hokker lok of hokker lot hat jo hjirhinne brocht, al foar’t jo lêste oere kommen is? En wa is dyjinge, dy’t jo de wei wiisd hat?” “Hjirboppe earne, yn it ljochte en lokkige libben, foar’t ik oan de ein fan myn jierren kommen wie, ha ik mysels ferlern yn in dal,” andere ik. “Juster, yn de iere moarn, bin ik dêr wei gien. De geast hjir nêst my is my tefoaren kommen, doe’t ik omkeare woe, en hy bringt my ek wer oer deselde wei werom nei hûs.” Hy sei tsjin my: “Gean mar troch lykas jo kommen binne, en jo kinne de poarte fan de gloarje net misse. Ik soe him ek net mist hawwe as ik dien hie wat ik sa helder seach yn myn lokkich libben, as ik net stoarn wie krekt doe’t ik dwaan woe wat ik sa helder sjoen hie. Dan soe ik jo stipe hawwe yn al jo wurk, om’t ik seach hoe’t de himel sa goed foar jo wie. Mar it ûntankbere en kweawillige ras, dat útskaait fan it âlde Fiesole, en dat de rotsen en de bergen noch yn harren bloed hat, dat folk wurdt foar jins goede dieden jins fijân. En hja hawwe gelyk: tusken de bittere beien is der gjin plak foar swiete figen. Hja hawwe altyd de namme hân in heechhertich folkje te wêzen, proastich en deun, jo moatte net te ticht by harren komme. Jo doel hat sokke grutte eare foar jo weilein, beide partijen sille jo graach earje wolle. Mar it gers wol net groeie wêr’t de geit is. Lit dy wylde bisten fan Fiesole 64 l a di v i na com m e di a harsels mar as fretten brûke, en lit se de planten net oanreitsje dy’t op harren rûchskerne waakse, de rûchskerne, dêr’t noch it hillige sied yn libbet fan dy Romeinen, dy’t noch by harren taholden doe’t dit nije nêst fan kweadoggers yninoar set waard.” “O, as alles wat ik woe ek werklikheid wurden wie,” andere ik him, “dan soene jo wis net, noch net, ferballe wêze út ús libben op ierde. Myn hûd is oantaast, en no is myn hert rekke troch jo freonlik byld, sa leaf en faderlik, doe’t jo, libjend yn ús wrâld, oere nei oere, my leard hawwe hoe’t de minske himsels ivich meitsje moat. En salang as ik libje, sil myn tonge altyd sprekke fan myn skuld foar jo oer en fan myn tankberens. Ik sil opskriuwe wat jo my ferteld hawwe oer myn takomst, en dy feilich stelle mei in berjocht oan – as ik se berikke kin – in frouwe, dy’t it útlizze sil. Dit noch oan de ein: salang as myn gewisse my neat ferwyt, bin ik ree om alles oan te nimmen wat Fortuna wol. Jo oankundiging is net nij foar mij, lit Fortuna har wiele mar draaie, en fierder spinne, as hja dêr nocht oan hat, en lit de boer de lodde mar yn ’e grûn stekke.” Myn master, dy’t dit alles heard hie, seach nei rjochts, en doe draaide er him om, en seach my oan, en sei: “Myn soan, hy harket goed, dy’t goed opnimt wat er heart.” Mar ik andere him net, ik rûn troch, en prate fierder mei Ser Brunetto. En ik frege him, wa’t de meast eale en nommele hearskippen wiene út syn selskip. En hy: “It kin goed wêze te witten wêr’t somliken binne, en oer de oaren, sa fiel ik it, kin ik better swije. Us tiid soe te koart wêze, it binne der safolle. Koartwei: lit my jo sizze, it wiene allegearre geastliken, nommele manlju, ferneamde skriuwers, allegearre meinommen yn harren libben troch ien sûnde. Priscianus reizget mei harren, yn dy ferflokte kliber, en Francesco d’Accorso. En ek dêre, as jo safolle wjerspannigens oankinne, koene jo sjoen hawwe de man, dy’t de ‘slaaf fan de slaven’ feroare hat yn de Bacchiglione fan de Arno, wêr’t syn sûndige oerbliuwsels de h e l 65 by begroeven binne. Ik woe noch mear sizze, mar ús kuiertocht en myn petear mei jo kin net fierder gean, want dêr yn ’e fierte sjoch ik nije reek omheech kommen út it sân. Dêr komt folk oan, dêr’t ik my net mei mjuksje moat. Tink oan myn Tresoar, dêr’t ik op libje, dat is it iennige, dat ik jo freegje woe.” Doe draaide er him om, en hy wie wer as dy mannen, dy’t de Veronaloop rûnen troch de fjilden, mei it doel de griene priis te winnen. En hy wie ien fan harren, de winner fan de groep, en net de efterrinner. by canto xv • Dante nimt de begripen út syn tiid oer, hjir it begryp fan ‘sûnden tsjin de natuer’. Selsmoard en wat doe sodomy neamd waard, rekkenet er dêrby. • De paus hat himsels, ek yn Dantes tiid, fakernôch oantsjutten as de ‘Servus servorum Dei’, de slaaf fan de slaven fan God. En ‘servus’ kin it bêste as slaaf oerset wurde. Foar tsjinner hat it Latyn: minister! • De Tresoar is it, yn it Frânsk skreaune, wichtichste wurk fan Ser Brunetto, dêr’t er ‘al it witten’ yn byinoar brocht hat. • ‘De mannen fan Verona.’ Op de earste snein fan de fêsten waard der yn Verona in wedstriid holden yn hurddraven, mei in grien lekken as priis. 66 l a di v i na com m e di a [ c a n t o x v i ] W y wiene al op it plak dêr’t ik it lûd hearre koe fan it wetter dat de folgjende sirkel yn streamde, in lûd as fan in swarm bijen, doe’t trije skaden harren ynienen losmakken fan in kloft geasten, dy’t ús hurd foarby rûn, ûnder de rein fan bitter lijen út. Hja kamen op ús ôf, alle trije as út ien mûle roppend: “O, jimme dêre, stopje dochs efkes! Oan jo klean kinne wy sjen, dat jo in man binne út ús ferdoarne stêd.” En doe’t ik de koarsten fan de brânwûnen seach oer har hiele lichems, âlde en nije – sels no’t ik der wer oan weromtink, griist it my noch oan. Harren gjalpen lutsen de oandacht fan myn gids. Hy seach myn kant út, en sei: “Wachtsje efkes, want dit binne skaden, dy’t jo oandacht fertsjinje. En as de altyd trochgeande flammerein hjirre net de aard fan dit plak wie, dan soe ik sizze: gean nei harren ta, dat soe jo mear passe as dat hja by jo komme. Doe’t wy stil stiene, namen hja ek wat lins, en doe’t se ticht by ús wiene, draaiden hja har mei har trijen as in tsjil om ús hinne, lykas lju, dy’t fan wramen en wrakseljen harren berop makke hawwe, neaken en goed ynsmard mei oalje, elkoar earst goed oansjogge, en dan mei harren grepen en klappen begjinne. En sa, om ús hinne draaiend, wiene harren eagen altyd troch op my rjochte, sa, dat harren nekken en fuotten altyd yn tsjinoerstelde bewegingen beweegden. “As de ellinde op dit ûnfruchtber sân,” sa sei ien fan harren, “en ús skeind en oantaast flêsk ús en wat wy freegje oansprekkend foar jo makke hawwe, lit dan ús grutte en goede namme hjirboppe yn ’e wrâld jo herte bewege ús te sizzen, wa’t jo binne, en hoe’t jo feilich mei libbene fuotten omrinne kinne yn de hel. Dizze hjir foaroan, waans fuotstappen ik folgje, komt, al is er no neaken en skeind, út in tige nommel skaai, de h e l 67 nommeler noch as jo tinke: hy wie de pakesizzer fan de goede Gualdrada. Syn namme wie Guido Guerra, en yn syn libben hat er o sa folle berikt, mei wurden of mei it swurd. De oare, dy’t mei syn fuotten it sân efter my oanrekket, is Tegghiaio Aldobrandi, en nei syn wize wurden hie de hiele wrâld harkje moatten. En ik, dy’t de lêst fan dizze pine mei harren partsje moat, wie Jacopo Rusticucci, en dit is wis: myn fize en sunige frou hat my it earst ta myn sûnde dreaun.” As ik foar dit fjoer bewarre wurde koe, dan soe ik my daalks yn de flammen wurpen hawwe, en ik tink, dat myn gids dat ek goed achte hie. Mar om’t ik wist, dat ik ferbaarne soe, en swier ferwûne, hat myn bangens it wûn fan myn goede yntinsjes. En dat trune my oan, myn earms om harren hinne te slaan. En doe sei ik: “Gjin minachtinge, nee, mar smert oer jimme tastân springt heech op yn myn herte, en it sil jierren duorje foar’t dat slyt. Sa gau as myn hear hjirre begûn te sprekken yn wurden, dy’t my derta brocht hawwe te leauwen dat der in skift minsken as jimme oankaam, ha ik dat witten. Ik bin, dat ha jim goed ret, fan jimme stêd, en oer jimme eale nammen en jim tûkens ha ik altyd romjen heard, en sels ha ik se ek buorkundich makke, mear as ien kear. Ik sil dit bittere plak aanst wer ferlitte, en reizgje nei de swiete fruchten, my troch myn gids hjirre tasein, mar earst moat ik noch omleech, de djipte yn, ta it mulpunt fan de hel.” “Wy hoopje, dat jo siel de gids fan jo lichem bliuwe mei foar de jierren, dy’t noch komme,” sei deselde man my wer, “en dat it ljocht fan jo namme noch skine mei as jo oergien binne. Fertel ús no, oft hoflikens en weardigens noch libje yn Florence, sa’t it eartiids west hat, of binne dy beide út de stêd ferdreaun? Guglielmo Borsiere, dy’t him it lêst by ús deljûn hat, yn ús sa pynlike rigen, hat ús safolle ferteld dat ús drôvich makket.” “In nij slach folk yn harren hastige woltier hat de grutskens en de oerdwealskens oproppen yn jo Florence, en my ta drôvens 68 l a di v i na com m e di a brocht.” Dizze wurden skreaude ik út, mei de holle heech, en de trije tsjinoer my seagen dit as myn andert, en seagen inoar meiwittend oan. “As jo fragen altyd sa maklik beänderje kinne,” sa seine hja my daalks, “wat binne jo dan lokkich. Jo binne bejeftige mei in geve, iepen sprekwize. Dêrom: as jo dizze aaklike kontreien oerlibje, en weromkomme, en sjoch de leaflike stjerren wer, wês dan sa goed en sis eltsenien: “Ik ha hjirûnder west.” En fersomje net oer ús te sprekken, boppe, mei de libbene minsken.” Doe brieken hja harren minsklike tsjil en rûnen fierder, en harren rêde skonken wiene harren mear wjukken as skonken. “Amen” kin net sa gau útsprutsen wurde as dat hja wer fierder wiene, hja wiene ynienen fuort, en hielendal út sicht. En doe fûn myn master, dat it tiid wie om fierder te gean. Ik folge him, en wy wiene noch net folle fierder kommen, doe’t it lûd fan it wetter sa ticht by ús wie, dat wy, ek as wy hurd prate soene, inoar net ferstean koene. Lykas dy rivier op de rjochter fang fan de Apenninen, dy’t ûntspringt op de Monte Veso, en dan syn stream nei it easten nimt – dêr hjit er Acquacheta (it stille wetter) by syn begjin dêrboppe – foar’t er by syn ûnderstream komt. Dêr, by Forlì, krijt er in oare namme, en rint dan om it kleaster Sint Benedictus fan ’e Alpen hinne, om dan omleech in djippe ôfgrûn yn te gean, dêr’t tûzenen harren yn ferskûlje kinne. Dêr hearden wy it lûd fan al it wetter, dat wy al sjoen hiene, hurd omleech fallend, sa hurd, dat it ús sear die oan de earen. Ik droech in koarde, fêst makke om myn mul, dêr’t ik earst fan tocht hie, dat dy my helpe soe de luipaard mei de giele hûd te fangen. En sa gau as ik dy losmakke hie fan myn gurdle, lykas myn master my hjitte te dwaan, joech ik him dy oer, oprôle. Hy pakte him oan, en oan de rjochterkant goaide hy him in goed ein de igge op, de djipte fan in grutte kûle yn. “No moat der wiswier wat nuvers barre,” sa tocht ik by mysels, “as andert op dit frjemde teken, dat de h e l 69 myn master sa goed folget mei syn eagen.” Wat moat in man hoeden wêze, as er net allinne is, mar mei immen, dy’t net allinne alles sjen kin, wat er docht, mar ek alles wit, wat er tinkt. Hy sei: “Daalks sil oprize wat ik ferwachtsje, en wat jo jo no besykje foar te stellen, dat sil himsels ynkoarten sjen litte.” It is altyd better jins tonge te behearskjen en de wierheid te sprekken, ek as dy in boaze leagen liket, benammen as dy wierheid al te skokkend is. Mar ik sil net swije, en alles earlik trochjaan, sa swar ik by de letters fan myn Komeedzje. En sa meie se ek ûntfongen wurde troch jo, lêzer. Ik seach in figuer kommen, swimmende troch de tsjokke en tsjustere loft, omheech nei de top, lykas immen dy’t de djipte yn dûkt is om in anker los te meitsjen, dat earne ûnder yn de see fêstrekke wie. Sa kaam er wer boppe, lykas immen, dy’t weromkomt út de djipten, syn earms útstrekt, en syn fuotten ynlutsen. by canto xvi • Wer sjocht Dante in tal Florentinen en oare Italjanen út earder tiden, somlike hawwe by him in goede namme efterlitten, oaren binne mei rjocht en reden swier straft. • Brunetto hat syn minsken de slach by de Arbia ôfret. Sjoch ek Canto x. 70 l a di v i na com m e di a [ canto xvii ] “E n no, sjoch nei it bist mei de puntige sturt, dat oer de bergen fljocht, muorren en wapens stikken makket, sjoch nei it bist, dat hiel de wrâld follet mei syn stjonkerij.” Dat wiene de wurden, dy’t ik myn master sizzen hearde, doe’t hy seach, dat it bist deroan setten kaam, tichteby, wêr’t de rotsen ophâlde, wie er goed te sjen. En it meunsterlike skouspul fladdere op ús ta, en mei syn holle en syn boarst meneuveljend, kaam er del op de igge, sa dat er mei syn sturt frij swaaie koe. Syn antlit wie dat fan in earlik man, it ljochte op as in antlit fan seine, en al it oare oan him wie as dat fan in serpint. Syn twa poaten mei klauwen wiene behierre oan de earmtakken ta, syn bealch en syn kont en syn beide sydflanken wiene arabesken en guirlandes op weefd. Turken en Tartaren hawwe nea soks weve kinnen, en ek Arachne koe sok moais net meitsje. Lykas bytiden fiskersboaten op it strân lizze, heal yn it wetter, en heal op it sân, en, lykas de bever, dy’t libbet yn it lân fan de dronken Germanen, digeret hoe’t er syn proai oanpakke sil, krekt sa siet dat bist, it slimste fan alle bisten, te wachtsjen oan de igge, op it plak dêr’t de stiennen stadichoan yn sân oergien wiene. Yn de romte kwispelsturte er, hinne en wer, de giftige punten fan syn sturt nei boppen rjochte, lykas ek in skorpioen soks docht. Myn gids sei: “No moatte wy in stikje fierder rinne, yn de rjochting fan dat kweade bist dat dêr leit en wachtet, fan ús paad ôf nei rjochts, tsien stappen fierder de iepen romte yn.” Dat diene wy, ek om it sân en de flammen fan ús ôf te hâlden. En doe’t wy oan Geryons side stiene, seach ik in eintsje fierderop wat los folk, dat siet yn it sân, krekt op de hoeke, tsjin de stiennen oan. En krekt doe sei myn master: “Myn soan, jo hawwe no in goed oersjoch fan de h e l 71 alles, wat der yn dizze rûnte bart. Gean deryn, en sjoch, hoe’t hja straft wurde. Mar lit jo petearen mei harren koart wêze. En ik, as jo derhinne gien binne, sil hjir bliuwe, en mei dizze hjir prate, en him freegje mei al syn krêft ús by te stean.” Sa rûn ik troch, hielendal allinne, nei de râne fan de sânde sirkel, wêr’t de kliber sa swier straften siet. De pine striele út harren eagen, en harren hannen beweegden altyd troch op en del, om harren te hoedzjen foar de hjitte fan de flammen en it baarnend sân. Hja wiene, krekt as in hûn yn de hjitte simmer dwaande is, no ris mei de poaten, dan wer mei de snút de miggen en de flieën, dy’t him bite wolle, fuort te jeien. Ik seach, sa goed as ik koe, nei somlike antlitten, ûnder de kloft, pinige troch de flammerein. Ik koe gjin siele werom, mar ik seach, dat om eltsenien syn nekke in pûde hong, allegearre mei in oare kleur, allegearre mei in eigen wapenskyld, dêr’t hja de hiele tiid op omstoarren. En, doe’t ik se allegearre nochris goed oanseach, seach ik immen yn it blau, mei in giele pûde, dy’t it antlit fan in liuw hie. En doe’t myn eagen trochgiene de rige goed nei te sjen, seach ik in oare pûde, read as bloed, dêr’t in goes op stie, witer as bûter. En ien, dy’t derút kipe troch in blauwe seame op syn klean, en it byld fan in foale sûch op syn jildpûde. Dy frege my: “Wat dogge jo hjir yn dizze put? Gean der gau út! En, om’t jo noch yn libben binne, fertel ik jo, dat myn buorman Vitaliano gau komme sil en syn plak oan myn lofterkant ynnimme. Tusken de Florentinen sit ik dan, ik, Paduaan, en kear op kear folje se myn earen en skreauwe: “Stjoer ús dochs de machtige ridder mei de trije bokken op syn pûde.” En as lêste oantrún stiek er de tonge út, sa fier as in okse, dy’t oan syn noas sabje wol. Ik wie bang, dat myn bliuwen dêre net nei it sin wêze soe fan dejinge, dy’t my warskôge hie: bliuw net te lang! Dêrom gyng ik gau nei him werom, by dizze frustrearre sûnders wei. Ik fûn myn gids werom, hy siet heech op de rêch 72 l a di v i na com m e di a fan dat ynfieren bist. Hy sei: “Wês moedich en sterk, fan no oan sille wy ôfdale mei ditsoarte wêzens. Gean sitten, foaroan, ik sit efter jo, tusken jo en de gefaarlike sturt. As in man, dy’t de koartsridels opkommen fielt, en sjocht, dat syn neilen alle kleur ferlern hawwe, en dy’t al trillet as er allinne mar tinkt oan de kâlde skaden om him hinne, sa fielde ik my, doe’t ik dat hearde. Mar doe fielde ik ek in skok fan skamte, dy’t in tsjinner dapper makket foar it each fan syn goede master. En doe’t ik myn plak fûn hie op dy machtige skouders, woe ik inkeld noch mar roppe: “Hâld my goed fêst!” Mar ik hie gjin stim en doch wat ik sa graach woe. Doe sloech hy, dy’t my al sa faak holpen hie, syn earms om my hinne, sa gau’t ik siet, en rôp: “Geryon, no gean, mei in rêstich bewegen, yn wide sirkels. Tink derom, dat jo libben wicht drage.” En krekt as in boat fan it strân ôf glidet, stadich yn it begjin, mar dan hurder en hurder, sa gyng er fan de pier ôf, en doe’t er him hielendal frij yn de romte fielde, dêr’t syn boarst al wie, doe swaaide er mei de sturt, en kronkele dêrmei, as wie it in grutte iel, en mei syn kloeren sloech er yn de loft. Ik wit net, oft Phaëton banger wie, dy kears doe’t er de sinnerein fielde op syn heite reau, en de stripe yn ’e brân sette dy’t wy no noch oan de himel sjen kinne, of de earme Icarus dy’t fielde, dat de flerken oan syn siden him net hâlde koene, om’t de waaks derôf raande, en syn heit rôp: “Ferkeard, ferkeard, jo wei is ferkeard,” of ik, doe’t ik mysels yn de loft fielde, en oan alle kanten neat oars as loft seach. Inkeld it bist, dêr’t ik op siet, wie der. It bist beweegde him stadich, swom omleech yn wide sirkels, mar ik murk dat inkeld om’t ik no ris fan lofts en dan wer fan rjochts de wyn om myn earen fielde. Ik hearde doe oan myn rjochterkant de draaikolk wer ûnder ús, mei syn grousum stinnen, en ik stuts myn nekke út, om alles goed te sjen. Mar doe’t ik my in bytsje draaide, waard ik noch banger, want ik hearde it gûlen dêre, en ik seach de flammen. de h e l 73 Triljend seach ik wer rjochtút, en ik knypte myn skonken fêst om de rêch fan it bist hinne. En doe seach ik, wat ik earder net sjoen hie: it paad, dat yn sirkels de djipte yn gyng, en dêr’t wy lâns gien wiene, sleat ús no fan alle kanten yn. As in falk, dy’t al oeren op wjukken gien is, hielendal gjin proai sjoen hat en ek gjin skym derfan, dat syn master seit: “Sjoch, dêr falt er,” delkomt, wurch, yn hûndert sirkels, yn stee fan yn ien kear nei syn master te fleanen, en dan in eintsje fierder op ’e grûn sit, en wat lêbich en grammitich nei syn master sjocht, sa brocht Geryon ús omleech, werom nei de hege rots, dêr’t wy earder west hiene. Hy sette ús fan syn rêch ôf, en gie fierder, sa hurd as in pylk út in bôge. by canto xvii • Geryon de draak, it reau, dêr’t Dante djipper de hel mei yn fleane koe, hat er oernommen út de Bibel (Iepenbieringen 9, 7-11). • Turken en Tartaren wiene yn de midsieuwen ferneamd as wevers fan klean en kleden. • De giele pûde mei de blauwe liuw wie it skaaimerk fan de Florentynske famylje Gianfigliazzi, sjoch ek foar de oare famyljes de nammelist, lykas foar Phaëton, dy’t de sinnewein stjoere woe, en Icarus, dy’t nei de sinne fleane woe. 74 l a di v i na com m e di a [ c a n t o x v i i i ] D er is in plak yn de hel, dat Malebolge hjit, úthakke yn stien, mei de kleur fan izer, krekt as de rûne muorre, dy’t deromhinne stiet. En yn it midden fan dizze kweade flakte buorrelet in wide djippe boarne op. Oer de foarm fan dy boarne sil ik prate as wy op it plak fan de boarne sels binne. It grutte, flakke lân, dat leit tusken de boarne en it klif, is wer ferdield yn tsien ôfdalende sirkels, dy’t it grûnplan foarmje foar de opienfolgjende falleien, dy’t yn konsintryske sirkels harren sintrum bûn hawwe, lykas fakentiids in rige grêften om in kastiel hinne leit. Wy seagen ek in brêge, dy’t fan it midden út nei de râne rûn, oer de grêften hinne lykas by in kastiel ek bytiden lytse brêgen oer de grêften lizze. Dat wie it plak, dêr’t wy ússels werom fûnen, doe’t wy fan de rêch fan Geryon ôfstapt wiene. De dichter gie de lofter kant út, en ik rûn efter him. Dêr, oan de rjochterkant, seach ik nije lijende sielen, en nije foarmen fan marteling, gearbrocht yn de earste sirkel. Twa rigen neakene sielen rûnen oer de boaiem. Dy oan ús kant seagen ús oan as hja ús foarbykamen, dy oan de oare kant rûnen troch, lykas wy ek diene, mar wol flugger. De Romeinen hiene yn it jubeljier, doe’t grutte kloften folk nei Rome kamen, ek it middel fûn om de mannichte, dy’t oer de brêge hinne en wer rûn yn ’e macht te hâlden. Hja hiene it sa regele, dat se oan de iene kant nei it kastiel sjen moasten, en oan de oare kant nei de Sint Piter, as hja de berch op en ôf giene. Hjir seach ik oan beide kanten fan it paad, de berch op, behoarne duvels mei lange swipen, dy’t hja mei grutte wille op de rêgen fan de skaden delkomme lieten. Och, wat lieten hja harren opskrilje, en gau de fuotten optille by de earste slach. De twadde en de tredde waarden net ôfwachte, gjin sekonde. de h e l 75 Doe’t ik myn eagen dwale liet oer ien fan dy gisele ljochtskynsels, dêr ûnder my, monkele ik yn mysels: “Ik kin dat gesicht earne fan, dêr bin ik net mis mei.” En dêrom hold ik wat yn, sa seach ik him better, en myn master stie ek stil, as wie er sa goed om my ek ta te stean efkes lins te nimmen. En de sa sleine siel tocht dat er him foar my ferburgen hâlde koe troch syn holle djip te bûgen. Mar dat mislearre, en ik sei: “O, jo dêre, mei de holle sa djip bûgd, as de foarmen fan jo skaad my net te fiter hawwe, dan binne jo Venedico Caccianemico, dêr bin ik wis fan. Hoe komme jo sa fersyld yn dizze hjitte saus?” “Ik ha der net sa folle nocht oan jo andert te jaan,” sei er, “mar ik fiel wol dat ik it dwaan moat en fertel jo alles planút. It lit my wer tinke oan de âlde tiden boppe yn ’e wrâld. Ja, ik wie de man, dy’t de moaie Ghisolabella ferlokt hat, om de markys in plesierke te dwaan, it is foar my net wichtich, wat der no oeral oer sein wurdt. Ik bin net de iennige út Bologna, dy’t hjirre swier straft wurdt. Dizze ôfdieling is hielendal folle mei ús soarte folk, der binne hjir mear fan as fan de oaren tusken Savena en Reno, dy’t ‘Sipa’ sizze. Ik doch in berop op jo ûnthâld: wy hawwe deselde fielings yn ferskate kwestjes.” Krekt op dat momint liet in duvel him de ein fan syn swipe fiele, en skreau de: “Trochrinne, smoarge ferlieder, do kinst hjir gjin wiven ferkeapje.” Ik draaide my om, en rûn hastich werom nei myn master. Wy rûnen wat hurder, en kamen by in stiennen brêge, dy’t nei de igge rint. Wy kamen der tige maklik op, en rûnen oan de goede kant fierder, en lieten de skaden oan harren ivige sirkelgong oer. Doe’t wy op it plak wiene dêr’t de wei foar ús iepen lei, nei in smelle holle wei, dêr’t de gisele sielen trochhinne dreaun waarden, doe sei myn gids: “Stopje, en bliuw hjirre efkes stean. Hjir kinne jo dy oare ferdoarne sielen sjen, dy’t jo tefoaren net sjen koene, want hja rûnen deselde kant út as wy, dêr, oan de oare kant. Sa, oer de âlde brêge, seagen 76 l a di v i na com m e di a wy de staasje op ús ôf kommen, hja kamen yn hasten ús kant út, fuortdreaun, lykas de oaren, troch fûl taslaande swipen. En de goede master, sûnder dat ik him noch wat frege hie, sei: “Sjoch ris nei dy heechoprjochte figuer, dy’t dêr oankomt. Hy lit net sjen, hoefolle pine oft er hat. En wat in grutskens lit er sjen! Hy is Jason, dy’t troch syn moed en syn trochsicht de Colchianen it gouden flues ûntfytmanne hat. Letter hat er ek it eilân Lemnos hielendal trochkrúst, it eilân, dêr’t de bekstallige en burdleaze wiven earder alles wat manlik wie deaslein hiene. Dêr, mei gebearten en folle opsnolke wurden, hie hy Hypsipyle te fiter, nei’t dy earst alle oare froulju te fiter hân hie. Dêr ek hat er har efterlitten, mei har bern, allinne. Dat hat him dizze swiere straffe meibrocht, en ek Medea nimt sa har wrake op him. Mei him geane lykop al dit soarte fan bedragers, en lit dat genôch wêze om te witten, hokker lju opsletten binne yn dizze earste sirkel.” Wy wiene al op de wei, dêr’t ús smelle paad de twadde sirkel yngie, om tagong te krijen ta de twadde bôge. No koene wy de skaden yn de twadde romte hearre, suchtsjende, en mei de eigen hannen op it eigen lichem omstompende. Oan de igge fan dizze rûne romte wiene grutte plakken skimmel, pynlik foar de eagen en foar de noas. De boaiem fan de put lei sa djip, dat ús eagen neat sjen koene sûnder dat wy de boppeste richel opklauteren, dêr’t it paad oer de djipte hinget. Doe’t wy dêr oankamen, seach ik minsken, djip weisakke yn stjonkende moude, dy’t sa út de latrine weihelle like. En wylst ik dêr mei myn eagen de boaiem ôfsocht, seach ik in holle, sa ûnder de moude, dat ik net sjen koe oft de hierren al of net ôfskeard wiene. Hy rôp my ta: “Wêrom wolle jo sa graach my sjen, mear as de oaren dy’t ek sa yn ’e stront weisakke binne?” En ik: “Om’t ik, as ik my net fersin, jo al sjoen ha, mei jo fette hierren. Jo binne Alessio Interminei fan Lucca, en dêrom stoarje ik mear op jo om as op dy oaren. Hy sloech himsels op de smoarge de h e l 77 holle, en rôp: “Ik sit hjir yn ’e djipte, mei al dy flaaikerij, dêr’t myn tonge nea genôch fan krije koe.” Doe sei myn gids: “Bûge jo no noch wat djipper, dat jo it gesicht goed sjen kinne fan dy smoarge fodze, dy’t har gesicht no mei har swarte neilen teklaut, en no en dan mei de skonken wiid leit, en dan wer rjocht op har fuotten stiet. Thais is dat ljidske, dat as har frijer sei: ‘Is der wol tankberens by jo?’ andere: ‘Jawis, wûnderlik grutte.’ Mar hjirre hawwe wy no genôch sjoen.” by canto xviii • Malebolge betsjut: bûdel fan it kwea. 1300, doe’t neffens Dantes sizzen, dizze pylgertocht him ôfspile hat, wie in jubeljier, dêr’t grutte mannichten yn nei Rome tein binne, om de geastlike geunsten te fertsjinjen. De hjitte saus, dêr’t Venedico yn fersyld rekke wie, stiet sa yn it Italjaansk: ‘Ma che a si pungenti salse.’ Foar by de pasta waard ek doe al mei fleis en krûden hjitte saus makke, dy’t foar Dante ek it byld wie fan de hjitte hel. • Sipa: it wurd dat yn de dialekten tusken Reno en Savena as stopwurd brûkt waard, ‘Wiswier’. • De hierren al of net ôfskeard: By prysters en muontsen waard yn dy tiid de holle foar in part keal skeard. Dante koe fanwege de moude net sjen, oft Alessio al of net in geastlike wie. Hy wie it net. De nammelist jout mear bysûnderheden. 78 l a di v i na com m e di a [ c a n t o x i x ] O Simon Magus, o, skom, dat him folge hat! Dy saken fan God, dy’t ta hilligens ornearre binne, en dy’t jimme, ferachtlike skepsels, foar goud en sulver ûnteare hawwe, no moat ik foar jins lot de trompet stekke, hjirre yn dizze trêde kûle dêr’t jimme omtoarkje. Wy hiene al in hiel ein klommen om dizze tombes te sjen, wy stiene heech dêr boppe, op ’e brêge, en seagen krekt de midden fan de grêft. O, Heechste Wiisheid, hoe goed litte Jo Jo macht sjen, yn ’e himel, op ierde, en hjirre yn de hel. Hoe rjochtfeardich makket Jo macht ús alles dúdlik! Ik seach om my hinne, oan de siden en op ’e grûn, de leadgriis kleure rots, hielendal fol gatten, allegearre like grut en djip. En allegearre rûn. Foar my like it, as wiene se net breder en net djipper as dy yn it baptistearium fan myn heech wurdearre San Giovanni, dêr’t ik noch net salang ferlyn ien stikken makke hie, om immen, dy’t dêr yn fêst rekke wie derút te heljen. Ut de mûle fan elts gat stieken de fuotten fan in sûnder, en de skonken oan de knibbels ta. It oare wie net te sjen. De soal fan eltse foet wie yn ’e brân stutsen, en dêrtroch skoden de skonken sa hurd op en del, dat elts tou en eltse keatling brekke soe. Lykas in flam, dy’t allinne beweecht, hinne en wer, oer de oalje, dêr’t in objekt mei ynsmard is, sa giene de flammen hjir ek fan de knibbels ta de teannen, hinne en wer. “Wa is dy man, master, dy’t mear wrakselet mei de pine, sa liket it, as ien fan syn maten?” sa frege ik. “It liket dat de flam, dy’t oan him sabbelet, reader is as de oaren.” En hy: “As jo omleech brocht wurde wolle nei dy legere râne, nei it plak dêr’t hy is, dan kin dat wol. Dan kinne jo him freegje, wa’t er is, en wêrom’t er dêr is.” En ik wer: “Myn wille is, dêr’t jo wille hawwe. Ik wol net by jo wei reitsje. Jo witte wol, wat ik de h e l 79 yn ’e holle ha.” En doe’t wy de fjirde grêft oerstutsen wiene, doe draaiden wy ús om, en lofts rinnende, giene wy omleech, nei de boaiem fol gatten, fan dy inge kûle. De goede gids wykte net fan myn side, oant wy kamen by de brutsen rots, dêr’t dy iene wie, dy’t jammere om de flammen om syn fuotten. “Wa’t jo ek binne, mei jo boppeliif ûnder, jo, ferwurpen siele, gean rjochtop yn ’e grûn stean, en meitsje in lûd as it kin.” Ik stie dêr as in pryster, dy’t de bycht heart fan in gemiene moardner, dy’t, fêstsittend yn de grûn, him weromropt om syn dea wat op te skowen. Hy skreaude: “Binne jo dat no, en sa rjochtop? Binne jo dat no, en sa rjochtop, Bonifatius? Mei in lyts tal jierren hat de foarsizzing my dan ferrifele! Hawwe jo dan no al genôch fan alle rykdom, dy’t jo sûnder eat fan skrutenens de Hege Frouwe ûntfytmanne hawwe, de Frouwe, dy’t jo letter sa skandalich misbrûkt hawwe?” En ik stie dêr as immen, dy’t net begripe koe, wêr’t it allegearre oer gie, as immen, dy’t wol wist, wat er hearde, mar net wat er anderje soe. Doe sei Vergilius: “Gau, fertel him hastich: ‘Ik bin net de man, dy’t jo tinke dat ik bin.” ’ En ik joech him andert, lykas myn master it sein hie, de geast hearde it oan, sloech mei allebeide syn fuotten hinne en wer, suchte, en sei mei in lûd folle mei triennen en mei grammitigens: “Goed dan, wat wolle jo fan my? As jo der safolle nocht oan hawwe, myn namme te witten, en dêrom hjirhinne kommen binne, de bedelte del, wit dan dat ik hjirboppe de capa magna droegen ha. Ik bin, om it krekt te sizzen, de soan fan de grutte bearinne, en sa derop út de bearewelpen foarút te bringen, dat ik hjirboppe grutte rykdommen, en hjirûnder mysels yn ’e ponge stutsen ha. Under myn holle binne de oaren, dy’t foar my yn simony sûndige hawwe, opburgen, en troch de iepeningen yn de stien treaun. Dêryn sil ek ik, as it myn tiid is, troch dy oare fierder treaun wurde, troch de man, dêr’t ik fan tocht ha, dat jo it wiene, niis, doe’t ik jo sa hom- 80 l a di v i na com m e di a mels útfrege ha. Mar myn fuotten hawwe hjir al lange tiid bret, en it sil net lang duorje, dat hy hjir delset wurdt, mei de reade fuotten omheech. En gau sil der dan immen út it westen him efternei komme, in noarm- en wetteleaze, waans dwaze dieden ús beide djipper de grûn yn slaan sille. Hy sil in oare Jason wêze, lykas dy Makkabeeër, dy’t foar syn kening fierstente sêft wie. Sa sil ek de Frânske kening sêft wêze foar dy ferwurpen pryster.” Ynienen wist ik alles wer, ik wie faaks wat te brutaal, mar ik andere him op dizze wize: “Fertel my no ris, hoefolle jild moast Sint Piter oan Us Leaven Hear betelje, foar’t Er him Syn kaaien oerjaan woe? Ik bin der wis fan, dat Er neat oars frege hat as: Gean efter My. En ek Sint Piter en de oaren hawwe gjin gouden of sulveren munten frege fan Matthias, doe’t hy útkeazen waard it plak yn te nimmen fan de kweade, dy’t syn amt ferlern hie. Dêrom: bliuw dêr mar omkeard stean, want jo binne rjochtfeardich straft. En hoedzje trou it jild, dat jo gearbrocht hawwe, want dêrom koene jo it úthâlde tsjin Karel fan Anjou. En wie it net út earbied foar de kaaien, dy’t jo ienkear droegen hawwe yn it lokkige libben, as dy my net weromhâlde soe, dan soe ik noch folle hurdere wurden brûke as dizze. Want jo jildsucht hat it ûnrjocht yn ’e wrâld brocht, dat de riken riker, en de earmen noch ellindiger makke hat. Op jimme soart skiephoeders hat de evangelist doeld, doe’t er harren seach oan de igge fan de see, ‘omhuorkjend mei de keningen, oan it wetter’. Doe is it bist berne mei de sân koppen en de tsien hoarnen, om krêft en freugde te bringen, salang’t it de Brêgeman behage soe. Jim hawwe jim in god fan goud en sulver makke. Hoe kinne jimme dy ûnderskiede fan dy fan de ôfgoade-oanbidder? Allinne: dy ferearet ien, jimme ferearje hûnderten. O, Konstantyn, hokker kwea ha jo dien, net troch kristen te wurden, mar troch de jefte, dy’t jo de Hillige Heit yn Rome jûn hawwe, doe’t er jo wer sûn makke hat.” En doe’t ik de h e l 81 op myn wize al dizze wurden tsjin him sei, sloegen syn fuotten yn nidigens hinne en wer, of wie syn gewisse mei him oan it fjochtsjen. Ik tocht, dat myn master it wol goed fûn wat ik sein hie. Want al dy tiid glimke er, en hearde mei nocht nei de gong fan de útsprutsen wurden. Doe hold er my mei allebeide syn earms fêst, en wylst er my goed tsjin him oan treau, klom er wer omheech, it paad op, dat wy delkommen wiene. Hy tilde my sûnder dat it swier foar him wie, en brocht my op it heechste punt fan de brêgebôge, dy’t de fjirde en de fyfde grêft ferbynt. En doe sette er syn swiere lêst wer del, fanwege de steilens en de bultigens fan de rots dêr’t sels stienbokken swierrichheden mei hawwe soene. En dêr gie in oare fallei foar my iepen. 82 l a di v i na com m e di a by canto xix • Simon Magus, Simon de tsjoender, sjoch nammelist. Dêr ek: Jason ii, en oaren. • Yn de Sint Giovanni binne noch altyd heal ôfsletten plakken, dêr’t de prysters yn stiene, as der in doopplechtichheid wie. Sa koene se yn de hinne en wer rinnende mannichte rêstich harren wurk dwaan. Dante hat dêr ris in lyts ynsidint feroarsake. • Moardners waarden yn Dantes tiid mei de holle nei ûnderen oan in peal bûn, dy’t rjochtop yn in nij groeven djippe kûle stie. Dy kûle waard dan wer tichtsmiten, en as de feroardiele om in pryster rôp, en noch bychtsje woe, dan waard der op dy pryster wachte. • De capa magna, de grutte mantel, wie it ûnderskiedingsteken fan de paus. • De Hege Frouwe is de Tsjerke. Paus Nicolaas iii, fan it Orsini (it Beare-) geslacht, wachtet op Bonifatius viii, (stoarn yn 1303) dy’t Florence oan de Frânske Kening ferriede sil. Nei him komt Clemens v, de earste fan de pausen yn Avignon. Dante lit syn pylgertocht yn 1300 plakfine, mar hy beskriuwt alles jierren letter, en wit wat der bard is mei de pausen tusken 1300 en 1315. • Matthias is de apostel, keazen yn it plak fan Judas, sjoch Hannelin gen 1, 15-25. • As tank foar syn genêzing fan de lepra joech keizer Konstantyn oan syn ‘hielmaster’ paus Sylvester, yn 330 Rome en omkriten as in eigen lân. Yn Dantes tiid wie eltsenien der noch fan oertsjûge, dat dit dokumint, de Donatio Constantini, echt wie. Neffens Dante wie dizze ferbining tusken tsjerklik en wrâldsk gesach de ‘mem fan alle kwea’. • Johannes de Evangelist wurdt ek as de skriuwer sjoen fan de Iepen bieringen. Sjoch Iepenbieringen 17. de h e l 83 [ canto xx ] N o moat ik hurde torminten omsette yn dichtwurk, en jou it foarm yn dit, it tweintichste Canto. Fan it earste Canto ôf, doe’t ik yn de hel oankommen wie, wie ik fan doel it grûnflak fan de hel oan te sjen, dêr’t de eangstgjalpen út omheech kamen. En ik seach it folk ûnder, djip yn de fallei, stil, gûlend, rêstich efterinoar oanrinnend, lykas in prosesje giet yn ús wrâld. En doe’t ik goed nei harren antlit seach, seach ik, dat hja allegearre tige skeind wiene. Harren kin wie net boppe harren boarst, harren nekke wie omdraaid, hja seagen del op harren rêch, hja koene allinne mar foarút komme troch efterút te rinnen, want harren eagen seagen neat fan wat efter harren wie. Faaks is der wolris immen troch in oerhaal sa hielendal tramtearre, mar ik ha it nea sjoen, en ik leau ek net, dat soks hjir bestiet. Sa mei God jo, lêzer, bystean, as jo myn dichtwurk lêze, en jo meie my freegje, hoe’t ik myn eagen droech hâlde koe, doe’t ik fuortby it byld fan al ús minsklike foarmen oantaast seach. De triennen, dy’t út harren eagen kamen, streamden stadich omleech, harren rêch en stuten wiet meitsjend. En wiswier, ik gûlde ek, wylst ik mei myn rêch tsjin in stik rots oan stie. Myn gids: “Sa, jo binne dus ek al like dwaas as dy oaren. Op dit plak libbet ynienen de frommens op, dêr’t it meilijen dea is. Want wa koe mear beslipe wêze as de man, dy’t de godlike wil ombûge woe ta sines? Sjoch him oan, sjoch him goed oan, foar wa’t de ierde wiid iepen gie foar de eagen fan de Thebanen, wylst hja allegearre skreauden: ‘Wêr rinne jo sa hurd hinne, Amphiaraos? Wêrom hâlde jo mei de striid op?’ Mar hy rûn hurd troch, de kleau yn, nei Minos, dy’t allegearre opheint, en him ek opheinde. Jo sjogge, hoe’t hy fan syn rêch syn boarst 84 l a di v i na com m e di a makke hat, om’t er te fier foarút sjen woe. Hy sjocht no efter út, en rint altyd troch efterút. Sjoch ek nei Tiresias, dy’t syn uterlik feroare hat, hy wie in man en waard in frou, syn hiele lichem part foar part feroarjend. En doe moast er earst, foar’t er wer man wurde koe, oant twa kear ta, twa frijende slangen útinoar slaan. Efter him oan, rêch tsjin boarst, rint Aruns, dy’t yn de heuvels fan Luni, wêr’t de boeren fan Carrara libje, húsmanne, yn in grot yn de wite moarmerbergen, en sa, om’t der neat tusken wie, frij de stjerren en de see oersjen koe. En dy dêre, dy’t har hierren efteroer smiten hat, oer har boarsten hinne, dat jo dy net sjen kinne, is Manto, dy’t troch ferskate lannen swurven hat, foar’t sy yn it lân kaam dêr’t ik berne bin. Lit my no earst wat oer har fertelle. Doe’t har heit al it lân fan de libbenen ferlitten hie, en de hillige stêd fan Bacchus frijmakke hie, hat se in mannichte fan jierren omtoarke troch de wrâld. Heech yn Itaalje is der in mar, ûnder de bergen, dy’t de Germanen tsjinhâlde, oan dizze kant fan Tirol. De mar, meastal neamd de Mar Benaco. Troch tûzen streamen en noch mear wurde de Alpen bewettere, fan Garda oant de Camonica, en al it wetter streamt Itaalje yn. En yn it midden, dêr is in plak, dêr’t al de trije biskoppen, fan Trente, fan Brescia en fan Verona, de misse opdrage koene, as se der komme koene. It fort fan Peschiera, in treflik, goed boud fort, stiet dêr om dy fan Brescia en Bergamo útinoar te hâlden, dêr, op it leechste plak oan de igge. En al it wetter yn dy Benacomar kin der net maklik út komme, om in stream te foarmjen, dy’t syn wei fynt troch de griene fjilden om de mar hinne. Mar as it wetter begjint te streamen, hjit it net mear Benaco, mar Mencio, hiel syn wei troch, nei Governolo, dêr’t it delkomt yn de Po, foar’t dy in stil wetter wurdt, yn it lege lân, dêr’t er bochtet en bochtet, en útrint yn in sompe, dêr’t yn de simmer, as alles droech stiet, it ferbliuwen foar minsken nuodlik wêze kin. En de h e l 85 doe’t de rauwe faam dêr ien kear trochrûn wie, seach hja ek, dat dêr gjin minsken wenje koene, dy’t harren mei har ynlitte koene. Dêr hat hja har delset, mei har tsjinners, om tsjoen derij bedriuwe te kinnen. Dêr hat se libbe, dêr hat se it libben ôflein. Letter hawwe de minsken, dy’t harren dêr nei wenjen setten, in stêd boud, om’t dy stêd goed ferdigene wurde koe: oan alle kanten wie der wetter omhinne. Hja hawwe dy stêd boud boppe har deade bonken, en fanwege har, dy’t it earst op dit plak wenne hie, ha se de stêd Mantua neamd, sûnder oare oantsjuttingen. En eartiids hawwe der folle minsken wenne, ear’t de healwize Casalodi harke nei de misdiedige rie fan Pinamonte. En sa, ik warskôgje jo, as jo ea in oar ferhaal hearre oer dizze stêd, lit nea in falsk ferhaal de wierheid bedjerre.” En ik andere: “Master, jo útlis is de wierheid foar my. En ik leau it hielendal, oare ferhalen sille my smoargens en jiske wêze.” Hy sei: “Dy dêre, waans burd fan syn wangen ôf oer syn rêch hinne groeid is, en dy rêch hielendal fertsjusteret, wie, doe’t de oarloch de measte Grykske mannen weinommen hie, sa, dat der hast gjin mannen mear oerbleaun wiene om de widzen te foljen, in bestjoerder, dy’t mei Calchas, it goede momint fûn hat om de skippen foar Aulis ankerje te litten. Hy is Euryalus. Ik ha syn skiednis beskreaun, earne, yn ien fan myn trageedzjes, jo moatte witte wêr, jo kenne eltse rigel. Dy oare dêr, dy’t hast gjin fleis op syn bonken hat, wie Michael de Skot, dy’t eltse trúk koe om earne fraude yn te setten. Sjoch ek ris nei Guido Bonatti, sjoch nei Asdente, dy’t no wol woene, dat hja harren by harren least holden hiene, mar no is it te let foar harren reputaasje. Sjoch ek de ûngelokkigen oan, dy’t tried, nudle, spinnewiel en weefstoel farre litten hawwe, en wiersister waarden, hja diene kweade dingen mei krûden en kaarten. Mar kom no, want Kaïn stiet al, mei syn tûkebosken om him hinne, oan de hoarizon, en rekket de golven 86 l a di v i na com m e di a by Sevilla. En justerjûn wie de moanne al fol, jo moatte net ferjitte, dat de moanne jo holpen hat yn de lêste nacht, doe’t jo jo ferlern fielden. En wy rûnen troch, de hiele tiid, wylst er spruts. by canto x x • It part fan de hel, dêr’t Vergilius en Dante no yn telâne komme, is it plak, dêr’t de wytgers en de wiersisters ferbliuwe moatte. Hja, dy’t de minsken wiis makke hawwe, dat se fier foarút sjen koene, sjogge no altyd efterút. • Amphiaraos wie in wiersizzer út de Thebaanske oarloch, dy’t seach, dat se de slach ferlieze soene. Hy is doe gau útnaaid, mar waard troch de oaren ynhelle, en mei harren deade. • Tiresias wie ek in wiersizzer yn Thebe, dy’t, om’t er twa serpinten útinoar slein hie, yn in frou feroare waard. Hy koe wer man wurde troch nochris de serpinten útinoar te slaan. Dit ferhaal is te finen by Ovidius. Vergilius sels hat de ‘skiednis’ fan Mantua beskreaun, en Dante hat him fakernôch lêzen en oanhelle. • Hast alle nammen steane yn de nammelist, de geografyske, de nammen út de Thebaanske en de Trojaanske oarloch, en de nammen fan de skiednis fan Mantua, stifte op it plak dêr’t de rauwe faam Manto har delset hat. En Dante warskôget benammen tsjin froulju, dy’t al it typyske frouljuswurk lizze litte, om mei krûden de minsken better te meitsjen, en mei kaarten de takomst foarút te sizzen. • Kaïn, de earste soan fan Adam en Eva, hat syn namme jûn oan de moanne, yn de tiid fan Dante wie dat de algemiene oertsjûging. Dizze passaazje is ek in soarte fan tiidsbepaling, mei Peaske is de moanne yn alle gefallen fol: Peaske is de earste sabbat nei de earste ljochtmoanne yn de maitiid. Op Goedfreed, de dei fan Dantes tocht troch de hel, kin it dus ljochtmoanne wêze, dy’t yn ’e iere moarn ûndergiet. de h e l 87 [ c a n t o x x i ] F an dy brêge oant de oare rûnen wy troch, en praten oer dingen, dêr’t ik yn myn Komeedzje net oer prate sil. En doe’t wy boppe op de brêge stiene, holden wy efkes lins, en seagen dêr de nije kûle fan Malebolge, en hearden de fergeze jammerklachten oan. Ik seach, dat it benearjend tsjuster wie. Op de grutte skipshelling fan Veneesje stiet de hiele winter troch in grutte tsjettel mei pik tsjok te sieden, pik, dat brûkt wurdt om de ribben fan heal fersliten skippen yn te smarren. Om’t de winter harren net sile lit, bouwe somliken nije skippen, oaren meitsje de âlde wer yn oarder, alle planken, dy’t by it farren losrekke binne, wurde wer goed fêstset. Oaren wer timmerje oan de foarside of de efterside fan it skip, of meitsje nije riemen, draaie tou, of soargje, dat de seilen wer goed yn oarder binne. Mar hjir wie ek, net troch it fjoer, mar troch it godlik bestjoer, in poel fan siedend pik, ien kliemske klute. Ik seach it pik, mar yn it pik seach ik inkeld buorlen, dy’t troch it sieden nei boppen kamen, útinoar spatten, en dan troch it pik wer yninoar parse, nei ûnderen giene. Ik stie dêr tige benijd nei te sjen, en ynienen rôp myn master: “Jou acht. Jou acht.” En hy pakte my fêst, en treau my oan ’e kant. Ik draaide de holle om, as immen, dy’t net kieze kin, en sjocht nei wat him ynienen temjitte komt, en hokker krêft myn master twongen hie, my fêst te gripen. Mar it weromsjen bringt gjin útstel yn de striid. En ik seach, hoe’t der deun efter ús, rinnend oer de rotswei, in duvel oankaam, in duvel mei in woast antlit, en wylde gebearten, de flerken wiid útslein, heal fleanend en heal rinnend. Op syn hege, skerpe skouder, fêstholden troch syn flerk, hong in sûnder, dêr’t er de ankels fan mei syn klauwen fêsthie. Fan ús brêge ôf rôp er: “Hee, Malebranche, hjir is wer ien fan Santa Zita’s âlden foar dy. Do triuwst him der 88 l a di v i na com m e di a mar yn, ik gean werom en helje wer oaren, ik gean werom nei it lân, dêr’t der safolle fan binne. Eltse man is dêr in rjochtsferdraaier, útsein Bonturo dan. Jo kinne foar wat jild samar “ja” yn “nee” feroarje litte, dêr yn Lucca.” Hy smiet him del, en rûn hurd wer fuort. Nea rûn in bloedhûn, ienkear loslitten, hurder efter in dief oan as hy it rotspaad wer oprûn. De sûnder gie de djipte yn, kaam wer boppe, besocht te driu wen, mar de duvels ûnder de brêge skreauden: “Do hoechst hjirre it Hillige Antlit net te ferearjen. En it swimt hjirre hiel oars as yn de Serchio! Dêrom: ast net troch ús grutte foarken stutsen wurde wolst, bliuw dan djip ûnder yn it pik!” Mei hûndert stekken, of noch mear, treaunen hja him ûnder, en rôpen: “Do witst no, hoe’t it is, ast ûnder bist. Besykje mar ris wat te praten ûnderyn!” Hja wiene as koks, dy’t besykje te witten, oft alle fleis al goed gear is, troch yn de panne te prikken mei harren foarken, ek om sa it fleis net boppe komme te litten. Myn master sei: “Wy kinne hjir better net witte litte, dat wy hjir binne. Sykje beskûl efter dat rotsblok dêre. En wês net bang, as ik troch harren misledige wurdt. Ik wit, dat hja dat dwaan sille, ik ha it al ris earder meimakke.” Hy gie de brêge op, en rûn it paad fierder del. En sa gau as er op de seisde grêft oankommen wie, twong er himsels der krêftich út te sjen. De duvels, dy’t ûnder de brêge sieten, sprongen it paad op, en besochten him tsjin te hâlden, lykas hiemdoggen op in earme man ôf springe, dy’t in ielmis freegje wol. Sa kamen se ûnder de brêge wei rinnen, en stieken harren grutte foarken nei him út, mar hy rôp: “Jim allegearre, wit hoe’t jimme jim hâlde moatte. Foar’t jimme my mei jimme foarken prikke, lit ien fan jimme nei foaren komme, om my út te kloarkjen, en dan: beslis, oft jimme noch stekke sille.” Doe skreauden se allegearre: “Lit Malacoda gean!” Ien stoep nei foaren, de oaren bleauwen efter him stean, en hy sei: “Wat hawwe wy oan him?” “Tinke jo, Malacoda,” sa sei myn de h e l 89 master, “tinke jo, dat jo my hjir sjoen hawwe soene, tsjin alle tsjinakseljen yn, sûnder de stipe en de tastimming fan God? Lit ús no rêstich trochgean, want sa hat de himel it wollen. Sa ek, dat ik him liede moat oer dit nuodlike paad.” Doe’t er dat sein hie, klapte de arrogânsje fan de duvel yninoar, hy liet syn foarke falle, en rôp tsjin allegearre: “Reitsje dizze man net oan.” “Jo, dy’t josels dêre beskûl hâlde,” sa rôp myn master my no ta, “efter de rotsen by de brêge, gean dêrwei, en kom rêstich wer by my werom. Jo binne no feilich.” Op dy wurden stie ik rjocht, en ik rûn op him ta. Alle duvels diene in stap nei foaren. En ik wie bang dat se net de frede hâlde soene. Ik tocht oan de soldaten, dy’t ik sjoen hie, dy’t frij út it kastiel fan Caprona fuortgean koene, en dy’t doe sa midden tusken de fijannen troch rinne moasten. Ik rûn tige ticht efter him oan, sa ticht as ik mar koe, en ik seach de hiele tiid al dy gesichten, dêr’t gjin inkeld stikje goedens of freonlikens op te lêzen wie. Harren grutte foarken wiene op my rjochte, en immen rôp: “Sil ik him ris midden yn syn bealch stekke?” En hja rôpen allegearre werom: “Graach! En reitsje him goed!” Mar de duvel, dy’t mei myn gids praat hie, gie gau nei foaren, en rôp: “Rêstich, rêstich dêre, Scarmiglione!” Doe sei er tsjin my: “Jimme kinne net rjochtút rinne, al dizze brêgen oer, want de seisde brêge is brutsen en delkommen yn de sompe. As jim werklik fan doel binne en rin fierder, dan moatte jim trochrinne dat paad bylâns. Net fier, dan sjogge jim in brêge, dy’t dêrop útkomt. Fiif oeren noch, en it sil tûzen, twahûndertseisensechstich jier en ien dei lyn wêze, dat de brêge rampoai gie en kreakjend omleech klapte. Ik bin fan doel in keppel fan myn maten mei te stjoeren, om ta te sjen, dat nimmen op jim ôf fljocht. Gean rêstich mei harren fierder op jim wei, hja sille harren net misdrage. Foaroan, Alichino en Calcabrina,” sa kommandearre er, “en do ek, Cagnazzo, en Barbariccia, do bist de kaptein, nim Libicocco noch mei en Draghignazzo, Ciriatto 90 l a di v i na com m e di a mei syn slachtosken, en Graffiacane, Farfarello en dy nuvere Rubicante. Sjoch goed nei de siedende pikfivers, en lit dizze twa feilich by de stikkene brêge komme, by de rotswei, dy’t sûnder tûkelteammen fierder giet.” “O, master, ik ha hielendal gjin nocht oan dit selskip, dat ik hjir no sjoch,” sei ik, “lit ús allinne fierder gean, sûnder begelieding. En ik wol nimmen fan harren mei. As jo opmerksum binne, lykas altyd, wêrom sjogge jo dan no net, dat hja knarstoskje, en eachkontakt meiinoar hawwe oer ús beide? Wy binne yn gefaar.” En hy tsjin my: “Ik wol net, dat jo bang binne. Lit se mar knarstoskje, safolle as hja wolle, want soks dogge hja tsjin de siedende sielen, en net tsjin ús.” En foar’t se mei ús de lofter sydwei opgiene, brocht eltsenien de kaptein in salút troch syn tonge út te stekken, en syn tosken sjen te litten. En dy joech andert troch syn anus as trompet te brûken. by canto x xi • Dante nimt yn dit Canto de rjochtsferdraaiers geweken, dy’t nef fens him benammen yn Lucca te finen binne. Lucca leit oan de Serchio, stêdpatrones is de hillige Zita, en it Hillige Antlit is in ôfbylding fan Kristus oan it krús, dy’t dêr tige fereare waard. • De duvelnammen binne troch Dante gearstald: Malebranche betsjut: Kweadeklau, Malacoda: Kweadesturt, Scarmiglione: Plôkhier, Alichino: Sylstriker, Calcabrina: Iistrepper, Cagnazzo: Hûnesnút, Barbariccia: Draghignazzo: Drakebek, Rûchburd, Libicocco: Beiefretter, Ciriatto: Everswyn, Graffiacane: Bollebiter, Farfarello: Skymflerkje, Rubicante: Readmûle. • Yn 1290 moasten de Guelfen it kastiel fan Caprona oerjaan oan de Ghibellinen. De soldaten dy’t it ferdigene hiene, mochten frij derút fuortgean. Mar de Ghibellinen wiene ferbaal wol tige agressyf. Dante stie dêrby, en wie tige bang. • Doe’t Dante neffens syn dichtwurk yn de hel omrûn, wie it 1266 jier lyn, dat Kristus oan it krús stoarn wie, en dat der doe in ierdskok wie. Doe soe de brêge, dêr’t se oerhinne moasten, ynstoart wêze. de h e l 91 [ c a n t o x x i i ] I k ha grutte kloften hynstefolk sjoen, dy’t harren kampen opbrieken, dy’t de oanfal ynsetten, of dy’t hurd foarby draafden, ik ha se sjoen, dravend foar harren libben, ik ha ferkenners riden sjoen, dy’t jimme lân, o Aretinen, ynspektearje moasten, en ik ha toernoaien sjoen mei kloften dielnimmers, of mei twa man, no ris mei klokken oankundige, dan wer mei trompetten, of mei trommen, mei bazunen of mei útwrydske ynstruminten. Mar nea ha ik hynstefolk sjoen, of fuotfolk, of skippen, dy’t farden op de tuorren oan de igge, of op de stjerren, dy’t harren yn gong sette lieten troch sokke frjemde sinjalen! Sa, as doe’t wy ûnderweis wiene mei ús tsien freonen – hokker wyld selskip wie it! Gjin selskip as yn tsjerke, dêr’t de hilligen ús beselskipje, of yn de kroech, dêr’t wy tusken de sûpers sitte – altyd mar wer moast ik nei it hjitte pik sjen, en nei alles, wat dêryn beweegde, en hoe’t de sielen dêryn ûndergiene en wer boppekamen. Lykas de dolfinen, dy’t by no en dan de seelju harren rêchbôge sjen litte, sa’t der sein wurdt mei it doel om harren te warskôgjen dat der stoarm komme sil. Sa kaam der sa no en dan in rêch fan in sûnder boppe, om de pine in bytsje draachliker te meitsjen, en dan dûkte er wer fuort, sa fluch as de bliksem giet. Lykas kweakjende kikkerts yn de hoeke fan de fiver, krekt mei de kop efkes boppe it wetter út, mar de poaten en al it oare derûnder, sa sieten dizze sûnders allegearre yn de rûnte yn harren poel, mar sa gau as Barbariccia tichterby kaam, dûkten se gau ûnder yn harren siedende kûpe. Ik seach – en myn herte bûnzet noch altyd as ik deroan tink – ien, dy’t wat wifele, lykas it by kikkerts bytiden ek bart, dat der ien sitten bliuwt as de oaren ûnderdûke. En Graffiacane, dy’t foar him stie, stuts syn foarke yn syn bepikte hierren, en luts him nei de kant. Hy wie 92 l a di v i na com m e di a krekt in fiskotter, dy’t in grutte fisk pakt hat. Ik wist de nammen al fan allegearre de duvels, sa goed hie ik wol acht jûn, doe’t ús eskorte gearstald waard, en eltsenien nei foaren komme moast, doe’t syn namme neamd waard. “Hee, Rubicante, slach jo klauwen der wat djipper yn, en lûk syn fel derôf,” sa rôp it hiele koar fan de ferdomden. Ik sei: “Master, wolle jo, as jo it kinne, de namme neame fan dy earme siel, dy’t dêr yn hannen fan syn tsjinstanners fallen is, en freegje, wêr’t er wei kommen is?” Myn master rûn rjochttroch, oant wêr’t de sûnder siet, en frege, wêr’t er wei kaam. En de siel andere: “Ik bin berne en grutbrocht yn it keninkryk Navarra. Myn mem hat my oerdien oan in hear, om him te tsjinjen. Want se waard mei my opskipe troch in sûper, dy’t himsels, en alles, wat er hie, folslein ferdoarn hat, en himsels fan kant makke. Sa waard ik in tsjinner yn de húshâlding fan de goede kening Thibault. Dêr ha ik myn kweade streken leard, dêr’t ik no foar betelje moat yn dizze hjitte panne.” Ciriatto, by wa’t twa grutte tosken út de mûle stieken, liet him fiele, hoe’t er mei syn tosken stekke koe. De mûs wie no oan kweade katten tafallen, mar Barbariccia luts him oan syn earms nei him ta, en skreaude: “Werom, jimme, want ik ha him no.” Doe draaide er him om, en sei tsjin myn gids: “As jo mear fan him witte wolle, gean dan troch mei freegjen, foar’t er yn stikken hakke is, en wer weromsmiten by de oaren.” Myn gids gie troch: “Fertel my dan no ris, kinne jo ek Italjanen, hjir deltreaun tusken dizze sûnders, hjir yn dizze pikpoel?” En hy: “Noch mar in sekonde lyn wie ik hjir mei immen, dy’t yn dy omkriten libbe hat. O, ik woe dat ik no noch mei him ferburgen wie. Ik soe dan net bang hoege te wêzen foar de foarken en klauwen hjirre.” Libicocco skreaude: “Wy hawwe no langernôch wachte.” Doe sloech er mei syn foarke nei de earm fan de sûnder, en hakte in stik derôf, Draghignazzo hie ek wol nocht oan wat wille, hy woe de sûnder by syn ankels fêstgripe, mar doe kaam de kaptein, en seach him de h e l 93 grammitich oan. En doe’t hja allegearre wer in bytsje rêstich wiene, begûn myn master op ’e nij de man út te kloarkjen, noch wylst dy syn wûnen beseach. “Wa wie it, dêr’t jo it niis oer hiene, dy’t jo, sa ûngelokkich foar jo, efterlitten hat, doe’t jo nei boppen kamen?” “Gomita,” sa sei er, “de muonts fan Gallura, dy’t sa graach meidie mei alle soarten fan fraude. Doe’t de fijannen fan syn hear yn syn macht wiene, hat er harren sa oanpakt, dat er troch eltsenien priizge waard. Hy pikte al harren jild yn, en liet har sûnder har foar it gerjocht te bringen wer frij. Lykas er it sels ek sein hat: ek yn syn oare amten wie er gjin lytse skurk. Hy wie in grutte lieder ûnder syn maten. En by him is ek Michel Zanche fan Logodoro, en hja prate mar, sûnder ea wurch te wurden, oer Sardynje. O, mar sjoch no ris, hoe’t dy iene dêr knarstosket, ik soe noch folle mear fertelle kinne, mar ik bin bang, dat er my dan it tinne fel fan myn lichem klaut. Mar doe rjochte de sersjant-majoar him ta Farfarello, waans wylde eagen útstrielen dat er stekke woe. “Hjir wei, do wylde fûgel, dy’t hjir syn proai siket.” “As jo Toskaners of Lombarden sjen wolle,” sa sei it bange skaad, doe’t de duvel wer fuortdreaun wie, “en mei harren prate wolle, dan sil ik in pear nei boppen stjoere. Mar Malebranche moat dan wol in eintsje fierder stean, want oars sille dizze skaden it net weagje en kom nei boppe. Ik sil it dan besykje en bring der sân nei jo ta, sûnder fan dit plak ôf te gean, allinne troch floitsjen, dat is it teken, dat wy ôfpraat hawwe: as der ien út wol, en de kust feilich is.” Cagnazzo stiek syn snút omheech by dit ferhaal. Doe skodholle er, en sei: “Harkje goed nei syn ferlechjes. Hy wol besykje fuort te springen út de hoeke, dêr’t er no fêstsit.” En hy, hielendal meinommen troch de mûklist, dy’t er betocht hie, andere: “As ik myn maten yn swierrichheden bringe kin, sil ik soks mei alle wille dwaan.” Mar Alichino koe it net litte en gean en sis: “Ast springst, rin ik dy net efternei. Ik ha myn flerken, dêrmei jou ik in teken, 94 l a di v i na com m e di a en de oaren geane fansiden. De daam om de pikkûle is dy dan in skyld, besykje dan mar ris wer ûnder yn it pik te kommen.” Wês omtinkend, lêzer, hjir is oeral frjemd spul. Allegearre seagen se de oare kant út, en de earste duvel, dy’t dy kant út sette, wie ek dejinge, dy’t der earst it meast op tsjin wie. De Navarrees hie it tige goed útsocht: hy sprong op it goede momint, it plan fan de duvels wie mislearre, en hy wie frij. De duvelskloft wie stil fan skamte, mar boppedat: hy, dy’t de flater folslein makke hie, sprong omleech, en rôp: “No sil ik dy krije.” Mar it slagge him net, want syn flerken koene him net sa gau omleech drage, foar’t de sûnder yn it pik dûkt wie. De duvel fleach wer werom, it boarst omheech, lykas in falk, dy’t deldûkt op in wylde ein, dy’t him ferskûlet ûnder wetter. En de falk komt werom, beskamme, sûnder proai. En tagelyk fleach Calcabrina, poerrazend, ek omleech, en om’t de rjochtsferdraaier net mear te finen wie, foel er ien fan syn maten oan. Mar de oare wie falkich genôch him oan te gripen, en mei har beiden foelen se omleech, yn de siedende fiver. En om’t it pik oan harren flerken fêstplakte, koene se der net wer út komme. Barbariccia, dy’t swier de smoar yn hie, stjoerde fjouwer maten nei de oare igge, en oan beide kanten namen hja harren posten yn. En stieken harren foarken ta oan de twa yn de poel, de twa, dy’t hast al sean wiene yn it pik. En wy lieten har efter yn de fûke, dêr’t se sels ynrûn wiene. by canto x xii • Canto x xii slút hielendal oan op Canto x xi. De hurde skeet, dêr’t x xi mei ôfslút, is foar Dante it nuverste sinjaal, dat er ea heard hat, neffens it begjin fan x xii. • De Navarrees soe Giampole hjitte. Gomita wie de kânsler fan Visconti Nino, de bestjoerder fan Pisa. Letter wie er ek rjochter dêre. Hy wie in biddelmuonts út Gallura. Sjoch de nammelist, ek foar oare nammen. De duvelsnammen steane by Canto x xi. de h e l 95 [ c a n t o x x i i i ] S til, hielendal allinne, sûnder eskorte, rûnen wy fierder, de ien efter de oare, lykas minderbruorren rinne, as se op ’en paad geane. Ik wie oan it tinken oer ien fan de fabels fan Aesopus, dy’t de fjochterij fan niis my yn it sin brocht hie, dy fan de mûs en de kikkert. Want “doe” en “dêre” koene net mear gelyk wêze as de fabel en de feiten hjirre en no. As immen ferlykje soe it begjin en de ein fan dizze ynsidinten, soe er it sjen. En fan it iene tinken komt fakentiids it oare, en sa kaam it ek hjirre, doe’t ik betocht, dat de duvels, dy’t mei ús op ’en paad wiene, troch ús yn ’e benearing kommen wiene, en dat hja wiswier harren op ús wreekje woene. Dy wraaksucht no, mei harren duvelske ynstinkten, soene se, sa tocht ik, op ús útlibje wolle en efter ús oan jeie, lykas in hûn efter in hazze. Ik fielde oan myn fel de bangens, ik seach om, en sei: “Myn master, as jo net gau ús beide earne ferbergje kinne, bin ik bang dat Troaje ús pakt. Ik fiel, dat se hjirre binne, ik tink, dat ik se no hear.” En hy andere: “Sels as jo in spegel wiene, soe ik jo ynderlik net better sjen kinne as no, no’t jo tinzen mei minen ien wurden binne. Hja binne gelyk yn oarsprong en yn foarm. Ik ha besletten, se ien te meitsjen, en op ien doel te rjochtsjen. As it rotspaad oan ús rjochterhân sa rinne soe, dat wy yn in nije sirkel útkomme, dan soene wy ûntkomme kinne oan it gefaar, dêr’t wy sa bang foar binne.” Hy hie noch mar amper dat plan útlein, doe’t ik se oankommen seach, mei de flerken wiid útspraat, net fierôf, en hja tochten no, dat se ús hiene. Myn gids pakte my as fansels goed fêst, lykas in mem, dy’t hielendal rjochte is op in warskôgjend lûd, in mem, dy’t sjocht, dat de útslaande flammen tichterby komme, har bern pakt, en hurd fuortrint. Se nimt de tiid net, en nim noch gau wat oars mei, 96 l a di v i na com m e di a se soarget net foar harsels, inkeld foar har bern. Sa gie er gau de hoeke om, en de rotswei omleech, sa glied er op ’e rêch de rots bylâns, dy’t as in muorre om de lêste sirkel stiet. It wetter, dat in mûnetsjil oandriuwt, kin net hurder troch de inge spjalt rinne, sels net krekt foar it plak, dêr’t it de blêden fan it tsjil rekket, as dat wy de skiedsmuorre delglieden. Myn gids hie my oan syn boarst fêstklamme as wie ik syn bern, en net syn reisgenoat. Syn fuotten hiene amper de rotsgrûn rekke, en dêr wiene se al, de tsien, boppe ús yn de hichte, mar wy hoegden no net bang mear te wêzen. De Hege Foarsjennichheid, dy’t wollen hie dat hja de tsjinners wêze soene mei de soarch foar de fyfde kûle, hie ek wollen, dat hja gjin macht hiene en hâld ús tsjin, as wy harren ryk ferlitte woene. En doe: dêr, ûnder, fûnen wy in beskildere folk. Tige stadich, stap foar stap, rûnen hja dêr, gûlend, en dea- en deawurch. Allegearre droegen se mantels mei huodden djip oer de eagen, de styl wie krekt deselde as dy fan de Benediktinen fan Cluny. Oan de bûtenkant wiene harren mantels mei goud oerdutsen, eachferblinend seagen hja derút, mar oan de binnenkant wiene de mantels fuorre mei lead. Sa swier wiene se, dy mantels, dat de mantels, dy’t kening Frederik brûke liet, dêrby fergelike, fan strie wiene. O, mantels fan ivichduorjende wurgens! Wy draaiden wer nei de lofterkant, lykas ús wenst wie, en rûnen njonken harren, neist dizze ferwurpen sielen, ferlern yn harren leed. Mar mei harren swiere lêst rûnen dizze wurge sielen sa stadich, dat wy by eltse stap mei in nij selskip oprûnen. En dêrom frege ik myn gids: “Wês sa goed, en sjoch ris om jo hinne, oft wy immen fine, waans nammen of dieden my bekend binne.” En immen, dy’t ús Toskaans prat hearde, rôp nei ús fan earne efter ús: “Net sa hurd, jimme dêre, jimme, dy’t sa hurd trochrinne yn dizze tsjustere loft. Faaks krije jim fan my te hearren, wat jimme sa graach witte wolle.” En myn master draaide him om, en spriek de h e l 97 my oan: “Net fierder, wachtsje op him, en rin dan stadich mei him op.” Ik wachte, en seach twa longerjende gesichten, dy’t o sa graach mei my prate woene, mar it gewicht, dat se meitôgje moasten, en de drokke wei hold harren tsjin. Doe’t se by ús wiene, draaiden hja harren om, en seagen my fansiden oan. Doe seagen hja inoar oan, en seine: “It liket, dat er libbet, sjoch mar, hoe’t syn kiel beweecht. En as hja dea binne, hokker foarrjocht hawwe hja dan, dat se omrinne kinne sûnder swiere mantel?” Doe seine hja tsjin my: “O, Toskaner, jo, dy’t kommen binne, en sykje dit kolleezje fan drôvige húchelders op, wês sa goed en fersmaadzje it net te sizzen, wa’t jo binne.” En ik andere harren: “Ik bin berne en opgroeid yn de grutte stêd oan de igge fan de leaflike Arno, en ik ha it lichem noch, dat ik altyd hân ha. Mar wa binne jimme, dy’t altyd troch de triennen oer de wangen rinne litte, en hokker soarte fan pine is dit, dy’t sa gouden glânzget?” Ien fan harren andere: “Us oranje kapen binne ferswierre mei lead, sa swier, dat se ús, dy’t inkeld de mantelprikken binne, kreakje litte as wy rinne. Blide Bruorren wiene wy, allebeide fan Bologna. Myn namme wie Catalano, sines Lodoringo. En wy allebeide waarden útkeazen, troch jimme stêd, dy’t dêr meastentiids ien man foar keas. Wy moasten de frede hanthavenje. Jo kinne noch dúdlik sjen, wat wy west hawwe om it Gardingo hinne.” Ik begûn: “O, Bruorren, al jimme rampen.” Mear sei ik net, ik koe it net, ik koe it net, want ik seach immen, dy’t krusige wie mei trije peallen, rjochtopsteande yn de grûn. Doe’t er my seach, skodde hiel syn lichem op en del, en troch syn burd hinne kamen alderhanne gjalpen fan pine. En doe sei fra Catalano, dy’t alles ek sjoen hie: “Dy hjir op ’e grûn fêstsetten man hat de Fariseeërs oansein, dat it better wie, ien man te offerjen om it hiele folk te rêden. Neaken leit er útstrutsen oer de wei hinne, lykas jo sjen kinne, en hy fielt it lead fan eltsenien, dy’t oer him 98 l a di v i na com m e di a hinne rinne moat. En syn skoanheit, en alle oare leden fan de Rie, dy’t it sied fan it kwea wiene foar alle Joaden, binne op deselde wize straft.” En ik seach Vergilius ek nei ûnderen sjen, fernuvere, dat it lichem, krusige op ’e grûn, sa hurd straft wie, yn ivige iensumens. Doe seach er ien fan de Bruorren oan, en frege: “Kin ien fan jimme my fertelle, as jimme regel it tastiet, oft der rjochts ek in iepen plak is, dêr’t wy mei ús beiden dizze kûle útkomme kinne, sûnder dat wy ien fan dy swarte ingels hjirboppe nedich hawwe?” Hy andere: “Tichterby as jo ferwachtsje komt der in rotswei, dy’t fan de grutte sirkel útgiet, en dy’t in brêge is oer alle falleien hinne. Mar dy giet net oer dizze, want hjirre is de bôge brutsen, mar jo kinne oer al it pún hinne klimme, hjir leit it leech, mar stadichoan wurdt it heger.” Myn gids stie dêr in skoft mei bûgde holle, en sei doe: “Hy hat ús ferrifele, dy duvel, dy’t de sûnders dêrjinsen oan syn foarke heakje wol.” En de Blide Broer: “Ik ha yndertiid yn Bologna folle kweade dingen oer de duvel heard, benammen, dat er leagens fertelt, en de heit is fan alle ligerij.” Yn hasten, mei grutte trêden, rûn myn master gau fierder. Oan syn gesicht wie te sjen, dat er nidich wie. Ik draaide my om, en rûn fuort, de sa swier belêste sielen efter my littend. En ek de ôfprintsels fan harren fuotsoallen. de h e l 99 by canto x xiii • De fabel fan Aesopus: In mûs frege in kikkert him de sleat oer te setten. De kikkert liet de mûs himsels goed fêstbine oan ien fan syn poaten, mar ien kear yn ’e sleat, besocht er him te fersûpen. De falk seach it oan, pakte de kikkert, friet him op, en liet de mûs rinne. • Keizer Frederik ii liet lânferrieders yn mei lead ferswierre mantels nei de brânsteapel rinne. • ‘De Blide Bruorren fan Marije’ wie in geastlike ridderoarder, troch paus Urbanus iv yn 1264 oprjochte. Hja soene de ûnleauwigen bestride moatte, mar diene dat net. Se libben der goed fan, benammen yn Bologna. • Kajafas en syn skoanheit Annas komme yn alle evangeeljes foar. Bg. Jehannes 11,50: (Kajafas): “Jimme hawwe net foar it ferstân, dat it yn jimme eigen belang is, dat ien man foar it folk stjert, en dat net it hiele folk omkomt.” • Cluny wie hiel de midsieuwen troch de grutste Benediktinerabdij, tige ryk ek, dêr’t de muontsen in prachtich kleasterkleed droegen. 100 l a di v i na com m e di a [ canto xxiv ] Y n it begjin fan elts nij jier, as de sinne yn de Aquarius stiet, en de nachten like lang duorje as de dei, as de ryp oer de ierde de tekens sjen lit fan har wite suster, – mar dat wite duorret mar efkes – dan wurdt de boer wekker, giet fan ’t bêd, giet ta de doar út, en sjocht, dat de fjilden wyt binne. Gjin fretten foar de skiep, hy giet werom, en rint wat hinne en wer, de ûngelokkige, dy’t net wit, wat er dwaan sil. Dan jout er de skiep wat te fretten. En as er dan wer it fjild oer sjocht, dan is alles yn koarte tiid wer hielendal feroare, hy nimt syn stêf, en triuwt de bisten it fjild yn. Sa fielde ik ek, dat myn master yn koarte tiid der folslein oars útseach: earst stie syn gesicht tsjuster, mar ynienen hie er syn moed weromfûn, doe’t wy by de brutsen brêge kamen. Dêr seach myn master my oan, mei in waarme eachopslach, krekt as de earste kear, doe’t ik him seach, oan de foet fan de berch. Hy stiek syn earms út, – mar net foar’t er goed sjoen hie, hoe’t de púnheapen krekt leine, en net foar’t er in plan betocht hie om deroerhinne te kommen – en pakte my doe goed fêst. Lykas immen, dy’t wurket, en wilens goed útsjocht nei wat der fierder barre moat, altyd ree en doch wat der dien wurde moat, sa, wylst er my in rotsstik op tilde, hie er al in oare rots fûn, dy’t er brûke woe foar de fierdere wei. Doe sei er: “Besykje no earst dy rots dêre fêst te gripen, mar sjoch earst goed, oft er jo gewicht wol drage kin.” It wie gjin wei foar immen mei in swiere mantel. En alhoewol’t er my mei eltse stap holp, en hysels gjin gewicht hie, koene wy amper foarút komme, fan de iene stien springend op de oare. En as de ôfskieding fan dizze, de sânde, kûle net leger west hie as de foarige, dêr’t wy fan ôfgliden wiene, – oer myn master kin ik neat sizze – dan hie it dochs foar my perfoarst net mooglik west fierder de h e l 101 te kommen. Mar om’t de Kûlen fan it Kwea leger en leger lizze, oant hja útkomme by de ûnderste Kûle, wurde de rânemuorren stadichoan heger, fan it Sintrum út. Wy kamen einliks dochs út op in punt, wêr’t de lêste stien lei. Myn longen wiene hast hielendal leechrûn, doe’t ik by de top oankaam. Ik koe gjin stap mear rinne, en sette my daalks del op it plak dêr’t wy wiene. “Kom op, smyt alle wurgens fan jo ôf,” sa sei myn master, want sitte op in kjessen, of lizze op in bêd is net de goede wei om ferneamd te wurden. En wa’t sûnder rom troch it libben giet, is as reek yn de wyn, of skom op it wetter. Oerein! Wurgens ferjitte! Mei in sterke geast wurdt eltse wjerstân fan it swiere lichem oerwûn! Wy sille noch folle steiler treppen as dizze beklimme moatte, wy hawwe noch lang net genôch sûnders sjoen. As jo my begrepen hawwe, lear dan fan myn wurden.” Gau stie ik wer, en ik soarge derfoar, dat it like, dat ik mear azem hie as dat ik hie, en ik sei: “Wy geane, ik bin sterk, ik bin der klear foar.” Wy klommen, en giene gau de brêge oer, dy’t rau wie, en smel, en dreech om oer te kommen, dreger as al de brêgen, dêr’t wy al oerhinne kommen wiene. Om net al te wurch te lykjen, prate ik mar troch, wylst wy klommen en klommen. Doe hearden wy in stim djip wei út de grêft, in stim, dy’t gjin lûden foarmje koe. Ik wit net, wat der sein waard, ek al stiene wy op de top fan de bôge oer de grêft hinne, mar it hearde as, wa’t dêr ek spriek, spriek hy rinnend. Ik bûgde my foaroer, mar gjin libbene eagen koene trochkringe ta de boaiem fan de tsjusternis. Dêrom sei ik: “Master, wêrom geane wy net de brêge del nei de oare kant fan de grêft, want ik hear lûden, dy’t ik net ferstean kin, en ik sjoch de djipte yn, en kin neat ûnderskiede.” “Gjin oar andert,” sa sei er werom, “jou ik jo, as dwaan, wat jo frege hawwe. Want oan in goed fersyk kin net better foldien wurde as troch stiltme en de died.” Fan de hichte fan de brêge ôf kamen wy ûnder oan de ein fan de brêge, dêr’t de brêge útkaam op de hoeke fan de 102 l a di v i na com m e di a achtste wâl, op it plak dêr’t wy de hiele kûle oersjen koene. Dêr seach ik in skriklik gearmjuksel fan slangen, allegearre fan sa’n meunsterlike soarte, as ik dêroan weromtink stiet myn bloed noch bestive. Lit al it sân fan Lybië net poche: wy briede njirren út, chelydri, jakubs en amphihenes, hja hawwe nea sa’n kloft fenyn útbret, sels net as jo alles wat yn Ethiopië libbet der by nimme, en alles wat útbret is yn al it sân om de Reade See hinne. Yn dizze wrede en bittere oerfloedigens rûn in mannichte folk om, neaken, bang, en sûnder hope, dat hja earne in beskûl en in heliotroop fine koene. Harren hannen wiene mei slangen op harren rêch fêstbûn, slangen kamen fan foaren en fan efteren út harren ûnderlichem, en knotten harsels dan fêst ominoar hinne. En doe ynienen in sûnder, dy’t dêr oan ús kant bylâns rûn, in slang, dy’t ynienen omheech kaam, en syn tosken yn syn nekke sette, op it plak dêr’t de nekke oergiet yn it skouder. In “i” of in “o” kin net gauwer fêstlein wurde op it perkamint as dat hy yn ’e brân fleach, en yn in eagenblik wie hy feroare yn in heapke jiske. En doe: de jiske krong fansels wer oer de grûn byinoar, en naam wer de foarm oan, dy’t er hie. Krekt sa, lykas de gelearden sizze, stjert de Feniks, en komt wer ta libben. Hy libbet dan wer fiifhûndert jier, net fan gers of weet, inkeld fan triennen, fan wijreek en eek, en wuollet him yn nardus en mirre as er stjert. Lykas in krêftich man, dy’t falt, – en net wit hokker ferburgen demon of oare geasten om him hinne him delslein hawwe – ynienen wer stiet en om him hinne sjocht, sa die de sûnder ek, doe’t er wer stie. O, wat kin de macht fan de Hear grut wêze, as Er de objekten fan syn toarn sa delslacht! Myn gids frege him te fertellen wa’t er wie, en hy andere: “It is noch net salang ferlyn, dat ik fan Toskane út delfallen bin yn dizze wrede kûle. Ik hie in beestich libben leaver as in minsklik, oerwinneling as ik wie. Ik bin Vanni Fucci, it bist. Pistoia wie myn hoale.” Ik tsjin myn gids: “Fertel him, dat hy net fuortrinne moat. Freegje him, de h e l 103 hokker sûnde him hjirhinne dreaun hat. Want ik kin him as in man fan bloed en triennen.” De sûnder hearde alles, en besocht net om wei te krûpen. Hy seach my rjocht yn de eagen, waard hielendal bleek fan skamte. En sei: “Dat jo my hjirre oer it mad kommen binne, hjirre, yn dizze smertlike kûle, dat makket my tryster as op de dei, doe’t ik myn libben ferlern ha. No moat ik wol anderje op wat jo frege hawwe. Ik bin hjirre sa djip hinne treaun, om’t ik stellen ha. Ik ha de gouden tsjelken út de sakristij meinommen, en, hielendal ferkeard, dat is oan in oarenien taskreaun. Mar om my hoege jo net bliid te wêzen, as jo dizze akelige gatten út komme, om’t jo my sjoen hawwe. Iepenje dan jo earen, en harkje goed: Pistoia sil earst alle Swarten derút slaan, en Florence sil dêr dan it bestjoer en de wetten feroarje. Mars sil dan de tsjustere dampen út it dal fan de Magra weiblaze. In swiere stoarm sil raze oer Campo Piceno, en dy sil eltse wjerstân brekke, sa, dat eltse Wite dêrtroch rekke wurdt. En ik ha dit sein om jo ek tryst te meitsjen. by canto x xiv • In heliotroop is in stien, dy’t jin ûnsichtber makket. • De slangen yn dizze kûle binne gjin ‘biologyske’, mar mytologyske slangen. Dante hat harren nammen fûn yn de heal mytologyske skiedskriuwing oer de klassike âldheid. Chelydri stjitte reek út, jakubs fleane, en bite yn alles wat se tsjinkomme, amphihenes hawwe twa koppen, oan beide einen ien. • Vanni Fucci hie gouden tsjelken en sa út de sakristij fan de Jakobtsjerke meinommen, mar in oar waard dêrfoar feroardiele, en ophongen. • Dante brûkt hjir syn pylgertocht, dy’t yn 1300 west hawwe soe, om jierren letter ‘foarút te sizzen’ wat der yn 1301 barre soe: ‘Mars’ is de namme foar de lieder fan de Swarten, de dampen dy’t troch de stoarm ferdwine, binne de troepen fan de Witen. 104 l a di v i na com m e di a [ c a n t o x x v ] D oe’t er dat sein hie, stiek de dief syn fûsten omheech, makke in obseen gebearte, en rôp: “Hjirre, God, ik ha it no tsjin Jo.” Fan dit momint ôf wiene alle slangen myn freonen wurden, want ien fan harren sloech him daalks om syn nekke, as woe er sizze: “Dat is alles, watst noch sizze kinst.” En in oare slange sloech himsels om syn earms hinne, en draaide dy muorrefêst op syn rêch, sa, dat er gjin spier mear ferwege koe. Pistoia, o Pistoia, wêrom net it beslút nommen jimme ta jiske te ferbaarnen, want jimme hawwe mear kwea dien as jimme stifters. Dwers troch de sirkels fan dit tsjuster ynferno hinne seach ik gjin skaad sa rau yn ’e mûle tsjinoer God, sels net hy, dy’t by Thebes hege muorren fallen is. Sûnder ien wurd flechte er fier wei, en ik seach in hurd dravende sentaur, dy’t rôp: “Wêr is er, wêr is dat wylde bist?” Ik tink, dat hiel Maremma net safolle slangen hat as hy op syn rêch hie, op syn hynsterêch, oant it plak dêr’t syn minsklike foarmen begjinne. Op syn skouders, krekt efter syn nekke, siet in draak mei wiid útsprate flerken, dy’t fjoer spuide nei eltsenien, dy’t him yn ’e wei stie. Myn master sei tsjin my: “Dy dêr is Cacus, dy’t mear as ienris yn de poelen ûnder by de Aventynske bergen in hiele mar folspuid hat mei bloed. Hy giet net deselde wegen as syn bruorren, want ienris hat er op syn wei in hiel ferneamde keppel skiep stellen fan syn buorman. En doe waard oan syn minne dieden in ein makke troch de kneppel fan Hercules, dy’t him wol hûndert klappen jûn hat, en hy joech mar tsien werom.” En wylst wy noch oan it praten wiene, galoppearre Cacus wer troch. En op deselde tiid ferskynden der trije skaden, dy’t myn master en ik net sjoen hiene, as hja net skreaud hiene: “Wa binne jimme beiden?” Doe holden wy gau op mei ús koart petear, en joegen al ús oandacht oan dy trije. Ik de h e l 105 wist hielendal net, hoe’t hja hjitten, mar doe barde it, dat de ien de oar oansprekke moast, en frege: “Wêr is Cianfa hinne gien?” Doe, om myn master stil wêze te litten, hold ik myn finger tsjin myn lippen. En no, achte lêzer, as jo twifelje soene oan wat ik no fertel, dan is dat gjin wûnder, want ik, de tsjûge, kin it sels ek amper leauwe. Doe’t wy nei harren seagen, kaam der ynien en in slang omheech, in slang mei seis poaten, dy’t er alle seis om ien fan dizze ferdomden hinne sloech. Mei syn middelste poat stompte er him yn de mage, mei syn foarste poaten pakte er syn earms, en biet him earst de iene, en doe de oare ôf. De slange sloech doe syn efterpoaten om de stuten hinne, en stiek doe syn sturt tusken de skonken troch stiif tsjin de rêch fan de ferdomde oan. Gjin klimmerblêd hat him ea sa fêst om in beam hinne wûn as dit skriklik bist him weefd hie om syn siden en yn syn lichem, mei syn sturt en mei al syn poaten. En doe begûnen beide te ranen as hjitte waaks en, yninoar opgeande, waarden ek harren kleuren mjukse, sadat it net mear te sjen wie, wa’t wa tefoaren west hie. Krekt as in brune tint foar de flam út it baarnend blêd kleuret, dat tefoaren wyt wie, en it makket as wie al it wite stoarn. De oare twa, dy’t dernei seagen, begûnen te skreauwen: “O, Agnil, as jo sjen koene, hoe’t jo feroare binne. Jo binne josels net mear, en jo binne ek net ien fan beiden.” De twa hollen wiene ek al hielendal fusearre, en de eigenheden fan elts gesicht wiene gearbrocht yn ien gesicht. Twa earms fan beide wiene streken fan fleis wurden, de stuten en de skonken, de mage en it boarst wiene lichemsdielen wurden, dy’t gjin minske ea sjoen hat. Eltse oerienkomst mei wat wie, wie hielendal weinommen, en dit foarbyld fan in nije formaasje like nearne nei. En doe, krekt as in hagedis, dy’t fan de iene hoeke nei de oare springt, en ûnder de lêst fan de hjitte fan de hûnsdagen ynienen de strjitte opspringt, en as in wjerljochtskynsel giet, sa, rinnend nei de twa oerbleaune dieven, en besykjend harren yn de ûnderbúk oan te 106 l a di v i na com m e di a gripen, sprong der ynienen in lyts serpint omheech, swart as in piperkerl. It sette syn tosken yn de nâle fan de iene, en foel doe wer op ’e grûn, dêr’t it útstrutsen lizzen bleau, oer syn hiele lingte stiif. De ferwûne dief stie sprakeleas nei it bist te sjen, en, wylst er ferstive stean bleau, begûn de oare te gjalpen. It like, as woe er fêst sliepe, of hie er swiere koarts. De slang en de dief seagen inoar oan, de ien fan syn wûne, de oar fan syn mûle út. En swiere reek kaam út beiden, en kringele om harren hinne. Lit Lucanus no mar stil wêze, as er praat oer dy earme Nasidius en Sabellus en lit er wachtsje, oant myn ferhaal fierder giet. En sa ek Ovidius mei syn Cadmus en Arethusa, alhoewol’t er de iene yn in slang, en de oare yn in fontein feroarje lit, ik fergun it him net, want nea hat er twa wêzens foarinoar oer steld dat se harren eigen wêzen hielendal tsjin dat fan de oar útwiksele hawwe. Sa, dat de slang syn sturt splitste ta in foarke, en dat de wûne sûnder syn fuotten ta ien foet gearbrocht, de skonken ek mei de heupen ta ien hechte ienheid makke, sa, dat wat gearbrocht wie neat mear sjen liet fan dat it twa west hat. Sa ek, dat de splitste sturt syn oandiel pakte fan wat de oar krekt ferlern hie, en dat syn hûd sêft waard, de oare hurd. Ik seach, dat de earms koarter waarden, oant yn de earmholten ta, en de poaten fan it bist, dy’t earst koart wiene, waarden no safolle langer as de earms koarter wurden wiene. De beide skonken fan it bist waarden ta ien yninoar draaid, ta it lid, dat de man ferburgen hâldt. En de oare, de ellindige, krige no yn plak fan syn lid twa skonken. De reek, dy’t fan de ien útgie, sirkele om de oare hinne, feroare syn kleur, naam syn hierren mei, en dêr’t gjin hierren wiene, brocht hy se oan. De iene kaam heech, de oare sakke yninoar, mar sûnder de eagen faninoar ôf te hâlden, en stadichoan fan gesicht te feroarjen. De man, dy’t rjochtoerein stie, loek syn mûle iepen oant syn sliepen ta, en út de wangen, dêr’t er no gjin ferlet mear fan hie, groeiden grutte earen. En út it oare fleis, dat no net mear de h e l 107 nedich wie, waard in grutte noas foarme foarop it gesicht, en de lippen stieken op in hast normale wize út. En de man, dy’t op ’e grûn lei, makke syn gesicht lang, en liet syn earen útstekke boppe syn holle, lykas in slak soks docht. De tonge, dy’t út ien stik wie, en yn steat wie wurden te meitsjen, wie ek yn in foarke feroare, wylst de foarke fan de oar wer in ienheid waard. En de reek waard fuortdreaun. De siel, dy’t yn in bist feroare wie, flechte sissend de fallei yn, de oar spuide him lûd roppende nei. Doe draaide er syn nijfoarme rêch nei him ta, en sei tsjin de skaden, dy’t noch by him stiene: “Lit Buoso mar op fjouwer poaten troch it dal rinne, lykas ik soks ek altyd dien ha.” Sa seach ik it folk fan de sânde grêft himsels feroarjen en wer feroarjen, en lit de nuverens fan alles, wat ik sjoen ha, my ûntskuldigje, as ik eat missein ha. En alhoewol’t myn eagen troch alles, wat ik seach, wat fertsjustere wiene, en myn geast wat út stel, bin ik der dochs wis fan, dat ien fan harren Puccio Sciancato wie, en hy wie de iennige fan de trije, dy’t net feroare wie, en de oare wie dyjinge, dêr’t Gaville om rout. by canto x xv • Obsene gebearten: ‘le fiche’ seit it Italjaansk: de fûst útstekke, mei de tomme tusken wiis- en middelfinger. Yn Pistoia steane noch twa stânbylden sa, mei de tomme rjochte op Florence. “It means: ‘Fuck you’” sizze de Ingelske kommentatoaren. • Maremma wie in sompe yn Toskane, ferneamd om syn slangen. • Agnil (de koarte foarm fan Agnello) wie in Florentyn, krekt as de oaren. Oer him is fierder neat te finen. • Lucanus fertelt oer twa soldaten, biten troch slangen en yn jiske feroare. • Ovidius fertelt yn syn Metamorfosen hoe’t Cadmus in slang waard, en Arethusa in fontein. • Gaville is in krite oan de Arno. Francesco Cavalcanti is dêr troch de ynwenners deade, syn famylje hat doe de befolking desimearre. 108 l a di v i na com m e di a [ canto xxvi ] W ês bliid, Florence, want jo binne sa grut, dat jo wjukken spraat binne oer lân en see, en dat jo namme trochkrongen is yn it ryk fan de hel. Ik wie beskamme, dat dêr ûnder de dieven fiif fan jo meast emi ninte boargers wiene, dy’t jo net al te folle eare brocht hawwe. Mar as de dreamen yn de iere moarn wierheid binne, dan sille jo ynkoarten ûnderfine, wat Prato en de oare lytse stêden foar jo ûnderfûn hawwe. En as dit hjoed al barre soe, dan soe it wat te betiid wêze, al woe ik dat it al west hie, want komme moat it. Wat langer oft it wachtet, wat slimmer oft ik it fyn. Wy rûnen allinne ús iensume wei, tusken rotsen en oer treppen, dêr’t de foet net foarút komme kin sûnder de hân. Doe dearde it my oan, en it deart my noch oan, as ik deroan weromtink, wat ik seach, en mear as ea hâld ik myn wurden yn ’e stringen, dat hja net rinne dêr’t de deugd harren net stjoert, dat as de stjerren, of faaks noch wat better is, my goed liede, dat ik der dan gjin misbrûk fan meitsje, en doch it ferkeard. Ik seach safolle lytse fjoerflinterkes, dy yn de simmer, as de sinne krekt ûndergien is, foar’t de muskiten harren wer fuortstjoere, safolle fjoer flinterkes as de boere-arbeider dan sjocht fan de berchhelling ôf, yn it dal, dêr’t er faaks oerdeis noch druven plôke hat, of yn ’e grûn omhakt hat, safolle flamkes seach ik yn de achtste budel, doe’t ik einliks stie op it plak dêr’t de djipten te sjen wiene. En lykas de profeet – letter soe er him troch de bearen wreekje litte – dy’t Elia yn syn flamjende wein nei de himel opgean seach, troch de stegerjende hynders hinne besocht om him goed te sjen, mar him net mear sjen koe, om’t in lytse wolk him weinommen hie foar syn eagen, sa rûn eltse flamme troch de kiel fan de ôfgrûn. Jo koene net sjen, wa’t deryn stiek, mar de h e l 109 dochs toanden se stik foar stik ien sûnder. Ik stie boppe op de brêge, en line wat foaroer, en hie ik my net fêstholden oan de rots, dan hie ik maklik foaroer falle kinnen. En myn gids, dy’t sjoen hie, dat ik sa opgie yn wat ik seach, sei: “Dat binne sielen, opnommen yn dy lytse flamkes, ien foar ien yn syn baarnende straffe.” “O master,” andere ik, “troch wat jo sizze, wit ik no, dat ik it goed hie, it mei sa wêze, en ik wie der krekt oan ta it jo te freegjen: wa is dêr yn de flamme, dy’t him yn twaën splitst hat, in flamme, lykas dy, dy’t ienris omheech kaam fan de brânsteapel, dêr’t Eteocles en syn broer op dellein wiene?” Hy sei: “Dêrbinnen lije Odysseus en Diomedes, nidich op inoar. De wrake lit harren no tegearre fierder rinne, en hja kleie, beide yn deselde flamme. Dêr wurdt suchte oer de mûklaach foar it hynder, dy’t it foar it eale Romeinske sied mooglik makke hat nei bûten te kommen. En binnenyn betreurje hja de mûklist, dy’t de wrake oproppen hat fan Deidamia, dy’t noch altyd gûlt om Achilles. En dêr betelje se ek foar it Palladium.” “As it mooglik is foar harren te sprekken fan dizze flammen út,” sa sei ik, “master, dan frege ik jo, en no freegje ik it jo wer, en lit myn frage foar jo tûzen fragen wêze, dat jo my net ferbiede te bliuwen, oant dy twahoarnige flamme tichterby ús komt. Jo sjogge, hoe’t ik mei langstme my nei harren bûgd ha.” “Jo frage is in goeie frage,” sa sei er my, “en dêrom sil ik dernei hearre. Mar tink derom, dat jo jo tonge tsjinhâlde, as er sprekke wol. Lit my mei harren prate, want ik wit goed, wat jo harren freegje wolle. Faaks, om’t hja Griken binne, soene hja gjin oandacht oan jo wurden skinke.” Dêrom, doe’t de flamme tichterby ús wie, achte myn master tiid en plak gaadlik. Hy spruts harren oan, en ik hearde ta. “O jimme, dy’t twa sielen binne yn ien flamme, as ik wat foar jimme betsjutten ha doe’t ik libbe, as ik wat foar jimme betsjutten ha yn folle of lytse wurdearring, om’t ik yn ’e wrâld myn leaflike fersen skreaun ha, gean net 110 l a di v i na com m e di a fierder no, en lit ien fan jimme fertelle, wêr’t er ferlern gien is troch syn eigen skuld, en stoarn.” De grutste fan de twa hoarnen fan de âlde flam begûn te swaaien, monkeljend te flakkerjen, krekt as in flamme, oanpakt troch de wyn. Doe, wylst syn toppe hinne en wer gie, wie it as wie it de tonge sels, dy’t spriek, naam de flamme in stim oan, en sei: “Doe’t ik fan Circe ôf sylde, Circe, dy’t my mear as in jier fan mysels ôfholden hie, dêr, tichteby Gaeta (foar’t Aeneas it dy namme jûn hat) doe koene net de swietens fan in soan, ek net de earbied foar in âlde heit, en likemin de leafde foar Penelope, dy’t ik lokkich meitsje woe, my tsjinhâlde, en gean net de wrâld yn, de wrâld, dy’t ik kennen leare woe, mei al de minsklike ûndeugden en de minsklike weardigens. Dêrom sylde ik de djippe iepen see op, mei ien skip, en mei dy frjemde keppel seelju, dy’t altyd by my bleaun is. Ik bin nei Spanje syld, nei Marokko, beide iggen efter Sardynje ha ik efter my litten, en ek de eilannen, dy’t midden yn de see lizze. Ik en myn maten wiene âld en wurch, doe’t wy einliks kamen yn de inge strjitte, dêr’t Hercules syn pylken ôfsketten hat. Hy woe de minsken warskôgje om net fierder. Oan myn rjochterhân seach ik Sevilla, en sylde it foarby. Oan myn lofterhân hie ik Ceuta efter my litten. ‘Bruorren,’ sa sei ik ‘troch hûnderttûzen gefaren hinne hawwe wy de wei fûn nei it westen. No’t wy koarte tiid neitinke kinne, wolle jim dochs net sa eangstich wêze dat jim net fierder gean wolle, en net efter de sinne sjen wolle, yn de wrâld, dêr’t gjin minsken wenje. Tink der goed oan wa’t jimme binne: Griken! Jimme binne net berne en libje as stomme bisten, mar om de wegen fan deugd en kennisse nei te rinnen.’ Mei dizze koarte tasprake makke ik myn minsken sa entûsjast foar de fierdere reis, dat ik se net mear tsjinhâlde koe en nim de wei nei dêr’t de sinne ûndergiet. De riemen waarden wjukken, en mei grutte feart lofts oanhâldende fearen wy fierder. Yn de nacht seach ik al de stjerren fan de h e l 111 de oare poal, dy fan ús stie sa leech, dat er net boppe de oseaan útkaam. Fiif kearen seagen wy de folle moanne, fiif kearen ek de tsjustere ûnderkant, sûnt wy troch de inge strjitte fearn wiene, doe’t dêre ynienen in tige hege berch ferskynde, tsjuster, yn ’e fierte, en einleaze heech. Ik ha nea in hegere berch sjoen as dizze. En ús blydskip waard omset yn drôvens, want yn dat nije lân waard in hurde wyn berne, dy’t de foarkant fan ús skip skodzje liet. Trije kearen liet er ús omdraaie yn it woelige wetter, de fjirde kears treau er it efterskip omheech, it foarskip nei ûnderen, lykas In Oare it wollen hie. En doe hat de see him boppe ús sletten. by canto x xvi • Yn it begjin fan dit Canto lit Dante wer witte, dat er wit, wat der koart nei 1300 bard is: Florence is troch de Swarten yn ’e brân stutsen, Prato is ferovere. • De himelfeart fan Elia stiet beskreaun yn 2 Keningen 2,11: “En doe, wylst hja (Elia en Elisa) fierder giene, dêr wie in wein fan fjoer, dy makke skieding tusken harren beiden. Sa foer Elia yn in stoarm op nei de himel.” • Elisa en de bearen: sjoch 2 Keningen 2,23: “Doe kamen der lytse jonges út de stêd, dy’t him de gek oanstieken en him neirôpen: ‘Stiich mar op, kealkop’. Twa bearen kamen út it bosk, en ferskuorden twaënfjirtich fan de bern.” • Palladium: it Pallasbyld, yn Troaje fûl fereare, troch Odysseus meinommen. 112 l a di v i na com m e di a [ canto xxvii ] D e flamme stie no rjocht, en stil. Hy sei neat mear, en hie him al, nei’t er bûgd hie foar de eale dichter, fan ús ôfdraaid, doe’t in oare, dy’t rjocht efter ús opkaam, ús oandacht frege foar syn top, dêr’t inkelde betiisde klanken út opstiigden. Lykas út de Sisyljaanske bolle, dy’t as earste tsjinne hie om de man dy’t him makke hie, siede te litten mei folle gjalpen fan pine – en hoe goed hat er doe tsjinne dy’t mei syn keunst it bist makke hie – âle no út de flamme de stim fan de sûnder binnenyn. En, alhoewol’t it bist fan koper wie, like it doe sels oantaast troch de pine. Sa, wylst hja besochten los te kommen fan de flamme, waarden de klanken wurden út it fjoer wei. En, nei’t se de reis nei boppen makke hiene om oan de toppe fan de flam te kommen, waarden de klanken de eigen wurden fan de sûnder dêrûnder. En wy hearden: “O, jo, ta wa’t ik myn stim rjochtsje, jo, dy’t niiskrektsa yn it Lombardysk sein hawwe: ‘Jo kinne trochrinne, ik sil neat mear fan jo freegje’, alhoewol’t ik tige sleau wie yn it nei jo ta kommen, wês sa goed, freegje ik jo, en stean efkes stil, en praat mei my. Jo sjogge, hoe graach oft ik it wol, al stean ik yn ’e brân. As jimme noch mar krekt yn dizze bline wrâld delfallen binne út it swiete Italjaanske lân, dêr’t ik de lêst fan myn skuld op my nommen ha, fertel my dochs: Libje de Romagnols yn oarloch of yn frede? Want ik kom fan de heuvels tusken Urbino en de bergen, dêr’t de Tiber ûntspringt.” Ik stie noch bûgd nei foaren, om goed te harkjen, doe’t myn master my oanstjitte, en sei: “Jo kinne rêstich mei him prate, hy is in Italjaan.” En ik, dy’t him graach anderje woe, begûn sûnder drôgjen mei myn andert: “O, siel, dy’t dêr, ferburgen foar my, opsletten is, jo Romagna is no net en nea sûnder oarloch yn de herten fan de h e l 113 syn tirannen, alhoewol’t der gjin iepen oarloch wie, doe’t ik hjir oankaam. De situaasje yn Ravenna is net feroare, sûnt it Polenta-earnebried dêr útkommen is. Ek hat de earn no Cervia ûnder syn wjukken. It lân, dat salang slein en pinige is, en dat de Frânsen dêre ta in bluodderige heap liken makke hat, is wer werom ûnder de griene earneklauwen. De âlde hiemhûn fan Verruchio en de nije, dy’t allebeide net goed op Montagna past hawwe, sette noch altyd harren tosken yn it fleis fan de minsken dêre. De stêden dêre, by de Lamone en de Santerno wurde laat troch de liuwewelp fan it Wite Nêst, dy’t tusken simmer en winter fan partij feroaret. Lykas foar de stêd, dêr’t de Savio baait, lykas it leit tusken de bergen en de flakte, sa leit it ek tusken tiranny en frijheid. En no freegje ik jo: fertel ús no, wa’t jo binne, jou my andert, lykas ik jo andert jûn ha, dan kin jo rom bliuwe op ierde.” En doe’t it fjoer, op syn eigenaardige wize, in skoft opflamme wie, dwêste it in bytsje, flamme wer op, en doe kaam der in golf fan wurden út. “As ik leauwe soe, dat myn andert jûn waard oan immen, dy’t wer yn de wrâld hjirboppe werom komt, dan soe dizze flam wol hielendal stil stean bliuwe. Mar om’t nimmen, lykas ik heard ha, ea libben wer dizze kûle útkomt, bin ik net bang foar skandaaltsjes dêrboppe, en kin ik rêstich op jo fersyk yngean. Ik wie in man fan it swurd, en doe in fromme muonts, en ik tocht, dat pij en gurdle my ferbetterje soene, en dat soe ek bard wêze, as net de Hegepryster – ferdomd wêze syn siele – my werom helle hie nei myn ierdske sûnden. Hoe’t en wêrom’t er soks die: ik soe graach wolle, dat jo dat fan my noch hearre wolle. Doe’t ik noch de foarm fan fleis en bonken hie, dy’t myn mem my jûn hat, doe wiene myn dieden net dy fan in liuw, mar mear dy fan in foks. De fêste en de wylde paden: ik koe se allegearre, en ik brûkte se sa goed, dat myn rop trochkrongen wie ta de einen fan de ierde. Doe’t ik seach, dat myn tiid kommen wie, 11 4 l a di v i na com m e di a lykas dy komt foar eltsenien op de wrâld, om de seilen wat yn te nimmen, en de touwen wat oan te lûken, doe stiene de dingen, dy’t my eartiids safolle wille brocht hiene, my tsjin. Ik bychte, en die myn geloften. O, hoe ha ik tinke kinnen, dat it wurkje soe! Want de prins fan de nije Fariseeërs woe ynienen fan syn paleis fan Lateranen út oarloch meitsje, en dat net mei de Sarasenen of de Joaden. Syn fijannen wiene Kristenen, en nimmen fan harren hie meidien Akra yn te nimmen, of hie wat hannel hân yn it lân fan de sultan. Syn trochlofte sit, en syn hillige geloften, koene him net tsjinhâlde, likemin as my it koard tsjinhâlde koe, dat ik by myn geloften om de mul bûn hie. Lykas Konstantyn ienris, fan de Monte Soracte út, paus Sylvester frege hat om him fan syn lepra te genêzen, sa hat hy my útkeazen as syn dokter, om him better te meitsjen, frij fan syn koarts, dy’t er skipe hie troch syn grutskens. Hy woe my as syn riedsman hawwe, en ik ha neat sein, want ik tocht, dat er dronken wie. Doe sei er my: ‘Wês net bang. Ik sis jo, de sûnde, dy’t jo dwaan soene, is jo ferjûn, jo kinne my no rêstich fertelle, hoe’t ik Palestrina mei de grûn gelyk meitsje moat. Ik ha de macht, en dat kinne jo my net ûntstride, de himel iepen en ticht te meitsjen. Twa kaaien ha ik, de twa, dy’t myn foargonger net brûke woe.’ En doe’t syn swiere arguminten my oertsjûge hiene, en doe’t swijen my net mear it goeie andert like, doe sei ik: ‘Hillige Heit, om’t jo alle sûnden fan my ôfwiske hawwe, dêrom tink ik, dat ik jo de oerwinning bringe sil op jo trochlofte sit.’ Sint Franciscus kaam nei de himeldoar, en soe my meinimme nei myn dea, mar ien fan de swarte kearubinen rôp him ta: ‘Nim him net mei. Pik net yn, wat fan my is. Hy moat nei ûnderen komme, by myn oare tsjinners, om’t er in falske rie jûn hat. Fan doe ôf oant no ta ha ik nei him útsjoen, want men kin jins sûnden net ferjûn krije sûnder berou. En men kin net tagelyk in ding wolle, en dêr berou oer de h e l 115 hawwe: it iene wurdt útsletten troch it oare.’ Earme man, dy’t ik wie! Hoe’t ik ek fochten ha doe’t er my meinimme woe, hy sei: ‘Faaks hawwe jo nea tocht, dat ik sa logysk tinke soe, mar ik kin it en do giest mei!’ Hy tôge my mei nei Minos, dy’t acht kear mei syn sturt om syn hurde bealch hinne draaide, doe yn syn grammitigens deryn biet, en oankundige: ‘Hy giet nei harren, dy’t yn it ivich fjoer baarne.’ En dêrom sjogge jo my no hjirre, ferlern, mei de flammen as klean om my hinne wurd ik pinige.” En doe’t er syn ferhaal ferteld hie, gie de flamme mei in skriklike gjalp fan pine by ús wei, draaiend en wringend mei syn puntige hoarnen. Myn gids en ik rûnen fierder, oer de rotswei hinne, oant wy kamen by de folgjende bôge oer de grêft hinne, dêr’t de sielen lizze fan dyjingen, dy’t om skuormakkerij pinige wurde. by canto x xvii • Phalaris, tiran op Sisylje, hie Perillus opdracht jûn in brûnzen bolle te meitsjen, dêr’t feroardielen yn treaun wurde koene. Under de bolle waard dan fjoer makke, en de feroardielen skreauden it út. De earste, dy’t Phalaris dêryn deadzje liet, wie Perillus. • De hiemhûnen wiene de beide Verruchi, hearen fan Rimini, dy’t yn it kastiel Malatenta de wacht hâlde moasten oer Montagna. De Hegepryster, de ‘prins fan de Fariseeërs’ wie paus Bonifatius viii, dy’t fan syn paleis fan Lateranen út fjochtsje liet tsjin de Romeinske famylje fan de Colonna’s. Palestrina wie harren krite. Foargonger fan Bonifatius viii wie Celestinus v, dy’t it pausamt wer dellein hat. • De ‘man fan it swurd en de pij’ wie Guido de Montefeltro, de lieder fan de Ghibellinen. Yn 1296 waard er Fransciskaan. As riedsman fan Bonifatius viii hat er dy stipe, doe’t er oarloch makke tsjin de Colonna’s. 116 l a di v i na com m e di a [ c a n t o x x v i i i ] W y kinne, hoe’t wy it ek besykje soene, sels yn de meast simpele foarm fan proaza, net beskriuwe it toaniel fan bloed en wûnen, dat wy no seagen. Ik kin it net beskriuwe, hoe faak oft ik it ek besocht ha. Myn tonge soe perfoarst fale, it ûnthâld en de wurdskat fan in minske binne net by steat al dy pine te befetsjen. As immen byinoar bringe koe alle wûnen, dy’t ienris op it needlottige fjild fan Apúlje tabrocht waarden, en alle bloed, ferjitten troch de Romeinen yn lange oarloggen, dy’t ôfrûn binne troch it massaal ferspyljen fan gouden ringen (as Livius’ skiedskriuwing ús net ferrifelet) en hy ferbynt se mei harren, dy’t de klappen fielden doe’t se opstien wiene tsjin de grutte Robert Guiscard, en mei alle oaren, waans bonken noch op in heap op it slachfjild efterbleaun binne by Ceperano (dêr’t eltse Apúljer in ferrieder wurden is, Guiscard hat se delslein by dy fan Tagliacozzo, dêr’t de âlde Alardo alles sûnder wapens ferovere hat), as al dy lju mei ôfhakte lidden en trochstutsen herten byinoar brocht wêze soene, dan soe it skouspul noch net te ferlykjen wêze mei it bluodderich gesicht fan de njoggende budel. Gjin fet wurdt, troch de hoepen of de boaiem kwyt te reitsjen, sa lek as ik dêr in sûnder sjoen ha, iepenspjalte fan it kin oant de ljisken en tusken syn skonken út kamen syn terms nei bûten, mei syn hert, en syn oare fitale dielen, en de smoarge sek, dêr’t wat de mûle yngiet yn drek feroare wurdt. En wylst ik dêr stil nei alle ellinde omseach, seach hy my oan, skuorde syn boarst iepen mei syn beide hannen, en sei: “Sjoch, hoe’t Mohammed misfoarme is, en útinoar skuord. Foar my út, en gûlend, rint Ali, mei syn gesicht spjalte fan syn kin oant syn krún. De sielen, dy’t jo foarby komme yn dizze kûle hjirre hawwe allegearre skandalen de h e l 117 en skuorringen ûntstean litten yn harren libben, en yn de dea sjogge jo harren útinoar skuord. In duvel stiet efter harren, en hakket altyd wer op harren yn. Eltsenien fan dizze kliber fielt altyd wer de skerpens fan syn swurd, eltse kear as wy ús rûntsje makke hawwe oer dizze dyk, want de wûnen binne eltse kear wer tichtgien. En eltse kear as wy ús wer oan dizze duvel sjen litte moatte, snijt er se wer opnij iepen. Mar wa binne jimme dêre, wat omtoarkjend op ’e brêge, en faaks besykjend jimme fûnis, útsprutsen oer wat jimme sels bekend hawwe, te ûntgean?” “De dea hat him noch net, hy is hjir net as strafte foar syn skuld,” andere myn master, “mar om’t er alles witte mei, wat der mar te witten is, moat ik, dy’t al dea bin, him liede troch de hel, fan sirkel nei sirkel, hielendal nei ûnderen, en dat is sa wier as myn wurden hjirre wier binne.” Mear as hûndert yn dizze djippe kûle stiene ynienen stil, doe’t hja dizze wurden hearden, en seagen my oan, ferjittend wat hja lije moasten, en ien rôp: “Jo dêre, dy’t faaks ynkoarten wer yn ’e sinne rinne sille, fertel oan Fra Dolcino, dat er, as er net ynkoarten my hjirhinne folgje wol, better iten en drinken bewarje kin, dat de lêst fan de snie dy fan Novara de oerwinning net bringe soe – want oars krije se dy net sa maklik.” Mei de foet al omheech, klear om fierder te rinnen, sei er dy wurden, en doe wie er fuort. In oarenien, mei syn kiel yn repen, en syn noas ôfsnien oant wêr’t syn wynbrauwen begjinne, en hy hie mar ien ear, stie stil, rûn doe ferwûndere foar de oaren út, en die de mûle iepen, dêr’t fan alle kanten bloed út streamde fanwege syn wûnen, en sei: “O jo, dy’t net fanwege jo skuld feroardiele binne, jo, dy’t ik sjoen ha yn it Itaalje fan hjirboppe, as ik net bedragen bin troch in sabeare likenis, tink dan nochris werom oan Pier de Medici, as jo ea weromkomme soene yn de hearlike flakte, dy’t rint fan Vercelli nei Marcabo, sis dan tsjin de twa bêste boargers fan Fano, sis tsjin master Guido en tsjin Angiolello, dat hja, as wat wy hjir 118 l a di v i na com m e di a foarút sjoen hawwe, wierheid wurdt, dat hja dan, fêstbûn yn in sek, fan in skip ôf ferdronken wurde sille yn de see om Cattolica hinne, as slachtoffer fan in ferriederlik tiran. Tusken Syprus en Mallorca hat Neptunus nea sa’n grutte misdie sjoen, by alle misdieden fan de piraten, of fan dy fan Argos. De ferrieder, dy’t mar mei ien each sjocht, en dêr’t somliken ek hjirre fan winskje, dat hja nea syn oandacht nei dat lân rjochte hawwe soene, dat lân wol him komme litte, en ûnderhannelje, en hy sil tasizze, dat hja nea wer gelofte en bea ynskeakelje hoege, om befrijd te bliuwen fan de hurde wyn út Focara.” Doe sei ik him: “As jo wolle, dat ik somliken jo boadskip bring, sis my dan ek, wa is dy dêre, opskipe mei sa’n bitter gesicht? Lit my him ris fan tichterby sjen.” Daalks sette er syn kloeren yn ien fan syn maten, pakte him fêst, en mei in heal iepen mûle kundige er oan: “Hjir is er, en hy is stom. De man hat by Caesar al it wifeljen weinommen: ‘in man, dy’t wifelet is ferlern,’ hat er him sein.” Och, hoe helpeleas en ferrifele seach er der no út, dizze Curio, ienris sa dapper en sa beret yn it praten, en no de tonge op ’e rêch, as wie dy troch syn strôt nei bûten treaun. En immen, dy’t wol syn beide earms, mar gjin hannen hie, kaam út de goare smoargens omheech, dat it bloed fan syn holle ôf dripte. Hy skreaude: “Jo witte wiswier noch wol, wa’t Mosca wie, de man, dy’t spitigernôch sein hat: ‘Wat dien is, is dien’ en doe it sied fan de twadracht siedde hat yn Toskane.” “En de dea foar hiel jo staach,” heakke ik der gau oan ta. Hy krige der in nije wûne by, hy draaide him om en rûn fierder, as ien, dy’t fergiet fan de pine. Mar ik bleau dêre, en wachte. En doe seach ik eat, dat ik bang bin en fertel it fierder, sûnder de wissichheid, dy’t myn eigen gewisse my jout, dat goed selskip immen omheech stjit, boppe de eigen bangens út. Ik seach, en ik bin der wis fan dat ik it sjoen ha, en bytiden sjoch ik it wer, in lichem sûnder holle, dat gewoan trochrûn, krekt as de oaren. Hy hie de holle yn de de h e l 119 hân, fêstgrypt oan de hierren, en swaaide dermei, krekt as wie it in lantearne. En doe’t de holle nei ús seach, sei er: “Spitich, spitich.” Fan himsels út makke er ljocht, en hja wiene twa yn ien, en ien yn twa. Hoe koe dit sa? Hy, Dy’t alles bestjoert, wit it. En doe’t er ûnder ús brêge oankommen wie, tilde er syn earm mei syn holle deryn heech op, en liet dy fan tichterby tsjin ús sprekke. En de holle sei: “Sjoch no ris nei de meunsterlike straffe, jimme dêre, sykheljend omsjende nei de deaden. Sjoch ris oft der in straffe is, like grut as mines. En dit meie jimme boppe oer my fierder bringe: Ik bin Bertram del Bornio, dejinge, dy’t mei opsetsin de jonge kening oanset hat troch te setten. Heit en soan ha ik tsjininoar opset. Achitofel mei syn minne rie die net oars mei Absalom en David. En om’t ik de bân, dy’t tusken ús wie sa trochsnien ha, tôgje ik myn holle mei, ôfsnien fan de libbensboarne, en jo sjogge hjirre, hoe’t alles folslein ferjilde wurdt. by canto x xviii • Mohammed wurdt troch Dante sjoen as de grutte skuormakker, dy’t derfoar soarge hie, dat de hiele wrâld net mear ien kristlik blok wie. Neffens de – folslein ferkearde – tradysje yn Dantes tiid wie Mohammed in kardinaal, dy’t, doe’t er gjin paus wurde koe, syn eigen godstsjinst stifte hat. Ali, troud mei Mohammeds dochter Fatima, is de man dêr’t de Sûnniten harren op rjochtsje. • Dolcino wie in ketter, dy’t preke, dat kristenen alles mienskiplik hawwe moasten, it guod en ek de froulju. Troch de snie en de honger moast er him oerjaan. Dante seit hjir wer eat, dat yn 1300 noch barre moast, mar dat hy al wist, doe’t er de Komeedzje skreau. • Curio wie de ‘riedsman’ fan Julius Caesar, dy’t him oanset hat de Rubicon oer te stekken. • Nammen en plakken steane yn de nammelist. David en Absalom mei Achitofel as foarbyld foar Bertram del Bornio: sjoch ii Samuel hdstk15-17. 120 l a di v i na com m e di a [ c a n t o x x i x ] D e mannichte yn net by te hâlden grutte tallen sa fer skriklik skeinden hiene myn eagen ferdôve, en harren sa yn ’e sûs efterlitten, dat hja woene alles fierder sjen, en tagelyk gûle. Mar Vergilius sei: “Wêrom wolle jo jo eagen perfoarst dêre ûnder wetter stean litte, dêre, ûnder en tusken dizze ûngelokkige brutsen skaden? Yn de oare kûlen wie dat net sa. Tink derom: as jo se ien foar ien telle wolle, de fallei is wol twaentweintich milen yn ’e rûnte, en de moanne is al ûnder ús fuotten weisakke. De tiid, dy’t ús no noch oerbliuwt, is mar koart, en der is noch mear te sjen as jo hjir sjen kinne.” “As jo de tiid nommen hawwe soene en sykje goed út wêr’t ik nei oan it sjen wie,” sa woe ik begjinne him te fertellen, “faaks soene jo my dan tastien hawwe hjir wat langer te bliuwen.” Mar myn gids rûn al fierder, ik efter him oan, en al rinnende joech ik him andert. En ik sei noch: “Wat fierder omleech yn dizze kûle hjirre, dêr’t ik in skoft ferlyn op omstoarre, dêr sit, tink ik, in geast út ús famylje, dy’t treuret om de skuld, dy’t dêr sa swier betelle wurdt.” En doe sei myn master: “Fan dit momint ôf moatte jo gjin inkelde tins mear oan him fersmodzje. Tink oan wat fierder komt, en lit him rêstich hjirre, dêr’t er heart. Want ik seach al, hoe’t er ûnder de brêge stie, him rjochtsjend nei jo, en besykjend mei gebearten jo oandacht te freegjen. En ik hearde him ek syn namme sizzen: Geri del Bello. Dat wie op it momint, dat jo sa hielendal teset wiene mei him, dy’t de Hear fan Altaforte wie, dat jo neat sjoen hawwe fan wat der fierder barde foar’t hy wer fierder gean moast.” “Spitich dochs, myn gids en master,” sa andere ik, “syn dea troch geweld is noch altyd net wrutsen troch immen, dy’t syn libben dield hat. En dat makket him wraaksuchtich, en ik de h e l 121 stypje him dêryn. Hy is fierder gien sûnder ien wurd tsjin my te sizzen, en krekt dêrom ha ik dochs safolle meilijen mei him.” Wy praten hjiroer troch oant wy oan it begjin kommen wiene fan de brêge nei de nije kûle, en fan de brêge út wie de boaiem fan de kûle wat makliker te sjen, om’t dêr mear ljocht wie. En no’t wy boppe de lêste samling kûlen fan Malebolge stiene, no seagen wy ek, hoe fier oft de fallei rûn, no’t er foar ús eagen hielendal iepen gie. Aaklike gjalpen fan smertsangen giene troch my hinne, as pylken, dêr’t de punten lytse wjerheakken fan hawwe. Sa fûl wiene dy lûden dat ik myn hannen foar myn earen fêstsette. Tink ris ta: as alle siken yn de hospitalen fan Valdichiana tusken july en septimber mei dy fan Maremma en Sardynje mei al harren syktes yn ien grêft byinoar goaid wêze soene, wat foar lijen en wat foar stjonkerij dêr byinoar brocht wêze soe! Sa grut wie de ellinde hjirre, en in stank kaam der nei bûten as fan fleis, dat al tiden oan it rotsjen is. Lofts oanhâldend rûnen wy ús wei, de lange brêge ôf, oant de lêste igge. No koe ik dúdlikernôch sjen de boaiem fan de kûle, dêr’t de tsjinner fan de Heechste Heare, de ûnfeilbere Gerjochtichheid, de straffen útdielt oan de ferfalskers, dy’t Er registrearre hat op ierde. Ik twifelje der sels oan, oft it lijen om al dy deaden fan Aegina, doe’t de pest dêr troch de wyn hinne waaid wie, en ek alle bisten, oant de lytste wjirm ta, omkommen binne (letter is dit âlde ras, as it allegearre wier is wat de dichters sizze, nijberne fan de eameldersfamyljes út) grutter wie as wat jo seagen yn dizze fallei. In fallei fan opinoar goaide geasten, dy’t weisakke wiene yn klonten. Somliken kamen nei bûten út de bealch fan in oar, somliken út oarmans wangen, en somliken droegen harsels op hannen en knibbels troch hiel dizze bluodderige leane. Stadichoan rûnen wy swijend fierder, wy seagen en wy hearden neat oars as de gebearten en de wurden fan dizze sike geasten, dy’t gjin krêft mear hiene en rjochtsje harsels op. Ik seach twa sitten, tsjininoar oan, lykas brûkte pannen, dy’t 122 l a di v i na com m e di a wer op it fjoer set wurde moatte. Se wiene oerdutsen, fan de holle oan de fuotten ta, mei rude. Ik ha noch nea in hynstefeint sjoen, dy’t, oantreaun troch in hastige master, of sels hastich, om’t er sa graach mei wurkjen klear wêze woe, en op bêd gean woe, dy’t sa mei krêft de roskamme op in hynder sette, as dizze twa de neilen setten yn it liif fan de oar. Hja setten harren neilen op de hûd fan de oar as moasten hja de skobben fan in grutte fisk derôf skraabje. “O jimme, dy’t de skobben fan inoars liif ôfskraabje, en jimme neilen ta lytse messen makke hawwe,” sa begûn myn master tsjin ien fan harren, “soks moatte jimme fingers oant yn ivichheid dwaan, mar fertel ús dochs: is der tusken al it folk hjirre faaks ek de ien of oare Italjaan?” “Mar jimme, dy’t nei ús freegje, wa binne jimme?” “Ik bin immen, dy’t in libben minske beselskipje moat fan grêft nei grêft, oant hielendal ûnder,” sa sei myn master him, en ik bin fan doel him alle ûnderdielen fan de hel sjen te litten.” Doe joech de iene oan de oare wat fêstichheid, en beide wriggelen se op my ta, en seagen my oan, lykas de oaren diene, dy’t dizze wurden heard hiene. Myn eale master kaam wat tichterby my stean, en sei: “Freegje him no alles, wat jo witte wolle.” En om’t hy woe, dat ik sprekke soe, begûn ik: “As jimme net wolle, dat de memoarje oan jimme weispielt yn de wrâld hjirboppe, fertel my dan jimme nammen, en wêr’t it wie, dêr’t jim libbe hawwe, en lit jim skriklike en aaklike straffe jim net tsjinhâlde.” “Ik bin fan Arezzo,” andere ien fan harren, “en Albero da Siena hat my yn ’e brân stutsen, mar ik bin hjir net foar dêr’t ik dêre foar stoarn bin. It is wier: ik fertelde him, gekjeiend fansels: ‘Ik wit de trúk, hoe’t jo troch de loft fleane kinne,’ en hy, dy’t graach wat leare woe, en sels net al te helder wie, frege my myn keunst sjen te litten, en inkeld om’t ik net Daedalus wie, liet er my yn ’e brân sette troch immen, dêr’t er it bern fan wie. Mar hjirre, yn de lêste kûle fan de tsien, bin ik foar alle alchemy, dy’t ik bedreaun ha yn ’e wrâld, feroardiele de h e l 123 troch Minos, dy’t gjin flaters meitsje kin.” Ik sei tsjin myn master: “Ha jo ea in folk sjoen, dat sa sullich is as dat fan Siena? Sels de Frânsken kinne jo net mei harren ferlykje.” Doe’t ik de oare lepra-lijer seach, dy’t tahearde, sette hy in útsûndering by myn oardiel: “Utsein fansels Stricca, dy’t sa sunich libbe hat, en Niccolo, dy’t de lúkse fan de krûdnagel foar syn krûderije brûkt hat yn syn ôfsletten tún, dêr’t alle sied opkaam. En wis ek net dy learde groep, dêr’t Caccia al syn bosken en wyngerds ferspile hat, en Abbagliato pronke mei wat er foarinoar krigen hie. Dat jo sa witte meie, wa’t jo stipet yn de striid tsjin dy fan Siena. Sjoch my goed oan, dan sil myn gesicht jo syn eigen andert jaan, en jo sille Capocchio’s skaad weromkenne, de man, dy’t mei metalen dwaan koe wat er woe. Dy sille jo wiswier weromkenne, as jo dyjinge binne, dy’t ik tink, dat jo binne, en witte, hoe’t in goede neibouwer fan de natuer ik ienris wie.” by canto x xix • Geri del Bello wie in neef fan Dantes heit. Hy hie in konflikt mei de femylje Sacchetti yn Florence, en waard fermoarde. Der wie troch de clan noch gjin bloedwraak foar him nommen, lykas doe wenst wie. • Neffens de myte wie de nympf Aegina troch Juno straft mei de pest op it eilân, dat nei har neamd wie. Inkeld de soan fan Aegina en Jupiter bleau yn libben. Jupiter hat de befolking wer oanfolle troch eamels ta minsken te meitsjen. • Griffolino d’Arezzo wie in alchemist, dy’t in soad jild krigen hie fan Albero fan Siena, mei it doel him fleanen te learen. Doe’t dy him ferrifele fielde, hat er him troch syn ‘omke’, de biskop fan Siena, feroardielje litten, en op ’e brânsteapel brocht, benammen ek om’t er ek sels jild makke hie fan goedkeap metaal. • Lano (ek yn Canto xiii) hat al syn jild stutsen yn djoere krûden. Niccolo de Salimbino hie de krûdnagel foar Itaalje ‘ûntdutsen’. • Capocchio wie in freon fan Dante, yn 1293 yn Siena op ’e brânsteapel brocht as alchemist. 12 4 l a di v i na com m e di a [ c a n t o x x x ] Y n de âlde tiden, doe’t Juno skriklike wrake nommen hie op de Thebanen fanwege Semele (en hja liet har grime mear as ien kear frij!) hat se kening Athamas mear as ien kear folslein gek makke, sa gek, dat, doe’t syn frou der in kear oan rinnen kaam mei ûnder eltse earm in soan, hy skreaude: “Goai it net út, dat wy de liuwinne mei har welpen fange kinne.” En doe hat er syn earms útstutsen as klauwen, en wylst er Learchos, ien fan syn soannen, yn ’e rûnte draaide, en tsjin de rots smiet, is sy yn see sprongen, en hat harsels mei har oare soan ferdronken. En doe’t it tsjil fan Fortuna wer tige leech kommen wie, hat de alles oerhearskjende heechmoed fan de Trojanen de kening en it keningskip yn syn fal meinommen. Hecuba, alderdrôvichst, yn ellinde en slavernij, (doe’t se sjoen hie, dat Polyxena ferslein en deade wie en Polydorus, net begroeven, efterbleaun wie op it strân fan in frjemde see) jankte as in hûn. It wie it gewicht fan alle kweade dieden, dat har geast folslein út stel brocht hie. Mar nearne yn Troaje of Thebe waarden doller fuerjes sjoen, dreaun troch dieden fan wredens tsjin minsken of bisten, as de twa skaden, dy’t ik seach, wyt fan razernije, en neaken. Se rûnen hinne en wer, en setten harren tosken yn alles, wat se seagen, lykas bargen, losbrutsen út de stâl, hinne en wer rinne, sûnder te witten, wêr’t se hinne moatte. Ien, dy’t delkaam op Capocchio, sette syn tosken yn dy syn nekke, en begûn him te ferskuorren. De Aretino sei, hinne en wer skodzjend dêr’t er siet, “Sjogge jo dat dolle skaad? Dat is Gianni Schicchi. Hy is folslein rabiaat, en sa docht er mei ús allegearre. “O,” sei ik, “sa kin it wêze, dat dat oare skaad aanst yn jo syn tosken set. Nim my net kwea ôf, mar sis my dochs wa’t it is, foar’t er wer fuort is.” En hy tsjin my: de h e l 125 “Dat is it skaad fan Myrrha, de skeinde, dy’t tsjin de wetten fan de leafde yn tefolle de freondinne fan har heit wurden is. Sy gie nei him ta, en doe hawwe se sûndigjend de leafde bedreaun, sizzende, dat har lichem dat fan in oar wie. Krekt as dy oare dêre, dy’t fan in ein fierder alles meimakke hat, en dy’t it slagge is om de baas fan de stoeterije te wurden. Troch te dwaan, oft er Buoso Donati wie, en doe te dwaan, as wie it testamint op him fan tapassing. Doe’t dat rabiate pear wer fuort wie (ik koe myn eagen gjin momint fan harren ôfhâlde) draaide ik my om, en seach nei de oare skaden. En doe seach ik in siel, dy’t derút seach as wie er fan syn eigen skonken ôfslein, krekt ûnder syn liif, op it plak dêr’t it yn twaën giet. Bluodderige wiettichheid rûn oan alle kanten út syn lichem, en hie ek syn gesicht oerdutsen. Syn lippen koe er net opinoar hâlde, as in man, dy’t tige toarstich is troch hege koarts. De iene lippe wie opkrolle, de oare útsakke. “O, jimme, dy’t troch hielendal gjin straffe slein binne yn dizze wrâld, ik kin noch net begripe wêrom net,” sa sei er tsjin ús, “stean hjir efkes stil, en sjoch nei de ellinde fan in master Adam. Yn myn libben hie ik alles, wat ik winskje koe, en no, helaas, smachtsje ik nei in drip wetter. It streamke, dat fan de griene heuvels fan Casentino komt, en útkomt yn de Arno, en dat de eigen iggen sa koel en sêft hâldt, mei mos oerdutsen, dat ha ik al de tiid foar myn eagen, en it byld derfan lit my altyd mear toarst krije. En de wettersucht hat myn gesicht sa ôfgryslike droech makke. De ûnbarmhertige rjochtfeardige, dy’t my mei rjocht en reden piniget, brûkt dêrfoar it gesicht op de oare igge fan de stream, dy’t fan myn sûnde wit, om my altyd wer op ’e nij te pinigjen. Ik kin Romena noch sjen, dêr’t ik leard ha de munten te ferfalskjen mei it byldmerk fan harren patroan, Jan Baptist. Dêr ha ik foar boete mei myn lichem, dat ferbaarnd is. Mar as ik sjen koe, hjirûnder, de swier strafte sielen fan Guido of Alexander, of harren bruorren, dan soe 126 l a di v i na com m e di a ik dat net roalje wolle foar Brando’s fontein. Der is al ien fan harren hjirre, as de hjir omrinnende maniakken de wierheid sein hawwe. Mar wat ha ik dêroan, mei myn skonken, dy’t net te brûken binne? As ik mar wat lichter wie, en yn steat om ien tomme foarút te kommen yn hûndert jier, dan soe ik no al mei myn tocht begûn wêze om him te finen yn dizze grouwélige ôfdieling. Alhoewol’t dizze budel alve milen yn ’e rûnte is, en op syn minst in heale myl breed. Want om harren lis ik hjirre yn dit bargehok. Hja hawwe my oanset de gouden munten te slaan mei trijekaraats goud.” Doe sei ik: “Wa binne dochs dy twa, dy’t dêr lizze, en dêr’t safolle damp fan ôf komt as fan twa krekt wosken hannen yn ’e winter?” Hy andere: “Hja wiene hjir al, doe’t ik foar it earst hjir delsetten kaam, en hja binne nea fan plak feroare, en dat sille se ek net, nei’t ik oannim, yn alle ivichheid net. Ien is it liichbist, dat de jonge Joazef sa gemien beskuldige hat, de oar is Sinon, de falske Gryk út Troaje. In baarnende koarts lit harren sa rikje. Ien fan it falske pear, faaks misledige troch de wize, dêr’t master Adam harren op presintearre, stompte him hurd op syn kâld, opswollen liif, – it makke in lûd as by in klap op in swiere tromme – en der kaam in hurde klap werom, like hurd, as de fûstslach, dy’t er krigen hie. En hy sei: “Al kin ik myn skonken net brûke, ik ha noch ien earm frij, en dêrmei kin ik it iennige andert jaan, dat mooglik is.” En de oare andere: “Sa frij wie dy earm oars net op dyn lêste kuiertocht nei de brânsteapel, ek net sa frij as er wie doe’tst der munten mei slein hast.” En hy mei de wettersucht: “Der is wat wierheid yn watst sein hast, mear wierheid as doe’t hja dy wat frege hawwe yn Troaje.” “As myn wurden doe en dêre falsk wiene, dyn munten wiene it ek, en foar elk falsk wurd dat ik sein ha, hasto in fet falske munten slein. Ik sit hjirre foar ien falske die, mar do foar mear as immen oars hjir yn ’e hel.” “Tink oan it hynder,” andere it opswollen skaad, de h e l 127 “ik hoopje, dat it dy, grutte falskert, deroan tinke lit, hokker falsk spul oftsto spile hast, lykas hiel de wrâld wol wit.” “En foar dy is er de pine fan de toarst, dy’t dyn tonge ferbaarne lit,” sa sei de Gryk, “en dy fan it wetter, dat dyn liif opsette lit, en as in hage foar dyn eagen is.” En doe de jildman wer: “Dêr giest al wer. Dyn kweade mûle stjit alwer likefolle smoargens út as altyd. Want, al ha ik toarst, en set it focht myn liif op, do hast de koarts yn dyn ferkankere brein, en ast frege wurde soest de spegel fan Narcissus droech te slikjen, dan soest net lang wachtsje en begjin deroan.” Ik stie noch, hielendal mei nommen, nei dit petear te harkjen doe’t myn master sei: “As jo dêr noch wat langer stean bliuwe, ha ik der gjin nocht mear oan.” Ik hearde eat fan nidigens yn de stim fan myn master, en seach him fol skamte oan, en oant hjoed de dei ta skamje ik my noch. As immen yn in swiere kweade dream, en wylst er dreamt, hopet dat it in dream is, sa fielde ik my doe. Ik koe net prate. Ik koe net in “Nim my net kwea ôf” sizze, mar hy hie it my al ferjûn. “Wat minder skamte soe in flater, grutter as jowes, al ferjûn hawwe,” sa sei er, “set jo dêrom alle soargen út de holle, en ferjit nea, dat ik altyd by jo bin. Soe it jitris barre, as wy fierder binne, dat jo minsken moetsje, dy’t dwaande binne elkoar mei sokke lytse dingen dwaande te hâlden, tink hjiroan: de winsk jin mei sokke saken yn te litten, stiet nimmen goed.” 128 l a di v i na com m e di a by canto x x x • Alle nammen steane yn de nammelist. It binne allegearre figueren út de Thebaanske en de Trojaanske oarloggen, lykas dy troch de klassike skriuwers beskreaun binne. • Ien personaazje wurdt net by namme neamd: ‘it liichbist, dat de jonge Joazef sa gemien beskuldige hat.’ Oer har is mear te finen yn it earste bibelboek: Genesis 30. Har man, Potifar, hie Joazef, de soan fan Jacob en Rachel, kocht fan de Ismaelyt, dy’t him wer kocht hie fan de oare soannen fan Jacob, dy’t him – de dreamer – kwyt woene. As tsjinner fan Potifar wie er wer in machtich man wurden. Potifars frou woe mei him op bêd, hy woe net, en doe waard hy der troch har fan beskuldige, dat er har tenei komme woe. Syn master hat him doe fêstsette litten, mar letter kaam er wer frij, om’t er de dreamen fan de Farao sa goed útlein hie. de h e l 129 [ c a n t o x x x i ] I en en deselde tonge hie my earst ferwûne, sa, dat it bloed my nei de wangen streamde, en my doe ek de pine wat minder makke. Krekt itselde as, lykas ik dat heard ha, ek de lâns fan Achilles, dy’t er fan syn heit krigen hie, dat dwaan koe. Dy koe mei de earste stjit djip ferwûnje, en mei de twadde alles wer better meitsje. Wy giene de fallei út, en klommen omheech, nei it heechste punt fan de stiennige igge, dy’t as in muorre om de kûle hinne leit. En wy kamen, sûnder ien wurd te sizzen, yn de Sintrale djippe kûle. Hjir wie it mear as nacht en minder as dei, myn eagen koene net fier foarútsjen, mar ik hearde wol de skrille toan fan in hoarn, fierôf, lûder as in tongerslach. Myn eagen waarden tagelyk dreaun nei ien plak, it paad fan it lûd bylâns, oan syn boarne ta. Nei de bluodderige tocht, doe’t Karel de Grutte de mannichte fan syn ridders ferlern hie, koe Roelands klank net sa skriklik west hawwe. En doe’t ik de kant út seach fan de boarne fan it lûd, seach ik eat, dat like op in grut tal tuorren. “Master,” sei ik, “hokker stêd leit dêre?” En hy: “Jo binne no te fier fuort, en it is te tsjuster en meitsje jo dúdlik wat jo tinke te sjen. As jo der aanst binne, sille jo dúdlik sjen, hoe’t jo eagen troch de ôfstân bedragen binne. En dêrom freegje ik jo no: rin dochs wat hurder!” Doe naam er my freonlik by de hân, en sei: “Mar no, foar’t wy fierder geane, wol ik jo tariede op wat wy sjen sille. De wierheid sil jo tige frjemd talykje. Wat jo seagen, binne gjin tuorren, mar reuzen. Hja steane dêr, rjochtop, yn de boarne, oan harren nâle ta, en fan harren plak ôf op de igge fan dizze grutte fiver befeiligje se dizze lêste kûle fan de hel.” Krekt as by in man yn in mistbank, dy’t stadichoan ferdwynt, de foarmen fan alles om him hinne helderder en helderder wurde, krekt 130 l a di v i na com m e di a sa, doe’t wy tichter by it Sintrum kamen, waard myn betizing weinommen, en seach ik de foarmen fan wat earder yn de mist ferburgen wie, en waard my de ferskrikking folslein dúdlik. Want, krekt as by Montereggioni de grutte tuorren de hege muorren om de stêd hinne kroanje, sa stiene op it bolwurk om de boarne de skriklike reuzen, mei harren heale liven derboppe út, dy’t Jupiter mei syn tongerjen út ’e himel noch altyd driget. En ik wie no tichtby genôch, en seach de grutte earms oan de siden, it antlit, de skouders en it grutste part fan it liif. Doe’t de natuer de lêste eksimplaren fan dizze reuzen hjirre ferneatige hat, hat er dêr perfoarst goed oan dien. Dizze mastodonten moasten wol ferdwine. En as it de natuer net muoit, dat der walfisken binne, en oaljefanten, dan sjocht de tinkende minske krekt dêryn de yntelliginsje en de wiisheid fan de natuer. Want as de macht fan it ferstân ferbûn is mei brute krêft en kweawollen, dan is de minske machteleas as er him ferdigenje wol. Syn gesicht, sa miende ik te sjen, wie like heech en breed as de brûnzen kegel foar de Sint Piter, en syn oare dielen wiene dêrmei yn goede ferhâlding. En sa liet de igge fan it bolwurk om him hinne fan syn liif noch safolle sjen, dat trije Friezen, op elkoars skouders steande, net by syn hierren komme koene. En omleech, fan it plak ôf, dêr’t manlju meastentiids harren kepen fêstsette, wie dúdlik tweintich hânbreedten fan syn foarkant te sjen. “Raphel mai amech zabi almi,” sa song er mei syn eigenwize mûle, dy’t perfoarst net gaadlik wie om psalmen te sjongen. Myn gids rôp him ta: “Baltende idioat, hâld dy oan dyn hoarn, en jou dêr wat lûd op, ast dyn nidigens of dyn grammitigens ôfreagearje wolst. Fiel mar goed om dyn nekke hinne, dan fielst in koarde, en dêr sit dyn hoarn oan fêst. Dêr, op dyn swier behierre boarst.” En tsjin my: “Syn wurden litte wol sjen wa’t er is. Hy is Nimrod, en troch syn kweade rie sprekt hiel it minskdom no net mear ien taal. Lit him de h e l 131 allinne, ferspylje jo wurden net oan him. Foar him binne alle talen ûnbegryplik, lykas sines foar ús.” Wy rûnen troch, lofts oanhâldend, om de kûle hinne, en in bôgeskot fierder seagen wy de folgjende reus: krekt sa kolossaal, noch wylder lykjend. Hokker master koe sa’n grut bist fêstbûn hawwe? Ik kin it net sizze. Syn rjochterearm wie fêstset efter syn rêch, en syn lofterearm foar syn boarst, mei ûnbidige keatlingen, dy’t om him hinne wûn wiene, oan fiif kearen ta. “Dit stik grutskens,” sa sei myn master my, “hat mei al syn krêften tsjin Jupiter striden, en dizze priis wûn. Hy is Ephialtes, de man, dy’t mei al syn krêft besocht hat om de reuzen tsjin de goaden fjochtsje te litten. De earms, dy’t er doe brûkte, kin er no net mear ferwege.” “As it mooglik wêze soe,” sa sei ik myn master, “dan soe ik graach hjir mei my wer útdrage wolle de wissichheid, dat ik de ûnmjitbere Briareus sjoen ha.” En hy: “Makliker te berikken foar jo is Antaeus, dy’t ek mei ús prate kin, en dy’t ek net fêstbûn is. Hy sil ús ûnder yn de kûle delsette, yn Cocytus, op de boaiem fan alle skuld. Dy oare is wat fierder ôf, en hy is krekt sa fêstbûn as dizze hjirre.” Gjin ierdskok mei de meast ferwoastigjende krêft hat ea in toer sa fûl bewege litten as doe ynienen Ephialtes himsels hinne en wer skodde. Ik hie noch nea sa bang west as doe it net te oerlibjen, en myn eangstme soe al genôch west hawwe my te deadzjen, as ik de grouwe keatlingen net sjoen hie. Wy lieten him dêr’t er wie, en rûnen ús eigen wei. Wy kamen op it plak dêr’t Antaeus stie, útstrekt fan de boarne út, mear as fiif jellen omheech fan syn nâle oant syn holle. “O, jo, dy’t yn Zama’s ferneamde fallei fallen binne, dêr’t Scipio syn gloarje krigen hat, en dêr’t Hannibal en al syn troepen ferslein binne, jo hawwe mear as tûzen liuwen hjir fêstholden, jo, yn waans gloarje noch leauwe meie de soannen fan de ierde hjirre, om’t jo doe wûn hawwe, wol ús freegjen net heechhertich ôfwize, mar set ús del dêr’t Cocytus yn it iis 132 l a di v i na com m e di a fêstsit. Nei Tityus of Typhon wolle wy net droegen wurde, hjir kinne wy alles hearre, wat hy graach witte wol. Dêrom: wegerje it him net, mar bûch jo nei him ta. Hy kin jo ûnthâld wer nij meitsje, want hy libbet, en hy hat noch folle tiid, foar’t de Genede him opropt foar syn lok.” Dat sei myn master, en de reus stiek daalks syn hân út, mei de formidabele hântaast, dy’t Hercules ienris hie, en pakte Vergilius en my op. En myn master, doe’t er de reuzehân om him hinne fielde, rôp: “Kom mar, ik sil jo goed fêsthâlde.” En mei ús beiden wiene wy noch mar in lichte lêst foar de reus. Lykas de Carisendatoer derút sjocht as jo derûnder steane en de wolken deroerhinne jeie, en it liket as skoddet er, sa seach Antaeus der foar my út, op dat momint. Ik wachte, en doe’t er bûgde, winske ik mei hert en siel dat wy in oare wei keazen hiene, mar hiel freonlik sette de reus ús del yn de lêste kûle, dêr’t Judas en Lucifer fêstsitte yn it iis, derboppe útstekkend as in mêst op in skip. by canto x x xi • De Sint Piter yn Dantes tiid wie noch net de kolossale basilyk fan hjoed de dei. Foar dy Sint Piter stie doe in grutte brûnzen kegel. Earder stie er op it grêf fan keizer Hadrianus, no yn de tunen fan it Fatikaan. • Friezen wiene doe – en yn súdlike lannen noch – in soart lingtemaat: sa grut as in Fries wie wol it summum fan minsklike lingte. • It taaltsje fan Nimrod is foar nimmen te begripen. Nimrod wie de legendaryske kening fan Babel, dy’t de bou fan de toer fan Babel besocht hat. Sjoch Genesis 11. Nimrods namme wurdt dêr oars net neamd. • Lucanus, de Romeinske skiedskriuwer, fertelt oer de reus Antaeus, dy’t yn de flakte fan Zama libbe, en dêr liuwen libje liet, ek om se opfrette te kinnen. Yn dy flakte is Hannibal letter ek troch de Romeinen ferslein. de h e l 133 [ c a n t o x x x i i ] A s ik wurden hie, rau en ferskriklik genôch, dy’t de werklikheid fan de lêste kûle beskriuwe koene, de kûle, dy’t de folle swierte fan de hiele hel drage moat, as ik alles, wat der yn myn ûnthâld opslein is, der ta de lêste drip útparse koe, dan soe ik der net sa tsjinoan skytskoarje en begjin mei dizze beskriuwing. Want prate oer de boaiem fan it universum, sa’t dy wierliken is, is gjin bernespultsje, en gjin wurk foar tongen, dy’t wend binne poppetaal te brûken. Mar meie dy hege Fammen, dy’t Amphion holpen hawwe Thebe yn te nimmen, my helpe wurd foar wurd te beskriuwen wat ik seach. O, aldermiserabelst rosmos, jim, dy’t ivich bliuwe moatte yn dit ryk, waans namme pine is, it hie better west, as jimme berne wiene as geiten of as skiep. Wy stiene no hielendal op de boaiem fan de kûle, op it plak dêr’t de boarne boppe komt, oan de fuotten fan de reus, en wylst ik omheech besocht te sjen, by de muorre op, hearde ik in stimme, dy’t rôp: “Sjoch goed ta, hokker wei jo nimme, en wêr’t jo jo fuotten delsette, dat jo net op de hollen traapje fan de miserabele bruorren.” En doe’t ik my omdraaide, seach ik ûnder myn fuotten, útspraat yn wat in mar like, allegearre iis, in mar fan glês. Sa tsjok wie it iis yn de Donau nea, en ek de Don net, fan syn beferzen boarne ôf. Sels as de Tambernic of de enoarme pyk fan de Pietrapana derop delploffe soe, soe der allinne in lyts krak-krakje te hearren wêze oan de igge. Lykas kikkerts kweakje, heal boppe wetter, yn de ûngetiid, as de boerefammen dreame oer de haaiïnge fan de dei, lykas de kikkerts dus, binne de sielen hjir fêstset yn it iis, oant it plak dêr’t hja harren skamte fiele. Hja bibbertoskje lykas earrebarren. Elk hâldt syn gesicht bûgd nei it iis, en harren mûle lit sjen, hoefolle kjeld oft 13 4 l a di v i na com m e di a der nei boppen komt út it hert nei de eagen ta. Ik seach in skoft om my hinne, en doe nei ûnderen, en by myn fuotten seach ik twa figueren, fêstset, sa ticht byinoar, dat it hier fan de iene dat fan de oar wêze koe. “Wa binne jo,” sa frege ik, “wa lizze hjir sa ticht tsjinelkoar oan?” Hja stieken harren nekke út, en doe’t hja harren gesicht nei my takeard hiene, seach ik, dat harren eagen, dy’t earst in bytsje wiet wiene, no fol triennen stiene. Ek, dat de triennen daalks ta iis waarden, dat de eachlidden fêstsette. Fêster as eltse izerferbining hout tsjin hout fêstsette kin. Gek fan de pine sloegen hja harren hollen mei grutte krêft tsjinelkoar oan. In oarenien, njonken har, waans earen derôf ferzen wiene, mei syn holle bûgd oer it iis, rôp: “Wêrom sjogge jo ús sa fûl oan? As jo witte wolle, wa’t it binne, dy’t ús lot diele: hja komme út it dal, dêr’t de Bizenzo streamt, en alles dêre wie fan harren heit. Syn namme wie Alberto. Hja komme út ien skerte, en as jo de hiele krite hjir trochsykje soene, soene der gjin twa harren straffe hjirre mear fertsjinne hawwe as dy twa. Net hy, waans boarst en hert trochstutsen is troch de lâns fan kening Arthur. En ek Focaccia net, en sels dizze net, dy’t sa fêst sit yn it iis, dat inkeld syn holle der noch boppe út stekt. En dy’t jo, as jo Toskaner binne, wol kenne sille. Syn namme op ierde wie Sassol Mascheroni. En ik sil jo ek fierder alles fertelle: Ik wie Camicion de’ Pazzi. Ik wachtsje op Carlino. Njonken him sille myn sûnden deugden lykje.” En doe’t wy him efter lieten, seagen wy tûzen hollen, hielendal poarperpears fan de kjeld. Ik bibberje der noch fan, en sil dat altyd dwaan, as ik deroan werom tink. Doe’t wy tichterby it Sintrum kamen, dêr’t ik huverjend de ivige kjeld fan fielde, oft it myn wille wie, myn kâns of myn lot, ik kin it net sizze, mar doe’t ik myn gids efternei rûn tusken al dizze hollen troch, fielde ik, dat myn fuotten mei krêft de holle rekke hiene fan immen, dy’t gûlde fan de pine. Hy rôp: “Wêrom traapje jo tsjin my oan? As jo net de h e l 135 stjoerd binne om wraak te nimmen foar Montaperti, wêrom dogge jo my dit dan oan, by al myn oare straffen?” “Master,” sa sei ik, “wês sa goed, en stean efkes stil, en lit my út de rie komme oer dizze, dan kinne jo my wer hastich meinimme, sa gau as jo it winskje.” De master stoppe daalks, en tusken de mannichte wurden troch, dy’t de ferwurpen sielen útbrochten, koe ik noch sizze: “Fertel my no ris, wa’t jo krekt binne, jo, dy’t safolle kwea oer de oaren sein hawwe.” En hy: “Wa binne jo, dy’t hjirre troch Antenora rinne, en oare minsken yn harren gesicht traapje? As ik in libben man wie, soe ik dat net nimme!” “Ik bin in libben man,” wie myn andert, en jo kinne der noch wol profyt fan hawwe, as ik besykje soe jo namme en eare, en wat jo dien hawwe, letter troch myn beskriuwingen fierder te bringen.” “Dat is it lêste, dêr’t ik ferlet fan ha,” andere hy. “Wat minder as jo witte, wat better it is. Want jo witte hielendal net hoe’t it einliks is, hjir yn dit leechlân. Hâld op my sa te narjen, en gean hjirwei.” Doe pakte ik him goed fêst by syn hierren, en ik sei: “Of jo fertelle my krekt wa’t jo binne, of ik lit jo gjin hier op de holle sitte.” En hy: “Gean mar troch, en pak my oan, sa hurd as jo wolle, ik sil nea myn namme sizze, of myn gesicht sjen litte, al traapje jo noch sa hurd tsjin myn holle oan.” Ik hie syn holle goed fêst, en ik soe der hast al in fûstfol hierren út lutsen hawwe, wylst hy balte as in kweade hûn, de eagen ticht, doe’t immen oars rôp: “Wat hast allegearre dochs wer, Bocca, it is al slim genôch dyn bibbertoskjen altyd mar wer hearre te moatten, en no dit balten! Wat foar de duvel is der mis mei dy?” “Jo hoege no neat mear te sizzen,” andere ik, “jo smoarge ferrieder. Ik wit jo namme no, en ik sil jo skandlik ferhaal no wol wer yn it ûnthâld fan allegearre werombringe.” “Miterje op,” skreaude er, “mar as jo al hjir út komme, wês der dan wis fan, dat wat jo ek fertelle sille oer dit ‘praatrûntsje’, dat hjir de man sit, dy’t betelje moat wat it Frânske sulver 136 l a di v i na com m e di a him opbrocht hat. ‘Ik ha Buoso da Duera sjoen,’ kinne jo sizze, dy’t opburgen is, dêr’t de sûnden koel holden wurde. En as se freegje soene: ‘Wa wiene dêr noch mear?’ dêr, oan jo rjochterhân sit immen fan Beccheria, waans holle ôfhakke is troch de Florentyn, en Gianni Soldanieri sille jo fine, tink ik sa, wat fierderop, en Ganellone en Tebaldello, dy’t Faenza wekke hawwe út de sliep.” In skoftsje letter seach ik twa sielen, tsjinelkoar oan ferzen yn ien wek, sa, dat de ien de holle fan de oar as pet brûke koe. En lykas in man mei skroei syn tosken yn it brea sette kin, sa sette hy syn tosken yn de nekke fan de oar, krekt ûnder de harsenpanne. Tydeus yn syn nidigens hat net hurder tabiten, doe’t er Menalippus fersline woe, as dizze op de oar omgnauwende fleis en bonken fynmeitsjende fretter. “O, jo, dy’t mei eltse hurde byt jo hate sjen litte foar de holle, dêr’t jo no oan frette,” sa sei ik, “fertel my dochs wêrom’t jo soks dogge. En ik ûnthjit jo, dat as jo wrake rjochtfeardich is, dan wit ik wa’t jo binne, en ek de sûnde fan dy oare. Ik sil jo fertrouwen, hjirboppe, yn de oare wrâld, werombetelje, as ik mar alles sizze kin foar’t ik stjer.” by canto x x xii • De hege Fammen: de Muzen. • De soannen van Alberto fan Felterona wiene Alexander en Napo leon. Nei de dea fan harren heit ha se elkoar deamakke yn de striid om de erfenis. Alexander wie in Guelf, Napoleon in Ghibellyn. • ‘Wat foar de duvel’: Qual diavol ti tocca’: in gewoane Italjaanske útrop, hjir wol mei in bedoeling brûkt, krekt as ‘Stare fresca’, ‘hâld it koel’. • Tydeus, ien fan de sân keningen tsjin Thebe friet, sels deadlik ferwûne, de harsens fan Menalippus de Thebaan. de h e l 137 [ canto xxxiii ] D e sûnder luts syn mûle werom fan syn skriklik miel, en fage syn lippen skjin oan it hier, dat er noch oerlitten hie, en sei doe: “Jo wolle, dat ik nochris wat sizze sil oer in misdie, sa wanhopich, dat it jitris dêroer sprekken myn herte yn twaën skuort. Mar as myn wurden it sied wêze soene dat mear ferachting opkomme lit foar dizze misdiediger, dy’t ik no oan it opfretten bin, dan sil ik gûle, mar myn ferhaal fertelle troch myn triennen hinne. Wa’t jo ek binne, en troch hokker machten ek jo sa yn de ûnderwrâld rekke binne, ik kin it net riede, mar neffens jo taal lykje jo my in Florentyn. Ik wie de greve Ugolino, en ik moat jo no wol fertelle, dat de aartsbiskop Ruggieri myn buorman is, en wêrom’t ik sa op syn holle omgnaude. Dat ik troch him, dy’t ik sa fertroude, troch syn ferrie, de finzenis yn gean moast, dat sille jo wol witte. Wat jo net witte kinne, is de ûnminsklike wize dêr’t er my op deadzje litten hat. Ik sil jo planút alles fertelle, en dan: oardielje sels oft hy my folslein ûnminsklik behannele hat. In lyts finster heech yn dy grutte stiennen toer, dy’t no om my de Hongertoer neamd is, en dêr’t no wer oaren yn opsletten binne, dêrtroch hie ik ferskate kearen de moanne fol wurden sjoen, doe’t ik op it lêst in kweade dream dreamde, oer in hear en jagersman, dy’t in wolvinne mei har jongen op de berch delset hie, de berch, dy’t Pisa fan Lucca skiedt. As lieder fan de keppel mei hongerjende wulpse teven hie er Gualandi en Sismondi en Lanfranchi dêr delset om de proai oer te nimmen. Heit en soannen seagen der wurch út, nei’t se koarte tiid hurdrûn hiene, en doe seach ik yn myn dream, dat grouwe hûnetosken yn harren side slein waarden, en se iepen skuorden. Yn de iere moarn waard ik wekker, de dream noch yn de 138 l a di v i na com m e di a holle, en hearde myn soannen, en myn pakesizzer, dy’t dêr by my opsletten wiene, heal sliepend freegjen om in stikje bôle. Jo binne sels sa wreed as hy, as jo jo triennen ynhâlde kinne by it ferhaal fan wat der doe barde. As jo no net gûle, wannear gûle jo dan? De tiid, dat it iten brocht wurde soe, kaam tichterby. Hja wiene no allegearre wekker, en allegearre wiene se bang, fanwege wat ik dreamd hie. En fan ûnderyn dy hege toer hearde ik it hammerjen: de doarren waarden tichtspikere. Ik seach myn soannen oan sûnder ien wurd te sizzen. Ik gûlde net, ik wie fan binnen ek fan stien wurden. Hja gûlden al. “Wat is der oan, heit, jo sjogge der sa nuver út, sa muoilik,” seine hja. En ek Anselmuccio, myn pakesizzer. Om harren hold ik myn triennen yn, en ik sei gjin wurd, de hiele dei net, en de hiele lange nacht net, oant ik de sinne wer opgean seach. In skrale streek sinneljocht kaam de tsjustere finzenis yn, en ik koe mysels fjouwer kear sjen, spegele yn harren gesichten. Yn myn eangstme biet ik yn myn hân, en hja, tinkend dat it om de honger wie, seine: “Heit, wy soene hiel wat minder pine hawwe, as heit ús opite soe. Jo wiene it, dy’t ús yn dit drôve flêsk set hawwe, nim it no wer werom!” Ik hold my rêstich, om harren net noch ûngelokkiger te meitsjen. De hiele dei hawwe wy dêr stil sitten, en de oare dei, en noch ien. O, ierde sûnder meilibjen. Wêrom hawwe jo ús net opslokt? De fjirde dei kaam, en op dy dei foel Gaddo, de âldste, foar myn fuotten del op ’e grûn, en rôp: ‘Heit, wêrom hawwe jo my net holpen?’ en hy stoar. En krekt as jo my no sjogge, seach ik se fallen, op de fyfde en de seisde dei. Doe, al blyn wurden, krûpte ik oer harren deade liven hinne, rôp harren nammen, en de honger wie noch slimmer as myn kweadens.” Doe’t er dit alles sein hie, wiene syn eagen smelle spjalten wurden, en hy gnaude wer op de holle om, mei tosken, dy’t de hurdste bonken kreakje kinne. O, Pisa, jim, de grutste skande foar it lân, dêr’t it “si” sa de h e l 139 swiet en helder klinke kin, om’t jim buorlju jim net bestraft hawwe, lit Capraia en Gorgona mei harren beiden opkomme, en in daam yn de Arno smite, oant de lêste man yn dy ferflokte stêd ferdronken is. Want as Ugolino wierliken ûnder it oardiel falt, om’t er jim kastielen ferret hat, dan soene jim dochs net syn soannen oan sokke piniging oerlitte hawwe mochten. Jimme, hjoeddeiske Thebanen! Dy teare libbens, dy’t jimme ferspile hawwe! Brigata, Uguccione, en de oaren, ik ha it al earder sein, wiene te jong om skuldich wêze te kinnen! Wy rûnen fierder, oant dêr’t de tichtferzen kûle in hiel oar selskip yn noch grutter pine sjen liet. Dy ûngelokkigen sieten net bûgd oer it iis, mar rjocht omheech. Hja gûlden hjirre mei de eagen sletten, en it kwea, dat no gjin útwei yn de triennen hie, wie nei binnen slein, en hie harren eangstme slimmer makke. De earste triennen, dy’t se gûld hiene, wiene daalks ta in soarte fan knotte beferzen yn harren eachhoeken, en sa seagen hja alles troch in grut kristal. En, alhoewol’t it stean dêre yn de tsjustere kjeld alle opwining fan myn gesicht ôfdreaun hie, en myn sêfte hûd ta swilk wurden wie, fielde ik dochs, dat der in wyn begûn te waaien, en ik sei: “Wêrom ynienen sa’n hurde wyn, myn master? Is der dan hjirûnder wat hjitte stoffe?” Myn master sei tsjin my: “Ynkoarten sille jo wêze op it plak dêr’t jo eigen eagen de boarne en de oarsaak fan de wyn sjen kinne, en dan hawwe jo wat ynsjoch yn de mystearjes hjirre.” En ien fan harren, opsletten yn it hurde iis, rôp ús ta, doe’t wy harren foarby giene: “O, sielen sa hurd, dat jimme stjoerd binne nei dit lêste plak, meitsje foar my de pine in bytsje lytser, brek dochs de hurde wale foar myn eagen ôf, en lit my wat gûle, foar’t al myn triennen wer beferzen binne.” En ik ta him: “As jo fan myn tsjinsten gebrûk meitsje wolle, fertel my dan earst jo namme. Dan, as ik jo net helpe soe, mei iksels stjoerd wurde yn de djipste djipten ûnder dit iis.” “Ik bin fra Alberigo,” 1 40 l a di v i na com m e di a andere hy my, “deselde, dy’t safolle minne fruchten útdield hat.” “Hoeno,” frege ik, “binne jo dan al dea?” En hy: “Wêr’t krekt myn lichem is, hjirboppe yn de wrâld, dêr wit ik neat fan. Dit is in spesjale ôfdieling fan Tolemea, dêr’t bytiden sielen komme foar’t Atropos harren libbenstrie ôfsnien hat. En om’t jo dan faaks wat earder myn eagen fan dit kristal fan beferzen triennen frij meitsje wolle, sil ik jo noch dit fertelle: as in siel soks docht wat ik dien ha, dan falt er út it flêsk, in duvel nimt syn plak yn, en bestjoert syn lichem oant syn tiid kommen is. De ferdoarne siele sakket omleech oant yn dizze kûle. Sa, leau ik, dat ferskate sielen dy’t hjir harren winterferbliuw hawwe, de swiete ierde ferlitten hawwe, en dat harren lichem dêr noch omrint. As jo koartlyn de ierde ferlitten hawwe, moat jo it lichem fan him dêre noch bekend wêze. Dat is Branca d’Oria, en der binne al ferskate jierren foarby gien, sûnt hy foar it earst by ús hjir kommen is, en fêst sit yn it iis.” “No bin ik der wis fan, dat jo my ferrifelje,” andere ik, “want Branca libbet noch, hy yt en drinkt, en follet noch altyd syn klean en syn bêd.” “Michel Zanche wie noch net oankommen yn dizze fiver,” sa sei it beferzen skaad noch, “doe’t Branca in duvel yn syn lichem krige, en sa barde it ek mei syn ferneamde omkesizzer, dy’t dêrtroch syn ferrie folslein makke. Mar no einliks: doch, wat jo ûnthjitten hawwe, en meitsje my de eagen iepen.” Mar ik die net wat ik him ûnthjitten hie. Gemien foar him te wêzen wie einliks de bêste beleanning foar him. O, jimme fan Genua! Jimme, dy’t sa fier ôfbleaun binne fan alles, wat goed is, wêrom binne jim net fan de ierde ferdreaun? Want yn it selskip fan Romagna’s siel fûn ik ien fan jimme, dy’t syn smoarge siel yn it iis fan Cocytus baait, wylst it liket, dat er noch omrint tusken jimme! de h e l 1 41 by canto x x xiii • Ugolino hie hiel wat sulver krigen fan de Frânsken foar syn ferrie fan Pisa. Hy waard opsletten yn de ‘hongertoer’ mei syn soannen en pakesizzer troch de aartsbiskop Ruggieri. • Fra Alberigo wie ien fan de ‘Blide Bruorren’. Ien fan syn sibben, dêr’t er ‘wat op tsjin hie’ noege er mei syn soantsje op it iten yn syn tún. Syn tsjinners moasten, as hy “Bring de fruchten mar” rôp, de beide, heit en soan, fermoardzje, en hawwe soks ek dien. De ‘minne fruchten fan fra Alberigo’ wiene yn Dantes tiid ta in sprekwurd wurden. • Dante tocht, dat wyn altyd fan in hjit plak nei in kâld plak streamde, en dêrom frege er, wêr’t noch in hjit plak wie. • Yn Dantes tiid waard bytiden leaud, dat de duvel besit nimme koe fan in minske, en dat de siel fan dy minske al ‘by it libben’ yn de hel treaun wie. 1 42 l a di v i na com m e di a [ canto xxxiv ] “V exilla regis prodeunt inferni,” sa sei myn master, “wy binne der ticht by, sjoch goed, datst him goed sjen kinst, dêre, yn it iis.” Lykas in hege mûne yn ’e skimerjûn, of as der mist is flak oer de grûn, sa wie it wat ik doe ynienen seach. Doe stiek der in hurde wyn op. Ik socht beskûl efter de rêch fan myn master, en dêr, ûnder myn fuotten, stie ik op sielen, dy’t hielendal fêstsieten ûnder it iis. Ik trilje noch, as ik deroan tink. Hja seagen derút as strie yn in glês, somliken leine flak, oaren stiene rjocht omheech, mei de holle boppe of de fuotten. En wer oaren sieten mei de holle oan de fuotten fêst, spand as in bôge. En doe’t wy fier genôch rûn hiene, de dyk op, en myn master tocht, dat de tiid kommen wie om my de skepsels sjen te litten, dy’t ienris sa moai wiene, die er in stap op ’e side, pakte my fêst, en sei my: “Dit is him, dit is Dis, dit is it plak, dêr’t jo alle moed nedich hawwe, dy’t jo opbringe kinne.” Freegje my net, lêzer, hoe’t de kjeld yn myn bloed en myn stimme fêst leine, ik kin der neat fan sizze, dit wie in tastân, dy’t ik fierder net beskriuwe kin. Ik wie net dea, mar libje die ik ek net. Besykje jo foar te stellen, hoe’t ik dêr wie, ynienen berôve fan libben en dea. De keizer fan de pine yn hiel it universum stiek mei syn boarst en syn holle boppe it iis út, myn hichte is tichterby dy fan de reuzen as hy heech is, oant syn earms ta. Betink no ris, hoe grut oft er wie, syn lichem yn ferhâlding mei syn earms. As er ienris sa moai wie as er no ôfgryslik is, hy, dy’t yngean doarst tsjin wat syn Skepper woe, dan is it wol dúdlik dat alle kwea fan him útgien is. Wat wie ik ferwûndere, doe’t ik omheech sjen koe, en in holle seach, ien holle mei trije gesichten, ien oan de foarkant, en dat wie helderread, de oare twa sieten dêroan fêst, de h e l 1 43 krekt boppe de midden fan elts skouder, en by de krún wiene se alle trije wer ien. It rjochter antlit wie helder wyt en giel, it lofter hie de kleur fan de minsken, dy’t wenje by de oarsprong fan de Nyl. Oan de beide skouders twa wiid útsprate flerken, sa grut as jo ferwachtsje kinne by sa’n grutte fûgel. Ik ha noch nea in skip mei grutter seilen sjoen. It wiene gjin wjukken mei fearren, mar krekt lykas by ús de flearmûzen hawwe. Hy flapperet der altyd troch mei, en hâldt sa trije winen oan ’e gong, dy’t Cocytus ivich yn it iis hâlde. Ut syn seis eagen gûlde er, en fan syn trije kinnen dripten de triennen, mjukse mei bluodderich slym. Yn al syn trije mûlen kôge er om op in sûnder, mei tosken as dy fan in grutte harke. Ien oan de foarkant, en it biten, dat er trochstean moast, wie noch neat by wat de kloeren mei him diene: bytiden waard alle hûd fan syn rêch ôfskuord. “Dy siel dêre, dy’t it meast fan allegearre te lijen hat,” sa hat myn master my útlein, “is Judas Iscariot, syn holle is al opfretten, syn skonken swaaie noch hinne en wer bûten de mûle. En dy twa, dêr’t jo de hollen noch fan sjen kinne: de iene, dy’t út dat swarte gesicht hinget, is Brutus, de oare is Cassius. Mar de nacht komt deroan, wy moatte no dit plak ferlitte, want wy hawwe alles sjoen.” Doe, lykas er it frege hie, hold ik him goed fêst, mei myn hannen om syn nekke hinne, en sa wachten wy beide oant de flerken wiid genôch iepen wiene, en wy der foarby komme koene, de ticht behierre side fan de satan bylâns, hierbosk nei hierbosk. Sa fûn myn master syn wei, tusken de bosken hier en de beferzen holle. En doe’t wy oankommen wiene op it plak, dêr’t de heupen begjinne, doe draaide myn gids, dy’t hielendal trille, him om, en pakte de hierren fêst, as woe er wer nei boppen klimme. Ik tocht, dat wy wer werom gean soene, nei de hel. “Hâld dy goed fêst, der is gjin oare wei,” sa rôp myn master, hielendal efter de pûst, “om fuort te kommen út it kwea, as oer dizze 144 l a di v i na com m e di a treppen.” En doe’t er my droegen hie troch in iepening yn de Sintrale rots, sette er my dêr foarsichtich del, en klom sels o sa hoeden omheech. Ik seach goed om my hinne, en ik tocht, dat ik de oare helte sjen soe fan Lucifer. Mar ik seach inkeld twa skonken, dy’t omheech stutsen wiene. Troch wat ik seach, wie ik folslein fertize, hielendal net wittend op hokker plak ik wie. “Stean rjochtop,” sa sei myn master, “gean wer op jo fuotten stean, de wei is noch lang, en wy moatte in hiel ein klimme, de sinne giet al nei de tredde oere.” It wie gjin paleispromenade, wêr’t wy no oerhinne rûnen, mar mear in soarte fan hynstepaad, dat de natuer boud hie. In paad mei brutsen stiennen, yn it ljocht, mar sûnder sinne. “Foar’t ik mysels hielendal út de ôfgrûn losmeitsje kin,” sa sei ik tsjin myn master doe’t ik wer goed op myn fuotten stie, “moatte jo my dochs nochris in pear dingen útlizze. Wêr is it iis? En hoe kin Lucifer omdraaid wêze fan syn top nei syn teannen? En hoe kin de sinne sa gau fan de nacht nei de dei kommen wêze?” En hy tsjin my: “Jo tinke, dat jo noch oan de oare kant fan it Sintrum binne,” sa sei er, “dêr’t ik foar it earst grypt ha yn de hierrige kleaune rottichheid, dy’t dêr troch de wrâld hinne komt. Jo wiene dêr doe’t ik nei Underen klommen bin, mar jo hawwe doe it punt passearre, dêr’t alle swiertekrêft byinoar komt. Jo binne no yn de oare hemisfear, dy’t oan de oare kant bedutsen is mei lân, dêr’t op it Sintrale punt de Man offere is, dy’t sûnder sûnden is, fan Syn berte ôf, en hiel Syn libben fierder. Jo hawwe jo beide fuotten op in lytse bol, en oan de oare side is Giudecca. As it hjir moarn is, is it dêr jûn, en hy, waans hierren treppen foar ús wiene om nei ûnderen te kommen, hat syn posysje net feroarje kinnen sûnt syn fal. Doe’t hy út de himel fallen is, dizze kant út, is al it lân, dat hjir ienris útspraat wie, fersonken yn de see. En oergongen nei ús hemisfear. En it kin wêze, dat troch deselde skok de iene pyk, dy’t noch omheech stiet oan dizze kant, de de h e l 1 45 grutte grot makke hat hjirûnder. En wat fierder is der in romte, dêr’t Beëlzebub syn grêfromte hat. Nimmen hat him ea sjoen, allinne syn lûd is te hearren. In lytse stream, dy’t hjirre in holte makke hat, rint stadich troch de beide sfearen hinne.” Myn gids en ik giene dy ferburgen wei yn, om sa werom te kommen yn de ljochte wrâld, en wy tochten net oan wat lins, doe’t wy klommen. Wy klommen, hy earst, ik efter him oan, troch in inge, rûne iepening boppeyn. Ik seach de moaie romte fan de himel wer, en wy rûnen ynienen wer ûnder de stjerren. by canto x x xiv • De hymne ‘Vexilla regis prodeunt’ is skreaun yn de seisde ieu troch Venantius Fortunatus. Hy wurdt brûkt yn de klassike liturgy fan Goedfreed. In oersetting is opnommen yn it Lieteboek fan de Tsjerken: ‘Gods findels bin yn d’ oanfal gien, it krúsgeheim wurdt strak ferstien: Dy’t alle skepsel libben jout leit sels syn libben ôf oan ’t hout.’ Dante brûkt dizze wurden wat sarkastysk, de findels binne net dy fan kening Kristus, mar dy fan Lucifer. • De trije gesichten komme ek wer foar yn it lêste Canto fan it hiele wurk (de hûndertste) yn de beskriuwing fan de Trijefâldichheid. • De pyk ‘oan de oare kant’ is de lotteringsberch, dy’t Dante beklimme sil yn it twadde diel fan syn Komeedzje. • De lytse stream tusken de twa hemisfearen is de Lethe. 1 46 l a di v i na com m e di a Nammen en noaten (De sifers ferwize nei Canti fan De Hel) Absalom: soan fan David, x xviii. Acheron: rivier yn de hel, iii. Achilles: held fan de Ilias, v, x xvi. Achinolfo da Romena: lid fan de Conti Guidi’s, x x x. Achitofel: trunet Absalom oan syn heit, David, oan te fallen. Sjoch 2 Samuel 16, x xviii. Acquachetta: Italjaanske rivier, xvi. Akra: stêd yn Palestina, x xvii. Adige: rivier yn Noard-Itaalje, Eastenrikers prate oer de Etsch, xii. Aegina: eilân foar de kust fan Grikelân, x xix. Aeneas: sintrale figuer yn Vergilius’ dichtwurk oer Troaje, ii, iv, x xvi. Aesopus, x xix Agnèl: faaks in lid fan de Brunelli-clan. Fierder net folle oer bekend, x xv. Alardo: krústochtridder, dy’t op de weromreize yn Itaalje meidie oan de slach fan Tagliaco (1265), x xviii. Alberigo: muonts, lid fan de Manfredi-clan, x x xiii. Albert fan Mangora: heit fan Napoleone en Alessandro, dy’t yn en om Florence hurd om syn erfskip fochten hawwe, x x xii. Albert fan Siena: fantast, dy’t immen fleane litte woe, x xix. Alecto: ien fan de Fuerjes, ix Alessandro: soan fan Albert fan Mangora. Sjoch dêre. Alessio Interminei: lieder fan de Wite Fraksje yn Lucca, xviii. Alexander 1: lid fan de Conto Guidoclan, x x x. Alexander 2: de Grutte, 236 foar Kristus, hat it hiele Midden-Easten ferovere, xiv. Ali: skoansoan fan Mohammed, man fan Fatima, x xviii. Alichino: in duvel, x xi. Altaforte: kastiel yn Frankryk, x xix. Amphiaraos: ien fan de sân keningen, dy’t Thebe ynnommen hawwe, x x. de h e l 1 49 Amphion: soan fan Zeus en Antiope, x x xii. Anastasius: paus fan 496-498, xi. Anaxagoras: filosoof, 500 foar Kristus, iv. Anchises: heit fan Aeneas, i. Andrea de Mora: biskop fan Florence, 1287-1295, xv. Angiolello: ridder út Fano, x xviii. Annas: hegepryster yn Jeruzalem, skoanheit fan Kaifas, x xiii. Anselmuccio: pakesizzer fan de greve Ugolino, x x xi. Antillus: mytyske reus, soan fan Neptunus en Terra, x x xi. Antenora: ûnderdiel fan de hel, x x xii. Apenninen: berchketen yn Itaalje, xvi. Apúlje: krite yn Súdeast-Itaalje, x xviii. Aquarius: stjerrebyld, x xiv. Arachne: dochter fan Idom fan Colophon yn Lydis, xvi. Arbia: rivier by Siena, x. Arethusa: nimf, feroare yn in fontein, x xv. Aretine: Albert fan Siena woe him fleane litte, x xix. Aretinen: boargers fan Arezzo, Ghibellinen, dy’t Florence befochten hawwe, x xii. Argines: boargers fan Argos yn Grikelân, x xviii. Ariadne: dochter fan Minos, xii. Aristoteles: Gryksk filosoof, 380 foar Kristus, iv en xi. Arles: stêd yn Frankryk, ix. Arno: rivier, streamt troch Florence, xiii, x x x, x x xiii. Arezzo: stêd yn Toskane, x xix. Arrigo: folslein ûnbekende figuer, vi. Arthur: mytologyske Britske kening, x x xii. Aruns: Etruskyske healgod, x x. Asdente: rebel út Parma, x x Atropos: ien fan de Fata’s, de goadinnen, dy’t it lot fan de minsken yn hannen hiene, x x xiii. 150 l a di v i na com m e di a Attila: haad fan de Hunnen, dy’t û.o. Florence platbaarnd hawwe, 450 nei Kristus, xii, x111. Augustus: keizer yn Kristus’ tiid. Ek de oantsjutting fan de Dútske keizer Frederik ii, i, xiii. Averroës : Arabysk filosoof en natuergelearde, (1126-1196), iv. Aviccenno: Arabysk filosoof, (980-1037), iv. Azzolino: hearsker oer Verona, tiran, (1194-1259), xii. Bacchiglione: rivier in Noard-Itaalje, xv. Bacchus: god fan de wyn, de drank (Bacchanalen!), x x. Baptist: Jan Baptist, Johannes de Doper, patroan fan Florence, xii, x x x. Barbariccia: in duvel, x xi. Beatrice: dochter fan Falco Portinari, berne yn Florence, 1266, stoarn yn 1290. Soarget fan de himel út dat Dante syn reis troch hel en purgatorium meitsje kin, en begeliedt him troch de himel, ii, x, xii, xv. Beccheria: de ‘jildbehearder’ fan Pavia, x x xii. Beëlzebub: liedingjaande duvel, x x xiii. Benaco: mar fan Benaco, mar yn Noard-Itaalje, no Gardamar neamd, x x. Bergamo: stêd yn Noard-Itaalje, x x. Bertram del Bornio: ridder en trûbadoer, x xviii. Bocca: ferrieder yn Florence, x x xii. Bologna: stêd yn Itaalje, x xiii. Bonifatius viii: paus fan 1294-1305, xv, xix, x xvii. Bonturo: haad fan de folkspartij yn Lucca, ferballe nei Florence, stjert dêr yn 1304, x xi. Branca: boarger fan Genua, hat syn skoanheit fermoarde, x x xiii. Brenta: Italjaanske rivier, xv. Brescia: stêd yn Itaalje, x x. Biareus: titaan, reus, x x xi. Brigata: pakesizzer fan Ugolino, x x xiii. Brugge: Flaamske stêd, xv. Brunetto: ûnderwiisman en politikus yn Florence, xv. Brutus: hat Julius Caesar deastutsen, 44 foar Kristus, iv, x x xiv. de h e l 151 Bulicame: hite boarne by Viterbo, xiv. Buoso Donato: lid fan de grutte Donato-famylje yn Florence, x xv. Cascia d’Asciano: tige rij boarger fan Siena, x xix. Cacus: sentaur (heal man, heal hynder), x xv. Cadmus: Grykske mytologyske skiednis, soan fan Aegneos, broer fan Europa, x xv. Caesar: Julius Caesar: Romeinsk generaal, diktator oant syn dea yn de senaat, 44 foar Kristus, i, iv. Cagnazzo: duvel, x xi, x xii. Cahors: stêd yn Frankryk, xi. Caina: ûnderdiel fan de hel, v, x x xii. Calcabrina: duvel, x xi, x xii. Caicas: healgod, holp de Griken by de striid om Troaje, x x. Calchas, x x Camicion de’ Pazzi: ridder, fierder neat fan bekend, x x xii. Cammilla: assistinte fan Diana, de jachtgoadinne, i, iv. Camonica: fallei yn Toskane, x x. Campaldino: plein yn Casentica, x xii. Capocchio: skelnamme, eat as blokholle, bargeharsens, x xix, x x x. Capraia: eilân yn de mûning fan de Arno, x x xiii. Caprona: kastiel yn Pisa, x xi. Carlino de Pisa: lieder fan de Witen yn Florence, x x xii. Carrara: stêd yn Toskane, x x. Casalodi: hear fan Florence, hat de Guelfen út de stêd ferdreaun, x x. Casentino: distrikt yn Toskane, x x x. Cassius: mei Brutus moardner fan Caesar, x x xiv. Catalano: “de muonts” Catalano, machtichste man yn Florence yn Dantes tiidrek, x xiii. Cato: Romeinsk steatsman, 95-46 foar Kristus, xiv. Cattolica: stêd yn Itaalje, x xviii. Cavalcanti: ridder yn Florence, x. Cecina: rivier yn Itaalje, xiii. 152 l a di v i na com m e di a Cefranco: stêd yn Latium, midden Itaalje, x xviii. Celestinus v, paus yn 1291, dy’t syn amt dellein hat, de “leffert” yn iii, ek yn x xvii. Cerberus: de hellehûn, vi, ix. Cervia: Italjaanske stêd, tichtby Ravenna, x xvii. Cesena: Noard-Italjaanske stêd, x xvii. Ceuta: stêd yn Marokko, x xiv. Charlemagne: Karel de Grutte, 742-814, x x xi. Charintana: berchdistrikt yn Noard-Itaalje, xv. Charon: fearman oer de deadsrivier, iii. Charybdis: mei de Scylla draaikolk út de Odyssee yn de Strjitte fan Mesina, vi. Chiron: sentaur, xii. Ciacco: Florentyn út Dantes tiid, vi. Cianfa: lid fan de Donattelli sibbe??, x xv. Circe: goadinne, dochter fan de sinne, x xvi. Ciriatto: duvel, x xi. Cleopatra: keninginne fan Egypte, 68-30 foar Kristus, v. Cluny: stêd yn Frankryk mei in ferneamd kleaster, x xiii. Cocytus: rivier om in part fan de hel hinne, xiv, x x xi, x x xiv. Constantijn: keizer fan Rome 306-337, hat it kristendom ta steatsgods tsjinst makke, xix. Cornelia: dochter fan Scipio Africanus Major, mem fan de Grachen, iv. Corneto: Italjaanske stêd, xiii. Corybantes: de dûnsjende prysters fan Rhea, xiv. Curio: Caius Scribonius Curio, folkstribún, 50 foar Kristus, x xviii. Cyprus: eilân yn it easten fan de Middellânske See, x xviii. Daedalus: de ‘krachtpatser’ fan Minos, heit fan Icarus, xii, xvii, x xix. Damiate: haven yn Egypte, xiv. Deidamia: dochter fan Lycomedos, de kening fan Scyros, x xvi. Deianira: frou fan Hercules, xii. Democritus: Gryksk filosoof, 400 foar Kristus, iv. de h e l 153 Dido: keninginne fan Carthago yn de tiid fan Aeneas, iv. Diogenes: Grykske synyske filosoof, 375 foar Kristus, iv. Diomedes: kening fan Argos, x xvi. Dionysus: tiran fan Syracuse, 405-367 foar Kristus, xii. Dis: haadstêd fan de ûnderwrâld, xi, x x xiv. Don: rivier yn Ruslân, dy’t útkomt yn de see fan Asov, x x xii. Draghighinazzo: duvel, x xi. Duera: Buoso de Duera, Ghibellynsk ferrieder, x x xii. Electra: dochter fan Atlas en Pleione, iv. Elia: profeet, sjoch ii Keningen, x xvi. Elisa: profeet, sjoch ii Keningen, x xvi. Empedocles: Gryksk filosoof, 500 foar Kristus, iv. Erichtho: heks, ix. Erinyen: Grykske namme foar de Fuerjes, ix. Etheocles: soan fan Oedipus, x xvi. Euclides: Gryksk wiskundige, 300 foar Kristus, iv. Euryalus: kompaan fan Aeneas, i. Euripilo: strider út de Trojaanske oarloch, x x. Faenza: Italjaanske stêd, omkriten Bologna, x xviii, x x xii. Fano: Italjaanske stêd, tichtby de Adriatyske see, x x xviii Farfarello: duvel, x xi. Farinata: Ghibellynske lieder yn Florence, vi, x. Feltro: stêd yn Noardwest-Itaalje, i. Fiesole: Italjaanske stêd yn ’e omkriten fan Florence, xv. Filippo Argenti: lid fan de sibbe fan ’e Admitrari, viii. Focaccia Cancellieri: lid fan de Witen yn Florence, ferrieder, x x xii. Focara: krite oan de Adriatyske See, tusken Fano en La Catholica, x xvii. Forlì: Italjaanske stêd, xvi. Fra Dolcino: lieder fan in sekte, x xviii. Francesca da Rimini: frou fan Giacotto de Verruchia, en frijster fan syn broer, v. Francesco Cavalcanti: ealman út Florence, x xv. 15 4 l a di v i na com m e di a Francesco d’Accorso: advokaat út Florence, 1225-1293, xv. Friezen, x x xi. Gaddo delle Gerardesca: soan fan Ugolino, x x xiii. Gaeta: stêd yn de súdhoeke fan Itaalje, x xvi. Gallehault: figuer út de Lancelot-sage, v. Galenus: ferneamd Gryksk medikus, iv. Galura: distrikt yn Sardinië, x xii. Gara: de stêd oan de Gardamar, x x. Gardingo: wyk fan Florence, x xiii. Garissenda: ien fan de tuorren fan Bologna, x x xvi. Gaville: lytse stêd oan de Arno, x xv. Geri del Bello: soan fan Bello della Alighieri, de broer fan Dantes pake, x xix. Geryon: meunster út de hel, xvi, xvii, xviii. Ghisolabella: troch har broer, Venedica, oerlevere oan de “fijân”, xviii. Ganfigliazzo: famylje yn Florence, hearden allegearre by de Swarte Guelfen, xvii. Gianni Schicchi: lid fan ’e sibbe Cavalcanto yn Florence, x x x. Giampole: bestjoerder fan Navarra, x xii. Giavanni Buiamonte: lid fan ’e sibbe Berchi yn Florence, xvii. Giudecca: krite yn de hel, x x xiv. Gorgona: eilân yn de mûning fan de Arno, x x xiii. Governolo: stêd yn Noard-Itaalje, x x. Graffiacane: duvel, x xi. Gualandi: Ghibellynske famylje yn Pisa, x x xiii. Guglielmo Borsiere: ‘diplomaat’, dy’t frede makke hat, xvi. Guido Bonatti: astrolooch, x x. Guido Cavalcanti: dichter, freon fan Dante, x. Guido da Montefeltro: greve, kaptein fan de Ghibellinen, 1223-1298, x xvii. Guido da Romena: lid fan de Conti Guido sibbe, x x x. Guido Guerra: ridder út Florence, 1220-1272, xvi. de h e l 155 Guy de Montfort: greve fan Leister, stoarn yn de slach fan Evesham, 1265, xii. Hannibal: generaal út Carthago, 247-218 foar Kristus, fijân fan Rome, x xviii, x x xi. Harpijen: mytologyske wiven, ferwurden ta meunsters, xiii. Hector: soan fan Priamus, de kening fan Troaje, iv. Helena: frou fan Menelaos, kening fan Sparta, v. Heraclitus: Gryksk filosoof, 500 foar Kristus, iv. Hercules: healgod, soan fan Zeus, man fan de tolve wurken, xii, x xiv, x xvi, x x xi. Homearus: legendaryske dichter, 1000 of 900 foar Kristus. Skriuwer fan de Ilias en de Odyssee, iv. Horatius: Latynsk dichter, 65-8 foar Kristus, iv. Hypocrates: Gryksk medikus, de Hypocratyske eed is nei him neamd, 481-377 foar Kristus iv. Hypsipyle: dochter fan Thoas, de kening fan Lemnos, xiii. Icarus: soan fan Daedalus, woe nei de sinne fleane, x xvii. Ida: berch op Kreta, xiv. Ingelsburcht: kastiel oan de Tiber yn Rome, eartiids wenplak fan de pausen, xviii. Jacopo Rusticucci: ien fan de Sodomiten yn de hel, vi, xvi. Jason: Grykske held, lieder fan de Astronauten, xviii. Jason: hegepryster fan Israel, 2 Makkabeeën 4, xix. Josafat: dal fan –, dêr’t op de oardielsdei alle minsken hinnebrocht wurde, x. Joazef: patriarch, soan fan Jacob en Rachel, x x x. Jove, Jupiter: Romeinske oppergod, (Zeus foar de Griken), xiv, x x xi. Julia: dochter fan Julius Caesar, frou fan Pompejus, iv. Juno: goadinne, dochter fan Saturnus en Rhea, frou en suster fan Jupiter, x x x. Kaifas: hegepryster yn Kristus’ tiid, xiii. Kain: man mei de toarnebosk, man yn de moanne, x x. Kardinaal: “de” kardinaal: Ottaviano degli Ubaldini, legaat oer Lombardije, x. 156 l a di v i na com m e di a Karel de Grutte: 742-814, yn 800 troch de paus ta keizer kroand, x x xi. Kening Athamas: man fan Ino, de suster fan Semele, x x x. Kening (Keizer) Frederik ii, Hohenstauf: 1194-1250, hat fochten yn Itaalje, x, xiii, x xiii. Kening Thibaut: kening fan Navarra, x x. Laertes: heit fan Odysseus, x xvi. Lamone: rivier yn Itaalje, x xvii. Lancelot: haadpersoan út de Britske sage, v. Lano fan Siena: lid fan de Marconi-famylje yn Siena, xiii. Lateranen: yn Dantes tiid meast brûkte paleis fan de paus, x xvii. Latinus: Kening fan Latium, iv. Learchus: kroanprins fan kening Athamas, x x x. Lemnos: eilân yn de Egeyske see, xviii. Lethe: rivier yn de ûnderwrâld, xiv. Libicocco: in duvel, x xi. Libye: yn Dantes tiid de namme foar hiel Noard Afrika, útsein Egypte, x xiv. Linus: in mytologyske dichter, iv. Livius: Romeinsk skiedskriuwer, 57 foar Kristus - 17 nei Kristus, x xviii. Lodoringo degli Andelo: muonts yn Bologna, x xiii. Logodoro: provinsje fan Sardynje, x xii. Lombardije: Noard-Itaalje, tusken de Alpen en de Po, Piemont en Veneesje, i. Lucanus: Romeinsk dichter, 39-65, slachtoffer fan Nero, xii, x xv, x xviii. Lucca: stêd yn Toskane, xviii, x xi, x x xiii. Lucia: hillige, Romeinske martelares, ii. Lucifer: haadduvel, x x xi, x x xiv. Lucretia: frou fan Lucius Tarquinius, ferkrêfte troch de lêste kening fan Rome, 510 foar Kristus. Keningen ferdreaun, begjin fan de republyk, iv. Luni: Italjaanske stêd, omkriten Carrara, x x. Machanardo Pagano: hear fan Faenza, Forlì en Imola, x xv. Malacoda: duvel, x xi. Malebolge: krite yn Itaalje, xviii. de h e l 15 7 Malebranche, xi, xii Mallorca: eilân by Spanje, x xviii. Manto: profetes, dochter fan Tiresias, x x. Mantua: stêd yn Noard-Itaalje, berteplak fan Vergilius, x x. Marcabo: kastiel yn de omkriten fan Ravenna, x xviii. Marcia: twadde frou fan Cato, iv. Maremma: sompige krite oan de kust fan Toskane, x xv, x xix. Mars: god fan de oarloch, soan fan Jupiter en Juno, xvii, x x xi. Master Adamo: portretskilder, x x x. Mattias: apostel, keazen yn it plak fan Judas Iscariot, xix. Medea: dochter fan Aietes, de kening fan Colchis, xviii. Medusa: healgoadinne, ien fan de trije Gorgonen, de iennichste dy’t stjerre koe, ix. Megaera: ien fan de Fuerjes, ix. Menalippus: strider yn Thebe, x x xii. Menice: rivier yn Itaalje, x xviii. Michaël: haad fan de ingels, vii. Michael Scotes: Skotsk filosoof, x x. Minos: legendaryske kening fan Kreta, soan fan Zeus, v, x x, x xvii, x xix. Minotaurus: mytologyske bolle, xii. Mohammed: stifter fan de Islam, 570-613, x xviii. Montagna de Parsitan: haad fan de Ghibellinen yn Rimini, x xvii. Mont Aventijn: ien fan de sân heuvels fan Rome, x xv. Mont Giordano: ien fan de sân heuvels fan Rome, xviii. Mont Tabernica: berch op de Balkan. Fierder ûnbekend, x x xii. Mont Soracte: berch by Rome, it Sint Silvesterkleaster stiet dêrop, x xvii. Montone: rivier yn Noard-Itaalje, xvi. Mordred: omkesizzer fan kening Arthur, in ferrieder, x x xii. Moroella Malaspina: kaptein by de Guelfen, x xiv. Muzen: dochters fan Zeus en Mnemosyne, tsjinsters fan de keunsten, ii, x x xi. 158 l a di v i na com m e di a Myrrha: dochter fan Cynyras, kening fan Cyprus, x x x. Napoleon degli Alberto: soan fan greve Alberto fan Mangona, x x xii. Narcissus: wûndermoaie jonge, soan fan de riviergod Chaphisus en in nympf, x x x. Nasidius: strider yn it leger fan Cato yn Afrika, x xv. Navarra: keninkryk oan beide siden fan de Pyreneeën, no part fan Spanje en Frankryk, x xii. Neptunus: god fan de see, (Gryksk: Poseidon), x xii. Nessus: sentaur, xii. Niccolo de Salimbene: ryk man út Siena, x xix. Nicolaas iii: paus fan 1277-1280, xix. Nimrod: yn Dantes tiid beskreaun as de bouwer fan de toer fan Babel, x x xi. Ninus: kening, dy’t mei syn frou Semiramis it Assyryske ryk stifte hawwe soe, 2180 foar Kristus, v. Nisus: meistrider fan Aeneas, i. Novara: stêd yn Noard-Itaalje, x xviii. Oppido d’Este: Guelfyske ealman, 1264-1293, hat Karel fan Anjou holpen de Po oer te kommen, xii, xviii. Ordelaffi: tiranike famylje, dy’t de baas wie yn Forlì, x xvii. Orfeus: dichter en musikus út de Grykske mytology, iv. Ovidius: Romeinsk dichter, iv, x xv. Palestrina: it âlde Praeneste, stêd yn Latium, 40 km fan Rome, x xvii. Palladium: byld fan de goadin Athene, x xiv. Paolo Malatesta: tredde soan fan Malatesta de Verruchio, hear fan Rimini, v. Paris: mytologyske figuer, bekend om ‘de appel fan Paris’, v. Peleas: heit fan Achilles, x x xi. Penelope: frou fan Odysseus, x xvi. Penthesileia: dochter fan Mars, keninginne fan de Amazones, de ‘fjochtwiven’, iv. de h e l 159 Perillus: konstrukteur yn opdracht fan Phalaris, fan de ‘Sisyljaanske bolle’, in metalen byld, dêr’t minsken yn sean wurde koene, en dêr’t Perillus troch Phalaris as earste yn ombrocht is, x xvii. Peschiera: stêd en kastiel by de Gardamar, x x. Phaëton: soan fan Apollo en Clymene, xvii. Phegeton: rivier yn de hel, xii, xiv. Philegra, slach fan: mytologyske slach, dêr’t Jupiter en Hercules de reuzen yn ferslein hawwe, dy’t de Olympus bestoarmen, xiv. Phlegias: soan fan Mars, kening fan de Lapithae, hat de tempel fan Delphi platbaarnd, viii. Pholus: sentaur, xii. Photinus: diaken yn Thessalonica, dy’t Eucharisty fierd hat mei de ketters, xi. Piceno: op de Piceneeske Fjilden waarden de Swarten út Pistoia ferslein, x xiv. Pier de Medici: man, dy’t de striid mei en yn Florence opnij oanstutsen hat, x xviii. Pier della Vigna: dichter, minister fan keizer Frederik ii, xiii, x x xii. Pietrapane: berchpyk yn Toskane, no Pallia della Croce neamd, x x xii. Pinamonte: Hear fan Mantua, Ghibellyn, x x. Pisa: stêd oan de Arno (Itaalje), x x xiii. Pistoia: stêd yn Itaalje, yn de omkriten fan Pistoia lizze ek de Piceneeske Fjilden, x xiv. Plato: Gryksk filosoof, 428-347 foar Kristus, iv. Plutos: soan fan Jason en Demeter, god fan de sûnens, vi, vii. Po: rivier yn Noard-Itaalje, v, x x. Pola: haven yn Istrië, ferneamd om de Romeinske oerbliuwsels dêre, ix. Polenta: kastiel by Emilia, dêr’t de Polenta-famylje nei neamd is, x xvi. Polydorus: soan fan Priamus, de kening fan Troaje, x x x. Polyxena: dochter fan Priamus, de kening fan Troaje, x x x. Potifar’s frou: woe frije mei Joasef yn Egypte, sjoch Genesis 39, x x x. Prato: stêd yn Itaalje, x xvi. 160 l a di v i na com m e di a Priscianus: Latynsk grammatikus, 600 nei Kristus, xv. Proserpina: de Grykske Persephone, keninginne fan de ûnderwrâld, ek as de moanne, ix, x. Ptolemaeus: Gryksk matematikus en geograaf, iv. Puccio Sciancato: lid fan de Galigai-famylje yn Florence, x xviii. Purgatorium: suveringsberch, twadde diel fan Dante syn Komeedzje, x xiv, x xv, x x xiv. Pyrrhus: Kening fan Epirus, 318-274 foar Kristus, focht mei Rome, wûn, mar sei: “Noch sa’n oerwinning en ik bin ferlern.” xii. Quarnaro, Golf fan: “top” fan de Adriatyske see, by Istrië, ix. Rachel: ien fan de frouwen fan Jacob, de mem fan Joazef en Benjamin, iv. Ravenna: stêd yn Noard-Itaalje, oan de Adriatyske See, v, xvii. Reno: rivier yn Itaalje, xviii. Rhea: dochter fan Uranus, frou fan Saturnus, xiv. Rhône: rivier yn Frankryk, ix. Rinier da Corneto: rôver, xii. Rinier Pazzo: rôver, xii. Robert Guiscard: Normandiër, ien fan de tolve soannen fan Tancred, x xviii. Roland: Frankyske held, neef fan Karel de Grutte, deade by de slach fan Roncevaux, x x xi. Romagna: provinsje yn Itaalje, no Emilia neamd, x xvii, x x xiii. Romana: doarp yn de omkriten fan Florence, x x x. Rubicante: duvel, x xi, x xii. Ruggieri degli Ubaldini: Aartsbiskop fan Pisa 1278-1295, x x xiii. Sabellus: strider yn it leger fan Cato yn Afrika, x xv. Saladin: sultan fan Egypte en Syrië 1137-1193, iv. Santa Zita: patrones fan Lucca, x xi. Santerno: rivier yn Noard-Itaalje, x xvii. Sassol Mascheroni: lid fan ’e sibbe fan de Toschi-sibbe yn Florence; hat syn neef deade om it erfskip te krijen, x x xii. Saturnus: mytologyske kening fan Kreta, ferdreaun nei Itaalje, xiv. de h e l 161 Savena: rivier yn Noard-Itaalje, xviii. Savio: rivier yn Noard-Itaalje, x xvii. Scarmiglione: duvel, x xi. Scipio: Romeinsk generaal, 234-183 foar Kristus, hat Hannibal ferslein, xxxi. Scrovegni: Paduaanske famylje, xvii. Semele: dochter fan Cadmus, de kening fan Thebe, x x x. Semiramis: legendaryske keninginne fan Assyrië, frou en opfolchster fan Ninus, v. Seneca: Romeinsk dichter en filosoof, 4 foar Kristus-65 nei Kristus, learaar fan Nero, dy’t him ta de dea feroardiele hat. Hy hat himsels tekoart dien, iv. Serchio: rivier yn Toskane, Itaalje, by Lucca, x xi. Sextus Tarquinius Superbus: seisde kening fan Rome, 550 foar Kristus, kaam Lucretia te nei, xii. Sichaeus: omke en man fan Dido, de keninginne fan Carthago, v. Siena: stêd yn Toskane, hielendal Ghibellynsk, x xix. Sylvester: paus 314-335, xix, x xvii. Simon de tsjoender: troch de apostels beskrobbe om de ferkeap fan it hillige, sjoch Hannelingen 8, 18-23, xix. Sinon : Gryksk strider yn de Trojaanske oarloch, x x x. Sismondi: Ghibellynske famylje yn Pisa, x x xiii. Socrates: Gryksk filosoof, 469-399 foar Kristus, iv. Sodom: stêd om syn sûnden ferneatige, sjoch Genesis 19, 24-26, xi. Styx: rivier yn de hel, eltsenien dêre moat deroerhinne set wurde, vii, ix, xiv. Sylvius: soan fan Aeneas en Livinia, held yn Troaje, ii. Tagliacozzo: stêd yn Midden-Itaalje, x xviii. Tarquinius Lucius Superbus: sânde en lêste kening fan Rome, oant 510 foar Kristus, iv. Tartaren: kamen yn Dantes tiid út Azië wei op rôftocht nei Europa, xvii. Tegghiaio Aldobrandi: Florentynske Ghibellynske famylje, vi. Telemachus: soan fan Odysseus en Penelope, x xvi. 162 l a di v i na com m e di a Thais: it ljidske yn Terentius syn “Eunuchus”, xviii. Thales: Gryksk filosoof, 635-545 foar Kristus, iv. Thebe: stêd yn Grikelân, xx. Theseus: “De hertog” fan Athene: legendaryske kening fan Athene, Grykske held, ix, xii. Thibault: lid fan de Zambra-famylje yn Faenza, x x xii. Tiber: rivier, dêr’t Rome oan leit, x xvii. Tiresias: mytologyske wiersizzer yn Thebe, x x. Tisiphone: ien fan de Fuerjes, ix. Tirol: berchdistrikt yn Noard-Itaalje, x x. Tityus: in titaan, x xi. Telemea: in krite yn de hel, x x xiii. Toppo: in kastiel by Arezzo, xiii. Toskane: provinsje yn Itaalje, tusken de Apenninen en de Middellânske see, x xiv. Trente: stêd yn Noard-Itaalje, xii, x x. Tristan: ridder út de Arthur-legende, v. Troaje: stêd yn Lyts-Azië. Homearus hat de striid om Troaje beskreaun, xxx. Tullius: Marcus Tullius Cicero, Romeinsk orator en politikus, 106-43 foar Kristus, iv, xi. Turnus: de Rutiliaanske kening, oan wa’t Lavinia tasein wie, oant Aeneas yn it spul kaam, i. Tydeus: kening fan Calydon, ien fan de sân, dy’t Thebe ynnommen hawwe, x x xii. Ubiachi: famylje yn Florence, xvii. Ugolino della Gerardesca: greve, Ghibellyn út Toskane, x x xiii. Ugucissione della Gerardesca: soan fan Ugolino, x x xiii. Ulysses: sjoch Odysseus, x xvi. Urbino: stêd yn midden Itaalje, x xvii. Vanni Fucci: basterd fan Fucco di Lazari, lieder fan de Swarten yn Pistoia, xxiv. de h e l 163 Venedico Caccianemico: ealman, 1228-1297, lieder fan de Guelfen yn Bologna, xviii. Vercelli: stêd yn Lombardije, Itaalje, x x, xv. Vergilius. Publius Vergilius Maro: Romeinsk dichter, 70-19 foar Kristus, hat de Aeneis skreaun, oer de ûndergong fan Troaje, hat Dante begelaat troch de hel, i oant en mei x x xiv. Verruchio: doarp mei kastiel by Rimini, wenplak fan de femylje Malestino, x xvii. Verruchio Malestino junior: hear fan Rimini, 1312-1317, xvii, xviii. Verruchio Malestino senior: hear fan Rimini 1295-1312, xvii. Vitaliano: buorman fan de Scrovegni yn Padua, fierder ûnbekend, xvii. Vulcanus: god fan it fjoer, xiv. Wytsân: eartiids Flaamske stêd, haven tusken Calais en Boulogne, xv. Zeno: filosoof op Cyprus, 336-264 foar Kristus, earste fan de Stoïsinen, iv. 164 l a di v i na com m e di a l a di v i na c om m e di a Joseph Anton Koch (*1760 - †1839) Frescocyclus yn Casino Massimo yn Rome, Dante seal, Szene: Sühneschiff en suveringsberch út it faaiefjoer di e l 2 It faaiefjoer Ynlieding Jierren lyn is it al krekt útsocht: fan de hûndert lju dy’t de Hel lêzen hawwe, hawwe mar tritich it Faaiefjoer lêzen, en twaen tritich it Paradys. Ek it tal oersettings lit wol sjen, dat de Hel it folle faker ta in oersetting brocht hat as it Faaiefjoer en de Himel. Peter Greenaway hat in grut part fan it Inferno ferfilme, mar it twadde en tredde boek fan de Godlike Komeedzje fûn er ‘too dull’ om der in film fan te meitsjen. Faaks is it twadde diel fan de Divina Commedia de measte lêzers ek ‘te Roomsk’, stiet it te fier ôf fan harren bibelsk byld fan it libben nei de dea. Dochs is it Purgatorio, de Lotteringsberch, it Faaiefjoer, perfoarst net ferfeelsum. Wis: der binne net de sensaasjes fan de Hel, net de hearlikheden fan it Paradys, mar wol de rêst fan de wissichheid dat alles eins al goed kommen is, it ferhaal fan de stadige gong, earst de berch oer en dan troch de omgongen, dêr’t de ferskate sûnden yn straft wurde. De sûnden binne al ferjûn, mar moatte noch útboete wurde, foar’t dizze leden fan de lijende tsjerke oergean kinne nei de triomfearjende tsjerke yn ’e himel. Earst beskriuwt Dante hoe’t er mei Vergilius oankomt oan de igge fan de see fan de dea. Dan giet er de berch op, oant de poarte fan it eigentlike purgatorium, en sjocht hoe’t de sân haadsûnden bestraft wurde: de grutskens, de oergeunst, de nidigens, de tragens, de gjirrigens (en de rijens), de roppigens en de gleonens. Dan komme se yn it ierdsk paradys, dêr’t de beam noch stiet dêr’t Eva net fan ite mocht, en dochs fan iten hat. Vergilius is dan samar ferdwûn, Beatrice nimt de lieding oer, mar foar’t se Dante de himel yn liedt nimt se him geweken en lit him o sa fûl witte, hoe slim oft it wie dat hy har doedestiids sitte litten hat. 169 It Purgatorio, it Faaiefjoer, dat allinne op it lêst in fjoer is – lykas de hel op it lêst iis is, allinne iis – wurdt troch Dante beskreaun hielendal neffens de roomske tradysje, lykas dy letter, op it Konsylje fan Trente, fêstlein is: der is in faaiefjoer, en de sielen dy’t dêr tahâlde kinne troch de gebedens fan de leauwigen op ierde holpen wurde. Hja bidde foar harren sibben hjir op ierde, mar hja freegje hast allegearre oan Dante: lit, as jo weromkomme op ’e ierde, dochs myn widdo, myn bern, myn freonen, myn kunde, foar my bidde, dat myn dagen hjir ferkoarte wurde meie. Ik bin dan de poarte nei de himel (‘it each fan ’e nudle’) wol trochkommen, mar ik moat noch lang hjir bliuwe foar’t ik de himel yn gean mei. Dêrom: bid foar my! Ik hoopje dat it lêzen fan dizze oersettingen, mei de lytse ta ljochtingen yn de noaten, mei likefolle wille lêzen wurde as ik hie, doe’t ik se gearstald haw. Rotterdam, hjerst 2004 p.w. brou w er 170 [ canto i ] O m yn better farwetter te kommen, hie ik de seilen fan myn ynderlike boat oplutsen, en sa hie ik de wrede en tsjustere see efter my litten. No sil ik dan it twadde ryk beskriuwe, dêr’t de sielen fan de minsken yn bestraft wurde, en sa harren skuld útboetsje, en weardich wurde de himel yn te gean. Jimme, Muzen, bin ik tawijd. Jimme bid ik: lit no myn deade dichtwurk ta libben komme. Lit de swiete Calliope my stypje mei wat begelieding, lykas dy, dêr’t doedestiids de ferflokte Pierides de krêft fan ûnderfûn hawwe, sa skriklik, dat hja it net mear oandoarsten en hoopje noch op behâld. It swiete blau wie wer te sjen oan de eastlike himel, lykas altyd helder en trochskinend. Foar myn blide eagen wie it as wiene se op ’e nij berne, sa gau’t ik de deade loft út wie, dy’t sa swier op myn siele drukt hie. Venus, waans swiete ynfloed it hiele easten glimkje liet, hie de stjerren fan de Wein wat oerljochte tusken al de stjerrekloften boppe ús. Ik draaide my om nei rjochts, nei de oare poal, en dêr seach ik fjouwer stjerren, noch nea sjoen troch de stjerlike minsken fan it oanbegjin ôf. De himelen iepenbieren op ’e nij al harren gloarje. O, earme noardlike hemisfear, foar altyd berôve fan de gloarje fan dit moais! Doe’t ik opholden wie myn eagen te gast gean te litten, draaiden se harren in bytsje nei lofts, nei de oare poal, dêr’t doe de stjerren fan de Wein harren sjen lieten. Ik seach tichterby in âldman, allinne. Syn útstrieling ferfolle my mei sa’n earbied, gjin heit koe mear earbied freegje fan syn bêste soan. Syn burd wie lang, mei wite stringen deryn, wyt wie ek syn hier, dat, syn gesicht frijlittend, oan syn boarst ta kaam. Strielen fan hillich ljocht, fan de fjouwer stjerren út, diene syn antlit opljochtsjen. Hy seach ús oan, as de sinne sa ljocht, en i t fa a i e f joe r 17 1 wylst er sa stie, frege er ús: “Wa binne jimme, dy’t troch de tsjustere stream klommen binne? Wa hat jimme it paad wiisd? Of wat hat jimme as ljocht tsjinne troch dy tsjustere delling, dêr’t eltsenien altyd blyn omrint yn de tsjustere nacht? Wa hat de wetten fan dy tsjustere kûle sa brutsen? Of hat de himel nije regels opsteld, dat de feroardielen trochrinne meie nei myn rotsen troch de djipten fan de hel?” Doe lei myn master my de hân op ’e holle, en tsjutte mei wurd en gebearte my oan om him myn earbiedigens te toanen, mei eagen en knibbels. En hy andere him: “Ik ha dizze lange wei net ôflein, om’t ik it woe of koe. In frouwe út de himel hat my oan dizze man ta gids en stipe jûn. Mar om’t jo noch wol mear witte wolle, sil ik jo ek fertelle, wa’t wy binne, wêrom’t wy kommen binne, en hoe. Dizze man hjirre moat syn lêste oere noch belibje. Alhoewol: yn syn net te dwêsten healwizens hat er der wol tichteby west! Lykas ik jo al sein ha: ik bin stjoerd om him sjen te litten hokker wei syn siele gean moat as er rêden wurde wol. En der wie gjin oare wei, dy’t ik gean koe, as dizze. Ik ha him alle swiere sûnders sjen litten, en no wie ik fan doel, him te lieden nei de sielen, dêr’t jo de macht oer hawwe, en ik woe him dyjingen sjen litte, dy’t troch harren lijen fan sûndeskuld frij makke wurde. Mar hoe’t ik him krekt laat ha nei dit strân, om jo te hearren en te sjen, dat ferget no tefolle tiid. De macht en de opdracht te dwaan wat ik dien ha, komt fan de himel. En lit syn kommen jo no net misfalle, want hy is ûnderweis om syn frijheid werom te winnen, frijheid foar in man, dy’t syn libben jaan wol foar it witten, hoe’t alles wierliken is. Jo witte hoe’t en wêrom’t wy de swiete dea fûn hawwe, dêr yn Utica, dêr’t jo doe it flêsk ôflein hawwe, dat wer skitterje sil op de lêste dei. Wy hawwe de regels net brutsen: hy libbet noch, en ik hear net by de rûnte, dy’t bestjoerd wurdt troch Minos. Likemin as jo eigen Marcia, waans suvere eagen inkeld op jo rjochte binne, 172 di v i na com m e di a en dy’t sûnder ophâlden foar jo bidt. O, sillich boarst, dêr’t jo foar altyd yn leafde yn bewarre binne! Ja, út leafde foar har, jou ús tastimming om dizze tocht fierder troch te setten, troch al jo sân keninkriken hinne. As ik wer weromkommen bin op myn plak njonken har, sil ik har foar jo geunst myn tank oerbringe, as jo it goed fine dat ik jo namme dêr útsprek.” “Marcia hat safolle nju oan myn eagen jûn, dêr, njonken my,” sa andere hy, “dat ik alles wat hja my frege, mei folle wille dien ha. En no’t se dêr, efter de kweade stream, bliuwe moat, kin gjin wurd fan har my noch oantrune. Sa wie it fûnis, oer ús útsprutsen, doe’t ik fan de oare kant út fuortgien bin, mar as, lykas jo sein hawwe, in himelske frouwe jo dit alles opdroegen hat, dan hoege jo my net oan te flaaien, mar it inkeld te freegjen yn har namme. Gean dan, en lied dizze man fierder, mar byn him earst in krâns fan tûken oer syn klean hinne, en meitsje syn gesicht skjin, dat alle oantsjuttingen fan wat er meimakke hat derôf wosken binne. Want it is net yn oarder dat immen mei mistige eagen foar de ingel ferskynt, dy’t de poarte fan it paradys bewekket. Op de troch de golven omspielde igge dêrûnder waakse lytse tûken yn de sêfte moude. Oare, hurde, houteftige, wolle dêr net waakse. Wat op dy plakken stiet, moat bûge kinne. En kom net dizze kant om werom, de opgeande sinne sil de wei, dy’t dêr yn ’e fierte omheech giet – en dy wei moatte jo nimme – oerljochtsje.” En mei dy wurden wie er ynienen weiwurden. Sûnder wat te sizzen, gie ik nei myn master werom, en seach him oan, wachtsjende op wat er sizze soe. Hy sei: “Rin efter my oan, wy draaie om, want oan dy kant dêr is in maklike wei omheech, in wei, dy’t rint nei de râne fan it lege lân dêre.” De dei hie it lêste tsjuster ferdreaun, en sa koe ik yn ’e fierte sels de lytse weagen fan de see sjen. Wy kuieren de igge bylâns, as minsken, dy’t witte, dat harren earste tocht net goed wie, en dy’t no yn alle rêst in oare sykje moatte. En doe’t wy wiene i t fa a i e f joe r 173 dêr’t de dau noch tsjin de sinne striidt, dêr’t it skaad mar stadichoan ferdwynt, doe brocht myn master syn hannen wiid útspraat boppe it gers, en ik, dy’t foar it ferstân krigen hie wat er woe, kearde him myn wangen fol triennen ta, bûgde myn holle, en hy wosk myn gesicht skjin. Sa hie ik wer de kleur, dy’t de smoargens fan de hel weinommen hie. Doe rûnen wy fierder, oer it ferlitten strân, dat noch nea in man sjoen hie dy’t dêrnei de wei weromfûn hie. En myn master makke, lykas dy oare man sein hie, in krâns fan sêfte tûken, en die dy om my hinne. En sa gau’t er in tûke ôfbrutsen hie, stie dêr, op itselde plak, in nije tûke, krekt sa’n ien as der stien hie. by canto i • Dante komt no út yn ‘it purgatorium’, dat er sels as ‘de lotteringsberch’ beskriuwt, yn dy tiid, en ek no noch, meastentiids ‘it faaiefjoer’ neamd, it plak, dêr’t de sielen bliuwe moatte oant hja al harren sûndeskuld útboete hawwe, en it paradys yngean kinne. • Calliope wie ien fan de Muzen. Mei har siterspyljen hat hja de Pierides, dy’t mei de Muzen stride woene, yn aksters feroare. • De âldman, dy’t harren opwachtet, is (Marcus Portius) Cato (9546 foar Kristus). Vergilius hat syn libben beskreaun. Marcia wie Cato’s twadde frou. Cato hat har opdroegen om him te ferlitten, en syn freon Hortensius te boaskjen. Nei de dea fan Hortensius woe se perfoarst nei Cato werom. Se wie no yn Vergilius syn krite, yn de ûnderwrâld, mar net yn de hel dêr’t Minos de ferdoarnen harren plak oanwiist. Marcia is ek it toanbyld fan it langstme nei it ivige lok, lykas dat yn it faaiefjoer libbet. 174 di v i na com m e di a [ c a n t o i i ] D e sinne stie al baarnend oan de hoarizon, it heechste punt fan syn omgong wie boppe de meridiaan oer Jeruzalem, it leechste punt, rjocht dêrtsjinoer, djip yn ’e nacht, boppe de meridiaan oer de Ganges, yn it stjerrebyld fan de Skealjes, dy’t him út ’e hân falle sille as hy heger komt, om’t de simmer op kommendewei is. En sa, dêr’t wy wiene, hie Aurora har bleke wangen ferlern, en waarden dy reader, nei’t de tiid fierder gie. Wy stiene dêr by it begjin fan de nije dei oan it strân, lykas pylgers, dy’t de wei foar harren út goed oersjen kinne, en harren siel al dy kant út gean litte, wylst harren lichem noch efterbliuwt. Doe kaam ynienen yn it westen fan de oseaan, dêr’t yn de iere moarn ek Mars te sjen is, tusken de fiere dampen troch, – en ik hoopje, dat ik dat noch faak sjen kin – in ljocht opsetten, dat op ús ôfkaam mei mear gong as alles, wat fleane kin. Ik seach, ien amerij mar, myn master freegjend oan, en doe’t ik wer seach nei dat ûnbekende skynsel, seach ik ynienen hoe grut en skitterjend oft it wie. En doe’t it fan alle siden sichtber wie, wyt oan de ûnderkant, en noch witer fier dêrboppe út, wyt dat de hiele tiid grutter waard, doe seagen wy, dat de twa wite flakken oan beide kanten de foarm fan wjukken hiene. Vergilius sei gjin wurd, mar doe’t er de wjukken goed besjoen hie, rôp er: “Gean op ’e knibbels lizzen! De ingel fan God komt deroan! Knibbelje del, en doch de hannen gear! Jo sille yn dit keninkryk mear sokke hege tsjinners sjen! Sjoch, hoe’t dizze mei syn eigen helpmiddels wurket! Hy hat gjin oare seilen nedich as syn eigen wjukken, om’t dy him oer de fiere see hinne drage kinne. Sjoch, hoe’t syn wjukken heech opstutsen binne: it binne ivige fearren, hja falle net út lykas de fearren op ’e ierde.” Doe, doe’t de himelfûgel de hiele ôfstân i t fa a i e f joe r 175 ôflein hie, en hy helderder en helderder tichterby kaam, oant ik it ljochtskynsel om him hinne net mear ferdrage koe, bûgde ik de holle. De ingel stjoerde syn skip rjocht foar de igge. Oan it wetter wie net te sjen, dat der in skip trochhinne gien wie. De grutte stjoerman fan de Hear stie efter op it skip, syn seinige oanwêzigens wie dúdlik te sjen. Mear as hûndert sielen sieten foar him, en hja songen, sa kaam it op ús oer, mei ien inkelde stim ‘In exitu Israel de Aegypto’, fers nei fers makken hja de loft bliid mei harren gesang. De ingel makke it teken fan it krús, en hja smieten harren op dit teken allegearre op it strân. Like sêft as er kommen wie, gie de ingel ek wer syn wei werom. De mannichte, dy’t er efterlitten hie, like net te begripen, hokker plak it wie, dêr’t se no stiene. Hja seagen wat betiisd om harren hinne, as minsken dy’t foar it earst yn in nij lân oankommen binne. De sinne, dy’t mei in bôge yn eltse striel de Stienbok út de himel weidreaun hie, hie no mei eltse striel de himel ljochter makke. En doe’t al dy nije sielen opseagen nei myn gids en my, seine hja tsjin ús: “As jimme it witte, wiis ús dan de wei nei boppen, de berch op!” En Vergilius andere: “Jimme tinke faaks, dat wy wat mear oer dit plak witte as jimme. Mar wy binne ek allinne mar pylgers, koart foar jimme hjir oankommen, oer in wei, sa brutsen, sa steil en sa skriklik, dat de wei omheech foar ús in boarterijke wêze moat.” De mannichte sielen, dy’t my sykheljen seach, want ik wie noch yn it lichem, dêr’t ik yn berne wie, seach my fol ferwûndering oan, en allegearre waarden wyt as in deade. En lykas in mannichte, dy’t op in boade mei in olivetûke oanrint, en net bang is om him daalks oan te sprekken, sa kamen se ek allegearre, dizze útkarde sielen, op ús oansetten, en seagen my goed oan, as wiene hja ynienen de lange wei fergetten, dy’t hja noch ôflizze moasten foar’t hja de folsleine gloarje yngean koene. Ien kaam nei foaren, en omearme my, en syn gesicht wie sa strieljend fan blidens, dat, 176 di v i na com m e di a doe’t ik it seach, ik wat nei foaren bûgde, en him ek omearme. O, sa’n fêstfoarmich lykjend skaad! Ik sloech myn hannen om him hinne, en trije kearen sloech ik tsjin myn eigen boarst, troch de lege loft. Fan ferheardens moat ik doe ek alle kleur ferlern hawwe, want hy glimke sêft, en die in stap tebek, en ik gie wat nei foaren, en besocht it op ’e nij. Mei in stim sa leaflik as song er in liet, frege er my efkes te wachtsjen. En oan syn stim koe ik him wer. Ik frege him ek efkes stil te stean, en mei my te praten. Hy andere: “Lykas ik jo leaf hie yn de dagen dat ik noch omrûn yn myn stjerlik liif, sa ha ik jo no noch leaf yn de frede hjirre. Mar wêrom en hoe binne jo hjir hinne kommen?” “Casella, ik gie de wei dy’t ik gien ha yn ’e hope, dat ek ik hjir ienris weromkom,” sa andere ik, “mar wêrom hat it jo safolle tiid nommen om hjir te kommen?” En hy: “My is gjin ûnrjocht dien, doe’t hy, dy’t soks dwaan kin, oan myn siel jitris en jitris it rjocht ûntsein hat nei hjirre troch te reizgjen. Want syn dwaan wurdt beweegd troch de Rjochtfeardige Wille. En sa hat it trije moannen duorre, foar’t er allegearre meikomme liet, dy’t him dêrom frege hiene. Doe wie ik ek oan bar. Ik stie dêr, op it plak, dêr’t de Tiber stadichoan sâlter wurdt. En nei dat plak is er no weromtein, want dêre, oan de mûning fan de Tiber, wachtsje de sielen, dy’t net yn de Acheron fersonken binne, op him.” En ik wer: “As de nije wet, dêr’t jo no ûnder steld binne, allinne jo hûd, mar net jo ûnthâld meinommen hat, wês dan sa goed, en lit nochris ien fan jo leafdessangen hearre. Ien fan jo sangen, dy’t doedestiids my sa meinommen hawwe.” “De leafde, dy’t syn oertinkingen útsprekt yn myn herte,” song er doe, en safolle graasje floeide der troch de loft, dat de lûden fan it liet my no noch troch de earen geane. Myn gids en ik, en al dy útkarde sielen, stiene as ferwezen troch dy hearlike sang, doe’t wy ynienen de Eale Alde hearden, dy’t rôp: “Wat is dit? Wat sil dit? Hokker ôflieding, hokker ûnferskilligens is dit? Jimme i t fa a i e f joe r 17 7 loaikerts! Rin mei hasten nei de berch, en lûk dêre de skilen fan jimme eagen, dy’t no noch behinderje dat God troch jimme hinne Him sjen lit!” En lykas dowen, dy’t drok dwaande binne op in eker nôtkerlen te fretten, as der ynienen wat ferskynt, dêr’t se bang fan binne, samar mei fretten ophâlde en allegearre opfleane, sa liet it hiele selskip ús allinne, en rûn, sa hurd as it mar koe, de kant fan de berch út, lykas minsken, dy’t ynienen fuortflechtsje moatte, mar net witte, wêr’t se hinne moatte. En yn ien eagenblik stiene myn master en ik dêr wer allinne. by canto ii • Dante beskriuwt yn it begjin fan dit Canto krekt, neffens de stjerrekunde fan syn tiid, hoe let oft it is, en hoe fier yn it jier: ier op de dei fan Peaske, 1300. Yn 1300 wie de ierde foar de minsken noch gjin bol dy’t om de sinne draait. De ierde wie in platte fêstlizzende skiif, it útspansel derboppe, de sinne en de moanne draaiden yn it útspansel om de ierde hinne, de stjerren wiene lytse ljochtsjes, goed oardere yn dat útspansel. Dante wie ôfdaald yn de ûnderwrâld ûnder de ierde, en dertrochhinne kommen – sjoch de lêste Canti fan Hel – en doe ynienen omdraaid, en sa stie er wer op syn fuotten op de oare kant fan de ierde, dêr’t de Lotteringsberch omheech stiek. Dy moast er opklimme, om yn ’e Himel te kommen. De sinne seach er yn it stjerrebyld de Skealjes, mar hy wist dat dy gau ‘út syn hân’ falle soene: de simmer kaam deroan! • In exitu Israel de Aegypto: de 114e psalm, (113e neffens de Vulgaat) dy’t yn de fespers op snein en by it te hôf dragen fan in deade noch wol songen wurdt: “Doe’t Israel út Egypte teach, it skaai fan Jakob út in frjemdtalich folk, is Juda syn hearlike wente wurden, en Israel syn ryksgebiet. Dat seach de see, en flechte… • Casella wie in sanger, in trûbadoer, freon fan Dante, stoarn yn 1299. Neffens Dante hie er trije moannen wachtsje moatten, foar’t er, Peaske 1300, by de Lotteringsberch oankaam, op syn wei nei de himel. 178 di v i na com m e di a [ canto iii ] A lhoewol’t de hastich flechtsjende sielen harren oer de flakte by it strân ferspraat hiene, koene wy dochs sjen, hoe’t hja mei it gesicht nei de berch fierder rûnen. Ik krong tichter nei myn master ta – hoe soe ik sûnder him dizze tocht ea meitsje kinne? – en rûn mei him fierder. Wa soe my oars de goede wei op stjoere, de berch op? It like wol, as koe myn master it net hawwe, dat er it net goed regele hie. O, eal gewisse, dat in lytse flater, dêr’t oaren ûnder lije, ta in grutte swierrichheid makket! Doe’t hy foar it ferstân krigen hie, dat de hastigens, dy’t de minsken oantrunet altyd alles earst te hifkjen, jin te fiter hawwe kin, wie dat foar my de oanlieding om der wat fierder oer nei te tinken. Dat makke myn eagen frij, ik seach net mear efterom, mar inkeld noch nei wat foar ús wie, nei de hege berch, rjocht foar ús, heech oprizend út de see, omheech nei de himel. Leech efter ús wie de sinne, as in reade gloed. It ljocht, dat foar my op ’e grûn kaam, wie brutsen, krekt yn de foarm dêr’t myn lichem de sinnestrielen yn tsjinhâlde koe. Ik wie bang wurden, en liet dat ek sjen. Bang wie ik, dat ik hielendal allinne fierder gean moast, want ik seach mar ien skaad foar my op ’e grûn. Mar myn lieder draaide him doe fûl nei my ta, en sei: “Wêrom binne jo noch altyd net hielendal wis fan josels? Wêrom twifelje jo der noch oan, dat ik hjir by jo bin? De nacht is al fallen oer it grêf, dêr’t it lichem leit, dêr’t ek ik ienris in skaad mei meitsje koe. It lichem is oerbrocht fan Brindisi nei Napels. Dat it no hjir gjin skaad mear jout, ferwûnderet jo mear as it de himel ferwûnderet, dy’t al dizze strielen útstjoert, strielen, dy’t troch ús net mear blokkearre wurde kinne. Yn it lichem reagearje wy op pine, op hjitte en kjeld, lykas it Heechste Wollen it beskikt hat. It Wollen, dat i t fa a i e f joe r 179 al Syn wollen net iepenbierje wol. De minske, dy’t dat dochs besykje wol, is net goed wiis, as hy derfan dreamt de nearne oan bûne Wil fêstlizze te kinnen, de wil fan de Trije Persoanen yn ien Wêzen. Wês tefreden mei it “Quia” fan de Unbekende Oarsaak, o minskebern! Want as jo alles sjen koene, dan hie it net nedich west, dat Marije swier wie, en in Bern droegen hat. Jo hawwe sjoen, dat somliken fergees besocht hawwe om alles te witten. Hja moasten oan de honger nei witten harren pine lije. Ik ha it no oer Plato en Aristoteles,” sa sei er, “en noch folle oaren mear.” En doe sei er neat mear, en hy bûgde de holle. Wilens wiene wy oan de foet fan de berch oankommen, en dêr fûnen wy in paad, sa rjocht omheech, dat it allinne te berinnen wie as jo fleane koene, of oer loft rinne koene. It meast brutsen paad, mei allinne losse stiennen tusken Lerici en Turbia, is, fergelike mei dit, in brede treppen. Myn gids seach it dúdlik. “Wêr is er no,” sa sei er, “dy’t ús dúdlik sizze kin, hoe’t wy in goede trochgong fine kinne, dêr’t immen sûnder wjukken troch omheech komme kin?” En wylst er dêr stie, mei bûgde holle, ôfwachtsjend hokker wei wy nimme koene, seach ik omheech nei de stienheapen foar ús, en seach oan myn lofterhân in grutte kliber sielen, dy’t ús kant út kaam. It like dochs oft hja stil stiene, sa stadich rûnen se. “Master,” sa sei ik, “sjoch ris omheech, en jo sille wat folk sjen, dat it probleem oplosse kin, as jo der noch altyd net út komme kinne.” Hy seach nei harren omheech, en doe, dúdlik wat blider wurden, sei er: “Litte wy nei harren tarinne, hja binne dêr al oankommen, en jo, myn soan, leau wat jo altyd leaud hawwe.” Wy wiene noch in hiel ein ôf fan dizze stadich rinnende kloft, en doe’t wy sa’n tûzen stappen fierder wiene, sa fier fan harren ôf as immen mei in stien goaie kin, sei myn master: “O, sielen, dy’t jimme libben sa goed ôfsletten hawwe, útkarde geasten, by de swiete kroan fan frede, dy’t op jimme holle set wurde 180 di v i na com m e di a sil, fertel ús dochs: wêr giet in wei nei de helling, dêr’t twa man bylâns nei boppen klimme kinne? Want wa’t de koartens fan syn tiid it bêste wit, hat it measte lêst fan tiidfergriemen.” En lykas skiep de stâl út komme, ien foar ien, dan twa by twa, trije efterinoar, en dan alle oaren yn ien kear derefteroan, in bytsje skruten, en de noas hast op ’e grûn, en as de earste stil stiet skowe de oaren op him en opinoar, sleau en stom, en net wittend, hoe’t it no fierder moat, sa kamen sy ús kant út. En ik stie dêr, mei myn gids, en wachte oant de earste rige fan de lokkige keppel deroan kaam. Hja seagen der lokkich út, rûnen rêstich en weardich. Doe’t de earste sielen op ús ta kommen wiene, en seagen, dat it ljocht brutsen waard, en myn skaad op ’e grûn foel, doe stiene hja stil, en alle oaren efter harren stiene ek stil, sûnder te witten wêrom. “Lit my befêstigje de tinzen, dy’t jimme net útsprekke: it is in libben lichem, dat hjir foar jimme stiet, en dêr wurdt it ljocht fan de sinne troch brutsen. Wês net bang, en bliuw rêstich stean, hy soe dizze wei net opgean kinne sûnder de macht fan de himel.” Sa sei myn master harren, en dizze weardige geasten seine, ús mei in hângebearte groetsjend: “Draai jimme om, en gean dan rjocht omheech.” En ien fan harren sei tsjin my: “Wa’t jo ek binne, as jo aanst fierder geane, sjoch dan ris om, en tink nei, oft jo my earder sjoen hawwe oan de oare kant.” Ik seach him goed oan, ljocht as goud wie syn hier, hy hie wat fan in bestjoerder, syn antlit wie skeind troch in swurdslach. Doe’t ik wat skruten tajaan moast dat ik him net koe, en him nea earder sjoen hie, sei er: “Sjoch!” En hy liet my in djippe groede sjen op syn boarst, en wat glimkjend sei er doe: “Ik bin Manfred, in beppesizzer fan de sillige keizerinne Costanza, en ik freegje jo: as jo werom binne oan de oare kant fan de hoarizon, gean dan nei myn leave dochter, de mem fan de kening fan Sisylje en Aragon, en fertel har de wierheid, ek as oaren har wat oars sein hawwe. i t fa a i e f joe r 181 Op myn flêsk is twa jier ynhakke, deadlik, en ik ha myn siel opdroegen oan Him, waans ferjeffenis op ús allegearre wachtet. Ofgryslik wiene myn sûnden, mar ûneindich is de oanbidlike Goedens, dy’t syn earms wiid iepen hâldt foar allegearre, dy’t harren ta Him keare. As de hoeder oer Cosenza, troch de wylde grime fan Clemens stjoerd, earst mar it Boek fan God goed neisjoen hie op de siden, dy’t oer Gods goedens geane, dan soe myn biente noch lizze op it slachfjild by Beneventum, ûnder de stiennen dêr. No lizze se yn de wyn en de rein, bûten it keninkryk, oan de Verde. Dêrhinne hat er se bringe litten, yn it tsjuster, mei dwêste ljochten. Gjin man soe sa behannele wurde moatte troch pryster of paus. Mar om’t de Ivige Leafde ienris weromkomme sil mei de griene tûke fan de frede, libbet eltsenien hjirre yn hope. Hja, dy’t stjerre, ekskommunisearre troch de Tsjerke, it is wier: hja moatte, alhoewol’t hja berou hawwe oer harren dieden, hjir bûten wachtsje, tritich dagen, as dy dagen net bekoarte wurde troch de gebedens op ierde. Jo witte no hokker grutte tsjinst jo my bewize kinne, as jo werom binne, troch myn leave Costanza te fertellen hoe’t ik der no oan ta bin, en wat der oer my útsprutsen is: dat ik noch altyd net it Keninkryk yngean kin, en dat der no foar my hjirre folle goeds dien wurde kin op ’e ierde. 182 di v i na com m e di a by canto iii • Vergilius is yn Brindisi stoarn, en doe oerbrocht nei Napels. • ‘Quia’ Omdat. Tsjut de ‘wittenskip’ oan om op grûn fan de feiten de oarsaken te besykjen te finen. • Dante ‘wit’ as goed Roomsk Kristen alles oer it faaiefjoer, mear alteast as de ‘heiden’ Vergilius. Dy lit him dus hjirre de lieding oernimme. • Manfred wie in basterdsoan fan Keizer Frederik ii. Dêrom neamt er inkeld syn beppe as ‘referinsje’. Hy wie kening fan Napels, en sneuvele yn in oarloch mei de paus by Beneventum, 1266. Op befel fan paus Clemens liet de biskop fan Cosenza syn lyk opgrave, en bûten, oer de grinzen fan it keninkryk hinne, yn ’e nacht earne delsmite. • Neffens de Roomske leare kinne de sielen yn it faaiefjoer troch de gebedens fan de leauwigen op ierde mindering fan de ‘straftiid’ krije. Ek troch ‘offers’ yn jild foar de tsjerke. Letter, om 1500 hinne, hat de praktyk fan jild beteljen oan de tsjerke (aflaat keapje) him sa fier útwreide, dat Luther dêrtsjinyn gie, en de Reformaasje ynsette. i t fa a i e f joe r 183 [ c a n to i v ] A s ien fan ús sinnen folle wurdt mei wille of mei pine, dan wurdt ús hiele wêzen meitôge troch sokke yndrukken op dat iene sintúch. It liket dan, as hawwe wy alle macht oer oare dingen ferlern. Dêrom bin ik it ek net iens mei harren, dy’t sizze, dat wy mear as ien siel hawwe. As wy hearre of sjogge wat ús tige oangrypt, dan giet de tiid fierder, mar wy fernimme dêr neat fan. Want wat wy fiele is ien ding, wat de siele fêsthâlde kin in oar. It earste hâldt ús fêst, it twadde lit ús frij. Dat lêste wit ik o sa goed fan mysels út, en my dêroer fernuverjend, hie ik hielendal net opmurken, dat de sinne heger en heger kaam, oan mear as de helte fan syn middeishichte ta, doe’t ynienen de hiele kloft op harren wei omheech as ien man útrôp: “Hjir is wat jo sykje.” Fakentiids, as de druven hingje tsjin de helling oan, en de trossen swier binne op harren plak, fynt de boer in iepening yn ’e hage dy’t er mei in pear tûken tichtsje kin. Mar sa’n iepening, hoe lyts oft er ek is, is altyd noch grutter as it pipergatsje, dat wy fûnen yn de rotswand. Myn gids – de hiele kliber sielen efterlittend – liet him en my dêrtrochhinne klimme. Besykje ris omheech nei Sanleo te kommen, of de berch bedel nei Noli, of klim omheech nei Bismantova: twa skonken binne genôch. Mar hjirre koene jo allinne mei twa wjukken op it goede plak oankomme. De sêfte wjukken en de sûne fearren fan it fêste wollen fan de goede gids, dy’t myn ljocht en myn hope wie, dy brochten ús fierder. Tusken twa muorren yn, rotsmuorren, dy’t hast tsjin elkoar oan leine, koene wy ús omheech wrotte. In klimpartij tusken de rotsblokken troch, dêr’t wy ús hannen en fuotten foar brûke moasten. Tusken de stiennen troch kamen wy einliks op de iepen helling. “Geane wy fierder no nei rjochts 184 di v i na com m e di a of nei lofts,” frege ik myn master, “of moatte wy noch fierder omheech klimme?” En hy: “Gean net ien stap fansiden, gean rjochtút, en meitsje dêr jo eigen paad, oant wy wer ien moetsje, dy’t ús de goede wei wize kin.” Heger as de pyk fan de berch, dy’t hast ta de himel kaam, skerper as in line, dy’t nei it midden fan in sirkel giet, sa kaam de helling my foar, dêr’t wy no op stiene. It klimmen hie de lêste krêft by my weinommen, ik skreaude it hast út: “Goede heit, as jo net efkes lins nimme kinne, sil ik hjirre allinne op dizze helling efterbliuwe moatte.” Hy wiisde op in paad omheech, dat de hiele berch omrûn. “Besykje noch dat lytse stikje heger te kommen, myn soan,” sa sei er. Dy wurden trunen my oan, en op hannen en knibbels gie ik efter him oan, oant einliks myn fuotten wer neist sines stiene. Dêr stiene wy doe, en seagen nei it easten. Ik seach it stik, dat wy krekt omheech kommen wiene. Efteromsjen jout dochs wol in noflik gefoel yn sa’n situaasje. Ik seach earst werom nei it strân by de see, en doe omheech nei de sinne. En ik wie ferbjustere, want de strielen fan de sinne kamen fan lofts. Vergilius hie gau foar it ferstân, hoe nuver oft ik dat fûn, ljocht, dat tusken ús en it noarden wei kaam. “As Castor en Pollux,” sa sei er, “like goed sichtber wiene as de heldere spegel dy’t no har strielen ta ús stjoert, en mei de sinne op en ûnder gean soene, dan soene jo de Diereriem tichter by de Grutte Bear sjen, en foar jo soene ek dizze strielen fan in frjemd plak komme. As jo begripe wolle, wêrom’t soks sa is, tink der dan ris oan, dat de berch Sion en dizze berch tsjininoar oan lizze mei harren grûnflak, Sion boppe, en wy ûnder. Beide hawwe harren eigen hoarizon, yn harren eigen hemisfear. En dêrom moat it paad, dat Phaëton net folgje koe de himel bylâns, troch dit plak rinne, fan boppen nei ûnderen, lykas jo it sels ek betocht hawwe.” En ik wer: “Master, ik kin wierliken sizze: ik ha it noch nea sa goed begrepen as no, lykas jo it no sein hawwe. i t fa a i e f joe r 185 Ik wit no, dat de heechste middensirkel fan de himel, dy’t de Equator neamd wurdt, altyd tusken de sinne en de winter leit, sa, dat er foar de Hebreeën fan Jeruzalem út like folle nei it suden leit as foar ús nei it noarden. Mar as jo my fierder helpe wolle: ik soe graach witte wolle, hoe fier oft wy noch de berch opklimme moatte, want it liket my ta, dat wy fierder as de himel klimme moatte, foar safier’t ik sjen kin.” En hy: “Dêr’t de helling begjint, is it foar in siel tige dreech omheech te kommen, mar it wurdt makliker en makliker as er hegeroan komt, tichterby it plak, dêr’t er wêze wol. Dêrom: as wy by it punt oankommen binne, dêr’t in tocht oer de helling like maklik liket as it is om mei in boatsje de stream ôf te farren, dan kin dizze wei tige maklik ôflein wurde. En net foar de ein fan dizze reize sille jo in rêstplak fine. Dêr bin ik fan oertsjûge, en mear sis ik der net oer.” Dizze wurden wiene amper sein, doe’t wy fan tichteby in stim sizzen hearden: “Faaks kin it ek sa wêze, dat jo, foar’t jo wat rêste kinne, deroer tinke moatte te flechtsjen.” Wy seagen tegearre de kant út, dêr’t it lûd weikaam, en dêr, lofts, seagen wy in massyf rotsblok, dat wy tefoaren net opmurken hiene. Dêr rûnen wy hastich hinne, en wy fûnen, langút yn it skaad oer de wei lizzend, in rêstend man, en wat folk om him hinne, lizzend op ’e grûn. De meast aktive fan harren siet, de hannen om de knibbels hinne, de holle oant de tosken tusken de knibbels yn. “Master,” sa sei ik, “sjoch ris nei dy iene, dy’t derút sjocht as hat er alles opjûn. As de sleauwens syn suster wie, koe er der net slûger út sjen.” De yninoar dûkte man draaide syn holle efkes nei ús ta. “Geane jimme mar fierder,” sa sei er, “jimme, dy’t dêr noch de krêft foar hawwe.” Doe koe ik him werom, en alle eangstme, dy’t ik hie, en dy’t myn bloed hurder streame liet, koe my net behinderje en gean nei him ta. Doe’t ik flak by him wie, rjochte er him wat op, en sei: “Witte jo no wierliken, wêrom’t de sinne lofts fan jo syn wei 186 di v i na com m e di a bylâns de himel giet?” Dy pear wurden, en syn stadige gebearten diene my wat glimkjen, en ik andere: “Belacqua, jo lot hoecht my net mear eangstich te meitsjen, lokkigernôch. Mar wêrom bliuwe jo hjir lizzen? Wachtsje jo faaks op immen, dy’t jo de wei wize kin? Of binne jo weromfallen yn jo âlde loaiens?” “Alde freon,” sa sei er, “wat hat it foar sin en gean fierder? De ingel Gods, boppe by de poarte, sil my net foar myn tiid talitte. Ik moat hjir wachtsje, oant de sinne likefolle kearen syn omgong makke hat as er dy makke hat yn myn libben op ’e ierde. Want ik ha doe ek de goede fersuchtingen oant it lêste bewarre. Gebedens kinne my helpe, as in herte fol genede dy oan God opdrage wol. Alle oare frommens is foar my fergees, dêr wurdt boppe net nei heard.” Mar doe wie de dichter al de wei opgien omheech, en hy rôp: “Kom, de sinne stiet al op syn heechst boppe de see, en de nacht begjint al boppe it sân fan Marokko.” by canto iv • Dat de minske trije sielen hawwe soe, heart by de filosofy fan Plato: ien fegetative (yn de lever), ien sensitive (yn it herte), en ien yntellektuele (yn de holle). Dante wol dêr neat fan witte. • De wiidweidige beskriuwing fan de posysje fan de sinne giet út fan it wrâldbyld yn de tiid fan Dante: de ierde stiet stil, de sinne draait yn ien dei om de ierde hinne, en rint yn ien jier de ‘Diererieme’ bylâns. Dante wol oanjaan, dat alles yn dit Canto him ôfspilet op de Peaskesnein 1300, om it middeisskoft hinne. Ien moanne letter sil de sinne yn it stjerrebyld fan de twillingen (Castor en Pollux) stean. • Belacqua wie in freon fan Dante. Syn fak wie musykynstrumintemakker, benammen luten. i t fa a i e f joe r 187 [ c a n to v ] I k folge de fuotstappen fan myn gids, en wy hiene de skaden al efter ús litten, doe’t ynienen immen nei my wiisde en skreaude: “Sjoch dêr ris, dêr geane de sinnestrielen net trochhinne! Dêr, troch him, dy’t lofts stiet! En hy rint, as wie er noch yn libben!” Ik seach om, en woe sjen wa’t dêr sprutsen hie, en ik seach, hoe’t er nei my stoarre, en nei it ljocht dat brutsen op ’e grûn kaam. Myn master sei: “Wêrom steane jo stil? Wa hat jo geast sa oanpakt, dat jo omsjogge? Wêrom lûke jo jo wat oan fan eltse losse tonge? Folgje myn stappen, en lûk jo neat oan fan al it geflúster om jo hinne. Wês as in stiennen toer mei de kroan heech yn de loft, net ferweegd troch de wyn, hoe hurd oft er ek waait. Want as in man syn oandacht meidraaie lit mei eltse sucht, dy’t er heart, dan is er sa de goede rjochting kwyt, en belêstiget er syn geast mei in altyd duorjende feroaringssucht.” Wat koe ik oars anderje as: “Ik kom.” Ik sei it mei de toan fan immen, dy’t wol sjocht, dat him eat ferjûn wurde moat. Underwilens, net sa fier foar ús, kamen minsken tichterby, dy’t de psalm Miserere songen, fers nei fers, yn twa koaren njonken elkoar. Mar doe’t hja seagen, dat ik de wei tichtset hie, en dat myn lichem de sinnestrielen tsjinhâlde koe, doe feroare harren sjongen yn in “O,” langduorjend en hurd. En út it koar, dat stil wurden wie, kamen twa boaden op ús ta, en doe’t hja foar ús stiene, seine hja tsjin my: “Binne jo in libben man?” Myn gids andere: “Jimme sille op jim wei omheech wêze, en jimme kinne anderje oan wa’t jimme stjoerd hawwe: hy rint wierliken noch yn syn stjerlike klean. As it is lykas ik tink, dat syn skaad jimme nei ús ta dreaun hat, dan witte jim no hoe’t it sit, en dat jim, ek om him te earjen, earbied foar him hawwe moatte.” Ik ha noch nea yn augustus, as de sinne ûn- 188 di v i na com m e di a dergien wie, de fallende stjerren sa hurd fuortfleanen sjoen as dizze twa wer werom fleagen nei harren eigen plak yn it koar, en de hiele kloft kaam no nei ús ta, as kavalery mei de losse leie. “Der binne in soad yn dy mannichte dêr foar ús,” sa sei myn master, “dy’t jo wat freegje wolle. Dêrom: harkje nei wat se sizze, mar rin ûnderwilens troch.” “Suvere geast,” rôpen se, “jo, dy’t noch yn it lichem wenje, dêr’t jo yn berne binne, jo, dy’t sa seinige binne, dat jo omheech klimme meie, stean dochs efkes stil, en harkje nei wat wy te sizzen hawwe. Is der net ien hjirre, dy’t jo weromkenne? Nimmen, foar wa’t jo in boadskip foar de oare wrâld meinimme wolle? O, wêrom rinne jo sa hurd troch? Wy binne allegearre sielen, dy’t deade binne troch geweld, allegearre sûnders, oant harren lêste oere, doe’t it ljocht fan de himel trochkrong yn ús herte. Sa, op it fjild fan de dea, mei berou oer al ús sûnden, en dejingen dy’t tsjin ús sûndige hiene mei ús lêste sike ferjaand, hawwe wy ús sielen offere yn frede mei Him, dy’t ús behâld is, en dêr’t wy mei hiel ús wêzen nei longerje, nei Him, dy’t troanet op de Searafinen.” “O, eale sielen,” sa sei ik, “ik ha by jimme noch nimmen ûntdutsen, dy’t ik werom ken, hoe yntins oft ik it ek besykje, jim gesichten te besjen. Mar as immen eat fan my wol en de útfiering fan dy winsk yn myn macht leit, sil ik dy winsk útfiere, dat ûnthjit ik jimme by de frede dy’t ik sykje troch de fuotstappen fan dizze, myn gids, te folgjen, de frede, dy’t my draacht fan de iene wrâld nei de oare, foar myn eigen goederbêst.” Ik wie efkes stil. En ien fan harren andere: “Nimmen fan ús twifelet deroan dat jo dwaan sille wat jo ûnthjitten hawwe, jo hoege dat net mei in eed fêst te setten. En as jo it net dwaan kinne, wol dat net sizze, dat jo it net dwaan wolle. Ik dan, dy’t no ienkear de earste bin, dy’t sprekt, freegje jo dat jo, as jo ienris werom komme yn it lân, dat leit tusken de Romagna en Napels, dat jo dan wat sizze oer myn situaasje hjirre. Benammen yn i t fa a i e f joe r 189 Fano. Dat hja gebedens opstjoere dy’t foar my tuskenbeide komme, dat myn grutte misdieden, dy’t ik op ierde bedreaun ha, my ferjûn wurde. Ik bin fan Fano, mar de wûnen, dy’t it bloed en myn siel út myn lichem ferdreaun hawwe, binne my tabrocht yn it gebiet fan Antenor, dêr’t ik deade bin. Dêr wie ik om’t ik o sa bang wie foar Azzo d’Este, dy’t poer op my wie, en bûten alle reedlikens om, my hjitfolge. Hie ik mar op La Mira oangien, doe’t se efter my oan sieten, dy kear, doe’t ik Oriaco útkaam. Dan soe ik no noch sykhelje tusken de mannen dêre. Mar ik rûn de sompe yn, en it reid en de moude, dat ik net hurd fuortkomme koe. Dêr bin ik doe delfallen, en dêr ha ik al myn bloed ferlern.” In oar sei doe: “De Godlike Leafde mei de winsk ferfolje, dy’t jo dizze berch opdreaun hat. En swiet meilijen soe jo der ta bringe kinne ek myn winsken oan te hearren. Ik bin Buonconte, ik wie fan Montefeltro, Giovanna en de oaren hiene my fergetten. Ik rin hjir tusken de oare sielen om mei bûgde holle.” En ik: “Hokker krêft of lot hat jo derta brocht om sa fier fuort te gean, sa fier fan Campaldino ôf, sa fier, dat jo grêf net fûn is, oant hjoed de dei ta?” En hy wer: “Fan de Casentino ôf rint in stream, de Archiano, dy’t by in kluzenerij yn de Apenninen wer yn de Arno streamt. Dêr kaam ik, mei in pylk troch de kiel, en myn bloed streamde it wetter yn. Ik koe net mear sjen, en mei myn lêste sike de namme fan Marije oanroppend, ha ik dêr it libben ôflein. Ik sprek de wierheid. O, wês sa goed, en sis dit yn myn namme oan de libbenen: Gods ingel hat my meinommen. De hel skreaude: ‘Wêrom nimme jo mei wat my takomt? As syn ûnstjerlik diel jo bút is, broer, en ik it net krije kin om ien wurd, ien trien, wêrom wurdt hy sa oars behannele as in oar?’ Jo witte goed, wat der bart, as wiete luchtstreamen de bergen op geane. Dan slacht de rein del, en it wetter streamt en streamt. En de natuer lit dan mist en damp opkomme. Fan Pratomagno oan de berchtoppen ta wie alles 190 di v i na com m e di a mist en damp, en de loft wie swart as lead. En oeral wie it wyt fan wetter, de ierde koe gjin wetter mear opnimme, de lytse streamkes waarden wettermassa’s, en brochten pún en moude yn de Archiano, en namen ek mei wat noch fan my oerbleaun wie. Tôgen it mei de Arno yn, makken it krús los, dat ik my mei de earms op it boarst foarme hie yn myn lêste eangstme, fol pine en skuldgefoel. Oer de ûndjipten en bylâns de iggen rôle de stream my fierder, en doe bin ik oan de ein begroeven ûnder syn oare bút.” In treddenien sei, doe’t de twadde útpraat wie: “As jo jo wei ta de ierde weromfûn hawwe, en wat rêst fûn hawwe nei de lange wei, dy’t jo ôflein hawwe, o, sprek dan myn namme wer út mei in libbene siele, foar in libben ûnthâld. Ik bin Pia, berne yn Siena, deade yn Maremma, lykas hy wol wit, dy’t my as syn frou nommen hat, mei in gouden ring mei juwielen, foar’t er my it libben nommen hat.” by canto v • ‘Miserere’: de 50e (51e) psalm, de meast bekende boetepsalm: In psalm fan David, doe’t de profeet Natan by him kommen wie, nei’t er mienskip mei Batseba hân hie: “Wês my genedich, o God, trou dat Jo binne, nim yn Jo grutte erbarming myn sûnde wei.” • Buonconte, soan fan Guido fan Montefeltro, sjoch Hel, x xvii, foel yn de slach fan Campaldino, dêr’t Dante ek by wie. Syn grêf is nea fûn. • Pia Guastellano wie troch har man, dy’t har derfan fertocht, dat se him ûntrou west hie, nei Maremma fierd, dêr’t se stadich dea gean moast, fanwege de kweade luchten dêre. i t fa a i e f joe r 191 [ c a n t o v i ] L ju, dy’t by it dobbeljen ferlern hawwe, bliuwe stean dêr’t se steane, en sjogge it hiele spultsje nochris oer, tryster en tryster, en wat wizer, en hielendal allinne. En de grutte kliber rint mei de man dy’t wûn hat mei, ien foar him, ien efter him, ien oan syn side, en allegearre roppe se dat se syn freon binne, en altyd west hawwe. Sûnder stil te stean, jout er se ien jildstik, of twa, dat fynt er dan genôch, dan makket er him los út de kliber, en rint troch. Sa wie it doe ek mei my. Wy wiene ûnderweis, en ik hie nei alle kanten fan alles ûnthjitten, oant ik der einliks yn slagge fan harren los te kommen. Dêr wie de Aretyn, dy’t te lijen hie ûnder de moardnershân fan Tacco en de oare, dy’t ferdronken is, doe’t er efter him oan siet. Dêr wie ek, en hy stiek syn hannen nei my út, doe’t ik him foarby rûn, Freark Novello, en de man út Pisa, dy’t de goede Marzucco ta in held makke hat. Ik seach dêr ek de greve D’Orso, en de skym fan immen, dy’t troch haat en jaloerskens út it libben weinommen is, en net foar eat misdiedichs, dat er dien hawwe soe. Pier dalla Broccia bedoel ik, en oan syn side de grevinne fan Brabân, dy’t troch him út in minne wrâld wei helle is. En doe’t myn wei omheech wer frijmakke wie fan skaden, dy’t mar freegje woene, en freegje, en sa harren wei omheech al te stadich fierder rûnen, sei ik tsjin myn master: “O, ljocht fan myn siele, it liket my ta, dat ien fan jo fersen it al treflik sein hat: gebedens kinne neat feroarje oan de fêste besluten fan de himel. En dochs freegje al dizze skaden ús om gebedens. Is dat allegearre fergees? Of ha ik jo wiere bedoelings net opmurken, of hiel wat oars yn jo fers lêzen as jo deryn lein hawwe?” En hy: “Wat ik skreaun ha, is dúdlik. As jo mei alle begryp oertinke wat hja jo frege hawwe, sille jo begripe dat 192 di v i na com m e di a harren hope net fergees is. De alles oerhearskjende krêft fan de Godlike Gerjochtichheid is net oantaast, en it útsprutsen oardiel net fersêfte, want de gebedens fan de suveren fan herte kinne allinne de tiid koarter meitsje dat de sielen hjir wachtsje moatte foar’t hja fierder omheech klimme meie. Mar de sielen, dêr’t ik oer skreaun ha, wiene op in plak, dêr’t de sûnde net útboete is, en harren gebedens waarden – om’t hja heidenen binne – net oannommen troch de Godlike Genede. Mar al dy kwestjes, dêr’t jo no oer prakkesearje, moatte jo rêste litte oant jo jo heldere lampe fûn hawwe, dy’t jo alle begryp bybringe sil foar de folsleine wierheid. Ik bedoel Beatrice. Sy sil jo opwachtsje hjirboppe, op de top fan de berch, glimkjend yn har seinige sillichheid.” “Myn hear,” sa sei ik, “lit ús no wat flugger trochrinne. Ik fyn it klimmen net mear sa lestich as yn it begjin, en ik sjoch de wei omheech al folle dúdliker foar my.” “De dei giet foarby,” sa sei er, “en wy moatte opsjitte, as wy noch by ljochtskyndei in ein fierder komme wolle. Mar it omheechkommen is net sa maklik as jo no tinke. De sinne moat earst wer efter de berch weikomme, dêr’t er no skûlet, en dy moat noch ien kear jo skaad op ’e grûn komme litte. Mar sjoch ris nei dy geast, dy’t dêr stiet, hielendal allinne. Hy sjocht ús kant út, en hy wol ús de bêste wei wize, foar as wy fierder gean wolle.” Wy rûnen fierder. O, eale Lombardyske siele! Hoe soarchsum en sûnder eat fan twang ha jo oer ús wekke! Jo binne ús nea benei kommen, en majesteitlik ha jo my myn eigen gong gean litten! De geast, dy’t op ús wachte, prate net tsjin ús, doe’t wy tichterby kamen, mar hy seach nei ús, mei syn mêde eagen, as wie er in liuw, dy’t oan it rêsten wie. Vergilius rûn nei him ta, en frege him om ús it bêste plak te wizen om de klim te begjinnen. It skaad die as hie er de frage net heard, en andere troch te freegjen wêr’t wy berne wiene, en wa’t wy wiene. Myn gids begûn: “Mantua.” En doe sprong it skaad, dat wat efterút i t fa a i e f joe r 193 line, ynienen nei foaren en rôp: “O Mantuaan, ik bin Sordello, ek fan Mantua.” En de twa omearmen inoar. O, tsjinstber Itaalje, sa swier oanpakt en kniesd! O, skip sûnder stjoerman yn de razende stoarm! Gjin lieder foar jo provinsjes, mar de behearder fan in huorrekast! De eale geast sprong op, doe’t er de namme hearde fan syn eigen stêd, en sleat syn meiboarger oan syn hert. En no is oeral, yn alle kriten, oarloch, en de iene broer slacht op de oare yn. En, al leit der in muorre en in grut wetter om jo hinne, jo eigen soannen gnauwe opinoar om. O, ferflokt lân, sykje al jo kusten nei, al jo seeën, de grûn om al jo heuvels, wêr sille jo fine in inkeld stikje, dat bliid is om in bytsje frede dêre? Wat hat it útmakke, dat Justinianus kommen is, en ús lân de leie oandien hat, as der nimmen is om op it seal te sitten? Sûnder him soene jo jo minder hoege te skamjen. Jimme prysters soene, as jim yn acht nimme soene wat God foarskreaun hat, mear nei hilligens stribje, en net langer op Caesars seal sitte wolle, en Caesars spoaren brûke. Sjoch, hoe’t it eale bist ferwylderet, no’t der nimmen is, dy’t it liedt, en it derûnder hâldt troch bit en spoaren te brûken! Jim lizze inkeld leave hannen op syn flanken. O, Dútske Albrecht, jo, dy’t weibleaun binne, doe’t Itaalje wylder en wylder waard, jo hiene it allang nuet meitsje moatten. O, dat der noch ienris in rjochtfeardich oardiel fan de stjerren delkomt oer jo hûs, en dat in hurde wyn jim oantrunet dat jim alles wer wierliken liede ta de ein! Want jo, hear Albrecht, en jo heit, hawwe de rêst yn it lân foar kar nommen, yn stee fan alle krêften út it noarden yn te setten en de tún fan jo ryk yn oarder te hâlden. Sjoch ris nei de Montecchi, de Cappellati, de Monaldi en de Filippeschi, jo soargeleaze, en sjoch dan ris, wat hja al meimakke hawwe, en wêr’t hja sa bang foar binne. Kom dochs, jo hurde hearsker, kom en sjoch, hoe’t it mei jo lienmannen giet, opjage en ferwûne, en sjoch ek hoe feilich oft Santafiore is. Kom en sjoch 194 di v i na com m e di a ris hoe’t jo Rome der hinne leit, iensum en ellindich, en dei en nacht kleiend: ‘O Caesar, ús Caesar, wêrom komme jo noch net?’ Kom en sjoch nei jo folk, oeral itselde, ien yn leafde, en as jo meilijen jo net oantrunet en kom, en dwêst alle fjochterij, doch it dan om jo eigen hege namme. O, Heechste Leafde, foar de minsken krusige, as Jo my de frage tasteane, moat ik Jo wol freegje: “Sjogge Jo eagen, de eagen fan de heechste rjochtfeardichheid, de oare kant út? Of is dit alles neffens in plan, ferburgen yn Jo ivige rie? In plan, dat alle betinkingen fan de minsken oerstiicht?” Want it hiele lân is fol tirannen, en eltsenien, dy’t mei harren meiwurket, wurdt in Marcellus foar de mannichte. Florence, myn Florence, jo kinne tefreden wêze oer wat ik niis skreaun ha. By jo wurdt alles rêstich en goed regele. De oaren wolle wol goed en rjochtfeardich wêze, mar hja bûge altyd wer foar de tiranny. Hja drage harren lêsten net, en nimmen seit: “Ik nim it op! Ik soargje der wol foar!” Wês bliid, dat jo grutte jeften noch altyd jowes binne, jo sûnens, jo frede, en jo sûn ferstân. Jo ljocht wurdt nea dwêste. Yn de âlde tiden hawwe Athene en Sparta de wetten makke, dy’t de wylde wrâld behoffene hawwe, mar dy kinne net lykje by wat jo betinke. Altyd soargje jo derfoar, dat heal novimber al net mear útfierd wurdt, wat jo yn oktober noch besletten hiene. Hoefolle kearen hawwe jo yn ien minskelibben de wetten, de munten, en de oare wenstige dingen al feroare, jo binne de sike frou, dy’t op har bêd mar gjin rêst fine kin, en altyd mar wer fan ’t bêd giet, ek om de pine wat te ferjitten. i t fa a i e f joe r 195 by canto vi • Tacco en D’Arezzo (‘de Aretyn’), Novello, Marzucco, de greve D’Orso (ek al neamd yn Hel, Canto x x xii) en noch inkelde oaren yn dit Canto neamd, wiene ridders en oare eallju, Guelfen en Ghibellinen, dy’t altyd mar troch mei oarlochjes tsjin oare Italjanen te set wiene. Dante woe frede, allinne frede. • Yn de Aeneis (vi, fers 376) hat Vergilius skreaun: “Hâld op mei te hoopjen, dat troch gebedens de beskikkingen fan de goaden feroare wurde kinne.” • Keizer Justinianus hat yn de lêste ieuwen fan it Romeinske Ryk yn wetboeken it Romeinske rjocht fêstlein. • Marcellus wie in ‘partisaan’ tsjin Julius Caesar, en yn syn eigen doarp in tiran. • Albrecht fan Habsburg wie yn 1298 keazen ta keizer, keizer winliken fan it Hillige Romeinske Ryk. Hy soe troch de paus kroand wurde moatte, mar hy hat him nea yn Rome sjen litten, en Itaalje, dat er bestjoere moatten hie, oan de fjochtsjende ridders oerlitten. Florence wie in eigen republyk. 196 di v i na com m e di a [ canto vii ] T wa of trije kear omearmen de twa inoar, en doe loek Sordello him werom, en sei: “Lânsman, wa binne jo?” “Al foar’t dizze sielen hjirre it wurdich wiene seinige te wurden, en foar’t it harren jûn waard dizze berch op te gean, hie Octavianus myn biente al te rêsten lein. Ik bin Vergilius, en ik bin ferlern foar de himel om’t ik it leauwe net oannommen ha.” Yn dy wurden joech myn master andert, en lykas in man dy’t ynienen foar eat wûnderbaarliks stiet, net wit oft er it al as net leauwe kin, en einliks dêrom beide tagelyk docht, sa die Sordello ek. Hy bûgde syn grutte holle djip, en jitris omearme er myn master, no mei syn hannen om de knibbels hinne, lykas in tsjinner, dy’t syn hear earje wol. “Ivige gloarje fan alles dat Latyn praat,” sa sei er, “troch wa’t ús taal syn hiele krêft en gloarje sjen lit, fan hiel myn lân de ûnstjerlike grutskens, hokker fertsjinste of hokker genede lit my jo hjir alhiel sjen?” En: “O, as ik it wurdich bin, fertel my dan hoe’t jo hjir kommen binne fan de hel út, fan hokker plak dêre, en fan hokker pine?” “Alhoewol’t ik alle falleien fan dat keninkryk fol pine trochrûn bin,” sa sei myn master, “in macht fan de himel hat my foar dizze tocht oanwiisd, en yn dy krêft kom ik hjirre ek. Net wat ik dien ha, mar wat ik net dien ha, wat ik te let leard ha, dat ûntnimt my it rjocht de Ivige Sinne te sjen. Der is in plak hjirûnder, dêr’t it net noflik is, dêr’t tsjusternis is, mar gjin pine. Lûden, dy’t dêr heard wurde, binne gjin gjalpen fan pine, mar suchten sûnder hope. Dêr toarkje ik wat om, mei de lytse poppen, dy’t stoarn binne yn harren earste ûnskuld, sûnder dat it doopwetter de smoargens fan de erfsûnde fan harren ôfwaskje koe. Dêr bin ik ek mei harren, dy’t de trije hillige deugden net belibbe hawwe, mar sa goed as se koene de oare deugden al. Mar i t fa a i e f joe r 197 as jo it witte, en as it jo tastien is om it ús te sizzen, fertel ús dan no hoe’t wy oer de koartste wei it faaiefjoer berikke kinne.” “Wy binne net bûn oan in fêst plak,” andere er, “wy hawwe alle romte hjir op ’e helling, en oan de poarte ta sil ik jimme gids wêze. Mar de dei is al hast ferrûn, en ik wol perfoarst net omheech klimme yn de nacht. Wy moatte no goed sykje nei in rêstplak.” “Wat sizze jo no?” frege myn master. “As immen yn de nacht besiket de berch op te kommen, binne der dan guozzen, dy’t him tsjinhâlde kinne? Of is it gewoan sa, dat jo tinke, dat it net kin?” “As de sinne ûndergien is,” sa andere de eale geast, “dan kinne jo dizze line – en mei syn finger joech er in line oan tusken him en ús – net mear oerstekke. Nee, der is neat, dat it omheech klimmen tsjinhâldt, mar de skaden fan de nacht binne genôch om de meast fûle klimmers tsjin te hâlden. Jo soene noch wol ôfdale kinne yn de nacht, salang as jo de hiele helling oersjen koene, oant de hoarizon him stadichoan losmakket fan it ljocht fan de dei.” Doe hearde ik myn master mei in stim fol ferwûndering sizzen: “Bring ús dan nei it plak, dêr’t jo wat oer sein hawwe, dêr’t wy sûnder soargen wat rêste kinne.” Wy wiene noch net fier fan it plak ôf dêr’t wy stien hiene, doe’t ik in soarte fan grot seach, lykas dy yn ús bergen ek wol te finen is. “Dêre,” sei de geast, “dêr’t de berch in bocht makket, dêr is it plak, dêr’t wy wachtsje kinne oant it wer dei wurdt.” Wy rûnen in paad bylâns, wat leger as de flakte lei, dat útkaam yn in grot. Indigo, farsk opljochtsjend hout, goud, fyn sulver, krekt snien smaragd – it soe allegear syn kleur ferlieze njonken de blommen fan dy delling. De natuer hie net allinne alles prachtich kleure, mar tûzen swietroken hiene de loft dêre paradyslik makke. “Salve Regina”, de jûnshymne, trille troch de swiete loft omheech nei de himel fan it koar fan de sielen út. Dy wiene net te sjen, doe’t wy noch bûten stiene. “Mannen,” sei de Mantuaan, “ferwachtsje net, dat ik jimme noch nei binnen 198 di v i na com m e di a liede sil foar’t de sinne hielendal weisonken is. Jo kinne harren fan dit plak út goed hearre wat hja meiinoar bidde en sjonge, better as wannear’t jo de grot yngean soene. Sjoch no de grot yn. Hy, dy’t hielendal boppe sit, en derút sjocht as skammet er him om de lippen te bewegen, as it koar Gods lof sjongt, ek yn syn libben hat er net dien wat er dwaan moast. It is keizer Rudolf, waans hege steat ienris de dea tsjinhâlde moatten hie yn Itaalje. No, as in oar it nochris besykje soe, no is it te let. En dy oare, dy’t, sa’t it liket, him wat treaste wol, hat hearske oer it lân, dêr’t it wetter wei komt dat troch de Moldau en de Elbe nei de see streamt. Ottocar is syn namme, en al as bern waard er mear freze en achte as syn soan Wenceslaus, mei syn grut burd. Sjoch ek ris nei dy lytsnoas dêre, dy’t no sa fertroulik praat mei dy freonlike man nêst him, in man, dy’t stoarn is, doe’t er flechte, en dy’t de leeljeflage ûnteare hat. No slacht er himsels op it boarst, en gûlt. Sjoch ek ris nei dy oare, dy’t fan syn hân in kjessen makke hat foar syn holle, hear ek, hoe’t er suchtet. Dêr ek binne heit en skoanheit fan de Pleach fan Frankryk. Hja witte alles fan de misdiedige en smoarge streken dêre, en dêrom sjogge jo de smerte, dy’t harren sa meinimt by dit hillich sjongen. En dy swierlivich útsjende figuer njonken dy geast dêre mei dy grutte noas, sjongende yn harmony mei de oaren, hat eartiids alle deugden echt belibbe. En as dy wat jongere, dy’t efter him sit, nei him ek kening bleaun wie, dan soene syn fertsjinsten nei him fan heit op soan oergien wêze. Mar it goede erfskip hat nimmen oernommen. Wat ik no sis, jildt ek foar dy oare, dy’t mei him sjongt, foar wat se foar de Provence en foar Puglia dien hat. Lykas by Beatrice en Costanza, dêr’t harren man fan sizze kin dat it sied folle minder is as de plant dy’t it fuortbrocht hat. Sjoch ek Hindrik fan Ingelân dêre, allinne, de kening, dy’t sa ienfâldich wie. Syn soan wie, lykas hy wie, in treflik man. De oare, dy’t dêr allinne sit, njonken de oaren, en i t fa a i e f joe r 199 nei harren opsjende, wie de markgreve Willem, hy, dy’t yn Alessandria safolle leed brocht hat, en dy’t troch syn oarlochssucht ek Monferrato en Canavese gûle litten hat. by canto vii • Sordello wie in trûbadoer en in dichter, om 1250 hinne. Hy wie neffens Dante in kristen, no yn it faaiefjoer, ûnderweis nei de himel. Vergilius, stoarn yn 19 foar Kristus, wie mei safolle oaren yn de hel, yn in soarte fan foarportaal. Dante leaude dat allinne wa’t leaude en doopt wie, sillich wurde koe. Lytse bern, stoarn foar’t se doopt wurde koene, wiene dêr ‘yn de hel’ by him, en sokke bern waarden oan it begjin fan de 21e ieu ta op de Roomske tsjerkhôven ek op in apart hoekje ‘yn net wijde ierde’ begroeven. Doopten, dy’t net de trije grutte deugden (Leauwe, Hope en Leafde) hân hiene, dy’t dus net leauden, waarden ek net sillich. Sa tocht Dante, en nei him noch folle oaren. • Rudolf fan Habsburg, keizer fan 1273-1291, wie de heit fan keizer Albrecht, en hat him, lykas syn soan, nea om Itaalje bekroade. • De oaren, dy’t Sordello oan Vergilius en Dante oanwiist: Ottocar, kening fan Bohemen, yn 1270 opfolge troch Wenceslaus ‘de Goede’. De ‘lytsnoas’ wie Philips iii fan Frankryk, dy’t yn 1270 syn heit, Loadewyk ix, de hillige, opfolge wie. Njonken him, de ‘freonlik útsjende’ Hindrik fan Navarra (kening 1270-1274), syn buorman Pedro fan Aragon (1235-1285). Njonken him Karel fan Anjou (1220-1285) en de ‘jonge’ Alfonso iii fan Aragon (1271-1291). De ‘ienfâldige’ kening wie Hindrik iii fan Ingelân (1216-1278). De markgreve Willem vii, hear fan Monferrato (1245-1292), in Italjaanske fjochtersbaas, hat de toer fan Alessandro ynnommen, en oeral oarloch fierd. • Dante hat al dizze keningen en oare kopstikken hjir byinoar set yn it faaiefjoer, wachtsjend oant se opklimme meie nei it paradys. It wiene, lykas tusken de rigels troch te lêzen is, syn freonen net, mar hy hat se net yn ’e hel delsette wollen. Beatrice en Costanza hat er yn ’e himel ûnderbrocht, dêr wurdt letter mear oer sein. 200 di v i na com m e di a [ canto viii ] I t wie de oere, dat seelju, op harren earste dei ûnderweis, harren tinzen nei hûs en freonen gean litte, de oere dat de pylger op syn earste dei de pine fan ’e ûnwennigens fernimt as er yn ’e fierte de jûnsklokken heart. Doe begûn ik, om’t ik gjin inkeld lûd hearde, goed om my hinne te sjen. Ik seach in geast, dy’t stean gien wie, en ús oanseach as woe er sizze: “Ik tink allinne noch mar oer jim oanwêzigens hjirre.” “Te lucis ante terminum” song er, sa suver, en mei sa’n wij inge, dat it my djip yn it moed taaste. De oaren songen mei in gouden klank mei him mei, de hiele hymne, de eagen hiel devoat rjochte op de himel. Lêzer, as jo de wierheid sykje, sjoch dan skerp ta, dat jo troch de wale fan myn wurden hinne sjen kinne, en goed witte, hoe’t it winliken wie. Ik seach, dat allegearre from en fol langstme nei de himel seagen. Twa ingels saaiden út de hege himel del, mei in baarnend swurd, dêr’t de skerpe punt ôfslipe wie. Grien as in tûke, dy’t krekt yn ’t blêd kommen is, wiene harren klean en harren wjukken. Ien stie ynienen tichtby ús, de oare rjocht tsjin ús oer, en sa stiene yn dizze stille romte allegearre tusken de twa ingels yn. Ik koe hiel dúdlik harren gouden hierren sjen, de glâns fan harren antlit fertsjustere myn eagen wat. “Dy beide komme fan Marije’ skerte,” sei Sordello, “hja wolle de hiele delling beskermje tsjin de slange, dy’t him no daalks wol sjen litte sil.” En ik, net wittend wêr’t it bist wei komme soe, draaide my om, skûljend efter it beskermjend skouder, stiiffol eangstme. Doe sei Sordello: “Lit ús no mar fierder gean, oant wêr’t de grutte sielen binne, en mei harren prate. Hja wolle jimme graach sjen, dêr bin ik wis fan.” Wy wiene noch mar trije stappen fierder, doe’t ik in skaad seach, dat my ek sa oanseach, as soe ik him kenne i t fa a i e f joe r 201 moatte. It wie tsjuster om ús hinne wurden, mar dochs koe ik syn gesicht sjen. Ik rûn op him ta, hy op my. “Eale rjochter Nino, wat bin ik bliid, dat jo feilich binne foar alle ivichheid.” Ek fan de oare kant waard in wolkom útsprutsen, en doe frege er: “Hoelang is it lyn, dat jo kommen binne oan de foet fan de lotteringsberch, oer it wide wetter hinne?” “O,” andere ik, “ik bin kommen út de kûle fan de smerten. Ik bin noch yn myn earste libben, al is it sa, dat ik troch myn tocht fan no it twadde winne kin.” Sordello en hy, doe’t hja myn andert heard hiene, skrillen ynienen tebek, as wiene se troch eat wûnderbaarliks rekke. De iene draaide him om nei Vergilius, de oare nei in skaad dat flakby him siet, en rôp: “Conrad, Conrad, kom ris hjirre! Sjoch ris, hokker grutte genede God ús jûn hat.” En doe tsjin my: “By al dy tankbere lofprizingen dy’t jo Him bringe moatte, dy’t syn djipste “wêrom ditte” foar ús ferburgen hâldt, freegje ik jo, dat jo, as jo de grutte see wer oerstutsen binne, myn dochter Giovanna freegje dat se my dúdlik oanropt op it plak dêr’t de ûnskuldigen feroardiele wurde. Ik leau net dat har mem noch fan my hâldt sûnt se har wite widdoklean ôflein hat, dêr’t se noch wolris spyt fan krije koe. Se lit foargoed sjen, hoelang’t it fjoer fan de leafde noch baarne kin, as it each en it oanreitsjen it net mear fuorje. En wat de Milaneeske slange oangiet, dy’t op har grêf oanbrocht wurde sil, wit ik net oft dy har safolle eare bringe sil as wannear’t de Galurraanske hoanne dêr op oanbrocht wie.” Dat alles hat er sein, en dúdlik wie te sjen, dat it him nidich makke hie, en neffens my mei rjocht en reden. Ik seach nei de himel, nei de midden, boppe myn holle, dêr’t de stjerren stadich, as in tsjil deun by de as, yn ’e rûnte draaiden. En myn master: “Myn soan, wat is it, dêr’t jo nei stoarje?” En ik: “Nei dy trije stjerren, dy’t de poal boppe ús ferljochtsje.” En hy wer: “De fjouwer stjerren, dy’t jo fan ’e moarn sjoen hawwe, steane no hielendal ûnder yn de 202 di v i na com m e di a romte om ús hinne, en dizze trije binne omheech kommen yn harren plak.” Sordello stjitte him ynienen oan, en sei: “Dêre, dêr komt ús grutte tsjinstanner.” Rjocht op ús oan, fan de net bewekke side, kaam in serpint, faaks itselde bist, dat Eva har bittere spize jûn hat. Tusken it hege gers en de blommen troch krûpte de slange fierder, no en dan stuts er de kop omheech, en liet sjen hoe glêd en maklik oft er foarút komme koe. Ik ha net sjoen, en kin der dus neat oer sizze, hoe’t de himelske earnen mei fleanen begûn wiene, mar ik seach wol, dat se beide ynienen heech yn de loft wiene. En doe’t er harren griene wjukken yn de tsjustere nacht heech boppe him hearde, flechte de slange. De ingels sirkelen omheech, en doe wer werom nei harren plak, rêstich, en alle skaden rêstich meitsjend. It skaad, dat de rjochter oanroppen hie, wykte net fan syn side. De hiele tiid troch hie er my bliid oansjoen. “Ik hoopje, dat de lampe, dy’t jo liede moat, genôch oalje hat,” sa sei er, “en jo neffens jo eigen wollen bringt ta de poarte op de top. Mar as jo noch earne sizze kinne, hoe’t it wierliken gien is yn de Val di Magra en de omkriten dêre, wês dan sa goed soks ek te dwaan. Want ik wie ienris in grut hear yn dat lân dêre. Conrad Malaspina wie ik, de pakesizzer, net de âlde. Hjir wurd ik no suvere yn de leafde, dy’t ik yndertiid opbrocht ha foar harren, dy’t ik myn eigen neamde.” “O,” andere ik, “ik ha nea yn it lân west, dat jo no neame, mar is der yn hiel Europa ien lân, dêr’t jo net bekend binne? De gloarje fan jo hûs hat jo kundskip oeral ferkundige, en wa’t jo net persoanlik kend hat, wit dochs fan jo rom. Ik beswar jo: as myn tocht my op de hichte útkomme lit, sil ik oeral ferkundigje: jo hûs hat nea mei it swurd in maklike bút útsocht. De natuer en de beskaving hawwe jo folk foarme, en al hat it Skuldige Haad fan de wrâld harren dwale litten, hja rinne dochs noch altyd op it paad fan de Genede.” En hy wer: “Gean no fierder. Foar’t de sinne foar de sânde kear de nacht i t fa a i e f joe r 203 trochbrocht hat yn it grutte bêd, dat de Raam mei syn fjouwer poaten op syn plak hâldt, sil it tsjûgenis, dat jo jûn hawwe, jo op de foarholle printe wurde, mei grutte spikers fêstset, mear as it tsjûgenis fan oare minsken. En soks sil barre, om’t it no ienkear sa fêstlein is. by canto viii • Te lucis ante terminum: de begjinhymne fan de Completen, it jûnsoffysje, dat yn de kleasters noch altyd songen wurdt: Foar’t it ljocht ferdwynt, sjonge wy Jo, Skepper, ta. • Rjochter Nino Visconte wie troud mei Beatrice, de dochter fan Opiaro d’Este, (sjoch Canto xii, Hel). Nei Nino’s dea hat se doe har wite widdoklean gau ôflein, en troude mei Galeazza. Dy hiene in slang yn harren wapen, de Visconti’s in hoanne. • Conrad Malaspina wie de soan fan Freark i, markgreve fan Villafranca, en de pakesizzer fan Conrad i, de Alde. Dante waard troch dy syn famylje opfongen, doe’t er út Florence stjoerd wie. Fol tankberens seit er no wat er yn 1300 heard hawwe soe, oer wat der sân jier letter barde. Hy seit dat om 1314 hinne, doe wie it dus al bard. • De trije stjerren yn ’e nacht wize, neffens ferskate kommentaren, op de trije godlike deugden: Leauwe, Hope en Leafde. De fjouwer fan oerdeis op de fjouwer ‘kardinale’, humanistyske deugden: de Prudentia (ferstannichheid), Justitia (rjochtfeardichheid), Temperantia (‘de mjitte is kostlik’) en de Fortitudo (moed, it krêftich trochsetten). 204 di v i na com m e di a [ canto ix ] D oe ferskynde, tige bleek, oan de eastlike himel, de konkubine fan de âlde Titonus, dy’t har út de earms fan har tuter losmakke hie. Boppe har eagen like it as joech in wale fan juwielen har glâns, in wale yn ’e foarm fan it kâlde bist dat minsken aaklik stekke kin. En no al wie, op it plak dêr’t wy wiene, de neare nacht twa stappen fierder, en makke him klear foar de tredde stap. En ik, opskipe mei it flêsk fan Adam, hie, wylst de sliep my oermânsk waard, myn rêst fûn op de seadden, dêr’t wy mei ús fiven op sieten. Yn dy oere, doe’t de dau al stadich groeide, en de lytse sweltsjes harren hege rop al hearre lieten, faaks om’t hja tochten oan eardere swierrichheden, doe’t de geast stadichoan loskaam fan it flêsk, en de keatlingen fan de wekker wurdende tinzen fielde, doe hie ik in profetyske dream. Ik seach in earn, hingjende heech oan de himel, mei syn gouden fearren útspraat. It like, dat er dwaan soe wat de âlde ferhalen oer Ganymedes fertelle, hoe’t dy ta de heechste Rie kommen wie. Ik tocht: faaks is er wend om fan dit hege plak ôf op syn proai del te fallen, faaks wol er soks ek wol net dwaan fan samar elts oar plak ôf, mar inkeld fan it plak ôf dêr’t er no hinget. Doe foel er del, as wie er in bolbliksem, en tôge er my mei yn in ring fan fjoer. En it imazjinêre fjoer naam my sa mei, dat ik wekker waard yn grutte betizing. Achilles moat itselde meimakke hawwe, doe’t er, no ris hjirre en dan wer dêre hinne sjende, net wist wat er seach. Thetis hat him, in jonkje doe noch, meinommen, en is mei him flechte, fan Chiron nei Scyrus, dêr’t de Griken him letter wer wei meinommen hawwe nei Troaje. Ik siet wer rjochtop, luts mysels mei al myn krêften út de sliep, wyt fan antlit, as immen dy’t fan skrik iiskâld ferstivet. Dêr, oan myn side, siet myn master, allinne. De sinne stie al twa oeren heech boppe de see. De hearlike blomme- i t fa a i e f joe r 205 lucht wie ferdwûn. “Wês net bang,” sa sei myn master, “fan hjir ôf giet ús tocht nei de frede en de freugde, dêr kinne jo wis fan wêze. Dêrom: hâld neat efter, mar gean troch mei al jo krêft. Jo komme no by it faaiefjoer. Sjoch nei de grutte muorre dêromhinne. En sjoch ek nei de smelle trochgong dêre. Dêr leit de gouden poarte. In skoftke ferlyn, doe’t it dei oan it wurden wie, en jo siel noch opsletten wie yn jo sliep, tusken de blommen, dy’t it dal hjirûnder ta in noflik plak makke hawwe, doe kaam der in frouwe nei my ta, en sei: ‘Ik bin Lucia, lit my dizze sliepende man opnimme, en him drage, dat er wekker wurdt op it plak, dêr’t er hopet te kommen.’ Sordello en de oaren binne efterbleaun, sy hat jo meinommen. En doe’t it hielendal ljocht wurden wie, ha ik har folge by de swiete tocht omheech. Hjir hat sy jo dellein. Doe hat se mei in wink fan har sêfte eagen de poarte oanwiisd. En doe ynienen wie hja wer fan ús weinommen, mei jo sliep.” As immen, by wa’t alle twifels weinommen binne, en dy’t syn bangens yn nij fertrouwen feroaret en stadichoan de wierheid helderder sjocht, sa feroare ik ek, en myn antlit striele wer. En folslein lokkich sette ik my mei myn gids op ’e wei nei boppen. Myn gids foarop, ik efter him oan. Lêzer, jo witte ek ta hokker hichte ik myn ferhaal opheve ha, dus ferwûnderje jo net dat alles no noch heger komt. Doe’t wy tichterby kamen, seagen wy in iepen romte yn de rotsmuorre, en dêr in grutte poarte yn. Trije triemen seagen wy, mei elts in eigen kleur, en in wachter, dy’t neat sei, en net ferweegde. Stadich, stap foar stap, mei alle soarch omheech kommende, seach ik dat er op de boppeste trieme siet, mei in swurd yn ’e hân. Syn antlit striele mear ljocht út as myn eagen hawwe koene. Ik koe him net oansjen, ik moast wol in oare kant út sjen. Ik hearde him roppen: “Wat sykje jimme hjirre? Jou my andert fan it plak, dêr’t jim steane! Wa hat jim hjir hinne brocht? Wês hoeden, dat jim kommen hjirre jim gjin skea docht!” “Koarte tiid lyn,” sa sei myn master, “hat in himelske 206 di v i na com m e di a frouwe, dy’t alles wit wat hjir bart, ús sein: ‘Gean dêrhinne! Dêr, foar jimme, is de poarte’.” “Mei hja ek mei jo wêze, as jo de poarte trochgien binne, foar it heil fan jo siele. Kom nei foaren, en gean de trije triemen op.” Wy kamen by de earste, fan spegeljend wyt marmer. Ik seach myn hiele wêzen dêryn werom. De twadde trieme wie fan dûnkere stiennen, dreech om oerhinne te rinnen, mei grutte skuorren dertrochhinne. De tredde, de lêste trieme, wie fan ljochtsjend porfier, mei de kleur fan bloed, dat sa út nije wûnen streamt. De ingel fan de Hear hie beide fuotten op dizze boppeste trieme, en siet op ’e drompel, dy’t makke like te wêzen fan diamant. Myn master trune my oan om de trije triemen op te gean, en sêft sei er doe: “Freegje him dimmen oft er de kaai omdraaie wol.” Ik knibbele fol earbied foar de ingel del, en frege him om my yn syn barmhertichheid de poarte trochgean te litten. Mar earst sloech ik my trije kear fol berou op it boarst. Sân P’s, de sân haadsûnden, tekene er mei de punt fan syn swurd op myn foarholle. “As jo de poarte troch gien binne, fei dizze tekens der dan wer ôf,” sa sei er noch. Syn klean hiene de kleur fan jiske, of fan droege ierde, en dêr helle er twa kaaien út nei boppe, ien gouden, en ien sulveren. De wite brûkte er earst, doe de oare. En dêr die er mei wat ik sa graach woe: de poarte iepen! “As dizze kaaien net op de goede wize yn it slot stutsen wurde,” sa sei de ingel tsjin ús, “dan bliuwt de doar sletten. Benammen ien moat der tige krekt yn stutsen wurde. De oare is grutter en swierder, dêr is mear krêft foar nedich as foar de earste, dy’t winliken de doar iepen makket. Se binne fan Petrus, dy hat se oan my jûn, mear om yn te litten as om bûten te hâlden, eltsenien dy’t foar my knibbelet.” De Tarpeyske rots, yn dy needlottige oere dat Metellus, en mei him syn hiele skat, oermastere wie, hat net sa’n hurde gjalp heard as it lûd dat de poartehingen makken by it iependraaien fan de swiere poarte. En, doe’t de poarte noch mar heal iepen wie, tocht ik, dat ik in grut koar sjongen hearde: i t fa a i e f joe r 207 “Te Deum laudamus”. In treflik, swiet, mar dochs krêftich lûd. Ik stie dêr, en wat ik hearde, makke yn myn siel itselde fielen los as by in man, dy’t nei tsjerke giet, it koar en it oargel bûten al heart, en bytiden wol, en bytiden net de wurden ferstean kin. by canto ix • De byfrou fan Titonus is net Aurora, de Moarnsdage. Dat wie syn frou. Byfrou (konkubine) wie de skimering by it opgean fan de moanne. • Juwielen om de moanne hinne: de stjerren. • Ganymedes waard troch de earn fan Jupiter troch in ring fan fjoer hinne nei de Olympus droegen. Dante dreamt, dat mei him itselde bart. Letter heart er, dat soks ek bard is, mar net troch de earn, mar troch Lucia, en net nei de Olympus, mar nei de poarte fan it faaiefjoer, in poarte, dy’t eins ek de poarte fan de himel is. • Fan Achilles waard by syn berte al sein, dat er by Troaje stjerre soe. Thetis, syn mem, hat him dêrom by it begjin fan de oarloch om Troaje, wylst er sliepte, meinommen, en him tabetroud oan Chiron, de sentaur. Letter is er dochs yn Troaje omkommen. Oer Chiron hat Dante ek skreaun yn Hel, Canto xxvi. • Lucia wurdt al neamd yn Hel, Canto ii. Hja bringt Beatrice Marije har boadskip. • De trije triemen foar de poarte fan it faaiefjoer wurde sa útlein. De earste: it witten fan jins sûnden. De twadde: it wiere berou. De tredde: de leafde foar God. • Sân kear de P fan peccata, sûnden. Ek de sân ôfdielingen fan it faaiefjoer. • Op de Tarpeyske rots stie de ‘skatkist’ fan Rome, bewekke troch Metellus. Caesar deade him, en liet de skatkist iepenbrekke. It lûd fan dat iepenbrekken wie foar Dante in lûd as it iepenjen fan de poarte fan it faaiefjoer. • Te Deum laudamus: fan de tige âlde tradysje út ek oernommen yn it Lieteboek fan de Tsjerken, Gesang 444: Grutte God, oan Jo de lof. 208 di v i na com m e di a [ canto x ] D oe’t wy de poarte trochgien wiene, de poarte, sa seldsum brûkt fanwege de leafde fan de minsken foar it ferkearde, hawwe wy, sa’t de ingel it ús hjitten hie, net mear efter ús sjoen. Ik hearde oan it lûd dat de poarte wer sletten waard, en ik seach om my hinne, oft er eat wie, dêr’t ik myn foarholle wer skjin mei meitsje koe. Wy rûnen de rotsmuorre bylâns, in sigesaagjend paad oer, dat yn in golfbeweging no ris fier fan de rots ôf, dan wer wat tichterby de rotsmuorre kaam. “Dizze wei freget, dat wy mei omtinken fierder rinne,” sa sei myn gids, “kom net te ticht by de plakken, dêr’t de rotsen oer it paad hinne stekke. En rin mei de bochten mei, fan de iene nei de oare kant.” Wy kamen hast net fierder, it rinnen wie tige swier. De moanne wie al deltein op syn westlik bêd doe’t wy noch mar in lyts eintsje fierder wiene. Ik wie wurch, en allebeide hiene wy it der swier mei, dat wy net wisten hokker kant oft wy út rinne moasten. Wy stiene op in grutte flakte, allinne, iensumer as midden yn de woastyn. En sa fier as ik sjen koe nei lofts en nei rjochts wie dêr de muorre, en nearne wie in plak te sjen, dêr’t immen deroerhinne sjen koe. Wy hiene noch gjin stap set, doe’t ik al sjoen hie, dat de muor re fan folslein wyt moarmer wie, en dat der oeral byldhouwurk op oanbrocht wie, better as wat Polyclitus ea makke hie, better ek, as wat de natuer ea fuortbrocht hat. De ingel, dy’t fan God út oan de minsken it boadskip fan frede brocht, it boadskip, dêr’t ieuwen nei útsjoen wie, it boadskip, dat de himel, dy’t salang sletten wie, wer iepen gean soe, dy ingel stie dêr foar ús, mei safolle feardigens en leafde úthakke yn stien. Sa, dat it like, dat er sprekke koe, en beweegde. Jo soene swarre, dat jo it ‘Ave’ dúdlik ferstean koene. En Hja, dy’t de kaaien fan de i t fa a i e f joe r 209 himel omdraaid hat, en ús ynlaat hat yn Har folsleine leafde, wie dêr ôfbylde, en al har gebearten en har hiele hâlding seine dúdlik: ‘Ecce Ancilla’. “Rjochtsje jo hiele oandacht net allinne op dit plak,” sa sei myn master (ik stie njonken him, oan de side, dêr’t de minske syn hert hat). En ik seach, in bytsje mear nei rjochts, de kant út, dy’t hy my oanwiisd hie, efter de rêch fan Marije, úthakke ek yn datselde folslein wite moarmer, in folslein oar tafriel. Ik rûn lâns Vergilius hinne, kaam tichterby, en seach sa folle better wat der útbylde wie: de karre, de oksen, de hillige Arke, dêr’t de hillichskeiner fan leard hie, dat er dêr earbied foar hawwe moast. Sân koaren rûnen foar de Arke út, en hja brochten myn sinnen en myn earen yn betizing: “Sjonge se, of sjonge se net?” En op deselde wize miende ik de wijreek te sjen mei myn eagen en te rûken mei myn noas, dy’t út de wijreekfetten fan de Leviten kaam. En dêr, dûnsjend foar de Arke út, mei opbûne klean, wie de needrige psalmist, minder kening en mear, yn syn wylde dûns. En mei de strange eagen op him rjochte, wie dêr Mikal, dy’t út it paleisfinster wei nei har man seach. Ik rûn in lyts eintsje fierder nei it folgjende tafriel, dat Mikal sjen liet yn har grutskens en har betizing. Efter har wie ôfbylde it hearlike tafriel fan de Romeinske prins, waans pasje foar gerjochtichheid Gregoarius ta de hearlike oerwinning brocht hat. Ik praat oer keizer Trajanus. In earme widdo hie de leie fan syn hynder fêstgrypt, en yn triennen oer har ellinde, de ellinde fan de earme lju, sprutsen. Alle ruters stiene om de keizer hinne, de gouden banieren fan de keizer waarden foar him út droegen, en it like as fladderen de gouden earnen yn de wyn. De widdo knibbele foar de keizer del, mids alle oaren om him hinne, en like te sizzen: “Myn hear, wreekje dochs myn soan, hy is deaslein, myn herte is brutsen.” En hy: “Der sil gerjochtichheid dien wurde, wachtsje inkeld oant ik wer werom bin.” En sy wer: “Hear, as jo net werom 210 di v i na com m e di a komme?” En hy: “As ik net werom kom, sil in oar myn kroane drage, en dy sil derfoar soargje, dat jo dan gerjochtichheid dien wurdt.” En sy wer: “Kin in goede died, dy’t in oar docht, him tarekkene wurde, dy’t dy die winliken dwaan moatten hie en net dien hat?” En hy wer: “Jo hawwe gelyk. It is dúdlik, dat ik earst myn plicht dwaan moat, foar’t ik fierder gean kin. De gerjochtichheid hâldt my tsjin, meilijen lit my hjir bliuwe.” Hy, dy’t nea wat nijs hearre kin, of eat sjen, dat nij foar Him is, hat hjir foar ús wat nijs makke, “sprekkende bylden”, hielendal nij foar ús, want sa hawwe wy se hjirre nearne fûn. Doe’t ik dêr stie, fol bewûndering foar dizze prachtige bylden, kostlik yn harsels, noch kostliker om dy’t harren makke hie, doe sei de dichter my: “It liket as krûpe se. Dat binne minsken, dêre, oan ús lofterhân. Hja kinne ús fertelle, wêr’t wy by de muorre opklimme kinne.” En myn eagen, altyd der op út om wat nijs te sjen, en wat te learen, want learen doch ik altyd o sa graach, diene daalks wat er sein hie. Lêzer, ik wol jo perfoarst net bang meitsje, en jo ek net ôfbringe fan jo fêste wil om berou te hawwen, en te witten, dat God wol, dat eltse skuld betelle wurde moat, mar tink net allinne oer de swierte fan de straffe, tink der leaver oan, dat er net ivich duorje sil, mar uterlik oan de lêste oardielsdei ta. “Master,” sa sei ik, “dat lykje my gjin minsken ta, dy’t dêr oankomme, en ik wit ek net, sa nuver komme se my oer, wat it dan wêze kinne.” En hy tsjin my: “De swiere lêst, dy’t hja drage moatte, makket dat se bûge oan de grûn ta. Ik twifele earst ek, doe’t ik harren seach. Mar sjoch goed, en jo kinne sjen, dat se swiere lêsten ferslepe moatte. En jo kinne ek sjen, dat eltsenien him altyd mar wer op it eigen boarst slacht.” O, jimme, grutske kristenen, ûngelokkich en lyts, wêrom leauwe jimme dochs troch it dimpte ljocht fan jim geast en jim bekrompenens mear yn jim woltier as yn jim ûngelok? Sjogge jim dan net, dat wy allegearre rûpen binne, allegearre berne om i t fa a i e f joe r 211 flinters te wurden, flinters, dy’t mei de ingelen fleane nei de oardielsdei? Wat hawwe jimme sielen om grutsk op te wêzen? Wêrom graach grut swee slaan? Jim binne neat mear as ûnfolsleine ynsekten, as in pop, oant er as flinter út syn ferpopping opfleane kin. Bytiden sjogge jo, om in tek of in souder fêst te hâlden, minskefigueren ôfbylde, mei it boarst op ’e knibbels, sa, dat wat jo sjogge, inkeld in bôge fan bonken is. Krekt dat seach ik doe’t wy tichterby kommen wiene. Wierliken, hja, dy’t dêr krûpten oer dat paad fol pine, wiene djipbûgde figueren, djipper bûgd as harren lêst swierder wie. Mar eltsenien, ek de meast ferduldige, like stinnend en suchtsjend te sizzen: “Ik kin it net mear drage.” 212 di v i na com m e di a by canto x • Polyclitus (Polukleitos): Gryksk byldhouwer, fyfde ieu foar Kristus. Foar Dante de meast ferneamde. • “Ave” (Heil jo) en “Ancilla” (tsjinstfaam): Sjoch Lukas 1, 26: As Jezus’ berte oankundige wurdt, seit de ingel: “Wês bliid, Marije.” (1, 28), En dy (1,38): “Ik stean ta jo tsjinst, Hear.” • Marije is yn de mariology ek sjoen as de Arke, dêr’t God yn wennet. Dêrom is de yntocht fan de Arke yn Jeruzalem hjir ôfbylde. Sjoch 2 Samuel 6, 3-6: “Se rieden Gods Arke op in nije wein. Oezza en Achio stjoerden de wein. Mar doe’t se by de terskflier fan Nakon kommen wiene, stiek Oezza de hân út nei Gods Arke, en pakte dy beet, want de oksen stroffelen. Doe waard de Heare tige lilk op Oezza, en God sloech him dêre om syn ûnbetochtsumens, dat hy stoar by Gods Arke.” • Oer Mikal: 2 Samuel 6,14: “David dûnse út alle macht foar de Heare út, wylst er in linnen efod om hie… En David gie werom, om syn húshâlding de segengroet te bringen. En Mikal, Sauls dochter, kaam ta de doar út, him yn ’e mjitte. En hja sei: “Wat hat de kening fan Israel himsels hjoed in eare oandien, dat er him útklaaid hat foar de eagen fan de slavinnen fan syn tsjinners.” Mar David sei: “Foar de eagen fan de Heare, dy’t my útkard hat boppe jim heit ha ik dûnse, en ik sil my noch folle mear fernederje as niis en lyts wêze yn eigen eagen… En Mikal, Sauls dochter, hat ta har dea ta gjin bern hân.” • Paus Gregoarius hie, neffens de ferhalen yn Dantes tiid, om’t er safolle earbied hie foar de rjochtfeardigens fan de ‘heidenske’ keizer Trajanus, God bidden om de keizer fan de hel út nei de himel oergean te litten, en God hat him dat tastien. i t fa a i e f joe r 213 [ canto xi ] “U s Heit yn ’e himel, mar net oan de himel bûn, rjochte op de grutte leafde, dy’t Jo hawwe foar jo earste wurken yn it ryk, dat Jo it earste stifte hawwe, jo namme wurde hillige, jo macht, troch elts skepsel om neffens syn eigen natuer jo namme te priizgjen, jo tank te bringen foar jo grutte leafde. Lit de swiete frede fan jo ryk komme, want as dy komt, kinne wy dêr neat tsjin yn dwaan, hoe’t wy it ek besykje soene. En lykas jo ingels fol earbied foar jo troan Jo altyd troch it Hosanna tasjonge, lit ek de minske jo lof sjonge, en Jo harsels as offerande oanbiede. Jou ús hjoed, Hear, it manna, dêr’t wy Jo om freegje, want as wy dat net hawwe, moatte wy efterbliuwe yn dizze woastenij. En lykas wy it kwea dat ús oandien is, oan eltsenien ferjûn hawwe, ferjou ek ús, en weagje net it lytse, dat wy dien hawwe, mar lit ús jo barmhertigens ûnderfine. Us krêft is as reid, bûgd ta de grûn. Hifkje ús net yn ús striid mei de grutte tsjinstanner, mar ferlos ús fan him, dy’t sa fûl ús bestookt. Us lêste bea, o Hear, mei in tankber moed: wy bidde net foar ússels, dy’t it net mear nedich hawwe, mar foar de sielen fan harren, dy’t wy efterlitten hawwe.” Sa, foar harsels en foar ús biddende, krûpten dizze skaden ûnder harren swiere lêst fierder. It like ús in eangstige dream, sa’t hja yn ’e rûnte krûpten. It lijen wie net foar eltsenien like swier, mar allegearre wiene se wol like wurch, sa’t se dêr krûpten oer de earste omgong, harren suverjend fan de tsjusternis fan de wrâld. En, as hja dêr altyd mar troch foar ús bidde, wat kin der dan foar harren sein en dien wurde troch harren, dy’t libje yn Gods wolbehagen? Wis: wy moatte harren helpe harren skjin te waskjen fan de smoargens, dy’t hja meidrage. Sa, dat hja suvere en ferljochte yngean kinne yn it ryk fan de stjerren. “Dat de Gerjochtichheid en de Barmhertichheid jo fan 21 4 di v i na com m e di a alle skuld frijmeitsje sille,” sa sei myn master, “dat freegje wy God mei jo. Mar sis ús dochs, bylâns hokker wei wy omheech komme, en as der twa wegen binne, hokker wei de koartste is. Want dizze hjirre, dy’t mei my oprint, draacht noch de swierte fan it flêsk fan Adam mei him omheech.” It wie net dúdlik, wa’t krekt andert joech op syn fragen, mar der waard sein: “Kom mar mei ús, de rjochterkant út, de râne bylâns. Jim sille dan in paad fine, dêr’t foar in libben minske it opstigen bylâns mooglik is. En as ik net sa fêst sitte soe oan de swiere stien, dy’t oan myn heechmoedige nekke fêstbûn is, dan soe ik my net bûge oant it stof fan de grûn, en jo soene my werom kenne. Ik bin in Italjaan, in Toskaan, mei in grutte namme. Guiglielmo Aldobrandesco wie myn heit. Ik wit net, oft jo dy namme ea heard hawwe, mar de dieden fan myn foarfaars, en de fûlens fan harren oarlochfieren binne op myn holle delkommen. En dat hat ek my sa grutsk en eigenwiis makke, dat ik der net mear oan tocht ha, dat wy allegearre minsken binne. En sa bin ik ek stoarn, lykas hiel Siena wol wit, en elts bern yn Campagnatico jo fertelle kin. Ik bin Omberto, en net allinne my hat myn grutskens skea brocht, mar ek myn hiele sibbe is dêr ûngelokkich troch wurden. Hjirre, oant it God behaget my de holle wer oprjochtsje te litten, moat ik dizze swiere lêst drage, en, om’t ik soks net dien ha by de libbenen, moat ik it no dwaan by de deaden.” Ik hie goed heard nei wat er sei, en mei de holle djip bûgd, koe ik se allegearre wat better sjen. Doe draaide immen – net de sprekker fan niis – de holle wat nei my ta, fan ûnder syn swiere lêst út, seach my oan, koe my werom, en rôp myn namme. “Binne jo Oderisi net?” sa sei ik, “de eare fan Gubbio, en de master fan wat yn Parys de keunst fan it ylluminearjen neamd wurdt?” “Broer,” sa sei er, “hokker siden oft echt goed ylluminearre binne, dat binne dy fan Franco út Bologna. De wiere rom is wierliken oan him, oan my mar foar in lyts part. Mar doe’t ik noch libbe, wist ik tige goed, i t fa a i e f joe r 215 dat ik him nea de eare litte soe de earste te wêzen. Myn herte wie op dy eare altyd fûl rjochte. Sok begearen moat hjir útboete wurde. En ik soe sels hjirre net wêze kinne, as ik my net, doe’t ik noch sûndigje koe, nei God keard hie, en fan de sûnde my ôfkeard ha. O, idele rom oer alles wat in minske kin, in plak op de top hat immen nea lang, en in earekrâns bliuwt mar o sa koart grien. En alle rom wurdt hjitfolge troch ieuwen fan ûnmacht. Ienris wie Cimabue de grutte. No is it Giotto, en de rom fan de oar is fertsjustere. Sa hat de iene Guido fan de oare ôfnommen de gloarje fan de taal, en faaks is hy al berne, dy’t se allebeide ûnttroanje sil. In wynfleach, in losse pûster, is alle rom. In wynskuor, dy’t fan namme feroaret as er fan rjochting feroaret. Hoefolle rom sille jo noch oerhâlde, as jo it flêsk âld ôfdien hawwe, of sa fan ’e bernespultsjes nei it grêf reizge binne? En wat op de ivichheid binne tûzen jier? Net mear as in eachknipperijke yn ferliking mei it draaien fan de himelsfearen. Alle Toskaners hawwe yndertiid meiparte yn de rom fan dizze, dy’t hjir op en del krûpend foar my útgiet. En no wurdt syn namme amper hjir en dêr noch flústere. En sels yn Siena, dêr’t er alle macht hie, en dêr’t er alle kweade ynfloed fan Florence hielendal te neate makke hat, hat syn namme net mear rom as dy fan in ljidske. In namme is as it grien fan it gers, it komt en it ferdwynt wer. It ferdwynt dêr’t Hy it ferdwine lit. Dy’t it grien opkomme litten hat, dy nimt it ek wer wei.” En ik ta him: “Jo wiere wurden drukke myn siele omleech, fan opsetten grutskens ta dimmenens. Mar sis my dochs: oer wa prate jo no einliks?” “Dat is,” sa sei er, “Provenzan Salvani, en dy swiere stien leit op him, om’t er besocht hat hiele Siena efter him te krijen. Sa giet er fierder, en sa is er gien sûnt er dea is, sûnder rêst. Ditsoarte jild moat men hjir betelje as men op ierde tefolle selsgefoel hie.” En ik: “Mar al dy sielen, dy’t harren sûndige wegen net ferlitten hawwe foar’t hja út it libben stapt binne, moatte hjir ûnder op de berch wachtsje, 216 di v i na com m e di a foar’t hja opstige kinne. Safolle jierren as hja libbe hawwe, as de gebedens fan harren, dy’t yn Gods wolbehagen libje, harren net ta stipe binne. Hoe hawwe hja sa gau tastimming krigen hjir te kommen?” “Oan de top fan de gloarje fan syn libben,” sa sei de geast, “is er út himsels nei de Campo yn Siena kommen, en al syn gloarje hat er ôflein, om syn freon út Karels finzenis frij te krijen. Hy trille doe oer hiel syn lichem. Mear sis ik net, ik wit, dat ik yn riedsels sprek, jo sille wol oanfiele, wat ik sizze wol, en it sil net lang mear duorje, dan sille jo buorlju jo dúdlik meitsje, wat ik sizze wol. En dizze goede die hat derfoar soarge dat er net hoegde te wachtsjen foar’t er hjir komme koe.” by canto xi • De Toskaan Omberto Aldobrandesco, greve fan Santifore, waard sa hate troch de minsken yn Siena en omkriten, dat er yn Campag natico fermoarde waard. • Oderisi wie in rubricator, dy’t miniatueren tekene yn de hânskriften. Ferskate midsieuske hânskriften binne dêrom noch ferneamd, en mei de moderne techniken útjûn. • Giotto wie de earste ‘renêssansistyske’ skilder. • De twa Guido’s: Guinizzelli en Cavalcanti. Der binne lju, dy’t tinke dat Dante mei harren opfolger as dichter, ‘dy’t noch berne wurde soe’ himsels bedoelde. Dat soe wol frjemd wêze yn dit Canto, dy’t de heechmoed sa bestraffe lit! • Provenzan Salvani, lieder fan de Ghibellinen yn Siena, hat mei alle macht besocht, de hiele stêd efter him te krijen, en dan as in tiran te regearjen. Syn goede die, dat er ynienen trochrinne koe nei it faaiefjoer, en net in libben lang op de lotteringsberch hoegde om te toarkjen, wie, dat er op it sintrale plein fan Siena dagenlang biddele hat om syn freon, dy’t troch Karel fan Anjou finzen nommen wie, frij te keapjen. Dante hat, doe’t er út Florence ferdreaun waard, ek biddelje moatten. i t fa a i e f joe r 217 [ canto xii ] A s oksen ûnder it jok rinnend, stap foar stap, mei bûgde holle, rûn ik njonken de swier belêstige siele, salang’t de leave lieder it my tastean woe, doe’t er sei: “Lit him syn swiere reis allinne fierder ôfmeitsje. Hjir moat eltsen ien de feart fan syn boatsje sels regelje, mei beide riemen en it eigen seil.” Ik rjochte my wer wat op, dat rint efkes better, mar myn tinzen wiene noch bûgd yn meilijen en berou. Ik gie myn master efternei, en wy hiene de belêstige sielen al gau fier efter ús litten, en koene wer rêstich en maklik rinne. Doe sei myn master sûnder him om te draaien: “Sjoch nei de grûn. It rinnen sil makliker foar jo wêze as jo witte, wêr’t jo de fuotten delsette kinne.” Op ferskate plakken yn de stêden hjirre binne memoarjestiennen oprjochte, dêr’t it gesicht en bytiden ek de grutte dieden fan in ferstoarne op oanbrocht binne. Sa wurdt der troch de foarbygongers noch ferskate kearen oan harren tocht, en de pine fan it missen is foar harren wat better te dragen. Sokke memoarjestiennen seach ik hjir ek, allegearre folle better útfierd, troch de grutte keunst fan de Gearstaller. Ik seach alles wat der boppe de fluorring fan ús paad útstiek. Ik seach him, dy’t in trefliker skepsel wie as alle oare skepsels, as in bliksemstriel út de himel delfallen. En ik seach oan de oare kant, delslein troch de wjerljocht út de himel, Briareus, mei de kille kleuren fan de dea. Ik seach Tymbraeus, ik seach Pallas en Mars, noch mei harren wapens, oan de side fan harren heit, omsjende nei de oeral fersprate oerbliuwsels fan de reuzen. Ik seach Nimrod, oan de foet fan syn grutte toer, ferbjustere, sjende nei de minsken fan Sinear, dy’t mei him de toer boud hawwe. O, Niobe, ik seach jo, mei jo eagen fol pine, ôfbylde yn de fluorring, tusken jo twaris sân deasleine bern. O, Saul, deade yn jo eigen swurd, hoe litte 218 di v i na com m e di a jo jo hjir sjen, deade yn Gilboa, dêr’t nei dy tiid gjin dau en gjin rein mear delkommen is. O, healwize Arachne, sa ha ik jo sjoen, al heal feroare yn in spin, drôvich delsjende op de skuorde lapen, dy’t fan jo wurk oerbleaun wiene. O, Roboam, jo driging skynt al net mear te bestean. Jo flechtsje yn in wein foar it folk út. Ek lit de hurde fluorring sjen, hoe’t Alcmaeon syn mem de folle priis sjen liet fan har fatale sieraad. Ek seach ik, hoe’t Senacheribs soannen, wylst er oan it bidden wie yn de tempel, him deade hawwe, en syn lyk dêr gewoan lizze lieten. Ek seach ik de skriklike slachterij en de ferwoastingen, dy’t Tomyris oanrjochte hat, doe’t hja tsjin Cyrus sei: “Nei bloed hawwe jo toarste, drink jo no mar fol.” En ek, hoe’t de Assyriërs flechten, nei’t Holofernes deade wie; ek seach ik syn lichem sûnder holle. Ik seach ek de jiske fan Troaje, de hiele stêd platbaarnd. O, Ilium, hoe leech en ellindich wie it byld, dat jo dêr sjen koene. Hokker pinsiel kin soks skilderje, hokker beitel úthakje de omtrekken en de skaden fan wat men hjir sjen koe? Alles stiek fier boppe alle keunst út, dy’t wy wend wiene! De deaden liken wierliken dea, de libbenen libjend, op gjin inkelde ôfbylding sjogge jo it better as ik it seach, omleech sjende op myn wei. Hâld de holle mar heech, en bûge him mar net, jimme, soannen fan Eva, dat jimme it paad fan jimme minne dieden net hoege te sjen. Wy hiene al mear as de helte fan it paad de berch op ôflein, en de sinne wie al in hiel ein fierder as de helte fan syn wei om ús hinne, doe’t hy, dy’t al de tiid opmerksum foar my út rûn hie, begûn: “Sjoch ris goed omheech, de tiid om nei de grûn te sjen is ferrûn. Sjoch dêre: in ingel, dy’t him klearmakket om nei ús ta te kommen. Hy sil ús dan aanst mei blydskip de berch op liede. Sjoch, hoe’t er werom komt fan syn deiwurk, as de seisde tsjinstfaam. Tink deroan, dizze dei komt nea wer werom.” Ik wie der wol oan wend, dat er my wakker oantrune, dat dêrom hie ik al gau foar it ferstân, wat er my sizze woe. It prachtige i t fa a i e f joe r 219 wêzen kaam nei ús ta, hielendal yn it wyt, syn gesicht striele as in stjerre as dy opkomt yn de iere moarn. Hy iepene syn earms, en sprate syn wjukken út, en sei: “Kom hjirre. Hjir binne de trêden, en hjir komme jo maklik lâns nei boppen. Der binne mar inkelden, dy’t hjir ta útnoege wurde. O, minsken, berne om heech op te gean, wêrom falle jim sa gau werom, as jim ek mar efkes yn ’e wyn op moatte?” Hy brocht ús yn ien kear nei in plak, dêr’t jo maklik troch de rotsen hinne komme koene. Doe fage er my mei de wjukken oer de foarholle, en sei, dat ik no feilich omheech gean koe. As in man omheech klommen is nei de tsjerke, dy’t oan de Rubiconte stiet, en dy’t sa de stêd, dêromhinne boud, behearsket, dan kin er ynienen maklik omheech komme, om’t dêr goede treppens binne. Treppens boud yn de tiid, doe’t der noch boud wie neffens de goede bouregels. Krekt sa makken de treppens hjirre it maklik de steile helling op te kommen, fan de iene rûnte nei de oare, wylst rjochts en lofts de steile rotsen om ús hinne wiene. Wy begûnen stadich oan de klim, en om ús hinne hearden wy: ‘Beati pauperes spiritu’, sa moai songen, dat it net yn wurden út te drukken is. O, wat in ferskil tusken dizze opgongen en dy yn ’e hel! Hjirre moaie sangen, dêre wyld geskreau. Sa rûnen wy de hillige treppen op, en alhoewol’t it in steile klim wie, wie it dochs folle makliker as wêr’t ik sa bang foar west hie ûnder by it begjin. “Master,” sei ik, “sis my dochs, wat foar swiers is der fan my ôfnommen? Want ik wurd no hast net mear wurch fan it rinnen.” Hy andere: “As alle P’s, dy’t no noch oerbleaun binne op jo foarholle, der ek ôf fage binne, lykas dy iene no, dan sille jo fuotten troch de grutte langstme sa bestjoerd wurde, dat hja as fansels heger en heger geane.” In man, dy’t in frjemd ding op syn holle hat, sil dat net merkbite, as oaren him der net op wize. Dan sil syn hân him helpe, en sykje nei wat er net sjen koe. Sa, mei de fingers útspraat oer myn foarholle, fûn ik noch mar seis letters, 220 di v i na com m e di a oerbleaun fan de sân, dy’t de ingel derop set hie. En doe’t myn master dat seach, glimke er. by canto xii • Tymbraeus: oare namme foar Apollo, brûkt yn syn timpel yn Troaje. • De twa earsten, ôfbylde op de wei omheech: it earste skepsel, Lucifer, út de himel ferdreaun by syn opstân tsjin God. Oan de oare kant: Briareus: Titan, reus. Sjoch: earste diel, Hel, x x xi. Dêr ek Nimrod. Sjoch ek de nammelist dêr. • Saul: sjoch 2 Samuel 1, 21. Hy stjert, mei syn soan Jonathan, op de bergen fan Gilboa, dêr’t David letter fan sjongt: Bergen fan Gilboa, mei gjin rein mear op jimme en op jimme hege fjilden falle. • Roboam: Dante nimt syn namme oer út de Vulgaat, de Latynske bibeloersetting. Yn de Fryske Bibel hjit er Rechabeäm. Sjoch 1 Keningen 12. Hy is de soan fan Salomo, seit by syn earste ‘troanrede’ “Us heit hat jimme in swier jok oplein, ik sil der noch wat boppe op dwaan. Us heit hat jimme mei de swipe kastijd, ik sil in swipe brûke mei izeren stikels.” Der folget opstân, hy flechtet, it ryk skuort midstwa. • Judit: deadet Holofernes. It boek Judit stiet yn de Vulgaat, en yn de Fryske Bibel. Dêr as earste fan de deuterokanonyske boeken. Hja lokket Holofernes yn har tinte, en deadet him dêr. • Alcmaeon (soan fan Amphiaraus, sjoch Hel, x x ) hat syn mem deaslein, om’t hja har man ferret hie om in sieraad. • Niobe: hie sân dochters (deade troch Diana) en sân soannen (deade troch Apollo). • Arachne: fielde har om har kundigens yn it weevjen fier boppe Athene, en waard feroare yn in spin. • Senacherib: kening fan Assyrië, sjoch Jesaja 27 en 2 Keningen 19. • Tomyris: keninginne fan de Scythen. Cyrus (560-529) hie har soan deade. • “Beati pauperes spiritu”: sjoch Mattéus 5,3 :”Lokkich de earmen, dy’t op God betrouwe, want harres is it himelske ryk.” i t fa a i e f joe r 221 [ canto xiii ] W y rûnen de treppens op, en stiene op it plak, dêr’t foar de twadde kears in iepening yn de berch wie, en allegearre, dy’t dêrtrochhinne gien wiene, moasten no wer omleech, de bôge fan de twadde omgong bylâns, in bôge, in bytsje koarter as dat dy fan de earste omgong wie. Fierder like de wei hast deselde as de wei de earste omgong bylâns, mar der wiene hjir gjin geasten en gjin bûgende skaden te sjen. It paad rûn heech tusken de keale rotsen troch, en oan beide kanten wie de rots swart. “As wy hjir wachtsje sille oant der immen komt om ús te fertellen hoe’t wy gean moatte,” sa sei myn master,” dan soe it wolris in lange dei wurde kinne.” Doe draaide er him om nei de sinne, en sei: “O, sillige lampe, wy nimme de wei rjocht nei boppen, en wy hoopje hielendal op jo. Gean foar ús út, en wiis ús de wei yn dizze foar ús nije krite. Jo binne de waarmte foar de wrâld, jo binne ús ljocht, as oare reden jo net ta oare taken oantrúnje. Jo strielen allinne sille ús it goede paad wize.” Wy rûnen troch, en yn koarte tiid wiene wy al safier, dat wy it hjir op ierde in mile neame soene. Doe hearden wy boppe ús ûnsichtbere geas ten, dy’t boppe ús sweefden, en swiete sangen hearre lieten. Dy rôpen ús op foar it feest fan de leafde. It earste lûd dat wy hearden út de himel boppe ús: “Vinum non habent”, en fan fier efter ús hearden wy it wer. En noch foar’t wy it lûd hielendal net mear hearre koene, kaam der in oar lûd tuskentroch: “Ik bin Orestes,” en ek dat lûd sweefde lange tiid boppe ús yn de romte. “Heit,” sa begûn ik, “hokker lûden binne dat dochs?” En wylst ik dit frege, hearde ik in oare stimme: “Ha jo fijannen leaf!” En myn goede master sei: “Dizze krite suveret fan de skuld troch jaloerskens en ôfgeunst, en dêrom binne foar 222 di v i na com m e di a harren, dy’t efterbleaun binne yn de leafde, de koarden fan de swipe yn leafde yninoar flochten. Mar de leie moat fan in tsjin oerstelde klank wêze; jo komme dy noch wol te hearren, sa ferwachtsje ik, foar’t jo de trochgong fan de ferjouwing berikt hawwe. Mar sjoch no goed it paad op, en jo sille in pear minsken sjen, dy’t tsjin de keale rots oan sitte, oan de oare kant.” Ik die de eagen iepen sa fier as ik mar koe, en ik seach in groep fan minsken mei swiere mantels oan, mantels, dy’t de kleur hiene fan de stien efter harren. En doe’t wy wat tichterby kamen, hearde ik gebedens en fersuchtingen: “O, Marije, bid foar ús.” Sa hearde ik, en de nammen fan Michaël, fan Sint Piter, en fan alle hilligen. Ik kin my net yntinke, dat der noch ien man op dizze ierde omrint, dy’t net troffen wurde soe troch wat ik dêr seach en hearde. Want doe’t ik wat tichterby kaam, en de hiele straffe sjen koe, en dúdlik seach, hoe’t hja dêr sieten en beweegden, joech myn meilibjen my de triennen yn de eagen. Harren mantels wiene makke fan in hurde, hierrige stoffe, en eltsenien stie mei syn skouders tsjin in oar oan. Allegearre stiene se stil tsjin de rots. Sa sitte blinen, dy’t hielendal neat te iten hawwe by de tsjerke op de soendagen en biddelje om in stik bôle. Hja sieten krekt sa, mei de hollen tsjinelkoar oan. En hja besykje de jeften los te krijen, net inkeld mei harren útroppen, mar ek troch harren uterlik, dat meilijen opropt. En lykas de sinne de bline minsken net fan nut is, sa kringt ek foar de skaden, dêr’t ik niis oer sprutsen ha, it ljocht fan de himel net troch. Want by eltse siel is it eachlid fêstnaaid oer it each hinne, lykas de minsken by de wylde finkelfalk de eagen tichtnaaie en se sa tam besykje te meitsjen. Ik hie it gefoel, dat ik my skamje moast harren oan te sjen, harren, dy’t ik wol, mar dy’t my net sjen koene. En dêrom seach ik om nei myn master, dy’t mei in soad begryp myn frage net ôfwachte hie, mar sei: “Sis wat jo wolle, mar doch it koart en foarsichtich.” Vergilius i t fa a i e f joe r 223 rûn njonken my, oan de side, dêr’t men derôf falle koe. Oan de oare kant fan it paad hiene de geasten harren delset, hielendal te set mei harren gebedens. Ut harren tichtnaaide eagen rûnen har de triennen oer de wangen. Ik draaide my nei harren ta, en begûn: “O, sielen, jim binne der wis fan dat jim ienris it Hege Ljocht sjen sille, dêr’t wy allegearre sa nei útsjogge, fertel my dochs: is der hjirre earne in Latiner? Ik soe graach eat fan him witte wolle, syn namme, of it plak, dêr’t er wei komt. En as er my alles fertelt, komt er faaks wat tichter by syn doel.” “Wy binne allegearre boargers fan de iene wiere stêd, mar jo wolle ús sizze, dat jo jo ierdske ballingskip yn Itaalje trochbrocht hawwe.” Dat wiene de wurden, dy’t ik in geast sizzen hearde, en ik rûn dêrom in eintsje fierder yn de rjochting, dêr’t it lûd weikaam. Ik seach in geast, dy’t derút seach as woe er freegje: “Hoe dat sa?” De geast seach derút as in bline, dy’t wat freegje wol, de holle omheech. “Siel,” sei ik, “jo, dy’t mei folle lijen opstige wolle, wiene jo it, dy’t niiskrektsa ta my sprutsen hawwe? Ik freegje jo, sis my, wa’t jo binne, of wêr’t jo weikomme.” “Ik wie fan Siena,” andere de geast, “en op dit plak suverje ik my fan de sûnden yn myn libben. Mei al dy oaren hjirre, dy’t allegearre ta Him bidde, dat Er Him oan ús sjen litte wol. Healwiis wie ik, al waard ik Sapia neamd. Ik hie mear wille fan de tsjinslaggen fan oaren as fan it goede lot, dat my tafallen wie. En as dizze belidenis jo falsk yn de earen klinkt, hear dan dochs nei wat ik te sizzen ha. Sjoch dan hoe healwiis oft ik wie, doe’t de rin fan myn jierren al aardich heech klommen wie. Yn myn eigen lân waard in soad bloed ferspile yn de fjildslach by Colle. Doe ha ik bidden ta God, dat Er dwaan soe wat Er altyd al woe. Ferslein waarden hja, flechtsje moasten hja, en ik hie mear wille as ik ea hân hie. En dêrom ha ik myn holle opheve tsjin God, en yn falske grutskens útroppen: “No freezje ik Jo net mear.” Lykas in klyster dat docht, as de sinne efkes troch 22 4 di v i na com m e di a de wolken hinne komt. Yn de lêste oere fan myn libben ha ik wer frede fûn mei God. Ik ha myn grutte skuld net útboetsje kinnen. Hie Pier Pettinaio net foar my bidden yn syn hillige leafde foar myn siele, dan soe ik net oannommen wêze hjirboppe. Mar wa binne jo, dat jo hjir kommen binne sok nijs by ús te sykjen? Jo hawwe de eagen net tichtnaaid, en jo sykhelje by it praten as wiene jo noch yn libben.” “Myn eagen,” sei ik, “sille my hjir letter wol foar in koarte tiid ôfnommen wurde, want ôfgeunst en jaloerskens wiene myn grutste ûndeugden net, mar folle banger bin ik, dat ik as de lju, dy’t ik al sjoen ha, swiere lêsten drage moatte sil. Ik fiel se no al op ’t skouder.” En hja: “Wa hat jo dan hjir hinne brocht, nei ús krite, en hoe tinke jo dan hjir wer wei komme te kinnen?” En ik: “Hy, dy’t mei my kommen is, en net sprekt, hat my hjirhinne brocht, en ik libje noch. Freegje it my dêrom, útkarde geast, as jo wolle dat ik dêrûnder de fuotten noch rep.” “O,” andere hja, “dit is sa frjemd te hearren. Dit is in grutte geunst fan God, foar jo en foar my. Dêrom: help my bytiden ek mei jo gebedens. En ik freegje jo út in grutte langstme wei: as jo ea wer omrinne kinne op de Toskaanske grûn, suverje myn namme dan by myn kunde. Jo sille se fine by dat frjemde selskip, dat dreamt fan grutte saken om Telamone hinne. Hja sille dêr mear mei ferlieze as by it sykjen nei de ferlerne Diana. Mar noch folle mear: hja sille dêr harren admiraals ferlieze.” i t fa a i e f joe r 225 by canto xiii • Vinum non habent: Se hawwe gjin wyn mear. Sjoch Johannes 2,3. • Orestes: Sjoch Cicero: De Amicitia, ‘Oer de freonskip’. Orestes wie ta de dea feroardiele, en doe’t er socht waard, rôp Pylades: “Ik bin Orestes.” • De blinen sieten foar de tsjerken te biddeljen, benammen op de dagen, dat penitinsjes folbrocht wurde koene, en ôflaten fertsjinne wurde koene. • Sapia, ‘de wize’, wie in boargeres fan Siena. By de slach fan Colle, 1269, wie hja tige bliid, dat har folk troch de Florentinen ferslein waard. • Pier Pettinaio wie in Fransiskaan, dy’t as in hillige fereare waard. Oer de nuvere plannen fan Siena om de rivier dêre geskikt te meitsjen foar wat grutte skippen, en de Diana, dy’t dêr ûnder de grûn fierder rint, iepen te goaien, hat Dante al ferteld yn Hel, Canto x xix. Ek Sapia sprekt dêr tige ôfwizend oer. De admiraals, dy’t Siena dêrby ferlieze sil, kinne ek de grutte keaplju wêze, dy’t sa graach in seehaven hawwe woene. 226 di v i na com m e di a [ canto xiv ] “W a tinke jo, dat dit is? Dat rint hjir om, en hat net de wjukken fan de dea. En hy is frij syn eagen iepen te dwaan as hy dat wol.” “Ik wit it net, mar ik wit wol, dat er net allinne is. Freegje jo it him mar, jo steane tichterby him. Mar doch it sa, dat er net misledige is. En doch it hoeden.” Sa, oan myn rjochterhân, hearde ik twa fan de geasten oer my praten. Doe draaiden se beide de holle myn kant út, en ien fan harren sei: “O, siel, dy’t noch fêst sit yn it flêsk, noch ûnderweis is, mei de seine fan de himel, jo hawwe ús yn leafde in kâns jûn, in winsk te dwaan. Sis ús dochs, hoe’t jo hjitte, en wêr’t jo weikommen binne, foar’t jo nei ús opklommen binne. Wy binne o sa ferwûndere oer dizze grutte genedejefte. Soks hawwe wy hjir noch nea sjoen.” En ik: “Yn Falterona leit de boarne fan in sompige stream, dy’t altyd mar grutter wurdt, en dan troch Toskane streamt, en hûndert milen lang komt der dan allinne mar wetter by. Fan de igge fan dy stream út ha ik myn flêsk hjirhinne brocht. En myn namme sizze soe net folle doel hawwe, ik ha my oant no ta gjin namme makke.” En doe de earste geast wer: “As ik jo wurden goed hifkje op de skealjes fan myn geast: is it de Arno, dêr’t jo oer praat hawwe?” En de oare ta him: “Wêrom is er sa hoeden, en praat er oer de namme fan de stream hinne? Hy praat as immen, dy’t bang is, en de dingen, dêr’t er oer praat, mar nuver fynt.” En it skaad, dat er oansprutsen hie, andere: “Dat wit ik net, mar it soe in seine wêze, as de namme fan sa’n krite útstjerre soe. Fan syn boarne ôf, heech yn de bergen, dêr’t de Pelorus al fan him ôfsnien is, oant it plak, dêr’t er nei ûnderen giet yn de einleaze sompe, wurdt de deugd troch de minsken dêre as harren fijân sjoen, of as in giftige slange. Faaks is it it i t fa a i e f joe r 227 needlot fan dy ellindige krite, of harren minne oanwensten, dy’t de minsken dêrta twinge, mar it liket fakentiids as hawwe se by Circe yn ’e kost lein. Tusken smoarge bargen, dy’t better ikels frette koene as allegearre iten, dat eins foar minsken ornearre is, giet de rivier fierder, en fynt dan, as er leger komt en grutter wurdt, in keppel kefferts, dy’t mear keffe as dat se bite kinne. Fol walging draait er dan fan harren ôf, en as de hûnen der net mear binne, dan komme de wolven dy ûnsillige, ferflokte stream bylâns. Dan sakket er troch tsjustere kleauwen, en fynt de foksen, sa fol bedroch, dat hja net bang hoege te wêzen, dat hja ea fongen wurde sille. Ik sil net bang hoege te wêzen te sizzen, wat ik sizze wol, bang bin ik ek net om myn profesij, dy’t my iepenbiere is, fierder te bringen. Faaks komt de stream dan werom fan syn plan om syn wei fierder te gean. Ik sjoch jo pakesizzer, dy’t fan doel is de wolven op te jeien oan de igge fan dy ferflokte stream, en hy is de skrik wurden foar de minsken, dy’t dêr wenje. Hy ferkeapet harren flêsk wylst se noch libje, en hy slachtet se as se âld wurden binne. Skande op skande! Hiele mannichten stjerre, en dêrmei syn goede namme. Hy komt dat tsjustere bosk út, lit him sa efter, dat er yn tûzen jier net mear goed wurdt, en neat wol dêr mear groeie fan wat der stie.” Lykas by in man, oan wa’t min nijs oansein wurdt, seach ik it gesicht fan de oansprutsene tsjuster wurden, doe’t er goed yn him opnommen hie, wat de oar sein hie. Ik longere dernei nammen te hearren, ik frege nei nammen, ik bea derom, jitris en jitris. Doe begûn de siel, dy’t my it earst tasprutsen hie, wer op ’e nij: “Jo freegje dat ik foar jo dwaan sil, wat jo foar my net dwaan woene. Mar God hat jo útkeazen, en dêrom sil ik jo andert jaan. Guido del Duca wie myn namme op ierde. It fjoer fan de ôfgeunst rûn sa fûl troch myn ieren, dat ik, as ik seach, dat immen earne wille om hie, de lju oan my sjen koene, dat ik der nidich om waard. Myn sied 228 di v i na com m e di a is ferwurden ta strie, dat krekt sa libbet as ik yn myn tiid. O, minskebern, wêrom binne jim sa rjochte op wat net tastien is? Dy dêr is Rinieri, de eare en de lof fan it hûs Calboli. Nimmen hat wat fan him urven, doe’t er stoar. En nimmen is yn dat lân tusken de see en de Reno yn it easten en westen, en de Po en de Apenninen yn it noarden en suden, sa ûntfytmanne fan alles wat nedich is foar in goed en ferantwurde libben. Want it hiele lân is fol toarnen en oar ûnrant, der net út te krijen troch it bouwen fan goed gewaaks. Wêr is Mainardi? Ha jo it sied fan Lizio sa ferspile? Traversaro en Guido di Carpigna? O, Romagnuoli, allegearre ta basterts ferwurden! Wannear sil der wer in Fabbro earne yn Bologna berne wurde? Wannear yn Faenza in Fosco? In eale sprút út in wierlik needrich krûd? O, Toskane, kin ik sûnder triennen noch eat sizze oer Guido da Prata, dy’t yn ús tiid libbe hat, en Freark Tignoso, en syn rûnte? Traversaro en syn hûs, en de Anastagi? Allegearre binne hja útstoarn sûnder neiteam. De ridders en harren dames, oan it hof en yn it fjild, dy’t ús in libben lang dwaande holden hawwe, wêr binne harren deugden bleaun, no’t de herten sa ferdoarn wurden binne? O, Brettinoro, wêrom flechtsje jo net, no’t jo hiele famylje om utens tein is? Hja woene net as ûntrouwen feroardiele wurde! Bagnacaval hat it goed dien, dy hat gjin erfgenamten. Min docht it Castrocaro, noch slimmer docht it Conio, dy’t it oanleit mei de greven. De Pagani sille it goed dwaan, as harren kweade geast harren ferlit. Mar net sa goed, dat harren namme wer skitteret as goud. O, Ugolino de’ Fantolin, jo namme is feilich, sûnt der nimmen mear is, dy’t, troch te sûndigjen, jo namme besmodzje kin. Mar gean no mar fierder, Toskaan, ik haw no mear nocht oan skriemen as oan praten. Wat ik sein ha, hat myn herte en myn gefoel al slim genôch oantaast.” Wy wisten, dat dizze dierbere sielen fielden, dat wy fierder giene, en om’t hja neat seine, begriepen wy, dat i t fa a i e f joe r 229 wy op de goede wei wiene. Doe’t wy in eintsje fierder wiene, waarden wy ynienen troffen troch in stim, dy’t op ús foel as wie it in wjerljocht. “Wa’t my mar treft, dy sil my deaslaan.” It rôle oer ús hinne, lykas de tonger rôlet troch de loft, as de wolken ynienen iepenberste, en it reine litte. “Ik bin Aglauros, dy’t yn in stien feroare is.” Doe die ik, om by Vergilius wat beskerming te finen, in stap tebek. It wie hielendal stil wurden yn de loft, doe’t Vergilius sei: “Dat wie it izeren bit, ornearre om de minske binnen syn grinzen te hâlden. Mar jo hawwe yn it ies biten, en dêrom hat de âlde tsjinstanner jo nei him talutsen. It bit en it roppen hat jo net holpen. De himel ropt jo ta, en oeral om jo hinne is de gloarje fan de himel. Mar jo sjogge inkeld nei de grûn. En alle kearen dat jo de gloarje fan de Leafde net sjen wolle, slacht Hy dy’t alles sjocht jo mei in tongerslach. 230 di v i na com m e di a by canto xiv • Guido del Duca en Rinieri dei Paolucci, twa Ghibellinen, binne de twa sielen, dy’t yn dit Canto it heechste wurd hawwe. Dante hat se beide meimakke, om 1270 hinne, en hy lit se ‘yn in profesij’ fertelle wat der yn 1302 barre sil. • De Arno streamt, en oan syn iggen binne de bargen: de bewenners fan Casentino, de kefferts: de Arentinen, de wolven: de Florentinen, de foksen: de bewenners fan Pisa. It bosk, dy’t yn gjin tûzen jier mear wat goeds groeie litte wol, is Florence. • De Pelorus leit op de punt fan Sisylje, yn de Strjitte fan Messina. • Circe: de goadinne, dy’t de minsken yn bargen feroare. • Fulciari da Calboli, de pakesizzer fan Rinieri (de ‘nipote’ neamt Dante him) waard yn 1302 podesta, bestjoerder, fan Florence. Hy hat foar jild de swarten oan de witen ferkocht, en letter deadzje litten. Alle oare Florentinen, dy’t neamd wurde, sille wol bestien hawwe, mar der is net folle fan bekend. • ‘Wa’t my treft, dy sil my deaslaan.’ Kain seit dat, as er Abel deaslein hat, en flechtsje moat. • Aglauros wie de dochter fan Cecrops, de kening fan Athene, dy’t ôergeunstich wie op har suster, dy’t de leafde fan Mercurius wûn hie. Mercurius hat har doe yn in stien feroare. • Vergilius ferwyt Dante, dat er him oer alle ierdske saken ynljochtsje litte wol, en gjin each mear hat foar de hearlikheid, dêr’t er, lykas de sielen om harren hinne, nei ûnderweis is. i t fa a i e f joe r 231 [ canto xv ] S afolle tiid as der leit tusken de tredde oere fan de nacht en it earste ljocht fan de dei – lykas in bern boartet, sa boartet de sinne troch de himelsfear – safolle tiid wie der noch oer fan de dei. It wie fespertiid, by ús thús wie it al middernacht, en wy wiene oan it útsjen nei in plak, dêr’t wy rêste koene. Doe ynienen fielde ik, dat ik omheech sjen moast, dreaun troch in grutter ljocht as wat ik ea sjoen ha. Ik wie ferbjustere, en wist net krekt wêrom. Ik die de hannen foar de eagen, en makke der in sinneskerm fan, dat de skerpe strielen wat tsjinhâlde koe. As in sinnestriel op glês of op wetter falt, wurdt er weromkeatst ûnder deselde hoeke as er kommen is, de oare kant út. Sa like it my ta, dat der fan alle kanten ljocht op my foel. It fertize my, ik moast de eagen slute om se te sparjen. “Goede master, wat is dat dochs, dêr’t ik de eagen net goed foar ôfskermje kin? En wat komt der op ús ta?” sa sei ik. “Ferwûnderje jo net dat de himelbewenners jo no noch blyn meitsje,” andere er, “in boadskipper fan de himel is it, dy’t ús útnoegje sil fierder omheech te kommen. Ynkoarten sil it sa wêze, dat it sjen fan al dat ljocht jo net mear swier falle sil, mar jo bliid meitsje, safier’t jo natuer jo mar tastiet bliid te wêzen.” En doe’t wy oankommen wiene by de sillige ingel, sei dy op blide toan: “Kom hjirhinne, nei dizze treppens, dy’t lang sa steil net binne as de oare.” Wy giene nei boppe, en hearden efter ús sjongen: “Beati misericordes”, en: “Wês bliid jimme, dy’t oerwûn hawwe.” Myn master en ik, wy wiene allinne mei ús beiden, en ik tocht ûnder it klimmen gebrûk meitsje te kinnen fan syn wize wurden. Ik frege him: “Wat woe dat skaad út de Romagna ús winliken sizze, doe’t er wat sei oer “útsletten” en oer “mienskip”? Hy andere: “Fan syn wichtichste kwea 232 di v i na com m e di a wit er de gefolgen o sa goed. Lit nimmen him deroer fernuverje, dat er no derfoar útkomt dat it in grut kwea wie. Faaks sille hja, dy’t it kwea ûnderfûn hawwe, no wat minder fertriet hawwe. Om’t de begearte fan de minske der altyd op rjochte is om syn besit fan it wrâldske goed út te wreidzjen, tinkt er dat er minder hawwe sil as er diele moat. Mar as de leafde foar it heechste goed altyd yn jo herte wêze soe, en jo begearte omheech rjochtsje koe, dan soe de soarch om jo diel yn besit te krijen, net yn jo herte wêze. Want wat mear oft der fan allegearre wêze soe, wat mear soe eltsenien yn besit hawwe, en wat mear soe der leafde wêze yn dat kleaster.” “Ik bin, om’t ik folslein foldien bin, ek wer hielendal nofteren,” koe ik sizze, “nofterder as wannear’t ik niis neat frege hie. Mar noch folle mear fragen lizze der opsteapele yn myn geast. Hoe kin it no sa wêze, dat in besit, dêr’t folle minsken yn diele, safolle mear minsken ryk makket as wanneart’ it mar by in pear minsken yn besit is?” En hy tsjin my: “Om’t jo ek no wer allinne mar each hawwe foar de dingen fan de ierde, helje jo tsjusternis út it folle ljocht. It ljocht, dat sûnder ein is, en net út te sprekken goed, it ljocht, dat hjirboppe is, streamt sa troch de leafde as in ljochtstriel komt ta in glânzgjend ding. Safolle gloed jout dy striel as er dêroan glâns fynt, safolle, dat, safolle oft de leafde him útwreide hat, de ivige Goedens der noch likefolle op taleit. En wat mear’t de minsken dêr boppe inoar begripe, wat mear binne der ek om echt leaf te hawwen. En as de iene dêr echt leaf hat, strielet it, as by in spegel, ek werom op de oar. As myn riddenearring jo net foldocht: jo sille Beatrice sjen, en hja sil jo folslein frij meitsje fan dizze en alle oare toarst. En no hastich fierder, dat gau útwiske binne – twa binne dat al – de fiif oerbleaune wûnen, dy’t tichtgroeie troch it meitôgjen fan leed en smerte.” En wylst ik noch sizze woe: “Jo hawwe my folslein sêd makke,” seach ik dat wy kommen wiene op de folgjende i t fa a i e f joe r 233 omgong, en myn eagen, dy’t alles sjen woene, soargen derfoar, dat ik de mûle ticht hold. It like my ta, dat wy ynienen yn in meinimmend dreamgesicht telâne kommen wiene. It wie as wie ik yn in timpel, grôtfol minsken. En in frouwe, dy’t as in leave mem ús like te sizzen: “Bern, wat hasto ús no oandien? Jimme heit en ik wiene dea-ûngerêst, en sochten dy oeral.” En doe’t hja neat mear sei, wie ynienen ferdwûn wat wy earst seagen. Wy seagen immen oars. It wetter streamde har de wangen bylâns, lykas soks bart by immen yn grut lijen. Hja rôp: “As jo de hear binne oer de grutte stêd, oer waans namme ûnder de goaden sa’n grutte striid wie, de stêd, dêr’t alle wittenskip útstrielet, wreekje jo dan op dy dryste earms, dy’t de dochter fan Pisistratus omearme hawwe.” In hear like har rêstich andert te jaan: “Wat moatte wy dwaan mei harren, dy’t ús kwea dwaan wolle, as hy, dy’t ús leaf hat, troch ús feroardiele wurdt?” Doe seach ik poerrazende manlju, dy’t in jonge man mei stien dea goaiden, en skreauden: “Dea moat er, dea moat er.” En ik seach, hoe’t er de knibbels bûgde yn de dea, dêr’t er de folle lêst al fan fielde, mar syn eagen wiene rjochte op de himel, en hy bea ta de hege Hear yn syn marteling, en rôp lûd: “Hear, rekkenje harren dizze sûnde net ta.” En doe’t myn siel wer weromkommen wie nei de dingen, dy’t bûten my wiene, nei de dingen, dy’t wierliken wier wiene, seach ik, dat myn dreamen winliken gjin dreamen wiene. Myn gids, dy’t seach dat ik die as in minske, dy’t him losmakket út de sliep, sei: “Wat hawwe jo dochs, dat jo josels net yn ’e macht hawwe? Mear as in heale mile hawwe jo fierder rûn, mei de hannen foar de eagen, en mei slingerjende fuotten, lykas immen troch de wyn of de sliep oerweldige.” “O, myn leave heit, as jo nei my harkje wolle, sil ik jo sizze,” sa sei ik, “sil ik jo fertelle, hokker ferskiningen ik hân ha, doe’t ik de fuotten sa nuver delsette.” En hy: “Al hiene jo hûndert maskers foar jo gesicht, dan soe ik 23 4 di v i na com m e di a jo tinzen dochs lêze kinne, hoe flechtich oft hja ek wiene. Dat wat jo sjoen hawwe, hat derfoar soarge, dat jo gjin útwynsels mear betinke kinne soene om te ûntkommen oan it iepenjen fan jo herte foar de sillige wetterstreamen fan de frede, dy’t út de ivige boarne opbuorrelje. Ik ha net frege: ‘Wat hawwe jo dochs?’ lykas immen docht as it lichem bewusteleas delfalt. Mar ik ha it frege om wer krêft te jaan oan jo fuotten. Sa moat men troch freegjen de lju stypje, dy’t wol wekker binne mar de krêft net fine kinne en kom fierder foarút. Wy rûnen fierder, mei alle oandacht foarút sjende, safier as ús eagen mar sjen koene, tsjin de lêste jûnsstrielen yn. En sjoch: dêr kaam stadichoan in reekkolom ús temjitte, tsjuster as de nacht, en it wie net mooglik dêrfoarwei te kommen. Wy koene hast neat mear sjen, en hast ek net mear sykhelje. by canto xv • Beati misericordes: Lokkich de barmhertigen: Mattéus 5,7. Oan slutend: Iepenbiering 2,7: Dy’t oerwint, sil ik te iten jaan fan de beam, dy’t yn it paradys stiet. • “Jimme heit en ik sochten dy”: sjoch Lukas 2. Jezus, 12 jier, bliuwt efter yn de timpel. • De frou fan Pisistratus, tiran oer Athene, (560-526 foar Kristus) woe dat in jongfeint út Athene, dy’t harren dochter yn it iepenbier tute hie, straft wurde soe, mar Pisistratus joech har in ûntwikend andert. • De stiennige jonge man: Stefanus, sjoch Hannelingen 7. i t fa a i e f joe r 235 [ canto xvi ] G jin glimp út de hel, gjin skynsel fan in planeet, de djipste tsjusternis ûnder de swartste wolken, in soere reek as in wale foar myn eagen. Neat wie der al dy tiid dat myn sinnen sa oanpakt hie as de reek dêr, op dat plak. De krêft fan de reek wie mear as myn eagen ferneare koene. Myn wize en betroubere master rûn dêrom ticht tsjin my oan, en hy liet my syn skouder fêsthâlde, krekt as in bline it dwaan soe. Oars soe er langút delfalle kinne, dea of swierferwûne efterbliuwe, as syn gids werom giet, en hy fierder gean wol. Sa rûn ik troch dy smoarge, soere reek, laat troch de stim fan myn leave freon, dy’t hieltyd sei: “Foarsichtich! Ticht by my bliuwe! Foarsichtich!” En ik hearde oare stimmen. It like, dat hja it Laam Gods fregen om ferjeffenis en frede, it Laam, dat út genede en barmhertigens ús sûnden weinimt. Al harren gebedens begûnen mei: “Agnus Dei” en elts wurd en alle lûd wie folslein unisono. “Master, hear ik geasten hjirre?” frege ik, en hy andere: “Jo hearre it goed, hja binne dwaande de knotte fan de grime los te meitsjen.” “En wa binne jo dan, dat jo dizze swiere reek trochrinne wolle, en dy’t mei ús praat krekt as immen, dy’t de tiid noch yndielt neffens de Kalendae?” Sa waard der sein troch in stim tsjin ús oer, en myn master sei my doe: “Jou andert, en freegje tagelyk, oft dit de goede wei is om omheech te kommen.” En ik: “O, geast, dy’t josels hjir suveret, en sa werom komme wol ta jo Skepper, jo sille wûndere dingen hearre, as jo mei ús oprinne.” “Ik sil mei jimme meirinne, safier’t it my tastien is, en as de reek it net talit, dat wy inoar sjen kinne, dan sille ús earen der dochs foar soargje, dat wy meiinoar ferbûn binne.” Doe begûn ik: “Yn dizze ferbûnens fan geast en stof, dy’t by myn dea ek ûntbûn wurde sil, gean ik 236 di v i na com m e di a omheech. Ik bin hjir kommen troch de ellinde fan de hel hinne, en as God my sa leaf hat, dat Er my tastiet, dat ik syn hôf sjen mei, op in wize, dy’t net past yn de moderne brûkmen, ferbergje dan net, wa’t jo wiene foar jo dea, mar sis my alles, en sis my ek oft ik op de goede wei bin nei boppen. Jo wurden sille ús beide ta gids wêze.” “Fan Lombardije bin ik, en ik waard Marco neamd. Ik wist de wegen fan de wrâld, en ik hie de deugd leaf, dêr’t hjoed de dei nimmen him mear om bekroadet. Jim binne op ’e goede wei,” sa andere er, “en ik freegje jo: bid foar my, as jo boppe oankommen binne.” En ik wer: “By myn trou oan myn wurd swar ik, dat ik dwaan sil, wat jo frege hawwe. Mar ien frage drukt sa hurd op myn ynderlik, dat ik berste sil as ik him der no net út komme lit. De wrâld is, lykas jo sein hawwe, fier ôfrekke fan alle deugd, en it kwea hearsket oeral. Mar wêr leit de skuld? Ik freegje jo, om my dat te sizzen. Dat ik de wierheid sjen mei, en dy trochjaan kin oan oaren. Somliken sjogge alles ôftekene yn de stjerren, oaren sykje alles hjir op de ierde.” In djippe sucht kaam los, hast in gjalp. “O,” sei er, en doe: “Broer, de wrâld is blyn, en jo binne in trouwe soan fan dy wrâld. De minsken sjogge yn de sfearen hjirboppe de boarne fan alle goeds en alle kwea, as soe alles troch de wetten fan de natuer, of dy fan hjirboppe folslein regele wêze. As dat sa wie, dan soe de frije wil der hielendal net wêze, dan soe it ek gjin sin hawwe om bliid te wêzen oer it goede, en smert te fielen oer it kwea. De himelsfearen bringe de minske wol yn beweging, – ik sis net altyd en oeral – mar ek as ik soks sizze soe: it ljocht fan de rede seit ús dochs wat goed is en wat net. En de frije wil, dy’t tinkt dat er tsjinhâlden wurdt yn de striid mei hegere machten, kin alles berikke wat er wol, as er mar trochgiet mei wat er wol. Jim binne frije persoanlikheden, mei in macht hast sûnder ein, dy’t jim ferstân jim jout, en hielendal frij fan de himelske machten. Ut de hân fan God, waans leafde jin treft i t fa a i e f joe r 237 as in striel fan de sinne. Al foar’t men berne is, komt de siele fan de minske, dy’t as in bern ropt en laket, en sûnder mjitte graach him oerjout oan alles, wat wille jout. Hy rint dy wille nei, hat in gids en in leie nedich om by it goede út te kommen. Dêrom is der in lieder nedich, dy’t op syn minst de tuorren sjen kin fan de wiere stêd. De wetten binne der, mar wa hâldt him deroan? Nimmen, om’t de hoeder, dy’t de minsken no hoedet, wol wjerkôgje kin, mar gjin spjalte kleien hat. En it folk, dat sjocht, dat syn lieder allinne rjochte is op it wrâldske besit, dat it sels ek sa graach hawwe wol, troppet himsels dêrmei fol, en freget fierder nearne nei. Dat de wrâld der hjoed de dei sa min foar stiet, is, sa’t jo no wol sjen sille, te witen oan min liederskip, en net oan de natuerlike korrupsje yn jo en de oaren. Rome, dat de goede wrâld makke hat, like twa sinnen te hawwen, dy’t de iene of de oare wei sjen lieten. Ien nei de wrâld, en ien nei God. No hat de iene sinne de oare dwêste. It swurd is ien wurden mei de stêf, en soks kin fansels net goed gean. Want no’t se ien binne, frezet de ien de oar net mear. En as jo my net leauwe wolle, sjoch dan goed nei de ier, want oan it sied, dat er draacht, kin de plant kend wurde. Deugd en hoflikens hiene eartiids harren hûs yn it lân fan de Po en de Adige, oant Freark safolle tsjinstân ûnderfûn fan Rome. No hoecht nimmen noch bang te wêzen deugd en hoflikens fan side te skowen. Wol binne der noch trije âlden oerbleaun, dy’t fan de âlde tiid út de nije tiid lekje kinne. It duorret harren hast te lang, foar’t God harren ta in better libben opropt. Conrad da Palazzo bedoel ik, en de goede Gherardo, en Guido da Castel, dy’t jo better, lykas de Frânsken soks dogge, de wiere Lombard neame kinne. En wit dan dit, dat, sûnt de Tsjerke besocht hat om twa bestjoeren gearrane te litten, beide, de wrâldske macht en de echte tsjinstberens, stadichoan yn de moude weisinke, en it byld fan de Tsjerke besmoarge is.” “O, Marco, myn 238 di v i na com m e di a freon,” sa sei ik, “jo riddenaasjes binne goed. No wit ik wer, wêrom’t de soannen fan Levy yn Israel fan alle erfskip útsletten wiene. Mar hokker Gherardo bedoele jo, as jo sizze, dat hy ús as foarbyld oerbleaun is út in foarich geslacht om dizze ferwyldere ieu de goede kant út te stjoeren?” “Jo wolle my tantsje,” sei de Lombard, “of jo wolle my oantrune mear te sizzen as dat ik al sein ha,” andere hy my, “want om’t jo Toskaansk prate, tink ik, dat jo fan de goede Gherardo neat witte. Mar ûnder in oare namme ken ik him ek net. It iennige, dat ik noch fan him wit, is dat er Gaia’s heit wie. Gean mei God, ik gean net fierder mei jo. Sjoch nei it ljocht, dat al troch de reek hinne komt: al helderder wurdt it. Ik moat jo no allinne fierder gean litte, de ingel fan dit plak heart my noch net te sjen.” Dat sei er, mear sei er net, en troch de swiere reek hinne gie er wer werom. i t fa a i e f joe r 239 by canto xvi • Agnus Dei: Laam fan God, dat de sûnden fan de wrâld weinimt: wurdt noch bidden en songen yn de misse, foar de kommuny. • Kalendae: de earste dei fan de Romeinske moanne. • Marco, de Lombard, wie in freon fan Dante. Mear is der net fan him bekend. • ‘Wol wjerkôgje, gjin spjalte kleien’: wol goed neitinke, mar gjin suver oanfielen fan de situaasje. Thomas fan Aquino seit earne, dat in goed bestjoerder goed neitinke moat, jitris en jitris, en ek de situaasje goed oanfiele moat. Hy hellet dêr Leviticus 11,3 by oan: “Fan alle lândieren binne dit de bisten, dy’t jim ite meie: alle fee mei spjalte kleien, en dat wjerkôget.” Spjalte kleien kin better mei field wurde, wjerkôgjen is it byld fan goed neitinken. • Keizer Freark is yn oare Canti ek al neamd. Hy – keizer fan it hillige Romeinske Ryk fan de Dútske Naasje – hat him mei Rome hast net ynlitten. • De stam Levy, de prysterstam, hie gjin eigen erfdiel yn Israel. Dante soe wolle dat pausen, biskoppen en prysters, ek gjin lân te bestjoeren hawwe soene. • Conrad da Palazzo: hie hege funksjes yn Florence, Siena en Pia cenza. • Gherardo de Camino: Kaptein-generaal fan Treviso yn 1283-1306. • Guido da Castel: ealman fan Reggio, ferneamd om syn goedens, dy’t Dante sels ek ûnderfûn hat. 2 40 di v i na com m e di a [ canto xvii ] L êzer, as jo ea opsletten west hawwe yn in alpemist, dy’t jo gjin eagen joech om dertrochhinne te sjen, en jo allinne de wei fine koene lykas de mollen soks dogge mei harren hûd, en jo sjogge dan dat de swiere dampen tinner en tinner wurde, en jo stadichoan de gleone bal fan de sinne by no en dan wer sjen kinne, dan kinne jo jo faaks in bytsje yntinke, hoe bliid oft ik wie, dat ik de sinne wer seach, dy’t al hast ûndergien wie. Al rinnende njonken myn trouwe gids, stapte ik de reek út, en de sinnestrielen yn, strielen, al wat dwêste troch de see leech ûnder ús. O fantasij, dy’t ús sa meinimme kin, dat tûzen trompetten ús yn de earen klinke, en wy it hielendal net merkbite, wat beweecht jo dochs, as ús sinnen jo hielendal neat trochjouwe? In ljocht, dat út de himel komt, neffens syn wil, en dat syn strielen nei de minsken stjoert? In byld kaam yn my op, in byld fan it kweade fan har, dy’t straft waard om har wredens, en feroare waard yn in fûgeltsje, dat ús safolle wille jout mei syn sjongen. En ek hjirre wie myn geast sa opsletten yn mysels, dat, wat ik seach, nea en te ninter fan bûten ta my kommen wêze koe. Doe, delkommend as de rein, kaam in nij byld yn myn fantasij omheech: in krusige man, mei in grutsk en selsfoldien antlit, sels yn ’e dea. Tichtby him stie de grutte Ahasfearos, Esther, dy syn frou, en Mordekai, de rjochtfeardige, waans wurden en dieden altyd like goed wiene. En doe’t dit byld útinoar spatte as wie it in sjippebûle, dy’t it wetter kwyt rekket, dêr’t er út opboud is, kaam der in nij byld yn my op: in fanke, dat gûlde: “O keninginne, wêrom hawwe jo yn jo nidigens jo keninginnewêzen ferspile? Jo ha josels deade om Lavinia te sparjen. No ha jo my ferlern, no bin ik it dy’t rouwet, om jo mear as om immen oars.” As in fûl ljocht i t fa a i e f joe r 2 41 stjit op de sletten eagen fan in man, dan trillet dat noch wat troch as it him wekker makke hat, foar’t it wer hielendal oplost. Sa foel ek myn fantasij wer fan my ôf. En krekt doe kaam in nij ljocht op my ôf, folle fûler as ik it ea field hie. Ik draaide my om, en seach, wêr’t ik wie. En in stim sei: “Hjir is de wei omheech.” In stim, dy’t al myn oandacht frege. En mei al myn krêft woe ik doe witte, waans stimme it wie, en ik koe net rêste foar’t ik him sjoen hie, wa’t sprutsen hie. Mar, lykas wy sjen wolle nei de sinne, mar de strielen fan dy sinne de foarm fan de sinne foar ús ferburgen hold, om’t se ús eagen ferblynje, sa hie ik ek gjin mooglikheden de kant fan de sprekker út te sjen. “In geast út de himel liedt ús op ’e wei nei boppe. Hy lit ús de goede wei omheech sjen, noch foar’t wy dêrom frege hawwe, en hy ferberget himsels yn syn eigen hillich ljocht. Hy docht foar ús wat de minsken yn ’e wrâld inkeld foar harsels dwaan wolle. Want dy’t need sjocht, en wachtet oant him wat frege wurdt, hat al foar de helte wegere om wat te dwaan. Lit ús fuotten no mar besykje om it andert te jaan op ús net útsprutsen bea, en besykje om fierder te kommen, foar’t it hielendal nacht wurdt. Want dan kinne wy net mear fierder foar’t it wer dei is.” Sa sei myn master, en hy en ik giene as ien man fierder, en al gau, doe’t ik besocht heger te kommen, rûn ik fêst op in hege stiennen muorre. Ik fielde eat, dat derút seach as grutte wjukken, en ik hearde: “Beati pacifici, sillich dyjingen, dy’t frede meitsje wolle, dy’t gjin nidigens fiele foar oaren oer, sûnder dat dêr reden foar is.” De lêste strielen fan de sinne, foar’t de nacht de loft regearret, wiene no safier boppe ús, dat de earste stjerren al te sjen wiene. “O, myn krêft, wêrom hawwe jo my ferlitten,” sei ik ferskate kearen tsjin mysels, want it like wol as wiene myn skonken yn lead feroare. Wy wiene op it plak kommen, dêr’t de treppens opholden wiene, en dêr stean bleaun, lykas in skip, dat heal op it strân lutsen is. Ik seach myn 2 42 di v i na com m e di a gids fansiden oan, en wachte, want elts lûd koe de rêst fan dit plak oantaaste. Doe sei ik: “Leave heit, hokker sûnde wurdt hjir op dit plak útsuvere? Us fuotten moatte hjir wol stean bliuwe, mar ik soe jo freegje wolle jo wurden gjin rêst jaan te wollen.” En hy: “De leafde foar it goede, dy’t yn it libben op ierde net oproppen is, dêr moat hjir no foar betelle wurde. Hjir moat, wat út sleauwens lizzen bleaun is, mei alle krêft wer opnommen wurde. Mar as jo noch better en dúdliker witte wolle wêr’t it om giet, rjochtsje dan jo geast no op wat ik sizze sil. Dan hawwe jo ek noch wat oan de tiid, dat wy no stilstean moatte.” “De skepper en it skepsel wiene nea, sa’t jo wol witte, sûnder leafde,” sa begûn er, “natuerlike leafde of geastlike. De natuerlike leafde makket gjin flaters, de oare kin flaters meitsje, om’t er him op ferkearde doelen rjochtet, of mei te min, of mei te folle krêft besiket syn doel te berikken. As de leafde op it ivich Goede rjochte is, en net tefolle op it minsklik goed, dan kin dizze leafde him net rjochtsje op it sûndige genietsjen. Mar as de leafde him rjochtet op it kweade, of minder iver sjen lit as der wêze moatte soe foar it goede, dan giet it skepsel yn tsjin syn Skepper. Sa kinne jo begripe, dat de leafde altyd it wiere sied is fan alle fertsjinstlikens yn jo, en ek fan eltse died, dy’t eins straffe fertsjinnet. En om’t de leafde nea de holle ôfdraaie kin fan it heil fan dyjinge, dêr’t er op rjochte is, is dy fan de natuer út wis, dat er himsels net hatet. En, om’t gjin inkeld wêzen allinne bestean kin, skaat fan it Earste Wêzen, hat gjin inkeld wêzen de wil om God te haatsjen. Dêrom, as it my slagge is om de dingen goed te ûnderskieden, moat it kweade, dat de minske neistribbet, op syn buorman rjochte wêze. Foar de stjerliken hat sokke minne leafde trije boarnen. Der binne guon, dy’t tinke, dat se troch harren neiste del te triuwen, harsels omheech stekke, en dêrom inkeld derop út binne om de neiste yn syn eigenwearde omleech te heljen. Der binne ek i t fa a i e f joe r 2 43 guon, dy’t bang binne eare en rom kwyt te reitsjen, om’t in oar heger komt, en dêrom winskje se mei alle krêft de ûndergong fan de oar. Der binne ek guon, dy’t troch it ûnrjocht, harren oandien, sa rekke binne dat hja der altyd troch op út binne, om wraak te nimmen, en dêrom winskje, dat de oar ûndergiet. Dizze trije foarmen fan leafde wurde hjir betreure. En no wol ik, dat jo harren begripe, dy’t it goede neirûn hawwe op in ferkearde wize. Elkenien hat, al is it bytiden ek wat dizenich, in begryp fan it goede, dêr’t syn geast yn rêste wol, en eltsenien stribbet dat nei. En as jo fan doel binne om it goede te dwaan en dat nei te stribjen, mar jo dogge dat sleau, dan is dizze krite it plak, dêr’t jo jo sleauwens útboetsje kinne. Der is noch in oar guod, dat minne fruchten draacht. It jout gjin sillichheid, it is net yn it wêzen fan it Goede, de woartel en de frucht fan alle goeds. De leafde, dy’t him tefolle dêrop rjochte hat, wurdt boppe ús betreure, yn de trije omgongen hjirboppe. Mar hoe’t it dêr krekt tagiet, yn elts diel op eigen wize, dêr sis ik neat oer, dat sille jo sels wol sjen. by canto xvii • Procne, ek yn Canto ix al neamd, hat har man syn eigen soan as iten jûn, om’t dy har suster tenei kommen wie. As hy har deadzje wol, feroaret hja yn in swel en har suster yn in gealtsje. Sjoch Ovidius, Metamorfoses vi. Dante hellet de beide susters trochinoar. • Haman wurdt oan de peal ophongen, dy’t er foar Mordekai oprjochte hie. Sjoch Ester 3-7. • It fanke, dat har deade mem oansprekt, is Lavinia, dochter fan de kening fan Latium en syn frou Amata. Amata hat harsels deade, om’t Lavinia mei Aeneas boaskje moast, nei’t Aeneas Turnus, oan wa’t Lavinia tasein wie, deade hat. Sjoch: Hel, de Canti ii en x xvi. 244 di v i na com m e di a [ canto xviii ] D oe’t myn goede gids útlein hie wat er útlizze woe, seach er my goed oan. It like as wie ik foldien, en ik, dy’t graach noch folle mear witte woe, hold my ek stil, mar ik sei yn mysels: “Hy sil wol wurch wêze fan al dy fragen, dy’t ik him foarlein ha, mar dy goede heit, dy’t sjoen hat hoefolle oft ik witte woe, en wit hoefolle oft ik noch witte wol, sil my dochs yn stiltme wol oantrune fierder te freegjen.” Dêrom sei ik: “Master, yn jo ljocht sjoch ik dúdlik en helder alle arguminten besletten yn wat jo sein hawwe. Mar, eale en leave heit, sis my dochs wat mear oer de leafde, dêr’t jo fan sizze, dat ús goede en ús minne dieden dêr harren boarne yn hawwe.” En hy: “Sjoch mei de skerpe eagen fan jo geast nei wat ik sein ha. Dan sjogge jo fansels de dwalingen fan de blinen, dy’t de blinen liede wolle. De siele, skepen om leaf te hawwen, lit him liede ta alles wat wille jout, sa gau as dy wille him oantrunet om dêrhinne. En dan, as syn geast, sa oantrune, him dêrop rjochtet, dan is ek de leafde de driuwende krêft, de leafde dy’t yn jo wennet, en dy’t him op ’e nij oan it nije bynt. Want krekt as it fjoer opflammet yn de loft, en dêre de foarm fynt, dêr’t it fan de natuer út nei stribbet, sa is ek de leafde in – geastlike – beweging. De siele giet ek sa troch de leafde omheech, en fynt nearne rêst as by dy of dat, dêr’t har tawijing op rjochte is. Mar no wolle jo fansels begripe, wat in bytsje fan de wierheid oft hja begrepen hawwe, dy’t sizze dat de leafde yn harsels al in grut goed is. Want alhoewol’t it wêzen fan de leaf de altyd as in grut goed sjoen wurdt: net eltse stimpelôfdruk fan de leafde is goed, al is de lak, dêr’t it stimpel yn ôfprinte is, folslein yn oarder.” “Jo wurden en myn meigeande geast litte my no hielendal begripe, wat leafde is,” andere ik him, “mar i t fa a i e f joe r 2 45 no fiel ik noch gruttere twifels. As de leafde ûntstiet bûten de siele om, en sa de siele ta leafde komt, hokker fertsjinste is it dan as jo goed binne, en hokker kwea as jo it net binne?” En hy tsjin my: “Safier’t ik it mei riddenaasjes útlizze kin, kin ik jo andert jaan. It oare moatte jo oan Beatrice freegje, want it andert leit yn de mystearjes fan it leauwe. Eltse eigen foarm, dy’t skaat wurde kin fan de stoffe, dêr’t er út foarme is, en dochs op de iene as oare wize mei de stof ferbûn bliuwt, hat dêrtroch eat, dat him allinne eigen is. Eat dat jo net sjen kinne as it net trochwurket. Lykas it libben yn in plant him sjen lit troch de griene blêden. Sa kin ek gjin minske witte, wêr’t it earste ynsjoch weikommen is. It is ek net te begripen, wêr’t de wil hunich te meitsjen by de bij weikommen is, en dat hja it dogge, kinne jo net priizgje en net ôfkarre. Sa, om’t wat jo oanberne is, de earste oantrún jout ta alles wat jo betinke, moatte jo weitsje oer dizze skatten. Sa ek oer it begjinsel fan de leafde yn jo: jo kinne it goed, en jo kinne it net goed brûke. De masters, dy’t oer dit alles goed neitocht hawwe, hawwe dizze frijheid ûntdutsen, en sa harren leare oer de moraal opsteld om de minsken te lieden. Op dizze wize kinne wy sizze: alle leafde, dy’t yn jo libbet, is dêr kommen sûnder dat jo it woene, mar jo kinne dy wol syn gong gean litte, of dy behinderje op de wei nei in oar. Dizze eale macht sil Beatrice jo wol fierder útlizze as ‘de frije wil’. Hâld dat begryp fêst, as hja der mei jo oer praat hjirboppe.” It wie midden yn ’e nacht. De moanne, krekt opkommen, liet de stjerren wat feal skine. Hy rûn tsjin de baan fan de sinne yn, de himel bylâns, neffens de bôge, dy’t de Romeinen sjogge as de sinne neffens harren tusken Sardynje en Sisylje ûndergiet. Hy, dy’t Pietola ferneamder makke hat as eltse oare stêd yn Mantua, wie hielendal de lêst kwyt, dy’t ik troch myn fragen op him lein hie. En om’t ik sa’n iepen en earlik andert op myn fragen krigen hie, wie myn geast folslein fol- 2 46 di v i na com m e di a dien. Mar ynienen waard myn oandacht yn beslach nommen troch in grutte kliber, dy’t efter ús oan kommen wie. En lykas de iggen fan de Ismenus en de Asopus hiele kloften ferstouwe moasten as dy fan Thebe Bacchus nedich hiene, sa rûn ek dizze mannichte de bôge fan de sirkel bylâns. Hja hiene ús hast ynhelle, doe’t ik in stimme hearde, dy’t hast gûlend hieltyd rôp: “Marije gie hastich op reis nei it heechlân ta.” En in oaren rôp: “Caesar, om Ilerda yn syn macht te krijen, sloech Marseille, en rûn gau troch nei Spanje.” “Hurder, hurder. Sleau te wêzen yn de leafde is tiid fergrieme!” rôpen de lju, dy’t efter harren oan kamen, “De iver yn it dwaan fan it goede sil de genede wer groeie litte.” “O, jimme, yn wa’t de goede wil, dy’t jim no sjen litte, de ûnferskilligens en de sleauwens goed meitsje sil, dy’t jimme wil lam lein hat om hjirûnder op ierde it goede te dwaan, dizze man hjirre libbet wierliken, en de dei, dy’t komt, wol er brûke en kom heger. Wês sa goed en lit him de wei sjen, dy’t er gean moat.” Dat sei myn gids, en ien fan de hurddravers andere, sûnder syn feart wat yn te hâlden: “Kom efter ús oan, en jim sille de goede iepening fine. Wy wolle graach sa hurd as mar mooglik is trochrinne, en dêrom kinne wy net stilstean bliuwe. It muoit ús tige, mar de plicht makket, dat wy sa batsk lykje moatte. Ik wie de abt fan San Zeno, yn it ryk fan de grutte keizer Freark Barbarossa. Oer him prate dy fan Milaan noch altyd mei pine yn it herte. En in oar, al mei ien foet yn it grêf, sil ynkoarten folle fertriet hawwe om dat kleaster, en der spyt fan hawwe, dat er dêr safolle macht hân hat, en dy ferkeard brûkt hat. Want hy hat syn soan haad fan dat kleaster makke, in man, misfoarme nei lichem en nei geast, as oerwinneling berne, en troch syn heit op it plak set fan de wiere hoeder.” Doe wie er al safier fan ús ôf, dat wy net mear hearre koene wat er sei, mar ik wie tige bliid mei wat er sein hie. En myn help by alles, myn goede master, sei: “Sjoch, dêr komme twa, dy’t besykje mei al i t fa a i e f joe r 2 47 harren krêft oer de sleauwens hinne te kommen.” En de lêste rôp: “Hja binne allegearre stoarn foar’t de Jordaan syn erfgenamten seach, it hiele folk, dêr’t de Reade See him foar spjalte hat.” En de oare: “Hja, dy’t it net de muoite fûnen mei de soan fan Aeneas mei te gean, hawwe sa alles, wat harren ferneamd makke hawwe soe, ôfsnien.” En, doe’t al dy skaden safier fierder rûn wiene, dat der nimmen mear te sjen wie, kamen der nije tinzen yn my op, nije en wer nije, dy’t oerinoar hinne foelen, oant myn eagen ticht foelen, en myn tinzen dreamen waarden. by canto xviii • Vergilius praat as ‘heiden’ de midsieuske skolastyk nei. Beatrice moat Dante mar fertelle, wat neffens de téology fan dy tiid it leauwe dêroan taheakje moat. • Dante is no in wike ûnderweis. De moanne, mei Peaske fol, komt no let op, en rint yn de oare hemisfear, syn baan fan it westen nei it easten. • Pietola: it plak, dêr’t Vergilius berne is. • Marije har reis nei it heechlân, nei Elisabeth: sjoch Lukas 1,39. • Caesar sloech Marseille yn sân hasten del op syn tocht nei Ilerda. • As de Thebanen foar harren wynbou Bacchus oanroppe woene, kamen se gear oan de iggen fan de Ismenus en de Asopus. • Yn 1162 hat Freark Barbarossa Milaan ferwoastigje litten. • Alberto della Scala (stoarn yn 1301!) hat syn soan abt fan San Zeno makke. • De Israeliten, weitein út Egypte, binne hast allegearre stoarn foar’t se de Jordaan oerstekke koene, fanwege harren sleauwens. De lju, dy’t net mei Aeneas meitein binne, mar efterbleaun op Sisylje, binne dêr stoarn, ûnbekend en sûnder rom. 2 48 di v i na com m e di a [ canto xix ] A s de dei safier hinne is, dat de waarmte fan de dei de kjeld fan de moanne of bytiden fan Saturnus, dy’t lykas de moanne kjeld útstrielet, stadichoan oerhearsket, dan binne der lju, dy’t bliid binne, dat hja yn it easten de goede stjerren sjen kinne, foar’t it ljocht wurdt. Doe kaam der in dream yn my op. Ik seach in frou, dy’t skilich omheech seach, stammerjend, mei in feale hûd, de fuotten ferdraaid, de hannen skeind. Ik stoarre har oan, en lykas de sinne ús kâld lichem wat waarm meitsje kin, sa makke myn stoarjen har tonge los, en ien foar ien wiene al har ôfwikingen ferdwûn. En doe begûn se te sjongen, sa moai, dat ik allinne mei grutte pine myn eagen wer fan har ôfdraaie koe. “Ik bin,” sa song se, “de swiete Sirene, dy’t seelju midden op see yn trânse bringt. Ik ha Odysseus fan syn wei ôfbrocht, en dy’t him ienris troch my fuortlûke litten hat, komt hast nea wer op de goede wei werom.” Hja hie har mûle noch net sletten, doe’t der ynienen in oare frou ferskynde, en lâns my hinne rûn sûnder my bang te meitsjen. “O, Vergilius,” rôp se, wa is dit dochs?” Vergilius, oanpoene troch de toan fan har stimme, kaam op de Sirene ta, en seach har oan. Doe pakte er de heks oan, skuorde har yn ien haal de klean iepen. De stank, dy’t doe los kaam, makke my wekker. Ik seach Vergilius oan, en dy sei: “Ik ha jo op syn minst trije kear roppen. Kom oerein, en lit ús de yngong sykje.” Ik stie gau wer rjocht. It wie al hielendal ljocht, en jo koene alle omgongen fan de hillige berch sjen. Mei de sinne yn ’e rêch rûnen wy fierder. Ik rûn mei de holle djip bûgd, as de bôge fan in brêge, hast mei de holle op ’e grûn. Doe hearde ik de wurden: “No nei boppen! Dit is it plak, dat jo sykje!” En dat útsprutsen mei sa’n leave, sêfte stimme, as jo nea hearre sille út in stjerlike i t fa a i e f joe r 2 49 mûle. Mei útsprate wjukken as dy fan in swan, wiisde hy, dy’t sprutsen hie, ús it paad tusken de stienblokken troch, en doe’t wy tichterby wiene, rôp er: “Beati qui lugent, lokkich hja, dy’t treurje, want hja sille treaste wurde.” “Wat hawwe jo dochs, dat jo altyd mar op ’e grûn omstoarje?” sei myn gids, doe’t wy op it plak oankommen wiene, dat de ingel ús oanwiisd hie. En ik: “In dreambyld, dat ik niis sjoen ha, drukt my swier op ’e siele. En ik moat der altyd troch mar oan tinke.” “Hawwe jo dy oerâlde heks sjoen,” sei er, “om wa’t allegearre hjirre treure? En ha jo sjoen, hoe’t de minske fan har frijkomt? Dat moat genôch foar jo wêze! Set jo hakken yn ’e grûn, en sjoch nei boppen, nei de lokfûgel, dy’t de Ivige dêr syn rûnten draaie lit.” En lykas de wikel, dy’t earst nei syn poaten sjocht, dan omheech sjocht as er roppen wurdt, syn wjukken útslacht, en op syn proai ôfgiet, dy’t boppe him wachtet, sa pakte ik mysels oan, en fûn de iepening yn de rotsen, dêr’t de bôge om de fyfde omgong fierder rûn. Ik rûn de romte bylâns, dêr’t de gûlende sielen ferspraat op ’e grûn leine. “Adhaesit pavimento anima mea,” hearde ik harren sizzen, oer en wer, doe’t wy tusken harren yn stiene. En nei elts wurd kaam in djippe sucht. “O, útkarde sielen, jim lijen wurdt troch gerjochtichheid en hope minder swier makke, lit ús dochs de trochgong sjen nei de hegere omgongen.” “As jimme net feroardiele binne om, lykas wy hjir, yn de moude te lizzen, en de fierdere wei sykje, hâld dan de bûtenmuorre rjochts as jim fierder geane.” De dichter hie it frege, en it andert kaam daalks, fan de moude út, foar ús fuotten. Ik hearde goed nei wat Vergilius’ wize fan sprekken net ferburgen hâlde koe, ik seach him goed oan, en hy joech my in teken dat ik dwaan koe wat myn eagen him al frege hiene. Dêrom rûn ik wat nei foaren, oant ik boppe de siel stie waans wurden myn oandacht frege hiene, en ik sei: “O, siel, yn wa’t de triennen itjinge tariede, dêr’t nimmen him sûnder ta God rjochtsje kin, 250 di v i na com m e di a tink efkes, sa freegje ik jo, net oan jo grutte soargen. As der eat is, dêr’t ik jo mei helpe kin as ik werom kom yn de wrâld, dêr’t ik in skoft út tein bin mei flêsk en bonken, sis it dan.” En hy tsjin my: “Wannear’t de himel ús wer nei him takeare lit, sille jo wol witte, mar earst: scias quod ego fui successor Petri! Tusken Siëstri en Chiaveri streamt in heldere stream, en dy syn namme hawwe myn foarâlden oernommen. Ien moanne en in pear dagen mear ha ik de grutte mantel droegen, en o sa dúdlik ûnderfûn, hoe swier oft dy pauslike mantel is. Sa swier, dat alle oare lêsten fearkes lykje. Myn bekearing wie spitigernôch fierstente let, want pas doe’t ik keazen wie ta Hoeder fan it hillige Rome, ha ik ûntdutsen hoe ferrifeljend oft it libben fan de minsken is. Ik seach, dat dêr it herte nea ta rêst komme koe, en dat eltsenien wist, dat er dêr net fierder komme koe. Sa ha ik dêr it oare libben wiswier leaf krigen. Myn siele wie ferlern foar God oant dat eagenblik, en hielendal rjochte op habsuchtigens. Dat wie myn sûnde, dit is myn straffe. De natuer fan de habsucht is hjir dúdlik makke yn de natuer fan de straffe, en der wurdt gjin hurder straffe tapast op de hiele berch. Om’t ús eagen harren net opheve hawwe ta de bergen, mar inkeld rjochte wiene op de leechste dingen op ierde, dêrom hat de Rjochtfeardige ús hjir bûn op ’e grûn yn dit dal fan triennen. En lykas de habsucht alle leafde foar it goede dwêste hie yn ús, en om’t al ús wurkjen troch habsucht dreaun wie, dêrom hat de rjochtfeardigens ús hjir fêstlein yn ’e moude, mei hannen en fuotten bûn, fêst salang’t it it wolbehagen fan de Heare wêze sil. Salang sille wy hjir lizze moatte, langút op ’e grûn.” Ik wie njonken him delknibbele, doe ha ik noch wat sein, mar de geast hie dúdlik opmurken, dat myn stimme tichterby kommen wie, en hy wie der wis fan, dat dit út earbiedigens wie. “Wêrom hawwe jo jo knibbels bûgd?” frege er my. En ik: “Myn gewisse hat my dêrta oantrune, fanwege jo weardigens.” i t fa a i e f joe r 251 “Stean gau wer rjocht, myn broer,” sa sei er, “ik bin, lykas jo it binne, in tsjinner fan de heechste Majesteit. Sa stiet it yn it evangeelje: ‘Neque nubent.’ En as jo dy hillige wurden goed ferstean soene, dan soene jo begripe, wêrom’t ik sa sprek. Gean no mar fierder, ik wol graach allinne wêze, jo oanwêzigens hjirre hat my fan myn triennen ôfholden. Triennen, dy’t my bringe moatte ta wat jo al sein hawwe. En wat jo lêste frage oangiet: ik ha in omkesizzer, Alagia, dy’t noch op de ierde libbet. Hja is goed út harsels. As hja mar net it minne foarbyld fan har famylje folget, dan bliuwt se goed. En hja allinne is my dêrûnder oerbleaun.” 252 di v i na com m e di a by canto xix • De moanne en Saturnus binne neffens Dante de boarne fan alle kjeld. • Neffens Homearus koe Odysseus oan de Sirenen ûntkomme troch syn earen ticht te smarren mei waaks, en him fêstbine te litten. Dante feroaret dit ferhaal wat, of hy set de Sirene as liger del. • De hillige frou, dy’t Vergilius oantrunet om de Sirene oan te gripen, wurdt net neamd, faaks wurdt Lucia of ‘de wierheid’ bedoeld. • Beati qui lugent: Lokkich, dy’t treurje, Mattéus 4,5, berchrede. • Adhaesit pavimento anima mea: myn siel klibbe oan de fluorring: psalm 119 (118 neffens de Vulgaat), fers 25. De nije tekst fan de Vulgaat hat it oer pulveri, stof, foar: pavimento, fluorring. De roomsk-katolike Nederlânske oersetting hat it oer: mijn ziel ligt aan het stof gekluisterd. De Fryske oersetters koene mei dat kluisteren net folle begjinne, en setten oer: Ik ha aloan de dea foar eagen. Mar Dante hat dat net bedoeld, op dit plak kin it net. • Scias, quod ego fui successor Petri: Wit, dat ik de opfolger fan Petrus wie. De sprekker is Adriaan v, dy’t yn 1276 38 dagen paus wie. • Tusken Siëstri en Chiaveri streamt de Lavagna. Adriaan wie greve fan Lavagna. • Neque nubent: Mattéus 22, 30: Nei de ferrizenis trouwe se net mear, en wurde se net mear úttroud. Adriaan wol sizze: hjir jout it selibaat gjin rjocht mear op in titel as earwurdige, want eltsenien is hjir selibatêr, of: ik (de Paus) wie troud mei de tsjerke, mar myn houlik mei de tsjerke is no ûntbûn, it rint oant de dea ús skiedt’. • Alagia wie de frou fan Marcello Malespina, dy’t Dante yn syn ballingskip tige holpen hat. i t fa a i e f joe r 253 [ canto xx ] D y’t wat wol, moat bûge foar dy’t wat hurder wol. Tsjin myn sin yn, allinne om’t hy it woe, helle ik myn spûns út it wetter foar’t er genôch wetter opnommen hie. Ik rûn myn gids efternei, dy’t de romt, dêr’t wy wiene, wer út rûn, de râne fan de rots bylâns, om’t de lju, dy’t troch harren triennen it kwea, yn ’e wrâld bedreaun, útboetsje moasten, oan de oare kant leine. Ferflokt jo, âlde wolvinne, dy’t mear proai fine moat as oare bisten, fanwege jo grutte honger! O, himel, dy’t boppe ús draait! Somliken leauwe, dat troch jo draaien de situaasje hjir feroaret! Wannear sil Hy komme, dy’t troch syn macht de wolvinne fuortjeie kin? Wy rûnen fierder, stadich, en al myn tinzen wiene rjochte op de skaden, op harren triennen en jammerklachten. En wylst wy sa rûnen, hearde ik fan de grûn foar ús út: “Hillige Marije,” sa smertlik as fan in frou dy’t bernet. “Hoe earm oft jo wiene, sizze ús allegearre, dy’t by de krêbe stiene, de krêbe, dêr’t jo jo hillige lêst yn dellein hawwe.” En doe: “O, goede Fabricius, jo hawwe twaris foar earmoed yn deugd keazen, en net foar woltier yn bedroch.” Dy wurden hawwe my tichter ta it plak lutsen, dêr’t se wei kamen. Want ik woe graach witte, hokker siel oft dêr lei. De stim hie it no oer de grutte jefte fan de hillige Nicolaas oan trije fammen. Troch dy jefte koene hja harren eare bewarje. “O, siele,” sei ik, “jo sizze sokke goeie wurden. Lit my dochs witte, wa’t jo binne, en wêrom’t dy oaren net, as jo, sokke goeie wurden sizze. As ik weromkommen bin, en de koarte rin fan it libben fierder ôfmeitsje kin, dan sille jo wurden sûnder mis genede foar jo oproppe.” “Net foar de wille, dy’t de wrâld jout, anderje ik jo,” sa sei er, “mar om’t de genede op jo skine sil yn jo fierdere libben. Ik wie de woartel fan dy needlottige beam, dy’t syn 25 4 di v i na com m e di a skaad útspraat hat oer hiel it kristendom, en troch dat skaad hawwe der hast gjin goeie fruchten mear west. Mar as Douai en Rijssel, Brugge en Gent wer sterk wêze soene, dan soe de wraak swiet wêze. En dat soks gau barre sil, dat freegje ik yn myn bidden de Kening fan de rjochtfeardigens. Ik wie Hugo Capet yn myn eardere libben. Fan my stamme de Filipsen en de Loadewiken ôf, dy’t letter de troan fan Frankryk beset holden hawwe. Ik bin berne yn Parys, as soan fan in slachter. En doe’t de âlde line fan de keningen útstoarn wie, op ien nei, dy’t muonts wurden wie, doe fûn ik dat ik it rjocht yn hannen hie om de kroan myn soan op ’e holle te setten. En fan him stamme al dizze kroane hollen ôf. En doe’t it grutte erfskip, de Provence, myn skaai machtich makke hat, ha se alle skamte ferlern. Hja kamen út it neat, mar dat hat harren letter net mear hindere. Doe ha se mei geweld Normandië en Gascogne derby nommen. Karel kaam nei Itaalje, hat dêr, om boete te dwaan, Conradyn offere, en doe, om wat goed te meitsjen, Thomas fan Aquino rjocht nei de himel stjoerd. Ik sjoch no in tiid – net fier mear ôf – dat in oare Karel komt fan Frankryk út. En ik sil dúdlik meitsje oan eltsenien, wat dy beide Karels eins wurdich binne. Ien komt allinne, sûnder wapens, mei de lâns fan Judas, dy’t er Florence yn ’e bealch stekt. Lân krijt er dêr net, inkeld sûnde en skamte hellet er dêr. En wat it slimste is: hy achtet al syn misdieden sa lyts, dat er him der net foar skammet. En de tredde Karel, sels ienris fêstnommen op syn eigen skip, sjoch ik syn dochter ferkeapjen, as wie ek hy in piraat, dy’t finzen nommen froulju as slavinnen ferkeapje. O, habsucht, hokker kwea kinne jo noch dwaan! Jo hawwe sa besit nommen fan myn neiteam, dat hja troch jo harren eigen flêsk en bloed ferkeapje. Mar boppe alle misdieden, dy’t hja al dien hawwe, of noch dwaan sille, sjoch ik as de slimste: de Frânske leeljeflage wurdt Alagna yn droegen, en yn syn plakferfanger wurdt Kristus sels i t fa a i e f joe r 255 wer finzene. Ik seach Him, wer bespot en krusige, ik seach de galle en de jittik jitris Him oanbean. Hy stjert jitris, mei de misdiedigers oan syn side. Ik sjoch wer in Pilatus, dreaun troch wredens, dwaan wêr’t er net it rjocht ta hie: de timpel Gods yn strune, mei de begearige sielen. O, God, myn Hear, wannear sil myn siele bliid tasjen kinne, hoe’t Jo harren ferjilde sille, en sa, yn Jo ferburgen kar, harren gerjochtichheid dwaan, dêr’t dan foar my de swietens fan de wrake yn leit? En jo, doe’t jo myn lûd roppen heard hiene, yn myn oanbidding foar de iene Breid fan de Hillige Geast – dat roppen hat jo omdraaie litten, en jo my freegje litten, wat ik roppen hie – wit dan dit: dat is de litany, dy’t wy taheakje oan al ús gebedens. Wy bidde salang as it dei is, en as de sinne ûndergien is, dan sjonge wy oer wat heart by de nacht. Oer Pygmalion sjonge wy dan, dy’t ta in ferrieder, in dief en in moardner fan syn heit wurden is troch syn begearte nei goud. Oer de ellinde foar Midas, dy’t folge op syn habsuchtige winsk, dêr’t noch altyd om lake wurdt. En eltsenien tinkt dan ek wer oan de healwize Achan, dy’t de hiele bút meinaam, en dêrom, sa’t it liket, noch altyd troch in nidige Jozua hjitfolge wurdt. Dan sjonge wy ek oer de skuld fan Safira, wy priizgje de trapen, dy’t Heliodoarus krigen hat. Harren skande is dan de hiele berch oer te hearren. Sa ek dy fan Polynestor, dy’t Polydoarus deade hat. En wy einigje mei Crassus, dy’t goudsop ite moast. ‘Hat it goed smakke?’ freegje wy him dan. Bytiden ropt de ien wat lûder as de oar, dat hinget fan syn ynteresse ôf. Dêrom: by it goede, dat wy oerdeis be sjonge, wie ik net allinne, mar dy’t njonken my lizze, hawwe sa hurd net songen.” Wy wiene al in ein fierder rûn, doe’t ik ynienen fielde hoe’t de berch skodde, en it gie my gril oer de lea, lykas by immen, dy’t nei de galge fierd wurdt. Nimmen oars is ea sa kjel wurden, sels Delos net, doe’t Latona de beide eagen fan de himel berne hat. Doe kaam der fan alle kanten lûd 256 di v i na com m e di a sjongen op ús ôf, sa lûd, dat de master nei my ta kaam, sizzend: “Wês net bang salang’t ik by jo bin.” “Gloria in excelsis Deo,” klonk it fan alle kanten. Wy stiene dêr sûnder ús te bewegen, oant it wer stil waard. Ik ha my nea – foar safier’t ik it my te binnen bringe kin – sa oangrypt field as doe, neat wittend, en alles witte wollende. Ik doarde net om útlis te freegjen, en om my hinne sjende, koe ik nearne eat sjen, dat my de lûden, dy’t ik heard hie wat begrypliker meitsje koe. Dêrom rûn ik fierder, wat skruten en betiisd. i t fa a i e f joe r 25 7 by canto x x • Fabricius Caius Luscinus: Romeinsk konsul, 282 foar Kristus, folslein ûnomkeapber. • Dante hat Hugo Capet (stoarn yn 956) alle misdieden fan syn neiteam opneame litten. Om 1300 hinne hawwe dy fan it noarden fan Frankryk út besocht Flaanderen te feroverjen. Yn 1302 waarden se ferslein yn de Gouden Spoareslach. Dante beskriuwt om 1320 hinne wat er yn 1300 meimakke hawwe soe. Hy kin Capet dus ‘profetearje’ litte. • Karel fan Anjou hat Conradyn yn 1268 ferslein by Tagliacozzo, en de holle ôfslaan litten ‘as boete’ is fansels in sarkasme. En Thomas fan Aquino is net fergiftige! • Karel fan Anjou, broer fan Kening Philip iv, kaam yn 1301 ‘sûnder wapens’ nei Florence, ‘leasde’ in leger fan de paus, en moarde de Swarten yn Florence út. • Karel ii fan Anjou waard as kaptein fan in oarlochsskip finzen nommen en wer frijkocht. Yn 1305 ferkeapet er syn dochter oan Azzo d’Este, in âld man. • Filips iv liet paus Bonifatius viii fêstnimme en mishannelje. Dy hat dat net oerlibbe. • Pygmalion deade syn sweager Sychaeus, om syn besit oer te nimmen. • Midas hie Bacchus frege, dat alles wat er oanreitsje soe, yn goud feroare. • Achan: sjoch Jozua 7,1-26. Heliodoarus: sjoch 2 Makkabeeërs 3,25. Safira: Hannelingen 5. • Polynestor, kening fan Traasje, hat Polydoarus, de soan fan kening Priamus, ferriederlik deade. Hecuba, de mem fan Polydoarus, hat him doe, as wrake, de eagen útstutsen. • Crassus (114-53 foar Kr.) wie altyd op goud út. Doe’t er ferslein en finzen nommen wie, ha se him smolten goud yn ’e mûle jitten. • Latona, swier fan Jupiter, hat Apollo (de sinne) en Diana (de moan ne) berne. 258 di v i na com m e di a [ canto xxi ] D e natuerlike toarst, dy’t troch nearne oars dwêste wurde kin as troch it wetter, dat de Samaritaanske frou, dêr’t Sint Jan fan sprekt, oan ús Hear frege, baarnde yn my. Dêrtroch oanfitere, rûn ik wer de oanjûne wei efter myn gids oan. Ik wie oangrypt troch de rjochtfeardige priis fan pine, dy’t al dizze geasten betelje moasten. En doe, ynienen, lykas by Kristus’ ferrizenis – lykas Sint Lukas ús witte lit – doe’t Er oan de twa ûnderweis ferskynde, krekt sa barde it no. Wy rûnen, de holle omleech, doe’t ús ynienen in geast temjitte kaam. En ek wy wisten net, wa’t it wie. “Bruorren, de frede Gods sij mei jimme.” Myn gids en ik draaiden ús nei him ta. Vergilius joech him in teken fan frede as andert. En doe begûn er: “Dat jo troch it hege hôf, dat my foar altyd bûtensletten hat, talitten wurde meie ta de gearkomste fan de silligen.” “Hoe no?” sei de geast, wylst wy fierder rûnen, “as jimme skaden binne, dy’t God hjirboppe gjin plak wurdich achte hat, wa hat jimme dan sa heech op dizze treppens komme litten?” Myn master doe: “As jo him goed besjoen hawwe soene, dan soene jo oan de letters, dy’t de ingel op syn foarholle set hat, sjoen hawwe kinne, dat hy mei de rjochtfeardigen regearje sil. Mar sy, dy’t hiel de dei spint, hat de trie noch net útspûn, dy’t Clotho weevje moat foar him en foar eltsenien oars. Dêrom: syn siel, suster fan jowes en fan mines, koe net sels hjirhinne komme. Dêrom sjocht er ek oars om him hinne as wy it dogge. En dêrom hat de godlike wil my oproppen út de grutte mûle fan de ûnderwrâld om him te lieden op syn wei, en ik sil him liede foar safier’t it yn myn macht is. Mar fertel ús dochs, as jo it witte, wat wie dy grutte skok, dy’t wy sakrekt field hawwe? En wêrom roppe alle rotsen as mei ien stimme?” Sa frege er. En mei syn fragen rekke er krekt it each i t fa a i e f joe r 259 fan de nudle fan myn begearen. Sa wie myn toarst, al foar’t it andert kaam, net sa fûl mear. It skaad begûn: “De hillige regels, dy’t jilde hiel de berch oer, litte net ta, dat der earne eat sûnder oarder bart, eat dat tsjin de wenstige foarmen yn giet. Allinne wat de himel foarskreaun hat, fan de himel út rjochte op ús, ûnderweis nei de himel ta, allinne dat, en neat oars kin hjir barre. Dêrom: der kin hjir gjin rein en gjin snie falle, gjin hagel of dau, of wat jo mar betinke kinne, delkomme, heger as de trije triemen fan dy lytse treppen hjirûnder. Ek de wjerljocht kin dat net, de dochter fan Thaumas ek net, dy’t dêrûnder altyd yn in oare hoeke stiet. Ek de droege dampen komme net heger as dy trije triemen, dêr’t de plakferfanger fan Petrus syn fuotten op del set hat. Faaks komme der dêrûnder lichte of swiere skokken foar, oproppen troch de wyn, dy’t opsletten is yn de ierde, ik wit net wêrom. Mar heech komme dy net. De berch hjirboppe skoddet allinne mar as in siel, dy’t fielt dat er suvere is, opstige wol. Dan klinkt de grutte lofsang. De siel is dan hielendal frij, neat dat him bûn hat, hâldt him noch tsjin. Allinne syn eigen wollen driuwt him no omheech. Dat is it teken, dat er folslein suvere is. Ek foar’t er suvere is, wol er wol omheech klimme, mar de Hege Gerjochtichheid ferset him dan tsjin dy winsk, en lit him de pine winskje, lykas er eartiids it kweade wollen hat. En ik, dy’t hjir yn myn pine lein ha, fiifhûndert jier en mear, bin einliks no sa fier, dat ik my frij fiel om in bettere sfear te sykjen. Dat wie it, wat jo field hawwe, doe’t de berch skodde, en de geasten de Hear priizge hawwe. O, dat Hy de oaren ek gau roppe mei!” Dat wiene de wurden, dy’t de geast sei; ik kin net útlizze, hoe goed oft dy wurden myn siele dien hawwe. Mar nei’t de toarst grutter is, smakket de wyn better. Myn wize gids sei: “No sjoch ik de bân, dy’t jo fêstholden hat, en ek, hoe’t jo frijkommen binne, doe’t de berch skodde hat, en wêrom’t doe de freugdesangen de loft folle hawwe. No soe it my o sa folle wille 260 di v i na com m e di a jaan kinne, as jo sa goed wêze soene en sis my jo namme, en fertel ús wêrom’t jo safolle ieuwen hjir lein hawwe.” “Yn de dagen dat de goeie Titus, mei de help fan de Almachtige, it bloed wrekke hat, dat fergetten is troch it ferrie fan Judas Iscariot,” sa sei de geast, “libbe ik mei de namme, dy’t lang duorret en lang eare wurdt, mar noch sûnder it leauwe, dat ús folslein minske makket. Myn fersen klonken sa swiet, dat ik fan Toulouse út nei Rome roppen waard, en dêr ha ik in lauwerkrâns fertsjinne. Statius is de namme, en dy namme libbet dêre noch altyd. Ik ha songen oer Thebe, en oer de grutte Achilles, mar ik bin beswykt ûnder de twadde lêst, dy’t ik op my nommen hie. Myn fjoer wie oanstutsen troch de fûnken, dy’t my troffen hiene, fûnken, dêr’t mear as tûzen mei oanstutsen binne. Oer de Aeneis ha ik it no, dy’t my ta mem wie, dy’t my al myn sangen ynjûn hat. Sûnder dy hie ik neat skriuwe kinnen dat de muoite wurdich wie. En ik soe wol in jier langer hjir bliuwe wollen hawwe, as ik libje kinnen hie yn Vergilius’ tiid.” By dizze lêste wurden seach Vergilius my oan, mei in gesicht dat dúdlik makke “Hâld dy stil!” Mar wat in man wol, bart net altyd. Want triennen en laitsjen slute sa ticht oan op de emoasjes dy’t oproppen binne, dat net altyd it wollen ek fan de sterkste man folge wurde kin. Ik die neat oars as in bytsje glimkje, mar it skaad hold daalks stil, en seach my rjocht yn ’e eagen, want dêr kinne de geheimen fan de siel it bêst yn ôflêzen wurde. En: “Mei de wei, dy’t jo noch ôflizze moatte, jo ta de genede bringe,” sa sei er, en: “Wat wie de bedoeling fan jo glimkjen, dat ik sa dúdlik sjoen ha?” Doe siet ik werklik nei twa kanten fêst. De ien woe, dat ik stil bliuwe soe, de oar, dat ik sprekke soe. Ik suchte, en myn goede master hie daalks foar it ferstân wêrom. “Wês net bang,” sei er tsjin my, “sis wat jo sizze wolle, en lit him fernimme wat er sa graach witte wol.” Doe ha ik sein: “Faaks hat myn glimkjen fan niis jo ferwûndere, mar hear no nei eat, dat jo noch mear ferwûnderje i t fa a i e f joe r 261 sil. Dizze hjir, dy’t my begeliedt, is Vergilius. Fan him hawwe jo de krêft oernommen minsken en goaden te beskriuwen, ek yn gedichten. En de iennige oanlieding foar myn glimkjen wiene jo eigen wurden. Alle oare tinzen dêroer, set dy, sa freegje ik jo, jo út de holle.” Hy knibbele doe foar myn master del, mar Vergilius sei: “Nee, broer, nee. Jo binne in skaad, en ik ek. Jo moatte net foar my delknibbelje.” En Statius, oerein kommend, sei: “Sa sjogge jo myn grutte leafde foar jo: ik ha alle begryp foar ús situaasje hjirre en no ferlern. Ik ha fergetten dat wy lege foarmen binne, en ik tocht dat skaden werklikheden binne.” by canto x xi • Oer de Samaritaanske frou: Sjoch Johannes 4,1-30. Toarst nei wetter is toarst nei witten. • Dante hellet it lêste haadstik fan it Lukas-evangeelje oan, (24,1336): “Mar, wat wie it gefal? Deselde deis wiene twa fan syn freonen ûnderweis nei in doarp, dat goed tsien kilometer fan Jeruzalem ôf leit, en Emmaus hiet… En, wylst se yn har petear alles nochris neigongen, kaam Jezus sels derby, en rûn mei harren op. Mar it waard harren eagen ûntkeard Him werom te kennen.” • Lachesis is ien fan de trije mytyske fammen, dy’t de libbenstriedden spinne en weve. Sy spint, Clotho wevet, en Atropos snijt de triedden ôf. Vergilius wol inkeld sizze: Dante libbet noch. • Thaumas’ dochter is Iris, de reinbôge. Thaumas, de sentaur, is har heit, Electra har mem. En de reinbôge is ek it symboal fan de feroaring: no ris stiet er hjirre, dan wer dêre. • Publius Papinius Statius (45-96) dichter en skiedskriuwer, tige bewûndere troch Dante. De namme fan in dichter bliuwt, neffens Dante, altyd yn eare. • Titus, Romeinsk keizer fan 79-81, hat as Romeinsk fjildhear Jeru zalem ynnommen, ‘mei Gods help’ om, neffens Dante, sa de moard op Kristus te wreekjen. 262 di v i na com m e di a [ canto xxii ] W y hiene de ingel, dy’t ús nei de seisde rûnte brocht hie, al efter ús litten. Hy hie ien fan de merktekens fan myn foarholle ôffage, en sein: “Lokkich, dy’t toarstgje nei de gerjochtichheid,” mar net “dy’t hongerje,” doe’t er de sillichsprekkingen oanhelle. En ik rûn efter de hurdrinnende geasten oan. It wie makliker as op de oare treppens. En Vergilius begûn: “As de deugd yn ús it fjoer fan de leafde oanstekt, dan ropt dat fjoer wer nije leafde op. Sa, sûnt Juvenalis ta ús kommen is, dy’t jo leafde foar my oan my dúdlik makke hat, is myn achtinge foar jo grutter wurden, grutter as ik ea foar immen, dy’t ik nea sjoen ha, achtinge hân ha. Sa liket ús tocht nei boppen altyd koarter te wurden. Mar sis my ris – en nim my net kwea ôf as ik tefolle freegje soe, mar jou my andert as in freon – hoe koe de gjirrigens in plak fine yn jo boarst mids alle wiisheid en wittenskip, dy’t dêr troch jo iver al yn byinoar fandele wiene?” By al dizze wurden glimke Statius in bytsje, en andere doe: “Alle wurden, dy’t jo sprutsen hawwe, binne foar my in bewiis fan jo leafde foar my. Jo litte my sjen, dat der bytiden grutte twifel yn ús libbet, en dat wy fakentiids net witte, hoe’t it eigentlik yninoar sit. Jo tinke, dat ik om myn gjirrigens bestraft waard, fanwege de rûnte, dêr’t jo my yn sjoen hawwe. Wit dan goed, dat myn ûndeugden, dêr’t ik foar straft waard, fier ôflizze fan de gjirrigens. Ik ha tûzenen moannen gûle moatten, om’t ik fierstente rij wie yn myn libben. En hie ik net myn rijens betreure doe’t ik jo wurden lies: ‘Wêr driuwe jo de begearte fan de minsken hinne, jo, ferflokte goudsucht’, dan soe ik net ûntkommen wêze oan de swiere straffen fan de hel. Ik ha doe begrepen, dat wy ús hannen fierstente fier útslaan kinne yn it útjaan, en ik hie berou fan al myn i t fa a i e f joe r 263 sûnden yn rijens en selssucht bedreaun. Hoefolle minsken sille der aanst wer oereinkomme op de oardielsdei, dy’t harsels de hierren útlutsen hawwe fan spyt, dat se mei wat se hiene, allinne mar kwea dien hawwe, oan harren lêste sike ta? Want, om’t it tsjinoerstelde fan de sûnde, hjir útboete, like swier bestraft wurdt as de sûnde sels, lizze de bedriuwers fan beide sûnden hjir byinoar. En, doe’t ik salang lein ha tusken harren, dy’t om harren gjirrigens bestraft wurde, wie dat fanwege de tsjinoerstelde ûndeugd.” “Mar doe’t jo skreaun hawwe oer de dûbele drôvens fan Jokaste,” sa sei de dichter fan de Bukolyske sangen, “docht bliken, út wat jo Clio sizze lieten, dat jo de genede fan it wiere leauwe net fûn hawwe soene, it leauwe, dat sûnder de goede wurken net mooglik is. As dat sa is, hokker sinne of hokker ljocht hat dan de tsjusternis ferdreaun, dat jo jo seilen rjochte hawwe de kant fan de Fisker út?” En hy ta him: “Jo wiene it ljocht, dat my laat hat yn dy nacht. Jo hawwe my laat ta it wetter fan de Parnassus, en op myn wei nei God hawwe jo it ljocht skine litten doe’t jo seine: ‘De wrâld fernijt him, de gerjochtichheid komt werom, de tiid komt fan de wiere minske, in nije berte komt út de himel.’ Troch jo bin ik dichter wurden, troch jo kristen, jo wiene as immen, dy’t oer in tsjustere wei it ljocht foar allegearre útdroegen hat, fergees foar jo, kostber foar allegearre nei jo. Troch jo bin ik in sanger en in leauwige wurden. Dat mei eltsenien witte. Lit my no myn hân útstekke, en planút skilderje, wat ik al koart sketst ha. De wrâld wie doe al swier fan it wiere leauwe, brocht troch de boadskippers fan it wiere ryk, útstjoerd troch it ivige Keninkryk. Jo wurden, dy’t ik niis oanhelle ha, wiene sa gelyk oan wat de nije prekers seine, dat ik fakernôch nei harren tagien bin, en nei harren heard ha. En sa faak as ik by harren wie, ha ik se holpen, en hja hawwe my ûnderrjochte. Yn dy tiid waarden hja sa hillich yn myn eagen dat, doe’t Domitianus harren hjitfolge en 264 di v i na com m e di a deade hat, harren gjalpen fan pine my de triennen yn de eagen brochten. Harren seden en pligen wiene folle better as dy by oare sekten. En foar’t ik de fersen skreaun ha oer de Griken op harren reis nei Thebe, ha ik my dope litten, mar ik ha my yn it iepenbier nea as kristen kenne litten. Dat doarde ik net. Ik ha dien as wie ik noch heiden, en troch dizze sleauwens ha ik fjouwerhûndert jier yn dizze omgong bliuwe moatten. Wêr is de âlde Terentius no? En Caecilius, Varro, Plautus? Binne hja yn ’e hel? En as hja dêr binne, op hokker wize wurde hja dêr pinige?” “Hja binne allegearre, mei Persius en de oaren, dêr’t ik ek by hear, by harren, dy’t om de grutte Gryk hinne steane, de Gryk, dy’t mear as alle oare minsken troch de Muzen oan it boarst lein is. Allegearre binne hja dêre, yn de limbus, de earste omgong fan de ûnderwrâld. En wy prate meiinoar oer de berch, dêr’t de Muzen wenje, dy’t ús fieden hawwe. Euripides is dêre, Antiphon, Agathon fan Athene, Simonides en ferskate oaren, dy’t de lauwerkrânse droegen hawwe. En ek út jo eigen folk kinne jo dêr guon sjen: Ismene, lykas doedestiids noch fol berou, Deiphile, Argia, Antigone, Hypsipile, dy’t de wei wiisd hat nei it wetter fan de Langia. Dêr kinne jo ek de dochter fan Tiresias sjen, en Thetis en Deidamia mei har susters.” Wy wiene de treppens oprûn, en stiene no wer op de iepen flakte. De beide dichters hiene harren petear ôfbrutsen, en wy seagen goed om ús hinne. Fjouwer tsjinstfammen fan de dei hiene wy al efter ús litten, de fyfde wie mei har wurk begûn, (it wie goed tsien oere), en myn gids sei: “Wy moatte no rjochts oanhâlde, en mei de berch meidraaie, lykas wy dat altyd dien hawwe.” Sa wie de gewoante ús ta gids, en wy rûnen fierder lykas Vergilius it sein hie. En om’t Statius neat sei, wiene wy der wis fan dat it de goede wei wie. De beide dichters rûnen foar my út, ik hearde de petearen fan de beiden, dy’t my eartiids ta dichtsjen en skriuwen brocht hiene. Mar al gau, doe’t wy healwei wiene, i t fa a i e f joe r 265 seagen wy ynienen in beam mei swietrokige appels, en doe’t hja dy seagen, wiene hja daalks stil. En, lykas by in spjir de tûken fan ûnder nei boppen stadichoan lytser wurde, sa waarden by dizze beam de tûken fan ûnder nei boppen stadichoan grutter, ik tink om it ûnmooglik te meitsjen en klim deryn. Oan de side fan de rots dy’t ús wei ôfsletten hie, kaam in helder focht omleech, dat de beam fan boppen ôf besproeide. De beide dichters rûnen op de beam ta, en út de blêden wei kaam in stim: “Jo sille net fan dizze fruchten ite!” En doe: “Marije tocht mear oan de eare en de freugde fan de brulloft as oan har eigen mûle, dy’t no foar jo bidt. Ek de froulju fan Rome wiene yn de âlde tiden tefreden mei wetter. En it wie tige wiis fan Daniël alle iten te fersmiten. De earste ieu wie helder as goud: de honger makke doe alle iten hearlik, de toarst makke nektar fan eltse beek. Der wie gjin wyn en gjin fleis yn de woastenije, en Sint Jan Baptist iet hunich en gander, en neat oars. Dêrtroch wie syn gloarje grut, lykas it evangeelje ús betsjûget.” 266 di v i na com m e di a by canto x xii • Decius Junius Juvenalis, Romeinsk dichter en skiedskriuwer, libbe fan 47 oant 130. Hy hat Statius meimakke, en oer him skreaun. Neffens Dante is hy nei syn dea yn de limbus kommen, it earste diel fan de ûnderwrâld, dêr’t de ‘rjochtfeardige heidenen’ yn ûnderbrocht binne. Dêr hat er Vergilius en de oaren alles oer Statius ferteld. Statius sels giet as kristen nei de himel, mar moat earst yn it faaiefjoer syn sleauwens en syn rijens útboetsje. Hy wol fan Vergilius earst alles witte fan syn tiidgenoaten yn de limbus. Dy steane dêr, neffens Vergilius, mei him allegearre om de ‘grutte Gryk’ Homearus hinne. Dit is ek al beskreaun yn Canto iv fan it earste diel, De Hel. • De Fisker: Sint Piter, haad fan de Tsjerke. De boadskippers binne de apostels. • Jokaste: ek Statius hat de skiednis fan Oedipus beskreaun. Op har – syn mem – hat Oedipus syn kompleks útlibbe. Sa is se mem – en beppe – wurden fan Eteocles en Polyneices. Dy twillingen soene elkoar ôfwikselje – om it jier – op de troan fan Thebe. Mar doe’t Polyneices oan bar wie, woe Eteocles net opstappe. Dat wie it begjin fan de oarloch fan de sân keningen tsjin Thebe. • De dichter fan de Bukolyske sangen: Vergilius. • Terentius en alle oaren: dichters en skriuwers út de âldheid, alle gearre byinoar brocht yn de limbus, om de ‘grutte Gryk’ hinne. Hja hawwe allegearre foar Kristus libbe, en koene dus net de himel yn, en dêrom ek net it faaiefjoer yn. Mar hja hiene sa libbe, dat se ek net de torminten fan de hel ûnderfine moasten. i t fa a i e f joe r 267 [ canto xxiii ] Y n ’e hope, dat wy dyjinge, dy’t dat allegear sein hie, sjen koene, seach ik omheech nei de griene tûken, lykas immen, dy’t nei fûgeltsjes sjen wol. Doe sei hy, dy’t mear as in heit foar my wie: “Myn soan, kom, want wy moatte de tiid, dy’t ús tamjitten is, better brûke.” En hy rûn troch. Ik seach nei de grûn, en besocht tagelyk nei de beide wize mannen te hearren. En harren petear wie sa dreech, dat eltse stap, dy’t ik die, hast dûbeld sa swier wie as oars. Doe hearde ik ynienen efter my sjongen: “Labia mea, Domine.” It waard sa songen, dat it tagelyk in lofsang wie en in gjalp fan pine. “Heit,” sa sei ik, “wat is dat foar lûd?” En hy: “Geasten, dy’t sa omrinne, losse sa faaks harren skuld yn oan de Ivige. As pylgers rinne se, stil en yn hillich oertinken. En frjemden, dy’t harren tsjinkomme op harren wei, sjogge harren oan, mar begjinne gjin petear.” Sa, efter ús oankommend en ús foarbygeande, koene wy in grutte kliber geasten sjen, stil en fol earbied trochrinnende. Harren eachkassen wiene tsjuster en hol, harren gesichten wyt as in deade, en hja wiene allegearre wierliken fel oer bonke. Ik bin der net wis fan dat Erysichton sa útdroege wie, doe’t er bang wie, dat er fan honger stjerre soe. En ik sei yn mysels: “Sa seagen de gesichten yn Jeruzalem derút, doe’t de stêd ynsletten wie, en Mirjam har eigen soan opiten hat.” Harren eachholten wiene as in ring sûnder juwielen, en hja, dy’t sizze, dat OMO yn it gesicht fan de minske stiet, soene hjir maklik ek de M goed sjoen hawwe kinnen. Wa soe leauwe kinne, dat in swietrokige appel safolle begearte oproppe koe, begearte nei wetter en nei fruchten? Ik wie noch oan it neitinken hoe’t se sa meager en úthongere lykje koene, en ik wie noch net út de rie, want nimmen hie my noch sein 268 di v i na com m e di a wat der mei harren bard wie. Doe seach út de djipte fan syn holle in geast my oan, en ik hearde him hurd roppen: “Wêr ha ik sa’n grutte genede oan fertsjinne?” Ik soe syn gesicht net weromkend hawwe, mar doe’t ik syn stimme hearde, seach ik ynienen dúdlik wat yn syn uterlik ferwoastige wie. Dizze fûnk ûntstiek yn my alle oantinkens oan syn antlit fan eartiids, en ik seach it gesicht fan Forese. “Och, stoarje net om op de droege skurft, dy’t myn hûd sa wyt makke hat,” sa frege er, “en ek net op myn bonken sûnder fleis. Mar fertel my gau alles oer dysels, en oer de twa sielen, dy’t mei dy opreizgje. En fertel it hastich, sa freegje ik.” “Ik ha ienris gûld,” sa sei ik, “doe’t ik dyn gesicht seach koart nei dyn dea. Ik gûl no wer, no’t ik sjoch wat derfan oerbleaun is. Yn Gods namme, sis my hoe’t dat sa kommen is. Mar freegje my net wat oer mysels te fertellen wylst ik my noch sa ferwûnderje oer dy. Want sa kin nimmen earst wat oer himsels fertelle.” En hy: “Fan de Ivige Ried út komt der in krêft út it wetter en út de beam, dêr’t wy sa meager fan wurden binne. Allegearre hjirre, dy’t no gûle fan de honger en fan de pine, hawwe eartiids harren mage boppe alles leaf hân. Hjir suverje de honger en de toarst harren wer. En de sin oan iten en drinken wurdt yn ús oproppen troch de swiete rook, dy’t fan de appels útgiet, en troch it kleare wetter, dat hjir delfalt. En mear as ienris, as wy om dat plak hinne rinne, fiele wy pine. Mar ik moat net sizze ‘pine’, mar leaver ‘genede’. Want deselde begearte, dy’t ús nei de beam laat hat, hat Kristus oantreaun bliid te roppen: ‘Eli, Eli’, doe’t Er ús frijmakke hat troch syn bloed.” En ik ta him: “Forese, de dei, dat jo it libben op ierde wiksele hawwe foar in better libben, is noch gjin fiif jier ferlyn. As jo feardigens om te sûndigjen ferdwûn west hie op dat eagenblik, dat ús werombringt ta God en syn silligen, hoe is it jo dan slagge, om sa gau sa heech te klimmen yn sa’n lyts skoft?” “De stream fan triennen fan myn Nella,” sa andere i t fa a i e f joe r 269 er, “hat my safier komme litten. Har suchten en har gebedens binne heard troch de ivige Leafde, en dy hat my weitôge fan de igge, dêr’t ik weitsje moast, en my sparre foar de fiif omgongen hjirûnder. En hja is troch God sa útkard en befoarrjochte, om’t hja sa’n útsûndering is yn goedens tusken de oaren fan har tiid. Want it Barbagia fan Sardynje is noch folle sediger as it Barbagia, dêr’t ik har yn efterlitten ha. O, myn leave broer, wat moat ik noch mear sizze? Ik sjoch al in tiid kommen, en fierôf is dy net mear, dat ôfkundige wurde moat dat de froulju fan Florence net langer mear sa bûtendoar omrinne meie dat eltsenien harren boarsten sjen kin. Hokker moslimfroulju hawwe ea in befel fan de prysters of fan oaren nedich hân, dat se sedich oanklaaid wêze moatte soene? Mar as dy ûnbeskamsume wiven witte soene wat de rêde himel foar harren oan straffen weilein hat, dan soene se no al de mûle iepen hawwe en gûle fan de pine. Want as wat ik no al sjoen ha ús net te fiter hat, dan sille hja allegearre gûle fan de pine foar’t de lytse-poppewangen, dy’t hja no kûzje, in burd drage. En no, myn broer, binne jo oan bar om wat te sizzen. Jo sjogge jo skaad dêr efter jo, en jo sjogge ek, hoe’t de oare sielen om my hinne dêrop omstoarje.” En ik doe: “As jo no noch werom tinke kinne oan myn ferline yn jo selskip, dan sille jo noch wol witte hokker swiere lêst ik meitôgje moast oant in pear dagen ferlyn, doe’t de suster fan de sinne fan dizze dei foar jo en foar my skynde. Hy, dy’t foar my útgiet, hat my laat troch de tsjustere nacht yn dit flêsk, dat him folget. Sa, troch syn swiet oantrunen hat er my nei boppen fierd en om de berch hinne, de berch, dy’t wer rjocht yn jo meitsje kin wat troch de wrâld bûgd wie. En hy hat tasein, dat hy mei my fierder gean sil oant wy by Beatrice binne. Dan moat ik it fierder sûnder syn selskip dwaan. Hy, dy’t my dat tasein hat – en wylst ik it sei hie ik de man oan wiisd dy’t njonken my stie – is Vergilius. De oar is it skaad, dat 270 di v i na com m e di a niiskrektsa de hiele berch skodzje litten hat, om’t dy him fan syn lêst ûntdien hat.” by canto x xiii • Labia mea aperies Domine: Hear iepenje my de lippen. Psalm 51,17. Mei dit psalmfers waard en wurdt it koargebed yn de kleasters iepene. • Erysichthon hie in oan Ceres tawijde iik omhakke. Hy waard troch Ceres bestraft mei in bliuwende fûle honger, sa, dat er op it lêst himsels opiten hat. • Flavius Josephus fertelt, dat doe’t (69-70) Jeruzalem troch de Ro meinen úthongere waard, in Joadske frou, Mirjam (Maria, Marije), har eigen soan opiten hat. Ek Vondel fertelt dit yn syn “Jeruzalem verwoest”. • OMO: Winliken moat de M oer de beide O’s hinne stean. Sa is it de ‘ôfbylding’ fan in meager gesicht fan de minske: de O’s de eagen, de M noas en wangen. • Forese Donati, freon fan Dante, stoar op 28 july 1296. Dante hie him fiif jier letter noch oan it begjin fan syn tocht oer de berch ferwachte, mar hy wie hast al boppe! • It pasjeferhaal fan Jezus neffens Mattéus (27,46): “Om trije oere hinne rôp Jezus lûd: Eli, Eli, lema sabachtani. Dat betsjut: Myn God, myn God, wêrom hawwe Jo my ferlitten?” De earste wurden ek fan de 22e psalm. • Barbagia wie in krite yn de bergen fan Sardynje, dêr’t neffens de tradysje yn Dantes tiid Vandalen wenje soene mei tige ûnseedlike froulju, dy’t hiel de dei heal neaken omrûnen. i t fa a i e f joe r 27 1 [ canto xxiv ] I t praten liet ús net stadiger rinne, en it rinnen liet ús net stadiger prate. Wy giene rêstich troch, lykas in skip foar de wyn. En al dy skaden, dy’t derút seagen as wiene se twaris stoarn, dronken troch harren djip weisonken eagen my yn, en seagen my oan as wie ik bret. En ik, trochgeande sa’t ik begûn wie, sei: “Jo rinne no wat stadiger omheech as wannear’t jo allinne wêze soene, mar sis my dochs: wêr is Picarda? En sis my ek, oft der persoanen binne, dy’t no nei my sjogge, en dy’t ik kenne moatte soe.” “Myn suster, dy’t like moai wie as goed, is al kroane op ’e Hege Olympus, en ferhûget har yn har ivige triomf.” Sa begûn er. En doe: “Immen hjir weromkenne is tastien. Mar it fêstjen en hongerjen hat ús uterlik oantaast. Dy dêr – en hy tsjutte him oan – leave broer, wie Bonagiunta fan Lucca. En dy dêr efter him, mei in antlit mear útholle as dat fan alle oaren, hat ienris heit west oer de hiele tsjerke. Hy wie fan Tours, en hjir moat er yn duorjend fêstjen de iel fan Bolsena en de wyn fan Vernaccia kwyt reitsje.” Doe neamde er ferskate oaren, ien foar ien, en nearne seach ik in tsjuster gesicht. Allegearre hiene se sa’t it like, der wille fan dat se neamd waarden. Ubaldino da la Pila hongere dêr, en Bonifatius, dy’t de hoeder fan de mannichten wie, hja wiene sa úthongere, dat hja mei harren tosken op de loft omkôgen. Ik seach hear Marchese, dy’t foar’t er stoar yn Forlì wat minder toarst hie as oars, mar nimmen hat him ea sêd sjoen. As immen, dy’t opfoel yn de mannichte, seach ik him fan Lucca, dy’t sa’t it like graach mei my prate woe. Hy prommele eat, en ik miende ‘Gentucca’ te hearren, en it plak, dêr’t de swipe fan de Hege Gerjochtichheid him pinige hat. “Geast,” sei ik doe, “om’t jo fan doel lykje te wêzen mei my te praten: doch dat dan sa dúdlik dat ik it 272 di v i na com m e di a ferstean kin, dan hawwe wy der beide wat oan.” “Der is in frou berne, boaske hat se noch net,” sa begûn er, “dy’t myn stêd foar jo ta in noflike stêd meitsje sil, al sille de oaren yn ’e stêd har útskelle. Jo sille dêrhinne gean as jo jo tocht hjirre ôfmakke hawwe, en as myn gegrommel jo yn ’e tizen brocht hat, dan sille de feiten it jo wol dúdlik meitsje. Mar sis my no ris oft hjir wierliken foar my stiet de dichter fan de nije lieten, dêr’t ien fan sa begjint: ‘Froulju, dy’t witte wat leafde is.’” En ik: “Ik bin immen, dy’t wannear’t de leafde him ynspirearret, harket, en op ’e wize, dy’t dy leafde oanjout, opskriuwt wat dy my foarskriuwt.” En hy: “O, broer, no sjoch ik de knotte, dy’t de notaris en Guittone en my tsjinholden hat, dat wy net komme koene by de swiete nije styl fan jo kleare gesangen. En ik sjoch no o sa goed, hoe’t jo pinne krekt folge hat de Leafde, dy’t him dreaun hat. Us pinnen hawwe soks net dien. En as immen de twa stilen fan dichtsjen meiinoar fergeliket, dan sil er sjen dat dêr allinne it ferskil yn sit.” Doe hold er him stil, sa’t it like folslein foldien. Lykas de fûgels, dy’t oerwinterje lâns de Nyl, bytiden hurd fleane yn ien grutte kloft, sa rûn hiel de mannichte hjirre bytiden hurder troch, licht as se wiene troch harren meagerte en harren langstme. En lykas in hurdrinner, dy’t efkes lins nimme moat, syn maten gean lit, en wat stadiger fierder giet, oant er net mear efter de pûst is, sa liet ek Forese dy sillige kliber rêstich fierder rinne. Hy bleau njonken my en frege: “Wannear sille wy inoar wersjen?” “Ik wit net, hoelang’t ik noch libje sil,” sei ik, “mar ek al soe myn weromkommen noch efkes duorje, myn langstme giet no al nei de igge hjirûnder út. Want út de stêd, dêr’t ik it libben wûn ha, is it goede dei nei dei ferdwûn. It liket derop dat er yn bloed ûndergean sil.” “Hâld moed,” sa sei er, “want ik sjoch him, dy’t hjir de measte skuld oan hat, oan de sturt fan in wyld bist weilutsen wurden, nei de delte, dêr’t de sûnde ivich duorje sil. By eltse stap giet it bist i t fa a i e f joe r 273 hurder en hurder, oant er him fertrapet en swier ferwûne efter lit, him, dy’t ienris syn master wie. Dizze himelsfear hoecht net mear lange tiid te draaien foar’t alles wat ik sein ha, en mei myn praat net fierder ferklearje kin, jo folslein dúdlik wêze sil. En no moat ik jo efterlitte, want tiid is kostber yn dit ryk, en ik soe tefolle efterbliuwe as ik njonken jo sa stadich fierder gean soe.” En lykas in ruter fakentiids syn hynder efkes hurder rinne lit en sa de priis hellet, sa rûn hy mei grutte feart troch, fier foar ús út. En ik bleau efter yn it selskip fan de twa, dy’t yn harren wrâld sokke grutte lieders west hiene. En doe’t hy safolle foar ús út rûn wie dat myn eagen him noch amper folgje koene, lyk as myn geast it mei syn wurden die, doe seagen wy ynienen, koart om ’e hoeke, de swier beladen tûken fan in twadde beam, net fier fan ús ôf. Ik seach minsken ûnder dy beam mei de hannen omheech om de appels te plôkjen, mar se koene der net by, en rôpen ik wit net wat trochinoar hinne. As roppige bern, dy’t om iten freegje. En de persoan, oan wa’t se it freegje, anderet net, mar om harren roppigens fuort te sterkjen, hâldt er dat, wat se freegje, foar harren omheech: hy lit it harren sjen, mar jout neat. Teloarsteld rûnen se fierder, en wy rûnen mei, ticht efter harren oan. Sa kamen wy ek ûnder de grutte beam, dy’t al safolle triennen oproppen hie, en nimmen jûn hie wat er sa graach hawwe woe. “Trochrinne, net oanreitsje, de beam, dêr’t Eva fan iten hat, stiet wat heger, en dizze is dêr in wyldling fan.” Sa spriek fan tusken de tûken wei immen, ik wit net wa. En dêrom rûnen Vergilius, Statius en ik hurd fierder, ticht byinoar. “Tink dochs,” sa gie de stim fierder, “oan de ferflokten boppe yn de wolken, dy’t mei harren dûbelde boarsten Theseus bestriden hawwe. Tink oan de Joaden, dy’t Gideon sjen litten hawwe, dat se harren net behearskje koene, doe’t er nei Midian ôfdale woe. Sa rûnen wy troch, tûzen stappen wol, ticht by de rotsmuorre, wylst wy foarbylden hearden fan grutte 274 di v i na com m e di a roppigens. Doe waard de wei wat lichter, en der wie wat mear romte. Wy rûnen wat fierder útinoar. “Wat rinne jimme dêre mei jim trijen en dochs allinne?” Ik seach omheech om te sjen wa’t my oansprutsen hie. Nimmen hat ea yn in ûne glês of metaal sjoen, dat sa readgleon wie. “As jimme omheech klimme wolle,” sa hearde ik in stim, “moatte jimme dizze kant út. Hjir rint de wei, dy’t nei de frede giet.” Troch it fûle ljocht koe ik neat mear sjen. Ik rûn efter myn master, deun efter him oan, as immen, dy’t ôfgiet op wat er heard hat. En lykas de boade fan ’e sinne, dy’t opgean sil, yn ’e maitiid bytiden in sêft wyntsje is, sa fielde ik doe in sêfte luchtstream op myn foarholle. Ik fielde ek de wjukken, dy’t beweegden, en dy’t my de rook fan ambrosyn rûke lieten. En ik hearde sizzen: “Lokkich, dy’t troch de genede ferljochte binne, sa, dat de leafde foar wat jo priuwe kinne, net tefolle begearte opropt, altyd honger hawwend nei wat jo takomt.” i t fa a i e f joe r 275 by canto x xiv • Picarda wie de suster fan Forese. Hja wie yn it kleaster gien, mar waard dêr troch in oare broer, Corso, wer út helle, foar in polityk houlik. Hja is in pear jier letter stoarn. • Bonagiunta de Lucca (earder: ‘him fan Lucca’): in twadderangs dichter en in smûzer. • Martinus v, Simon de Brie, fan Tours, paus fan 1281-1285, wie as Frânsman yn Rome net botte eare. Hy soe stoarn wêze om’t er tefolle yn wyn stoofde iel iten hie. Op syn grêf stiet yn deftich Latyn: ‘De ielen binne bliid, om’t hjir dea leit, dy’t harren, as wiene se skuldich oan syn dea, tefoaren strûpt hie.” • Ubaldino da la Pila wie in broer fan kardinaal Ottaviano (sjoch Hel x) en de heit fan biskop Rugieri fan Pisa (sjoch Hel x x xiii). • Marchese di Forlì sei oer syn folle sûpen: ‘Myn toarst is grutter as wat ik drinke kin.’ • Gentucca Moria wie in jonge frou út Lucca, dêr’t Dante fereale op wie. Hy hat fersen foar har skreaun. • De sentauren wiene berne út Ixion en Heara, dy’t de foarm fan in wolk oannommen hie. Op ’e brulloft fan Peritoös, de kening fan de Lapithen, en Hippodamia, woene se de breid en de oare fammen oanpakke. Dat joech in fûle striid, de Lapithen ha dy wûn. • Corso Donati, de broer fan Forese, lieder fan de Swarten, waard deade, doe’t er fan it slachfjild ôf sleept wie oan de sturt fan syn hynder. • Rjochters 7,5: De Heare sei tsjin Gideon: “Allegearre, dy’t it wetter mei de tonge opslikje, sa’t in hûn soks docht, dy moatst apart sette, en sa ek eltsenien, dy’t op ’e knibbels lizzen giet om te drinken. No wie it tal fan harren, dy’t it wetter mei de hân opskepten, en it sa dronken, trijehûndert man, en de Heare sei: Mei dy trijehûndert sil Ik jim ferlosse en Midjan oan jim oerleverje, mar fierders moat alle folk wer nei hûs gean.” 276 di v i na com m e di a [ canto xxv ] I t wie de oere, dat wy rêstich trochrinne koene, sûnder efkes lins te nimmen. De sinne stie yn it Bolle-stjerrebyld, mei oan de oare kant de Skorpioen. Dan kin in minske, dy’t gau foarút komme wol, om hokker reden dan ek, opsjitte. Wy seagen ek gjin reden efkes lins te nimmen. Sa rûnen wy troch, de smelle wei omheech, efterinoar oan. En lykas de jonge earrebarre it net weagje doar en flean it nêst út, mar dochs de wjukken útslacht, en dan wer gau sitten giet, krekt sa wie ik ek. By no en dan besocht ik wat te praten, mar ik doarde it net oan, wylst ik dochs graach fan alles witte woe. En, alhoewol’t wy aardich hurd trochrûnen, hie myn goede master begrepen wat ik eins woe, en sei: “Ik sjoch, dat jo bôge strak spand stiet. Sjit no mar, en sprek.” Myn twifels wiene no weinommen, en ik wie net bang mear om de mûle te brûken. “Hoe kinne hja hjir sa meager wurden wêze,” frege ik, “hja hawwe hjir dochs gjin iten mear nedich yn harren nije steat?” “Tink der nochris oan hoe’t Meleager hielendal úttarde, doe’t it houtblok fertarde yn it fjoer,” sa andere er, “en jo sille begripe wat hjir bart. Of tink ris oan wat der bart as jo jo bewege foar in spegel: jo sjogge dêr jo byld, en wat hurd wie, wurdt lichter, lichter as it wie. Mar dit is de frage, dy’t yn jo baarnt, ik wit it, en ik sil alle flammen besykje te dwêsten. Ik sil Statius freegje, wiis as er is, alle wûnen fan twifel wei te nimmen.” “As ik yn jo oanwêzigens,” sa andere Statius him earst, “oer ivige dingen prate moat, dan doch ik dat inkeld om’t jo it my frege hawwe.” En doe tsjin my: “Soan, as jo goed harkje nei alles, wat ik sizze sil, dan sille myn wurden jo dúdlik andert jaan op jo frage nei it ‘hoe’. Perfekt bloed – it bloed dat oerbliuwt, soene jo sizze kinne, as it iten dat op tafel oerbliuwt as jo iten hawwe, en net mear nedich is i t fa a i e f joe r 27 7 om de toarstige ieren te foljen – nimt yn it koart it fermogen oan alle minsklike organen te meitsjen, lykas it bloed, dat om dizze organen te ûnderhâlden troch jo lichem streamt. It wurdt nochris feroare yn it herte, en streamt dan troch nei it plak, dat wy better net neame kinne. En dan oer yn oar bloed, yn syn natuerlik fet. De twa streamen bloed wurde ien, en dan, earst stadich en letter mei wat mear krêft, begjint it nije libben. It bloed hat it materiaal dêrfoar oanbrocht. En as de wurkjende krêft ta in siel wurden is, in siel as dy fan in plant, mar allinne dêryn ferskillend, dat dy noch ûnderweis is, en dat de siel fan de minske syn doel al berikt hat. Dy krêft wurket dan fierder, libbet, foarmet lidden, en alle foarmen fan it lichem, dêr’t it bloed de siel fan is. Sa iepenbieret him, myn soan, en sa makket syn wurk ôf mei de krêft, dy’t útgiet út it herte fan de oansetter, neffens it plan, dat de natuer hat foar alle lidden. Mar hoe’t dizze animale kearn útgroeit ta in wierlik minsklik libben, dat ha jo noch net goed foar it ferstân, en krekt op dit punt hat in wizer geast as jo binne, ús de wei wiisd. Hy hat it begripend ferstân losmakke fan de siele, dy’t it libben oantriuwe soe, en dat hat er ek oan de minsken sa útlein. Iepenje jo herte dochs foar de wierheid, dy’t ik jo útlizze sil, en wit, dat sa gau’t by de foetus it brein foarme is, de Earste Beweger Him ta dat brein rjochtet, en dêr in nije en machtige geast yn blaast. En dy nimt yn syn wêzen op wat er dêr fûn hat. Sa wurdt dêr in eigen siel foarme, ien dy’t libbet en fielt, en syn eigen mjitstêven hat. En betink: as jo myn wurden dreech te begripen fine, dat de hjitte fan de sinne, dy’t trochkringt ta it sop fan de druven, dat sop yn wyn feroarje kin. Dan, as Lachesis gjin flaaks mear kriget en har tried net fierder ôfspinne kin, dan makket de siel him los fan it flêsk, en nimt alle mooglikheden mei fan it minsklike en it godlike. De oare mooglikheden fan de minske wurkje dan net mear, mar it ûnthâld, it ferstân en de wil binne mear aktyf 278 di v i na com m e di a as se wiene, en folle skerper as earst. En wûnderlikernôch komt de siele daalks del op ien fan de iggen, en fynt dan syn wei, de goede of de kweade kant út. En daalks, sa gau’t er yn syn nije romte is, komt de foarmjende krêft nei bûten, lykas it barde doe’t de libbene lidden foarme waarden. En lykas de flammen it fjoer folgje, sa folgje de nije foarmen de siele, wêr’t dy ek hinne giet, hiel de ivichheid troch. En om’t de sichtbere foarmen him ôfnommen binne, wurdt de siele fierder in skaad neamd. Alle sichtbere lidden wurde dan foarme, sels it antlit. Lykas jo it heard en sjoen hawwe, doe’t jo tusken ús omrûn hawwe. In grut langstme, of oare gefoelens bewege ús, ús skaden feroarje dan. En dat is de oarsaak fan wat jo sjoen hawwe, en wat jo niis sa ferwûndere hat.” Wy wiene oankommen by de lêste bocht yn de treppens, en wy giene doe rjocht om ’e hoeke, en hiel ús geast waard doe op oare saken rjochte. Hjir sloegen de flammen út de muorre rjocht nei boppen tsjin de râne, en dêr waarden se weromtreaun yn in bôge wer nei ûnderen ta. Dêrom moasten wy de iepen kant fan it paad oanhâlde, en wy rûnen yn in lytse rige efterinoar oan, de flammen lofts en de ôfgrûn rjochts. Myn gids sei: “Hjir moat eltsenien syn eagen strak yn ’e leie hâlde. It is o sa maklik en doch hjir in ferkearde stap.” “Summae Deus clementiae” sa song it koar yn ’e ûne, en ik koe der neat oan dwaan, ik moast yn it fjoer sjen. Dêr seach ik geasten, dy’t harren beweegden yn de flammen. Sa no en dan seach ik nei harren, en dan wer nei myn fuotten. Doe’t se de lofsang útsongen hiene, dy sielen yn pine, rôpen se lûd: “Virum non cognosco,” en doe songen se de lofsang wer op ’e nij, mei in wat sêfter lûd. En doe rôpen se: “Diana bleau yn it bosk, en dreau Helice derút, om’t hja bang wie, dat Venus har oanstekke soe.” En doe klonk wer de hiele lofsang fan it koar. En dêrnei priizgen hja de manlju en de froulju, dy’t inoar trou bleaun wiene, sa’t de houliksbelofte it freget. Op dy wize, sa i t fa a i e f joe r 279 tink ik, sjonge se harren gebedens út, en priizgje hja de deugd fan suverens, salang’t hja bliuwe moatte yn dat hillige fjoer, dat harren skjin baarnt. Op dizze wize, en mei dizze middels moat de lêste wûne him wol slute. by canto x xv • Yn de earste rigels wurdt inkeld sein: it wie middei, healwei trijen. • By de berte fan Meleager, soan fan Oeneus, kening fan Calydon, hiene de skikgoadinnen foarsein, dat er libje soe, oant it blok, dat op it fjoer lei, opbaarnd wêze soe. Syn mem, Althaea, hat doe it blok út it fjoer helle, it fjoer dwêste, en it blok ferburgen. Meleager hat letter de beide broers fan syn mem deade. Yn in soarte fan bloedwrake goait syn mem dan it blok wer yn it fjoer, har soan wurdt troch ynwindich fjoer fertard, en stjert. • Statius leveret yn dit Canto in wiidweidich midsieusk stik filosofy oer siel en lichem, oer it intellectum possibile neffens Aristoteles en Thomas fan Aquino. De siele komt pas yn de minske as syn brein, syn harsens, foarme binne. As Lachesis, dy’t de libbenstrie spint, gjin flaaks mear hat, dan stjert it lichem. En as de minske stjert, komt syn siele oan de igge fan de Acheron as dy de hel yn gean moat, of oan de igge fan de Tiber as dy rêden is. • Summae Deus clementiae: God fan de heechste barmhertigens: Hymne, doe en no noch, songen yn de metten fan sneon. • Virum non cognosco: Lukas 1,34: Marije sei tsjin de ingel: “Mar hoe sil dit kinne, wylst ik gjin omgong mei in man ha?” • Diana woe faam bliuwe, libbe dêrom yn in bosk, en jage. In nimf, Helice, waard oanstutsen troch Venus, en woe ek Diana oanstekke. Juno hat har doe yn in bearinne feroare, mar Jupiter hat beide as in stjerrebyld oan de himel set. 280 di v i na com m e di a [ canto xxvi ] S a, de iene nei de oare, rûnen wy dêre de hoeke om, en myn goede gids sei ferskate kearen: “Rin allinne dêr’t jo sjen kinne dat ik rin.” De sinne hie de himel yn it westen al fan blau yn wyt feroare, de strielen fan de sinne kamen op myn rjochterskouder, en troch myn skaad liken de flammen wat reader. Ik seach, hoe’t ferskate geasten harren holle nei my ta draaiden. Hja woene my wat better sjen, en ik koe hearre, dat se tsjininoar seine: “It liket wol as is gjin skaad, mar in man, dy’t libbet.” Somliken kamen wat tichter op my ôf, sa ticht as se mar koene, mar se soargen der wol foar, dat se yn it fjoer bliuwe koene, dat harren suvere. “O, jo, dy’t efter de oaren oanrinne moatte, net om’t jo wat stadiger rinne, mar faaks út earbied foar harren, sis dochs wat tsjin my, dy’t pinige wurdt troch toarst en flammen. En net ik allinne bin sa benijd nei’t wat jo lippen fertelle kinne, mar wy allegearre toarstgje nei jo wurden, mear as in Etiopiër of in Yndiër útsjocht nei in boarne mei kâld wetter. Sis ús dochs, hoe’t it kin, dat jo mei josels in muorre meitsje kinne tsjin de sinne, as hie de dea jo noch net fongen yn syn net.” Sa spriek ien fan harren my oan. En ik soe him alles oer mysels útlein hawwe, as ik net ynienen eat sjoen hie, dat my tige ferwûndere. Want midden yn de flammen kamen guon dejingen, dy’t mei my prate woene, temjitte, en sa hie ik folslein fergetten wat ik sizze woe. Ik seach, hoe’t se der hurddravend oan kamen, fan de oare kant, en elts skaad tute om op in oar skaad, flechtich, dan wer op in oar, sûnder op te hâlden. En elts skaad like wille te hawwen fan dy koarte tuterij. Eamels yn harren tsjustere mannichten reitsje inoar op deselde wize efkes oan, en freegje inoar faaks koart wat se belibbe hawwe, of hokker kant se út rinne moatte. En sa gau i t fa a i e f joe r 281 as hja harren freonlike groetnisse wer ôfbrutsen hiene, besocht eltsenien sa hurd as er koe boppe de oaren út te skreauwen. “Sodom en Gomorra,” skreauden de nijen, en de oaren: “Pasiphae krûpte yn de ko, sadat de bolle dêr gau hinne rinne soe.” En, lykas de kraanfûgels, dy’t foar in part nei de Riféyske bergen fleane, en foar in oar part nei de sânwoastenije – it iene part is bang fan de sinne, it oare fan de kjeld – sa giene dy skaden doe de tsjinoerstelde wei, en allegearre begûnen se yn triennen wer oan harren earste sang, en dêrnei oan de útroppen, dy’t by harren hearden. En hja, dy’t ús kant út gongen, kamen wat tichterby ús rinnen en it like wol dat hja mei folle oandacht nei my harkje woene. En ik, dy’t twaris sjoen hie, hoe begearich oft hja wiene om wat fan my te hearren, begûn: “O, sielen, dy’t der wis fan binne, dat jim ienris, wannear dan ek, it paradys yngean sille, ik ha myn lidden net efterlitten dêre, hjirefter, by de stream, mar hja binne hjirre, mei myn bloed, en mei wat harren byinoar hâldt. Ik gean omheech, en sil net lang mear blyn wêze. Dêrboppe is in frouwe, dy’t foar ús genede krigen hat, en sa kin ik myn stjerlik diel meitôgje yn jimme wrâld. Mar ik hoopje mei jimme dat jim grutte begearte gau ferfolle wurde sil, en dat de himel jimme opnimt, de himel, dy’t folle is mei de wiere leafde, en dy’t al wider wurdt. Lit my no opskriuwe wat jo sizze sille, dat allegearre it lêze kinne. Wa binne jimme? En wa binne dy oaren, dy’t no dêr efter jimme weirinne?” Krekt as de minsken út de bergen, as se troch de strjitten fan de stêden rinne, earst wat ferbjustere om harren hinne sjogge, krekt sa seagen dizze skaden om harren hinne, mar doe’t hja harsels wer in bytsje weromfûn hiene, begûn de earste, dy’t my oansprutsen hie, wer: “Seinige binne jo, dy’t hjir út ús deaderyk de hope meinimme kinne op in better libben. De lju, dy’t net mei ús deselde kant út rinne, hawwe misdien yn itselde stik dat Caesar eartiids “Keninginne” 282 di v i na com m e di a hearre liet út ’e mûle fan syn soldaten dy’t him tarôpen by syn oerwinningen. Dêrom rinne se om, ‘Sodom’ roppend, harsels jimmeroan beskuldigjend, lykas jo heard hawwe, en hja stypje it harren suverjende fjoer troch harren te skamjen. Us sûnde is dy fan de hermafroditen. Wy hawwe ús net oan de minsklike wetten holden, mar hawwe libbe as de bisten, neffens ús lusten. En wy, as wy wer de oare kant út geane, roppe ta ús skande de namme fan har, dy’t harsels ta in bist makke hat yn in bist fan hout. No witte jo alles wat wy dogge, en wêr’t wy ús foar skamje. Mar as jo ús nammen witte wolle: wy binne sa machtich dat ik sels alle nammen net neame kin. As jo myn namme witte wolle: ik bin Guido Guinizzelli, en ik bin hjir al gau sa heech kommen, om’t ik sa’n grut berou hie oer alles wat ik dien hie, foar’t ik stoar.” Yn de meast tsjustere oere fan kening Lycurgus wiene der twa soannen, dy’t harren ferlerne mem wer weromfûnen. Sa wie it mei my ek, mar harren grutte dieden ha ik net folgje kinnen, doe’t ik syn namme hearde. Want hy hie in heit foar my west, en hy wie maklik de earste ûnder harren, dy’t fan de leafde sprutsen hawwe yn swiete fersen en sangen. Folslein ferbjustere ha ik in lang skoft inkeld nei him sjoen, mar fanwege it fjoer om him hinne koe ik net tichterby komme. En doe’t myn eagen einliks langernôch nei him sjoen hiene, ha ik him wer oansprutsen, en him sein, dat ik alles dwaan woe wat ik mar dwaan koe om him fan tsjinst te wêzen. Hy sei my doe: “Wat jo niis sein hawwe, hat my djip rekke, sa djip, dat de Lethe it net ôfwaskje kin, sa djip ek, dat ik it nea wer ferjitte sil. Mar as de wurden, dy’t jo sein hawwe, wier binne, lit my dan sjen, wêrom’t jo troch jo eagen en jo wurden safolle leafde sjen litte as ik, sa’t ik leau, yn jo sjoen ha.” En ik ta him: “Jo sangen, sa swiet en sa helder, sille, salang as ús nije dichtwize wenst is, sels de inket, dêr’t se mei skreaun binne, kostber meitsje.” “O, leave broer,” sa sei er, “dy dêre, dy’t ik no i t fa a i e f joe r 283 mei myn finger oanwiis – en hy wiisde immen foar ús mei de finger oan – hat noch folle better skreaun yn syn memmetaal. Yn syn leafdesgedichten en yn syn proazaferhalen hat er syn gelikense net. Lit de healwizen rêstich sizze, dat Limoges better wie, sa is it net. Hja harkje mear nei wat der sein wurdt as nei de wierheid, en sa foarmje hja harren miening sûnder dat hja syn keunst ea opnommen hawwe. Sa hawwe ús foarfaars eartiids Guittone priizge, de iene hat de oar neipraten, oant einliks de wierheid oan allegearre dúdlik waard. En no, as jo útkard binne om it kleaster yn, dêr’t Kristus de abt fan is, bid dan foar my in ‘Us Heit yn ’e himel’, foarsafier’t wy dat noch nedich hawwe yn ús wrâld hjirre, dêr’t wy net mear yn sûndigje kinne.” Doe, faaks om in oarenien in plak te jaan foar myn eagen, ferdwûn er wer yn it fjoer, lykas in fisk, dy’t wer weidûkt yn it djippe wetter. Ik rûn noch wat fierder, oant ik wie by it skaad, dat hy ek oanwiisd hie, en sei him dat yn myn herte syn namme in grut plak ynnaam. En hy andere my daalks, sûnder eangstme: “Jo eale namme en jo frage hat my sa goed dien, dat ik net wegerje kin, en net wegerje wol, jo myn namme te neamen. Arnaud bin ik, en ik gean fol smerten myn wei, tinkend oan myn eardere healwizichheden, hoopjende op de blydskip, dy’t ynkoarten foar my weilein is. En no bid ik jo, by de Goedens, dy’t jo laat hat, as jo komme ta de hichte, dy’t sûnder kjeld en sûnder hjitte is, tink dan oan myn smerten, dat dy wat minder wurde. En doe ferburch er him wer yn it fjoer tichtby. 284 di v i na com m e di a by canto x xvi • Pasiphae wie de dochter fan Apollo en de nimf Perseis, en de frou fan kening Minos fan Kreta. Poseidon, de god fan de see, hie Minos in swarte bolle stjoerd, en Pasiphae wie dêr fereale op wurden, sa hie Poseidon it beskikt. Hja liet Daedalus in houten ko meitsje, dêr’t in kowefel oer hinne spand waard, en krûpte dêryn. De bolle hat har doe nommen, en út dit kontakt kaam de Minotaurus. Sjoch ek Hel, xii. • De Riféyske bergen leine neffens de mytology earne yn Afrika. • Suetonius seit yn syn ‘Caesar’ (x x xix) eat oer Caesar syn homoseksualiteit. ‘Nei syn grutte oerwinningen waard er troch syn soldaten huldige as “Us Keninginne”.’ • Guido Guinizzelli wie in ferneamd dichter, stoarn yn 1274. • Hypsipyle, frou fan Jason, hie by him twa soannen, Thoas en Euneus. Sy waard finzen nommen troch piraten, en ferkoft oan Lycurgus, de kening fan Nemes. Hja moast soargje foar Nemes’ soan, mar doe’t de Thebanen kamen om Lycurgus te befjochtsjen, hat sy it bern efterlitten. It bern waard doe deabiten troch in giftige slange. En by de befjochters fan Nemes wiene de beide soannen fan Hypsipyle. Dante moat dit ferhaal kend hawwe, mar hat it wat oars tapast. i t fa a i e f joe r 285 [ c a n to x x v ii ] D oe’t de sinne stie boppe it lân, dêr’t it bloed fan syn Skepper fergetten is, en de Skealjes boppe de Ebro stiene, en de Ganges striele yn it ljocht fan de sinne, wylst it ljocht fan de dei hast weisakke wie, doe seagen wy ynienen Gods ingel wer. Hy stie dêr op ’e rots, it fjoer koe him net reitsje, en hy song: “Beati mundo corde”, mei in stimme sa moai, dat gjin stjerlik minske him ea sa brûke kin. En doe song er: “Seinige sielen, oant hjir ta troch de flammen suvere, nimmen kin no sa fierder gean. Rin it fjoer yn, en beskermje allegearre, dy’t efter jim oan komme.” Dat wiene syn wurden, ta ús rjochte, doe’t wy tichterby kommen wiene, sa ticht, as wy koene. En doe’t ik se hearde, waard ik as in deade, dy’t net mear bewege kin. Mei myn hannen gear seach ik omheech, nei it fjoer, en ik tocht mei eangstme oan al dy sielen, dy’t ik sjoen hie yn it fjoer, mei al harren lijen. Doe sei myn goede gids my: “Soan, dit kin in marteling foar jo wêze, mar it is net de dea. Tink der dochs ris oan, dat ik jo feilich troch de Geryon brocht ha. Soe ik dat dan no net dwaan kinne, no’t wy safolle tichter by God binne? Wês derfan oertsjûge, dat jo, sels as jo midden yn it fjoer stean soene, tûzen jier lang, sels gjin hier kronken wurde soe. En as jo faaks tinke soene dat ik jo te fiter ha: rin rêstich de flammen yn, en jo hawwe it bewiis. Lit alle eangstme fan jo ôfglydzje, kom ûnbeskromme nei de oare kant.” Mar ik hold mysels stil, al wist ik net wêrom. En doe’t myn gids seach, dat ik my stil hold, sei er in bytsje feralterearre: “No sjoch ik, myn soan, tusken Beatrice en jo is dizze muorre.” En, lykas de namme fan Thisbe flak foar syn dea de eagen fan Priamus iepene, op de tiid, dat de beien fan de moerbei read as bloed waarden, sa, om’t myn hurdens sêft wurden wie, rjochte ik 286 di v i na com m e di a myn eagen nei myn wize gids. Hy draaide him om, en seach my oan as wie ik in bern dat troch in appel wûn is. Doe sei er: “Goed dan, wêr wachtsje wy noch op?” en glimke. Hy rûn foar ús út, en gie as earste it fjoer yn. Hy frege Statius, dy’t wat efter him oan rûn, mei te kommen, en my efter him oan rinne te litten. Doe’t wy ienris tusken de flammen troch rûnen, soe ik myn lichem graach yn gloeiend glês dompele hawwe, en it sa wat ôfkuolje litte, en de oerdiedige hjitte wat kwyt reitsje. Myn eale heit, altyd freonlik en wiis, joech my wat moed troch te praten oer Beatrice. “Ik sjoch har eagen al,” sei er. In stim oan de oare kant fan it fjoer besocht ús te lieden en sa kamen wy dêr, de swiere lêst en de hjitte net mear fielend. “Venite benedicti patris mei” sa song er en sei: “De sinne giet ûnder, wachtsje net, nei boppen, de lêste sinnestrielen dwêste no yn it westen.” Rjocht oer de hege muorre rûn ús paad, en wy rûnen sa, dat myn lichem de lêste sinnestrielen tsjinhold. En doe’t wy de lêste pear triemen op klommen wiene, seagen myn maten en ik myn skaad net mear: de sinne wie ûndergien. Foar’t de hiele hoarizon net mear te sjen wêze soe en de nacht hearskje soe oer hiel de wrâld om ús hinne, hie elts fan ús trijen in triem fan de treppens ta in bêd makke. Want de natoer fan de berch hie ús fêstsetten en de winsk deade om yn it tsjuster noch fierder te gean. Lykas geiten op in heuvel fol stienblokken dûnsje en springe oant hja gers fine en dan, wylst hja frette, stadichoan ta ien keppel wurde mei de skiep, wylst de hoeder noch wat sliept, mar dochs merkt, dat in wyld bist tichterby komt, krekt sa leine wy alle trije op in stiennen blok. Ik as de geit, de twa oaren as de hoeder, oan alle kanten beskerme troch grutte stienblokken. En tusken de blokken troch seach ik de stjerren heger kommen, helderder as de minsken se ea sjoen hawwe. En wylst ik sa lei, yn tinzen, kaam stadich de sliep oer my hinne, in sliep, dy’t oankundige wat der barre soe. En op de i t fa a i e f joe r 287 tiid, tink ik sa, doe’t Venus wer te sjen wie yn it easten, boppe de bergen, sy dy’t baarnt mei it fjoer fan de leafde, doe dreamde ik dat ik in moaie, ûnskuldige faam seach, dy’t rûn op in fjild fol sinne, blommen plôkjend en sjongend. “Sis dat ik Lea bin, as immen nei myn namme freget, en myn hannen lizze in blommekrânse om myn holle. Om wille te hawwen om mysels rin ik hjirre, mar myn suster Rachel sit de hiele dei foar de spegel nei harsels te sjen. Hja stoarret einleas yn har eigen eagen, ik ha mear wille fan de blommen yn myn hier. Har jout it frede as se my arbeidzjen sjocht.” De nije dei begûn de himel al ljochter te meitsjen mei it ljocht dat pylgers bliid makket as hja witte, dat hja ticht by hûs kommen binne. It tsjuster flechte alle kanten út, lykas myn sliep, ik stie wer rjocht en ik seach, dat myn grutte master ek al wer op syn fuotten stie. “Dit is de dei, dat jo roppige siele sêd wurde sil mei de apel, dêr’t de minske altyd nei socht hat,” sei er. Vergilius brûkte tsjin my krekt dizze wurden oan it begjin fan de dei, en nea hat immen sokke moaie jeften jûn oan myn herte as hy doe mei dizze wurden. Sa’n grutte begearte fielde ik doe om hielendal boppe te kommen, dat it my like, dat ik wjukken krigen hie, en omheech fleane koe. En doe’t wy oankommen wiene boppe-oan de treppens, draaide Vergilius him om, seach my oan en sei: “Myn soan, jo hawwe no de torminten sjoen fan it tydlike en fan it ivige fjoer. Hjir steane wy oan de grins fan safier’t ik jo begeliede mocht. Hjir haw ik jo hinne brocht mei myn ynsjoch en myn kunde. No moatte jo eigen ynsjoch en nocht jo lieder wêze. Jo binne de treppens op rûn, jo hawwe alle paden ôf rûn. Sjoch nei de sinne, dy’t op jo skynt en op it swiete gers, op de blommen en de wyn, dy’t hjir opbuorrelet sûnder druven en sûnder sieden. Hjir sjogge jo aanst de blide eagen, dy’t gûlden, doe’t se my frege hiene jo te begelieden. Jo hoege net mear op myn oanwizings te wachtsjen. Hjir stiet alles wat jo wolle, folslein frij 288 di v i na com m e di a en jo soene der ferkeard oan dwaan net alles te dwaan wat jo wolle. En om alles te dwaan wat jo dwaan wolle, set ik jo no yn ’e geast in kroan en in miter op. by canto x xvii • Yn de earste rigels fan dit Canto wol Dante wer sizze hoe let oft it is: de dei is hast ferrûn. • Beati mundo corde: Mattéus 5,8: ‘Lokkich dy’t suver fan herte binne, se sille God sjen.’ • Geryon: in krite yn ’e hel. Sjoch Hel, XVII. • It ferhaal fan Pyramus en Thisbe komt fan Ovidius. Ek Shakespeare brûkt it. As Pyramus himsels deadet, om’t er tinkt dat Thisbe troch in liuw opfretten is, dan kleurje de beien read fan de moerbei, dêr’t er him ûnder deastekt. • Venite, benedicti patris mei: Mattéus 25,34: ‘Kom, jimme dy’t troch myn heit segene binne, nim as jim part it ryk dat foar jimme klear leit. Lea en Rachel binne twa susters. Sjoch Genesis 29: Jakob hie Laban sân jier tsjinne om Rachel, mar krige doe earst Lea, de mem fan Ruben, Levi en Juda. Letter krige Jakob dochs Rachel noch, de mem fan Joazef en Benjamin. • It tydlike fjoer is it faaiefjoer, dat net bliuwt nei it lêste oardiel; it ivige fjoer is de hel. • De kroan (fan de kening) is it symboal fan de wrâldske macht, de miter (fan de biskop) it symboal fan de tsjerklike macht. Vergilius wol Dante sizze dat er no fierder, op de drompel fan it ierdsk paradys, alles dwaan kin wat er wol, en net mear ûnder de macht fan steat en tsjerke stiet. i t fa a i e f joe r 289 [ canto xxviii ] I t is tige dreech om alles út te lizzen oer it hillige, altyd griene bosk, dêr’t wy doe yn telâne kamen. It timpere it nije ljocht, dat fan my útstriele, wat, en sûnder te wachtsjen begûn ik mei myn nije tocht. Ik stoep fan de treppens ôf, en rûn de greide yn. De grûn op, dêr’t in hearlike rook fan út gie. In sêfte wyn streake oer myn antlit, en de tûken bûgden troch dy sêfte wyn de kant út dêr’t yn ’e fierte de hillige berch te sjen wie. Mar se bûgden net sa djip, dat de lytse fûgeltsjes der lêst fan hawwe soene. Dy songen troch, yn grutte blydskip de nije dei temjitte, yn de sêfte wyn, dy’t harren sjongen stipe en oanfolle. Lykas it lûd, dat fan tûke nei tûke giet, as oan de igge fan Chiasse Aeolus de Sirocco syn gong gean lit. Ik wie stadichoan al in ein it hillige âlde bosk yn rûn, doe’t ik ynienen foar in lytse wjittering stie, en net fierder koe. De lytse weachjes bûgden it gers oan de kant fan de stream. It wetter fan de stream wie it suverste wetter, dat in minske ea sjoen hat. It skaad fan de beammen lit it ljocht fan de sinne of de moanne net ta it wetter ta. It wetter bliuwt helder, der driuwt neat yn, der libbet neat yn. Mei de fuotten stie ik stil, mei de eagen wie ik al oer de stream hinne, en bewûndere ik de blommepracht fan dizze ivichduorjende maitiid. En ynienen – lykas in ynienen opdûkend frjemd gesicht daalks alle oandacht freget – seach ik dêr in frouwe, hielendal allinne. Hja kuiere dêr wat, sjongend, en blommen plôkjend. Mei blommen wie har paad útset. “Eale frouwe, dy’t, as ik jo uterlik en jo hiele ferskining leauwe mei, as teken fan wat yn jo herte libbet, josels sa bliid makke hawwe yn de sinnestrielen fan de grutte Leafde, wês sa goed,” sa sei ik tsjin har, “en kom sa tichtby dizze stream as nedich is foar my om jo swiete sangen ferstean te kinnen. Jo litte my yn myn 290 di v i na com m e di a ferbyldinge Persephone sjen, lykas hja sjoen waard op de dei, dat har mem in dochter ferlear, en sy har maitiidsskat.” Lykas in frou yn ’e rûnte dûnset, mei beide fuotten ticht byinoar op ’e grûn, en de iene foet altyd wer ticht by de oare delset, sa dûnse se oer de giele en de reade blomkes tichtby, net oars as in faam, dy’t har eagen altyd delslacht as se rint. En hja die wat ik frege hie. Se kaam tichterby. Ik koe doe net allinne de melody hearre fan wat se song, mar ek elts wurd ferstean. En doe’t hja stie, dêr’t it ljochte gers baait yn en bûgd wurdt troch de weachjes fan de heldere stream, seach hja my oan, en it wie as striele der in stjerre rjocht yn myn herte. Ik kin my net yntinke, dat de striel rjocht út de eagen fan Venus sa ljocht wie, doe’t har soan, tsjin syn gewoante yn, in pylk op har rjochte hie. Hja stie dêr, oan de igge fan de lytse stream, hja glimke, en sammele op har earms noch mear blommen, dy’t dêr opkamen sûnder dat immen se siedde hie. De stream tusken ús wie mar trije stappen breed, mar de Hellespont hat, dêr’t Xerxes deroerhinne gean woe, oan al syn grutskens in ein makke. En de wjittering, dy’t streamde tusken Sestos en Abydos, koe net mear hate wurde troch Leander as it streamke tusken har en my, om’t dat him net foar my iepene. “Jim binne hjir nij, en faaks om’t ik laitsje,” sa sei se, “op dit plak, troch it minskene slachte sels útkeazen ta harren nêst. Ien frage hâldt jo yn ferwûndering, mar de psalm ‘Delectasti me’ sil jo ljocht jaan, en jo geast frij meitsje. En jo, dy’t hjir foar my steane, sis my oft der noch wat oars is, dat jo witte wolle. Ik bin ree om jo andert te jaan. Safolle oft jo mar wolle.” “It wetter,” sa sei ik, “en de lûden yn it bosk geane yn tsjin in nij leauwe oan eat, dat ik heard ha, en dat hjir mei yn striid liket.” En hja: “Ik sil jo sizze, hoe’t dat komt, en wat dêre de oarsaak fan is. En ik sil de mist ferdriuwe, dy’t it foar jo noch wat tsjuster makket. It Heechste Goed, dat inkeld Himsels behaagje kin, hat de minske goed makke, en op it i t fa a i e f joe r 291 goede rjochte. Hy joech him dit plak, as in pân fan ivige frede. Mar troch syn eigen skuld hat de minske hjir mar koart wenne. En troch dy skuld binne it laitsjen en de wille feroare yn triennen en smerten. En no, as de dampen, dy’t fan de ierde opstige, stjitte op de dampen, dy’t fan it wetter opstige, dan komt der stoarm. De dampen geane omheech, sa heech as hja kinne. Om de minske foar de eleminten te beskermjen, is dizze berch sa heech, dat de dampen der net oerhinne kinne. En troch it draaien fan de himel soarget de Earste Beweger derfoar dat de dampen yn in grutte sirkel ominoar hinne draaie. Mar om’t oan dizze kant fan de berch alles hielendal frij stiet yn de kleare loft, is der hjir allinne swiete, sêfte wyn, dy’t it bosk rûzje lit. En de planten, dêr’t de wyn oerhinne giet, hawwe safolle krêft, dat dy troch de wyn rûnom ferspraat wurde. En yn it oare lân, foarsafier’t it dêr geskikt foar is, komme út de fersprate krêften ferskate beammen. It soe dus dêrjinsen gjin wûnder hjitte moatte, as eltsenien begripe soe hoe’t in plant sûnder sichtber sied dochs útgroeie kin. En wit ek, de hillige grûn, dêr’t jo no op steane, is barstende fol mei alle soarten planten, en dy drage allegearre fruchten, noch nea oanrekke troch in minskene hân. It wetter, dat jo hjir sjogge, komt net út in boarne, dy’t oanfolle wurde moat mei wetter, dat út de wolken streamt. Mar it komt fan in fontein, dy’t troch Gods wollen eltse drip, dy’t er útstjit, ek wer werom krijt. Twa streamen geane oer dizze flakte: oan dizze kant ien, dy’t alle oantinkens oan de sûnde weinimt, oan de oare kant ien, dy’t alle oantinkens oan de goede dieden fuortsterket. Hjir wurdt er Lethe neamd, dêr Eunoë. Jo moatte earst út de iene drinke, dan út de oare, om de krêft fan it wetter fiele te kinnen. Gjin swietens kin fergelike wurde mei de smaak fan dit wetter. Jo meie no, sûnder fierdere oanwizings, drinke fan dit wetter, en jo siele fol meitsje mei de ivige rook fan dit wetter. Lit my der noch ien ding by sizze, dêr’t jo goed 292 di v i na com m e di a om tinke moatte. Alhoewol’t ik jo no mear sis as ik jo ûnthjitten ha, kin ik my net yntinke, dat jo net mei nocht harkje sille nei wat ik no fertel. De âlde dichters dy’t fersen makke hawwe, en dêrmei de gouden ieu fan it minskene slachte earje woene, hawwe alles komme litten fan de Parnassus, dy’t foar harren in paradyslike tún wie yn syn earste steat. Hjir hat de minskheid syn earste ûnskuldige dagen belibbe. Hjir is de ivige maitiid. Hjir alle fruchten. Hjir ek de nektar, dêr’t alle dichters fan sjonge.” Hja naam efkes lins, draaide har om, en seach de beide oaren oan, de dichters, dy’t yn harren sangen de âlde tiden priizge hiene. Dy seagen, dat se har lêste wurden sprutsen hie. Hja glimken noch om alles, wat se heard hiene. Doe seach ik de eale frouwe wer oan. i t fa a i e f joe r 293 by canto x xviii • Chiassi (Classe): de haven fan Ravenna yn 1300, no in ferlitten plak oan de Adriatyske See. • Aeolus: de god, dy’t de wyn en de stoarm yn syn grot opsletten hold. • Sirocco: de hurde, waarme wyn, dy’t fan Afrika út nei Itaalje waait. • Persephone: Goadin fan de fegetariërs. Dochter fan Demeter (‘Mem ierde’). Hja waard, wylst se blommen oan it plôkjen wie, de ûnderwrâld yn sleept. Zeus hat doe Hermes stjoerd om har werom te heljen. Mar hja hie in fearn fan de ferbeane granaatappel iten, en koe inkeld wer op ierde werom komme, as hja in fearnsjier (de winter) yn ’e ûnderwrâld werom komme soe. • Venus wie op in dei oan it boartsjen mei har soan Cupido, doe’t ien fan syn pylken, sûnder dat er it woe, har boarst rekke. Hja waard doe fereale op Adonis, har healbroer. Sjoch Hel x x xiv. • Hellespont: de Dardanellen, see-ingte tusken Europa en Azië. Xerxes woe yn 480 foar Kristus oer in brêge fan skippen dy ingte oerstekke, mar de Griken koene yn de seeslach fan Salamis de skippen interje en yn ’e brân stekke. • Leander woe in stream oerstekke, yn ’e nacht, mar it ljocht, dat him liede moast, dwêste, en hy ferdronk. • Delectasti me: psalm 91,5, neffens de Vulgaat: ‘Do hoechst net te skriljen foar in skrik yn ’e nacht, net foar in pylk, dy’t snuorret op ljochtskyndei. • Lethe: de rivier, dy’t ús alles ferjitte lit. Ek yn it lêste Canto fan Hel. • Eunoë de stream, dy’t ús al it goede wer te binnen bringt. • Parnassus: de berch, dêr’t de dichters wenje. 294 di v i na com m e di a [ canto xxix ] D oe’t se útsprutsen wie, begûn se wer te sjongen: “Beati quorum tecta sunt peccata’, as fereale, op it plak dêr’t de leafde gjin pine mear meibringt. En as in nimf, dy’t allinne omrint tusken de tsjustere skaden yn it bosk, de iene oantrunend de sinne te sykjen, en de oar jit yn it skaad te bliuwen. Doe begûn se de stream bylâns te rinnen, en oan myn kant rûn ik mei har. Ik hold har lytse stapkes maklik by. Sa’n fyftich stappen rûnen wy ús eigen wei, oant dy wei oan beide kanten in bocht makke. Doe rûn ik mei myn gesicht nei it easten. En doe’t wy fyftich stappen de bocht om wiene, draaide se har nei my ta, en sei: “Leave broer, sjoch en harkje.” En sjoch, ynienen streamde in helder ljocht fan alle kanten troch it tsjustere bosk. Ik tocht earst dat it de wjerljocht wie, mar dy komt en giet daalks wer. Dit ljocht bleau, en it waard helderder. “Wat sil dit wêze?” frege ik my ôf. In swiete melody folle de loft, en ik koe net oars as Eva’s domdryste die werris betreurje. Hoe hat hja it weage? In frou, dy’t, wylst himel en ierde hearrich wiene, as iennige it net hawwe koe en rin om mei in wale. Under dy wale hie ik, as sy hearrich west hawwe soe, alle nju fan eartiids foar altyd field. En wylst ik trochrûn, genietsjend fan dizze tarieding foar de ivige blydskip, hielendal rjochte op de freugde om my hinne, hearde ik in liet as fan in grut koar, dat hearlik song. O, hillige fammen, as ik ea kjeld of honger of nachten sûnder sliep foar jimme ferdroegen ha, no wol ik graach myn lean dêrfoar opeaskje. Lit de Helicon no foar my leechrinne. Lit Urania my no stypje mei har hiele koar. En my alles wat ik sjoen ha yn it goeie ritme foarsizze. Ik seach yn ’e fierte eat, dat neffens my sân gouden beammen wiene. Mar doe’t ik tichterby kommen wie, en it mooglik waard wat i t fa a i e f joe r 295 krekter te sjen wat der stie, seach ik dat it kandelers wiene, en hearde ik ‘Hosanna’ sjongen. En fan boppen ôf skynden de ljochten helderder as de folle moanne yn ’e midden fan in heldere nacht. Ik draaide my om, fol ferwûndering om wat ik seach, en seach Vergilius oan. En hy andere my, sûnder eat te sizzen, mei yn syn eagen in like grutte ferwûndering. Doe seach ik wer nei de grutte ljochten, dy’t op ús ôf kamen, stadich as jonge mannen, beselskippe troch jonge breiden. De eale frouwe rôp: “Wêrom hawwe jo jo eagen allinne rjochte op dizze libbene ljochten, en net sjoen nei wat derefter is?” Doe seach ik ynienen in hiel folk rinnen, sa, as rûnen se harren gidsen efternei. Harren klean wiene wyt as snie, sa wyt as snie hjir nea is. En njonken my de stream, dy’t in heldere spegel like. Ik hold efkes stil, om better sjen te kinnen. Ik seach, dat de ljochten tichterby kamen, en it like krekt as wiene it pensielen, dy’t de loft ta in skilderij makke hiene. Ik seach sân streken yn alle kleuren dêr’t de sinne syn bôge yn makket, en de moanne har gurdle. Dy kleurebôge rûn fierder as ik sjen koe, en it like my ta, dat de bôgen tsien stappen faninoar ôf stiene. En ûnder dizze himel rûnen de fjouwerentweintich âldsten, allegearre kroane yn gloarje mei leeljekrânsen. En hja songen allegearre as mei ien stimme: “Seinige binne jo ûnder alle dochters fan Adam. Seinige yn al jo pracht oant yn ivichheid.” En doe’t dy útkarde sielen as yn in dream harren wei fûn hiene oer de blommen en it nije gers, kamen se op my ta, lykas de stjerren efter elkoar oan oer de serene hichte fan de himel. Efter harren oan kamen de Fjouwer Bisten, kroane mei krânsen fan libben grien. Elts bist hie trije pear wjukken en elts pear wie folle mei eagen. As Argus noch libje soe, dan soene syn eagen it meast lykje op wat ik dêr seach. Ik kin myn fersen net sa frij trochrinne litte as ik it graach dwaan soe, want lêzer, oare neden triuwe my oan om wer troch te skriuwen. Mar lês Ezechiël, dêr’t er 296 di v i na com m e di a beskriuwt hoe’t se him ferskynden yn in grutte stoarm en yn in wolk fan fjoer út it noarden. En lykas hy it fertelt, ha ik it sjoen. Allinne it tal wjukken ferskilt. Johannes ferskilt ek fan him, hy is it mei my iens. En tusken de fjouwer yn wie der in grutte triomfwein, mei twa tsjillen yn in fjoergloed, en mei in grutte griffioen yn harnas dêrfoar. En dy syn wjukken kamen ta de bân fan ljocht, en hja hiene de bân dertusken sa folslein ôfsletten, dat der rjochts en lofts gjin streek oerbleaun wie. De toppen fan de wjukken wiene net te sjen. De dielen fan de griffioen dy’t op dy fan in fûgel lykje, wiene fan goud, de oare dielen wyt mei reade stippen. Is it frjemd te sizzen, dat Rome noch nea sa’n ferskynsel sjoen hat, ek Africanus net, Augustus ek net. De sinne sels kin net fergelike wurde mei wat ik dêr seach. Ja, sels doe’t de wein fan de sinne fêstrûn wie, en troch Jupiter ferneatige waard mei fjoer, op de dei, dat de bange ierde dêrom frege hie, en Jupiter op syn tsjustere wize rjochtfeardich wêze woe, sels doe wie it fjoer net sa fûl as hjirre. Trije fammen njonken it rjochtertsjil kamen dûnsjend nei foaren. De earste wie sa read, dat se yn it fjoer amper te sjen wie. De twadde hie fleis en bonken, makke fan smaragd, de tredde wie as farske snie, krekt delkommen. No ris dûnse de wite foar de oaren út, dan wer de reade. De reade song, de oaren dûnsen op de mjitte fan har sjongen. Njonken it rjochtertsjil dûnsjend yn in flamjend poarperen gewaad, en laat troch immen mei trije eagen, rûnen fjouwer nimfen. En nei de hiele kliber kamen twa âlden, ûngelikens yn de klean, mar beide wol mei deselde eale gebearten, earlik en earnstich. Ien liet sjen, dat er neifolger wie fan de grutte Hippokrates, dy’t de natuer oanpast hat lykas de minske it it leafst hat. De oare liet de tsjinoerstelde soargen sjen, mei in swurd, ljocht en skerp, dat it my, oer de stream hinne, noch bang makke. Doe seach ik fjouwer, dy’t der wat earmoedich út seagen, en efter harren in âld man, dy’t derút seach as sliepte i t fa a i e f joe r 297 er, mei it antlit fan immen, dy’t alles al sjoen hie. En dizze wiene klaaid as de earsten, mar hja hiene gjin griene krânsen om ’e holle, mar yn it hier roazen en oare reade blommen. Fan fierren like it dat harren holle boppe de eagen yn ’e brân stie. Doe’t de wein tsjin ús oer stil stie, waard der in tongerslach heard, en it like, dat it eale selskip net fierder gean mocht, om’t hja stil stiene mei de earste findels foar harren út. by canto x xix • Beati quorum tecta sunt peccata: Psalm 31,1: ‘Hoe gelokkich is de man, waans sûnde bedutsen is.’ • Dante ropt yn dit Canto in pear kear de Muzen oan. De ‘hillige fammen’, dy’t op de Helicon wenje. Urania is de Muze fan de sang. • De bylden, dy’t yn dit Canto brûkt wurde, komme út de profesij fan Ezechiël en de Apokalyps, de Iepenbiering fan Johannes. De Fjouwer Bisten – letter ferstien as de fjouwer Evangelisten – werom te finen by de Profeten, en yn de Iepenbieringen. • Argus mei syn hûndert eagen moast de klassike goaden en goadinnen beweitsje. • De trije froulju om de wein binne Leauwe, Hope en Leafde. De fjouwer by it oare tsjil: Hoedenens, Rjochtfeardigens, Sterkte en Soberens. • Mei in folgeling fan Hippokrates waard de evangelist Lukas bedoeld, dy’t in skoft dokter west hawwe moat. De man mei it swurd is dan Paulus. 298 di v i na com m e di a [ canto xxx ] I t himelske stjerrebyld fan de sân stjerren, dy’t nea ûndergeane, en ek gjin lêst hawwe fan dize of mist, inkeld fan de sûnde, it stjerrebyld, dat makket dat in siele yn dy hege loften altyd syn wei fine kin – lykas dy sân stjerren hjir op ierde derfoar soargje, dat de stjoerman syn wei nei de haven fynt – dat stjerrebyld hie de hillige profeten stil stean litten, dy’t tusken de griffioen en de grutte ljochten rûnen. Hja draaiden om nei de sielen efter harren. En ien fan harren, dy’t, sa’t it like, troch de himel stjoerd wie, rôp: “Veni sponsa de Libanon.” Trije kearen. En alle oaren rôpen: “Amen.” En, lykas by de lêste trompet eltse hillige oerein komme sil út syn grêf, mei flêsk, en mei in kiel, hielendal taret “Alleluia” te sjongen mei in nije stim, krekt sa kamen de hûnderten omheech, hûndert machten en krêften fan de nije blydskip. Hja songen allegearre tagelyk: “Benedictus qui venit”, en doe, blommen omheech stekkend, “Manibus date lilia plenis.” Faken haw ik yn it easten wol sjoen hoe’t it dei waard, de himel yn it easten sjocht read, en fierder is er folslein wolkeleas. De sinne lit him sjen, noch wat timpere troch syn rêst, en sa yn in wale fan ljochte dize, dat it ûnbeskerme each der minuten lang nei sjen kin. Lyksa, yn in fontein fan blommen, dy’t út de hân fan in ingel omheech kamen, en wer delkamen om de wein hinne, ferskynde dêr in frouwe, krânzge mei olivetûken oer har wite wale hinne, en ûnder har griene mantel wie it read fan in libbene flamme. Myn siele – om’t it al safolle jierren lyn wie dat ik har sjoen hie – trille hielendal, doe’t ik har seach, en ik wie folslein yn ’e macht fan in hillige earbied. En myn stjerlike eagen seagen mei de stipe fan de himel de folle krêft fan in duorjende leafde. Op dat eagenblik waard ik troffen troch de krêft, dy’t myn siele al i t fa a i e f joe r 299 ienris oanpakt hie, doe’t ik noch in jonge wie. Ik draaide my om, mei itselde wisse leauwe, dat in bern rinne lit yn de earms fan syn mem, as er bang wurden is fan eat om him hinne. En ik woe Vergilius sizze: “Der is gjin drip bloed yn my, dy’t net trillet, no’t ik de âlde flam werom sjoen ha.” Mar hy hie syn ljocht by ús weinommen: Vergilius wie fuortgien. Vergilius, de eale heit, oan wa’t ik myn siele tabetroud hie, Vergilius, dy’t my rêden hie. En alles, wat Eva, ús earste mem, ferlern hie, wie net by steat de triennen yn te hâlden, dy’t oer myn wangen rûnen, myn wangen dêr’t ik krektsa de dau ôf fage hie. “Dante, gûl net, want ynkoarten sil in oare wûne jo gûle litte, mear as no.” As in admiraal, dy’t oer syn skip hinne en wer rint, en sjocht, hoe’t de oare skippen farre, en wilens syn mannen oantrúnt om goed oan te pakken, sa seach ik oan de lofterside, doe’t ik de kant út seach dêr’t ik myn namme heard hie – in namme, dy’t hjir wol neamd wurde moat – de frouwe, waans antlit troch in wale fan blommen mar foar de helte te sjen wie. Hja hie har eagen op my rjochte, oer de stream hinne. En alhoewol’t de wale, fêstholden troch de griene tûken fan Minerva, my allinne in glim fan har gesicht sjen liet, koe ik har ferstean, doe’t se, keninklik en sûnder meilijen, as immen, dy’t sprekke moat, mar alle waarmte yn syn stim efterhâlde moat, tsjin my sei: “Sjoch my goed oan. Ik bin it. Ik bin Beatrice. Hoe ha jo it oandoard en meitsje dizze wei nei de hege berch? Witte jo dan net, dat hjirre de minske folslein lokkich is?” Ik bûgde de holle en seach nei de stream. Mar doe’t ik seach, hoe’t myn holle dêryn wjerspegele waard, seach ik, om’t ik my skamme, nei it gers. Sa liket bytiden ek in mem strang foar har soan, en har strange hâlding is dan it bêste foar him. Hja hold har efkes stil. En daalks song it koar de psalm: ‘In te, Domine, speravi’, mar fierder as ‘pedes meos’ kamen se net. Lykas de snie op de balken op de rêch fan Itaalje hurd beferzen fêstlein wurdt troch 300 di v i na com m e di a de wyn út it Sloveenske lân, dy’t dan de teide snie it lân yn blaast, sa bleau ik stean, sûnder triennen en sûnder suchtsjen, en harke nei de sangen. Mar ik hearde harren meilijen yn de sang, mear as wannear’t hja sein hiene: “Frouwe, wêrom binne jo sa hurd foar him?” Doe waard it iis, dêr’t hja myn herte mei ynsletten hie, wer ta wetter, en fan myn benaudens út stiigden triennen en suchtsjen my de mûle en de eagen út, ta har omheech. En hja, dy’t sa’t ik al sein ha, noch altyd oan de oare kant stie by de wein, sei tsjin de ingels, dy’t safolle meilijen mei my hiene: “Jim weitsje yn de ivige dei, dêr’t nacht of sliep gjin tiid fan jimme ôfnimme, wylst de wrâld fierder giet. Mar ik moat mei grutte soarch mei him prate, sa, dat hy, dy’t dêr gûlt, begrypt wat er dien hat, en syn grutte skuld sjocht. Net inkeld troch it draaien fan de grutte tsjillen hjirboppe, dy’t alles goed rjochtsje, en de stjerren goed bestjoere, mar ek, om’t troch de myldens fan de godlike genede de wolken komme, dy’t de rein bringe, kinne wy elkoar net yn ’e eagen sjen troch de fruchtberens fan dizze eker. Hjir, dêr’t wy rinne, is safolle groei en bloei. Hie it mar sa west, dat ek yn syn twadde libben eltse goede oanlis troch syn eigen krêften ta grutte bloei kommen wie. Mar rike grûn lit ek de wylde planten hurd groeie. En troch min sied en hielendal gjin soarch giet it hurder ferkeard. In skoft ha ik him stipe, him yn myn jonge eagen stoarje litten. Mar sa gau’t ik op de drompel fan myn twadde bestean stie, liet er my allinne, en joech er himsels oan in oar. En doe’t ik fan it flêsk opstiigd wie nei de geast, nei grutter skientme en grutter deugd, doe fûn er my net mear sa begearlik. Hy woe net mear rinne oer de rjochte wei, en rûn de falske bylden fan it goede efternei, dy’t jin wat ûnthjitte wat se nea wier meitsje kinne. Net de ynspiraasje, dy’t ik krigen hie troch folle te bidden, koe him by my werom bringe, ek alles, wat ik dreamd en oertocht hie, koe it net, sa’n bytsje joech er noch om my. Sa djip wie er i t fa a i e f joe r 301 fallen dat alle middels om him te rêden, mislearre wiene. Ien hope wie der noch: him it lot fan de ferwurpenen yn ’e hel sjen te litten. Dêrom rûn ik nei de poarte fan de dea. Tink oan alle triennen en gebedens, dy’t him hjirhinne brocht hawwe. It hege gebod fan God soe brutsen wurde as hy de Lethe oerstekke koe en dan alles genietsje soe sûnder triennen fan berou.” by canto x x x • Veni de Libanon sponsa mea: Heechliet 4,8: Kom mei by de Libanon del, myn breid. • Manibus date lilia plenis: Aeneas vi,383: Jou mei folle hannen leeljes. • Benedictus qui venit in nomine Domini: Mattéus 21,9: Heech te priizgjen is Hy, dy’t komt yn de namme fan de Hear. • De tûken fan Minerva: de olivetûken fan de oerwinning. • De grutte tsjillen (rote magne): de himelsfearen, dy’t ‘fansels’ yn ’e rûnte draaie, en sa dei en nacht mei sinne en moanne regelje. Rein en wolken binne dan aparte tekens fan de godlike genede, dêr’t de planten troch waakse op de goeie grûn. • Beatrice is perfoarst net freonlik, as se Dante wer sjocht. Eartiids wiene se opinoar fereale, mar Dante hat har sitte litten. Koarte tiid letter is se stoarn, dat hat se him net ferjûn. 302 di v i na com m e di a [ canto xxxi ] “J o dêre, dy’t dêr oan de oare kant steane.” En ik, dy’t tocht hie, dat ik it skerpste al hân hie, fielde no de punt fan har swurd. “Sis it, sis it, it is wier. Jo grutte feroaring moat jo eigen belidenis noch dúdlik meitsje.” Ik stie dêr mar, en koe gjin wurd útbringe. Myn stimbannen beweegden wol, mar myn stim sloech dea yn myn kiel foar’t ik ien wurd útbringe koe. Efkes hold hja har stil, doe skreaude se ûngeduldich: “Wêr tinke jo noch oer? Sis gau wat, foar’t it wetter alles út jo ûnthâld weispield hat.” Myn ferbjustering en har grammitigens skuorden in brutsen “ja” út myn kiel, sa sêft, dat inkeld immen, dy’t it fan myn lippen ôflies, it hearre koe. Lykas in bôge, te fûl spand, brekke kin as er ôfgiet, en de pylk it doel sa hast net berikke kin, sa kamen de suchten en de triennen by my ynienen nei boppen, wylst it lûd fan myn stimme al stoarn wie op de wei nei myn tonge. En sy: “Yn de fûle begearte, dy’t ik yn jo opwekke hie, de begearte om it goede te dwaan, it goede, dêr’t neat bûten bestiet dêr’t in minske nei longerje kin, hokker keatlingen, hokker tûkelteammen ha jo doe fûn, dat alle hope om fierder te kommen doe fan jo ôfnommen wurde moast? En hokker foardiel ha jo sjoen yn it ferkear mei dy oaren, dat jo harren as harren tsjinner foarút rûn binne?” Ik koe allinne mar djip suchtsje, en ik hie gjin stim mear om andert te jaan. Myn lippen koene inkeld mei folle stinnen de wurden foarmje. Yn triennen sei ik doe: “Wrâldske saken hawwe my de ferkearde kant út gean litten, sa gau as it ljocht fan jo antlit foar my fertsjustere waard. En sy: “As jo jo stil holden hiene, of ûntstriden hiene wat jo no beliden hawwe, dan soe jo skuld noch bestean foar Him, foar wa’t gjin skuld ferburgen bliuwt. Mar hjirre, foar ús hôf, giet no de slypstien tsjin de snede yn! i t fa a i e f joe r 303 En dêrom: no’t jo jo werklik skamje oer wat jo dien hawwe, en jo foar jo fierdere libben sterk wêze sille as der nije ferlokkingen komme: tink net mear oer alles, wat jo no yn triennen brocht hat. En harkje mei jo hiele siele hoe’t nei myn ôfskie fan it flêsk alles yn jo de oare kant út gean moatten hie as it gien is. Neat yn de natuer of yn de keunst koe jo safolle wille jaan as it moaie lichem, dêr’t ik yn opsletten wie. Mar doe’t it útinoar fallen wie, en ierde wurden mei de ierde, hokker stjerlik wêzen koe der dan noch oerbleaun wêze om jo wille te jaan? Jo hiene doe by de earste pylk, troch stjerlike wêzens útstjoerd, jo by my oanslute moatten, en myn flecht boppe it stjerlike út folgje moatten. Ek hiene jo jo net omleech drukke litte moatten troch in oare faam, of troch elts oar ding fan dizze stjerlike ierde. In lyts fûgeltsje wachtet twa of trije kear ôf, wat der barre sil, mar foar grutte fûgels wurde fergees de netten spand of de pylken ôfsketten.” Lykas bern, troch skamte ferstomme, harren skuld tajouwe, en beskamsum nei de grûn sjogge, sa stie ik dêr, en sy sei: “As wat ik sein ha, jo oangrypt, en jo de pine dêrfan fiele, rjochtsje dan jo burd omheech, en jo sille noch mear pine fiele as jo alles sjoen hawwe.” In sterke iik ferset him net mei safolle krêft tsjin in stoarm dy’t út it lân fan Iarbas of fan ús kusten ôf komt, as dat ik my skrep sette doe’t ik op har hjitten it burd omheech stuts. Doe krige ik goed foar it ferstân wat sy mei har skerpe wurden bedoeld hie. De earste skepsels hiene lins nommen fan it blommestruien, en myn eagen, noch net hielendal wis fan harsels, seagen Beatrice mei har gesicht nei it bist, dat ien persoan is yn twa natueren, dy’t dochs ien gehiel binne. Under de wale, oan de oare kant fan de stream, like har uterlik, dat al moaier wie as dat fan alle oare froulju doe’t se noch hjir wie, no noch moaier. En de toarnen fan berou brochten my safolle pine mei, dat alle rykdommen fan de hiele wrâld my no tsjin wiene. Myn djippe selskentnisse biet my yn it herte, dat ik 304 di v i na com m e di a fergie fan de pine. En hoe’t dat fielde, wist sy it bêste, dy’t it my oandien hie. Doe’t ik wat letter wer hielendal bykommen wie, seach ik de frouwe, allinne, oer my hinne bûgd. “Hâld fêst, hâld my fêst,” rôp se. Se hie my it wetter ynlutsen, hielendal, en my efter har oan lûkend, gie se fluch oer it wetter, as in weversspoel oer de triedden. En doe’t wy ticht by de hillige igge wiene, hearde ik har sizzen, sêfter en lichter as ik it hjir delskriuw: “Asperges me”. Doe naam dy swiete frouwe myn holle yn ’e iepen earms, en hold dy efkes ûnder wetter. Hja liet my fan it wetter drinke. Doe liet hja my wer oereinkomme yn myn nije suverens. Hja brocht my nei de dûns fan de fjouwer fammen. Dy sloegen in earm om my hinne, en holden my in hân boppe de holle. “Hjir binne wy nimfen, dêrboppe binne wy stjerren yn ’e himel. En doe’t Beatrice nei de ierde kaam, waarden wy meistjoerd as har tsjinstfammen. Wy sille jo liede ta it ljocht fan har eagen, mar om dat ljocht yn al syn djippens te sjen, binne der trije, dy’t djipper sjen kinne. Hja sille jo stjerlike eagen liede, en skerper meitsje. Sa songen hja, en hja tôgen my mei, nei de griffioen. Efter him wachte Beatrice. En doe’t ik stie efter it boarst fan de griffioen, seine hja as mei ien stimme: “Sjoch goed, sjoch djip, hoefolle pine oft it jo eagen ek docht. Wy hawwe jo no ta de smaragden brocht. Fan hjir út hat se doedestiids har pylken op jo ôfsketten.” Tûzen begearten, hjitter as flammen, holden myn eagen rjochte op har ljochtsjende eagen, dy’t hja rjochte hiene op de griffioen. Lykas it sinne ljocht yn in glês skittere it twafâldich skepsel yn dat ljocht. No ris mei de iene, dan wer mei de twadde natuer. Sis no sels, lêzer, wie it nuver, dat ik my ferwûndere, doe’t ik it wêzen seach, dat himsels feroaret, altyd mar wer? En doe’t myn siele sêd wurden wie fan de spize, dy’t op himsels sêd makket en wer skroei opropt, giene de oare trije nei foaren, de fammen, dêr’t je oan sjen koene dat se fan in hegere oarder wiene. En i t fa a i e f joe r 305 hja dûnsen op de mjitte fan de ingelesang, en songen: “Kear jo nei him ta, o, kear jo eagen nei him ta, Beatrice.” Dat wie harren refrein. En hja songen noch: “Sjoch mei jo eagen fol genede nei him, dy’t fan safier kommen is om jo te sjen. Jou ús jo genede, en lit him jo eagen sjen, jo mûle, jo twadde gloarje efter jo wale.” O, hearlike krêft fan it ivige libbene ljocht! Wa, dy’t safolle dronken hat fan it wetter fan de Parnassus dat er bleek wurden is fan it skaad fan ’e Helicon, soe der lykwols net folslein ôf wêze as er besykje moast om te beskriuwen hoe’t jo derút seagen, doe’t jo de wale oan ’e kant skood hiene, yn dizze kleare loft, op it plak dêr’t inkeld de himelske harmony syn skaad smyt? by canto x x xi • De slypstien makket al draaiende it swurd fan de gerjochtichheid skerper. Mar by berou draait de slypstien de oare kant út, en dan giet de skerpte derôf. • Iarbas wie kening fan Libië. Yn de Aeneis stiet wat oer him. • De earste skepsels: de ingelen. • It bist mei de twa natueren: de griffioen, hynder en fûgel tagelyk. • Asperges me: Psalm 50 (51), fers 9: “Meitsje my mei hysop frij fan sûnde, dat ik rein wurde mei, waskje my, dat ik witer wurd as snie.” Oan 1960 ta waard dit fers eltse snein foar de heechmisse songen yn de tsjerke, wylst de pryster de tsjerke seinige mei wijd wetter. • De fjouwer en de trije fammen: de minsklike en de godlike deugden. Sjoch eardere Canti. 306 di v i na com m e di a [ canto xxxii ] S a bot wiene myn eagen teset mei in tsienjierrige toarst te dwêsten, dat dy allinne noch eat waarnimme koene. Hielendal yn beslach nommen troch it hillige glimkjen, dat my dêrhinne fierd hie, hie ik alles fergetten. Myn eagen waarden meiskuord sa’t foarhinne mei in fangnet dien waard, en ik koe hast neat mear sjen. En doe waard myn attinsje ynienen oproppen troch de goadinnen lofts, dy’t ik sizzen hearde: “Hy stoarret en stoarret, en sjocht neat.” En lykas in man ferbline wêze kin troch it ljocht fan de sinne, om’t er dêr rjocht yn op sjoen hat, sa koe ik doe ek hielendal neat mear sjen. Mar doe’t ik mysels in bytsje frij meitsje koe fan it byld, dêr’t ik al dy tiid nei stoarre hie, doe seach ik de grutte rige fan sielen, yn genede oannommen, dy’t nei rjochts gongen wie, en no de sinne en de sân ljochten yn it gesicht hie. Lykas troepen, dy’t it net hâlde kinne yn de slach, omdraaie, en harren skylden en banieren foar harren út hâlde, sa rûnen foar ús út de krêften fan de himel. Hja rûnen foar de hillige wein, yn de nije rjochting. En de tsjillen fan de wein makken in koarte bocht, de hillige fammen draaiden mei, de griffioen luts de hillige wein, en beweegde dêrfoar net mear as ien fear. De eale frouwe, dy’t my oer it wetter lutsen hie, en Statius en ik rûnen de wein efternei. Wy rûnen troch it hillige bosk, dat ferlitten wie troch de skuld fan har, dy’t de slang leaud hie. Us rinnen gie op ’e mjitte fan de sang fan de ingels. Wy wiene, tink ik sa, trije flechten fan in ôfsketten pylk fierder, doe’t Beatrice fan de wein ôf stoep. Ik hearde se allegearre “Adam” monkeljen, en doe foarmen se in sirkel om in beam hinne, in beam, dêr’t gjin blêd, gjin frucht en gjin blom oan siet. Syn krún, dy’t nei’t er heger waard ek breder waard, soe sels foar Yndiërs in bysûndere beam west hawwe. i t fa a i e f joe r 307 “Lokkich binne jo, griffioen, om’t jo neat ôfskuord hawwe fan it swiete hout fan dizze beam. Swiet is it yn ’e mûle, mar it bringt swiere pine letter yn ’e búk.” Sa rôpen alle oaren, dy’t dêr stiene, om de beam hinne. En it twa-natuerewêzen andere: “Sa wurdt it sied fan alle rjocht bewarre.” En hy pakte it tiksel, dêr’t er de wein mei stjoerd hie, wer fêst, en wat fan de beam wie, liet er oan de beam. As yn ’e maitiid op ierde it grutte ljocht fan de sinne op de ierde falt, yn ’e hichte mongen mei it lytse ljocht fan de Fisken, as dan de beammen útsprute, elk yn syn eigen kleur, oan de tiid ta, dat de sinne syn wein lûke lit yn in oar stjerrebyld, dan fernijt de natuer himsels. Sa, mear mei de kleur fan fioelen as fan roazen útsprutend, fernijde de beam himsels, de beam, dy’t earst allinne syn keale tûken sjen litten hie. De lofsang, dy’t de sillige sielen doe songen, wurdt hjir op ierde net heard, ik koe dy ek net ferstean, en de melody koe ik hast net ferneare. As immen útportrettearje koe hoe’t stadich oan de sliep kaam oer de ûnbarmhertige eagen fan Syrinx, de eagen, dy’t der safolle fan te lijen krigen hawwe dat se wekker bliuwe moasten, mear as de eagen fan de oaren, as in skilder dat útbyldzje koe, dan soe er ek earlik útbyldzje kinne hoe’t ik yn ’e sliep rekke. Mar wa kin dat skilderje? Ik net. En dêrom slach ik alles oer, oant ik wer wekker waard, en fertel, dat der ynienen in ljochtskynsel trochkrong yn myn sliep, en in stim rôp: “Wurd wekker. Wat dogge jo hjirre?” Doe’t de blommen fan de appelbeam, dêr’t de ingelen fan nei de fruchten longerje, toand wiene oan Petrus, Johannes en Jacobus, doe foelen hja ek yn ’e sliep, en waarden der earst út helle troch it Wurd, dat ek in djippere sliep brekke koe. En hja seagen doe, dat harren selskip aardich lytser wurden wie, om’t Mozes en Elia der net mear by wiene, en it ljochtsjende klaad fan de Master wer ta gewoane klean wurden wie. Krekt sa waard ik wekker út myn dream, en oer my hinne bûgd stie de frouwe, dy’t my laat hie, 308 di v i na com m e di a de stream bylâns. Bang rôp ik: “Wêr is Beatrice? Wêr is se?” En de frouwe: “Hja sit dêre, op de woartel fan de beam, ûnder de nije tûken. En de oaren, dy’t om har hinne sieten, geane no omheech, mei swietere en djippere sangen.” As se mear sein hawwe soe: dy wurden binne dan net ta my trochkrongen, want myn eagen waarden no wer hielendal fêstholden troch Beatrice. Al myn sintugen wiene sletten foar alles wat sy net wie. Hja siet op de keale grûn, hielendal allinne efterlitten, en paste op de wein, dy’t it twafâldige bist oan de beam fêstlein hie. In grutte mannichte makke in sirkel om de sân nimfen hinne. Dy hiene ljochten yn ’e hân, dy’t ek troch de hurdste wyn net útblaasd wurde koene. “Hjir, yn dit bosk sille jo in frjemde wêze, en dan, mei my, foar altyd in boarger fan dat Rome, dêr’t ek Kristus in Romein is. Dêrom: sjoch no allinne nei de wein, dat jo alles goed opskriuwe kinne wat jo sjoen hawwe.” Sa sei Beatrice, en ik, foar har delbûgd, seach de kant út, dy’t sy oanwiisd hie. Gjin wjerljocht sprong ea sa gau út in swiere wolk yn ’e fierte, as dat doe de fûgel fan Jupiter omleech foel, de beam bylâns, blommen, tûken en bast meinimmend. Hy joech de wein in hurde klap, sa, dat dy skodde as in skip yn in swiere stoarm. Doe seach ik in wolvinne, dy’t der úthongere út seach. Dy doarst it oan en spring efter yn ’e wein. Mar myn frouwe beskrobbe him, en stjoerde him werom. En de foks gie werom, sa hurd as in sek bonken mar gean kin. Doe seach ik de grutte fûgel jitris delkommen, de wein yn en hy folle de hiele wein mei syn fearren. En fan de himel út hearde ik in drôve stimme: “O, wat in lêst moatte jo drage, myn lyts skipke.” Doe seach ik dat de grûn iepenskuorde tusken de twa tsjillen fan de wein, en in draak kaam omheech, en stiek syn sturt yn de wein. En lykas in nidige wesp, dy’t syn angel útstekt en daalks wer ynlûkt, sa luts er de sturt daalks wer werom, de flier fan de wein iepenskuorrend, en hy kronkele fierder. Wat oerbleaun i t fa a i e f joe r 309 wie, seach der út as fruchtbere ierde, mei gers oerdutsen. Mar gjin gers wie it, it wiene fearren, dy’t hjir de ierde oerdutsen hiene. En yn in sucht wiene ek it tiksel en de tsjillen mei fearren oerdutsen. Doe skeaten út it hillige oerbliuwsel sân koppen omheech, trije op it tiksel en ien op alle hoeken. En dy sân groeiden út, de trije mei hoarnen lykas oksen dy hawwe, de fjouwer mei ien hoarn. It gehiel wie no in meunster lykas nimmen it ea sjoen hat. En wylst ik, sûnder earne bang foar te wêzen, as fan in hege burcht út nei alles seach, seach ik in ljidske op de draak sitten, dy’t ûnbeskamme om har hinne seach. Om derfoar te soargjen, dat nimmen har meinimme koe, stie dêr njonken har in reus, dy’t har ferskate kearen tute. Mar om’t se har begearige eagen ek op my rjochte hie, waard se troch dy woaste frijer gisele fan de holle oant de fuotten. Doe makke de reus it meunster los fan de beam. Hy tôge it mei, en de beammen fan it bosk wiene in skerm tusken my en it meunster mei it ljidske. 310 di v i na com m e di a by canto x x xii • De frou, dy’t harke hat nei de slang: Eva. • Yn de iere maitiid stiet de sinne yn it stjerrebyld fan de Fisken, letter yn de Raam • Syrinx is in figuer út de ferhalen fan tûzen en ien nacht. Pan wurdt op har fereale, en alderhanne figueren wurde dan yn bisten feroare. • Mattéus 17, 1-8 oer de ferhearliking fan Jezus op de berch: “Syn gesicht striele lykas de sinne, en syn klean waarden wyt as snie. Doe seagen se ynienen, dat Mozes en Elia mei Him stiene te praten… Se sloegen de eagen op, en seagen Jezus allinne.” De appelbeam komt út it Heechliet 2,3: “As in appelbeam tusken de beammen fan it bosk, sa is myn leafste tusken de jongfeinten.” • Jezus is gjin boarger fan it ierdske Rome, Dante hat dêr tefolle bedjer sjoen, en hy hat ek de flecht fan de pausen nei Avignon meimakke. Jezus is boarger fan it himelske Rome. • It ein fan dit Canto skriuwt oer wat Dante seach flak foar’t er de himel yngean sil. De bisten fan it alderearste begjin komme wer yn syn ûnthâld werom. En alle soarten apokalyptyske bylden wurde brûkt, faaks ek om oan te tsjutten wat der yn Rome bard is, of noch barre sil. i t fa a i e f joe r 311 [ canto xxxiii ] “D eus venerunt gentes”: de sân nimfen songen it ôfwikseljend yn koar, earst de trije en dan de fjouwer lieten de swiete sang opstige nei de himel. En Beatrice, dy’t se sjongen hearde, suchte sa djip en sa fol meilijen, dat sels Marije net mear oangrypt wêze koe doe’t se stie ûnder it krús. Mar doe’t de oare fammen net mear fierder songen, en har de kâns joegen wat te sizzen, doe stie se rjocht, en andere mei in kleur as fjoer: “Modicum et non videbitis me. Et iterum, leave susters, modicum et vos videbitis me.” En doe liet se de sân foar har útrinne, en mei in inkeld teken oan my, oan de frouwe en de wize, dy’t by my bleaun wiene, joech sy de oanwizing har te folgjen. Sa rûnen wy fierder, mar sy hie noch gjin tsien stappen rûn, doe’t hja my oanseach en tige rêstich tsjin my sei: “Kom wat tichterby, want ik wol wat tsjin jo sizze wylst wy fierder rinne, dat kinne jo dan better ferstean.” En doe’t ik, lykas sy it winske hie, njonken har fierder rûn, sei hja my: “Leave broer, wêrom freegje jo my net mear, no’t wy tegearre fierder rinne?” Lykas harren, dy’t sa fol earbied binne as hja mei harren mearderen prate, dat hja de tonge net fan ’e tosken ôf krije kinne, sa barde it ek mei my. Ik koe inkeld mei in heal lûd sizze: “Frouwe, jo witte alles, wat my yn need brocht hat, en ek alles, wat goed foar my wêze soe.” En sy tsjin my: “Ik soe graach wolle, dat jo jo losmeitsje fan alle bangens en alle skamte, en fan no ôf net mear prate as immen, dy’t heal wekker is. De wein, dy’t troch de draak ferneatige is, wie der wol, mar is der net mear. Mar elts, dy’t leaut, kin der wis fan wêze, dat oan de wrake fan God net te ûntkommen is. De fûgel, dy’t jo sjoen hawwe, hat syn fearren dêr efterlitten by de wein, dy’t dêrtroch ta in meunster wurden is, en doe in proai 312 di v i na com m e di a foar de reus. It is mooglik, dat der wer in nij meunster komt, mar ik sjoch no al in nij stjerrebyld, dat komt, en dat ús in tiid bringe sil, dêr’t troch Gods beskikkings fiifhûndert en tsien en fiif it teken wêze sil fan immen dy’t komt, en delslaan sil en hielendal útskeakelje de reus en de hoer, mei wa’t er libbet. Myn foarsizzings kinne sa tsjuster wêze as dy fan Themis en de Sfinx, mar yn gauwens sil der immen komme as de nije Odysseus. Dy sil de tsjustere knotte losmeitsje, sûnder dat er weet of skiep kwytrekket. Let goed op myn wurden, en as jo wer wat lucht krigen hawwe, brûk dy dan, en werhelje se foar harren, foar wa’t it libben net oars is as hurdrinnen nei de dea. En as jo safier komme dat jo se opskriuwe kinne, meitsje dan dúdlik dat jo no de beam sjoen hawwe, dy’t twaris keal makke is. En eltsenien, dy’t dy beam keal makket, of syn skeinende hannen tsjin him brûkt, giet tsjin de wil fan God yn, dy’t de beam hillich skepen hat, allinne foar Him. Foar ien inkelde byt binne folle triennen gûld, fiiftûzen jier lang, en mear, jierren fol langstme, langstme nei Him, dy’t de byt yn syn eigen flêsk bestraft hat. Jo moatte sliept hawwe, dat jo net sjoen hawwe, dat der in bysûndere reden is, dat de beam sa heech wurden is, en mei in omkearde krún dêr stiet. En hiene net as it wetter fan de Elsa jo tinzen west, en jo wille as de wille fan Pyramus by de moerbeibeam, dan soene jo troch alles om de beam hinne de rjochtfeardigens fan God begrepen hawwe yn syn doel foar de minske mei de foarm fan de beam. It is myn winsk – want ik sjoch dat jo ferstân feroare is yn stien, en tsjuster is as stien, en dat it ljocht fan wat ik ferteld ha jo blyn makket – dat jo, ek as jo it net beskriuwe kinne, dochs it byld fêsthâlde yn jo geast. Lykas pylgers olivetûken oan harren pylgerstêf fêstbine, om sjen te litten, wêr’t hja west hawwe.” En ik ta har: “Lykas in segelring in byld yn de waaks ôfprintet dat net mear feroare wurde kin, sa is jo segel printe yn myn geast. Mar wêrom i t fa a i e f joe r 313 geane jo wurden, dêr’t ik sa nei útsjoen ha, sa fier boppe myn ferstân út, dat ik se wat langer wat minder begryp, hoe’t ik it ek besykje?” “Myn tinzen fleane sa heech,” sa andere se, “dat jo begripe sille hokker skoalle jo hân hawwe, en hoefier’t dat, wat jo leard hawwe, yn steat is myn tinzen te folgjen. Sa sjogge jo ek hoefier’t de wegen fan de minske, hoe goed oft er ek syn bêst docht, fier wei bliuwe fan God, safier as de himel is fan de ierde.” “Mar,” andere ik, “ik ha my, foarsafier’t ik it wit, nea fan jo ôfkeard. Myn gewisse klaget my net oan.” “As jo it jo net mear te binnen bringe kinne,” sa glimke hja, “tink der dan noch mar ris oan, dat jo hjoed it wetter fan de Lethe dronken hawwe. En lykas reek dúdlik sjen lit dat der earne fjoer is, sa lit jo winsk om alles te ferjitten de skuldigens fan jo wil sjen, dy’t earne oars op rjochte wie. Mar ik sil derfoar soargje dat ik de ienfâldichste wurden útsykje, en sa alles dúdlik meitsje foar jo behyplik ferstân.” Mei har flamjend ljocht en har wat stadiger gong hie de sinne de middeissirkel berikt, dy’t oer de wrâld plak foar plak de middei oankundiget. En doe ynienen, lykas wannear’t immen, dy’t in hiele kloft minsken liede moat, ynienen stilstiet as er wat bysûnders sjocht, sa stiene de Sân ynienen stil ûnder in bleek skaad, lykas yn de Alpen bytiden ûnder de griene tûken sokke bleke skaden hingje. En dêr like it, dat de Eufraat en de Tigris as út ien boarne nei boppen kamen, en lykas freonen wat beswierlik útinoar giene. “O, ljocht en gloarje fan it minskdom,” sa rôp ik, “wat is dit foar in stream, dy’t út ien boarne komt, en dan nei twa kanten útinoar giet?” As andert op myn frage hearde ik de namme “Matilde” en “freegje har”. En dy’t dat sei like immen, dy’t himsels fan alle blaam frijsprekke woe. “Dit en noch folle mear ha ik him hjoed útlein, en de Lethe kin dit net allegearre út syn ûnthâld weispield hawwe.” En Beatrice: “Faaks hawwe grutte soargen, lykas soks fakernôch bart, syn ûnthâld wat minder skerp 31 4 di v i na com m e di a makke. Mar sjoch: dêr is de Eunoë. Fier him, lykas it wenst is, ta de igge fan dy swiete stream, en lit troch dat hillige wetter de machten, dy’t him sa swak makke hawwe, stjerre.” Doe, as in willige siel, dy’t syn eigen wil graach skikt nei de wil fan in oar, sa gau’t er dúdlik sjoen hat wat dy oar graach wol, sa naam dy eale frouwe my by de hân, en sei sêft en dimmen tsjin Statius: “Geane jo mei him?” Lêzer, as ik no safolle skriuwe koe as ik woe, dan soe ik de lof sjonge fan dat swiete drinken, dêr’t ik nea genôch fan krije koe. Mar ik ha alle blêden, ornearre foar dit, myn twadde dichtwurk, folskreaun, en de keunst hâldt my mei izeren hân yn de stringen. Ik kaam werom fan dat hillige wetter, hielendal nij, op ’e nij berne, lykas in beam yn ’e sinne, dy’t yn ’e maitiid himsels wer jong makket mei syn nije blêden. Lottere wie ik. En klear om op te stigen nei de stjerren. i t fa a i e f joe r 315 by canto x x xiii • Deus, venerunt: Psalm 79: “O, God, de heidenen binne jo erfdiel ynkrongen, se hawwe jo hillige timpel skeind, en fan Jeruzalem in púnfal makke.” • Modicum: Johannes 16,16: “Noch in lyts skoft, dan sille jimme my net mear sjen, en wer in koart skoft, dan sille jimme my sjen.” • De fûgel, dy’t syn fearren oer de wein hinne struit, is mei folle oare bylden yn dit Canto in symboal fan it hillige Romeinske Ryk fan de Dútske Naasje, en troch dit hiele Canto hinne spilet de skiednis fan Itaalje en dit Ryk. Dante wit, as er syn reis troch it Purgatorium beskriuwt, allang wat der sûnt 1300, doe’t er de reis makke hawwe soe, bard is – de pausen binne weitein út Rome ensfh., en dat beskriuwt er. • 510+5: In soarte fan koade, om de foarsizzings fan Beatrice ôf te sluten. Oer de betsjutting is neat te sizzen, der is dus al o sa folle oer skreaun. • 5000 jier: Dante giet der – yn 1300 – fan út, dat Adam 4000 foar Kristus libbe. • It riedsel fan Thebe en de sfinx: Wa giet op fjouwer fuotten yn ’e moarn, middeis op twa, jûns op trije? Andert: de minske, as beuker, as man, en as in âld man mei in stok. Oedipus wist it, en hat dêr de sfinx mei útskeakele. • De Elsa is in stream mei in soad kalk, dy’t alles ferstiennet. • Matilde is de namme fan de frou, dy’t Dante yn de lêste fjouwer Canti begeliedt. Har namme wurdt no pas neamd, wa’t dermei bedoeld wurdt, is net dúdlik. 316 di v i na com m e di a l a di v i na c om m e di a Philipp Veitt (*1793 - †1877) Frescocyclus yn Casino Massimo yn Rome, Dante seal, Szene: Das Empyreum und Gestalten aus den acht Himmeln des Paradieses di e l 3 It paradys Ynlieding It tredde diel fan Dante syn dichtwurk hat fan it gehiel in ‘Commedia’, in blijspul, makke. De blidens stiet sintraal, hast yn alle Canti. Yn de himel is eltsen ien bliid, ek al sit er op it ûnderste plak yn de leechste himel. Eltsenien is dêr gelyk, en dochs is der in rangoarder. Fan de leechste himel komt de dichter stadichoan nei de heechste. Hy begjint yn it ierdske paradys, stiicht dan op nei de moanne, dêr’t de silligen wenje, dy’t mei harren geloften wraksele hawwe. Dan nei Mercurius, dêr’t er mei keizer Justinianus praat. Carlo Martello is syn ynformator op Venus, mei de fromme froulju, dy’t út in net al te bêst ferline dochs ta de silligens kommen binne. De fjirde himel leit op ’e sinne. De tsjerkeleararen, en benammen Thomas fan Aquino, moet sje de dichter dêr. Thomas priizget Franciscus, de Fransiskaan Bonaventura Dominicus. Dan stiicht Dante op nei Mars, de reade ‘stjer’. Dêr heart er Cacciaguida, de pake fan syn pake, martler om’t er yn de striid tsjin de Sarasenen omkommen is. Fan Mars nei Jupiter, dêr’t de rjochtfeardige bestjoerders harren sit hawwe. Dan nei de sânde himel op Saturnus. De kontemplativen binne dêr. Dan komt er omheech nei de fêste stjerren, dêr’t de heechste himelen binne. Dêr wurdt troch Petrus, Jacobus en Johannes it leauwe, de hope en de leafde fan Dante tante. Petrus is poer oer de minne pausen fan Dantes tiid: Bonifatius vii en Clemens vii. De dichter komt dan oan yn de heechste sfear: it fêste punt, tagelyk it primum mobile, de troan fan God. Mei de ingelen yn rangoarder: allegearre gelyk, en dochs allegearre ferskillend. Dan nimt Beatrice o sa stil ôfskie. Foar de lêste kear hellet Dante de polityk fan syn tiid derby, as er de troan fan keizer Hindrik i t pa r a dy s 321 al klearmeitsje lit yn ’e himel. En dan it hichtepunt en tagelyk de ein. Dante hat de himel en de himellichems beskreaun neffens de wittenskip fan syn tiid. De ierde stiet fêst, yn ’e midden fan it hielal, sinne en moanne draaie dêromhinne. Ek de planeten, dy’t er stjerren neamt. Mar ek de stjerren krije by him as lytse ‘himellichemkes’ harren ljocht fan de sinne. Ek de téology en de skiedskriuwing is typysk foar de fjirtjinde ieu. It Romeinske Ryk stiet sintraal yn de skiedskôgingen, ek as it needsaaklik kader foar de hillige Romeinske katolike Tsjerke. De téology is de skolastike téology, mei syn grutte ynteresse yn it tal en de rangoarder fan de ingelen, mei syn grutte earbied foar de martlers, dêr’t ek alle by de krústochten fallen kristenen by hearre. En mei grutte krityk op de pausen, dy’t mei de ferkearden in bûn sletten hawwe, dy’t te weeldrich libje, en tefolle op jild út binne. Hja sille yn 1309 harren yn Avignon nei wenjen sette. Dante hat dat noch meimakke, it wie in ferskrikking foar him. De ein is winliken dochs in iepene ein. Dante freget syn lêzers begryp te hawwen foar de foarm en de ynhâld fan syn dichtwurk, en freget harren ek it mei begryp te lêzen. De oersetter slút him dêr, ek foar de oersetting, graach by oan. Rotterdam, Peaske 2005 p.w. brou w er 322 l a di v i na com m e di a [ canto i ] D e gloarje fan Him, dy’t alles beweecht, strielet troch yn alles wat beweecht yn it hielal, en ljochtet op yn elts ding, neffens de wearde, dy’t it hat. Ik ha yn ’e himel west, op it plak dêr’t syn ljocht it fûlste strielet, en wat ik dêr seach: no’t ik wer deltein bin op ierde, kin ik perfoarst alles net beskriuwe wat ik sjoen ha. Ik ha de kennisse net, en de macht net. Want as ús yntellekt ticht by syn doel kommen is, dan geane der sokke djipten fan begryp iepen, dat it ûnthâld it net allegearre fêstlizze kin. Lykwols: de tiid, dy’t my noch oerlitten is en beskriuw dêr de skatten fan it himelske keninkryk yn, sil ik brûke foar myn fersen. O, goede Apollo, foar myn lêste opdracht freegje ik jo: meitsje my sa’n fet fan jo machten as jo it freegje soene fan immen dy’t jo mei jo lauwertûken kroane soene. Oant no ta wie ien top fan de Parnassus my genôch, mar no ha ik beide toppen nedich, no’t ik foar de lêste kear de arena yngean sil. Kom yn myn herte en yn myn geast, lykas jo dat dien hawwe, doe’t jo Marsyas lutsen hawwe út de skie fan syn lidden. O, godlike macht, jou my jo hege krêft, sa, dat ik in skaad dúdlik meitsje kin fan wat fan jo hege keninkryk yn myn ûnthâld fêstlein is. Dan sille jo sjen, hoe’t ik by jo dierbere beam kommen bin, en dan kin ik my kroane mei de griene tûken, dêr’t it beskriuwen fan myn hege tema my weardich foar makke hat. Sa seldsum wurde dy byinoar fandele, Hege Heit, om de oerwinning fan in keizer of de triomf fan in dichter te kroanen. O, skuld en skande fan it minsklik wollen! De blide Delfyske god soe bliid wurden wêze yn it Peneyske grien as der in minske west hawwe soe, dy’t dêr nei toarste hie. Grutte flammen wurde oanstutsen troch lytse fûnken. Sa sil faaks ek in bettere stimme sokke gebedens nei de i t pa r a dy s 323 himel stjoere dat de Cyrrha anderje sil. De lampe fan de wrâld strielet troch ferskate iepeningen hinne, mar troch Him, dy’t de trije krusen mei de fjouwer sirkels gearbrocht hat, hat de sinne in bettere omgong krigen. No makket er it waaks fan de wrâld makliker waarm, en lit er it mear neffens de eigen natuer funksjonearje. Dy goede konjunksje hat it hjoed hjir no al jûn makke, en moarn dêre. Yn it suden is it al ljocht, wylst it yn de noardlike hemysfear noch tsjuster is. Doe seach ik Beatrice oan myn lofterhân mei har eagen rjochte op ’e sinne. Gjin earn hat ea sa rjocht yn de sinne sjoen. En, lykas in striel út de hege himel wei in oare striel opropt, dy’t wer omheech strielet, lykas in pylger, dy’t bliid wer nei hûs werom giet, sa wie har ferskining as in striel nei myn geast, dy’t wer in nije striel opropt: ik stoarre nei in sinne, dy’t sa fûl skynde, dat er my blyn makke hawwe soe. Mar ús sinnen kinne folle mear hawwe op dit plak, dat makke is om it eigen plak foar de minske te wêzen. En dy krêft is ús sinnen net tastien salang as wy hjir binne. Ik moast al gau in oare kant út sjen, mar net foar’t ik sjoen hie, dat it om har hinne fûnkele lykas by krekt útgetten wythyt izer. En sa gau’t ik har seach, waard in twadde dei oan de dei taheakke, as hie Hy, dy’t soks dwaan kin, in nije sinne ta gloarje fan de himel njonken de al besteande set. Beatrice stoarre nei de ivige sfearen sûnder te bewegen, en ik stoarre nei har. En wylst ik seach, fielde ik stadich wat Glaucus fielde, doe’t er fan it krûd iten hie, dat him ta in god makke tusken de oare goaden fan de see. Hoe soene jo wat boppe de minske út giet mei minsklike wurden beskriuwe kinne? Lit it foarbyld foar himsels sprekke, oant Gods genede de suvere geast tastiet it sels ûnderfine te kinnen. Doe’t ik opgie yn it lêst skepen part fan myn wêzen, doe, o Leafde dy’t de himel stjoert, Jo witte waans lampe my laat hat! Doe’t it grutte tsjil, dat altyd mar trochdraait, rjochte op Jo, myn oandacht ien kear lutsen hie troch de harmony, 32 4 l a di v i na com m e di a oproppen en heard troch Jo, seach ik de flam fan de sinne fan de iene kant fan de himel nei de oare. Rein en streamen kinne nea in mar meitsje, dy’t sa grut is, en sa rom. De nijens fan it lûd, dat ik hearde, en it grutte ljocht, dat ik seach, ûntstieken yn my sa’n langstme nei de Oarsaak as ik nea field hie. En hja, dy’t al myn tinzen like goed seach as ik, seach hoe ferwûndere oft ik wie. Noch foar’t ik eat freegje koe, hie se it andert al klear. Sa begûn se: “Jo slute jo ôf foar wat jo sjogge mei falske ferbyldingen. Jo hawwe net troch wat nedich is om helder te sjen. Jo tinke, dat jo noch op ierde binne. De wjerljocht giet net sa hurd troch de loft as jo tinzen eltse kear wer nei de ierde werom geane.” Ik wie troch har wurden fan myn ferbjustering frij kommen, mar ik seach mysels opnommen yn in oare fraach, en ik sei: “Myn geast is al wat bykommen fan de ferwûndering troch wat jo sein hawwe, mar no bin ik op ’e nij ferbjustere: hoe kin ik mei myn swierte troch dizze ljochte romte omheech komme?” Hja suchte, en seach my oan lykas in mem sjocht nei har dwilerich bern. En begûn: “Alle dingen hawwe in ynderlike oarder, en it is dy oarder, dy’t makket dat de hiele skepping op de Skepper liket. En de hegere skepsels sjogge yn dy oarder it spoar fan de ivige wearden. Dat is it doel, dêr’t de niisneamde oarder foar makke is. Yn dy oarder siket, neffens de wetten fan de natuer, alles syn eigen wei nei de Earste Oarsprong. Sa fynt elts skepsel syn eigen haven oer de grutte see fan it bestean. En elts hat syn eigen ynskepen krêften, dy’t ús liede. Dy krêften lûke it fjoer nei de moanne, de krêften bewege it stjerlike herte, dy krêften meitsje de ierde ien. Net allinne de stomme bisten wurde dêrtroch dreaun, mar eltsenien, dy’t ferstân en leafde hat, is rjochte op syn doel, lykas troch in bôge, dy’t de pylken de loft yn sjit. De foarsjennigens, dy’t makke hat dat alles dernei longeret, jout eltsenien syn ljocht hjir yn ’e himel, dêr’t de sfearen ominoar hinne draaie. Hjirre en no binne wy as i t pa r a dy s 325 twa pylken, rjochte op in gouden doel. It is wier, dat fakernôch de foarm fan in ding net wurden is wat de keunstner derfan meitsje woe, om’t de matearje net woe wat hy woe. Sa wykt it skepsel bytiden fier ôf fan syn wiere opdracht, mar dochs hâldt it skepsel de krêft om dêr wer nei werom te gean. Lykas jo it ek sjen kinne by it fjoer, dat fan de himel komt, en dat fan in falske langstme út fan de wolk út earst nei de ierde komt, en fakernôch as in flamme dan wer nei de himel opstiicht. Jo moatte, lykas ik it sjoch, jo omheech gean net wûnderliker fine as it streamen fan in rivier fan de berch ôf nei it dal omleech. Nuver soe it wêze as jo no, frij as jo binne fan eltse behindering, hjir stil sitten bleaune, krekt sa nuver as in flamme, dy’t net fan de ierde ôf omheech gean soe.” En doe’t hja dit sein hie, seach hja wer omheech, nei de himel. 326 l a di v i na com m e di a by canto i • De Parnassus hie twa toppen: Nisa, dêr’t de Muzen wenje soene, en Cyrrha, dêr’t Apollo wenne. Dante hie al dy hege stipers nedich foar syn beskriuwing fan it paradys. • Marsyas: in sater, dy’t mei Apollo kampje woe wa’t it bêste sjonge koe. Apollo fûn dat sa min, dat er him doe strûpt hat. Dante freget no Apollo him sa ynventyf by te stean as doe, doe’t er Marsyas út syn hûd naam. • De blide Delfyske god: Apollo. • Peneysk: De riviergod Peneus wie de heit fan Daphne. Apollo waard fereale op har, mar hja woe perfoarst faam bliuwe. Har heit hat har doe yn in laurierbeam feroare. Peneysk grien is dus in oare namme foar lauwertûken. • De ‘iepeningen’ (“foci”), dêr’t Dante oer skriuwt, binne dy plakken oan de hoarizon, dêr’t de sinne troch opkomt. De sinne komt dan troch fjouwer sirkels tagelyk: de hoarizon, de equator, de diereriem, en de sirkel, dy’t dei en nacht skiedt. Tagelyk makket de sinne dan trije krusingen. Dantes ‘stjerrekunde’ wurdt ek wer ‘mystyk’ útlein: de trije krusen binne de godlike deugden, de sirkels de minsklike. • Glaucus hie sjoen, hoe’t de fisken, dy’t er fongen hie en op it lân goaid, wat iten hiene fan in krûd, en, ynienen wer libben, de see yn sprongen. Ek hy iet fan dat krûd, en waard ûnstjerlik. Sjoch de Metamorfoazen fan Ovidius, xiii. i t pa r a dy s 327 [ canto ii ] O jimme, dy’t om’t jimme sa graach dizze dingen hearre woene, oant safier ús folge hawwe yn jimme lyts skipke efter in grut skip oan, dat sylt en sjongt, gean werom, en sykje de wei wer nei jimme eigen strân. Want as jimme my kwytreitsje soene, is alles ferlern. Myn koerts is útset oer in djippe see, dêr’t gjin kaarten fan binne. Minerva follet myn seilen, Apollo stjoert. En de njoggen Muzen hawwe de poalstjerre foar my opsocht. Jimme oaren, de pear, dy’t fêst fan doel binne it brea fan de ingelen te iten, it brea dêr’t wy hjir fan libje, mar dêr’t gjin man ea sêd fan wurde kin, jim kinne wol deun efter my oan farre, foar’t it wetter efter my wer hielendal glêd wurden is, mar de helden, dy’t nei Colchis syld binne, wiene net sa ferwûndere doe’t sy harren romrofte Jason ynienen efter de ploege seagen as jim aanst wêze sille. De ivige toarst, dy’t wy fiele om de godlike dingen te witten, triuwt ús like hurd fierder as it godlike tsjil fan de himel foar ús eagen draait. Beatrice seach omheech, en ik seach nei har. Doe, like fluch as in pylk út in bôge, wie ik op it plak dêr’t ik niis noch nei sjoen hie. En it koe net foar har ferburgen bliuwe, hoe ferwûndere oft ik wie. Hja kearde har nei my ta, en sei my, en hja wie like bliid as hja moai wie: “Rjochtsje no al jo tinzen op God, dy’t ús hjir byinoar brocht hat.” It like my ta, dat wy beiden yn in ôfsletten wolk fan ljocht wiene, in ljochte wolk as in goed slipe diamant, troffen troch de sinnestrielen. Wy wiene byinoar brocht yn de eleminten fan in ivige pearel, dy’t wie as it wetter, dat it ljocht nei him ta lûkt sûnder dat it sels feroaret. It bliuwt hielendal ien stof. Sa sil in minske hjirre nea begripe kinne, dat in substânsje in oare substânsje hielendal yn him opnimt, en dochs deselde substânsje bliuwt. En sa ûntstiet noch mear de begearte sa dúdlik 328 l a di v i na com m e di a as de sinne dat Wêzen te sjen, dêr’t ús natuer en God yn feriene binne. Dan sille wy sjen kinne, dat wat wy troch it leauwe witte, net troch it ferstân, mar troch Himsels ús dúdlik makke wurdt, dúdlik as in aksioma foar ús hjir op ierde. “Myn frouwe,” sa andere ik har, “sa tawijd as ik mar kin, tankje ik Him, dy’t my fan de stoflike wrâld weinommen hat. Mar sis my dochs, wat binne dy tsjustere spoaren op dit ljochte lichem, dêr’t de minsken ûnder op ’e ierde oer fabelje, dat se fan Kain binne?” Sy glimke efkes, en sei doe: “As de stjerlike minsken dwale omdat harren sintugen harren net de wierheid dúdlik meitsje kinne, dan hoege jo dêrom gjin pylken fan fernuvering mear te reitsjen. Want jo sjogge, dat it ferstân, sels as it al op ’e sintugen oan kin, noch altyd te koart fan wjokken is. Mar sis my no, wat jo dêr út josels oer tinke.” En ik: “Dat dizze feroarings, dy’t wy sjen kinne, sa binne as se binne, komt neffens my troch it ferskil yn tichtens fan de ferskynsels.” En sy wer: “Jo sille wis noch wol earne foar it ferstân krije, dat jo tinzen noch altyd ûnderdompele binne yn ligerij, as jo goed harkje nei wat ik dêrtsjinyn sizze sil. De achtste sfear, dy fan de stjerren, skynt troch in mannichte fan lampkes, en dy litte allegearre eigene dingen sjen. As de ilens of de tichtens de ferskillen meitsje soe, dan soene se allegearre folslein gelyk wêze. Mar dat binne se net, en de ferskatens kin inkeld komme troch ferskate begjinsels, en dy soene der, neffens jo riddenearring, net wêze. En ek: as de ilens of de tichtens de oarsaak wêze soe, dan soe ek op somlike plakken dizze planeet ûntdien wêze moatte fan alle matearje. Of, lykas in libben lichem it fette en it meagere sels ferdielt, sa soe dit himellichem sels syn lagen ferdiele kinne, lykas ek in boek, dat tsjokke en tindere bledsiden hat. Mar by in sinnefertsjustering kinne jo sjen, dat de sinne der net trochhinne skynt, lykas dit barre soe troch eat, dat yl is. En dêrom moatte wy nei oare mooglikheden omsjen. En as ik ek jo oare riddenaasjes oanpakt ha, dan sille jo sjen, dat ek dy net wier i t pa r a dy s 329 wêze kinne. Want as it sa is, dat de ilens net troch-en-de-troch yl is, dan is der in plak, dêr’t it ljocht net fierder komme kin, mar weromstjoerd wurde soe, lykas ljocht en kleur weromstjoerd wurde troch glês, dêr’t lead efter oanbrocht is. No soene jo sizze kinne, dat de ljochtstriel dêr wat tsjusterder troch wurden is, om’t er no fan fierder komme moat. Mar fan dit foaroardiel kinne jo los komme troch in eksperimint, dat de boarne wêze kin dy’t eltse minsklike keunst fiedt. Nim trije heldere spegels. Set der twa fan like fier fan jo ôf, en de tredde tusken de twa yn, mar in eintsje fierder fan jo ôf. Sjoch no goed harren kant út, en set in ljochtboarne efter jo, sa dat it ljocht troch alle trije de spegels weromkeatst wurdt. Dan sille jo sjen kinne, dat alhoewol’t it ljocht dat fan de fierste spegel komt net sa fûl wêze kin as dat fan de oare twa, it dochs like sterk is. Mar no: lykas troch de krêft fan de sinnestrielen de grûn, dy’t ûnder de snie leit, wer ûntbleate wurdt fan de kleur en de kjeld fan de snie, dy’t deroerhinne lein hat, sa wol ik dat jo ferstân, fan alle falske tinzen ûntbleate, mei sokke helderens strielet yn de libbene wierheid, dat it opspringt en trillet as jo it sjogge. Yn de himel fan ’e godlike frede efter it útspansel draait in lichem mei sa’n macht, dat alles dat dêrbinnenyn bestiet oan Him syn wêzen ûntlient. De sfear dêrefter dielt dizze macht út nei alle oare sfearen, dy’t fan de heechste ferskille en troch dy heechste omfette wurde. En de oare sfearen, yn ferskate graden, brûke dy krêften foarsafier’t sy se brûke kinne. En al dizze ûnderdielen fan de grutte wrâld, lykas jo it no witte, geane stap foar stap fierder. Elts yn syn eigen oarder nimt de macht oer fan boppen, en jout dy troch nei ûnderen. Sjoch no goed, hoe’t ik dizze wei fan riddenearjen bylâns nei de wierheid kom, dy’t jo sa graach witte wolle, sa, dat jo yn it ferfolch de wei allinne fine kinne. It bewegen en de machten fan de hillige himelkriten – bestjoerd lykas de hammer fan de smid laat wurdt – wurde regele troch de sillige bewegers. En sa makket de himel 330 l a di v i na com m e di a it tsjil fan syn omgong sichtber en noflik foar ús om nei te sjen troch safolle ljochten. Troch de djippe krêft ek, dy’t him liedt, en in byld en in seal fan him foarmet. En lykas in siel yn de stjerlike klaai troch ferskate lidden, dy’t foarme binne foar ferskate doelen, libje kin, sa hat ek de grutte Geast, dy’t alles bestjoert, him utere troch de ferskate stjerren, dy’t allegearre yn syn ienheid bewege. Ferskate eigenskippen meitsje ferskate wetten foar dit kostlik lichem, dat se libje litte, en dêr’t se lykas alle libben ek yn jo, oan bûn binne. Fanwege de blide natuer, dêr’t er út fuortkommen is, skynt dizze macht troch it lichem hinne, lykas de blidens fakentiids troch de eagen hinne him ljochtsjend sjen lit. Ut dizze boarne, en net troch nuvere en frjemde betinksels, komt mei itselde ljocht, mar dochs altyd wer ferskillend, it alles bewegende begjinsel ta ús, waans gruttens jo no yn alle tekens dúdlik wurden is, troch alle tsjusternis en alle klearens hinne. by canto ii • Minerva: goadinne fan de wiisheid. • Colchis: de kening fan Colchis joech oan Jason, dy’t mei syn maten, de Argonauten, it Gouden Flues feroverje woe, twa fjoerspijende bollen. Jason hat se doe weidzje litten, en dêrnei syn mannen fierder brocht. De mannen wiene tige fernuvere, doe’t harren grutte lieder ynienen in ‘boere-arbeider’ wie. • Kain: de soan fan Adam, dy’t, nei’t er syn broer Abel deade hie, flechtsje moast, en neffens it folksleauwe op ’e moanne feilich wie. As “it mantsje yn de moanne” droech er in tûkebosk oer de moanne hinne. De skriuwer Dante lit Beatrice oan de pylger Dante útlizze, hoe’t soks ferklearre wurde moat. Dúdlik is it foar nimmen. It is it tinken fan 1300, yn it wrâldbyld en it skolastike tinken fan dy tiid, dêr’t de stjerren yn sjoen waarden as lytse gatten yn it ferwulft, dêr’t it ljocht fan de himel trochhinne striele. i t pa r a dy s 331 [ canto iii ] D e sinne, dy’t it fjoer fan de leafde yn myn jonge jierren yn myn boarst ûntstutsen hie, hie my al ridde nearjende it swiete antlit fan de wierheid iepenlein, en ik, myn eagen op har rjochtsjende om’t ik har sizze woe, dat hja my oertsjûge hie, hie noch gjin wurd sein doe’t ik ynienen in fizioen krige, dat my alles fierder ferjitte liet. Lykas troch in helder rút fan krekt slipe glês, of lykas yn in suver, stil wetter, net sa djip dat jo de boaiem net mear sjen kinne, sa, dat jo eagen twa pearels wêze koene yn in wyt gesicht, sa seach ik in tal gesichten, en it like as stie ik tsjin ien oer, dy’t tsjin my prate woe. Myn posysje wie tsjinoersteld oan dy fan de man, dy’t gjin ferskil mear seach tusken man en boarne. En om’t ik tocht, dat de wite gesichten, dy’t ik seach, wjerspegele bylden wiene, draaide ik my om, om nei de bylden te sjen. Mar myn eagen seagen allinne mar de lege loft. Ik seach myn leave begeliedster oan. Har hillige eagen strielen, doe’t hja glimkjend sei: “Ferwûnderje dy net, dat ik glimkje om dyn bernlike reaksje. Do doarst it net oan en nim de feiten oan lykas dy hjir binne, mar sjochst, lykas altyd, earst de leechte yn. Watst foar dy sjochst, binne echte wêzens, en hja binne hjirre om’t hja net altyd trou west hawwe oan harren hillige geloften. Groetsje harren. Harkje nei wat se sizze, en leau it. It wiere ljocht, dat harren opnommen hat, lit net ta, dat in siel bûten de eigen striel komt.” Ik rjochte my ta de siele, dy’t neffens my aldergraachst mei my prate woe. Lykas in minske dy’t yn betizing brocht is, om’t er tefolle yn ien kear dwaan wol, sei ik: “O, hearlik skepen geast, dy’t yn de sinne fan it ivich libben de swietens priuwt, dy’t immen, dy’t dy net preaun hat, nea begripe kin, ik soe o sa bliid wêze, as jo my jo namme op ierde 332 l a di v i na com m e di a sizze woene en jo lot dêre.” Hja andere daalks, glimkjend: “De leafde, dy’t ús opnommen hat, hat de doarren net sletten foar rjochtfeardige ferlangens. Dy leafde wol, dat it hiele himelske hôf oan har gelyk is. Ik wie op ierde in kleastersuster, en as jo noch goed witte, hoe’t ik derút seach, dan sille jo ek noch witte, wa’t ik bin, al bin ik no moaier as ik doe wie. Ik bin Piccarda en ik bin hjir delset, tusken dy oare sielen hjirre, sillige yn de leechste fan de himelsfearen. Us winsken, dy’t allinne winsken wêze kinne yn it wolbehagen fan de Hillige Geast, binne hielendal rjochte – yn blidens – op wat oer ús beskikt is. En dit plak, dat jo leech taskynt, is ús dêrom jûn om’t wy ús geloften fertutearzge hawwe en net hielendal neilibbe hawwe.” En doe ik wer: “Eat, net krekt ûnder wurden te bringen, godlikens strielet jo troch de eagen, en dy tilt jo út boppe wat jo eartiids wiene. Dêrom wie it net maklik jo werom te kennen, mar troch wat jo niis sein hawwe, is dat my makliker wurden. Ik wit no wa’t jo binne. Mar sis my no: jo, dy’t hjir no lokkich binne, soene jo noch graach wat heger in plak krije wolle, om dêr wat mear te sjen, en mear freonen meitsje te kinnen?” Hja glimke wat, en dat diene de geasten om har hinne ek. Doe joech se my in andert, sa bliid, dat it like as wie hja noch yn it fjoer fan har earste leafde. “Broer,” sa sei se, “de macht fan de leafde, dy’t de sillichheid foar ús is, hat al ús wollen rjochte. Wy wolle allinne dat, wat wy hawwe. Der is gjin oare toarst as dizze. As wy winskje soene yn heger sfearen te wêzen, soe soks net strike mei it hege wollen fan Him, dy’t wollen hat dat wy hjir binne. En om’t de leafde ús hiele bestean is, sille jo, as jo goed neitinke oer de natuer fan de leafde, witte, dat ûntefredenens gjin plak hawwe kin yn dizze himelsfearen. Nee, it wêzen fan dizze seinige steat is no krekt dat te wollen, wat Hy wol. Al ús wollen is dêryn ien. En sa is it plak, dêr’t wy steane, fan drompel oant drompel yn dit ryk, in plak, dêr’t eltsenien tefreden oer is, om’t i t pa r a dy s 333 it Him behage. Syn winsk is ús frede. Syn wollen is de see, dêr’t alles hinne beweecht dat Hy skepen hat, en dat neffens de eigen natuer nei de ivichheid tiget.” Doe waard it my dúdlik, dat oeral yn de himel it paradys is, alhoewol’t de folsleine genede it net oeral gelyk reine lit oer alle sielen dêre. Mar lykas it bart, dat de iene spize ús tige oanstiet, mar wy dochs wolris wat oars ite wolle, en wy bytiden it iene tige tankber ynnimme, en dochs wolris om wat oars freegje, sa woe ik no witte, troch wurden en gebearten, hoe’t it koe, dat hja net hielendal foldien hie oan it doel fan har geloften. “In folslein goed libben, en grutte fertsjins ten foar God sette in frou heger yn de himel,” sei se “en dêrom drage somliken yn jimme wrâld swiere klean en in wale. Om, oant hja stjerre, sliepe te kinnen mei de himelske Brêgeman fan harren siele, foar Waans wolbehagen eltse gelofte tsjinnet. Sa bin ik as faam de wrâld ûntflechte, en ha it kleasterklaad oannommen, en it libben yn in kleasteroarder. Manlju, mear wend oan it kweade as oan it goede, hawwe my doe it swiete kleaster út helle. God wit hokker libben ik doe liede moast. Ek dy oare ljochtglâns, hjir oan myn rjochterside, hielendal opnommen yn it ljocht fan dizze himelsfear, begrypt folslein wat ik sein ha, en it jildt ek foar har. Ek sy wie in non. Fan har holle, lykas fan mines, waard de hillige wale ôfnommen, mar de wale oer har herte ha se nea weinimme kinnen. Sy is de ljochtglâns fan de grutte keizerinne Costanza, dy’t oan de twadde hear fan Schwaben de tredde en lêste út dat hûs berne hat.” Sa einige se, en daalks begûn se wer te sjongen ‘Ave Maria’, en al sjongende ferdwûn se stadich út myn eagen, lykas yn djip helder wetter eat al sinkende ferdwynt. Ik seach har efternei, salang as it koe, en doe’t ik har net mear sjen koe, kearde ik my wer nei Beatrice. Mar sy seach my sa fjoerstrieljend oan, dat ik it hast net ferneare koe, en dêrom wie ik wat sleauwer as oars en frege har net daalks wat ik sa graach noch witte woe. 33 4 l a di v i na com m e di a by canto iii • Mei de man, dy’t gjin ferskil mear seach tusken de boarne en de man, bedoelt Dante Narcissus, dy’t himsels yn djip wetter spegele seach, en tocht dat er in oare knappe man seach. Hy woe de man patsje, mar bûgde te djip, foel yn it wetter en ferdronk. • Piccarda Donati wie de dochter fan Simon Donati. Sy wie Klarisse wurden, mar har broer Corso Donati hat har út it kleaster helle, en hja moast boaskje mei Rossellino della Torso. In polityk houlik, dat har net folle wille brocht hat. • “De Brêgeman fan de siel”: sa waard yn de fromme literatuer, benammen foar kleasterlingen, Kristus neamd. • Keizerin Costanza (1154-1190) wie de lêste erfgenamt fan de Normandyske keningen, dy’t de macht hiene yn Súd-Itaalje. Yn 1185 troude hja mei Hindrik vi, de soan fan Frederik Barbarossa. Hja waard de mem fan Frederik ii, de lêste út it Swabyske Hûs. i t pa r a dy s 335 [ canto iv ] D e man, dy’t de frije kar hawwe soe tusken twa hearlike spizen, soe earder stjerre fan de honger as syn tosken sette yn ien fan beide. Sa soe ek in laam tusken de fûle begearte fan twa wolvinnen him stil hâlde as wie er beferzen. Ek in hûn soe him stil hâlde as er stean soe tusken twa harten. As ik my ek stil holden hie doe, rjochte op beide grutte fragen, dêr’t ik oer twifele, soe ik mysels dat net kweaôf nommen hawwe, en ik soe ek net grutsk west hawwe op myn twifels. Dy moasten der wol wêze. Ik ha gjin wurd sein, mar al myn twifels stiene op myn foarholle te lêzen, dúdliker en helderder as dat ik se útsprekke koe. Beatrice die wat Daniël ienris dien hat, doe’t er Nebûkadnesar losmakke hat fan de wrake, dy’t er ûnrjochtfeardich oer Babylon útsprutsen hie. “Ik ha goed sjoen, hoe’t de twifel oer twa gelikense winsken jo fêstset hat,” sei se, “en jo fan de ûnwissens hast net mear sykhelje kinne. Jo tinke deroer, as de wil om jins geloften wier te meitsjen wierlik útsprutsen is, hoe’t dan it geweld fan in oar de folle mjitte fan seine weinimme kin, dy’t oan de geloften ferbûn is. En de twadde twifel, dy’t der by jo trochhinne rint: de sielen dy’t jo sjoen hawwe, lykje werom te kommen nei de stjerren, dêr’t se ek wer út wei komme, lykas Plato seit. Dat binne de kwestjes, dy’t jo mei deselde krêft yn beslach nommen hawwe. Dêrom sil ik earst op de twadde yngean, de kwestje, dêr’t it measte fergif yn sit. Nim de meast op God rjochte searafyn, nim Mozes of Samuël, of hokker hillige Jehannes ek, of sels Marije – nimmen stiet tichter by God – nimmen fan harren hat in sit yn de top fan de sillige sfearen los fan de sfear dy’t jo sjoen hawwe, en nimmen bliuwt minder of mear jierren op it plak dêr’t er sit. Allegearre bringe hja harren skientme yn by 336 l a di v i na com m e di a it hege tsjil, diele it swiete libben, der is inkeld fariaasje yn wat se fiele fan de Ivige Amme. Sa moatte jo it wol sizze yn stjerlike ûnfolsleinens, dy’t inkeld wat sizze kin út wat sjoen en field wurde kin. Allinne dat kinne hja begripe. Op deselde wize ek beskriuwt de Bibel God as immen, dy’t hannen en fuotten hat as wie er in minske. En sa toant ek de Hillige Tsjerke yn stjerlike bylden Gabriël en Michaël oan ús, en dy oare, dy’t Tobit syn eagen werom jûn hat. Mar as Timaeus oer de siele sprekt, liket dat net op wat ik niis sein ha, want hy mient wat er seit: dat eltse siel ta syn eigen stjerre werom giet. Hy tinkt, dat dy siel der earst fan ôffallen is, doe’t de natuer dy siel foarm joech yn in lichem. It kin wol wêze, dat syn wurden oars bedoeld binne, en dat er net fertsjinnet útlake te wurden. As er bedoelt dat de eare fan en de smet op in siel fan ynfloed wêze kin as er werom komt hjir yn dizze sfearen, dan kin er faaks in bytsje gelyk hawwe. Dit begjinsel, net hielendal goed begrepen, hat de minske doedestiids op ’e doele brocht, doe’t se de stjerren nammen as Mars, Mercurius of Jupiter joegen. Yn de oare twifel, dy’t jo bekrûpt hat, sit net safolle fenyn ferskûle, om’t jo dêrtroch net fan my ôflaat wurde kinne. As de stjerlike minske tinkt, dat der ûnrjochtfeardigens sit yn de gerjochtichheid hjirre, is dat in bewiis fan trou, net fan giftige ketterije. Mar om’t jo begryp wol trochkringe kin ta dizze wierheid, sil ik jo, sa’t jo it winskje, tefreden stelle. As der wierliken geweld is, en as immen ûnder dat geweld te lijen hat, en der net yn meigiet, dan is er dochs net ûnskuldich. Want de wil, ek as dy net meigiet, wurdt net ferneatige, mar bliuwt, lykas it fjoer bliuwt, ek as it tûzen kear nei de grûn dreaun is. Dus: as de wil eat net wol, mar net ferneatige is, folget er dochs sa’n krêft. Sa hawwe hja ek dien, alhoewol’t hja dochs werom gean kind hiene nei harren hillich libben. As harren hiele wil him foege hawwe soe nei harren grut ferlangen – lykas dy fan Laurentius i t pa r a dy s 337 op syn roaster, of dy fan Mucius mei syn hân – dan hie dy wil harren werom treaun, harren eigen wei bylâns op it momint, dat se har frij bewege koene. Mar sa’n suvere wil is seldsum, sa ha wy wol leard. As jo dit goed yn jo opnommen hawwe, dan binne de beswieren by jo weinommen, dy’t jo sa pleage hawwe. Mar no komt der in oare swierrichheid by jo boppe, dêr’t jo sûnder myn help net maklik oerhinne komme kinne. Ik ha by jo alle twifel weinommen, dat sillige geasten lige kinne: dat kinne se net, om’t hja sa ticht by de Earste Wierheid binne. En dochs hawwe jo Piccarda sizzen heard dat Costanza de wale leaf hân hat, en dat liket net yn oerienstimming mei wat ik sein ha. Ferskate kearen al, leave broer, is it bard, dat immen om oan in gefaar te ûntkommen, eat die, dat better net dien wurde kinnen hie. Lykas Alcmaeon, dy’t, om’t syn heit it frege hie, syn mem deade hat, en, om’t er de earbied foar syn heit net tekoart dwaan woe, de earbied foar syn mem ferlern hat. Wat dit oangiet, soene jo betinke moatte, dat it geweld ien wurdt mei de wil, en dat troch beide sa hannele wurdt dat it net te ûnt skuldigjen is. De frije wil jout gjin tastimming it ferkearde te dwaan, mar bytiden jout er dy tastimming dochs, allinne om’t er bang is dat, as er net meiwurket, grutter skea te wachtsjen is. Dêrom, as Piccarda it sa seit, praat se oer in wil, dy’t hielendal frij is fan twang. Ik praat oer in oare, en beide sizze wy eat, dat wier is.” Sa kamen de golven fan de hillige stream, dy’t fuortkomt út de boarne, dêr’t eltse wierheid út fuortkomt, op my ôf, en al myn twifelsucht wie dwêste. “O, leafde fan de Earste Leafde,” sa sei ik doe, “Jo wurden weagje oer my hinne, en mei harren waarmte ferwaarmje ik my. Der is gjin djipte genôch yn myn siele en jou jo de jo takommende tank, mar Hy, dy’t alles sjoen hat, kin jo andert jaan. Ik sjoch wol, dat in minskeferstân nea sêd wurde kin as de Wierheid it net bystiet, de Wierheid bûten Wa’t gjin wierheid bestiet. As Dy ien kear berikt is, kin 338 l a di v i na com m e di a it ferstân rêste, lykas in rôfdier yn syn leger. En as it Him net berikke kin, is alle langstme nei de wierheid fergees. Ut dat langstme komt as nije sprút it freegjen. Sa is ús natuer, dy’t ús triuwt nei de top fan it witten, fan hichte nei hichte. Dit alles driuwt my, o frouwe, jo eat te freegjen oer in oare wierheid, dy’t my noch tsjuster is. Ik soe witte wolle oft de minske, dy’t ûnthjitten hat eat goeds te dwaan, mar it, doe’t it deropoan kaam, net dien hat, oare goede wurken dwaan kin, en dan net te licht befûn wurdt op jim skealjes.” Beatrice seach my oan mei sokke godlike eagen, sa fol leafde, dat ik alle tsjinakseljen graach opjoech. En mei de eagen foardel stie ik dêr, hast hielendal bûten mysels om. i t pa r a dy s 339 by canto iv • Kening Nebûkadnesar fan Babylon (Dante neamt him mei de Vulgaat: Nabuchodonosor) hie de Chaldeeske beswarders, de gûchelders en de oare wizen oproppen him syn swiete dreamen út te lizzen. Mar se koene it net. De kening sei doe: “Jimme moatte goed witte: as jimme my net de dream mei de hiele útlis derby foar wier te witten dogge, dan sil jim de lea brutsen wurde, en jimme huzen wurdt in rûchskerne fan makke.” (Daniël 2,5) Daniël koe de dream wol oproppe en útlizze, en hat sa de oare wizen rêden. • De oare ingel, dy’t Tobit syn eagen werom jûn hat: Dante bedoelt hjir Rafaël, dy’t troch de Tsjerke mei Michaël en Gabriël as aartsingel oantsjutten wurdt. It ferhaal fan Tobit stiet yn it bibelboek mei deselde namme. • Plato sprekt yn syn nei Timaeus neamde Dialooch net symbolysk oer de siele. Hy mient dat eltse siele fan de stjerren út nei de ierde komt, en as de minske, dêr’t de siel yngetten is, stjert, wer nei de stjerren werom giet, en letter wer yn in oar libben wêzen werom komt. • Mars, Jupiter, Mercurius: stjerren (planeten) dêr’t de Romeinske goaden yn wenje soene. • Searafinen en kearubinen: de “heechste” ingelen, dy’t deun by de troan fan God steane, en Him tasjonge. Mozes en Samuël: ‘hilligen’ fan foar Kristus, de beide Jehannessen: de Doper en de Apostel-evangelist. Laurentius: de diaken, dy’t yn 258 ûnder keizer Valerius deamartele is trochdat er op in roaster yn it fjoer lein waard. Mucius Scaevola: de ‘heiden’, dy’t tasein hie, dat er syn hân yn it fjoer stekke soe as er net dwaan soe, wat er ûnthjitten hie. Hy koe it net dwaan, stiek syn hân yn it fjoer, en hold dy deryn. • Alcmaeon: sjoch Faaiefjoer xii. Hie syn heit ûnthjitten, dat er syn mem deadzje soe, om’t dy syn heit ferret hie. Hja wie omkocht mei in pearlen snoer. Alcmeon hat har deade. 3 40 l a di v i na com m e di a [ c a n t o v ] “A s ik, yn de waarmte fan myn leafde, mear glâns útstrielje as de wrâld ferdrage kin, – op ierde soene jo eagen it net ferdrage kinne – fernuverje jo jo der dan net oer. Dit is it folsleine sjen: dat jo stap foar stap tichterby komme by wat jo sjogge. Ik kin al goed sjen, hoe’t it ivige ljocht al yn jo skynt, it ljocht dat, ienris oanstutsen, altyd wer nije leafde oanstekt. En as eat jo leafde ferliedt, myn broer, dan is soks neat oars as in spoar dat dat ljocht, dat sûnder dat jo it sels begripe, yn jo trochskimeret. Jo ha my frege, oft in siel kompensaasje jaan kin as er net dien hat wat er ûnthjitten hat, en him sa frijwarje kin foar de gerjochtichheid.” Sa begûn Beatrice dit Canto, en, sûnder te wachtsjen, gie se fierder: “De grutste jefte, dy’t God yn Syn barmhertigens de minske jûn hat, de jefte, dêr’t Er sels ek it meast om jout, is de frije wil, dêr’t de reedlike wêzens, en sy allinne, mei bejeftige binne. En as jo dêrfan útgeane, dan sjogge jo dúdlik de hege wearde fan in gelofte, as dy sa dien is, dat God tastimt, en jo tastimme. Om’t sa, as God Syn bûn sletten hat mei de minske, der wat offere wurdt fan de skat, dy’t ik al neamd ha, en dat soks dien wurdt fan it frije wollen út. Wat kinne jo dan noch offerje as kompen saasje? Hoe kinne jo dan noch wat goeds dwaan mei wat al fan Him is? Soene jo dan wat goeds dwaan wolle mei wat jo op kwealike wize krigen hawwe? Dit moat jo it wichtichste diel fan jo fraach wol dúdlik meitsje. Mar om’t de tsjerke bytiden dispensaasje jout, wat, sa’t it liket, yngiet tsjin de wierheid, dy’t ik krektsa foar jo iepenlein haw, moatte jo noch in skoftsje sitten bliuwe oan de tafel, dêr’t jo geastlik fiedsel op stiet, om’t de hurde spize, dy’t jo opiten hawwe, noch wat tiid nedich hat i t pa r a dy s 3 41 om goed te fertarren. Iepenje jo geast foar wat ik jo iepenbierje sil, en lis it fêst yn jo ûnthâld, want as jo eat hearre, mar it net fêsthâlde kinne, dan jout it jo neat. Twa dingen hearre ta it wêzen fan in hillige offerande: it iene: wat der offere wurdt, en it twadde: de foarm fan de ôfsletten oerienkomst, de eigentlike gelofte. Dy kin net samar oan ’e kant skood wurde, inkeld as deroan foldien is. Dêr prate wy no oer. Der is yn it Alde Testamint wiidweidich oer skreaun: in tasein offer koe wol foar in oar ynwiksele wurde, mar it wêzen fan it offer moat bliuwe. Mar nimmen kin de lêst, dy’t er op syn skouders nommen hat, samar wer dellizze, sûnder dat de giele en de wite kaaien foar him omdraaid binne. En lit him ek betinke, dat eltse roal wat healwiis is, as wat der dien wurdt net oardel kear safolle is as wat der dien wurde sillen hie. Der binne lykwols dingen op de ierde, dy’t sa swier binne, dat hja alle skealjes trochslaan litte, en dy kinne net roale wurde mei hokker ding dan ek. Lit de stjerlike minske net samar in gelofte dwaan lykas Jefta it dien hat, doe’t er God de earste, dy’t him temjitte kaam, tasei. Hy hie better roppe kinnen: “Ik ha eat missein,” as, troch syn gelofte nei te kommen, it noch slimmer te meitsjen. En itselde sille jo sizze moatte fan dy grutte Grykske strider, waans Iphigenia ek har eigen fammesteat betreurje moast. Ek om har skrieme wizen en healwizen tagelyk, hja, dy’t wat heard hawwe fan dizze nuvere, sa útfierde godstsjinstigens. Wês, kristenen, wat sleauwer yn jim bewegen. Lit jim net, as in fearke, mei eltse wyn fuortblaze, en tink net dat alle wetter jim skjin wasket. Jim hawwe it Alde en it Nije Testamint, jim hawwe de hoeder fan de tsjerke, dy’t jimme liedt, dat moat jimme genôch wêze, om jim yn wierheid te lieden. En, as kwealike begearte jim oars riede soe, wês dan in minske, en gjin stom bist, sa, dat de Joaden by jimme net om jimme laitsje. Wês net as in laam, dat fuortrint fan de molke fan syn mem, en derten en trinten 3 42 l a di v i na com m e di a boartet mei syn eigen lok.” Dat sei Beatrice tsjin my, lykas ik it hjir delskreaun ha, en doe seach hja mei grut langstme nei it suden, yn ’e rjochting dêr’t de wrâld it fûlst libbet. Har stil wurden, en it feroarjen fan har gesicht lieten my, mei myn begearige geast, ek stil wurde, alhoewol’t ik in rige nije fragen yn my opkommen fielde. En sa hurd as in pylk, dy’t syn doel al rekket wylst de sine op ’e bôge noch trillet, sa rûnen wy troch nei it twadde ryk. Dêr seach ik myn Frouwe sa bliid, al daalks doe’t hja har delsette yn it ljocht fan dy nije himel, dat dy hiele planeet my noch ljochter taskynde, sa ljocht, dat it like, dat de stjerren ferblikke wiene. Lykas yn in fiver fol fisken de fisken ôfkomme op eat dat yn de fiver smiten is, om’t hja tinke, dat it harren fiedsel is, sa seach ik mear as tûzen glânzen op ús ôfkommen, en eltsenien liet him hearre: “Sjoch, wa’t ús leafde grutter meitsje sil.” En by eltse gloarje, dy’t op ús ôf kaam, op it plak dêr’t wy stiene, waard de glâns fûler, dy’t op ús ôfstriele. Tink der goed oer nei, lêzer, dat ik, ien kear hjirre, net fierder gean woe mei myn freegjen, hoe graach’t jo ek mear witte wolle soene. Dan witte jo ek fan josels út, hoe’t ik dernei longere om mear te witten fan harren, dy’t ik no mei myn eigen eagen sjoen hie. “O, eale siele, oan wa’t de godlike genede tastien hat de troanen fan de ivige triomfen oanskôgje te meien, al foar’t de tiid fan jo striid ôfrûn is, de lampe, dy’t de hiele himel trochskynt, hat ek ús ferljochte, en dêrom: as jo ljocht sykje yn alle fragen, dy’t jo noch oerbleaun binne, freegje, en nim safolle ljocht op as jo wolle.” Sa waard troch ien fan dy hillige geasten ta my sein, en Beatrice doe: “Sprek dochs, sis rêstich, en fertrou se, lykas jo de goaden fertrouwe soene.” “Ik ha yndie sjoen, dat jo jo nei wenjen set hawwe yn jo eigen ljocht, dat no wer út jo eagen strielet, jo eagen, dy’t sa dúdlik opljochtsje as jo laitsje. Mar ik wit net wa’t jo binne, en ek net, weardige siele, wêrom’t jo in plak hawwe yn dizze himelkrite, dy’t him i t pa r a dy s 3 43 foar minskene eagen ferburgen hâldt yn in oare stjer.” Dat ha ik sein ta dat ljocht, dat it earst ta my sprutsen hie, en troch dat sprekken noch folle ljochter wurden wie. Lykas de sinne, dy’t himsels ûnsichtber meitsje kin as de strielen ôfbrutsen wurde troch swiere dampen, sa, troch myn grutte blydskip, ferburch de hillige siel himsels yn syn eigen aureoal, en andere my. Ferburgen yn syn eigen ljocht hat er mei my sprutsen op de wize, dêr’t it folgjende Canto fan sjongt. 344 l a di v i na com m e di a by canto v • Yn dit Canto wurdt twaris oer Joaden praat. Dante wit fan de joadske wetten yn it Alde Testamint, dêr’t wiidweidich praat wurdt oer gelofte-offers, dy’t holden wurde moatte, of ‘ynwiksele’ foar oare, oardel kear sa swier. Ek trunet er de kristenen oan, sa te libjen, dat de Joaden net oer harren ‘godstsjinstigens’ laitsje kinne. • De giele en de wite kaaien: de symboalen fan de tsjerklike oerheden, paus en biskoppen. Wyt en giel binne noch de ‘pauslike’ kleuren. • Jefta: Sjoch Rjochters 11: “No die Jefta de Heare in gelofte. Hy sei: As jo wier de Ammoniten oan my oerleverje, dan sil ik, as ik feilich werom kom by de Ammoniten wei, oan de Hear as brânoffer bringe, wat my út de doar fan myn hûs yn ’e mjitte komt. Doe’t Jefta wer te Mispa by syn hûs oankaam, sjedêr: doe kaam syn dochter him temjitte, mei fammen, dy’t op ’e tromme sloegen, en yn reien dûnsen. Hja wie mar allinne, bûten har hie er soan noch dochter. Sadree’t er har seach, skuorde er him de klean stikken en sei: O wee, fanke, do makkest my djip ûngelokkich. Datsto my sa’n fertriet oandwaan moast. Ik ha de Heare myn wurd jûn, en dêr kin ik net foarwei. Hja sei tsjin him: Heit hat syn wurd oan de Heare jûn. No’t de Heare heit folsleine wraak jûn hat oer syn fijannen, moat heit dwaan, sa’t er it ienkear sein hat. Wol sei se tsjin har heit: Dit iene woe ik noch: lit my noch twa moannen gewurde, om de bergen yn gean te kinnen. • Agamemnon hie tasein, dat er it leafste, dat er dat jier krije soe, offerje soe oan Artemis. Dat jier krige er in dochter, Iphigenia. Hy hat doe syn gelofte net holden. Mar letter, doe’t de Griken yn ’e oarloch yn need kamen, moast er, op oantrunen fan syn maten, har, folwoeksen wurden, dochs offerje. i t pa r a dy s 3 45 [ canto vi ] “D oe’t Konstantyn de wjukken fan de earn omkeard hie tsjin de omgong fan de himel yn, dy’t er folge hie efter de nije soan fan Latium oan, doe stie twahûndert jier en mear, lykas de minsken wol witte, de fûgel Gods boppe de fierste hoeke fan Europa, tichtby de bergen, dêr’t er út fuortkommen wie. En dêr, mei syn wjokken útspraat oer it lân en de see, bestjoerde er de wrâld. En sa, troch folle feroaringen hinne, kaam it ryk oan my. Keizer wie ik, Justinianus bin ik. Troch de wil fan de Earste Leafde, dy’t ik no fiel, ha ik de wetten suvere. En foar’t myn wurk my hielendal opeaske hie, wist ik goed, dat Kristus mar ien natuer hie, en net twa, en mei dat leauwe wie ik ien. Mar Agapitus, seinige troch de Hear, hy, de heechste hoeder, suver yn de lear, hat my de wiere wei oanwiisd troch syn hillige wurden. Him ha ik leaud, en no sjoch ik de wierheid, krekt sa dúdlik as jo him sjogge, en ek, hoe’t in kontradiksje tagelyk wier en falsk wêze kin. En sa gau’t ik libje koe yn it wiere leauwe, hat Gods genede my hielendal rjochte op myn grutte wurk, en ik joech my dêroan oer, sûnder tiidfergriemen. Ik ha de wapens oan Belisarius oerlitten, en Gods rjochterhân hat him sa bestjoerd, dat dit foar my it teken wie dat ik sels fier fan de oarloch bliuwe koe. En oer de twa dingen, dy’t jo my niiskrektsa frege hawwe: dit is it andert op jo earste frage. Mar wat ik allegearre al sein ha, trunet my oan noch mear te sizzen. Sa, dat jo sjen kinne mei hokker rjocht de minsken tsjin dit hillige teken yn gean kinne, of it yn besit nimme. Jo witte, wat de helden oer hawwe moatten hiene en kom ta harren hillige bestimming, fan de earste oere ôf, doe’t Pallas fallen is om de alderearste oantrún mooglik te meitsjen. En jo witte ek, hoe’t trije ieuwen lang Alba it wenplak 3 46 l a di v i na com m e di a wie, oant de trije en de trije dêrom fochten hawwe. Jo witte fan it ûnrjocht de Sabynske froulju oandien, en oan de goede Lucretia ûnder de sân keningen, dy’t de buorfolken oerwûn hawwe. Jo witte, wat se mei de stipe fan alle Romeinen dien hawwe tsjin Brennus en Pyrrhus, en oare foarsten en folken. Jo witte ek fan Torquatus en fan Quintius mei syn wyld bosk hier, en fan de Decii en de Fabii. Hja hawwe de rom fertsjinne, dy’t ik harren graach bringe wol. Hja hawwe de Arabyske grutskens delslein, dy’t Hannibal de Alpen oer dreaun hat, de Alpen, dêr’t de Po út ôfdaalt. Under him hawwe Scipio en Pompejus, bern noch hast, triomfen belibbe, oant de heuvel, dêr’t jo berne binne, harren bitter wurden is. En doe, yn de tiid, dat de himel woe, dat de hiele wrâld yn frede wêze soe, kaam Caesar, en troch de wil fan Rome krige er macht. En fan de Var oant de Ryn, nei de Isère, de Loire en de Seine, nei elts dal, dêr’t it wetter fan de Rhône trochhinne rint, liet er syn macht sjen. En wat er die doe’t er fan Ravenna út it wetter fan de Rubicon oerstutsen wie, wie sa’n tocht, dat tonge en pinne him net folgje koene. Doe hat er syn legers meifierd nei Spanje, nei Dyrrachium. Pharsalus hat er sa slein, dat sels de Nyl de pine field hat. Antrandos en Simoeis seach er werom, en ek it grêf fan Hektor. Dat wie it ûngelok foar Ptolemaeus. Doe skeat er as de wjerljocht op Juba oan, en draaide wer om nei it westen, doe’t er de trompetten fan Pompeius hearde. Oer wat er dien hat mei de oare grutte fjildhear janke Brutus en Cassius noch altyd yn ’e hel, en Modena en Perugia fiele de pine noch. En noch libbet de smerte om de drôvige Cleopatra, dy’t, foar him útflechtsjend, troch de njirre de flugge en swarte dea ynhelle hat. En, noch altyd mei de stipe fan de himel, rûn er nei de igge fan de Reade See, en brocht er de wrâld ta frede, sa, dat de timpel fan Janus sletten wurde koe. Mar wat it teken, dat my sprekke lit, tefoaren al dien hie, en alles, wat dien wurde moast i t pa r a dy s 3 47 troch it stjerlik ryk, dat opboud wie, dat alles moast allinne in tin skaad wêze, in skaad, allinne te sjen mei in helder en earlik herte, doe’t it ferskynde ûnder de tredde Caesar. Want de libbene Gerjochtichheid, Dy’t ek my tsjûgje lit, hat him tastien, de rjochtfeardige wrake út te fieren foar de mislediging. En fernuverje jo der net oer, wat ik no sizze sil: letter, ûnder Titus, waard de wrake oer de âlde sûnde wrekke. En doe’t de skerpe tosken fan de Longobarden de hillige Tsjerke biten hiene, kaam Karel de Grutte, ûnder de wjukken fan deselde Tsjerke om harren del te slaan. No binne jo wierliken yn steat in oardiel te hawwen oer harren, dy’t ik hjirboppe beskuldige ha, en oer harren flaters, dy’t de oarsaak binne fan jimme rampen hjoed de dei. De iene sette de gouden leeljes de standert fan it Ryk tsjinoer, de oar naam dy standert yn gebrûk foar syn eigen kliber, en wa wit wat it slimste is? Lit de Ghibellinen harren fiten mar útfiere ûnder in oare standert, want eltsenien, dy’t ûnder it teken fan de earn de rjochtfeardigens út syn libben band hat, tsjinnet dizze eale fûgel net. En lit de nije Karel mei syn Guelfen harren net delslaan, mar lit him bang wêze foar de kloeren, dy’t krêftiger liuwen de hûd iepenskuord hawwe. Fakernôch hawwe heite sûnden de soannen lije litten, en lit Karel net tinke, dat syn leeljes it plak fan de fûgel Gods ynnimme kinne. Dizze lytse stjerre is hielendal folle mei it ljocht fan goede geasten, dy’t goede dieden dien hawwe, en eare en rom fertsjinne hawwe. En as de begearte fan de minsken dêr allinne op rjochte is, en ôfbûcht fan it wiere ljocht, dan binne de strielen fan de wiere leafde net sa fûl mear. Mar by it mjitten fan de beleanning fan ús fertsjinsten sjogge wy gjin ferskillen mear. Sa ferswietet de libbene Gerjochtichheid ús wollen, dat wy nea ta eat mins ôfdwale kinne. Ferskate stimmen meitsje swiete sangen, en sa hawwe wy allegearre hjir ús eigen plak, yn goede harmony. En fan binnenút, op dizze pearel, dêr’t 3 48 l a di v i na com m e di a wy hjir sitte, ljochtet it ljocht fan Romeo op, waans goede en hearlike wurken sa min beleanne binne. Mar de Provensalen, dy’t sa tsjin him yn gongen binne, hawwe net laitsje kinnen, en dêrom is it min mei harren ôfrûn. Mei harren allegearre, dy’t it goed dwaan fan oaren ta in argewaasje is. Fjouwer dochters hie Raymond Beringhieri, en alle fjouwer waarden keninginne, en dat mei tank oan Romeo, dy’t dochs mar in ienfâldige pylger wie. En dochs twongen nidige wurden him rekkenskip te jaan, dizze rjochtfeardige, dy’t tsien ta tolve makke hie. Doe is er weitein, âld, earm, bûgd, de wrâld wer yn. Biddelje moast er om in koarste bôle. En al wurdt er priizge, hy soe noch mear priizge wurde moatte. i t pa r a dy s 3 49 by canto vi • Konstantyn hat yn 330 Byzantium ta haadstêd fan it Romeinske ryk makke. Justinianus (482-565) jout no in oersjoch fan de skiednis fan dat ryk. Hy begjint by Aeneas, dy’t út Troaje wei nei Latium kaam, Lavinia, de dochter fan de kening, troude, en sa de stifter fan it ryk wurden wêze soe. Agapitus, paus, (535-536) hat Justinianus ta it wiere kristendom brocht. • Belisarius, generaal, (505-565) hat de Ostrogoaten ferslein, en Itaalje wer ferovere. Pallas: Gryk, dy’t in keninkryk stifte hat op it plak, dêr’t no Rome leit. De Sabynske froulju en letter Lucretia, waarden yn it begjin fan de Romeinske skiednis nochal hurd oanpakt. • Brennus en syn Galliërs (390 foar Kristus) en Pyrrhus en syn Griken (280 foar Kristus) waarden troch de Romeinen oerwûn. Torquatus, Lucius Quintius, dy’t ek Cincinnatus neamd waard fanwege syn wyld bosk hier, de Fabii en de Decii, wiene allegearre grutte fjildhearen. Quintus Fabius Maximus hat Hannibal ferslein, de “Arabier”, dy’t mei syn oaljefanten de Alpen oertein wie. Ek Scipio en Pompeius wiene generaals. Dan seit Justinianus fan alles oer Julius Caesar. Neffens him (dus neffens Dante!) waard dy troch God útkeazen om de ‘Pax Romana’, de Romeinske frede te bringen, dêr’t de Kristus yn berne wurde soe. Earst troch syn fjildtochten yn Gallië, Egypte, en it eardere Grykske ympearium. Dan, as er tsjin de Romeinske wetten yn, mei syn legers de Rubicon oerstekt, wurdt er diktator yn Rome, en dêrom troch Brutus en Cassius dea stutsen. Augustus wurdt dan de twadde Caesar, Tiberius de tredde, Titus wrekket dan Kristus’ dea, en ferwoastiget Jeruzalem. Dan ynienen de oergong nei Karel de Grutte, dy’t de Longobarden oerwûn hat, en troch de paus ta keizer fan Rome útroppen wurdt (800). De twadde Karel is Karel fan Anjou, de Frânsman, dy’t koart foar Dantes tiid mei de keizerliken fochten hat. • Romeo moat om 1170 hinne as earme pylger in soarte fan minister wurden wêze oan it hof fan Raymond Beringhieri. It slagget him om de fjouwer prinsessen keninginne wurde te litten. Troch de jaloerskens fan inkelde eallju wurdt er as earme pylger wer fuortstjoerd. 350 l a di v i na com m e di a [ canto vii ] ‘H osanna Sanctus Deus Sabaoth superillustrans claritate tua felices ignes horum malacòth.’ Sa, yn ’e rûnte dûnsjend op de mjitte fan harren eigen sangen, seach ik it wêzen dat sprutsen hie, yn twa ljochtskynsels, dy’t foar my ien wiene. En al de sielen, ien yn in hillige dûns, wiene as skitterjende fûnken, dy’t foar my hast net mear te sjen wiene, om’t de ôfstân ynienen folle grutter wurden wie. Twifeljend sei ik yn mysels: “Sis dochs wat. Sis wat. Freegje de swiete frouwe, dat hja mei swiete drippen myn toarst laavje wol.” Mar de earbied, dy’t altyd myn master is, as ik it Bea of it Trice mar hear, hold myn holle bûgd, as in minske, dy’t stadichoan yn ’e sliep rekket. Mar hja skode al myn twifels oan ’e kant, en glimke sa, dat hja in minske midden yn it fjoer noch lokkich meitsje soe. “Neffens myn ûnfeilber ynsjoch prakkesearje jo der noch altyd oer hoe’t de rjochtfeardige wrake rjochtfeardich wrekke wurde koe. Ik sil jo twifels weinimme. Harkje goed, want myn wurden sille jo it geskink bringe fan in dúdlik ynsjoch. Om’t er de beheining net hawwe koe, foar syn eigen heil him opjûn, hat de net-berne minske himsels feroardiele, en it hiele minskene slachte mei him. En dêrtroch hat de minske siik lein, ieuwen lang, oant it Wurd fan God derfoar keazen hat ôf te dalen. En doe, oantreaun troch Syn ivige leafde allinne, hat Hy oan Syn eigen persoan de minsklike natuer taheakke. Sjoch no goed nei wat ik sein ha: sa is dizze natuer ien wurden mei Him, dy’t dizze natuer makke hat, lykas hja skepen wie, rein en goed. Mar dy natuer waard troch de eigen aksje, doe’t er ôfwykt wie fan de wei fan de wierheid, dy’t de wei nei it libben wie, útdreaun út it hôf fan Gods genede. As dus dizze straffe, oan it krús folbrocht, ôfmjitten wurdt nei de oannommen i t pa r a dy s 351 natuer, dan hat der nea in straffe rjochtfeardiger west. En tagelyk wie der nea in straffe sa ûnrjochtfeardich, as jo sjogge nei de Persoan, dy’t al it lijen op Him nommen hat, de Persoan, mei Wa’t dy oare natuer (de godlike) ferbûn wie. Sa, út ien en deselde died, binne ferskate gefolgen fuortkommen, sa, dat oan God en oan de Joaden deselde dea foldwaning brocht hat, en om dizze dea skodde de ierde, en iepene de himel him. Sa soe it jo net te hurd skine moatte as der sein wurdt dat de rjochtfeardige wrake nommen is, dy’t nei de tiid wer wrekke is troch in rjochtfeardich beslút. Ik sjoch no, dat jo geast fan prakkesaasje ta prakkesaasje as mei in tange fêstholden wurdt, en mei grut langstme der op wachtet dat er wer frijlitten wurdt. Jo tinke: ‘Ik ha wol begrepen wat ik heard ha, mar ik begryp der neat fan dat God sa ús ferlossing folbrocht hat, krekt sa, en net op in oare wize. Dat kin ik mar net begripe.’ Nimmen kin dy ferburgen bedoelingen fetsje, leave broer, dy’t net hielendal opnommen is yn ’e flammen fan de leafde. Wierliken, om’t der al safolle nei dizze kwestje sjoen is, mar der sa’n bytsje begryp foar is, sil ik jo no krekt sizze, wêrom’t dizze wize de weardichste wie. De godlike goedens, dy’t alle nidigens útband hat, stjoert út himsels sokke fûnken út, dat dêr de ivige genede troch iepenbiere wurdt. En dat, wat ien kear út dy genede fuortkommen is, hat gjin ein, en is oan gjin inkelde macht hearrich. Unfergonklik is it segel, dat troch dy godlike goedens stimpele is. En alles, wat út dy godlike goedens fuortkomt, is folslein frij, om’t it net ûnder de macht stiet fan oare dingen. It hillige fjoer, dat strielet troch hiel de skepping hinne, baarnt mei freugde yn wat it meast op him liket, en wat mear’t it liket, wat grutter de blidens. Mei dit allegearre is de minskene natuer it meast befoarrjochte, en as it mei ien ferkeard gien is, is it rjochtfeardich, dat de ealens fan de minske ferlern giet. De sûnde is de iennige macht, dy’t de frijheid en de likenis 352 l a di v i na com m e di a mei God weinimme koe, en sa ek de glâns fan it godlik ljocht. En de ealens en de weardichheid kinne net weromkomme, as net tsjin de kweade lusten in rjochtfeardige foldwaning steld wurdt, dy’t, wat de skuld weinommen hat, mei earlike boete wer werombringt. De natuer, doe’t er sûndige yn syn earste sied, hat as ienheid sûndige. Sa hat er syn earste weardichheid ferlern, en sa ek it paradys ferlern troch deselde died. En soks kin nea wer goedmakke wurde, as jo der goed oer neitinke, as oer ien fan dizze twa wegen: òf God ferjout alles troch Syn eigen myldens, òf de minske sels jout de foldwaning foar syn eardere healwizens. Sjoch no ris goed yn de ôfgrûn fan de ivige wiisheid, en achtsje goed op elts wurd, dat ik sis: nea koe de minske yn syn beheindens troch syn hearrigens himsels safier leechlizze as er troch syn ûnhearrigens opstige miende te kinnen. En dêrtroch wiene alle middels om mei Gods easken lyk te wurden, weinommen. Dêrom wie it oan God, en oan Him allinne, om op Syn wize de minske werom te bringen ta in libben sûnder skuld. Ik sis troch ien wize, mar faaks is it better te sizzen troch twa. Want om’t in die mear priizge wurdt as er yn himsels it teken draacht fan in leafhawwend herte, en de goedheid fan him, dy’t de die dien hat, dêrom hat de ivige leaf de, dy’t op hiel de wrâld Syn segel set hat, it sa beskikt, dat de minske op twa wizen wer op it goede plak kommen is. En nea tusken de lêste nacht en de earste dei wie der in die, en dy sil der ek nea mear wêze, sa gloarjefol, en sa prachtich. Want God, dy’t Himsels jûn hat om de minske wer ta Him opstige litte te kinnen, hat dy minske mear jûn as allinne dat er him ferjûn hat yn Syn barmhertigens. Alle oare wizen soene tekoart dien hawwe oan de gerjochtichheid, as net Gods Soan him fernedere hawwe soe troch ús flêsk oan te nimmen. No, om al jo winsken foar te wêzen, gean ik fierder, en lis jo eat út, dat jo dat sjen sille lykas ik it sjoch. Jo sizze: ‘Ik sjoch wetter, ik sjoch i t pa r a dy s 353 fjoer, de loft, de ierde, en al harren kombinaasjes, dy’t allegearre yn koarte tiid bedjerre. Dochs binne dy ek allegearre skepen. Soene dy net, as wat jo niis sein hawwe wier is, foar altyd frij wêze moatte fan bedjer?’ Fan de ingels, broer, en fan it hearlike lân, dêr’t jo no yn binne, kinne jo sizze, dat dy skepen binne lykas se no binne, yn hiel harren wêzen. Mar de eleminten, dy’t jo neamd hawwe, en de dingen, dy’t dêrút makke binne, wurde makke troch in skepen krêft. Skepen wie de grûnstoffe, dy’t hja hawwe, skepen is ek de krêft fan de stjerren, dy’t om harren hinne draaie, yn de hân fan de himel. De siel fan alle dieren en alle planten wurdt troch it bewegen fan de stjerren út dy grûnstoffe lutsen, dy’t dêr geskikt foar is. Mar de heechste Goedens blaast it libben direkt yn de minske, en follet him mei leafde, sa, dat er dernei longeret om Him ivich leaf te hawwen. En troch dit alles kinne jo der ek wis fan wêze, dat jo ienris ferrize sille, as jo goed foar it ferstân hawwe, dat Er it flêsk oan de minsken jûn hat, en sa oan ús as oan nimmen oars, doe’t Er it joech oan ús earste heit en mem.” 35 4 l a di v i na com m e di a by canto vii • It ‘Hosanna’ oan de ‘Dominus Deus Sabaoth’ dat yn Dantes tiid en no noch yn eltse misse songen wurdt, is hjir bedoeld as hulde oan God, Dy’t neffens it foarige Canto de legers ûnder de Romeinske earn de ierde feroverje litten hat, en Dy’t no troch de ‘felices ignes’, de ‘hillige flammen’ dêrfoar huldige wurdt. • De ‘net berne minske’ is fansels Adam, dy’t as folwoeksene man troch God skepen wêze soe. Op midsieuske skilderingen stiet Adam dan ek altyd sûnder nâle ôfbylde. • It ‘Wurd fan God’ is de twadde persoan fan de Hillige Trije-ienheid, Dy’t minske wurden is om de sûnde fan Adam wer goed meitsje te kinnen. • Twa wegen bylâns (de barmhertigens en de rjochtfeardigens) is de minske wer ta God en ta it ivige lok kommen. Dante jout hjirre de wenstige skolastike redenearringen wer. Fierder lit er de stjerren ferskate minsklike dingen bestjoere. It liket wat astrologysk, mar de astrology wie yn syn tiid ek al net ûnbekend. i t pa r a dy s 355 [ c a n t o v i i i ] D e wrâld, yn harren eardere healwizens, hat ienris tocht, dat de moaie Cypris, dy’t yn ’e tredde sirkel rûndraait, de dwaas meitsjende leafde oer de minsken útstrielet. Dêrom brochten de folken fan de âldheid yn harren ûnwittendheid har eare en offers, en hja songen har ta. Mar ek Dione en Cupido brochten hja eare, de iene as har mem, de oare as har soan. En fan him seine se, dat hy by syn beppe op ’e skerte sitten hie. En fan har, dêr’t ik dit Canto mei begûn bin, hawwe hja de namme jûn oan de stjerre, dy’t fereale draait om de sinne hinne, en no ris foar en dan wer ris efter de sinne stiet. Ik ha net murken, dat wy ta har opstiigd wiene, mar myn frouwe hat my dúdlik makke, dat wy dêr wiene, want ik seach, dat hja noch ljochtsjender wurden wie. En lykas jo ien flam yn it fjoer sjen kinne, en ien stim hearre kinne yn in koar, as it iene bliuwt, en it oare komt en giet, sa seach ik no ljochten draaien yn it ljocht, stadich of fluch, nei’t hja, sa tocht ik, mear as minder opnommen wiene yn it ljocht fan de ivige Wierheid. Gjin kâlde dampen koene ea sa hurd – sichtber of ûnsichtber – delkomme fan de bergen, of hja soene noch stadich en sleau skynd hawwe, fergelike mei de gong, dêr’t dizze hillige ljochten yn delkamen op it plak, dêr’t wy stiene, fan it plak út dêr’t de dûns begûn wie fan de searafinen yn it heechste fan de himel. En fan de foarste rige út hearden wy it Hosanna sjongen, sa suver, dat myn siel sûnt dy tiid altyd wer begeart it jitris te hearren. Doe kaam ien fan harren nei foaren, en sei: “Wy binne ree, as jo der nocht oan hawwe, jo eat hearre te litten, dêr’t jo bliid mei binne. Wy dûnsje yn ien sirkel mei de himelske prinsen, oer wa’t jo yn ’e wrâld hjirûnder al ris sein hawwe: ‘O, jimme, dy’t troch jimme begryp de tredde himel bewege.’ 356 l a di v i na com m e di a Sa fol leafde binne wy, dat it, as jo dêr wille fan hawwe soene, it ús like swiet wêze sil efkes lins te nimmen.” En, nei’t ik myn eagen efkes rjochte hie op myn eale frouwe, en sy my in teken jûn hie, dat it goed wie, kearde ik myn eagen wer ta it ljocht skynsel, dat sa goed west hie en sprek my oan. “Wa binne jo?” wiene myn wurden, en yn myn stimme hie ik al de leafde lein, dy’t myn wurden net oerbringe koene. Wat waard it ynienen ljochter troch in nije blidens, dy’t troch myn sprekken noch grutter waard as er al wie. Doe sei it ljochtskynsel: “De wrâld hjirûnder hat my mar koarte tiid fêsthâlde kinnen. Hie ik langer bleaun, dan soene ferskate kweade dingen net bard wêze, dy’t no wol bard binne of barre sille. Myn blidens hâldt my foar jo ferburgen. Dy strielet om my hinne, en lit myn wêzen net sjen, lykas de side in sidewjirm omwuolle hat. Jo hawwe in soad fan my holden, en jo hiene dêr reden ta, en as ik hjirûnder bleaun wie, hiene jo der mear fan sjoen as wat griene blêden. De lofter igge fan it lân, bespield troch de Rhône, nei’t er syn wetter mingd hat mei dat fan de Sorgue, hat op my wachte, om’t ik dêr de hear wurde soe. Lykas de hoeke fan Ausonia, dêr’t de kastielen steane fan Bari, fan Gaëta en Catona, dêr’t de Tronto en de Verde de see yn streame. De kroane fan it lân, dat troch de Donau bespield wurdt nei’t er de Dútske iggen ferlitten hat, fûnkele al op myn holle. En it moaie Trinacria, dat tusken Pachino en Peloro leit, meastentiids yn de dize, net troch Tyfoeus, mar troch de opbuorreljende swevel, soe troch my keningen krigen hawwe út it skaai fan Karel en Rudolf, as net in min bestjoer, dat altyd benammen de ûnderwurpen folken yn it herte rekket, Palermo twongen hie te roppen: “Deadzje, deadzje!” En as myn broer dit allegearre foarútsjoen hie, dan soe er him allang los makke hawwe fan it earme Kataloanië. Want wiswier: it is nedich goed foarút te sjen, dat it al swier belêste skip net noch mear lêsten meinimme moat. Hy, út i t pa r a dy s 35 7 himsels gjirrich, mar út in myld skaai, hie tsjinners nedich hân, dy’t der net op út wiene allinne sels riker te wurden.” “Om’t ik leau, dat de hege blydskip, dy’t jo sprekken my takomme lit, eale hear, dêr, wêr’t alle goeds einiget en begjint, krekt sa sjoen wurdt as ik it sjoch en fiel, dêrom ha ik der safolle wille fan, dat jo it sa sjogge, sa ticht by God. Jo ha my tige bliid makke, en ik freegje jo: jou my no ynsjoch. Want jo wurden hawwe my freegje litten: as it sied swiet is, hoe kinne de fruchten dan soer wêze?” Sa ha ik sprutsen. En hy: “As ik jo ien wierheid sjen litte kin oer wat jo frege hawwe, sjoch dan goed nei wat no efter jo stiet. It Goed, dat hiel it ryk, dêr’t jo no ta opstiigje, stjoert en yn frede hâldt, lit yn syn foarsjennigens grutte machten de driuwende krêft wêze, en net allinne efter harren bestean, mar ek efter harren bewâld en wolwêzen. En net allinne dizze skepsels rêste yn de foarsjennigens, dy’t yn himsels folmakke is, mar ek it heil fan allegearre. Dêrom komt eltse pylk, dy’t troch dizze bôge ôfsketten is, del op it plak, dêr’t er op rjochte is. As soks net sa wêze soe, dan soe de himel, dêr’t jo jo no yn bewege, hjir gjin keunstwurken delset hawwe, mar stienbulten. En dat kin ek net sa wêze, om’t de geasten, dy’t dizze stjerren bewege, net breklik binne, en de Earste Geast harren skepen hat. Wolle jo dat dizze wierheid jo noch fierder útlein wurdt?” En ik wer: “Dat hoecht net. Want ik wit, dat it ûnmooglik is, dat de natuer net foldwaan kin oan wat perfoarst nedich is.” En hy: “Sis my dochs: soe de minske op ierde der minder fan wurde as der gjin bestjoer wêze soe, dêr’t er hearrich oan is?” “Jawisse,” andere ik, “en dêr hoech ik gjin bewiis foar.” “En kin it wêze, dat der dêrûnder net libbe wurdt neffens de ûnderskate plichten? Nee, seit jins master.” Safier wie er kommen troch syn riddenaasjes, en doe konkludearre er: “Dêrom moat der wol ferskaat wêze yn de hâlding fan de minsken, dat folget út de ferskate woartels fan it bestean. Sa wurdt de iene berne 358 l a di v i na com m e di a as Xerxes, de oar as Solon, de iene as Melkisedek, de oar as hy, dy’t syn soan, dy’t fleane woe, ferlern hat. De natuer, dy’t syn stimpel set op it minsklik waaks, docht syn wurk goed, mar makket gjin ûnderskie tusken de wenplakken. Sa hat Ezau al yn it sied him ûnderskieden fan Jacob, en Romulus waard sa leech berne, dat Mars ta syn heit holden wurdt. De bern soene altyd op harren âlden lykje, as de Foarsjennigens dêr oars yn beslute soe as no. En no stiet wat efter jo stie, foar jo, mar om jo sjen te litten, hoefolle wille oft jo my brocht hawwe, wol ik dat jo noch in oare wierheid meitôgje. Altyd as immen in lot troffen hat tsjin syn natuer yn, dan fiert soks, lykas mei elts sied dat net yn ’e goeie grûn fallen is, ta mislearring. As de wrâld hjirûnder dêr wat mear op achtsje soe, dan soe it hiele folk it better hawwe. Mar jim wolle ta muonts en pryster meitsje in man, dy’t berne is om swurd en skyld te dragen, en in preker wolle jim ta kening meitsje. i t pa r a dy s 359 by canto viii • Cypris is de Grykske namme foar Venus. Dante komt no yn de sirkel fan Venus, neffens him in stjer. De goadinne Venus wie de dochter fan Dione en Zeus. Cupido wie de soan fan Venus. • O, jimme, dy’t de tredde himel bewege: sitaat út it eardere gedicht fan Dante: “Convivio”. • It ljochtskynsel, dat hjir sprekt, is Karel Martel, Karel de Hammer, út de Italjaanske skiednis, net út uzes. Hy libbe 1271-1295. Soan fan Karel fan Anjou, kening fan Napels, en fan Maria fan Hongarije. Doe’t dy har heit stoar, waard Karel Martel ta kening fan Hongarije kroand, (1290), mar hy hat dêr nea de macht hân. Karel Martel wie troud mei Clementia, dochter fan Rudolf fan Habsburg. Sa krige er ek rjochten foar syn bern yn de Provence. Yn 1294 kaam er nei Florence, hat doe ek mei Dante praat. Hy stoar yn 1295, syn heit hat him oerlibbe. • By de Sisyljaanske Fespers yn Palermo waard roppen: “Alle Frâns ken dea!” • De Pachino en de Peloro binne kapen yn Sisylje. De Eurus is de hurde súdwestewyn dêre. • Typhoeus is de reus, dy’t troch Jupiter nei Sisylje ferballe wêze soe en neffens de ferhalen fan doe de dize oer it lân stjoerde. • De ‘master’ fan Dante yn de skôgingen fan Karel Martel is Ari stoteles. • Xerxes is in Perzyske kening, Solon in Grykske wetjouwer. • Melkisedek in pryster, sjoch Genesis 14,8. Ezau: de twillingbroer fan Jacob. • Romulus: de stifter fan Rome. • Robert, de broer fan Karel Martel, waard nei it ferstjerren fan syn heit kening fan Napels. Hy hat net folle foar syn keninkryk dien, mar wol preken en traktaten skreaun. 360 l a di v i na com m e di a [ canto ix ] L eave Clementia, doe’t jo Karel my wat better ynsjoch jûn hie, hat er my ek alles ferteld oer it ûnrjocht dat syn neiteam oandien is. Mar hy hat ek tsjin my sein: “Sis der neat oer. Lit de jierren trochdraaie.” En sa kin ik no inkeld sizze dat hja, dy’t jo ferkeard dien hawwe, noch triennen krije sille. En dat de siel mei wa’t ik sprutsen ha, yn it hillige ljocht weromgien is nei de Sinne, nei it ivige Goed, dat it ljocht altyd wer oanfollet. O, bedragen sielen, godleaze skepsels, dy’t jim ôfkeard hawwe fan it hearlikste Goed, en jim rjochte hawwe op idelheden! En sjoch: in oare ljochtglâns gie hastich op my ta, en troch de helderens fan syn ljocht liet er witte, dat er mei my sprekke woe. De eagen fan Beatrice, dy’t op my rjochte wiene, ek no wer, seagen wat ik woe, en hja liet my fiele, dat hja it goed fûn. “O, loksillige geast, ik freegje jo, meitsje my bliid, en lit my sjen, dat jo in goede spegel binne fan myn geast,” sa sei ik. Doe andere in ljocht, dat noch hielendal nij foar my wie, en dat oant no ta fier yn de djipte songen hie. En it spriek as immen, dy’t bliid is dat er wat goeds dwaan koe. “Yn dat stik fan it ferdoarne lân, dat de minsken kenne as it part fan Itaalje, dat leit tusken Rialto en de boarnen fan de Brenta en de Piave, leit in heuvel, heech is er net, en fan dêrút is der in fakkel smiten, dy’t it lân dêre yn ’e brân stutsen hat. Ut ien woartel waarden hy en ik berne. Cunizza is myn namme, en ik ljochtsje op, om’t dizze stjer my mei syn glâns oerstriele hat. En bliid draach ik myn lot, en ik ha der wille fan, al liket it in hurd lot foar de minsken op ’e ierde. Fan dit ljochtsjend en kostlik juwiel, yn dizze himel hjir ticht by my, is de rom bleaun, en foar’t dy stjerre sil, sil it ieujier noch fiif kear werom komme. En tink der ris oer nei, oft de minsken sykje moatte i t pa r a dy s 361 nei it goede, dat ferburgen is yn jo namme, dy’t noch libje sil as it flêsk al kâld wurden is. Mar sa tinkt de wylde mannichte net, dy’t tsjintwurdich tusken de Tagliamento en de Adige yn wennet, en al binne hja troch de oarloch slein, hja hawwe nearne spyt fan. Mar it sil net lang mear duorje foar’t Padua it wetter read kleurje sil, dat Vicenza bespielt, om’t it folk dêre steech wegeret syn plicht te dwaan. En op it plak dêr’t de Sile en de Cagnano byinoar komme, hearsket ien, en dy rint mei de holle heech, mar it net, om him yn te fangen, is al spûn. Feltro sil noch gûle om syn ûntrouwe hoeder. Der is noch nimmen yn de Malta-finzenis brocht, dy’t slimmere misdieden bedreaun hat. Fierstente grut soe it fet wêze moatte, dat al it bloed fan Ferrara befetsje koe, en wurch hy, dy’t weagje moast, ûns foar ûns, al it bloed, dat dizze eale pryster weijaan sil om sjen te litten by hokker partij oft er heart. Sokke jeften binne wenst dêr yn dat lân. De hege spegels hjirre – jim neame se Troanen – keatse ús Gods oardiel werom. En sa ferljochte, like it ús goed ta dizze profesijen út te sprekken.” Doe hold hja har stil, en liet my dúdlik sjen, dat hja op eat oars rjochte wie, om’t hja wer werom gie nei it tsjil fan de hillige sielen, dy’t dûnsje troch de tredde himelsfear. De oare blidens, dy’t my al oantsjutten wie as in romfol wêzen, liet himsels no oan my sjen as in kostlike pearel, dêr’t de sinne yn wjerkeatst wurdt. Om’t eltsenien bliid is, hawwe se allegearre in ljochtglâns oer harren hinne. Mar yn ’e hel wurde alle skaden tsjuster, om’t hja sa treurich binne. “God sjocht alles, en wat jo sjogge, sjocht Hy ek, loksillige siele,” sei ik, “sa, dat gjin inkelde winsk foar jo tsjuster wêze kin. Mar wêrom jout jo stimme, dy’t foar de ivichheid de hearlikheid fan de himel besjongt, mei de searafinen, dy’t fan harren seis wjukken in wide mantel makke hawwe, gjin andert op myn frage? Ik soe jo frage net mear ôfwachtsje as ik yn jo wêze soe, lykas jo yn my binne.” “It grutte dal, dêr’t al it wetter 362 l a di v i na com m e di a fan de ierde yn opburgen is,” sa begûn er doe einliks, “útsein dan de grutte see dy’t om al it lân hinne leit, giet safier de sinne temjitte dy’t no in middeissirkel makket, dêr’t er eartiids nei de hoarizon gien is. Oan de igge fan dat grutte dal ha ik wenne, tusken de Ebro en de Macra, dy’t oer de koartste wei it lân om Genua skiedt fan Toskane. Sawat yn ien opgong en ien ûndergong leit Bugia, en it lân dêr’t ik wenne: syn haven is doedes tiids hjit fan bloed makke. ‘Folco’ hat it folk dêre my neamd, en de himel hjirre hat myn ynfloed goed field, lykas ik sines. Want de dochter fan Belius hat net fûler baarnd – doe’t hja ûnrjocht dien hie oan Sichaeus en Creusa – as ik, salang’t it by myn wylde hierren paste. En ek Rodopea net, dy’t troch Demophoön te fiter nommen wie, en Hercules net, doe’t er Iole yn syn herte sletten hie. Mar hjir treuret nimmen mear, mar elk is bliid. Net om harren skuld. Dy ha hja folslein fergetten. Hja binne bliid om de godlike wiisheid, Dy’t de leafde ynsteld hat, en alles, wat dêrút fuortkommen is, foarsjoen hat. Hjir wurdt sjoen nei de leafde yn de keunst, dy’t de grutte skepping sa fersierd hat. Hjir blykt dat de grutte goedens, dy’t de wrâld hjirboppe draaie lit ek de lege wrâld hjirûnder bestjoert. Mar om’t jo meinimme kinne út dizze wrâld fan kennisse al wat jo witte wolle, dêrom moat ik hjiroer noch efkes fierder prate. Jo wolle witte, wa’t dat ljocht is, dat njonken my fûnkelt as in sinnestriel yn it helderste wetter. Wit dan, dat Rachab har frede hjiryn genietet, en dat hja, hielendal ien mei ús koar, har stimpel set hat op de heechste treppens fan de sillichheid. Yn dizze himel waard hja opnommen as earste, doe’t de Kristus Syn rispinge hjir binnen brocht hat. En wis is, dat hja yn de hege himel opnommen is as palm foar har heechste oerwinning. Twa palmen hat se wûn. Want sy wie it, dy’t holpen hat mei Jozua yntocht yn it Hillige Lân (dêr’t de pausen noch mar in bytsje fan witte). Jo stêd, dy’t stifte is troch de iene, dy’t as earste syn skepper de rêch takeard i t pa r a dy s 363 hat, makket en ferspriedt dy ferflokte florinen, dy’t de skiep en de lamkes fersilje litten hat, om’t de hoeder ta in wolf waard. Om dy florinen binne it evangeelje en de grutte leararen oan ’e kant skood, en allinne op de Decretaaljes wurdt noch studearre, sa’t jo oan de râne fan de bledsiden sjen kinne. Dêr binne de paus en de kardinalen op rjochte, hja tinke net mear oan Nazareth, dêr’t Gabriël syn wjukken útspraat hat. Mar it Fatikaan, en de oare útkarde dielen fan Rome, dêr’t de grêven binne fan harren, dy’t Petrus folge binne, sille ynkoarten frij makke wurde fan oerhuorrigens. 364 l a di v i na com m e di a by canto ix • Clementia kin de frou of de dochter fan Karel Martel wêze. • Cunizza wie de suster fan Azzolinus da Romano. Sjoch Hel, xii. Hy wie de fakkel, dy’t de oarloch oer syn lân brocht hat. • “De oare,” “in kostlik juwiel”: Folco, dy’t nei wat oantrunen syn ferhaal fertelt. Hy hat op ierde ‘foar Venus libbe’, en is dochs yn ’e himel kommen. Dante datearret de Komeedzje yn 1300, en neffens him sil fiif ieuwen letter Folco noch ferneamd wêze. Hy wenne yn Bugia, dat yn Afrika leit. Dêr hat Caesar yn in seeslach Pompejus ferslein. • Dido: sjoch Hel v. Hja wie sa fereale op Aeneas, dat hja harsels tekoart dien hat. Sicheus wie har ferstoarne man, Creusa Aeneas’ ferstoarne frou. Phyllis, dochter fan Kening Sithon fan Tracië, soe Demophoön trouwe. Doe’t dy net kaam by de brulloft, hat se har ophongen. Ovidius fertelt, dat er opholden wie, en ien oere te let. • Ek Hercules – sjoch Hel xii – wie pynlik omkommen yn in leafdesaffêre. • Rachab: Sjoch Jozua 2. “Hja kamen yn it hûs fan in publike frou, dy’t Rachab hiet.” Sjoch ek Mattéus 1,5: Stambeam fan Jezus Kristus. “Salmon wûn Boäs bij Rachel.” Sjoch ek: Hebr. 11,31: “om’t se leaude is Rachab, de hoer, net mei de ûnleauwigen omkommen.” Foar Folco wie Rachab, ‘tsjinster fan Venus’ heech yn de himel opnommen troch de twa ‘palmen’: stipe foar de mannen fan Jozua en: oeroerbeppe wêzen fan Jezus. De twa palmen wurde ek útlein as de twa hânpalmen fan Jezus, trochboarre oan it krús. • De earste, dy’t God de rêch takeard hat: de Satan. Foar Dante wie Mars, ‘stifter’ fan syn stêd Florence, in oare namme foar de Satan. • De ‘Decretaaljes’ wiene de troch de tsjerke opstelde regels oer de foarrjochten fan de tsjerke en har tsjinners. Dy waarden wol goed bestudearre, better as it Evangeelje en de skriften fan de Tsjerkelearaars. i t pa r a dy s 365 [ canto x ] D elsjende op Syn Soan mei de Leafde, Dy’t de Iene ta de Oare altyd troch útgean lit, hat de ûnfeilbere Macht al wat troch geast en romte beweecht, skepen yn sa’n oarder, dat eltsenien, dy’t it sjocht, genietsje sil fan Syn genede. Dêrom, lêzer, rjochtsje jo eagen omheech, nei de hege tsjillen, rjocht nei it plak dêr’t de iene beweging de oare rekket. En begjin dêre mei opteinens de keunst fan de Master te bewûnderjen, de Master, Dy’t Syn skepping sa leaf hat, dat Er nea ophâldt mei dernei te sjen. Sjoch goed, hoe’t Er it tsjil, dêr’t de planeten op draaie, yn in skeane baan draaie lit. Sa noasket it Him, Dy’t dit sa ynsteld hat. As harren wei net skean wêze soe, dan soe folle krêft yn ’e himel fergees wêze, en hjirûnder soe hast alles dea wêze. En as de ôfwiking fan de rjochte line grutter as lytser wêze soe, dan soe folle fan de oarder yn ’e wrâld breklik wêze. Bliuw noch efkes sitten, lêzer, en tink ris nei oer wat jo al preaun hawwe, wannear’t jo bliid wêze wolle foar’t jo wurch binne. Ik ha it iten foar jo klear makke, mar jo moatte sels ite, want ik ha alle soarch no nedich. Ik moat dy no stekke yn de grutte dingen, dêr’t ik oer skriuwe moat. De grutte tsjinner fan de natuer, de sinne, dy’t de wil fan de himel op ierde skriuwt, en mei syn strielen de rin fan de oeren úttelt, ferbûn mei dat diel fan de himel, dêr’t ik al oer skreaun ha, gie troch de spiralen dêr’t er him eltse dei wat earder troch sjen lit, en ik wie mei him meigongen. Dat wy stiigd wiene, hie ik net murken. It wie Beatrice, dy’t ús late, fan it goede nei it bettere. Sa hommels, dat har dwaan net spraat waard yn de tiid. Hoe ljochtsjend yn himsels moat it dan wol wêze wat midden yn ’e sinne baarnt, dêr’t wy no ynkommen wiene. Ljochtsjend, net troch syn kleur, mar inkeld troch syn glâns. Want hoe 366 l a di v i na com m e di a hurd oft ik ek myn ferstân, myn keunst en myn feardigens om stipe freegje soe, ik kin net dúdlik meitsje wat ik sjoen ha. Mar leauwe kinne jo it wol, en ik hoopje, dat eltsenien besykje sil te sjen wat ik sjoen ha. En as jo net by steat binne en kom sa heech, dan soe dat gjin wûnder wêze, want eat, ljochter as de sinne, hat nimmen noch sjen kinnen. Sa wie hjirre de fjirde staach fan tsjinners fan de Hege Heit, Dy’t harren sielen mei seine folle hat, en sjen lit, hoe’t er harren skepen hat, en se opropt. En Beatrice begûn: “Bring tank. Bring tank oan de sinne fan de ingels, Dy’t jo dit alles sjen litte wol troch Syn genede!” It herte fan in stjerlik minske kin nea sa tawijd wêze, en sa ree om himsels te offerjen oan God yn tankbere leafde as myn herte, doe’t dy wurden oer har lippen kommen wiene. Sa folslein hie ik al myn leafde oan Him jûn, dat Beatrice foar my weisonken wie. Ik hie har fergetten. Mar hja naam it my net kwea-ôf. Hja lake, sa, dat de glâns fan har eagen myn opmerksumens, dy’t mar op ien punt rjochte wie, oer mear punten ferdielde. Doe seach ik ferskate libbene en trochskinende ljochten om ús hinne draaien. Hja makken in glânzgjende kroane, swieter noch yn harren stimmen as ljochtsjend yn ús eagen. Sa sjogge wy bytiden Latona har dochter omkrânzge, as der folle dize yn ’e loft sit, dy’t de ljochtsjende trie fan har gurdle fêsthâldt. Yn de himelske hôven, dêr’t ik no wer út weromkommen bin, is safolle skientme, sa kostber en sa leaflik, dat jo se ienfâldichwei nea dêrút meinimme kinne. En mei de sang fan de ljochten kin soks ek net. Hy, dy’t gjin wjukken hat, kin dêr net hinne fleane. Hy moat it hawwe fan in stomme tonge hjirûnder. Sa, altyd trochsjongende, hiene dizze ljochtsjende sangen harren trijeris om ús hinne draait, lykas stjerren, dy’t draaie om de fêste poal oan de himel. Hja wiene as froulju, dy’t hielendal opgien wiene yn harren dûnsjen, mar no efkes stil stiene, oant hja de nije melodije hielendal heard hawwe soene. i t pa r a dy s 367 En fan binnen de sirkel út hearde ik immen, dy’t begûn: “Om’t de striel fan de genede, troch de leafde oanstutsen en yn dy leafde woeksen, sa yn jo wjerkeatst wurdt dat er jo nei boppen begelaat hat, de treppen bylâns, dêr’t nea immen bylâns nei ûnderen giet, dy’t net daalks wer nei boppen gean kin. Wa’t ea oan jo siele, dy’t safolle toarst hat, de wyn út syn flesse wegerje soe, dy is net werklik frij, mar hy is as wetter, dat net ôfdale kin nei de see. Jo wolle witte, hokker planten weefd binne yn dizze krâns, dy’t der sa moai útsjocht, om de frouwe hinne, dy’t jo de krêft jûn hat hjir yn ’e himel te kommen: ik wie in laam yn de hillige keppel, dy’t troch Dominicus laat is oant it plak, dêr’t safolle goed gers is foar wa’t by de keppel bliuwt. De geast oan myn rjochterkant, ienris út Keulen, wie myn learmaster en broer. Albertus wie syn namme. En ik bin Thomas fan Aquino. As jo ek eat witte oer de oaren, lit dan jo eagen gean nei dêr’t myn wurden jo wize, en meidraaie, de loksillige krite bylâns. De earstfolgjende flamme giet út fan Gratianus, dy’t foar it iene en it oare hôf safolle goeds dien hat, dat it paradys him opnommen hat. De oare, dy’t njonken him ús koar siert, is Petrus, dy’t lykas de earme widdo, oan de tsjerke alles offere hat wat er hie. It fyfde ljocht, it moaiste, strielet sa’n prachtich ljocht út, dat de minsken op ierde graach witte wolle oft er sillich is. Dêr binnen is ek de geast, oan wa’t iepenbiere binne sokke djipten fan wiisheid, dat, as de wierheid wier is, gjin twadde op ierde safolle wiisheid wûn hat. Njonken him it ljocht fan de kears, dy’t, doe’t er noch yn it stjerlike flêsk baarnde, it djipste de natuer fan de ingels en harren tsjinstwurk sjoen hat. En yn de lytse lampe glimket hy, dy’t altyd it kristlik leauwe ferdigene hat yn syn Latynske skriften. Fan him hat Augustinus folle leard. Dan, as jo it each fan jo geast noch wat fierder gean litte, binne jo benijd, wa’t yn it achtste ljocht wêze sil. Dêryn, om’t er al it goede al sjoen hat, sjongt in siele, dy’t dúdlik makke 368 l a di v i na com m e di a hat, oan harren, dy’t nei him harkje woene, hoe fier’t de wrâld op ’e doele wie. Syn biente leit yn de Gouden Himeltsjerke, en syn siel kaam troch syn marteldea ta dizze rêst en frede. Sjoch dêr ek de flammen fan de geasten fan Isidoarus, fan Beda, en fan Richard, mei syn boppe-minsklike skôgingen. Dy’t dan komt, foar’t jo jo eagen wer op my rjochtsje, is de gloarje fan in siele, dy’t sokke djippe tinzen hie, dat de dea him o sa sleau talike. Dat is it ivige ljocht fan Siger, dy’t syn lêzingen holden hat yn de Striestrjitte, en wierheden fertelde, dy’t him haat brocht hawwe.” Doe, lykas in klok, dy’t ús oprôp de metten te sjongen mei de breid fan God, dat de Brêgeman har leafhat, de klok, dêr’t it iene diel fan slacht, en it oare fan stil stiet, tin tin liedende, yn swiete toanen, sa, dat de goed tarette siele fan leafde tinet. Sa seach ik it gloarjefolle tsjil bewegen, sa hearde ik ek de stimmen yn folsleine harmony, yn in swietens, dy’t nimmen kenne kin, as er dêr net is, dêr’t it genietsjen ivich is. i t pa r a dy s 369 by canto x • Latona har dochter (Artemis-Diana) is de moanne. • Dominicus: Stifter fan de Dominikanen, de Preekbruorren, Canto xii giet oer him. • Thomas fan Aquino (1227-1274) wie Dominikaan. Albertus Magnus, (de grutte) biskop fan Keulen, wie syn learmaster. Gratianus hat om 1180 hinne it ‘Decretum Gratiani’ skreaun, dêr’t it boargerlik en it tsjerklik rjocht yn op inoar ôfstimd binne. De ‘goede Petrus’: Petrus Lombardus, biskop fan Parys, dy’t de ‘Sententiarum Libri’ skreaun hat, in gearfetting fan de âldste kristlike skriften. De oare ljochten: 5: Salomo 6: Dionysius, de Areopagyt (sjoch Hannelingen 17,34), 7: Paulus Orosius, Spaansk pryster út de fyfde ieu, dy’t de Historiae Adversus paganos (‘tsjin de heidenen’) skreaun hat. 8: Boëtius (470524): riedsman fan Theodoric, de kening fan de Ostrogoaten. Hy wie filosoof. Doe’t er troch Theodoric as ferrieder finzen nommen waard, hat er it ferneamde ‘De Consolatione Philosophiae’ skreaun, ‘oer de treast fan de filosofy’, in ‘heidensk’ boek, dat ek neat seit oer de ivichheid. Hy is begroeven yn de Gouden Himeltsjerke yn Pavia. Dante earet him! • Isidoarus fan Sevilla (560-636): tsjerkelearaar. Beda Venerabilis: Ingelsman, tsjerkelearaar, Richard fan Sint Victor (stoarn yn 1173), Ingelsman, hat ‘De Contemplatione’ skreaun. Siger fan Brabân (1226-1283): troch de Ynkwisysje feroardiele, gie yn heger berop by de paus, waard doe troch syn sekretaris (yn dwylsin?) deade. De ‘Breid fan God’ is de tsjerke. De ‘Brêgeman’ is Kristus. 370 l a di v i na com m e di a [ canto xi ] O sinleaze soargen fan de stjerliken, hoe brekkich binne jimme beuzichheden, dy’t jimme de wjukken delslein hawwe! De ien gie efter it rjocht oan, de oar efter sprekwurden en útdrukkingen oer de sûnens, immen hat maklike baantsjes socht, in oar is efter it prysterskip oan gongen. In oarenien hat besocht te regearjen troch geweld en mûklist. Wer in oarenien hat it yn saken besocht, of as rôver, in oar is hielendal ûndergien yn syn gleonens, hat him ôfmêde, of de loaie line lutsen, wylst ik, fier fan al dizze dingen losrekke, mei myn Beatrice, sa gloarjeryk ûnthelle waard. Doe’t hja allegearre harren rûnte omdûnse hiene, en weromkommen wiene op itselde punt fan de sirkel, stiene hja stil as in kears yn in kandeler. En ik seach de gloarje fan it ljocht, dat it earst tsjin my sprutsen hie, en glimkjend hearde ik him sizzen: “Lykas myn ljochtglâns troch syn strielen ûntstutsen is, sa sjoch ik ek wer yn it Ivige Ljocht dêr’t jo tinzen hinne geane, en wêrom. Jo binne net wis fan josels, en jo soene de wurden, dy’t ik sein ha noch wolris priuwe wolle. Doe’t ik sei: “Hy liedt de keppel nei dêr’t it gers is,” en “Gjin stjerlik minske is ea sa heech kommen,” tocht ik dat it goed wêze soe en sis wat krekter, wêr’t it om giet. De Foarsjennigens, dy’t it hiele minskene slachte bestjoert, waans wiisheid sa grut is, dat elts skepsel, dat besiket dy wiisheid te begripen der blyn fan wurdt, hat, om de Breid wierliken ta blidens komme te litten, Him, dy’t har troud hat mei Syn hillich bloed, twa foarsten stjoerd, dy’t har ta in goede gids wêze soene. Ien wie lykas de searafinen yn leafdesfjoer, de oar, yn syn wiisheid, hat oer de ierde rûn yn de glâns fan de kearubinen. No sil ik inkeld oer dy iene prate, om’t it altyd ek oer de oar giet as jo oer ien prate, hokker fan i t pa r a dy s 37 1 de twa jo ek nimme. It wurk fan beide wie op ien doel rjochte. Tusken de Tupino en it wetter dat delkomt fan de heuvel dy’t de sillige Ubaldo útkeazen hat, hinget de fruchtbere skeante fan in hege berch. Perugia libbet yn de hjitte en de kjeld, dy’t fan de berch nei ûnderen streamt oan de kant fan de Porta Sole. Efter dy poarte gûle Nocera en Gualdo ûnder har swiere jok. En dêr, op it plak, dêr’t de skeante maklik te berinnen is, is in sinne oer de wrâld opgien, lykas dy sinne bytiden opgiet oer de Ganges. Lit dêrom nimmen dat plak Ascesi neame. It kin better Oriente neamd wurde. Hy wie noch mar krekt berne, doe’t de earste tekens fan syn grutte deugd al te sjen wiene. In bern noch begûn er de striid mei syn heit, om in frou, foar wa’t nimmen, likemin as foar de dea, graach in doar iepen docht. Mei hiel syn siele hie er har tefoaren boaske, foar it biskoplik hof et coram patre hie er him mei har ferbûn, en eltse dei hie er har mear leaf. Hja, berôve fan har earste Brêgeman, hie tûzen en hûndert en mear jierren ferachte en fergetten west, nimmen woe har mear. Net bang wie hja, foar nimmen, likemin as Amyclas it wie foar him, waans lûd de hiele wrâld kjel makke hie. Ek hie it har net fan nut west, dat hja stânfêst west hie en moedich, doe’t Marije stean bleaun wie, en hja mei de Kristus opstiigd wie op it krús, en Syn lijen dield hat. Mar om net al te lang yn ûnbegryplike taal te sprekken: nim no mar oan, dat ik Franciscus en de earmoede bedoeld ha as de twa, dy’t op inoar fereale wiene. Harren iendracht en harren ferealens binne altyd troch fêster wurden, dy wiene ek de oanlieding ta hillige tinkbylden. De earweardige Bernardus, dy’t harren sa lokkich sjoen hie, skopte syn skuon út, en rûn hastich sa’n grutte frede efternei, en hurd rinnend hie er noch it gefoel, dat er te stadich rûn. O, wat in rykdom! O, wat in oanstekkend hâlden en dragen! Ek Egidius docht de skuon út, en ek Sylvester folget bleatfoets syn Brêgeman. Sa hat er ek de breid behage. En doe 372 l a di v i na com m e di a rûn dizze heit, dizze lokkige hear mei syn breid en syn lokkige húshâlding syn eigen wei, bûn allegearre mei harren sljochte gurdle. Hy rûn ûnbeswierre, want hy wie berne as in soan fan Pietro Bernardone. En hy hie der gjin lêst fan, dat er sa wûnderlik leechlein wie. Hy rûn mei keninklike weardichheid nei paus Innocentius, en fan him hat er it earste segel op syn oardersregel krigen. Doe’t mear sielen efter him oan rûnen yn syn earmoede, efter him, waans gloarje better troch de heechste himel besongen wurde kin, hat paus Honoarius, oantreaun troch de Hillige Geast, syn libbensregel mei in twadde kroan bekrânzge. En, út leafde foar it martlerskip, rûn er fierder, en hat ek oan de grutske sultan Kristus preke, en syn bruorskip op ierde. Mar om’t er dêre nimmen fûn, dy’t de Kristus oannimme woe, is er weromkommen nei de fruchtbere Italjaanske grûn. Op de hurde rots tusken de Tiber en de Arno hat er fan Kristus sels it lêste segel, syn hillige wûnen, ynprinte krigen, dy’t er twa jier droegen hat, doe’t it God behage him, dy’t stjoerd waard, en safolle goeds dien hie, te roppen nei it plak dêr’t syn needrige siel syn lean krije soe. Doe hat er syn breid oan syn bruorren, as syn wettige erfgenamten, oerdroegen, en hy hat harren hjitten, har mei al harren krêften leaf te hawwen, troch alle jierren hinne. En fan harren skerte woe dizze ferhearlike siele omheech gean, ta it seinige keninkryk, en foar syn flêsk woe er gjin oar rêstplak. Tink der ek ris oer nei, hoe’t syn meibe stjoerder fan it skip fan Petrus by it farren oer de gefaarlike see, njonken him stien hat. Hy wie ús stifter, en fan him kinne jo witte, dat allegearre, dy’t him folge hawwe, as goed guod ynladen binne. Mar syn keppel is sa grut wurden, en sa roppich rjochte op nij fiedsel, dat it net oars koe as hja hawwe nije greiden socht. En wat fierder oft syn keppel by him wei rûn is, wat minder molke de skiep meibringe as hja weromkomme. In pear binne wol tichtby de hoeder bleaun, mar it binne mar in pear, i t pa r a dy s 373 en hja hawwe gjin wol genôch mear om dêr goede habiten fan te meitsjen. En no, as myn wurden net machteleas binne, en as jo goed harke hawwe, en alle wurden wer weromroppe yn jo geast, dan sil foar in part foldien wêze oan jo langstme. Want dan sille jo de beam sjen, dêr’t wol in pear tûken ôfbrutsen binne, en goed begripe wat ik sein ha: “Dêr’t safolle goed gers is foar wa’t by de keppel bliuwt.” 374 l a di v i na com m e di a by canto xi • Thomas fan Aquino, de Dominikaan, sjongt yn dit Canto de lof fan Franciscus, dy’t mei Dominicus roppen waard it skip fan de tsjerke de goede kant út te stjoeren. • Ascesi – ik stiigde op – wie de âlde namme foar Assisi. De Ganges wie neffens Dante de meast eastlike rivier fan de wrâld, dêr wie de sinne-opgong. Ubaldo (stoarn yn 1160) wie in kluzener, dy’t by Assisi wenje woe, tsjin de berch oan, dy’t yn de winter de kjeld en yn de simmer de hjitte op Perugia mei syn ‘sinnepoarte’ delkomme liet. • Franciscus’ breid wie de earmoede, mei de earme Kristus krusige. • Amyclas wie in earme fiskerman, dy’t hielendal net bang wie, doe’t de grutte fjildhear Julius Caesar ynienen op ien fan syn tochten syn hutte yn kaam. Hy koe yn syn earmoed dochs neat mear ferlieze. • Pietro Bernardone, Franciscus syn heit, wie poer op dy syn leaf de foar de earmoede tsjin. Franciscus hat doe foar de biskoplike rjochtbank en ‘coram patre’ (foar de eagen fan syn heit) ôfstân dien fan alles wat er hie, ek fan syn skuon en syn klean. Dat wie syn ‘houlik’ mei de earmoede. • Bernard de Quintevalle, Egidius en Sylvester wiene de earste folgelingen fan Franciscus. Hja rûnen, mei bleate fuotten yn sandalen, mei in gurdle, ek it symboal fan de earmen. • Innocentius iii hat yn 1211 as earste paus de libbenswize fan Franciscus goedkard. Yn 1223 hat Honoarius iii de oarder fan de Franciscanen plechtich goedkard. Yn 1229 hat Franciscus mei alve learlingen in tocht makke nei Grikelân en Egypte. Yn 1224 hat Franciscus op de berch Alverna de fiif wûnetekens fan Kristus ynprinte krigen, de stigmata. Twa jier letter is er ferstoarn, earm, op ’e neakene grûn. • Dominicus is de ‘twadde stjoerman’ by de fernijing fan de tsjerke yn it begjin fan de 13e ieu. Thomas, de Dominikaan, ‘wit’ yn it begjin fan de 14e ieu, dat er mei de beide ‘nije’ kleasteroarders al folle ferkeard gien is. i t pa r a dy s 375 [ canto xii ] D it sei de sillige siel, en mear sei er net, en by syn lêste wurden begûn de hillige mûne wer te draaien. En dy hie syn earste rûnte noch net ôfmakke, foar’t der in twadde tsjil om him hinne foarme waard, dat beweging op beweging, en sang op sang oanslute liet. Sang, troch swiete bazunen begelaat, safier boppe de bêste sangen fan ús muzen, of better fan ús sirenen útgeand, as de ljochtstrielen út geane boppe harren wjerkeatsing. Lykas twa reinbôgen troch de wolken komme kinne, parallel, en mei deselde kleuren, as Juno it sa oan har tsjinstfaam Iris hjitte wol, en dat dan de iene bôge berne wurdt út de twadde. Lyksa giet it mei dy omtoarkjende nimf, dy’t oplost waard as de dize troch de simmersinne. Dy bôge lit de minsken witte, dat God oan Noach tasein hat, dat de wrâld nea wer oerstreamd wurde sil. Sa draaiden dy ivich bloeiende roazen harren guirlandes om ús hinne. De bûtenste andere de binnenste mei in stim fan leafde. En doe’t it ferheven feest en it dûnsjen lyk mei it sjongen en it fûnkeljen fan blidens en leaflikens krekt op itselde eagenblik ta rêst kommen wie, om’t sy soks woene, lykas ús beide eagen ien binne, om’t hja iepene en sletten wurde troch ien en deselde wil. En fan ien fan dizze nije glânzen kaam in stimme en lykas de poalstjerre de nudle nei him rjochtsje lit, sa waard myn siele rjochte nei dizze hearlike flamme. Sa begûn er: “De leafde, dy’t my opljochtsje lit, driuwt my oan wat te sizzen oer dy oare lieder, oer wa’t troch myn lieder safolle goeds sein is. As der ien fan beiden neamd is, moat ek de oare neamd wurde, want hja wiene beide dwaande mei deselde saak, en hja moatte allebeide diele yn itselde ljocht en deselde gloarje. It leger fan Kristus – it op ’en nij wapenjen dêrfan hie sa djoer west – rûn wat hoeden, wat erch- 376 l a di v i na com m e di a tinkend en eigentlik ek wat lyts efter it hillige findel oan, doe’t de Keizer, Dy’t ivich regearret, troch Syn genede, en net om’t hja it fertsjinne hiene, oan harren tocht. En, lykas al sein is, Hy stjoerde nei Syn breid twa kampfjochters, en troch harren foarbyld en harren ûnderrjochtingen hat it folk, dat op ’e doele wie, de goede wei weromfûn. Yn it lân, dêr’t de swiete westewyn weikomt, dy’t yn de maitiid de nije blêden útkomme lit, dêr’t dan al gau hiel Europa mei oerdutsen is, tichtby it plak, dêr’t de sinne nei in lange reize him wer ferberget foar de minsken, leit it lokkige Calaroga, ûnder de beskerming fan it grutte skyld, dêr’t de twa liuwen op lizze, ien boppe-oan, ien ûnder. Dêr waard berne de trouwe tsjinner fan it kristlik leauwe, goed foar syn folgers, hurd foar syn fijannen. En sa gau’t er skepen wie, wie syn siele sa fol fan libbene deugd dat hy, noch yn de memmeskurte, syn mem ta in profetes makke hat. En doe’t it houlik sletten waard tusken him en it leauwe, oan de hillige doopfont, dêr’t hja inoar ek jeften fan heil jûn hawwe, doe hat de frouwe, dy’t foar him sprutsen hie by de doop yn in dream, de wûnderlike fruchten sjoen, dy’t hy en syn folgers fuortbringe soene. En om’t dat, wat hy wie, ek yn syn namme wêze soe, kaam der in geast fan de himel omleech, en neamde him “it eigendom fan de Hear”: Dominicus. Sa praat ik ek oer him, as oer de hofker, útkard troch Kristus om te wurkjen yn it hôf, dat Hy oanlein hat. It die al gau bliken, dat hy in fertrouling en boadskipper fan Kristus wie, want syn earste leafde wie de earmoede, en dat wie de earste rie, dy’t Kristus jûn hat. Fakernôch hat syn bernefaam him fûn, wekker, stilsittend op de keale grûn, as woe er sizze: “Sa fier is it kommen.” Ja, syn heit, Felix, wie wierliken lokkich. Syn mem, Giovanna, wierliken “troch God seinige”, as jo op de betsjutting fan dy nammen achtsje. Net om wrâldsk goed, dêr’t dy fan Ostia en Taddéus harren hjoed de dei sa foar útsloofd hawwe, mar út leafde foar it wiere i t pa r a dy s 37 7 manna waard er in koarte tiid in machtich gelearde, hat er him derop talein de wyngerd te bewurkjen, dy’t gau ferwylderet as de hofker it sloere lit. En foar de Stoel, troch wa’t eartiids de earmen let en set waarden (net troch de Stoel sels, mar troch him, dy’t der syn sit op hat, en dy’t no ûntaarde is), hat er frege net twa as trije foar seis jaan te meien, en ek net it rjocht de earste frijkommende biskopssit ynnimme te meien. En ek net de “decimae, quae sunt pauperum Dei”. Al frege er de tastimming te striden tsjin de wrâld, dy’t op ’e doele wie, en foar it sied fan de fjouwerentweintich planten, dy’t no om jo hinne steane. En doe, geleardens en oertsjûging byinoar brocht, en yn it ljocht fan syn apostoalysk amt, dat him fierder dreaun hat as in berchstream, dy’t in rike wetterier fuortdriuwt, kaam er del op de ketterske útsprútsels, mei de grutste krêft op it plak dêr’t de wjerstân it grutst wie. En fan dy stream út streamden ferskate lytse streamkes it lân yn, dêr’t de hiele katolike tún troch bewettere waard, sa, dat de lytse beamkes der hiel wat fleuriger bystiene. As sa it iene tsjil fan de grutte wein wie, dêr’t de tsjerke him mei ferdigenet yn it iepen fjild en sa de boargeroarloch wûn hat, dan sil it jo ek wol dúdlik wêze hoe goed oft dat oare tsjil wie, dêr’t Thomas, foar’t ik yn it spul kaam, tsjin jo sa freonlik oer sprutsen hat. Mar it spoar, dat dy beide grutte tsjillen makke hawwe, wurdt net mear brûkt. Dêr is no skimmel yn, wylst der earst wynstien yn wie. Syn oarder, dy’t eartiids rjochtút rûn, yn syn fuotprinten, is no hielendal omdraaid, sa, dat de teannen delset wurde dêr’t earst de hakken stiene. Al gau sille wy de rispinge fan dizze jierren, de jierren fan it minne túnkjen, sjen, as de hjouwerraai deroer klaget, dat er net yn ’e skuorre opnommen wurdt. Wol sis ik, dat wa’t blêd foar blêd ús boek neisjen soe, noch wol in side fynt, dêr’t er lêst: “Ik bin hjoed de dei noch wat ik wêze moast.” Mar net yn Casale, en ek net yn Acquasparta. Dêr hawwe se ús regel net ûnderhol- 378 l a di v i na com m e di a den, of hja hawwe dy fierstente strang útlein. Ik bin de geast fan Bonaventura út Bagnoregio, dy’t, wylst er de heechste amten waarnommen hat, altyd de ierdske soargen minder acht jûn hat. Illuminato en Augustinus binne hjirre, beide fan de earste bleatefuottebruorren, dy’t harren mei de gurdle ta Gods freonen makke hawwe. De prior Hugo fan Sint Victor is hjirre, en Petrus, de boekeslynder, en Peter fan Spanje, dy’t dêrûnder op ’e ierde skitteret yn tolve boeken, en Nathan, de profeet, en Chrysostomus, en Anselmus, en dy Donatus dy’t it oandoard hat en slach as earste syn hân oan de spraakkeunst. Rabanus is hjir ek, en hjirre, njonken my, stiet abt Joachim fan Calabrië, dy’t de jefte fan de profesije hie. De grutte hoflikens fan Thomas, myn hillige broer, en syn treflike hulde oan in paladyn, hat my oantreaun wat te sizzen oer de oar, en mei my hat er ek dit treflik selskip oansprutsen. i t pa r a dy s 379 by canto xii • Bonaventura (1221-1274), de Fransiskaan, dy’t yn dit Canto it libben beskriuwt fan Dominicus, wie in ferneamd téolooch, algemien oerste fan de Fransiskanen, sûnt 1273 kardinaal. Hy beskriuwt it libben fan Dominicus mei alle leginden oer syn jonge jierren, lykas wenst wie yn de midsieuwen. Dominicus betsjut: “Fan de Hear.” • Enrico de Susan, biskop fan Ostia, en Taddeo d’Alderrotto, in Florentyn, wiene gelearden, dy’t fan harren wittenskip ryk wurden wiene. • Dominicus woe gjin jild oan de tsjerke fertsjinje, net twa of trije jildstikken foar himsels hâlde fan de seis, dy’t er krije soe foar syn wurk yn ’e tsjerke, ek woe er net komme oan de ‘decimae quae sunt pauperum’, de 10% fan alles, dy’t foar de earmen wiene. • Bonaventura fertelt fierder oer wat er meimakke hat yn syn eigen oarder. Dy fan Casale wiene fierstente strang, dy fan Acquasparta leauden it wol. • Illuminato en Augustinus wiene by de earste bruorren. Hugo fan Sint Victor wie prior yn Parys. Petrus Mangiadore, de boekeslynder, wie deken fan de katedraal fan Troyes. Peter fan Spanje waard paus (Johannes x xi) yn 1276 en stoar yn 1277. Nathan wie de profeet, dy’t David de wierheid sein hat, sjoch ii Samuël 12. Chrysostomus (Goudmûle): biskop fan Constantinopel om 400 hinne. Rabanus Maurus (776-856), biskop fan Mainz. Joachim fan Fiore (1132-1202), muonts, syn geskriften binne feroardiele op it konsylje fan Lateranen (1215). De 24 planten om Bonaventura hinne: 24 boeken fan it Alde Testamint? 380 l a di v i na com m e di a [ canto xiii ] A s jo begripe wolle wat ik no skriuwe sil oer wat ik seach, tink jo dan yn – en hâld it byld fêst: de fyftjin heldere stjerren, dy’t de ferskate plakken yn ’e himel sa helder ferljochtsje, dat hja ek troch de dizenige loft hinne komme kinne. Tink jo dan ek de Wein yn, foar wa’t der oan ús himel foldwaande romte is, nachts en oerdeis, dat er syn hiele tiksel draaie kin, tink jo dan ek yn, dat de mûle fan de hoarn, dy’t jo sjen kinne sa’t er komt út de as, dêr’t it earste tsjil omhinne draait, en sjoch dat sa twa tekens oan de himel foarme wurde, lykas de dochter fan kening Minos dy makke hat, doe’t hja de kjeld fan de dea yn har liif fielde. En tink jo dan, as lêste, ek ris yn, dat it iene teken binnen it oare syn strielen útstjoert, en dat hja allebeide draaie om ien Sintrum, mar yn in tsjinoerstelde rjochting. Dan kinne jo jo foarstelle – foar safier’t minsken soks kinne – hoe’t de stjerren om my hinne as yn in dûbele dûns draaiden om it punt, dêr’t ik stie. Want dit allegearre giet safier boppe alles út, wat wy wend binne, as de rêdens fan de earste fêste himel útgiet boppe de stadige stream fan de Chiana. Dêr songen se, net oer Bacchus en net oer Paean, mar inkeld oer de trije persoanen yn de iene godlike natuer, en oer dy natuer, ien wurden yn ien persoan. It sjongen en it dûnsjen hiene de mjitte fol makke, en de hillige ljochten wachten no op ús, bliid dat se no fan de iene tsjinst nei de oare oergean koene. De stiltme fan dizze godlikheden waard brutsen troch ien fan dy ljochten, dy’t my al wat ferteld hie oer it wûnderlike libben fan de earme om God. It sei: “No’t de iene skeaf terske is, myn broer, en it nôt burgen, triuwt de swiete leafde my oan de oare ek te terskjen. Jo tinke dat it boarst, dêr’t de ribbe útnommen is om de moaie wangen te meitsjen i t pa r a dy s 381 fan har, waans ferwulft de hiele wrâld safolle koste hat, en dy, troch de lâns trochstutsen, dy’t safolle goed makke hat, wat dêrfoar en dêrnei dien is, dat er de skealjens fan de skuld wer trochslaan liet. Jo tinke, dat alle ljocht dat de minskene natuer hawwe kin troch de ien en de oar, de minske takomt. En dêrom ferwûnderje jo jo der oer, dat ik sei, dat it fyfde ljocht gjin gelikenis hat. Iepenje jo eagen foar wat ik no sizze sil, en sjoch, dat jo tinzen en myn wurden yn in sirkel om itselde Sintrum hinne draaie: dat wat net stjert en dat wat stjerre kin, is beide neat oars as de glâns fan wat ús Heit yn Syn leafde skepen hat. Fan it libbene ljocht, dat streamt út de Boarne, sa, dat it nea skaat wurde kin fan Him, en ek net fan de Leafde, waans mystike krêft de Trije-ienheid makket. En út genede wurdt it ljocht wjerspegele yn de njoggen himelsfearen, en bliuwt it dochs himsels gelyk, yn alle ivichheden. En dêrútwei sakket it ôf yn alles, wat krêft hat, oant yn de tydlike dingen. Dat binne de dingen, dy’t út de himel fuortkommen binne, mei sied en sûnder sied. En lykas beammen fan deselde soarte bytiden goed en bytiden minne fruchten jouwe, sa binne der ferskate minsken, mei oare talinten en mei in oare oanlis. As de waaks hielendal helder wie, en de himel yn de meast folsleine tastân, dan soe it ljocht it stimpel yn ’e waaks hielendal sjen litte. Mar de natuer hâldt it ljocht altyd in bytsje tsjin. Dy wurket as in keunstner, dy’t de wiere keunst wol ferstiet, mar in hân hat, dy’t in bytsje trillet. Dus: as de gleone leafde de kleare strielen fan de Earste Krêft útstjoert, en dêrmei stimpelet, dan wurdt alles folslein. Sa is de ierdske klaai weardich makke foar de folsleinens fan it libben, sa waard ek ienris de faam Marije swier makke. Dêrom bin ik it folslein mei jo iens, dat de minskene natuer nea west hat en nea wer wêze sil as er wie yn dizze twa. Mar dochs: as ik net fierder gean soe, dan soene jo freegje: “Hoe koene jo dan sizze, dat der nea immen west hat as hy?” 382 l a di v i na com m e di a No, om dúdlik te meitsjen wat faaks noch net dúdlik wêze soe, tink nochris nei oer wat er wie, en wat him oantrune hat, doe’t er anderje moast doe’t God him frege: “Freegje mar, wat moat Ik dy jaan?” Ik ha dit sein dat jo begripe kinne: Hy wie kening, en frege om wiisheid om syn folk en syn lân goed te bestjoeren. Net om te witten hoefolle ingels oft hjirboppe de himel bewege, ek net om te witten of eat tafallichs ea needsaaklik wêze kin. Ek net, oft der in earste beweging west hat, of dat fan in heale sirkel in trijehoeke makke wurde kin, sa, dat dy gjin rjochte hoeke hawwe soe. Sa kinne jo sjen, dat, doe’t ik wat sein ha oer ûnbeheinde wiisheid, ik doelde op de wiere wiisheid fan keningen. En dêr binne folle fan, mar de goeien binne seldsum. Dat wiene myn wurden, en ûnder dit ljocht binne hja yn oerienstimming mei alles, wat jo leauwe oer ús earste heit, en ús Earste Leafde. En ik hoopje, dat myn wurden as lead oan jo fuotten hingje, sa, dat jo wol stadich rinne moatte, as in wurch wurden man, stadich ek mei ‘Ja’ of ‘Nee’ te sizzen oer wat jo net sjen kinne. Want ûnder de healwizen is it meast healwiis, dy’t ja of nee seit sûnder nei te tinken, ûnferskillich wat er tsjinkomt. Fakernôch bart it, dat in hastich útsprutsen miening de ferkearde kant út giet, en dat in foarleafde it ferstân yn ’e boeien slein hat. Slimmer as fergees wurkjen is it fan de igge ôf it wetter op te gean en nei de wierheid te fiskjen, as jo net witte, hoe’t soks moat. Want jo komme dan oars werom as dat jo fuortgien binne. Hjir binne dúdlike foarbylden fan: Parmenides, Melissus, Bryson en ferskate oaren, dy’t op reis gien binne sûnder te witten wêrhinne. Sa diene ek Arius en Sabellius, en al dy oare healwizelingen, dy’t de hillige skriften brûkt hawwe as in spegeljend swurd, dat de wierheid ferfoarmet. Lit de minsken dochs net tefolle fertrouwe op harren eigen miening. Allinne in healwizeling giet te gau it fjild yn, en seit te gau, dat de weet ryp is foar de rispinge. Ha ik net i t pa r a dy s 383 de toarnen sjoen, de hiele winter lang, en dan yn ’e simmer pas de roazen? En ek ha ik wolris in skip sjoen, dat rjochút en hurd yn de goeie rjochting útfard wie, en dochs tichtby de haven omkommen is. Lit frouwe Bertha en hear Martinus, om’t hja sjoen hawwe, dat de iene stellen hat, en de oar offere, net tinke, dat hja oer harren neiste oardielje kinne mei Gods eagen, want de fromme man kin falle, en de dief kin wer omheech komme.” 384 l a di v i na com m e di a by canto xiii • Dante lit twa krânsen fan stjerren ominoar hinne draaie, lykas de Grutte en de Lytse Bear, dy’t mei de Wein sûnder ûnder te gean, om de Poalstjer hinne draaie. • De dochter fan kening Minos, Ariadne, stoar út leafdepine, doe’t Theseus har ferstjitten hie. Bacchus, de god fan de wille en de drank, hat har krâns doe as in kroan oan de himel set. Paean is in oare namme foar Apollo. Heidenen songen Bacchus en him ta. De Chiara is in o sa stadich streamende rivier yn Itaalje, dy’t oeral grutte sompen efterlit. • Thomas fan Aquino, dy’t yn Canto xi Franciscus beskreaun hat, besiket no út te lizzen, wêrom’t Salomo sa heech yn ’e himel in plak krigen hat. Salomo’s freegjen om wiisheid (sjoch i Keningen 3,5) wie it bewiis fan syn treflikens: oer de ingels, de logika en de wiskunde woe er neat witte. Fier foar Kristus hat er dêrom dochs syn plak tusken de tsjerkeleararen fertsjinne. Hy libbe nei Adam, by wa’t Eva út in ribbe út syn boarst wei foarme is, mar foar Kristus, waans boarst trochstutsen wie, doe’t er oan it krús hong. • Parmenides, Melissus en Bryson wiene filosofen út de tiid foar en fan Aristoteles. Parmenides tocht, dat alles kaam fan de sinne, en dêr wer nei werom gie. Melissus tocht, dat der gjin beweging wie bûten de ierde, it like allinne mar sa. Bryson hat lang besocht in fjouwerkant fan de sirkel te meitsjen. Arius wie in pryster, (stoarn yn 336) dy’t learde, dat de Soan skepen wie troch de Heit. Sabellius (stoarn 269) bewearde, dat der gjin ûnderskie wie tusken de Heit en de Soan. • Bertha en Martinus: wy soene: ‘Jan en alleman’ skriuwe. i t pa r a dy s 385 [ canto xiv ] “W etter yn in rûn fet streamt fan it midden út nei de râne as it fan binnenút yn beweging brocht wurdt, en fan de râne nei it sintrum, as it fan bûten út yn beweging brocht wurdt.” Dizze wierheid, dy’t ik no útskriuw, kaam my ynienen yn it sin doe’t de ûnstjerlike strieling fan Thomas fan Aquino syn lêste wurden útsprutsen hie. Syn sprekken hie folle hân fan dat fan Beatrice, dy’t sa begûn, nei’t er útsprutsen hie: “Der is hjir in oarenien, dy’t graach – mar hy seit it noch net, en hy tinkt it ek noch net – ta de woartel komme wol fan in oare wierheid. Sis him dochs, oft it ljocht, dat no as in blossempracht jo siert, ivich om jo hinne wêze sil lykas it no is. En as it sa bliuwt, fertel him dan hoe’t jo wer normaal sjen kinne sille, en dit ljocht jo dan net skansearret.” Lykas dûnsers, troch harren blidens dreaun, bytiden, yn ’e rûnte dûnsjend, ynienen rêder dûnsje en lûder sjonge, sa lieten, nei’t myn frouwe dit frege hie, de hillige sirkels nije wille sjen yn harren dûnsjen en sjongen. Wa’t ea betreure hat, dat er hjirre stjerre moat om dêr libje te kinnen, dy hat hjir nea de ferkwikking fan de ivige rein belibbe. Dy Iene en Twa en Trije, Dy’t ivich libbet en regearret yn Trije, Twa en Ien, en it al yn himsels besletten hat, en sels net yn de romte besletten is, wie trijeris besongen troch eltsenien fan de geasten, mei sokke sjongwizen, dy’t foar alle fertsjinsten in weardich lean wêze soene. En ik hearde yn it godlike ljocht fan de binnenste sirkel in dimmene stimme, faaks in stimme as dy’t ienris kaam fan de ingel by Marije. En dy sei: “Salang as it feest fan it paradys duorje sil, salang sil ús leafde om ús hinne strielje as in ljochtsjend klaad. Al ús klean strielje de fûlens fan ús leafde út. Dy is sa grut as wy genede fûn hawwe boppe ús fertsjinsten út. 386 l a di v i na com m e di a As it ferhearlike en hillige flêsk ús wer ta in klaad wêze sil, dan sil ús persoan folslein wêze. Dan sil ek fergrutte wurde wat ús no al jûn is út genede fan it heechste Goed: it ljocht, dat it ús mooglik makket Him te sjen, is dan noch fûlder wurden. En ek de ljochtstriel, dy’t fan ús út giet, sil fûlder wêze. Mar lykas in koal, dy’t syn fjoer útstrielje lit, dochs troch syn libbene gloede yn ’e flammen noch te sjen wêze sil as ien gehiel, sa sil it ljocht, dat om ús hinne strielet, de gloede trochskine litte dy’t útgiet fan it flêsk, dat no noch mei ierde oerdutsen is. En it ljocht sil ek net sa fûl wêze, dat it boppe ús krêften útgiet, want al ús organen sille de krêft krije it op te nimmen. “Amen” rôp it koar fan de sielen om ús hinne, mei sa’n krêft dat hja ús dúdlik makke hawwe dat hja mei grut langstme dernei útseagen wer harren eigen flêsk te dragen. Faaks net sasear om harren sels, mar om harren leafde foar harren heiten en memmen, en om allegearre, dêr’t se fan holden hawwe foar’t hja ivich ljochtsjende flammen waarden hjirboppe. En sjoch: dêr komt oer ús in nij ljocht, strieljende boppe de glâns út, dy’t der al wie, lykas de hoarizon opljochtet as de nije dei begjint. Lyk ek, as it wer jûn wurden is, oeral de stjerren harren ljocht wer sjen litte. De stjerren, dy’t jo by no en dan al, en dan wer net sjen kinne. Sa koe ik dêr ek nije sielen sjen, dy’t ik net earder sjoen hie, en dy’t in ring foarmen om de twa oare ringen hinne. O, it wierlike fûnkeljen fan de hillige Geast! Wat wie it ynienen wythjit foar myn eagen, dy’t de fûle glâns net daaie koene! Mar Beatrice fertoande har oan my, sa bliid yn har skientme, dat ien wol lige moat, dy’t seit, dat er him dizze gloarje net mear te binnen bringe kin. Troch har krige ik wer de krêft en sjoch omheech. Ik seach mysels oerbrocht, mei har allinne, yn in nije see fan ljocht. Wol krige ik foar it ferstân dat ik omheech lutsen wie troch it fûle laitsjen fan in stjerre, dy’t my noch reader talike as er al wie. Mei hiel myn herte, en yn de taal, dy’t alle minsken i t pa r a dy s 387 eigen is, ha ik, sa’t it foech jout, God tanke foar dizze nije genede. En noch wie yn myn boarst myn tankgebed net foltôge, doe’t ik fielde, dat myn bidden oanfurdige wie, om’t my safolle ljocht en safolle reade glâns temjitte kaam, dat ik neat oars sizze koe as: “O, Helios, Dy’t harren sa ferhearlike hat!” En lykas, skeakele troch grutte en lytse stjerren, de Molkwei opljochtet, sa, dat wize lju derop omstoarje kinne, sa foarmen yn de djipten fan Mars twa strielen it hillige teken troch de twa inoar krusende kwadranten. Hjir giet myn ûnthâld boppe myn krêft wat te sizzen út. Hoe kin ik eat sizze oer it krús, dat dêr glânzge, sa, dat ik der gjin wurden foar fine kin? Mar elts, dy’t syn krús opnommen hat, en Kristus folget, sil it my ferjaan, dat ik hjir alles net sizze koe, as hy ienris de ljochtsjende strielen sjoen hawwe sil, dy’t útgeane fan Kristus’ krús. Fan de iene earm nei de oare, fan de foet nei de top, rûnen ljochtsjes, lytse ljochtsjes, oerinoar hinne, en as se botsten, ljochten se noch skitterjender op. Sa kinne bytiden op ierde de lytse stofdieltsjes sjoen wurde, dûnsjend yn in sinnestriel, dy’t in rjochte line foarmet yn it skaad, dat de minske foarme hat foar wat beskutting. En lykas in fioele en in harpe mei goed ôfstimde snaren in swiet lûd jaan kinne, ek foar him, dy’t gjin noat weromken, sa hearde ik in liet fan de heechste lof: “Kom oerein, jo ha oerwûn!” As immen, dy’t it net ferstiet, mar dochs heart, waard ik sa yn leafde meinommen, dat der oant doe neat wie, dat my sa yn swiete keatlingen slein hat. Faaks liket myn sizzen jo jit wat al te dryst, as soene de moaie eagen, dy’t al myn langstme ta rêst komme litte, no minder moai wêze. Mar wa’t betinke wol, dat de libbene stimpels fan alle moaiens mear yndruk meitsje as se heger binne, dy wit ek, dat ik dêr doe noch net nei sjoen hie. En jo kinne sjen dat ik de wierheid sprutsen ha, want de hillige wille om dy sillige eagen kin inkeld grutter wurde as ik fierder opstige mei. 388 l a di v i na com m e di a by canto xiv • Ien frage libbe der noch by Dante: wat bart der by de ferrizenis fan it flêsk? De stim fan Salomo jout him andert. • Mei Beatrice giet er dan omheech, nei de tredde ring, yn de sfear fan Mars. • Foar Dante is de ‘reade’ Mars – read as it bloed fan Kristus – in stjer. Dy stjer is as in holle nis, dêr’t it ljocht yn falt, yn twa strielen, dy’t inoar kruse. • Helios is Gryksk foar de sinne, inkelde kommentaren fersteane it ek as Elohim, in âldtestamentyske namme foar God. i t pa r a dy s 389 [ canto xv ] D e goede wil, dêr’t altyd de leafde yn oplost, lykas de begearte yn de kweade, liet de swiete harpe swije, en de hillige snaren, dy’t troch de rjochterhân fan de himel yn beweging brocht wurde. Hoe soene dizze wêzens dôf wêze kinne foar rjochtmjittige gebedens, as hja samar ynienen stil waarden om my de kâns te jaan harren eat te freegjen? Hja, dy’t rjochte binne op dingen, dy’t net ivich duorje, hawwe gelyk as hja tryst wurde om’t hja fan dizze leafde berôve binne. Sa’t yn in stille en suvere himel by no en dan ynienen in skynsel opljochtet, dat alle eagen nei him ta lûkt, en it liket as soe in stjer ynienen syn plak opjaan wolle, as it net sa wêze soe, dat de stjerre der noch stiet, en allinne it ljocht mar o sa koart skynd hat, sa kaam der ek fan de rjochterearm nei de foet fan it grutte krús in stjer delfallen, út it stjerrebyld, dat dêr stie. En ek hjirre kaam dizze pearel net út de diadeem oan de top, mar as in fjoerbal efter in albasten finster skeat er nei ûnderen as in ljochtsjende stripe. Sa kaam ek it skaad fan Anchises del, as wy ús grutste muze leauwe meie, doe’t er syn soan sjoen hie yn Elysium. “O, sanguis meus, o superinfusa gratia Dei, sicut tibi, cui bis unquam coeli ianua reclusa?” Sa song dat ljocht, en dêrom rjochte ik my mei wiid iepen eagen ta myn sillige frouwe. Ik wie hielendal ferbjustere. Want yn har eagen baarnde in fjoer fan leafde, sa fûl, dat ik tocht dat mei myn eagen ik de hiele djipte sjoen hie fan de genede, my tastien en myn paradys. En doe – bliid wie ik, dat ik it hearde en ek dat ik it seach – heakke de geast eat ta oan syn begjinwurden, dy’t ik net begripe koe, sa djipsinnich wiene se. En net út frije wil hat er him yn syn wurden foar my ferburgen, hy koe net oars, want syn tinzen giene fier út boppe wat minsken ferdrage kinne. En 390 l a di v i na com m e di a doe’t de bôge fan syn baarnende leafde sa fier ûntspand wie, dat syn sprekken ôfdaald wie ta ús nivo, doe wie it earste, dat ik ferstean koe: “Wês seinige, Jo, Trije en Ien, Dy’t foar myn sied sa goed west hawwe.” Doe sei er: “Oan in duorjende honger, fiede troch it hillige boek, dêr’t wyt en swart nea yn ferwiksele waarden, hasto, myn soan, in ein makke. Yn dit ljocht, dêr’t ik no mei dy yn prate kin, mei tank oan dejinge, dy’t dy de wjukken jûn hat foar dizze hege flecht. Do tinkst, dat dyn tinzen by my trochkomme yn dat hege ljocht, lykas fiif en seis folgje op ien. En dêrom: wa’t ik bin, of wêrom’t ik blider bin as de oare geasten yn dit blide koar, dêr fregest net nei. En do hast gelyk. Want hjirre, yn it paradys, kinne lytsen en grutten alles sjen yn ’e Spegel, dêr’t hja alle tinzen yn lêze kinne foar’t hja foarme binne. Mar, om’t de hillige Leafde, dêr’t ik yn libje yn in ivich skôgjen my mei in swiete toarst ferfolle hat, dy’t earder sêd wurde kin asto dyn stim hearre litst: sprek út, hokker langstme dyn siele folle hat. Myn andert stiet al fêst! Ik seach Beatrice oan, en wylst ik noch nei wurden oan it sykjen wie, hie hja dy al fêstlein. Hja glimke sa bliid dat se wjukken joech oan myn langstme. En sa begûn ik: “De leafde en it ynsjoch krigen, doe’t de Earste Lykweardigens ferskynde, yn elts fan jimme deselde stimme, want de Sinne, dy’t jimme ferwaarmet en ferljochtet, hat waarmte en ljocht sa gelyk ferdield, dat dêr nearne in gelikenis fan fûn wurdt. Mar as de stjerliken harren uterje: stjerlike fielings hawwe, om redenen dy’t jo wol dúdlik wêze sille, net sokke gelikense fearren yn harren wjukken! Ik dan, dy’t stjerlik bin, fiel de ûngelikense situaasje goed oan, en dêrom kin ik jo allinne yn myn herte tankje foar de wize, dêr’t jo my wolkom mei hjitten hawwe. Wol freegje ik jo, hillige flamme en libbene fûnkelstien út dizze diadeem, dat jo myn toarst sêdzje wolle troch it neamen fan jo namme.” “O, myn leaf, dêr’t ik al safolle wille fan hie, doe’t ik dy seach: ik bin dyn i t pa r a dy s 391 woartel,” sa sei er as andert. En: “De earste, dy’t dyn efternamme droegen hat – syn siel hat al hûndert jier en mear om de lotteringsberch hinne rûn – wie myn soan, en dyn oerpake. Do soest der goed oan dwaan syn lange omrinnen om de berch hinne wat koarter te meitsjen troch bidden en goeie wurken. Florence lei noch binnen de âlde muorren, en fan dy muorren hearden wy noch de tertsen en de nonen lieden. Hja libben allegearre yn swiete frede. Der wiene noch gjin gouden keatlingen, gjin gouden kroanen, der wiene noch gjin froulju mei opskik, gjin gurdlen, dy’t mear yndruk makken as de persoan, dêr’t se om hinne sieten. In heit wie der yn dy dagen net bang foar dat er in dochter krije soe, dy’t gau en mei in fierstente grutte breidsskat boaskje woe. Der wiene noch gjin hûzen, dêr’t gjin húshâldingen yn wennen. Sardanapalus wie noch net oankommen om sjen te litten, wat der allegearre oan in hûs dien wurde koe. De Montemario wie noch net oerwûn troch jimme Uccellatoio, mar lykas dy troch syn omheechkommen oerwûn is, sil hja him oerwinne troch syn fal. Bellincione ha ik rinnen sjoen, klaaid yn lear en bonken, en syn leave frou kaam werom fan de spegel sûnder dat hja opferve wie. En ik seach, hoe’t de manlju út de huzen fan Nerli en Vecchio tefreden wiene mei harren klean fan gewoan lear, en harren froulju wurken noch mei de spinnewielen. Wat wiene hja lokkich! Eltsenien wie der wis fan, dat der in eigen grêf foar him wie, en nimmen lei allinne op bêd fanwege Frankryk. Ien siet by de lytse poppe yn ’e widze, en hja brûkte foar har bern it taaltsje, dat heiten en memmen sa graach brûke. In oar, oan it spinnen yn har ienfâldich hûs, hat har bern ûnderwilens de teltsjes oer Troaje, Fiesole en Rome ferteld. Cianghella of Lapo Salterello soene doe de lju krekt sa ferbjustere hawwe as Cornelia of Cincinnatus tsjintwurdich: sa’n rêstich, sa’n fredich libben as hja libbe hawwe yn de stêd, as troud man of troude frou. Yn 392 l a di v i na com m e di a sa’n hûs hat Marije – lûd oanroppen yn de bertepinen – my it libben jûn, en yn jim âlde doopkapel waard ik kristen en Cacciaguida foar myn libben op ’e ierde. Moronto en Eliseo wiene myn bruorren, myn wiif kaam út de Poflakte, jimme efternamme tankje jimme oan har. Ik ha ûnder Koenraad fochten yn it Hillige Lân, hy hat my myn eale bân omlein, en sa ha ik myn goede wurken dien. Mei him ha ik it swurd lutsen tsjin de machten fan it kwea, tsjin harren dy’t no – troch de sleauwens fan jimme hoeders – it lân ynnommen hawwe, dat de kristenen takomt. Dêr bin ik troch dy skamteleaze binde berôve fan it klaad fan de ferrifeljende wrâld. De leafde foar dy wrâld hat al ferskate sielen ta de ûndergong brocht. Mar ik bin doe troch it martlerskip ta myn tsjintwurdige frede brocht.” i t pa r a dy s 393 by canto xv • Anchises hat neffens Vergilius syn soan Aeneas opsocht yn Elysium, it lân fan de silligen. • Dantes oer-oerpake, dy’t no oan Dante ferskynt, seit yn it Latyn: “O, myn bloed, o genede fan God, sa ryk oer dy útstoart, foar wa wurdt ea de poarte fan de himel twaris iepene?” • Dizze Cacciaguida priizget dan it Florence fan syn tiid, sa hiel oars as de stêd hûndert jier letter wie. Sardanapalus wie kening fan Assyrië (667-626 foar Kristus). Hy wie it foarbyld fan oerstallige lúkse: hy hie as earste fearren bêden yn syn harem, en alle weelde yn hûs. • Montemario wie in hege heuvel mei in toer yn Rome. Uccellatoio wie krekt sa’n toer yn Florence. Mar dy toer sil earder as dy yn Rome yn ’e oarloch ferwoastige wurde. • Terts en noon: it koargebed op de seisde en de njoggende oere fan de dei. • Cornelia: mem fan de Gracchen, in weardige Romeinske matrone. Bellincione: boarger fan Florence, dy’t in learen klaad hie, fêstholden troch gespen út bonken snijd. Cianghella, troud mei de hear fan Imola, wie in klappij út Dantes tiid. Yn dy tiid wiene de manlju fakernôch ûnderweis nei Frankryk foar de hannel. Froulju wiene dan moannen allinne. • Marije waard oanroppen troch froulju yn de bertepinen. • Koenraad iii, keizer 1137-1152, is yn 1147 op krústocht gien. Hy is by Damascus ferslein. De pausen hawwe letter it werferoverjen fan it hillich lân sitte litten. Dante wie poer op dy sleauwens tsjin. Syn oer-oerpake is as strider stoarn, en koe sa as martler rjocht de himel yn. Syn skaai wie noch altyd op de lotteringsberg, noch foar it faaiefjoer. Dante moast foar harren bidde, en aflaten fertsjinje. 394 l a di v i na com m e di a [ canto xvi ] O wat in nuvere grutskens fan ús oer ús eal bloed! Us minsken wurde dêrtroch yn beslach nommen op it plak dêr’t it wollen noch swak is. Dochs ha ik my tige fernuvere, want dêr’t ús begearte ús nea nei it kweade triuwe kin – yn de himel bedoel ik – wie ik der noch grutsk op! Wol binne jo lykas in mantel, dy’t gau te koart wurdt as der net alle dagen in stik oan fêstnaaid wurdt, want de tiid knipt der alle dagen ek wer in grut stik ôf. Ik ha him wer oansprutsen, mei ‘voi’, lykas soks eartiids yn Rome foar it earst dien waard, eat, dat harren skaai net fêstholden hat. Doe’t Beatrice dat ‘voi’ hearde, glimke hja in bytsje, en sa like hja op har, dy’t kiche, doe’t se de earste sûnde fan Guinevere seach. Ik begûn: “Jo binne myn heit, jo hawwe my oantreaun en sprek jo ta. Jo hawwe my fier boppe mysels úttild. Troch safolle streamen rint myn geast fol mei blidens, dat er no ek bliid oer himsels is, om’t er al dy blidens befetsje kin sûnder dat er berstet. Sis my dan, myn leave oer-oerpake, wa wiene jo âlden, en wannear wiene de jierren fan jo jonkheid? Sis my ek eat oer de skieppeskuorre fan Sint Jan, hoe grut wie dy? En wa fan harren wie syn heech plak wurdich?” En, lykas by in bytsje wyn it fjoer yn ’e koal opflakkeret, sa seach ik dat by myn freonlike wurden syn ljocht opflakkere. En lykas hy moaier wurden wie yn myn eagen, sa wie ek syn stim swieter en leafliker wurden, mar hy spriek net yn de moderne sprektaal. Hy sei: “Fan de dei ôf, dat it ‘Ave’ sein waard, oan de dei ta, dat myn mem, no in hillige, ferlost waard fan my, fan wa’t se swier wie, kaam fiifhûndertfyftich en tritich kear it fjoer fan Mars werom ta syn Liuw, en waard wer gleon ûnder syn fuotten. Myn âlden en ik wiene berne op it plak, dêr’t eartiids it lêste diel begûn fan de jierlikse i t pa r a dy s 395 hurdrinnerij. It moat jo foldwaande wêze dit oer myn foarâlden te hearren. Oer wat hja wiene, en wêr’t hja wei kamen, dêr kin better net oer praat wurde. En ast de minsken telle wolst, dy’t tusken Mars en Sint Jan de wapens drage koene: it wie mar in fyfde part fan de minsken, dy’t no libje. Mar de boargerij, no mongen mei lju út Campi, Certaldo en Figline, wie doe noch suver, oant en mei de minste arbeider. O, wat is it folle better buorlju te hawwen as dizzen, en jins grinzen te hawwen by Galluzzo en Trespiano, as dizze doarpen opslokt te hawwen, en de stjonkerij ferdrage te moatten fan de buorkerij fan Aguglione, of fan Signa, dy’t no rjochte binne op swindel en ôfparsing. Hiene de lju, dy’t oer hiel de wrâld hinne it meast op ’e doele binne, net as in styfmem west foar Caesar, mar in echte mem, dan soene ferskate minsken, dy’t no Florentyn wurden binne, weromgien wêze nei Simifonti, it plak dêrt harren pake noch as bidler omtoarke. Montemurlo soe noch by syn eigen greve hearre, en dy fan Cerchi soene harren eigen parochy noch hawwe, en de Buondelmonti faaks noch ien yn Valdigrievi. It hat altyd in feit west, dat it mjuksjen fan bloed in boarne fan kwea is yn stedssteaten, lykas it ek net goed is foar dy stêden as der tefolle folk ynslokt wurdt. In bline bolle falt earder as in blyn laam. En dat ien swurd better deropyn hakt as fiif is al yn ferskate oarloggen bewiisd. En as jo nochris tinke oan Luni en Urbisaglia, hoe’t it dêrmei gien is, en hoe’t Chiusi en Sinigaglia harren efternei rûn binne, dan sil it jo gjin nij dwaan, en net al te frjemd talykje, dat de geslachten fergeane, en de steaten harren ein fine. Alle minsklike ynstellingen hawwe de eigen dea yn ’e hûs, mar hoelang’t dat duorje sil, is ferburgen foar jimme, om’t jimme eigen libben sa koart is. En lykas it draaien fan de himel fan de moanne sûnder ophâlden it strân bedekt en wer bleat makket, sa docht it fortún it mei Florence. Dêrom moat it dy net al te wûnderlik foarkomme wat ik no sizze sil 396 l a di v i na com m e di a fan de grutte Florentinen, fan wa’t de rom troch de tiid ferburgen is. Ik ha de Ughi sjoen, en de Catellini, de Filippi, Greci, Ormanni en Alberichi, eale boargerskaaien, dy’t doe al efterút giene. Ik ha dy fan Sannella kend, en dy fan Arca, de Soldanieri, de Ardinghi en de Bostichi. Deun by de poarte – dy’t no swier belêstige is mei de lêst fan nije misdieden: it sil net lang mear duorje, dat it hiele skip ferlern gean sil – wennen de Ravignani, dêr’t de greve Guido fan ôfstammet, en allegearre, dy’t letter de namme fan de grutte Bellincione oannommen hawwe. Dy fan Pressa hawwe altyd al witten, hoe’t hja regearre wurde woene, en Galigaio rûn al syn hûs yn mei in gouden appel op it hânfetsel fan syn swurd. De kolommen op de wapenbuorden fan de Sacchetti, de Giuochi, de Fifanti, de Barucci en de Galli wiene al aardich grut, en ek fan harren, dy’t noch in kaam krigen om’t hja eartiids de mjitten ferfalske hiene. It skaai, dêr’t de Calfucci út berne binne, wie doedestiids grut, en ek de Sizii en de Arrigucci waarden doe al ta hege amten roppen. O, wat ha ik harren grut sjoen dy’t no neat mear binne. Harren grutskens hat harren falle litten, mar hoe moai hawwe de gouden appels fan harren wapens Florence doedestiids makke. Dat diene ek de heiten fan de lju, dy’t eltse kear as de tsjerke sûnder biskop wie, harren búk rûn fretten hawwe salang’t it konsistoarje duorre hat. De eigenwizelingen, dy’t harsels ta in draak makke hawwe foar immen, dy’t weiflechtet, mar dy’t as in laam wiene foar harren, dy’t harren tosken of harren pong sjen lieten, kamen al nei boppen, mar allinne ûnder de lytse lju. Sa wie it net nei ’t sin fan Uberto Donato dat syn skoanheit dizze lju famylje fan him makke hat. De Caponsachi wiene doe al oerkommen fan Fiesole, de merk op, en dy Giuda en de Infangati wiene goede boargers wurden. Ik sil no noch wat sizze oer wat hast net te leauwen is: yn de âlde tiden wie der in poarte yn de earste muorre, neamd nei de Pera-famylje, dy’t no hast allegearre i t pa r a dy s 397 ferdwûn binne. En eltsenien, dy’t yn syn wapenskyld eat hat fan de grutte baron, waans namme en rom ús wer oan it feest fan Sint Thomas tinke lit, hat oan him syn ridderskip en syn foarrjochten ûntliend, ek al is er hielendal yn it gewoane folk ûndergien. Rêstiger wiene doedestiids de Gualterrotti en de Importuni, en rêstiger soe ek de Borgo bleaun wêze, as dy mar gjin nije buorlju krigen hawwe soene. It skaai, dêr’t jimme grutste fertriet út berne is, troch de terjochte grime dy’t in ein makke hat oan jim blide libben, wie doe eare om himsels, en om de lju, dy’t hja boaske hiene. Buondelmonte, wat ha jimme it min dien, doe’t jim om dat fanke út in oar skaai jim eigen folk fergetten hawwe. Ferskaten, dy’t no gûle, soene o sa bliid wêze, as God jimme yn ’e Ema ferdronken hawwe litte soe, de earste kears, doe’t jimme nei de stêd kamen. Mar it moast sa wêze, dat oan dy stien by de brêge in offer brocht wurde moast, doe’t it ôfrûn wie mei de frede foar Florence. Mei al dizze lju en mei oaren ek ha ik Florence sa yn frede sjoen, dat nimmen earne oer gûle hoegde. Ik ha myn folk doe goed en rjochtfeardich sjoen, salang’t de leelje noch net omkeard wie op it skyld, en ek net troch de boargeroarloggen read ferve wie.” 398 l a di v i na com m e di a by canto xvi Dante lit – yn 1300 – Cacciaguida, de pake fan syn pake, berne yn 1091, hiel dit Canto oan it wurd oer de goede âlde tiid. Hast alle boargers fan Florence, sa om 1150 hinne, wurde neamd yn it doe noch lytse Florence, de ‘skieppekoai’ fan Sint Jan, de stedspatroan. Der wiene riddergeslachten, de sprekker sels wie ek ridder, der wiene bestjoerders, ek mei famyljewapens, mei fjouwer kertieren en mei kolommen. En de rykdom wie te sjen oan de gouden appels, ek as hânfet foar it swurd. • Voi wie ‘deftich’. Lykas ‘Gij’ yn it Nederlânsk. Guinevere: Arthurromanfiguer, sjoch Hel vi. • In konsistoarje is hjirre in soarte fan rie, dy’t it bestjoer fan in bisdom waarnimme moat, as de biskop stoarn is, en der noch in nije keazen en beneamd wurde moat. • De styfmem fan Caesar: de tsjerke, de paus. Dante hie wollen, dat de paus de keizer mear stypje soe yn de striid om Itaalje. • De Ema: in rivierke, dat útstreamt yn de Arno, ticht by Florence. i t pa r a dy s 399 [ canto xvii ] L ykas hy, dy’t nei Clymene gie en hearre woe oft it wier wie, en dêrmei de heiten ûnbrûksum makke hat foar harren soannen oer, sa fielde ik my ek, en Beatrice hie dat goed begrepen, likegoed as it hillich ljocht, dat al tsjin my sprutsen hie. Dêrom sei se: “Lit it fjoer fan jo langstme nei bûten komme, goed stimpele mei it teken fan jo longerjen om te witten. Net, dat wy mear leare sille troch wat jo sizze, mar wol, dat jo der oan wenne sille jo toarst sêdzje te litten, en ek dat oaren jo earder wat te drinken jaan sille.” “Eale woartel fan myn bestean,” sa begûn ik, “jo, dy’t mei grutte wissichheid skôgje nei it punt dêr’t alle tiden tsjintwurdich binne, mei deselde wissichheid dêr’t de ierdske minsken mei sizze, dat in trijehoek gjin twa stompe hoeken ha kin: doe’t ik, begelaat troch Vergilius, nei boppen de berch op gien bin, dy’t de sielen genêst, en ôfdaald bin yn de deade wrâld, doe waarden my oer myn takomst swiere wurden sein. Alhoewol’t ik my fjouwerkant fêst stean fiel tsjin de slaggen fan it lot, freegje ik jo dochs: ik soe folslein foldien wêze, as ik witte soe, hokker ûnheil my noch wachtet. Want de pylk, dy’t jo sjoen hawwe foar’t er oankomt, is al heal ferlern.” Dat wiene de wurden fan myn andert, rjochte ta it ljocht, dat al earder ta my sprutsen hie. En dêrmei hie ik, lykas Beatrice woe, tagelyk myn eigen winsken útsprutsen. Net yn tsjustere orakelspreuken, lykas dy, dêr’t de minsken yn leauden foar it Laam fan God slachte waard, dat de sûnden weinimt. Mar yn dúdlike wurden, en rjochtút, yn goed oardere sinnen hat oerpake andere, en leaf glimkjend hat er sein: “Alles dat barre sil, is fêstlein yn de skriftrol fan de ivichheid. Mar dat wol net sizze, dat it needsaaklik sa barre moat, likemin as in skip, spegele yn it wetter, 400 l a di v i na com m e di a as it mei de stream meidriuwt, farre moat lykas de taskôger it sjocht. Lykas in swiete melody út in oargel komt ta it ear, sa komt ta myn each de tiid, dy’t dy noch te wachtsjen stiet. Lykas Hippolytus út Athene weigien is, belekke troch syn styfmem, sa silsto ek Florence ferlitte moatte, dyn hûs en dyn freonen. Sa wurdt it winske, dit wurdt al taret, dit sil skielk dien wurde troch harren, dy’t derop út binne op it plak dêr’t Kristus eltse dei wer ferkocht wurdt. De skuld sil, lykas soks wenst is, jûn wurde oan de misledige kloft, mar de wrake sil tsjûge wêze fan de gerjochtichheid fan harren, dy’t dy tapasse sille. Do silst ferlitte moatte dêr’tst it meast fan holden hast. Dat is de pylk, dy’t de bôge fan de ballingskip it earst op dy ôfsjit. Sa silst priu we, hoe bitter oft oarmans brea is, en hoe hurd oft de wei is oer oarmans treppens. En wat dy it swierste falle sil: it nuvere en domme selskip om dy hinne, in selskip, dêr’tst mei yn de djippe ôfgrûn falle silst. In selskip, dat ûntankber, dom, goddeleas hurd tsjin dy yn gean sil. Mar in lyts skoftke letter sille hja, mar do net, in djipreade kaam krije. Harren bisteftigens sil dúdlik wurde troch wat se dwaan sille, en dyn rom sil allinne mar grutter wurde, om’t wis is, datsto hielendal dysels bleaun bist. Dyn earste taflecht en dyn earste herberch sil de tagedienens wêze fan de grutte Lombard, dy’t de hillige fûgel draacht op syn wapen, en dy’t sa freonlik foar dy wêze sil, dat er dy earst de fragen foarhâldt, dy’t by oaren as lêste komme. En by him silst ek noch in oarenien sjen, dy’t fan syn berte ôf sa stimpele is troch dizze stjerre, dat al syn wurken wûnderlike goed wêze sille. De wrâld hat him noch net opmurken, om’t er noch sa jong is: noch mar njoggen kear hat dizze sfear om him hinne draaid. Mar foar’t de Gascogner de hege Hindrik te fiter nimme sil, sille de minsken prate oer syn ôfkar fan sulver en fan rêst yn syn wurkjen. Oer syn grutte wurken sil praat wurde, ek troch syn fijannen. It lot fan ferskate minsken sil feroare wurde i t pa r a dy s 401 troch syn dieden. Riken en earmen sille fan lot wikselje, yn harren libben noch. En lis fêst yn dyn geast, mar hâld it fierder stil: …” – en hy sei dingen oer him, te wûnderbaarlik foar harren, dy’t der by wiene. En doe: “Soan, dit binne de taljochtingen op wat dy al sein is, en dit binne de tûkelteammen, dy’t noch efter in pear jieromwentelingen ferburgen binne. Dêrom woe ik net, datst op dyn meiboargers ôfgeunstich wurde soest, want dyn libben sil noch duorje as harren ûntrou al bestraft is.” Doe’t, troch stil te wêzen, de sillige siel dúdlik makke hie dat neffens him syn ynslach troch myn skearing hinne slein wie, doe begûn ik, as immen, dy’t twifelet, en de rie freget fan immen, dy’t it goed sjocht, en dy’t fan him hâldt: “Wol sjoch ik, leave heit, hoe’t de tiid my temjitte komt, hurd en strang, en my in hurde slach jaan wol. Dy slach komt it fûlst del op him, dy’t der it measte bang foar is. En dêrom is it goed, dat ik mysels wapenje, op sa’n wize dat ik, as ik it plak kwytrekke bin dat my sa leaf is, troch myn gedichten gjin oare plakken kwyt reitsje sil. Dêrûnder, yn de einleas bittere wrâld en omleech, dan de berch op, ta de hearlike top dêr’t de eagen fan myn Frouwe my ta opheven hawwe, en doe yn ’e himel, fan ljocht ta ljocht geande, ha ik folle leard, dat as ik it jitris sizze soe, foar ferskaten in bittere smaak yn ’e mûle jaan soe. En as ik in al te bange freon fan de wierheid wêze soe, dan soe ik bang wêze it net te oerlibjen by harren, dy’t dizze tiid de âlde tiid neame sille.” It ljocht, dat troch myn himelske skat hinne skynde, flakkere earst efkes, en waard doe as in gouden spegel foar de sinne. En hy andere my: “In gewisse, oantaast troch syn eigen skande, of dy fan in oar, sil wis de wredens fan dyn wurden fiele. Mar dochs: hâld alle ligerij fier fan dy ôf, en skriuw dyn fersen rjocht foar de fûst út. Lit se mar klauwe dêr’t de skurft is. Want as dyn stimme net sa noflik is as er earst heard wurdt, letter sil er harren libben fiedsel wêze. Dyn roppen sil wêze 402 l a di v i na com m e di a as de wyn, dy’t de heechste beammen it fûlst skodzje lit. Dat sil dy net sa’n bytsje eare en rom bringe. Dêrom hawwe se dy, hjirre, op de berch en yn it dal fan de pine, de sielen toand fan harren, dy’t yn harren libben safolle rom krigen hawwe. Want de siele fan de harker stiet der net by stil, en hy wurdt net troffen troch foarbylden, dy’t him ûnbekend binne, en hy wurdt ek net troffen troch in argumint, dat him net troch in foarbyld dúdlik makke is.” by canto xvii • Phaëton, soan fan Clymene en Apollo, hie heard dat Apollo syn heit net wie. Hy frege doe Apollo him as bewiis fan syn heiteleafde ien dei de sinnewein stjoere te litten. Mar hy koe de hynders net oan, Zeus waard nidich, en der kaam in geweldige tongerbuoi. • Cacciaguida telt alles yn jieromgongen fan Mars. In Marsjier is 687 dagen. • Hippolytus wie de soan fan Theseus en de Amazone Antiope. Syn styfmem Phaedra hie him belekke by syn heit, dy’t him de stêd útstjoerde. Dante waard ek troch belekjen by de paus ferkeard foarsteld, en Florence útset. • De Gascogner is paus Clemens v. Hy folge Bonifatius viii op yn 1305. Hindrik vii, keizer fan 1308-1313, hat him net stipe. Dante hie hope, dat er soks wol dwaan soe. It plak, dêr’t Kristus dei nei dei ferkocht wurdt, is fansels Rome, dêr’t de pausen wenje. • ‘De Lombard’ wiene de Scaligers, heit en soan, hearen fan Verona, dy’t Dante dêr opnommen hawwe, doe’t er Florence út stjoerd wie. Hja wiene de steedhâlders fan de keizer yn Lombardije, en hiene dêrom ‘de hillige fûgel’, de earn út it wapen fan it Dútske Ryk, ek yn harren wapen. i t pa r a dy s 403 [ canto xviii ] D e hillige spegel hie alwer allinne wille fan syn eigen skôgingen, en ik preau de bitterens en de swietens fan myn eigen tinzen. En de frouwe, dy’t myn gids wie op ’e wei nei God, sei: “Feroarje dyn tinzen! Tink deroan, dat ik ticht by Him bin, dy’t alle ûnrjocht lichter makket.” Ik draaide my om ta dit leave lûd fan myn stipe en treast, en ik kin net sizze hoefolle leafde oft ik doe seach yn har hillige eagen. Net allinne om’t ik op myn eigen wurden net fertrouwe kin, mar benammen om’t ik yn myn geast net safier werom gean kin op myn eigen fuotstappen as nimmen my mear begeliedt. Mar safolle kin ik der wol fan sizze, dat op dat stuit myn siele frij wie fan alle oare begearte. Want de Ivige Blidens, Dy’t striele troch de eagen fan Beatrice, hat my hielendal sêde troch it sjen nei har antlit. En my mei har glimkjen hielendal meinimmend, sei hja: “Draai dy om, en harkje goed, want net allinne yn myn eagen is it paradys.” En lykas by immen hjir bytiden de oandwaning te sjen is yn it antlit, as dy sa sterk is, dat er de hiele siele ynnommen hat, sa seach ik, yn it flamjen fan de hillige glâns, dêr’t ik my op rjochte hie, dat er noch wat sizze woe. En hy begûn: “Op dizze fyfde treppen fan de beam, dy’t libbet fan syn top út, dy’t altyd fruchten draacht, en nea syn blêden kwytrekket, binne de sillige geasten, dy’t hjirûnder, foar’t se nei de himel gien binne, in grutte namme hiene. Eltse Muze hat yn harren trochwurke. Dêrom: sjoch goed nei de úteinen fan it krús. Hy, dy’t ik neame sil, sil dêr dwaan wat de wjerljocht docht op in wolk.” Doe seach ik in ljocht him bewegen troch it krús hinne, doe’t “Jozua” neamd waard, en tagelyk mei syn namme seach ik syn ljocht. En tagelyk, mei de namme fan de hege Makkabeeërs seach ik in oar ljocht, dat al draaiende 404 l a di v i na com m e di a beweegde yn in bliuwende ekstaze. En foar Karel de Grutte en Roeland út seach ik sokke wjerljochtskynsels, en ik seach der goed nei, lykas in falkenier de falk folget. Doe seach ik Willem fan Oranje, Reinard, en Godfryd fan Bouillon troch dat krús, en ek Robert Guiscard. Doe, himsels bewegend tusken al dizze ljochten, liet it ljocht, dat delkommen wie om my te groetsjen, sjen wat in keunstner oft er wie. Ik seach wer nei rjochts, nei Beatrice, en woe troch in wurd of in teken fan har witte wat ik dwaan moast. En ik seach har eagen, trochskinend, mei sokke segeningen folle, dat alles, ek it lêste, dêrtroch oerwûn waard. En lykas in minske, dy’t goede dieden docht, alle dagen mear blidens fielt, en wit, dat er groeid is yn de deugd, sa seach ik ek, dat myn yn ’e rûnte draaien mei de himel, de bôge wider makke hie. Ik seach, dat de himel noch moaier wurden wie. En lykas yn koarte tiid it antlit fan in moaie frou feroarje kin, as se de lêst fan de skamte ôflein hat, sa kaam foar myn eagen, doe’t ik my omdraaid hie, de wite glâns fan in nije stjer, fan de seisde sfear, dy’t my opnommen hie. Ik seach yn it fûnkeljen fan Jupiter it fûnkeljen fan de leafde, ôftekene yn ús eigen taal. En lykas fûgels, delstrutsen by de rivier of meiinoar sêd wurden op it plak, dêr’t se iten fûn hawwe, opfleane, en harsels al fleanende ta in sletten rige meitsje, sa songen yn ljochtsjende espels de hillige skepsels, en al fleanende foarmen se figueren, in D, dan in I, en in L. Earst songen se en beweegden se harren op harren eigen sang, dan, doe’t se har eigen letter foarme hiene, wiene hja stil. O, goadinne fan de Parnassus, dy’t alle geastkrêft machtich makket, en dêr in lang libben oan fêstheakket, en sa keninkriken en republiken stipet, ferljochtsje my no sa mei jo ljocht, dat ik werjaan kin wat ik sjoen ha. Lit jo krêft sjen yn myn pear fersen, dy’t no komme. De earste en de lêste wurden fan it boadskip, dat ús foarby teach, wiene: “Diligite justitiam – qui judicatis terram.” Doe, by it fyfde wurd, by i t pa r a dy s 405 de lêste M, bleauwen hja stil, opsteld yn rangoarder, en it wie as wie Jupiter hjirre fan sulver mei goud beset. Mear ljochten kamen del, en namen harren plak op de top fan de M yn. En hja songen, tocht ik, in lofsang foar God, dy’t harren syn genede jûn hat. Doe, krekt as baarnende houtblokken, dy’t as it fjoer oppoke wurdt, in fontein fan ûntelbere fonkjes sjen litte (healwize lju tinke, dat se dêr de takomst út ôflêze kinne) like it as kamen der tûzenen fonkjes omheech. Somliken giene fier de hichte yn, oaren wiene wat leger, lykas de Sinne it hawwe woe. Dy iene, Dy’t dêr skilderet, hat nimmen om Him te lieden. Hy is syn eigen gids. Fan Him komt ek it ynsjoch, dat foarm jout oan de fûgelnêsten. De oare lokkige groep, dy’t earst foldien like om’t hja as mei leeljes in M foarme hiene, makke no mei wat lytse beweginkjes de tekening ôf. O, leafste stjer, wat in rike diadeem litte jo my sjen, om jo gerjochtichheid begripe te kinnen. Dêrom bid ik ta dy Geast, yn wa’t al jo macht en al jo beweging syn begjin hie, dat Hy delsjocht op it plak dêr’t de reek opstiicht, dy’t jo strielen fertsjusteret. En dat Er der wer lilk oer wurde sil dat der wer hannele wurdt yn de timpel, dy’t boud is út wûndertekens en martlersbloed. O, himelske hearskaren, dy’t ik oanskôgje mei, bid dochs foar harren, dy’t op ierde binne, en dy’t it minne foarbyld folgje, en hielendal op ’e doele binne. Eartiids wie it wenst mei swurden oarloch te fieren, no wurdt it dien troch it brea te ûntsizzen, it brea, dat de Himelske Heit oan nimmen ûntsein hat. Mar jo, dy’t inkeld straffen útskriuwe om se wer ynlûke te kinnen, tink der nochris oan, dat Petrus en Paulus, dy’t stoarn binne foar de wyngerd, dy’t jo bedoarn hawwe, noch libje. Jo kinne no wol sizze: “Myn hertewinsk is it te libjen as de hillige, dy’t iensum libje woe, en dy’t troch it dûnsjen martler waard. De fiskerman ken ik net, en Paulus ek net.” 406 l a di v i na com m e di a by canto xviii • Willem fan Oranje: net dy fan ús, mar in held út in midsieuske Frânske roman. Reinard wie syn meistrider tsjin de Sarasenen. Roeland: neef fan Karel de Grutte, ferslein troch de Moren. Godfryd fan Bouillon: lieder fan ’e earste krústocht, earste kristlike kening fan Jeruzalem, stoarn yn 1100. Robert Guiscard: Normandiër, focht tsjin de Sarasenen yn Súd-Itaalje, stoarn yn 1085. • Midden yn dit Canto is Dante ynienen op Jupiter, neffens him in stjer, in wite. • D I L: de earste letter fan Diligite justitiam: ha de gerjochtichheid leaf, jimme, dy’t de ierde bestjoere. Leeljes: symboal fan de Frânske keningen. Earn: symboal fan de Dútske keizers. • Parnassus: wenplak fan de Muzen, dy’t de keunsten beskermje moasten, ek dy fan Dante. • De timpel: de tsjerke fan de paus, ûnthillige troch Bonifatius viii, dy’t tsjerklike straffen útdielde, en se dan wer ôfkeapje liet. Sels fielt er him in folgeling fan Sint Jan Baptist, dy’t it slachtoffer waard fan de dûnskeunst fan Salome. Sjoch Mattéus 14,1-11. • De fiskerman: Sint Piter, de earste ‘paus’. i t pa r a dy s 407 [ canto xix ] F oar my, de wjukken wiid iepenslein, ferskynde ynienen it byld fan de grutte earn, dat dy ljochtsjende sielen foarme hiene yn in swiet genietsjen. Eltse siel like in robyn, en de strielen fan de sinne skynden sa op harren, dat it ljocht rjocht yn myn eagen sprong. Wat ik no yn mysels weromroppe moat, kin nea troch in stim útsprutsen wurde en ek net mei inket útskreaun. It kin ek net troch ús fantasije befette wurde. Want ik seach en hearde de snaffel bewegen en sprekken. En syn stimme hearde ik ‘ik’ en ‘myn’ sizzen, as ‘wy’ en ‘uzes’ sein wurde moast. En hy begûn: “Troch rjochtfeardich en from te wêzen yn myn tiid op ierde bin ik hjir, ferheven yn gloarje, dy’t nimmen krijt allinne troch it te winskjen. En dêr op ierde ha ik in oantinken oan my efterlitten. Ik wurd dêrom priizge, mar myn foarbyld wurdt net neifolge.” Krekt as de gloede fan in protte libbene koalen ien inkelde hjitte útstrielet, sa kaam út dat byld ek ien inkeld lûd fan leafde út in mannichte sielen. Doe rôp ik: “O, ivichbloeiende blommen fan ivige blydskip, dy’t my ien leaflike rook fernimme litte, myn siele hat lang longere: lit my no troch jo wurden sêd wurde fan in spize, dy’t ik op ierde net fûn ha. Ik wit, dat de godlike gerjochtichheid yn dizze hillige spegel in oar ryk opnommen hat, en dat jo keninkryk dêr folslein yn te sjen is. Jo moatte witte, hoe’t ik mei alle omtinken wachtsje om te hearren. Jo witte wêroer’t en wêrom’t ik noch twifelje. Ik ha al folle jierren besocht it andert te finen.” Lykas in wikel, as de kape fan syn kop ôfhelle is, mei syn kop skoddet en mei syn wjukken klapperet, ek om’t er himsels moai meitsje wol, sa seach ik dat it byld, dat himsels gearstald hie út lofsangen op Gods genede, doe in eigen lofsang song, dêr’t de seine dúdlik yn te hearren wie. Doe begûn it byld 408 l a di v i na com m e di a te sprekken: “Dy’t de sirkel lutsen hat om de grinzen fan de wrâld hinne, en skaat hat wat dêryn ferburgen is en wat iepenbier, koe Syn macht net sa ynprintsje yn it hielal, dat net Syn Wurd dêr himelheech boppe út stiek. En dit makket dúdlik, wêrom’t de earste hofeardigens, dy’t de earste fan alle skepsels wie, om’t er net wachtsje woe op it ljocht, syn swiere fal makke hat. En sa sjogge wy, dat elts leger skepsel in fierstente lyts fet is om it Goede, dat gjin ein hat, fêst te hâlden. Want Hy is Syn eigen mjitstêf. Dêrom: ús begripen, al ús sjen, moat in striel wêze fan de Geast, dy’t troch alle dingen wurket. Dêrom: de minske kin út syn wêzen wei net sa helder wêze, dat er fierder sjen kin as de eagen fan syn Oarsprong. Dêrom ek: tsjin de ivige gerjochtichheid oer is it begryp, oan de minsken tastien, ferlern, lykas it each foar de see oer. Dat kin ta de seeboaiem sjen ticht by de igge, mar yn folle see sjocht it neat. En dochs is dy boaiem der, al is er net te sjen. Der is gjin ljocht, dat net komt fan dy klearens, dy’t nea fertsjustere wurdt. Dêrbûten is tsjusternis, it skaad en it gif fan it flêsk. En sa is der folle, dat foar jo ferburgen wie, en dêr’t jo safolle fragen oer steld hawwe, troch de libbene rjochtfeardichheid dúdlik wurden. Want jo seine: ‘In minske wurdt berne oan de igge fan de Indus, en dêr is nimmen, dy’t praat oer de Kristus, nimmen, dy’t oer Him lêst of skriuwt. En alles, wat er wol en docht, safier’t wy it sjen kinne, is goed, en hy sûndiget net, yn wurden of dieden. Hy is net doopt, hy kin it leauwe, dat him rêde soe, net ûntfange. Wêr is de Rjochtfeardigens, dy’t him feroardiele hat? Wêr is syn skuld, om’t er net leaut?’ Mar wa binne jo, dat jo oardielje oer dingen, dy’t tûzen myl fierder barre, as jo de grûn foar jo fuotten net sjen kinne? De man, dy’t tsiere wol oer splintersikerijkes koe him útlibje, as de Skrift net boppe him stean soe, om him te lieden. O, ierdbûne wêzens! O, grouwe geasten! De earste Wil, dy’t goed is yn himsels, makket him net los fan i t pa r a dy s 409 himsels, dy’t de ivich Goede is. Alles is rjochtfeardich, wat fan Him útgiet. Neat wat skepen is, kin dat nei him talûke. Hysels strielet Him út nei al it goede.” Lykas de earrebarre, dy’t syn jongen te fretten jûn hat, boppe op it nêst yn ’t rûn fljocht, en syn bern sjogge nei him op, sa ek die it byld it, syn grutte wjukken bewegend troch it gearwurkjen fan safolle willen. En ik seach nei it byld op. Fleanende song it, en sei: “Lykas myn sjongen útgiet boppe jo begryp, sa giet Gods rjochtfeardigens út boppe de minsklike redenaasjes.” Nei’t dy ljochtsjende glânzen fan de Hillige Geast stil wurden wiene, doe, noch yn it teken dat de wrâld earbied foar de Romeinen ôftwongen hat, begûn er wer: “Ta dit hege ryk kin nimmen ea komme, as troch Kristus, net foar en net nei’t Er oan it krús spikere waard. Mar sjoch ris, hoefolle oft der binne, dy’t roppe: ‘Kristus, Kristus,’ dy’t fierder fan Him ôf stean sille by it oardiel as ferskaten, dy’t Kristus net kend hawwe op ierde. Dy kristenen sil de Etiopiër feroardielje as de twa skaren foarme binne, ien rjochts en ien lofts, de iene seinige foar alle ivichheid, de oare ferlern. Wat sille de Perzen tsjin jimme keningen sizze, as it grutte boek iepene wurdt, dêr’t al harren dieden yn steane? Dêr is te sjen, by de dieden fan Albertus, ek de died, dy’t de pinne ynkoarten opskriuwe sil, de die dy’t it ryk fan Praach ta in woastenije meitsje sil. Dêr sil eltsenien de smerten sjen kinne, dy’t oer de Seine brocht wurde troch it ferfalskjen fan de munt. En hy, dy’t it dien hat, sil stjerre troch de stjit fan de ever. Dêr sil de grutskens iepenbier wurde dy’t de Skot en de Ingelsman altyd wer razend makket, om’t dy healwizelingen net binnen harren eigen grinzen bliuwe kinne. Dêr sil de weeldrigens en de idele keunst fan dy fan Spanje en fan dy fan Bohemen te sjen wêze, dy’t gjin deugd kend hawwe, en ek net kenne woene. En dêr sil ek de manke fan Jeruzalem it goede dat er dien hat merke mei in I, en it minne mei in M. Dêr sil dúdlik wurde de gjirrigens 410 l a di v i na com m e di a en de minnens fan him, dy’t it eilân fan it fjoer bewekket, dêr’t Anchises syn lange libben beëinige hat. En, om oan te jaan hoe min’t er is, sil al wat oer him skreaun is, yn ôfkoartingen skreaun wurde, dat folle skreaun wurde kin op in lyts plakje. Dêr sil ek foar eltsenien iepenbier wurde de skande fan de omke en de broer, dy’t in eal skaai en twa kroanen ûnteare hawwe. Dêr sille ek dy fan Portugal en Noarwegen bekend wurde, en dy fan Rascia, dy’t ta syn ûngelok de munten fan Veneesje neimakke hat. O, lokkich Hongarije, as it net mear de kweade kant út giet! En lokkich Navarra, as it fan de bergen dêromhinne in sterke muorre makke hat! Eltse Navarees kin rêstich leauwe yn it teken fan Nicosia en Famagosta, dy’t kleie en gûle om harren bist, dat net minder is as dy oare bisten. i t pa r a dy s 411 by canto xix • It earste skepsel: Lucifer, dy’t om syn hofeardigens de hel yn moast. • De earn is ek it teken fan it Romeinske Ryk, dat de wrâld oan de Indus ta ferovere hat. • Etiopiërs en Perzen: heidenfolken yn fiere lannen. • Albertus i, keizer fan 1298-1308, falt yn 1304 Bohemen yn. • Filips de Moaie fan Frankryk hat syn wurk finansjearre troch ynflaasje. Hy waard yn 1314 deade troch in everswyn op de jacht. Dante lit syn pylgerreize yn 1300 spylje, mar hy ‘wit’ al wat der letter barre sil, as er syn Commedia skriuwt. • Skotten en Ingelsen wiene doe altyd meiinoar yn oarloch. • De ‘manke fan Jeruzalem’: Karel ii fan Anjou. Hy hie himsels de titel Kening fan Jeruzalem jûn. De i is 1, de M is 1000! • Frederik ii wie hear fan Sisylje, it eilân fan it fjoer. Anchises is dêr stoarn. • Jacob fan Majorca, omke fan Jan fan Aragon, beide de skande fan it hûs Aragon. Dante is by al dizze notysjes mear romanskriuwer as skiedskriuwer! • Navarra wie in eigen ryk. Doe’t de kening fan Navarra troch erfskip kening fan Frankryk waard, waard ek yn Navarra it Frânske rjochtssysteem ynfierd. • Nicosia en Famagosta wiene stêden op Kreta, dêr’t troch deselde ûntwikkeling, ek it Frânske rjocht ynfierd waard. 412 l a di v i na com m e di a [ canto xx ] A s de sinne, dêr’t de hiele wrâld it ljocht fan krijt, yn ús healrûn ûndergiet en de dei oan alle kanten ferdwynt, dan wurdt de himel, dy’t ienris troch him allinne ferljochte waard, ynienen wer sichtber troch al dy lytse ljochten, dêr’t de sinne yn wjerstriele wurdt. Wat der oan de himel bart, kaam my wer yn it sin doe’t it fjildteken fan de wrâld en syn regearders yn syn seinige snaffel stil wurden wie. Wat al dy libbene ljochten, noch folle ljochter as earst, foar sangen songen, is weifallen út myn ûnthâld. O, swiete leafde, bewuolle yn glimkjen, hoe baarnende wiene jo te hearren yn dat fluitsjen dat allinne ta lûd brocht waard troch hillige tinzen. Nei’t de kostbere ljochtsjende edelstiennen, dêr’t ik de seisde himel mei oerdutsen seach, de ingelsangen stiltme frege hiene, tocht ik, dat ik it sêfte reauntsjen fan in stream hearde, in stream, dy’t sêft delkaam fan rots ta rots, de oerfloed fan syn boarne dúdlik sjen littend. En lykas it lûd yn de hals fan in lute syn foarm krijt, en lykas oan de iepening fan de skalmei de lucht deryn komt, sa, sûnder talmjen, kaam dit reauntsjen troch de hals fan de earn, as wie dy hol. Dêr waard it in stimme, en fan dêrút kaam it omheech troch de snaffel, yn de foarm fan wurden, lykas myn herte it al ferwachte hie, en dêr printe ik se yn. “Op dat part fan my, dat by in gewoane earn it sinneljocht ferdrage kin,” sa begûn er, “moat no skerp acht slein wurde. Want fan alle flammen, dy’t myn byld foarmje, binne dy, dy’t it each foarmje, it heechst yn rang. Hy, dy’t yn ’e midden stiet as pupil, wie de swiete psalmist fan de Hillige Geast. Hy hat de Arke meitôge fan stêd nei stêd. No, foarsafier’t hy syn krêft jûn hat oan syn eigen psalmen, is er no seinige troch it lean neffens syn fertsjinsten. En fan de fiif, dy’t de bôge foarmje fan myn i t pa r a dy s 413 wynbrau, hat hy, dy’t it tichtst by myn snaffel is, de widdo treastige oer har soan. No wit er hoefolle oft it kostet Kristus net te folgjen. Troch syn ûnderfining fan ús swiete libben, en fan it tsjinoerstelde. En hy, dy’t folget, de bôge bylâns, dêr’t ik fan sprutsen ha, hat útstel krigen fan de dea, en koe sa syn sûnden útboetsje. No wit er, dat de Ivige Gerjochtichheid net feroaret, om’t it weardich bidden hjirboppe it moarn ta hjoed makket. Dy’t dan komt, joech de Hoeder alle romte (mei goede yntinsje, mar minne gefolgen) te bestjoeren, wylst er sels Gryk waard. No wit er, hoe’t it kweade, groeid út it goede wurk, him net skea dwaan sil, al wurdt de wrâld dêrtroch ferwoastige. En him, dy’t jo dêrûnder sjogge, wie Willem, dy’t beskriemd wurdt om syn dea, troch it lân, dat no skriemt oer it libben fan Karel en Frederik. No wit er, hoefolle leafde oft der is yn de himel foar de rjochtfeardige kening. Hy makket soks dúdlik troch de strieling, dy’t út syn wêzen skynt. En wa soe leaud hawwe yn de wrâld op ’e doele hjirûnder, dat Ripheus de Trojaan yn dizze sirkel de fyfde is fan de hillige ljochten? No wit er alles fan wat de wrâld net sjen kin fan de godlike genede, alhoewol’t ek syn each de boaiem net berikke kin.” En lykas in ljurk, dy’t heech de loft yn giet, earst sjongend en dan stil, lokkich troch de lêste swietens, dy’t him sêd makke hat, sa like my it byld ta, stimpele troch de Ivige Seine, troch Waans wollen elts ding wurdt lykas it is. En, alhoewol’t myn begearte te witten sa dúdlik wie as in kleur efter trochskinend helder glês, ik koe alles net stil ôfwachtsje. En ik berste út: “Hoe kin dit wêze?” Ik seach in grut feest fan flakkeringen. En doe, mei in flamjend each, andere my it hillige teken: “Ik sjoch, dat jo leauwe, dat dit allegearre wier is, om’t ik it sein ha. Jo sjogge allinne net hoe’t soks bestean kin. Dus: al leauwe jo it, de wierheid is dochs ferburgen foar jo. Jo binne as immen, dy’t wol de namme wit, mar it wêzen net troch hat, om’t nimmen jo dat iepenbiere hat. 41 4 l a di v i na com m e di a It himelske ryk, Regnum Christi, wurdt geweld oandien troch gleone leafde en libbene hope, dy’t de godlike wille oerwinne kinne. Net op de wize, dêr’t de iene minske de oare mei oerweldigje kin, mar de leafde en de hope oerwinne de godlike wil, om’t dy oerwûn wurde wol, en, ienkear oerwûn, wint Er it dochs troch Syn barmhertigens. De earste en de fyfde siele fan myn wynbrau fernuverje jo, om’t jo sjogge dat mei harren de himel fan de ingelen toaid is. Hja hawwe harren lichem net ferlitten as heidenen, lykas jo tinke, mar as kristenen, yn it fêste leauwe yn Him, Dy’t noch lije moast, of, de oar, yn Dy’t lit hat. Ien kaam út de hel – dêr’t nimmen út weromkomme kin ta de Leafde – wer yn it flêsk, en dat wie it lean foar in libbene hope, dy’t al syn krêft lein hie yn de gebedens, rjochte ta God, om dizze siel wer libben te meitsjen, sa, dat syn wil ta Him beweegd wurde koe. En sa kaam de gloarjefolle siel, foar wa’t bidden wie, werom yn it flêsk, dat er gau wer ferlitte soe, en leaude yn Him, dy’t helpe kin. En leauwende is er ûntstutsen yn sa’n fjoer, dat by syn twadde dea hy in sit yn dit blide koar weardich wurden is. De oar, troch genede, kaam út in djippe boarne, sa djip, dat nimmen ea mei skepen eagen it earste wetter, dat yn ’e djipte nei boppen komt, sjoen hat. Hy hat al syn leafde jûn oan de gerjochtichheid, en God, troch genede op genede, liet him sjen, dat de ferlossing kommendeweis wie. De rook fan it heidendom koe er net mear ferneare, en hy beskrobbe dêr de oaren om. Mear as tûzen jier foar’t de genede fan de doop bekend wie, hawwe de trije froulju foar him oan it doopfet stien. O, foarbeskikking! Hoefier is jo boarne ôf fan de eagen fan de stjerliken, dy’t it gehiel perfoarst net oersjen kinne! En jimme, stjerliken, oardielje net, want ek wy, dy’t God oanskôgje, witte net, wa’t allegearre útkard binne. En dizze beheining is swiet foar ús. Want ús heil wurdt folslein yn it witten, dat wat Gods wil is, ek ús wil is.” Sa waard troch dat i t pa r a dy s 415 godlik byld my in swiet medisyn jûn en myn koartsichtigens weinommen. Lykas in goede siterspylder de goede sjonger begeliedt mei it triljen fan syn snaren, dêr’t it sjongen moaier troch útkomt, sa wit ik noch dat doe’t hy tsjin my prate, de twa seinige ljochten gelyk – lykas it knipperjen fan ús beide eagen gelyk giet – harren flammen op en del beweegden mei de wurden. by canto x x • Dante tocht, dat de planeten stjerren wiene, mar ek, dat de stjerren lykas de planeten harren ljocht fan de sinne krigen. • Sillige sielen yn en om it each fan de earn: David, kening en psalmdichter, yn de pupil. Yn de wynbrau: Trajanus, keizer (98117). Wie goed foar in widdo, sjoch Faaiefjoer x. Op it bidden fan Paus Gregoarius de Grutte (590-604) waard er wer ta it libben weromroppen, en doe gau doopt. Hiskia: kening yn Israel. Jesaja moast him sizze: “Do moatst stjerre, en wurdst net mear better.” Hy skriemde en begûn te bidden. Doe koe Jesaja út namme fan God sizze: “Ik doch noch fyftjin jier by dyn libbenstiid.” Sjoch ii Keningen 20,6. Konstantyn: keizer (324-337). Waard kristen, liet Rome oan de paus, en ‘waard Gryk’: hy sette him nei wenjen yn Byzantium, dat er Constantinopel neamde. Hy joech Rome oan de paus: neffens Dante in tige ûngelokkich beslút. Dizze “Donatio Constantini’ is in ferfalsking, mar dat wist Dante noch net. • Willem de Goede wie kening fan Sisylje (1166-1189). Karel en Frederik wiene dêr ek kening, mar hate troch it folk. Ripheus wie in Trojaan, dy’t tige op rjochtfeardigens út wie. Dante makket in fier foar Kristus libjende kristen fan him, dy’t ‘troch trije froulju’ (Leauwe, Hope en Leafde) ta de doop brocht wie, in soart fan ‘doop fan begearte’. 416 l a di v i na com m e di a [ canto xxi ] M yn eagen wiene jitris fiksearre op it antlit fan myn frouwe, en mei myn eagen myn siel, dêr’t alle oare tinzen út weilutsen wiene. En hja glimke net. “Wêrom soe ik glimkje,” sei se, “do soest yn jiske feroare wurde, lykas Semele. Want myn gloede wurdt fûler as wy heger komme. En as myn ljochtglâns net timpere wurdt, dan soe er alle krêft weinimme, lykas by lytse tûken de wjerljocht soks docht. Wy binne no kommen ta de sânde ljochtglâns, dy’t stiet ûnder it boarst fan de Liuw, en no, dêrmei ferienige, strielet boppe syn gewoane fûlens. Lit dyn geast dyn eagen folgje, en meitsje dysels ta spegel fan it byld, dat dy yn dizze spegel ferskine sil.” Wa’t witte wol, hoe’t myn eagen te gast giene yn dy fan har, foar’t ik my op har hjitten omdraaide, dy sil begripe mei hoefolle wille oft ik nei har harke ha, it ien tsjin it oar ôfweagjende. Yn it kristal, dat om ús wrâld hinne draait mei de namme fan syn grutte lieder, ûnder wa’t destiids it kweade deaslein is, seach ik as goud, dêr’t alle strielen yn wjerkeatst wurde, in ljedder oprjochte, sa fier omheech, dat myn eagen him net folgje koene. En ik seach oer de triemen safolle ljochten nei ûnderen kommen, dat it my talike, dat alle ljocht, dat skynt oan de himel, hjir nei ûnderen treaun waard. En lykas, dreaun troch harren natuer, de krieën oan it begjin fan de dei allegearre wat omfleane, om harren kâld wurden wjukken wer wat waarm te meitsjen, guon dan fuortfleane en net weromkomme, oaren wer weromkomme fan dêr’t se opflein binne, en wer oaren wat omfleane, en bliuwe dêr’t se binne, sa like it ek te gean mei dizze fûnken. Want hja bleaunen, sa like it my ta, byinoar as hja op in bepaald plak fan de ljedder oankommen wiene. De ljochtglâns, dêr’t wy it tichtst by i t pa r a dy s 417 stiene, makke himsels sa sterk, dat ik yn mysels sei: “Ik sjoch wol mei hokker grutte leafde jo my opnimme, mar hja, dêr’t ik fan ferwachte hie dat se sizze soe, hoe en wannear’t ik wat freegje koe, hâldt har stil, en dêrom tink ik dat it better is, tsjin myn langstme yn, jo neat te freegjen.” Doe sei hja, dy’t myn tinzen seach yn it sjen fan Him, dy’t alles sjocht: “Befredigje dyn langstme.” En ik begûn. “O, sillich wêzen, ferburgen yn de striel fan jo eigen seine,” sei ik yn grutte earbiedigens, “ik bin it net weardich, mar om har freegje ik jo, wêrom’t jo tusken dit hiele hillige selskip jo josels in plak jûn hawwe sa ticht by ús. En sis my ek, wêrom’t, wylst eltse legere sfear de swiete symfonyen fan it paradys yn oanbidding wjerklinke lit, hjirre hielendal gjin muzyk te hearren is.” “Jo hearre en sjogge as in stjerlik wêzen,” sei er, “dêrom wurdt hjir net songen, likemin as Beatrice hjir laket. Ik bin de hillige treppens sa fier ôfdaald, allinne om jo te groetsjen, en jo geast bliid te meitsjen mei myn sprekken, en mei it ljocht om my hinne. En myn leafde is net grutter as dy fan de oaren om my hinne, lykas jo oan it fûnkeljen hjirboppe sjen kinne. Mar de hege leafde, dy’t ús ta tsjinners makket fan it bestjoer fan de wrâld hat sa oer my beskikt, lykas jo sjen kinne.” “Ik sjoch wol,” sa sei ik, “o hillige ljochtglâns, dat yn dit hôf it foar de him frij fielende leafde genôch is, de ivige Foarsjennigens te folgjen. Mar fierder kin ik net begripe wêrom’t jo allinne útkard wiene foar dizze tsjinst, boppe al jo genoaten.” Mar, al foar’t ik útsprutsen wie, hie it ljocht syn midden ta in as makke, dêr’t er sa hurd as it koe omhinne draaide. Doe andere my de leafde, dy’t dêrbinnen wie: “It godlik ljocht strielet op my del, it is it ljocht, dêr’t ik troch libje kin. De krêft dêrfan, mei myn skôgjen dêryn befette, tilt my op boppe mysels út, en sa sjoch ik it heechste Wêzen, dêr’t alle ljocht út fuortkomt. Dêr komt ek de blidens wei, dêr’t ik troch opflamje. Want alle gloarje, dy’t ik sjen kin, lit ik wer 418 l a di v i na com m e di a sjen troch myn flam. Mar de siel yn de himel, dy’t it meast ferljochte is, de searafyn, dy’t it meast op God rjochte is, kin jo neat útlizze oer wat jo frege hawwe. Want safier yn de djipste djipte fan it ivige belied is ferburgen wat jo frege hawwe, dat gjin inkeld skepen wêzen it begripe kin. En as jo weromkommen binne, sis dit dan oan de stjerlike wrâld, dat hja it net mear oandoare en set in foet op it paad nei dit ferheven doel. De geast, dy’t hjir ljochtsjend is, jout allinne mar reek op ierde. Hoe kin er dan dêr dwaan, wat er hjirre net ienris kin as er opnommen is yn it himels koar?” Om’t dy kwestje, lykas syn wurden it sa dúdlik sein hiene, net fierder bepraat wurde koe, doarde ik it inkeld noch oan en freegje him, wa’t er wie. “Net fier fan jo eigen berteplak, tusken de beide strannen fan Itaalje, binne de rotsen heech. De donder slacht hurder dêr, tusken de bergen yn. Hja foarmje dêr in bochel, dy’t Catria neamd is. Dêr stiet in hillige klús, ornearre foar it bidden ta en it skôgjen fan God.” Sa begûn er foar de tredde kears wer te sprekken. Doe sei er: “Dêrboppe ha ik my hielendal oan God wijd. Ik ha dêr allinne libbe op oliifoalje. Ik ha de waarmte en de kjeld ferdroegen, tefreden yn it skôgjen fan God. Dat kleaster hat folle fruchten droegen foar de himel, mar no is it ûnfruchtber wurden, lykas gau dúdlik wurde sil. Op dat plak wie ik Petrus Damianus, Piter de sûnder wie ik yn it Leaffrouwehûs oan de Adriatyske see. Doe waard ik frege de hoed oan te nimmen, dy’t altyd fan kwea ta slimmer liedt. Cephas, en ek it grutte fet fan de Hillige Geast, rûnen meager en bleatfoets, en namen iten oan yn eltse herberch. No wolle rjochts en lofts de nije hoeders immen, dy’t harren liedt, sa grou binne se wurden, en der moat ek immen wêze, dy’t harren sleep draacht. Mei harren mantel behingje se ek harren ryddier. Sa bewege twa dieren ûnder ien flues. O, ferduldigens, dy’t safolle drage moat!” By dizze wurden seach ik folle ljochten, dy’t trieme foar trieme nei ûnderen i t pa r a dy s 419 kamen, en hja draaiden ominoar hinne, en liken ljochter by eltse draai. Om dat iene ljocht hinne kamen hja, en stiene stil, en hja bersten út yn ien gjalp, mei sa’n machtich lûd, dat neat dêrmei fergelike wurde kin. Ik koe der neat fan ferstean, sa oerweldige dat tongerjen my. by canto x xi • Jupiter stie doe yn it stjerrebyld fan de Liuw. • Semele wie fereale op de god Jupiter, en frege him, om him oan har sjen te litten yn syn gloarje. Hja ferbaarnde ta jiske. • De sprekker yn dit Canto is de hillige Petrus Damianus (10071072). Hy waard Camaldulenzer yn Fonte Avellana, 1035, prior yn 1043, krige de kardinaalshoed as biskop fan Ostia 1058. Hy moat neat hawwe fan de pausen fan dy tiid, dy’t begelaat wurde moasten, en dy’t yn wide mantels op harren hynders sieten. Hja wiene yn harren hâlden en dragen fier ôf fan Cephas: de bibelske namme foar Sint Piter, en fan Paulus, it fet fan de Hillige Geast. 420 l a di v i na com m e di a [ canto xxii ] H ielendal ferbjustere seach ik myn begeliedster oan, as in bern dat hurd fuortrinne wol nei immen, dy’t er it meast fertrout. En hja, lykas in mem, dy’t daalks har bleek en hymjend bern treastet mei leave wurdsjes, sei: “Witst net mear, datst yn ’e himel bist? En witst net, dat de himel folslein hillich is, en dat, wat dêr bart, bart út leafde foar it goede? Hoe’t it sjongen en myn glimkjen dy hielendal bûten dysels brocht hat, kinst no begripe, om’t de gjalp dy sa kjel makke hat. Want, ast harren gebedens ferstien hawwe soest, dan soest dêr de wrake yn sjoen hawwe, dy’tst yn dyn libben noch meimeitsje silst. It swurd fan hjirboppe snijt nea hastich of sleau. Dat docht it allinne foar him, dy’t der bang foar is, of derop wachtet. Mar sjoch no mar nei de oaren. Want folle strieljende geasten silst dan sjen, ast de kant útsjochst, dy’t ik oanjûn ha.” En lykas hja sein hie, rjochte ik myn eagen nei de hûndert lytse stjerren, dy’t mei de eigen strielen inoar moaier makken. Ik stie dêr as immen, dy’t fjochtet mei de begearte te witten, en dy’t it net oandoart te freegjen, sa bang is er, dat er tefolle freegje sil. En de grutste en meast ljochtsjende fan dizze pearels kaam wat nei foaren, en foldie oan de winsk, dy’t ik noch net útsprutsen hie. Dizze wurden kamen út it binnenste fan dat kleare ljocht: “As jo sjen koene, lykas ik it sjoch, mei hokker leafde ús geasten baarne om jo wille te jaan, dan soe jo tonge him wol frij field hawwe. Om jo net langer wachtsje te litten op jo tocht nei it heechste doel, sil ik andert jaan op de frage, dy’t jo út bangens noch net útsprutsen hawwe. De berchhelling, dêr’t Cassino op leit, waard eartiids folle kearen besocht troch bedragen minsken, yn harren heidenske grutskens. En ik bin dejinge, dy’t as earste dêr de namme brocht fan Him, dy’t i t pa r a dy s 421 op ierde de wierheid brocht hat, en dy’t ús hjirre sa ferhearliket. En sa’n grutte genede hat dêr oer my ljochte, dat ik ek de plakken dêromhinne bekeard ha, en losmakke fan de goddeleaze kultus, dy’t de wrâld oerhearske hie. De oare sielen hjirre wiene allegearre kontemplativen, ferwaarme troch it fjoer, dat hillige blommen en hillige fruchten opgroeie lit. Macarius is hjirre, en Romualdus, myn bruorren binne hjirre, dy’t yn it kleaster harren fuotten ta rêst brocht hawwe, en harren herte suver holden hawwe.” En ik ta him: “De leafde, dy’t jo my dúdlik makke hawwe troch te sprekken lykas jo it dien hawwe, sjoch ik ek yn alle oare ljochten hjirre. En myn fertrouwen is mei dêrtroch iepengien, lykas de sinne in roas iepengean lit, safier’t er iepengean kin. Dêrom freegje ik jo, heit, jou my de wissichheid, oft ik safolle genede krije sil, dat ik jo sjen mei yn jo eigen stal.” En hy doe: “Broer, oan jo begearte sil folslein foldien wurde yn ’e heechste himelsfear. Dêr is alle begearen folslein, ryp en ynteger is alle langstme, dêr allinne is elts diel dêr’t it altyd wie, want dêr is gjin romte, gjin poal, dêr’t alles op rjochte is. Us ljedder giet dêrta omheech, en dêrom kinne jo de ein net sjen. Oant sa heech seach Jacob, de patriarch, de ljedder omheech kommen, en de ingelen, dy’t de treppens ôf kamen, en dêr wer by op stiig den. Mar om dy op te klimmen, ferset hjoed de dei nimmen mear in foet, en myn kleasterregel is hjirûnder allinne oerbleaun om der papier mei te fergriemen. De muorren, dy’t boud waarden om in hûs fan gebed te wêzen, binne ta in rôvershoale ferwurden, en de habiten ta sekken mei bedoarn moal. Mar sels swiere woeker giet net sasear tsjin Gods wil yn as dit hâlden en dragen fan muontsen. Want alles, wat de Tsjerke beheart, is fan harren, dy’t der om Gods wil om freegje, en net foar de famylje of slimmer rosmos. It flêsk fan de stjerlike minske is sa min, dat hjirûnder in goed begjin net goedernôch is fan it útspruten fan de iik oant it dragen fan de ikels. Petrus is begûn 422 l a di v i na com m e di a sûnder goud en sulver, ik mei bidden en fêstjen, en Franciscus begûn yn sljochtens en earmoede syn mienskip. En as jo goed sjogge nei it begjin fan eltse kleasteroarder, en dan nei wêr’t se hinne ferrinne, dan sille jo sjen, hoe’t it wyt ta swart ferwurden is. It is wier: de Jordaan, dy’t nei boppen streamt, of de see, dy’t flechtet, om’t God it wol, is grutter wûnder, as wat no nedich is.” Dit sei er allegearre. Doe gie er wer werom nei syn maten, en de hiele kliber krûpte ticht tsjininoar oan, en gie doe lykas in twirre wer nei boppen. En de swiete frouwe, mei ien inkeld teken, twong my de ljedder efter harren oan omheech te gean. Sa wie har sterke natuer baas oer mines. En nea wie hjirûnder, dêr’t omheech en omleech gien wurdt, sa’n flugge beweging, dat dy lyk hâlde koe mei myn wjukslach omheech. Lêzer, ik hoopje, dat ik ienris weromkomme mei op dy wijde grûn. Dêrom beskriem ik no fakernôch myn sûnden, en slach mysels op it boarst. Jo hiene net sa gau jo fingers yn it fjoer stutsen en se der wer úthelle as ik, doe’t ik seach it stjerrebyld, dat op de Bolle folget, en ik derbinnenyn wie. O, gloarjefolle stjerren! O, ljocht, hielendal folle mei grutte krêft! Jim, oan wa’t ik tankje al wat ik bin, en wat ik wêze mei! Mei jo bin ik opstige, yn jo wie deselde ferburgen dy’t de heit is fan myn stjerlike libben, doe’t ik foar it earst de Toskaanske loft preaun ha. En dêrom: doe’t ik de genede krigen ha yn te gean yn jo hege tsjil, dat jo draait, waard jo himelkrite my oanwiisd. Ta jo, fol tawijing, suchtet no myn siele, om krêft te krijen foar de swiere tocht, dy’t my nei jo talûkt. “Do bist no sa ticht by it heechste heil,” sa begûn Beatrice, “dat dyn eagen helder en skerp wêze moatte. Dêrom: foardatst der fierder yn trochkringst, sjoch nei ûnderen, hoefolle wrâlden oft ik al ûnder dyn fuotten lein ha, sa, dat dyn herte, sa bliid as it mar wêze kin, komt yn de tsjintwurdigens fan de grutte mannichte, dy’t fol blidens omgiet yn dizze himelske sirkel.” Doe seach ik werom troch al dy himelsfearen, en ik i t pa r a dy s 423 seach de ierdbol, en ik moast laitsje om syn neatigens. En dat ynsjoch hâld ik noch foar it bêste: lit elk de ierde foar neat hâlde, dy’t syn tinken earne oars op rjochtsje kin. Ik seach de dochter fan Latona, ferljochte sûnder it skaad, wêrom’t ik har eartiids foar yl en ticht holden ha. En it antlit fan jo soan, Hyperion, koe ik hjir ferneare, en ik seach, hoe’t om him hinne Maia en Dione beweegden. Fan dêrút koe ik ek goed sjen de reedlikens fan Jupiter, tusken syn heit en syn soan, en fan hjirút waarden my ek dúdlik, de feroaringen, dy’t se meitsje yn harren posysje. En alle sân de himelen lieten my sjen, hoe grut oft se binne, en hoe rêd oft se draaie, en hoe fier’t se faninoar ôf steane. De terskflier, dy’t ús sa woast wêze lit, koe ik no hielendal sjen, draaiend mei de ivige Twillingen, mei alle hichten, en alle riviermûnings. Doe seach ik wer de moaie eagen yn. by canto x xii • De wrake op it bedjer yn ’e tsjerke, dy’t Dante noch sjen sil: de ‘moard’ op Bonifatius viii. • Monte Cassino: yn 529 waard dêr troch Benedictus in kleaster stifte, op it plak dêr’t eartiids in heidenske timpel stien hie. Yn 1944 is dat kleaster ferwoastige. • Macarius (301-391): muonts yn Alexandrië. • Romualdus (956-1026): stifter fan de Camaldulenzers. • De ljedder fan Jacob: Sjoch Genesis 28,12: “Der waard in ljedder delset op ’e ierde, en it boppe-ein kaam oan de himel ta, en sjoch: Gods ingelen giene dêrby op en del.” • Dante komt no it stjerrebyld fan de Bolle (Taurus) bylâns, yn it byld fan de Twillingen (Gemini). Yn dat byld is er berne, en hy lûkt no sa’n bytsje syn eigen horoskoop. • De dochter fan Latona is de moanne, de soan fan Hyperion, de sinne; Maia is de mem fan Mercurius, Dione de mem fan Venus. Jupiter is de soan fan Saturnus, en de heit fan Mars. 42 4 l a di v i na com m e di a [ canto xxiii ] L ykas in fûgeltsje tusken it beamtegrien op syn nêst by syn jongen rêsten hat, de hiele nacht, as der neat mear sjoen wurde kin, en dan om syn jongen wer sjen te kinnen, en fretten foar harren te finen, dêr’t er hurd foar arbeidzje moat, de tiid net ôfwachtsje kin, en boppe de iepen tûken mei gleone leafde de sinne ôfwachtet, sa stie myn frouwe heech oprjochte, mei alle oandacht keard nei de himelkrite, dêr’t de sinne it stadichst giet. Sa seach ik har, en waard daalks as immen, dy’t fûl begeart, en tagelyk foar de earste tiid yn it hoopjen syn rêst fynt. Mar der wie mar in koarte tiid, sis ik, tusken myn wachtsjen en it sjen, hoe’t de himel wat langer wat strieljender waard. En Beatrice sei: “Sjoch de mannichten om Kristus hinne yn Syn triomf. En alle fruchten, dy’t Er rispe hat mei it draaien fan dizze sfearen.” Har antlit like ljochtsjend troch hillich fjoer, en har eagen wiene sa fol blidens, dat ik dêroan foarbygean moat, sûnder der fierder oer te praten. En lykas yn heldere moannenachten Trivia glimket tusken de ivige nimfen, dy’t oan alle kanten de himel skilderje, sa seach ik boppe tûzenen ljochten út de Sinne, dy’t harren allegearre ferljochte hie, lykas ús sinne, dy’t wy hjir boppe ús sjen kinne. En troch it libbene ljocht hinne skynde sa helder har ljocht yn myn each, dat ik it net ferneare koe. O, Beatrice, swiete en leave gids! Hja sei: “Dat, wat dy te machtich is, is in macht, foar wa’t gjin inkelde macht him bergje kin. Hjir is in wierheid en in krêft, dy’t de wei iepene hat tusken himel en ierde, in wei, dêr’t tefoaren salang nei longere wie.” En, lykas it fjoer út de wolken ûntkomt, om’t it him sa útset hie, dat it der net yn bliu we koe, en tsjin syn aard yn, nei de ierde slacht, sa stapte myn geast, troch al dizze hearlikheden grutter wurden, út mysels, i t pa r a dy s 425 en hoe’t er doe wurden is, wit ik net mear. “Iepenje dyn eagen,” sei se, “en sjoch goed hoe’t ik bin. Do hast safolle dingen sjoen, datst myn glimkjen no wol ferneare kinst.” Ik wie as immen, dy’t in fergetten fizioen ynienen wer neifiele kin, mar fergees besiket it wer op te roppen. Doe’t ik hearde wat se sein hie, wist ik, dat dat grutte tank wurdich wie, en dat it nea weilitten wurde kin út in boek, dat it ferline beskriuwt. As alle tongen harren no hearre litte koene, dy’t Polyhymnia mei al har susters it meast ferrike hawwe, om my safier te bringen dat ik ta ien tûzenste fan de wierheid komme koe, dan soe ik der noch net ta komme kinne dat hillige glimkjen te besjongen, en ek, hoe’t dat hillige antlit striele. En sa moat dit wijde gedicht yn dizze beskriuwing fan it paradys wol wat oerspringe, lykas immen dwaan moat foar wa’t de wei ôfsnien is. Mar hy, dy’t yn omtinken hâldt hoe swier’t de lêst is, dy’t leit op it minsklike skouder, dat him dêrmei belêstige hat, dy sil de man net lekje, dy’t dy lêst dochs op him nimme wol. It is net de koerts fan in lyts skipke, dy’t myn drystmoedige stjûne kliuwend giet, en it is ek neat foar in skipper, dy’t himsels sparje wol. “Wêrom betsjoent myn antlit dy sa, datst dy net mear omdraaie wolst nei de prachtige tún, dêr’t safolle blommen yn bloeie ûnder Kristus’ strielen? Hjirre is de roas, dêr’t it Wurd fan God flêsk ûnder wurden is. Hjir binne de leeljes, en yn harren rook hat it minskdom de goede wei fûn.” Dat sei Beatrice. En ik, dy’t har rie graach hearre woe, joech mysels wer oer oan de striid tsjin it fûle ljocht. Lykas yn in sinnestriel, dy’t helder trochkringt troch in brutsen wolk, myn eagen, fan it skaad út, wolris in greide, mei blommen oerdutsen, seagen, sa seach ik no in mannichte ljochten, dêr’t wer gleone strielen op del kamen, sûnder dat ik fan dy strielen de boarne sjen koe. O, genedige, dy’t harren sa stimpele hat mei ljocht! Jo wiene opstiigd, om myn eagen, dy’t neat sjen koene, it sjen mooglik te meitsjen. 426 l a di v i na com m e di a De namme fan de moaie blom, dy’t ik altyd oanrop, moarns en jûns, hat myn eagen lutsen nei dit grutte fjoer. En krekt, doe’t it oan myn eagen tastien waard te sjen, hoe grut oft dy stjerre wie, en hoe’t er derút seach, de stjerre, dy’t dêr boppe oerwûn hat, lykas er it ek hjirûnder dien hat, doe kaam fan binnen út dy himel in fakkel nei ûnderen, foarme as in sirkel, as in kroan, en begurdle har, en omkrânzge har hielendal. Eltse melody, dy’t it meast de siele nei him ta lûkt, soe in wolk lykje, dy’t berstet en tongeret, ferlike mei it klinken fan dizze liere, dêr’t dizze safier mei kroane waard, mei wa’t de ljochtste himel himsels kroane hat. “Ik bin de Ingeleleafde, dy’t omkrânzget de hege blidens, dy’t fuortkommen is út de skerte, dy’t in herberge wie foar ús langstme. En ik sil jo omkrânzgje, Frouwe fan de himel. Oant jo jo Soan folgje sille nei de heechste himelkrite, om’t jo dêr yngean sille.” Sa song de melody yn de flamme, en sa iepenbiere er himsels, en alle oare ljochten lieten de namme fan Marije hearre. De keningsmantel, dy’t om alle sfearen fan de himel hinne, fan alle omklaaiingen fan de wrâld it fûlst baarnt, en it meast libbet fan de sike fan God en fan Syn folsleinens, hie fier boppe ús syn binnenste side iepen. Safier fan ús ôf, dat ik op it plak dêr’t ik stie, him noch net sjen koe. Dêrom koene myn eagen noch net folgje, hoe’t hja, dy kroande flamme, har sied folge. En lykas it tatebern, dat nei it boarst fan syn mem de hannen útstekt, nei’t er tate krigen hat, sa stieken al dy gleone ljochten harren top nei boppen, sa, dat de hege leafde, dy’t hja allegearre foar Marije hiene, my dúdlik waard. Doe, wylst ik harren noch goed sjen koe, songen se Regina Coeli, sa swiet, dat it genietsjen dêrfan nea by my weinommen is. O, hoe grut is de oerfloed, opslein yn dy rike koffers fan de ivige genede, dy’t sok goed sied siedde hat yn de wrâld hjirûnder! Hjir is it wiere libben, en de wiere skat, skriemende krigen yn de Babyloanyske ballingskip, dêr’t hja it goud fier fan i t pa r a dy s 427 harren ôf smiten hawwe. Hjir triomfearret mei de hege Soan fan God en Marije, mei de sielen fan it Alde en it Nije Bûn, hy, dy’t de kaaien fan de hege gloarje hat. by canto x xiii • De krite, dêr’t de sinne stadich rint: it suden. • Trivia: ek in namme foar de moanne. • Polyhymnia: de muze fan de lyryk. • Babyloanyske ballingskip: santich jier út de Joadske skiednis, doe’t in soad Joaden oerbrocht wiene nei Babylon. Hjir brûkt foar it ferbliuw op ierde. Exules, filiae Hevae: ballingen, bern fan Eva, dat songen se alle jûnen Marije ta. • Regina Coeli waard songen yn de tiid nei Peaske: Regina Coeli, laetare, quia quem meruisti portare, resurrexit sicut dixit. Ora pro nobis Deum: Keninginne fan de himel, wês bliid. Want Hy, dy’t jo drage mochten, is ferriisd, lykas Er it sein hat. Bid God foar ús. (Alleluja) • De kaaien fan de himel binne yn hannen fan Sint Piter. 428 l a di v i na com m e di a [ canto xxiv ] “O útkard selskip, noege ta it grutte nachtmiel fan it seinige Laam dat jo spiziget, sa, dat oan de begearte foar altyd foldien is, wannear’t troch Gods genede dizze man no al wat priuwe mei fan wat ôffalt fan jimme tafel, al foar’t de dea him syn tiid foarskriuwt, jou dan wat oandacht oan syn ûnmjitlik smachtsjen, en besprinkelje him mei wat drippen. Jo drinke dochs altyd oan de boarne, dêr’t hy no oan drinke wol.” Dat sei Beatrice. En dy blide sielen, flamjend as kometen, draaiden om fêste poalen hinne. En lykas de tsjillen yn in oerwurk sa draaie, dat de earste oere foar wa’t dernei sjocht, liket stil te stean, en de lêste liket te fleanen, sa diene dizze rûnten it ek, op ferskillende wizen dûnsjend op de mjitte fan harren rykdom, fluch of stadich, sa’t it my talike. Fan de rûnte út, dy’t my it aldermoaist talike, seach ik in fjoer kommen, sa lokkich, en sa sillich, dat dêrefter nearne sokke klearens te sjen wie. Trije kear draaide it om Beatrice hinne, mei sok in godlike sang, dat myn fantasije it net mear weromroppe kin. Dêrom slacht myn pinne it mar oer, en beskriuw ik it net, want ús ferbyldingskrêft is foar sokke ploaien yn de himelske klean net goedernôch, en benammen net foar it praten dêroer. “O, hillige suster, dy’t ús wat freget yn devoat bidden, troch jo baarnende leafde meitsje jo my los fan dizze hearlike rûnte.” Sa gau’t hja stil stiene, kearde dit sillige fjoer ta myn frouwe syn stimme, en spruts, lykas ik it al sein ha. En hja: “O, ivich ljocht fan de grutte man, oan wa’t ús Hear de kaaien litten hat, dy’t Er omleech brocht hat ta dizze wûnderlike blidens, ûnderfreegje dochs dizze man oer de lichte en de swiere punten, lykas jo it wolle, oer it leauwe, dêr’t jo troch oer de see rûn hawwe. Freegje! Oft er wol leafhat, en hopet, en leaut, is foar jo net i t pa r a dy s 429 ferburgen, dat kinne jo sjen, want jo eagen binne rjochte, nei it plak dêr’t jo de ôfbylding sjen kinne fan alles, wat is. Mar, om’t dit ryk syn boargers wûn hat troch it wiere leauwe, is it goed, dat him de gelegenheid jûn wurdt oer dat leauwe te sprekken om it te ferhearlikjen. Lykas in baccalaurius him wapenet, en net sprekt foar’t de master him syn fragen steld hat, om dêroer te praten, en net om it einoardiel út te sprekken, sa ha ik my ek wapene, om hielendal ree te wêzen foar dizze frage, en myn belidenis. “Sprek, goede Kristen, en sis my dúdlik: wat is it leauwe?” Doe ha ik de holle oprjochte ta it ljocht, dêr’t ik de stimme út wei kommen seach, en ik seach ek Beatrice oan. Hja trune my oan, dat ik it wetter út myn ynwindige boarne útjitte soe. “Ik bid, dat de genede, dy’t my tastiet, dat ik belidenis dwaan kin oer myn leauwe,” sa begûn ik, “my ek tastean sil oan myn tinzen goed útdrukking te jaan foar de heechste foar fjochter fan it leauwe oer.” En ik gie troch: “Lykas de wierhaf tige pinne fan jo leave broer, dy’t mei jo Rome op it goede spoar set hat, dêroer skreaun hat, heit, it leauwe is de fêste grûn fan wat men hopet, it bewiis fan de dingen, dy’t men net sjocht. En dit liket my it wiere wêzen fan it leauwe.” Doe hearde ik: “Wis is jo oertsjûging as jo goed begripe, wêrom’t jo it leauwe in plak jouwe, earst ûnder de grûnslaggen, en dan ûnder de bewizen.” En ik wer: “De djipste dingen, dy’t my hjirre it geskink jûn hawwe fan harren oansjen, binne foar de eagen yn ’e wrâld hjirûnder sa ferburgen, dat harren bestean allinne libbet yn it leauwe, dêr’t ek de hege hope op fundearre is, en dêrom krijt it ek de namme fan fêste grûnslach. En fan dat leauwe út moatte wy ús tinken opbouwe sûnder dat wy de dingen sjoen hawwe. En dêrom hat it leauwe ek de funksje fan bewiisgrûn. Doe hearde ik: “As alles, wat men dêrûnder leare moat sa ferstien waard, dan soe de skerpsinnigens fan de sofisten dêr gjin romte fine kinne.” Doe kaam der in stimme út 430 l a di v i na com m e di a de baarnende leafde, en dy heakke der noch oan ta: “Jo hawwe fan de munt it gewicht en it metaal foldwaande ûndersocht. De frage is no, oft jo it ek yn ’e ponge hawwe.” En ik doe: “Ik ha it. Sa geef en sa rûn, dat it stimpel hielendal gjin twifel opropt.” Nei dizze wurden klonk jitris in stim, fan it ljocht út, dat foar my skynde: “Dizze kostlike blidens, dêr’t alle blidens op fundearre is, wêr kaam dy by jo wei?” En ik: “De rein fan goud fan de Hillige Geast, dy’t einleas útstoart is oer de âlde en de nije perkamintrollen, is in slutend bewiis, dat my ta in konklúzje brocht hat, sa skerp, dat alle bewiisgrûn, dêrmei ferlike, my betiisd en ôfwaaid taliket.” En ik hearde: “Dy âlde en dy nije ûnderstellingen, dy’t jo sa wis talykje, wêrom nimme jo dy oan as godlike wierheid?” En ik: “It bewiis fan de wierheid is foar my: de wurken, dy’t derop folge binne. Wurken, dêr’t de natuer nea it izer foar hjit makke hat, of op it ambyld slein.” Doe waard andere: “Sis my, wa hat jo der sa wis fan makke, dat dy wurken werklik wêze soene? Itselde skrift, dat dêrtroch bewiisd wurdt, seit it ek.” “As de wrâld him ta Kristus bekeard hawwe soe,” sei ik, “sûnder wûnderen, dan soe dat it grutste wûnder west hawwe, sa grut, dat de oaren dêr gjin hûndertste fan wêze soene. Want jo binne, earm en útmergele, it fjild yn gien om in goede plant te siedzjen, dy’t ienris in wyngerd wie, mar no in toarnstrúk wurden is.” Doe’t dit sein wie, liet it heechhillige hôf troch de himel galmje: Te Deum Laudamus, yn de melodije, dy’t dêr yn ’e hichte songen wurdt. En de baron, dy’t sa, fan tûke ta tûke my ûnderfreegjend, my omheech tôge hie, sa, dat wy no hast al boppe wiene, begûn op ’e nij: “De genede, dy’t fol leafde sprekt út jo geast, hat oant hjir ta jo de mûle iepene, lykas dy sprekke moatte soe, sa, dat ik fan herten goed fine kin wat dêrút kaam. Mar no moatte jo dúdlik oanjaan, wat jo leauwe, út hokker boarne it ta jo kommen is, en hoe.” “O, hillige heit, geast, dy’t my no achtslacht, wat jo sa i t pa r a dy s 431 fêst leaud hawwe, dat jo, rinnend nei it grêf, it wûn hawwe fan jongere fuotten,” sa begûn ik, “jo wolle, dat ik no iepenbierje de foarm fan myn fêst leauwe, en ek nei de boarne dêrfan ha jo frege. En ik anderje jo no: Ik leau yn ien, iennige en ivige God, Dy’t sels net beweecht, de himel beweecht troch leafde, en troch de begearte fan wat er skepen hat. En foar dit leauwe ha ik net inkeld de bewizen út de natuer, of boppe de natuer út, mar ek de wierheid, dy’t fan hjirre út delreint. Troch Mozes, troch de profeten, de psalmen, de evangelisten, troch dat wat jo skreaun hawwe yn de Hillige Geast. Ik leau ek yn trije ivige persoanen, ien yn wêzen, yn waans wêzen ien en trije is en binne, ta ienheid wurden foar de ivichheid. Mei dit djipsinnich wêzen is myn geast stimpele troch it evangeelje. Dit is it begjin, dit is de fûnk, dy’t dêrnei útslein is yn in libbene flamme, en dy’t as in stjerre oan de himel yn my skitteret.” As in master, tige bliid oer wat er heard hat, de tsjinner omearmet, him tankjend foar wat er heard hat as er it sein hat, sa gau’t er him stil hâldt, sa, al sjongende, sirkele it apostoalysk ljocht dat my hjitten hat te sprekken, trijeris om my hinne, safolle wille hie er hân fan wat ik sein hie. by canto x xiv • In baccalaurius wie ek yn de midsieuwen in oankommend studint. • Dante fundearret syn leauwe mei in tekst út it brief oan de Hebreeën (11,1). Hy tocht noch, dat dat brief fan Petrus syn ‘broer’ Paulus wie. • Te Deum Laudamus: Jo loovje wy as God. • Baron is de gewoane titel foar de heechste ‘sûvereine’ adel. • Johannes rûn hurder nei it grêf as Petrus, mar liet dy it earst it grêf yngean. (Joh. 20,1-6). 432 l a di v i na com m e di a [ canto xxv ] A s it sa barre soe, dat dit hillige gedicht, dêr’t himel en ierde oan meiwurke hawwe, en dat my no al jierren meager makke hat, ienris, as de wredens wêze soe, dy’t my bûtensletten hat út de moaie skieppekoai, dêr’t ik as laam yn sliept ha, mei de wolven, dy’t de koai bestookten as fijân – dan soe ik mei in oare stimme en ûnder in oar flues weromkomme as dichter, en yn de doopkapel, dêr’t ik doopt bin, soe ik kroane wurde. Dêr, om’t ik dêr it leauwe oannommen ha, dat de sielen bekend makket mei God, it leauwe ek, dêr’t Petrus myn holle om omkrânze hat. Doe kaam der in ljocht ús kant út, út de krite, dêr’t ek it earste ljocht út kommen wie. It ljocht fan de earste steedhâlder fan Kristus op ierde. En myn frouwe, o sa bliid, sei: “Sjoch, sjoch! Hjir is de baron, foar wa’t de minsken hjirûnder Galysje opsykje.” En lykas op ierde in do sitten giet njonken syn maat, en de iene de oare draaiend en koerend syn leafde sjen lit, sa seach ik, hoe’t de iene grutte foarst de oare ûntfong, fol lof oer de spize, dy’t harren dêrboppe oanbean wurdt. En doe’t it groetsjen dien wie, stiene hja stil foar my oer, sa ljochtsjend, dat myn eagen it net ferneare koene. Laitsjend sei Beatrice doe: “Ferneamde sielen, troch wa’t de myldens fan ús keninklike sealen beskreaun is, lit de hope besongen wurde yn dizze hege himel. Jo hawwe har byld west, doe’t Jezus de trije mear ljocht jûn hat.” “Slach jo eagen op nei de bergen, en wês net bang, want al wat opstiigd is út de stjerlike wrâld, moat yn dizze strielen ryp wurde.” Dizze treast kaam ta ús út it twadde fjoer, en ik sloech myn eagen op nei de bergen, dy’t myn eagen tefoaren mei harren gewicht delslein hiene. “No’t troch Syn genede ús Imperator jo tastien hat, dat jo noch foar jo dea yn syn geheimste seal Him sjen kinne, sis i t pa r a dy s 433 ús no wat hope is, en hoe’t mei har blommen jo geast siere is.” Sa gie it twadde fjoer noch troch. En de my tawijde siel, dy’t de fearren fan myn wjukken brocht hie ta dit hege ljocht, joech myn andert al foar’t ik it sizze koe: “De stridende tsjerke hat gjin trouwer soan mei mear hope, lykas dy skreaun is yn de Sinne, dy’t hiel ús mienskip trochstrielet. Dêrom waard him tastien dat er út Egypte nei Jeruzalem komme koe, foar’t er syn tsjinst folbrocht hie. De twa oare punten, dêr’t jo om frege hawwe: dat er oan de minsken sizze moat hoe heech’t jo dizze deugd achtsje, dat lit ik oan him oer, dat sil him net swier falle, en him net heechmoedich meitsje, hy kin derop anderje, en de genede fan God sil him stypje.” Lykas de learling, dy’t syn learaar graach andert jout, om’t er de stof yn ’e macht hat, en dat sjen litte wol, sei ik: “Hope is in wis ferwachtsjen fan de kommende hearlikheid, dy’t komt troch de genede fan God, en it goede, dat immen dien hat. Fan folle stjerren út is dit ljocht ta my kommen. Mar hy, dy’t it it earste yn myn herte getten hat, wie de hege sjonger fan de heechste Lieder. ‘Op Jo betrouwe,’ seit er yn syn godlike lofsang, ‘hja, dy’t jo namme kenne.’ En wa ken dy net, dy’t it leauwe hat? Doe is it my ynjitten troch jo brief, dêr’t ik sa fol fan bin, en ik ha ek oaren diele litten yn jo swiete rein.” En wylst ik noch oan it praten wie, trille yn de libbene ynboarst fan de flammen ynienen in fûle skittering, as fan de wjerljocht. Doe sei er: “De leafde, dy’t noch yn my baarnt foar de deugd, dy’t my bybleaun is oant ik de earepalm helle ha, wol, dat ik har trochstrielje lit ta jo, sa, dat jo der wille fan hawwe, en ik soe graach wolle, dat jo sizze, wat dy deugd jo ûnthjitten hat.” En ik wer: “De Skrift. It Alde en it Nije Testamint hawwe in teken jûn, en dit teken ha ik ferstien, in teken foar de sielen, dy’t Gods freonen wiene. Fan har seit Jesaja dat hja alles dûbeld krije sille yn it eigen lân, en ivige blidens sil harren diel wurde. En jo broer lit ús dizze iepenbie- 43 4 l a di v i na com m e di a ring noch mear yn bysûnderheden kenne, dêr’t er skriuwt oer de wite klean.” Doe’t ik dat sein hie, waard boppe ús “Sperant in Te” songen, en alle koaren joegen andert. En midden yn dy koaren kaam in ljocht, sa helder, dat as de Kreeft sa’n helder kristal hawwe soe, it de hiele winter net tsjuster wurde soe. En lykas in blide faam de dûnsjende reien yngiet, allinne om de breid te earjen, en net út idelens, sa seach ik in ljochtsjende glâns, dy’t kaam ta de twa, en om harren hinne dûnse mei baarnende leafde. En myn Frouwe, as in breid, sûnder ferweech en stil, hold har eagen fêst rjochte op harren gloarje. “Dit is him, dy’t lein hat oan it boarst fan ús Pelikaan, en dit is ek him, dy’t fan it krús ôf útkard wie foar in grut amt.” Dat sei myn Frouwe, en hja bleau ûnbeweechlik, foar en nei har wurden, en hja seach altyd troch nei harren. Lykas by him, dy’t besiket efkes te sjen, hoe’t de sinne fertsjusteret, en dan troch it sjen ta in neat sjen komt, sa wie ik troch it sjen nei it lêste fjoer. Oant sein waard: “Wêrom litte jo jo blyn meitsje om eat te sjen, dat hjir net fûn wurde kin? Op ierde is myn lichem ierde, en dat sil it dêr wêze mei de oare lichems, oant ús tal lyk wêze sil oan it al ivich fêststelde tal. Mei de twa beklaaiingen binne yn dit loksillige kleaster inkeld beklaaid de twa ljochten, dy’t opstiichd binne nei de himel. En dit moatte jo fertelle yn jo wrâld!” Doe’t dit sein wie, stie de flamjende rûnte stil, en mei harren it swiete mjuksel fan de trijefâldige sang. Lykas, om rêst nei de ynspanning, of om it gefaar, de riemen, dy’t mei krêft yn it wetter slein hawwe, stil holden wurde op it lûd fan in fluitsje. O, hoe waard ik yn it djipst fan myn siele oandien, doe’t ik in amerij my ôfkearde, en nei Beatrice seach, en har net sjen koe, ek al wie ik deun by har yn dizze sillige wrâld. i t pa r a dy s 435 by canto x xv • Dantes hoop, dat er, as syn gedicht klear wie, yn Florence huldige wurde soe, is net útkommen. Wol is der twa ieuwen nei syn dea in byld fan him bekrânze yn de doopkapel. • Yn Compostella yn Galysje wurdt Jacobus fereare. Jacobus 1,5 eart Gods myldens. • Petrus, Johannes en Jacobus: de trije apostels, dy’t op de Thabor en yn Gethsemané by Jezus wiene. • Levavi oculos meos in montes: ik slach myn eagen op nei de bergen, Psalm 121. • De apostels wurde ek faak de bergen neamd, dêr’t de leauwigen nei opsjogge. • De stridende tsjerke: de tsjerke op ierde, de lijende tsjerke: dy yn it faaiefjoer. • Egypte is it byld fan de ierdske ballingskip, Jeruzalem is de himel. • Jesaja skriuwt oer Gods freonen, de Joaden. De Iepenbiering fan Johannes oer de wite klean fan de tsjûgen fan it Laam. • Sperant in Te: Hja hoopje op Jo. • Johannes hat rêsten oan it boarst fan Jezus, hy krige de soarch foar Marije by Jezus’ dea oan it krús. Johannes wurdt hjir ynfierd. Hy nimt de lieding no fan syn broer oer. • Yn de winter giet it stjerrebyld fan de Kreeft, tichtby de poalstjer, net ûnder. As dêr in helder ljocht yn stie, soe it net tsjuster wurde. 436 l a di v i na com m e di a [ canto xxvi ] O m’t myn eagen noch ferbline wiene, wie ik net wis fan mysels. Doe kaam der út de fûle flamme, dy’t dêr de oarsaak fan wie, in stimme, dy’t myn oandacht frege. “Oant jo wer sjen kinne – dat jo no efkes net mear kinne – is it goed, dat jo dat troch in goed petear kompensearje. Begjin dêrom mar, en sis, wêr’t jo siel no op rjochte is, en wês der wis fan, dat jo gesichtsferlies tydlik is, en net duorje sil. Want hja, dy’t jo begeliedt yn dit hillige lân, hat yn it draaien mei har eagen de macht, dy’t safolle jierren ferlyn lein hat yn de hannen fan Ananias.” “As hja it wol, no of letter, lit dan myn eagen wer goed wurde,” sei ik, “it binne de poarten, dêr’t se it fjoer, dat noch altyd baarnt, troch yn my brocht hat. It Goede, dat dit hôf sêd makket, is de Alfa en de Omega, dy’t de leafde yn my lêst, yn de ljochte of de swiere sin.” En deselde stimme, dy’t myn bangens, dy’t ik koarte tiid field hie, doe’t ik neat mear sjen koe, weinommen hie, brocht my ek safier dat ik graach wer fierder prate woe. Ik hearde: “Wierliken, troch in noch finere souwe moatte jo jo tinzen silje; jo sille sizze moatte, wa’t jo bôge rjochte hat op dit doel.” En ik: “Troch filosofyske arguminten, en troch it bewâld dat fan hjir útgiet, moast dizze leafde him wol yn my fêst sette. Want it Goede moat, sa gau’t it as goed erkend wurden is, needsaaklik de leaf de ûntstekke, en mear leafde, as it mear goedens yn him hat. Dêrom: ta it Wêzen, dat safier boppe al de oaren útgiet, moat alle goed, dat bûten him bestiet, in striel fan Syn ljocht wêze. Ta Him moat bewege de geast fan eltsenien, dy’t de wierheid sjoen hat, de wierheid dêr’t dit bewiis op fundearre is. Dizze wierheid hat foar my dúdlik makke hy, dy’t my de earste leafde sjen litten hat fan it ivige Wêzen, de stim fan de wiere i t pa r a dy s 437 iepenbiering, Dy’t ta Mozes sein hat, oer Himsels sprekkend: “Ik sil al myn goedens foar dy lâns gean litte.” Dy wei lizze jo ek foar my iepen, begjinnende mei de hege ferkundiging, dy’t it geheim fan hjirboppe nei ûnderen trochjûn hat, mear as eltse oare iepenbiering.” En ik hearde: “Lykas de minsklike rede en de Hillige Skrift it wol: bewarje it heechste fan jo leafde foar God! Mar sis my dochs, oft jo troch oare bannen nei Him talutsen wurde, en oft jo útlizze kinne mei hoefolle tosken oft dizze leafde jo byt.” De hillige bedoeling fan de earn fan Kristus wie my net ferburgen, krekt oarsom: ik fielde, wêr’t er myn belidenis hinne bringe woe. Dêrom begûn ik wer: “Al dy biten, dy’t myn herte nei God rjochtsje, hawwe meiwurke ta myn leafde. Want dat de wrâld bestiet, en dat ik bestean, en dat de dea, dy’t Hy lit hat dat ik libje soe, en dat eltse leauwige hopet, lykas ik, tagelyk mei de libbene kentnisse, dêr’t ik it al oer hân ha, dat allegearre hat my ôflutsen fan de see fan de falske leafde, en my delset op de igge fan de rjochte. De blêden fan de hiele tún fan de ivige Túnker ha ik leaf neffens de mjitte as troch Him oan harren it goede skonken is.” Sa gau’t ik my stil hold, klonk it leaflikste sjongen wer troch de himel, en myn Frouwe song mei alle oaren: “Hillich, Hillich, Hillich.” En lykas by in fûl ljochtsjen de minske wekker wurdt, om’t er wer sjen mei, en de glâns trochkringt troch de fluezen fan syn eagen, en hy wurdt wekker, ferbjustere troch wat er sjocht, sûnder dat er eat begrypt, om’t er syn tinkkrêft noch net brûke kin, sa helle Beatrice de skobben fan myn eagen mei de strielen fan har eigen eagen, dy’t mear as tûzen milen oerstrielen. En sa seach ik wer, better as earst, en ferbjustere frege ik har nei it fjirde ljocht, dat ik tsjin ús oer seach. En myn Frouwe: “Yn dy strielen sjocht syn Skepper de earste siele, dy’t de Krêft ea skepen hat.” En lykas it blêd, dat syn top bûcht as de wyn deroer hinne giet, en dan wer omheech komt troch de eigen krêft, sa 438 l a di v i na com m e di a die ik, wylst hja dit alles sei, om’t ik wer rêstich wurden wie. Doe woe ik graach fierder mei de fraach, dy’t yn my baarnde. En ik begûn: “O, frucht, dy’t as iennichste ryp fuortbrocht is, o, âldste heit foar wa’t eltse breid dochter en skoandochter is, sa ynfieren as ik kin, freegje ik jo dat jo sprekke wolle. Jo sjogge myn langstme, en om jo gau hearre te kinnen, sprek ik it net fierder út.” Bytiden, oerdutsen mei in klaad, en dêrûnder dochs bewegend, wrot in bist, en lit er troch it klaad hinne sjen, dat er dit dochs net wol. Op deselde wize liet de earste siele my sjen, troch it bewegen fan it ljocht om him hinne, hoe bliid oft er wie om foar my te dwaan wat ik sa graach woe. En doe sei er: “Sûnder dat it my iepenbiere is, wit ik fan jo langstme. Ik wit dat better as jo witte, wat jo it leafst hawwe soene. Ik sjoch yn ’e Spegel, Dy’t himsels ta in spegel makke hat fan alle dingen, mar neat makket in spegel fan Him. Jo wolle witte, hoelang’t it lyn is dat God de Hear my in plak jûn hat yn dat ferheven hôf, dêr’t hja jo al hinne brocht hat, en hoelang’t myn útskroevenens dêr duorre hat. Jo wolle witte, wat de eigentlike reden is fan de grutte lilkens om my hinne, en hokker taal ik sprutsen ha. Wit dan, myn soan, it iten fan de beam wie op himsels net de reden fan myn ballingskip, dat wie inkeld it skeinen fan Gods gebod. It hat fjouwertûzen-trijehûndert-en-twa jierren duorre, ear’t jo frouwe oan Vergilius opdroegen hat jo by te stean. En ik seach de sinne njoggenhûnderttritich kear syn wei tusken de stjerren ôflizzen, doe’t ik op ierde wie. De taal, dy’t ik sprutsen ha, wie hielendal útstoarn, lange jierren foar’t it folk fan Nimrod harren set hie oan it wurk, dat nea ôfmakke is. Want neat fan wat minsken betocht hawwe, feroaret net. Alles wurdt oars as de rin fan de stjerren fierder giet. In minske moat sa prate as de natuer it wol, mar sa of sa, dat lit de natuer oan josels oer, krekt sa’t jo der nocht oan hawwe. Foar’t ik ôfdaald wie yn de ferskrikkingen fan de hel wie ‘Jah’ de namme fan it i t pa r a dy s 439 Heechste Goed, Waans blidens no om my hinne strielet. ‘El’ is Er letter neamd, en dat wie goed. Want wat de minsken sizze, is as blêd oan de tûken fan de beammen: it âlde giet, it nije komt. Op de berch, op syn heechste top, ha ik libbe, earst yn myn ûnskuldigens, en letter yn ûngenede, fan de earste oant de seisde oere, as de sinne fan kwadraat wikselet. by canto x xvi • Ananias moast de ferbline Saulus (letter Paulus) opsykje. “Doe gie er nei dat hûs, en lei Saulus de hannen op ’e holle. Op slach wie it as foelen him de skobben fan de eagen ôf, en hy koe wer sjen.” (Hannelingen 9,10-17) • De earn is it symboal fan Sint Jan de Evangelist. • Adam wit, dat ‘hja’ (Beatrice) Dante it ierdsk paradys al sjen litten hat. • Adam rekkenet: 930 jier hat er libbe, doe 4302 jier wachte, oant de Kristus him út de limbus meinaam nei de himel, 1266 jier wie dat lyn, Kristus hat 34 jier libbe, 1300 is it no. • Nimrod hat besocht de Toer fan Babel te bouwen. Doe waarden de talen fertiisd. • Jah wie in Godsnamme, noch yn ‘allelujah’. El is in lettere namme; meast yn it meartal ‘Elohim.’ • De dei is ferdield yn fjouwer kwadranten fan seis oeren. 4 40 l a di v i na com m e di a [ canto xxvii ] “E are oan de Heit, en de Soan, en de Hillige Geast,” sa song it hiele paradys, sa swiet, dat it swiete sjongen my hielendal dwyl makke. Dat, wat ik seach, like my in glimk fan it hielal, en der kaam in útskroevenens oer my hinne troch it hearren en troch it sjen. O, wisse rykdom sûnder fierder langstme! O, ûnsisbere blidens! O, libben, folslein yn syn leafde en frede! Foar myn eagen bleauwen de fjouwer fakkels, en hy, dy’t it earste kommen wie, begûn him libbener fan ljocht te meitsjen. En sa waard er yn syn ferskining as Jupiter wurde soe, as hy en Mars fûgels wêze soene, en harren fearren ferwiksele hawwe soene. De foarsjennigens, dy’t hjirre beurten en tsjinsten ferdielt, hie it sillige koar stiltme oplein, oan alle kanten. Doe hearde ik: “As ik fan kleur feroarje soe, fernuverje jimme net, want troch myn sprekken sille jimme sjen, dat al dizzen fan kleur feroarje sille. Dy dêre, dy’t him oanmjitten hat om op ierde myn plak yn te nimmen, myn plak, dat no net ynnommen is hjirre, foar de Soan fan God, hat fan myn grêf in rioel makke fan bloed en rottigens, dêr’t de ôffallige, dy’t fan hjirboppe delstoart is, dêrûnder treastige wurdt.” Mei dy kleur, dêr’t, troch de sinne dêrtsjinoer, in wolk kleure wurdt, moarns en jûns, seach ik doe de hiele himel oerdutsen. En lykas in eale frouwe, wis bliuwend fan harsels, dochs, troch inkeld te hearren nei de flaters fan oaren, harsels beskamme fielt, sa ferskeat Beatrice fan uterlik. En ik tink, dat der ek sa’n fertsjustering west hat yn ’e himel, doe’t de heechste Macht de pasje ûndergean moast. Doe giene syn wurden fierder troch, mei in stimme, sa feroare troch lilkens, dat syn ferskining der net tsjusterder út sjen koe. “De breid fan Kristus is net stipe troch myn bloed, of dat fan Linus en Cletus, om ôfrjochte te wurden op jildbejeierij. Mar ta it winnen fan in i t pa r a dy s 4 41 sillich libben hawwe letter Sixtus en Pius, Callixtus en Urbanus harren bloed jûn, mei folle triennen. En foar ús hat it nea de bedoeling west dat de iene helte fan it kristenfolk rjochts fan ús opfolger sitte soe, en de oare helte lofts. En ek net, dat de kaaien, dy’t my tabetroud wiene, as oantsjutting op oarlochsfindels stean soene yn de striid tsjin doopte meikristenen. En alhiel endal net, dat ik it byld wêze soe op de segels dêr’t de falske en ferkofte privileezjes mei segele wurde. Ik wurd dêr noch altyd tige lilk oer. Yn it klaad fan hoeders sjoch ik fan hjirboppe út rôfsuchtige wolven yn alle greiden. O, hân fan God, wêrom sa stil? Cahorsaners en Gasconjers meitsje harren ree fan ús bloed te drinken. O, goed begjin! Ta hokker smoarge ein binne jo kommen! Mar de hege foarsjennigens, dy’t mei Scipio de gloarje fan de wrâld ferdigene hat, sil jitris, en gau, yngripe, nei’t ik ferwachtsje. En jo, soan, dy’t troch jo stjerlik gewicht noch wer nei omleech keare moatte, doch de mûle iepen, en hâld net stil wat ik ek net stilholden ha.” Lykas yn ús atmosfear beferzen dampen yn flokken nei ûnderen komme, wannear’t de Stienbok mei syn hoarn de himel rekket, sa seach ik hoe’t de eter toaid waard mei de triomfantlike flammen, dy’t mei ús yn petear west hiene. Myn eagen folgen harren oant yn ’e hichte, oant ik yn ’e romte harren net fierder sjen koe. Doe sei myn Frouwe, dy’t sjoen hie dat myn oandacht net langer op harren rjochte wie: “Sjoch wer ris omleech, en sjoch hoefier oftst draaid bist.” Sûnt de tiid, dat ik foar it earst nei ûnderen sjoen hie, seach ik no, dat wy omheech kommen wiene, de hiele bôge bylâns, dy’t de earste klimaatsirkel makket fan ’e midden oan de ein ta. Sa, dat ik fan Cadiz ôf it healwize farwetter fan Ulysses folgje koe, en de oare kant út de igge, dy’t Europa as swiete lêst droegen hat. En noch mear soe ik weromfûn hawwe op dizze terskflier, mar de sinne gie fierder ûnder myn fuotten, ien teken en mear foar my út. Myn fereale geast, noch altyd libjend yn djippe ferearing foar 4 42 l a di v i na com m e di a myn Frouwe, baarnde mear as ea yn my, en ik moast myn eagen wol wer op har rjochtsje. Hokker fiedsel foar de geast natuer of keunst ea fuortbrocht hawwe om de eagen nei eat ta te lûken, it kin in minske wêze of in skildering, it soe alles byinoar hjir hielendal neat achte wurde, tsjin de himelske útskroevenens oer, dy’t my temjitte kaam doe’t ik nei har laitsjend gesicht seach. En de krêft, dy’t har eachopslach my joech, makke my los fan it moaie nêst fan Lea, en droech my omheech, nei de rêdste himel. Fan dy syn boppeste en ûnderste grinzen oant syn midden is er sa gelyk, dat ik net neifertelle kin, wêr’t Beatrice foar my in plak útsocht hie. Mar hja, dy’t myn langstme seach, begûn, sa bliid laitsjend, dat it like, dat God ferblide wie mei har antlit: “De natuer fan it hielal, dy’t it mulpunt stil stean lit, begjint fan hjir út. En dizze himel hat gjin oar plak yn de romte as de godlike geast, dêr’t de leafde yn geande makke is, de leafde, dy’t him draaie lit, en de krêft, dy’t er útstjoert. Ljocht en leafde hâlde him yn ien bân, lykas al it oare, en dizze begurdling begrypt allinne Hy, Dy’t begurdlet. Syn bewegen wurdt net oan in oar bewegen mjitten, mar al it oare wurdt dêr oan mjitten, as tsien troch de helte en it fyfde part. En hoe’t de tiid yn ien fet syn woartels hat, en syn tûken yn in oar fet, dat sil dy no dúdlik wêze. O, begearlikheid, dy’t de stjerliken sa ûnderdompele hat, dat nimmen syn eagen boppe de weagen hâlde kin. It wollen fan de minsken komt wol ta de bloei, mar troch de duorjende rein wurde de prommen soer en bitter. Leauwe en ûnskuld wurde inkeld fûn by de lytse bern, en beide flechtsje, foar’t it burd trochkomt. Ferskaten fêstje as se noch stammerje, en letter, as se harren tonge roere kinne, ite se alles op alle dagen fan de moanne. In oare hat syn mem leaf en harket nei har, salang’t er noch stammeret, mar as er goed prate kin, longeret er nei de dei dat er har begraffenis sjen kin. Sa wurdt de hûd fan de moaie dochter fan Him, Dy’t ús de moarn bringt, en dy’t ús yn de nacht ferlit, dy’t earst wyt i t pa r a dy s 4 43 wie, stadichoan swart. En, datst dy net ferwûnderje silst: tink deroan, dat der op ierde nimmen is, dy’t regearret, dêr’t it minskene slachte fan de goede wei ôf rekket. Mar foar’t jannewaris yn ’e maitiid falt, fanwege dat hûndertste diel, dat ûnder ferwaarleazge wurdt, sille dizze boppeste sirkels âlje dat it lot, salang ferwachte, de efterstjûnen draaie sil nei wêr’t no de foarstjûnen binne, sa, dat de float wer de goede kant útfarre sil. Goeie fruchten sille dan folgje op de bloei. by canto x xvii • Lucifer hat wille fan it rioel, dat de pausen fan it grêf fan Petrus makke hawwe. • Linus en Cletus: earste opfolgers fan Petrus. Lettere pausen: Sixtus (117-127), Pius (142-149), Callixtus (217-221) en Urbanus (222-230). • Rjochts en lofts fan de stoel fan de paus út rekkene: de Guelfen en de Ghibellinen. • Paus Clemens v wie fan Gasconje, Jehannes x xii fan Cahors. • De sinne stiet yn it stjerrebyld fan de Stienbok midden yn ’e winter. Lea wie de mem fan de Twillingen Castor en Pollux. Dante giet no dus dat stjerrebyld út. • Yn Dantes tiid waard de ôfstân tusken de poal en de equator ferdield yn 24 klima’s. • Scipio hat it Romeinske Ryk rêden. No moat de Romeinske Tsjerke rêden wurde. • Cadiz leit oan de Atlantyske Oseaan. Europa waard troch de bolle delset oan ús kant fan de Bosporus. Dante kin no dus de ûnderste helte fan Europa oersjen. • Tsien kin dield wurde troch twa en fiif. • It jier wie troch de Juliaanske tiidrekkening – yn 1584 ôfskaft – te lang. As it sa trochgean soe, soe jannewaris yn de maitiid falle. Yn 1584 waard dêrom fan 4 ta 14 oktober oersprongen! En sûnt dy tiid binne de ieujierren gjin skrikkeljierren mear, behalve 1600 en 2000 en 2400 ensfh. 444 l a di v i na com m e di a [ canto xxviii ] D oe’t hja, dy’t myn geast ynlaat hie yn it paradys, sa de hiele ellindige tastân fan it tsjintwurdige minskdom iepenlein hie, wie ik as immen, dy’t yn in spegel sjocht nei in kearsflamme, efter him ûntstutsen, in flamme, dy’t er noch net sjoen hat, en dêr’t er ek net oer tocht hat dat dy dêr wêze soe, en him dan omkeart, en sjen wol, oft it glês him de wierheid sein hat, en dan sjocht, dat it byld yn de spegel strykt mei de werklikheid lykas de noaten mei it ritme. Sa stiet it ek yn myn ûnthâld printe wat ik dien ha, wylst ik seach yn dy moaie eagen, dêr’t de leafde de strûp út makke hie, dy’t my fange moast. En doe’t ik my omkearde, waarden myn eagen rekke troch wat ferskynde yn dy draaiende sfear. Doe seach ik in punt, dat ljocht útstriele, sa fûl, dat myn eagen harren wer slute moasten troch dy gleone krêft. En eltse stjerre, dy’t hjir o sa lyts liket, soe dêr as de moanne wêze as er sa ticht stean soe njonken dat ljocht. Faaks sa tichtby as in krâns om de moanne hinne liket op it plak dêr’t de dize it tichtst is, sa ticht draaide in sirkel fan fjoer, mei sa’n grutte feart, dat er it wûn hawwe soe fan de beweging, dy’t it hurdst om de wrâld hinne draait. En om dizze hinne draaide wer in oare, en in tredde, en dêr omhinne wer in fjirde, in fyfde en in seisde. Dêrboppe in sânde, sa útwreide, dat de boade fan Juno te lyts wêze soe om dy omfetsje te kinnen. Sa ek de achtste en de njoggende, en elts fan harren draaide wat stadiger, nei’t se fierder ôf stiene fan de Iene. En dy sirkel hie de suverste flamme, ik tink, om’t er it meast ien is mei syn wierhaftigens. Myn Frouwe, dy’t myn grutte spanning seach om te begripen wat ik seach, sei: “Oan dat punt hinget de himel en de hiele natuer. Sjoch nei de sirkel, dy’t dêr it meast oan ferbûn is, en wit, dat syn beweging sa rêd i t pa r a dy s 4 45 is troch de flamjende leafde, dy’t him oantrunet.” En ik ta har: “As de wrâld pleatst wie yn de oarder, dy’t ik no sjoch yn dizze kringen, dan soe wat ik sjoen ha, my foldwaning jaan kinne. Mar de wrâld, dy’t ik sjen kin, lit sjen dat de beweging fan de sfearen mear godlik is as se fierder ôf binne fan it mulpunt. Dêrom: as oan myn langstme foldien wurde kin yn dizze wûndere timpel fan de ingelen, dy’t leafde en ljocht as grinzen hat, dan soe ik graach hearre wolle wêrom’t byld en foarbyld net op ’e selde wize geane, want foar mysels sjoch ik dêr neat, dat ik begripe kin.” “As dyn fingers dizze knoop net losmeitsje kinne, soe soks gjin wûnder wêze, sa fêst sit er no, want nimmen hat besocht him los te meitsjen.” Dat sei myn frouwe en doe: “Nim goed op wat ik sizze sil en rjochtsje de skerpens fan dyn ferstân der op. Stoflike sirkels binne wider of inger nei’t der mear of minder krêft útwreide wurdt troch syn ûnderdielen. Mear goedens wol sizze, mear útwreiding, grutter heil hat mear romte nedich as de dielen dêrfan fan gelikense folsleinens binne. Dus: de himel, dy’t it hiele universum yn syn winteling meinimt, komt oerien mei de sirkel, dy’t it meast leafhat, en it meast wit. Ast mjitte wolst, net by watst sjochst, mar by de krêft, dy’t yn dizze wêzens oanwêzich is, en dy’t himsels sjen lit yn dizze sfearen, dan silst in wûnderlik gelykwêzen sjen tusken macht en gruttens, en minder ta lytsens, tusken eltse himel en syn yntelliginsje.” Lykas it ferwulft helder en blau efterbliuwt as de Boreas útraasd is, om’t de dize lottere en oplost is, dat de himel wer glimket mei alle moais fan syn krite, sa gie it my ek, doe’t myn frouwe my har dúdlik andert jûn hie. Ik koe de wierheid sjen as in heldere stjerre oan de himel. En nei har lêste wurden fûnkelen de sfearen, lykas izer fûnkelet as it smolten wurdt. Eltse fûnk fûnkele yn syn ring, en der wiene safolle fûnken as der nôtkerlen wiene op it lêste fak fan it skaakboerd fan de kening. Fan koar ta koar hearde 4 46 l a di v i na com m e di a ik it ‘Hosanna’ sjongen nei it fêste Punt, dat harren hâldt, en altyd hâlde sil op it plak dêr’t hja altyd west hawwe. En hja, dy’t de twiveljende tinzen yn myn geast seach, sei: “De earste sirkels hawwe dy de searafinen en de kearubinen sjen litten. Sa hurd folgje dy de bân om harsels goed oan it fêste punt gelyk te meitsjen, dat harren op harren plak hâldt, sa’t it altyd wie, en altyd wêze sil. En hja kinne dat om’t hja sa heech ferheven binne. De wêzens yn dy oare heldere kring dy’tst dêr sjochst, wurde Troanen neamd fan it godlik antlit, om’t hja de earste groep fan trije folslein meitsje. En do moatst ek witte, dat hja allegearre de eigen silligens hawwe, en dat harren skôgjen fan de wierheid altyd djipper wurdt, yn de wierheid mien ik, dêr’t it yntellekt ta rêst kommen is. Dêr kinst troch sjen, hoe’t harren silligens fundearre is yn de die fan it sjen, net yn de leafde, dy’t folget dernei. En de mjitte fan it skôgjen hinget fan harren weardigens ôf, fan de genede en fan harren goed wollen, sa giet harren rangoarder fan treppen nei treppen. It twadde trijetal, datst no sjen kinst yn dizze ivige maitiid, dêr’t de Raam gjin ein oan meitsje kin, sjongt it Hosanna as de ivige maitiidssang, en harren melody klinkt ek yn de trije graden fan silligens, dy’t dit trijetal foarmje. En dit binne de goadinnen, dy’t hjir fûn wurde kinne: de Hearskippijen, dan de Krêften, en de tredde oarder, dy fan de Machten. Yn de twa foarlêste reidûnsen wintelje de Foarsten en de Aartsingels, en de lêste is hielendal de boarterij fan de ingels. Al dizze oarden skôgje nei omheech, en nei omleech hawwe hja sokke krêft, dat allegearre ta God lutsen wurde, en ta God lûke. Dionysius hat him mei sokke ynmoedigens derop rjochte en al dizze rangen beskôge, dat er se dúdlik ûnderskieden en neamd hat, lykas ik it ek dien ha. Mar letter hat Gregoarius oare dingen sein, mar doe’t er yn de himel syn eagen iepen die, hat er om himsels lake. En as in stjerlik minske op ierde oer dizze geheime dingen sa praat i t pa r a dy s 4 47 hat, dan wol ik net, datsto dy ferwûnderest, want hy, dy’t alles wierliken hjirboppe sjoen hat, hat it him iepenbiere, en noch folle mear fan de wierheid yn dizze kriten.” by canto x xviii • De boade fan Juno is Iris, de reinbôge. • Boreas is de Noardewyn, mei twa wangen: ien sêft en ien hurd. • De fûnken dy’t fan de fjoersirkels spatte, binne like talryk as de nôtkerlen op it lêste flakje fan it ferneamde skaakboerd: de man, dy’t it skaakspul útfûn hie, woe ien nôtkerl hawwe op it earste fakje, twa op it twadde, fjouwer op it folgende, dan acht, en sa fierder. Op it 64e soene dan achtsjin en in heal miljard kear miljard nôtkerlen komme! • It stjerrebyld Raam (Aries): as de sinne yn Aries stiet, begjint de hjerst. • Ingelen wurde hjir troch Dante ‘goadinnen’ neamd. • Dionysius, de Areopagyt, hat al yn de earste ieu oer ingelen skreaun. Paus Gregoarius fiif ieuwen letter. Hja soene alles witte troch Paulus, dy’t oer himsels skriuwt: “Ik wit fan in kristenminske, fjirtich jier lyn, – of yn it lichem, of bûten it lichem, ik wit it net, God wit it – dat sa’n ien hjir weihelle is oant yn ’e tredde himel” (2 Korintiërs, 12,2). 4 48 l a di v i na com m e di a [ canto xxix ] A s de beide bern fan Latona, de ien yn it stjerrebyld fan de Raam, de oare yn dat fan de Skealjes, steane op deselde line fan de hoarizon, safolle tiid as der dan fergiet fan it stuit, dat it senit beide yn lykwicht hâldt oant it momint dat de iene en de oare, fan hemisfear wikseljend, fan dy line him losmakket, salang, mei in leave laits oer har gesicht, stie Beatrice dêr sûnder eat te sizzen, har eagen rjochte op it punt, dat my hielendal oerwûn hat. En doe begûn hja: “Ik freegje net, watst noch witte wolst, ik sis it, om’t ik it sjoen ha, op it plak dêr’t alle ‘wêr’en’ en alle ‘wêrom’en’ yn ien punt byinoar komme. Net om it iene as oare better begripe te kinnen, mar sa, dat de refleksje fan de eigen refleksje sizze kin: “Ik bestean.” Dêrom hat yn Syn ivichheid, dy’t bûten de tiid stiet, de ivige Leafde himsels yn nije leafdes iepenbiere. Mar foar’t it Wurd klonken hie boppe it wetter, sliepte Er net, doe bestie der gjin ‘foar’ en gjin ‘nei’. Suver Wêzen en suvere stof sprongen omheech ta in bestean, dat feilleas wie, lykas trije pylken fan in trijekoardige bôge. En lykas yn glês, yn amber of kristal, in ljochtstriel trochgiet, sûnder dat eat him tsjinhâldt, sa striele de trijefâldige skepping út fan syn Hear, ien en gelyk yn syn bestean, sûnder dat der in begjin ûnderskieden wurde koe. Oardering wie it mei-skepen begjinsel fan alle bestean, krêft en wêzen wiene ien, en as top fan alles waarden de ingelen skepen as puere wêzens. Suvere potinsje hie it leechste plak, potinsje en dwaan waarden oaninoar bûn, sa ticht, dat se nea mear ûntbûn wurde kinne. Hieronymus hat skreaun, dat der al folle ieuwen ingels wiene foar’t de oare wrâld skepen waard foar de minske. Mar de wierheid, lykas ik dy wit, stiet fakernôch beskreaun yn de Skrift troch de Hillige Geast, sa’tst sjen silst i t pa r a dy s 4 49 ast dy mei soarch lêst. En ek mei de rede kinst dit foar in part begripe, want do kinst dy net yntinke, dat de bewegers salang bestean kinnen hawwe sûnder eat te bewegen. No witst, wêr’t en wannear’t dizze leafden skepen binne, en sa is de brân fan trije fan dyn begearten dwêste. En tellend soest net ta tweintich komme kinne foar’t in diel fan de ingels troch harren fal in part fan de eleminten ûnder harren yn ûnstjoer brocht hawwe. It oare part is bleaun dêr’t it wie, en begûn mei de keunst, dy’tst sa goed sjoen hast, mei safolle wille, dat hja der nea mear mei ophâlde sille. It wie dy ferflokte heechmoed, dêr’t se troch fallen binne, de grutskens fan dy tsjustere oanfierder, dy’tst sjoen hast, fêstbûn troch de swierte fan de hiele wrâld. Hja, dy’tst hjir sjoen hast, hiene de dimmenens ta te jaan dat harren bestean in jefte wie fan de Goedens, dy’t harren makke hie mei safolle ynsjoch. Dêrom wie harren sjen omheech fierd troch de ferljochtsjende genede en harren fertsjinste, sa, dat se in fol sleine en fêste wil hiene. Ik wol net, datst noch twivelest, mar der wis fan bist, dat it in fertsjinste is, genede te ûntfangen, om’t dy ôfhinget fan de iepenens foar de leafde. No kinst, wat dizze ingelemienskip oangiet, folle yn dy opnimme, sûnder dat immen dy helpt, ast myn wurden goed ta dy trochkringe litst. Mar om’t op ierde yn al jimme skoallen leard wurdt dat de natuer fan de ingelen is: alles ferstean, alles fêsthâlde, alles wolle, sil ik dy noch mar ris sizze, datst suver sjochtst, hoe’t de wierheid dêr, ûnder, yn ’e tizen sit troch de dûbelsinnichheid fan wat der oeral leard wurdt. Dizze wêzens, fan it stuit ôf dat hja harren ferhûgen yn it oanskôgjen fan God, hawwe harren nea ôfkeard fan Him, foar Wa’t neat ferburgen is. Dêrtroch waard harren skôgjen nea ûnderbrutsen troch wat nijs om nei te sjen, en nea hiene hja it nedich en bring harren eat te binnen, lykas soks by in ferdielde oandacht sa faak dêrûnder dien wurde moat. Op it plak dêr’t men dreamt sûnder te sliepen, 450 l a di v i na com m e di a tinkend – of net tinkend – wierheid te sprekken. Yn it lêste is mear skuld en skande! Jimme dêrûnder geane net ien paad bylâns, yn jimme filosofyske redenaasjes reitsje jim op ’e doele troch jimme leafde foar de moaie skyn, en it tinken oan jimme sels. Mar dat wurdt hjirboppe noch wol ferneard, swierder te fernearen is it, as de Hillige Skrift opside skood wurdt, of as dy ferdraaid wurdt. Der wurdt net oan tocht, hoefolle bloed oft it koste hat, dy te siedzjen yn de wrâld, en ek net hoefolle wille oft de himel hat yn harren, dy’t harren wol deroan hâlde. Om it moai lykje te litten, slovet eltsenien him út, en hat syn betinksels, dy’t dan wer besprutsen wurde troch alle prekers, mar oer it evangeelje wurdt swijd. De iene seit, dat de moanne werom gie op syn wei by it lijen fan Kristus, en him stelde tusken de sinne en de ierde, sa, dat it ljocht fan de sinne de ierde net berikke koe. Oaren sizze, dat it ljocht út himsels him ferburgen hat, en dêrom soe it ek foar de Spanjerts en de Yndiërs in fertsjustering west hawwe, lykas foar de Joaden. Florence hat net safolle Lapi en Bindi as de fabeltsjes binne fan ditsoarte yn ien jier, dy’t oan alle kanten fan de kânsels ferkundige wurde. Lykas skiep, dy’t neat witte, komme de minsken werom fan de greide, sêde mei de wyn. En te ûntskuldigjen binne hja net as hja harren skuld net sjoen hawwe. Kristus hat net tsjin de apostels sein: ‘Gean hinne, en eamelje mar wat.’ Hy hat harren in wierhaftige grûnslach jûn. En dy allinne kaam út harren mûle, sa, dat hja by harren striid om it ljocht fan it leauwe ûntstekke te kinnen, hja harren it evangeelje ta skyld en ta lâns makke hawwe. No wurdt der preke mei grapkes en gekjeierijkes, as der mar lake wurdt, dan bollet de kape, en mear is net nedich. Mar in frjemd fûgeltsje hat him nestele yn de punt fan de kape. As it folk dat sjen soe, soene se net safolle betrouwen mear hawwe yn de aflaten, dêr’t safolle healwizichheden oan groeid binne op ’e ierde, dat sûnder bewiis troch ien i t pa r a dy s 451 of oar tsjûgenis de minsken op alle beloften oanrinnen komme. Dêrmei mest Antonius syn bargen, en oaren, dy’t noch mear bargen binne, en hja betelje mei ûnjildich jild. Mar, om’t wy fier ôfwykt binne: rjochtsje dyn eagen wer op ’e rjochte wei, sa, dat de wei koarter wurdt, lykas de tiid. Dizze natuer hjirre klimt sa heech yn tal, dat de minske it him ienfâldichwei net foarstelle kin. En ast goed acht joust op wat Daniël seit, dan silst sjen, dat yn syn tûzenen elts begrinze tal weisonken is. It heechste ljocht, dat harren hielendal trochstrielet, wurdt op safolle wizen troch harren opnommen as der ljochtglânzen binne, dêr’t it him mei ferieniget. Dêrom: om’t wurkjende leafde waakst, en it meifielen oanslút by de swietens fan de leafde, baarnt dy yn inkelden, en gloeit yn oaren. Sjoch no de hegens en de wiisheid fan de ivige Krêft, dy’t safolle spegels fan Himsels makke hat, en dochs ien yn Himsels bleaun is, lykas Er it wie.” 452 l a di v i na com m e di a by canto x xix • De bern fan Latona: sinne en moanne. It is mooglik, dat dy, as de dei like lang duorret as de nacht, efkes tsjininoar oer steane, mar dat is dan mar in momint. Sa lang, dus eigentlik sa koart, koe Beatrice har stilhâlde. • It Wurd fan God oer it wetter: sjoch Genesis 1,2: “Gods wyn sweve oer it wetter. Doe sei God: Lit der ljocht komme. En der kaam ljocht.” • Hieronymus (342-420) woe hawwe, dat de ingelen ieuwen foar de minsken skepen wiene. Dante tinkt dêr oars oer. Dit hiele Canto giet oer wat de gelearden yn Dantes tiid oer ingelen tochten. Dêr wiene hiel wat nuveraardichheden by. • De fallen oanfierder: Lucifer, dy’t Dante sjoen hie op syn tocht troch de hel! • Mattéus fertelt oer it lijen fan Kristus: “Midden op ’e dei waard it tsjuster oer it hiele lân. Dat duorre oan trije oere ta.” (27,45). Dat koe gjin ‘gewoane’ sinnefertsjustering wêze, dat kin allinne by nijmoanne, en dat kin it om Peaske hinne net wêze. • Lapi en Bindi: wy soene sizze: de ‘De Jong’-en en de ‘De Vries’-en. • Daniël (7,10): “Ien, heech yn jierren, sette him del. In fjoerstream wâle op en stode foar him út. Tûzenris tûzenen tsjinnen Him, tsientûzenris tsientûzenen stienen foar Him ree.” • Antoanius de Kluzener (251-356) waard altyd ôfbylde mei in baarch. De Antoaniusbargen koene yn de midsieuske stêden frij omrinne, en alles opfrette, wat se fine koene. Hja waarden troch ‘amtners’ slachte, en it fleis waard ûnder de earmen ferdield. i t pa r a dy s 453 [ canto xxx ] W ol seistûzen milen by ús wei baarnt de sinne yn de seisde oere, wylst wêr’t wy binne, it skaad fan de ierde ta in hast flak bêd bûgd wurdt. As it midden fan de himel, fier boppe ús, sa begjint te wurden, in lytse stjerre de krêft fûn hat te skinen oan de grûn ta, en as de strieljende tsjinstfaam fan de sinne noch fierder trochkringe kin, dan slút de himel him, each nei each giet ticht, ek it aldermoaiste. Net oars wie de triomf, dy’t altyd spilet om it Punt hinne, dat my oerwûn hat. Stadichoan wiene de ljochten foar my dwêste, en it neat-sjen en de leafde hiene my twongen myn eagen wer op Beatrice te rjochtsjen. De skientme, dy’t ik seach, gie boppe alles út, en net allinne boppe ús, ik bin der wis fan dat allinne har Makker der hielendal fan genietsje kin. Fan dit momint ôf, ik jou it ta, wie ik oerwûn, mear as ea troch ien as oar ûnderdiel fan syn tema in komeedzje- of trageedzjedichter oerwûn wurde kin. As swakke eagen, rekke troch de sinne, blyn wurde, sa is myn ûnthâld troch dat swiete glimkjen hielendal weinommen. Fan de earste dei ôf dat ik har antlit sjen mocht yn it libben, oan dit skouspul ta, is nea myn sang oer it folgjen dêrfan ôfsnien. Mar no moat it sa wêze, dat ik it opjaan moat har skientme te folgjen, al dichtsjende, lykas eltse keunstner soks dwaan moat foar’t er it heechste berikt hat. Dêrom lit ik har no oer oan in machtiger bazune as mines, dy’t no syn swiere stoffe ôfmeitsje moat. En hja, as in gids, dy’t it doel al foar him hat, begûn op ’e nij: “Wy binne it grutste lichem fan de himelsfearen útgien, en komme no yn ’e himel, dy’t allinne ljocht is. Ljocht fan it Yntellekt, dat ûneindich leaf hat, mei de leafde ta it wiere goede, folle mei blidens, dy’t boppe eltse swietens útgiet. Hjir silst de beide hearskaren fan it paradys sjen, ien fan harren, 45 4 l a di v i na com m e di a lykast se sjen silst op de lêste oardielsdei. As in wjerljocht, dy’t ynienen de geast ferwoastiget, sa’t wy net mear sjen kinne, sa striele in libben ljocht om my hinne, en wuolle my sa yn syn wale fan glâns, dat der neat mear ta my trochkringe koe. “De Leafde, dy’t dizze himel altyd gelyk hâldt, groetet allegearre, dy’t dêr yngeane, altyd op dizze wize, om sa de kears geskikt te meitsjen foar de flam.” Net earder wiene dizze wurden yn my trochkrongen, of ik hie al begrepen, dat ik boppe myn krêften útheven wie. En sa waarden myn eagen ferljochte mei nije krêft, sa, dat gjin inkeld ljocht sa helder wêze koe, dat myn eagen it net ferneare koene. Ik seach in ljocht, dat streamde as in rivier fan ljocht, skitterjend as goud tusken twa iggen, kleure mei in wûnderlike maitiidstoai. Ut dy stream sprongen libbene fûnken omheech, en op de beide iggen foelen dy del op de blommen, as robinen, fêstset yn goud. Dêrnei, as bedwelme troch de rook fan de blommen, dûkten se wer yn de wûnderlike stream, en as de iene deryn dûkte, sprong de oare der wer út. “De djippe begearte, dy’t no ûntstutsen is, en dy’t dy twingt, alles te begripen watst sjoen hast, jout my folle nocht, om’t er altyd grutter wurdt. Mar fan it wetter fan de stream soest wol drinke moatte foar’t dyn grutte toarst sêde is.” Dat sei de sinne fan myn eagen. En fierder: “De stream, en de juwielen, dy’t deryn en derút geane, en it laitsjen fan de krûden op de iggen, is it skaad fan harren wêzen. Net, dat it op harsels ûnripe wêzens binne, it leit hielendal oan dysels, do kinst sokke hichten noch net sjen.” Der is gjin bern te finen, dat him mei sa’n gong op ’e molke rjochtet, as it folle letter as it wend is wekker wurdt, as ik my rjochte op myn eagen, en meitsje dêr noch bettere spegels fan, bûgende nei de stream, dy’t ûntspringt foar ús, dat wy better sjen kinne. En sa gau’t de rânen fan myn eagen dêrfan dronken hiene, wie it as wie de stream yn syn lingte rûn wurden. Doe, as minsken, dy’t maskers drage, der oars út sjogge as se de i t pa r a dy s 455 maskers ôflein hawwe, sa feroaren foar myn eagen de blommen en de fûnken sa, dat ik de beide hôven fan de himel iepen lizzen seach. O, strieling fan God, dêr’t ik de hege triomf fan it wiere ryk yn sjoen ha, jou my no de krêft goed te sizzen, wat ik sjoen ha. It ljocht dêrboppe, dat de Skepper sjen lit oan elts fan syn skepsels, dy’t allinne yn it sjen fan Him frede hawwe, dat ljocht foarmet in sirkel, sa wiid, dat de omtrek dêrfan foar de sinne in gurdle wêze soe, te wiid om bylâns te gean. Syn hiele ferskining bestiet út strielen, wjerkeatst troch de boppekant fan it Primum Mobile, dêr’t alle beweging en alle krêft weikomt. En lykas in heuvel him spegelet yn it wetter oan syn foet, as woe er himsels sjen as er it moaist is, mei grien en blommen, sa seach ik, boppe it ljocht út, harren, spegeljend yn mear as tûzen triemen, allegearre, dy’t fan ús wrâld út, dêr, heech, weromkommen binne. En sa hat de ûnderste trieme safolle ljocht opslein. Hoe grut moat dizze roas wol wêze yn syn bûtenste blêden? Myn eagen hawwe harren net ferlern yn de widens en de hichte, mar koene de widens en de blidens omfetsje. Tichtby of fierôf hat dêr neat te betsjutten, want dêr’t God streekrjocht alles bestjoert, jildt de natuerwet net. Yn it giel fan de ivige roas, dy’t him útwreidet fan trieme nei trieme, en in hearlike rook ôfjout ta eare fan de Sinne, dy’t dêr de maitiid bringt, foar ivich. Dêrhinne luts Beatrice my, as immen dy’t swijt mar dochs prate wol, en hja sei: “Skôgje hoe grut oft dizze gearkomste is fan de wite klean! Sjoch ús stêd, hoe fier oft dy útwreide is! Sjoch ús troanen, al safier ynnommen, dat hjir noch mar in bytsje minsken ferwachte wurde. Yn dy grutte sit dêre, dêr’tst no nei sjochst, en nei de krâns, dy’t der al omhinne lein is, sil, noch foardatsto sels oan dizze brulloftstafel oansitte silst, de siel sitte, dy’t dêrûnder keizerlik wêze sil. De siel fan de grutte Hindrik, dy’t om Itaalje te lieden, komme sil foar’t Itaalje dêr ree foar is. De bline begearlikens, dy’t dy betoveret, hat dy makke ta in lyts bern, 456 l a di v i na com m e di a dat stjert fan de honger, mar de fiedster fuortstjoert. Dan sil der in steedhâlder wêze op de godlike rjochterstoel, dy’t iepentlik en bedutsen net mei him ien paad opgean wol. Mar hy sil mar koarte tiid troch God ferneard wurde yn syn hillich amt, en dan komme, wêr’t Simon Magus al is, en hy sil dy fan Anagni fierder omleech triuwe. by canto x x x • It begjin fan dit Canto is wer in typyske Danteske plak- en tiidsbepaling. By ‘ús’, yn Itaalje is it middei, mar it Canto spilet seistûzen milen fierder, en dêr wurdt it jûn. • De beide hearskippijen yn ’e himel binne: de ingelen en de silligen. By it lêste oardiel sille de ingelen bliuwe as se binne, de silligen sille harren lichem werom krije. • It Primum Mobile: de earste beweging; oantsjutting fan God op Syn troan. • Der binne noch mar in pear sitten foar de minsken heech yn ’e himel: Dante tocht, dat de ein fan alles tichtby wie. Mar hy wol noch wol in sit foar Hindrik vii, keizer fan 1308-1313. Yn syn tredde dichtwurk oer syn pylgertocht, dy’t útfierd wêze soe yn 1300, hat Dante net folle skreaun oer de politike tastân yn Itaalje yn syn tiid. Mar oan de ein fan syn tocht troch de himel moat er dochs noch wat sizze oer wat der bard is tusken 1308 en 1315. Dante hie der hielendal op rekkene, dat de keizer Itaalje ien meitsje soe. Mar de pausen hawwe net meiwurke. Hindrik krijt no fan Dante al in plak yn ’e himel, foar’t Dante sels dêr hopet te kommen. En Clemens v, de paus dy’t net meiwurkje woe, stjert in pear moannen nei Hendrik (1314), en triuwt dan syn foargonger, Bonifatius viii, dy’t fan Anagni kaam, djipper yn de grûn fan de hel. Simon Magus, dy’t fan Petrus de hillige krêften keapje woe, wachtet harren dêr op. Alles is wiidweidich beskreaun yn Hel, Canto xix. i t pa r a dy s 45 7 [ canto xxxi ] Y n de foarm fan in wite roas seach ik it hillige selskip dat Kristus Him ta breid makke hat troch Syn bloed. Dan is der ek dat oare koar, dat fleanende sjocht, en de gloarje sjongt fan Him, Dy’t harren fan leafde gloeie lit en fan de Goedens sjongt, dy’t harren makke hat lykas se binne. As in swarm bijen, dy’t yn ien beweging dûkt op de blommen, en as se wer opfleane harren wurk yn swietens omset hawwe, dale hja ôf yn dy grutte blom, mei al syn blomblêden, en fleane wer omheech nei it ljocht, dêr’t harren leafde einleas rêst. Harren antlitten wiene libbene flammen, harren wjukken wiene fan goud, en al it oare sa wyt as de snie op ierde nea wêze kin. En hja giene omheech oant yn de blom, en dielden fan rige ta rige harren frede en harren waarmte mei, dy’t hja wûn hiene, en dy’t hja brochten fan de Alderheechste nei de blommen. En de grutte fleanende mannichte kearde it gesicht net op, en de ljochtglâns ek net. Want it godlik ljocht hat de krêft troch te kringen yn it hielal, safier’t dit it weardich is, en neat kin it tsjinhâlde. Hiel dit soargeleaze en blide ryk, fol mei lju fan eartiids en fan letter, is rjochte op ien wyt. O, trijefâldich ljocht, dat, yn ien inkelde stjer fûnkeljend, foar harren de folsleine frede jout, sjoch nei omleech, nei de twirre hjirre. As de barbaren út de lannen, dêr’t Helice frij wintelje kin mei har soan, dêr’t se nei smachtet, Rome sjoen hawwe, en de machtige wurken dêre, en folslein ferbjustere wiene oer de pracht, yn de tiid, dat it Lateraan alle stjerlike dingen te boppe gie, fan hoe’n ferbjustering moat ik dan net beset wêze, dy’t fan it minsklike nei it godlike, fan it tydlike ta it ivige kommen bin, en fan Florence ta in folk, rjochtfeardich en suver? Wis, oangrypt troch dit alles, en troch blidens, woe ik graach stil wêze en harkje. En 458 l a di v i na com m e di a lykas de pylger, dy’t syn hert ophellet om’t er, om him hinne sjende, de timpel fan syn gelofte opnimt, en der al oer tinkt, hoe’t er dy letter beskriuwe sil, sa stie ik dêr ek, en liet myn eagen de reis meitsje de triemen bylâns, heech en leech en yn ’e rûnte. Gesichten seach ik, dy’t de barmhertigens fan de leafde sjen lieten, ljocht striele dêromhinne, glimkjend wiene se, yn alles folslein earlik derút sjende. Ik hie it paradys al oersjoen, mar my noch net rjochte op in fêst punt. Doe draaide ik my om, mei nije begearte, en woe myn Frouwe freegje nei inkelde dingen, dy’t ik noch net folslein begripe koe. Ien ding ferwachte ik, mar in oar joech my andert. Ik tocht, dat ik Beatrice sjen soe, mar ik seach in âldman, klaaid as de oare silligen. Oer syn eagen en wangen lei in hillige glâns fan leafde en seine, syn gebearten wiene fan in grutte frommens, lykas fan in leafhawwende heit. Daalks rôp ik: “Wêr is hja?” En hy: “Om jo begearte folslein nei syn doel komme te litten, hat Beatrice my fan myn plak komme litten. As jo no nei boppen sjogge, sille jo har sjen, de tredde rige fan de heechste trieme ôf, op de troan, dy’t hja om har fertsjinsten krige hat.” Sûnder earst andert te jaan, rjochte ik myn eagen nei it plak, dat er oanjûn hie, en ik seach har. Hja makke in aureoal om har hinne, de ivige strielen wjerkeatsende. Gjin inkeld minsklik each, ek al is it delkommen yn it djipst fan de see, is safier fan it plak, dêr’t de tonger weikomt, as myn eagen ôf wiene fan Beatrice. Mar dochs koe ik har sjen, om’t der gjin middenstof wie tusken har en my. “O, Frouwe, yn wa’t myn hope libbet, en dy’t it ferdroegen hat foar myn heil jo fuotprinten efter te litten yn ’e hel, yn alle dingen, dy’t ik sjoen ha troch jo macht en jo goedens, sjoch ik jo wer. Jo hawwe my út de tsjinstberens ta de frijheid brocht, alle wegen bylâns, en op alle wizen, dêr’t jo de macht op hiene soks te dwaan. Bewarje yn my wat jo my sa hearlik jûn hawwe, sa, dat myn siele, dy’t jo sûn makke hawwe, sa’t it jo behaget, him fan i t pa r a dy s 459 it lichem losmeitsje kin.” Sa frege ik it, en hja, sa fier fan my ôf, glimke, en seach my oan, en kearde har doe wer ta de ivige boarne fan it ljocht. En de hillige âldman: “Ik bin stjoerd troch it bidden en de hillige leafde om jo opstigen folslein te meitsjen. Sjoch dêrom om jo hinne yn dizze tún, dan sille jo noch better sjen kinne de wei om noch heger te kommen, de godlike strielen bylâns. En de Keninginne fan de himel, foar wa’t ik hielendal baarnde fan leafde, sil ús alle genede jaan wolle, om’t ik har trouwe tsjinner Bernardus bin.” Lykas hy, dy’t faaks út Kroaasje komt om ús Veronica te sjen, om’t er de honger, dy’t er al salang field hat, oars net stille koe, mar dy’t yn syn herte seit as er de switdoek sjocht: “Hear Jezus Kristus, wierliken God, is dit dan sa’t Jo antlit derút seach?” Sa wie ik ek, wylst ik seach nei de libbene leafde fan him, dy’t troch syn kontemplaasje de frede field hat, dy’t hjirboppe libbet. “Soan fan genede,” sa begûn er, “fan dizze echte steat fan genede kinne jo neat witte, as jo jo eagen altyd rjochtsje op wat hjirûnder is. Mar sjoch de sirkels oan, oant de boppeste ta, safier, dat jo de Keninginne sitten sjogge, oan wa’t dit ryk ûnderwurpen is, en tawijd.” Ik sloech myn eagen op, en, lykas yn de iere moarn de kant fan de hoarizon, dêr’t de sinne opgiet, mear opljochtet as it diel, dêr’t er ûndergiet, sa, as út it dal wei de berch opklimmende, seach ik oan de boppeste râne ien diel folle ljochter as alle oare parten. En krekt dêre, dêr’t de wein ferwachte wurdt, dy’t Phaëton sa min bestjoerd hat, de measte gloed wie, en oan de beide kanten it ljocht folle minder is, sa ljochte yn de midden de oriflamme fan de frede yn it midden fûl op, en oan de sydkanten wat minder. En by dy midden, mei útsprate wjukken, seach ik mear as tûzen boartsjende ingels, allegearre oars yn harren ferskining, en allegearre mei har eigen boarterij. Ik seach, hoe’t se oan it boartsjen wiene, en ik hearde yn harren laitsjen in skientme, dy’t blidens brocht yn ’e eagen fan alle 460 l a di v i na com m e di a oare hilligen. En al soe ik it sa útskroeven sizze kinne as ik it seach yn myn ferbylding, dan soe ik soks dochs net weagje en besykje al dizze hearlikens te beskriuwen. Bernardus, doe’t er seach, dat myn eagen harren fêstset hiene op it ljocht om him hinne, rjochte syn eagen nei Har, mei safolle leafde, dat er myn eagen noch baarnender makke om har te sjen. by canto x x xi • Helice luts Zeus nei har ta, en de jaloerske Hera feroare har dêrom yn in bear. Zeus sette Helice doe as ‘Grutte Bear’ oan de himel, en Arcas, har soan, as ‘Lytse Bear’. Beide stjerrebylden binne allinne yn it noarden te sjen, en dêr komme, neffens Dante, de barbaren wei. • Pylgers diene bytiden in gelofte dat hja nei in tsjerke fierôf rinne soene. • It Lateraan waard troch keizer Konstantyn oan de paus skonken as paleis. • Bernardus (1090-1153), Abt fan Clairvaux, geastlik skriuwer, hie grutte devoasje foar Marije. • Veronica: fan Vera icon, wierlik byld. In switdoek, dêr’t in frou, op ’e krúswei, it gesicht fan Kristus mei ôffage hawwe soe. Kristus’ byld kaam doe op ’e doek te stean. De doek waard yn Rome fer eare. Paus Johannes Paulus ii hat inkelde jierren ferlyn syn twifels oer it ferhaal útsprutsen, en de ‘fyfde staasje’ hjiroer út de krúsweigebedens skrast. • Phaëton hat ienris de sinnewein bestjoerd. It waard in ramp. • De oriflamme wie it wapenteken, dat troch de ingel Gabriël oan de keningen fan Frankryk skonken wêze soe. Doe in teken fan oarloch, hjirre fan frede. i t pa r a dy s 461 [ canto xxxii ] A ltyd rjochte op syn kontemplaasje naam dizze skôgjende geast frijwillich ek it amt fan learaar op him, en begûn mei dizze hillige wurden: “De wûne, dy’t Marije sletten en salve hat, hja, sa moai dêre oan har fuotten, is hja, dy’t dy wûne iepene hat, en ferdjippe. Under har, op ’e twadde rige, sit Rachel, mei Beatrice, sa’t jo sjogge. Sara en Rachel, Judit, en har, dy’t de oerbeppe wie fan de sanger, dy’t út smerte oer syn sûnde útroppen hat: ‘Miserere mei’ kinne jo sjen fan trieme nei trieme op ’e rige, dêr’t ik harren namme yn neamd ha, de roas omleech, fan blêd nei blêd. En dan, fan de sânde treppen ôf, folgje de Hibrieuske froulju, dy’t in skieding meitsje yn de blêden fan de roas, dêr’t de hillige triemen troch parte binne. Oan dizze kant, dêr’t de blom ryp is, en al syn blêden hat, sitte hja, dy’t leaud hawwe yn de Kristus, Dy’t komme soe. En oan de oare kant, dêr’t de heale sirkels ûnderbrutsen binne troch lege plakken, sitte hja, dy’t de eagen rjochte hiene op de Kristus, Dy’t al kommen wie. Boppe, oan dy kant, de gloarjerike sit fan de Keninginne fan de himel. En ûnder har de troanen, dy’t de skieding dúdlik meitsje. Sa, tsjin har oer, dy fan de grutte Jehannes, dy’t, altyd hillich, de woastenije en it martlerskip droegen hat, en doe noch twa jier de hel. En ûnder him meitsje de skieding Franciscus, Benedictus en Augustinus, en de oaren, oant ûnder ta, fan sirkel ta sirkel. Bewûnderje no de hege foarsjennigens fan God, want de iene en de oare kant fan it leauwe sille, hielendal gelyk, dit hôf folje. En wit ek, dat fan de trieme ôf, dy’t op ’e helte de twa parten skiedt, deselden sitte, dy’t dêr net kommen binne troch har eigen fertsjinsten, mar troch de fertsjinsten fan oaren, ûnder strange betingsten. Want al dizze sielen binne frijmakke 462 l a di v i na com m e di a fan harren lichem foar’t se frij kieze koene. Jo kinne dat sjen oan harren gesichten, en ek hearre oan harren bernlike stimmen, as jo se goed oansjogge, en nei harren harkje. No begripe jo it net, en, net wis fan josels, hâlde jo jo stil, mar ik sil no de fêste knotte losmeitsje, dêr’t jo skerpe tinzen yn fêstrûn binne. Binnen de widens fan dit keninkryk kin it tafal gjin plak hawwe, likemin as drôvens, of toarst, of honger. Want troch de ivige wet ynsteld, is alles wat jo sjogge, sa, dat de ring krekt om de finger past. En dêrom binne de minsken, dy’t mar sa’n koart skoftsje libbe hawwe, en mar in bytsje tiid hiene en kom ta it wiere libben, net sûnder reden oaninoar gelyk. De kening, troch wa’t dit keninkryk rêst yn sa’n grutte leafde en sa’n grutte hearlikheid, dat gjin wil ea mear winskje soe, hy woe, dat alle geasten, dy’t hy skepen hat, en bejeftige mei genede, sa’t hy it woe, ferskaat wêze soene, en hjir moat syn einoardiel genôch wêze. Dit wurdt ek mei klam dúdlik sein yn de Hillige Skrift, oer de twilling, dy’t al yn de skerte fan harren mem fochten hat. Sa sjogge wy, hoe’t it Heechste Ljocht weardich kroanet nei’t de kleur fan de hierren graasje opropt. Dus, sûnder beleanning foar harren hâlden en dragen, hawwe hja in plak fûn yn ferskate rangen, allinne ferskillend nei de skerpte fan geast, al fan dat se bern ôf wiene. Yn de earste ieuwen wie dus, njonken de ûnskuld, allinne it leauwe fan de âlden foldwaande. Yn letter ieuwen wie it foar de ûnskuldigen fan it manlik geslacht nedich troch de besnijenis oan de ûnskuldige wjukken krêft te jaan. Mar doe’t de tiid fan de genede kommen wie, waard sûnder de doop, lykas Kristus dy ûntfongen hie, sokke ûnskuld tsjinholden. Sjoch no goed nei har, dy’t it meast op Kristus liket, want allinne har suverens kin jo tariede Him te sjen.” Ik seach boppe har sa’n grutte blidens delreinen, droegen troch de sillige geasten, dy’t skepen binne om dêr yn ’e hichte te fleanen. Sa ferwûndere wie ik, dat alles, wat ik al i t pa r a dy s 463 sjoen hie my noch net sa fier brocht hat, en net sa’n grutte likenis toand hie mei God. En deselde leafde, dy’t it earst ôfdaald wie, it “Ave Maria, gratia plena” sjongend, sprate no foar har syn wjukken út. Op dy godlike sang waard andere troch it sillige hôf, troch allegearre tagelyk, en fan alle kanten, sa, dat elts antlit dêr ferheldere troch waard. “O, hillige heit, dy’t om my it ferdraacht hjirûnder wêze te wollen, en jo ivich plak ferlitten hawwe, it plak, dêr’t jo wêze kinne troch de ivige beskikking, wa is dochs dy ingel, dy’t mei safolle jubel sjocht yn ’e eagen fan ús Keninginne, dat er wol fan fjoer liket?” Sa naam ik wer myn taflecht ta it ûnderrjocht fan him, dy’t gruttere skientme krigen hat troch Marije, lykas de moarnsstjerre dy krijt fan de sinne. En hy doe: “Frijmoedigens en blidens, safolle as der wêze kin yn in ingel of in siel, is allegearre yn him, en sa wolle wy ek dat it is, want hy is it, dy’t de palmtûke omleech brocht hat ta Marije, doe’t de Soan fan God ús lêst drage woe. Mar folgje my no mei jo eagen, myn wurden efternei, en sjoch nei de wierlik grutte hilligen fan dit rjochtfeardige en loksillige imperium. Dy twa dêrboppe, tichtby Augusta, binne fan dizze roas, sa soene jo sizze kinne, de woartels. Lofts fan har sit de heit. Troch syn dryste priuwen hat it minskene slachte safolle bitterens priuwe moatten. En oan de rjochterkant: de âlde heit fan de hillige tsjerke, oan wa’t Kristus de kaaien fan dizze leaflike blom tabetroud hat. En hy oan syn side, dy’t foar syn dea alle rampen fan de moaie breid al sjoen hie, rampen, dy’t kommen binne troch it stjitten fan de lâns, en it slaan fan de spikers. En oan de side fan de oare de lieder, ûnder wa’t fan it manna libbe hat it ûntankbere, ritige en stive folk. Foar Petrus oer sjogge jo Anna sitten, sa tefreden, dat hja har dochter oanskôgje mei, dat hja har eagen net ferdraait om it ‘Hosanna’ te sjongen. En rjocht tsjin de heit fan ús allegearre oer sit Lucia, dy’t jo frouwe oantrune hat, doe’t jo blyn wiene en falle soene. 464 l a di v i na com m e di a Mar de tiid, dy’t jo foar jo dreamgesicht jûn is, is hast foarby. Wy hâlde der hjir mei op. In skroar moat de klean meitsje út it lekken, dat er krigen hat. Wy sille no ús eagen rjochtsje op de Earste Leafde, sa, dat jo, nei Him sjende, yn Him ynkringe kinne safier as mooglik is, djip yn Syn ljochtglâns. Mar, dat jo net weromfalle as jo jo wjukken bewege, mienende dat jo omheech komme, moatte jo biddende genede fine, genede fan har, dy’t jo wierliken helpe kin. Folgje my no mar mei al jo leafde, dat jo mei jo herte net ôfreitsje fan wat ik bidde sil. En hy begûn dit hillige gebed. i t pa r a dy s 465 by canto x x xii • Eva, oan Marije har fuotten, hat de wûne tabrocht troch it iten fan de appel, en ferdjippe troch ek Adam ite te litten. • Sara: Frou fan Abraham, Rebecca: frou fan Jacob, Judit: sjoch it bibelboek mei dy namme. De oerbeppe fan de sjonger (David): sjoch Mattéus 1,5: Boas wie de heit fan Obed, de mem wie Ruth, Obed fan Isai, Isai fan David. • David hat songen: Miserere mei Deus, wês my genedich, o God, Psalm 51, 3. • De ‘grutte’ Johannes: de Doper, libbe yn de woastenije, waard deade troch Herodes, twa jier foar Kristus’ dea. Moast doe twa jier wachtsje yn ’e hel, oant Kristus him meinaam. • Franciscus, Benedictus, Augustinus: alle trije hawwe se kleasterregels skreaun. • De bern, wol doopt, wurde nei harren koarte libben yn ’e himel opnommen, fanwege de fertsjinsten fan harren âlden. • De twilling: Ezau en Jacob. De Skrift, Romeinen 9,11-13, seit: ”Rebecca moast bern krije fan ien man, ús foarfaar Isaak. En doe’t har bern noch net te wrâld kommen wiene, en goed noch kwea dien hiene, waard der tsjin har sein: De âldste sil de jongste tsjinje. Sa woe God de krêft bliuwe litte, dat Hy beskikt en útkart, net op grûn fan de dieden fan ’e minsken, mar op grûn fan Him, dy’t ropt. Sa stiet der ek beskreaun: Jacob ha ik leafhân, mar Ezau ha ik hate.” Dat Ezau read, rodzich, wie stiet yn Genesis 25,25. • Augusta: by ‘imperium’ tinkt Dante oan keizer Augustus. Dêrom neamt er Marije Augusta. 466 l a di v i na com m e di a [ canto xxxiii ] “F aam en mem, dochter fan Jo Soan, dimmen en ferheven, mear as elts oar skepsel, mear as iennich skepsel fêststeld eindoel fan it ivich plan, jo binne dejinge, dy’t de minsklike natuer sa feredele hat, dat har Skepper net skromme hat en meitsje himsels ta har fuortbringsel. Yn jo skerte hat de leafde him wer ûntstutsen, en troch dy waarmte is dizze blom yn de ivige frede ûntsprute. Hjir binne jo foar ús de middeisfakkel fan de leafde, en hjirûnder, by de stjerliken, binne jo de libbene boarne fan harren hope. Frouwe, jo binne sa grut, en safolle hawwe jo yn jo macht, dat, wa’t nei genede langet en him net ta jo keart, dy syn begearte wol fleane sûnder wjukken. Jo myldens helpt net allinne him, dy’t derom freget, mar folle kearen rint dy goederjousk op it freegjen foarút. Yn jo is barmhertigens, yn jo is meifielen, yn jo mylde grutmoedigens. Yn jo is ferienige alles wat oan goedens yn in skepsel wêze kin. Dizze no, dy’t fan de djipste put fan it hielal út oan hjir ta alles sjoen hat fan de geastlike libbensfoarmen, ien foar ien, smeket jo, troch jo genede, om safolle krêft, dat er him mei syn eagen heger ferheffe mei, ta it alderheechste heil. En ik, dy’t nea foar myn eigen sjen mear baarnd ha as no foar sines, ik rjochtsje myn gebedens ta jo, en ik bid, dat se jo net te min binne, dat jo alle dize fan stjerlikens ferdriuwe meie mei jo gebedens, en dat de heechste blidens foar him iepenlein wurde mei. Ek freegje ik jo, Keninginne, jo, dy’t kinne alles wat jo wolle, dat, nei’t er safolle grutte dingen sjoen hat, dochs syn fielen suver hâlde sil. Ik bid, dat jo beskerming syn minsklike oandriften oerwinne mei. Jo sjogge, dat Beatrice, en safolle oare silligen, de hannen gear dogge foar myn gebedens.” Har eagen, troch God sa achte en eare, rjochte op de biddenden, lieten ús sjen, hoe’t i t pa r a dy s 467 ynlike gebedens har dierber binne. Doe rjochte se har ta it Ivich Ljocht, dêr’t gjin inkeld skepsel sa helder ynkringe kin. En ik, dy’t it eindoel fan myn begearen beneist kommen wie, ha yn mysels, lykas it wêze moast, de brân fan it langstme dwêste. Bernardus joech my in teken, dat ik omheech sjen moast, en glimke. Mar ik hie al út mysels dien lykas hy it hawwe woe. Want myn sjen, hielendal suver wurdend, krong mear en mear nei binnen troch de strieling fan it djippe ljocht, dat wier is yn himsels. Fan dat eagenblik ôf wie wat ik seach mear as in tonge sizze kin. Us minsklike taal is tsjuster foar in fizioen, grutter as it sprekken hawwe kin, en ús sprekken jout it oer foar sa’n gesicht. Ek it ûnthâld komt net safier mei dy útskroevenens. Lykas by him, dy’t dreamende sjocht: nei de dream bliuwt de yndruk fan de oandwaning bestean. Al it oare komt net werom yn it ûnthâld. Sa wie it by my ek, want hast alles wat ik sjoen ha, is hielendal útwiske, mar noch dript yn myn hert de swietens, dy’t dêrút berne is. Sa ferliest de snie syn foarm troch de sinne, sa giene op ’e wyn de blêden mei de útspraken fan de sibylle teloar. O, heechste ljocht, dat sa heech him ferheft boppe wat de stjerliken harren foarstelle kinne, jou oan myn geast in bytsje werom fan dat wat my dêr ferskynd is, en jou oan myn tonge sa’n grutte macht, dat dy, al soe it mar in fûnkje wêze, eat neilitte kin oan de kommende geslachten. Want, as it ek mar efkes weromkomt yn myn ûnthâld, en ek mar in bytsje trochklinkt yn dizze fersen, dan sil der mear fan jo oerwinning begrepen wurde. Ik leau, dat ik ferlern west hie troch de fûlens fan de libbene striel as ik myn eagen dêrfan ôfkeard hie. En ik wit noch goed, dat ik dêr nammerste dryster troch wurden bin om it salang út te hâlden oant ik myn sjen ferienigje koe mei de ûneinige Goedens. O, oerdiedige genede, dy’t my yn steat steld hat myn eagen te rjochtsjen op it Ivige Ljocht, sa troch alles hinne, dat ik al myn gesichtsfermogens opbrûkt ha. Ik 468 l a di v i na com m e di a seach, wat binnen in syn djipte leit, ferbûn troch de leafde yn ien boekdiel wat troch it hielal hinne ferspraat is as losse blêden. Substânsje en aksidinsjes, en hoe’t dy gearhingje sa, dat it ljocht, dêr’t ik oer sprutsen ha, ien inkelfâldich ljocht is. Ik leau dat ik de algemiene foarm fan dizze ienheid sjoen ha, om’t mei de djippe wiisheid, dêr’t ik dat mei sis, ik der noch altyd eat fan priuw. Ien eagenblik allinne is foar my djipper ferjittenis as fiifentweintich ieuwen foar de ûndernimming, dy’t Neptunus sa ferwûndere doe’t er it skaad fan de Argos seach. Sa seagen myn eagen, hielendal bûten harsels pleatst, fêst, ûnbeweechlik, en fol oandacht altyd troch. En troch it skôgjen waard it ljocht fûler. By dat ljocht wurdt in minske sa, dat er it fan himsels út nea goedfine soe in oare kant út te sjen. Om’t it Goed, dat it doel is fan syn wollen hielendal dêryn ferienige is, en alles bûten dat Ljocht om breklik is, en alles wat dêryn is folslein folmakke. No sil myn taal noch wol wat brekliker wurde, ek oer wat ik my noch te binnen bringe kin, is myn sprekken as fan in bern, dat syn tonge noch wiet makket oan it boarst fan syn mem. En net, om’t dat Libbene Ljocht mear as ien skynsel sjen lit, want It feroaret net. It is altyd sa’t It earst wie. Mar troch myn sjen, dat yn my oan krêft wûn troch myn skôgjen, hie dat iene byld, om’t ik it feroare, in oare wurking foar my. Yn it grûnleaze en heldere wêzen fan dat djippe ljocht ferskynden my trije sirkels fan trije kleuren, en fan deselde grutte, en de iene skynde troch de oare as Iris troch Iris wjerkeatst, en de tredde skynde as fjoer, troch de iene en de oare op gelikense wize útazeme. O, hoe skeamel is it sizzen, en hoe swak, hoe neatich by al dat ik sjoen ha, sa swak, dat it swak te neamen, lang net genôch is. O, ivich ljocht, dat allinne by josels bestiet, allinne josels begrypt, en troch josels begrepen en begripend josels talaket yn leafde! De twadde sirkeling, dy’t sa yn jo skynde, as wjerkeatst ljocht, skynde, doe’t myn eagen der i t pa r a dy s 469 in tiid nei sjoen hiene, my ús eigen byldnis ta, wêrom’t myn gesicht hielendal dêryn ûndergie. Lykas in mjitkundige, dy’t hielendal derop rjochte is de sirkel te mjitten, en net fine kin, hoefolle oft er der ek oer neitinkt, it punt, dêr’t er fan útgean moat, sa wie it my mei dit nije gesicht. Ik woe sjen, hoe’t dit byld ien waard, en wat der barde yn de sirkel, mar dêrta wiene myn wjukken net yn steat en bring my dêrhinne, as myn geast net troffen west hie troch in wjerljocht dêr’t syn langstme troch ferfolle waard. Hjir rêste myn krêften fan harren hege fantasije, mar ik fiel al, hoe’t myn langstme en myn wollen as in tsjil gelyk meidraaie mei de leafde, dy’t de sinne beweecht, en de oare stjerren. by canto x x xiii • De Kuméyske Sibylle, troch Vergilius beskreaun, skreau har orakels op blêden, dy’t troch de wyn fersille waarden. • Substantia: wat is; accidens: wat bestiet as tydlike eigenskip. Mids ieuske filosofy, dy’t ûnderskied makket yn wat net maklik ûnderskieden wurde kin. • Fiifentweintich ieuwen foar Dante soene de Argonauten harren grutte reis makke hawwe. De Argo wie it earste skip, en doe’t Neptunus, de god fan de see, it skaad fan dat skip seach, soe er him tige fernuvere hawwe. 470 l a di v i na com m e di a De korreksje waard dien troch Baukje Westra. Boekfersoarging: Robert Seton Printwurk: Wöhrmann Print service, Sutfen